| |
| |
| |
It wersjen
It wie al let doe't ik by Harm-en-dy weigie, en doe't ik fuort-fytste en de doar by Harm tichtslaen hearde hie ik itselde dûbel-slachtige gefoel fan sawol slachtoffer as skuldige to wêzen, dat ik as jonge sa faek hawn haw. Skuldich, omt ik dochs wer folle letter kaem as ik thús fan to foaren mei oertsjûging tasein hie, mar tagelyk slachtoffer fan 'e omstannichheden om't ik wier net út dwersens of omt ik der sa'n nocht oan hie de geboaden oertrêdde.
Nuver, dat de oandwaningen út 'e jonkheit sa klear wer yn my opstiene, wylst nou dochs wier gjin heit en mem sieten to wachtsjen en ik oan nimmen rekkenskip hoegde to jaen. De frou wie boppedat mei fekânsje, dat it lette nou alhiel net hwat ûre fan 'e nacht ik thúskaem.
Faeks kaem it troch de wyn, dy't de jouns ûngemurken frijhwat oanhelle hie, of gewoanwei om't ik op 'e hinnereis foar my nommen hie om de jouns net to let op bêd. Al hoe gesellich it west hie, ik hie de klok wol yn 'e gaten hâlden, mar doe't wy oan it ôffûstkjen ta wiene, wie Harm syn stambeam to praet kommen. En doe wie it mis. De papieren kamen foar it ljocht, de genealogyske jierboekjes, de âld femyljebibel, en de foto's. Der wie gjin hâlden oan mei Harm en al seit dy hiele sibbeboel my mar och sa'n bytsje, men moat jins fatsoen dochs hâlde en dêr't de wiere bilangstelling ûntbrekt, moat men wolris beare dat it oars is.
Wylst ik yn 'e wyn opskoude, op hûs yn, wie ik lilk op mysels en op Harm mei al syn foarâlden derby. Ik hie in ein fytse wollen, mar doe't ik op 'e jierdeikalinder op it húske seach dat Harm de tsiende July forjierre, hie ik mei iens in doel hawn.
| |
| |
De jierdei sels hie ik perfoarst net hinnegien, mar ien dei dernei like my nou krekt in gaedlike tiid, en it hie bliken dien dat ik gelyk hie. Ik forwiet my dan ek net dat ik nei Harm-en-dy gien wie, mar àl dat ik op 'e fyts gien wie ynsté fan mei de auto. Net botte logysk faeks, mar sa wie it.
It wie folslein tsjuster en dat wylst it earder op 'e joun sa stjerhelder wie. Doe't ik de earste kear fuort soe hie ik noch efkes efter it gerdyn nei bûten sjoen.
Tichteby it doarp N. fielde ik de earste drippen al - rein, dat ek noch! As it in boi is moat ik him dêr mar ôfskûlje tocht ik, mar it waerd ynearsten net folle en doe't ik yn N. troch de buorren fytste skynde eltsenien dêr al op bêd to wezen. It wie oeral roettsjuster, útsein de inkelde strjitlantearnen dy't in lyts rountsje ljocht om har hiene. Krekt doe't ik de streek huzen oan myn lofterhân efter my hie, pylke in felle ljochtstriel, de tonger rattele en ynienen kaem de rein yn streamen del. Ik digere oft ik earne biskûl fine koe en ja, foar my út, rjochts fan 'e wei wie noch ljocht. Oft it krekt opstutsen wie om't de lju mei it swiere waer fan 't bêd kamen, of dat der wier noch lju op wiene wist ik fansels net, mar dat koe my ek neat skele. Ik stie it lêste eintsje op 'e trapers, fleach it paedtsje del, smiet de fyts tsjin de gevel en bounze op 'e doar.
Der kaem immen oanrinnen, de doar gie op, der stie in frou - alhiel yn 't habyt - hja hiene dus noch net út 'e wei west. ‘Kom der yn’, sei hja mei in effen lûd, sûnder ek mar to bisykjen bûtendoar to sjen of in - al dan net útsprutsen - opmerking to meitsjen oer it waer. Dêrom stammere ik sels hwat om oer reinwetter en swier waer en hoe bliid ik wie dat hja noch net op bêd wiene.
It frommes gie my ûnderwyls foar nei de keamer, dêr't yn in stoel by de tafel in great jonge siet, dy't my fan top ta teil opnaem. Ik fielde my dêr suver hwat forlegen ûnder, omt it sa kalm en gewoan gie. Der wie neat brutaels yn it sjen fan dy jonge, neat fan ûnfoege nijsgjirrigens, mar earder in mylde, spanningsfolle forwachting.
| |
| |
‘Dat is 'm nou’, sei de mem, hwant it wie klear to sjen dat de jonge har soan wie, en - tsjin my -: ‘Nim in sit.’
