Klassiken, hat er syn krityk op papier set. It neikommende is op Van Borkulo syn sneuperij basearre.
Om wat hâldfêst te krijen, earst de datearringen. Neffens haadstik ‘Tiisdei, III’ lêst Watse yn 'e krante fan juster, moandei dus, in stik yn ‘It Nachtblêd’ dat datearre is op 22-1-'68. Dat kin útkomme, neffens de ivichduorjende kalinder foel de 22e jannewaris 1968 op in moandei. Rinus moat dan it artikel op dyselde dei, dat wol sizze ier yn 'e nacht, skreaun hawwe. As wy oannimme dat ‘It Nachtblêd’ nachts printe wurdt en moarns ferskynt, dan is de deadline - sa fertelde Pieter de Groot fan 'e Ljouwerter Krante my - nachts tolve oere, en yn útsûnderlike gefallen foar in lêste stikje kopij, ien oere. It is tinkber dat Rinus, nei't er de sneintejûns nei tsienen in pak op 'e hûd krigen hie fan Watse, de parsen stopje litten hat en foar ienen in nije kollum skreaun hat oer it berop fan detektive mei dêryn de ferpakte warskôging ‘Detektive Watse skaadzje’.
Mar ornaris sil Rinus syn stikken wol op 'e tiid klear hân hawwe, te sizzen foar tolve oere en dan hie er grif foar gewoante om de datum fan it ferskinen fan 'e krante boppe syn artikels te setten om aktueel te lykjen.
Oannommen dat dit kloppet, dat Smit him oan 'e werklike data holden hat, dan binne Saling en Charlotte fermoarde op tongersdei 11 jannewaris 1968. (Dat it op in tongersdei wie, stiet op 'e earste bledside fan it boek). De kranten fan freed hawwe summiere berjochten, mar yn ‘It Nachtblêd’ fan sneon 13 jannewaris stiet it wiidweidige ferslach fan 'e dea fan hoer en klant (sjuch s. 75 fan dizze útjefte). Dit ferwiist nei it ferhaal fan Riemersma, dêr't Smit him oan steurde.
In wike letter, 20 jannewaris, komt Watse werom fan fakânsje. Hy begjint dyselde deis mei syn speurderijen en de tongersdeis dêrnei, de 25e jannewaris, is de saak oplost.
Watse lêst fiif kollums fan Rinus mei dêryn in ferpakte meideling, te witten yn de nûmers fan sneon 13 jannewaris, tiisdei 16 jannewaris, tongersdei 18 jannewaris, moandei 22 jannewaris en woansdei 24 jannewaris.