De jonge kaem oerein, syn eagen glinsteren en ik fielde hwat fan eangst oer my kommen al wie dêr mar och sa'n bytsje oanlieding ta. Mar ik bigriep dy eagen net, ik wist net hwat hja woene, hwerom't hja my sa oanseagen. Mar de jonge stiek my in greate hân ta, bleau my lyk oansjen en sei mei in muzikael, freonlik lûd: ‘Heit.’
Ik hie it gefoel yn in sitewaesje bidarre to wêzen dêr't ik net hearde. Hja sjogge my foar de forkearde oan tocht ik, of hja binne gek. Faeks is de jonge allinne gek, skeat it troch my hinne, en moat er sa kalm hâlden wurde. Ik fielde hoe't it kâlde swit my op 'e foarholle kobbele.
‘Heit’, sei er jitris, ‘ik bin Jorrit.’
‘O, Jorrit, krekt’, sei ik stompsinnich, en it foel my yn dat ik dy namme hiel wol lije mocht. ‘Ja’, andere er, ‘ik bin neamd nei pake.’ Underwilens fielde ik de eagen fan it frommes op my. Hja seach my ûndersykjend oan en glimke tsjin my. Ik bisocht werom to glimkjen, mar it gie my min ôf.
Bûten klettere de rein fûl tsjin de ruten.
‘Hoe is it mei dyn gebyt’, frege hja.
Jim forsinne Jimme, hie ik útroppe wollen. Jim forsinne Jimme, hwant hwat hie dat minske mei myn gebyt út to stean en hoe krige hja it foarinoar om my samar to doukjen.
Mar ynsté stammere ik: ‘Mei myn gebyt? Goed, soe ik sizze - ik ha myn eigen tosken hear.’ It hearde mysels healwiis yn 'e earen, dit hiele petear, dat faeks net ôfwykte fan hwat minsken ornaris tsjin inoar sizze, mar dat folslein nearne op sloech.
‘Jorrit wol graech studint wurde’, sei hja en hja seach flechtich syn kant út - de jonge knikte - ‘hy hat eineksamen gymnasium. O sa'n bêst eksamen dien. Krij it puntelistke ris, Jorrit.’
‘Ja mem’, sei de jonge en liet my, sûnder dwersichheit of falske skamte, mar jongeseftich greatsk, it papierke sjen. It wie de muoite wurdich. Hege sifers allegearre, sawol foar de talen
| |
| |
as foar it oare spul. Dan is er dochs net gek, skeat it troch my hinne en doe earst glied myn each nei de namme boppe can de list. Jorrit Mindersma stie der en it wie as sprong it fet en great út it papier omheech. Jorrit Mindersma, de namme fan myn heit en forheard réalisearre ik my dat it niis by de foarnamme Jorrit allinne, net ta my trochkrongen wie dat heit sa hjitte.
Even kaem it yn my op dat ik sels faeks gek wie, slachtoffer fan in forstânsforbjustering, fan in net to plak krije kinnen fan eigen formidden. In soarte fan Jekyll en Hydegefal, mar ik wist ek dat dat ûnsin wie. En mei - faeks moat ik sizze ‘hwant mei’, ik wit it net - kaem der in oare tins boppe: Soene wy faeks oan inoar bisibbe wêze... hja sjogge my fansels foar in oare Mindersma oan, dêr't ik as twa drippen wetter op lykje... Nuver mar wylst ik sa ta it uterste spand yn ien sekûnde tiid fan alles by inoar tocht wist ik tagelyk dat it in flater wie om to sizzen dat ik as twa drippen wetter op in oar like. En gelyk dêrmei wie der ek de twivel oft ik dat wol wier tocht hie yn dy foarm en wist ik ek dat Harm niis dy útdrukking - en dan forkeard - brûkt hie doe't er syn genealogy oeral helle. It makke my suver hwat kalmer allegearre, en mei hwat fan selsirony biskuldige ik mysels fan jaloerskens op Harm, om't ik neat fan eigen stambeammen en kertiersteaten wist en it sa bitter nedich hie.
Mar de sêfte stim fan de frou sei: ‘Is it net in moaije list?’ Ik knikte. ‘Nou wol er graech nei de universiteit’, forfolge hja, ‘en dat giet troch fansels, mar ik wol net graech dat er as studint net meidwaen kin...’ ‘Mem’, pleite de jonge.
Hja sloech it gjin acht. ‘Ik ha noch nea hwat frege’, gie hja troch, ‘ik haw it altiten rêdde kinnen, mar wurdt it nou gjin tiid om hwat foar de jonge to dwaen?’ ‘Mem, toe dochs’, sei Jorrit. ‘Né, jonge, dou moatst dy stilhâlde. Hy wol it graech foar dy dwaen.’ ‘Mar hwerom’, bigoun ik fordigenjend. ‘Foar dyn soan’, sei hja mei klam, ‘foar dyn soan.’
‘Forsinne Jo Jo net?’ sei ik hoeden, ‘ik bin Gerlof Mindersma, ik bin bûterdirekteur en ik...’
| |
| |
‘Ja, Ger, dat wit ik wol, dat hoechst my dochs net to fortellen, mar witst dan wier net mear hwa't ik bin? Sjochris goed.’
Har gesicht kaem my bikend foar en wanhopich bisocht ik nei to gean hwer't ik har earder sjoen hawwe koe. Hja wie noch net âld: seis-, sawn en tritich sa op it each, mar der wiene tinne fâlden yn har antlit - ûnder de eagen en om 'e mûle - dy't makken dat de earste yndruk dy fan in hwat âlder frommeske wie. Brún hier hie hja mei sahwat heal en heal in slach deryn, in rjochte noas, dy't tusken de eagen frij breed wie - de jonge hie dat ek, dat wie hwat de gelikenis sa opfallend makke, dat en de eagen sels: in lyts bytsje skean nei bûten en fan in dûnker griene kleur. Har mûle wie breed, lykwols de lippen wiene tin, mar net troch stiif op inoar knipen. As losse, blijreade streken liken hja in eigen libben to hawwen, mar hja pasten goed by de geve, dûnzen hûd as âld ivoar. Hja seach hoe't ik forlegen yn myn ûnthâld omware en woe my helpe. ‘Lyske’, sei hja.
Lyske! It sei my wier neat, alhoewol't it gefoel dat ik har earder sjoen hawwe moast hieltyd wisser waerd. Unbihelprich stoarre ik har oan, hwant ik seach dat it har fortriet die dat ik my har net mear to binnen bringe koe. Dochs fornaem ik dat hja net lilk wie doe't hja bisocht my fierder út 'e dream to helpen. ‘Njoggentjin jier forlyn’, sei hja, ‘wie der ris in jonge dy't yn Boalsert op 'e Suvelskoalle gie en dy't op in dei, doe't er op 'e fyts nei hûs ta soe, ûnderweis pine yn 'e mûle krige. Hy gong yn Frjentsjer by in toskedokter oan.’ Fierder kaem hja net, hwant ik foel har yn 'e reden mei in lûd ‘Lyske!’ In lyts bytsje hûcheleftich wie dat wol, hwant ik wie dy hiele namme skjin forgetten en ek nou noch koe hja hwat my oanbilange ek eltse oare namme hawwe, mar it gefal stie my klear foar eagen.
It wie op in sneon-to-middei dat ik op 'e fyts nei hûs ta gie, mei sierlik moai waer en ûnderweis kaem dy pyn 'e múle. Nou wie dy hiel wol út to hâlden, mar krekt om't it waer sa moai wie en de sneon en de snein noch foar my leine, woe ik der fuortdaliks mar ôf. Yn Frjentsjer skille ik by in toskedokter oan dêr't ik
| |
| |
troch in faem yn 'e wachtkeamer litten waerd. Dêr siet op dat stuit noch in pasjinte, in alderaerdichst fanke fan in achttjin, njoggentjin jier. Wy wikselen in wurdmannich hwant it duorrc noch al lang en hoe't it krekt gien is soe ik net witte, mar wy slaggen dêr yn 'e wachtkeamer oan it frijen. Doe't hja klear wie by de toskeman, hat hja op my wachte en doe fytsten wy togearre de Doanjumer kant út, dêr't wy net ien fan beiden wêze moasten, mar dêr't wy forwachten dat it rêstich wêze soe en dêr't alteast gjin kunde ús sjen soe. It wie stil op 'e dyk en earne yn 'e ûnderwâl bilibben wy in ûnforjitlike middei - sa't inkeld jonge minsken by ûnforwachte avonturen bilibje kinne.
Wy makken der in lange middei fan, mar it ôfskie wie ûnsentiminteel, wy praetten net ôf foar letter en ik hie har net wer sjoen. It hie in ûnforjitlike middei west sei ik krekt, en dat net by wize fan sprekken, hwant al hie ik de faem moai gau alhiel forgetten, it avontûr sels net. Ik haw sels noch wolris in kear yn birie stien oft ik har net opsykje soe - hja tsjinne by in dûmny Tadema, dy namme is my noch àl bybleaun, al soe ik it plak dêr't er stie net iens mear witte - mar hwat my dêr doe fan weromhâlden hat wit ik allikemin mear. It kin wêze dat ik net goed wist hoe't ik der mei oan moast by dûmny Tadema, it kin likegoed wêze dat har namme my doe al forgetten wie en dat dat my ôfskrikte. Mar it is ek mooglik dat ik it dochs mar net al to mâl meitsje woe mei de leafde, hwant ik wie fansels net sûnder faem yn dy dagen; of it hat sa west dat ik it fatsoenliker fan my sels achte der net wer hinne to gean, as it my dochs gjin tinken wie.
En nou stie datselde fanke foar my, as frommes mei in greate soan, sûnder dat ik har weromkennen hie. In net ûnknap frommes, mar wier net ien dêr't ik fan oeral reitsje soe, of dy't ik yn 'e fierste fierte ek mar bigearde. Dochs sloech der in weach fan waerm fielen troch my hinne, dat ek de jonge omfette. Ik fielde dat wy by inoar hearden, dat wy ien en mien wiene yn dizze gesellige keamer ûnder it ljocht fan 'e lampe, sûnder dat hokfor troebelige driften of forlangens der tusken kamen.
| |
| |
‘Lyske’, sei ik, ‘hwat muoit it my dat ik my dy fuortdaliks net to binnen bringe koe - dou bist foroare. Portel hoe't it mei dy gien is. Bist net lilk op my, dat ik nea wer delkommen bin?’
‘Dou ek’, andere hja, ‘dou bist ek foroare, mar ik haw dy nea forgetten. Ik haw dyn libbensrin hieltyd folge. Ik wist wol datst net weromkomme soest, mar dat hoegde ek net. Wy hawwe ús altyd rêdde kinnen, ik en dyn soan.’
‘Hwer is er berne?’ frege ik, ‘hoe hat him dat tadroegen? Wiest noch by dûmny Tadema?’
‘O, dus dat witst noch’, sei hja tankber, ‘Jawis’, sei ik rêd, hwant ik fielde my sa noflik en op myn dré, al eange ik tagelyk dat ik my wol tige skuldich fiele soe by alles hwat ik nou to hearren krije soe, dat ik myn gewoane slûchslimmens werom krige: ‘Jawis, dat hast my doe sels forteld. Witst wol dat ik dyn eigen efternamme nea witten haw, Lyske?’ Hja liet har net forrifelje, mar sei: ‘Dêr silst dy wol mei forsinne.’ En doe glimken wy tsjin inoar en hja fortelde dat hja Bergstra hiet en hoe goed de Tadema's foar har west hiene. Dûmny Tadema dy't altyd rounom ‘verborgen erotiek’ miende to bispeuren - ‘witst dat noch wol?’ Ik wist it, hja hie it my forteld - hie foar har sa eabel west as in Kristenminske mar wêze kin en hie har net allinne neat forwiten, mar boppedat syn hobbelhynder sa lang op stâl set - forburgen erotyk wie ek al in bisûnder ûngaedlike term yn dit forbân, skeat it troch my hinne - en mefrou hie in ingel gelyk west.
Ik fielde my lykwols frijhwat skurf en ik sei: ‘Earme Lyske, ik haw dat allegearre nea witten. Dou silst it wol krap hawn hawwe, Lyske, Lyske.’
Mar hja kaem dêr tsjin op: ‘Dou hoechst my wier net to bikleijen. Jorrit wie der dochs. Mar dou, dou hast gjin bern. Dou hast al dy jierren gjin bern hawn, wylst dochs al dy tiid Jorrit der wie’, en hja fortelde fierder hoe't har libben forroun wie. Doe praetten wy oer Jorrit en de plannen dy't er hie en op 't lêst sieten Jorrit en ik yn in hiel petear, wylst hja fredich
| |
| |
swijend siet to sjen en op 'e tiid nije thé yngeat.
Mar doe sei hja, mei it each nei de klok, dy't tweintich foar twaën oanwiisde, dat it faeks net mear reine soe en it die bliken dat hja gelyk hie. Graech hie ik sitten bliuwe wollen, winliken woe ik noch net fuort, mar ik seach wol yn dat ik dêr net sitten bliuwe koe.
Plechtich suver, mar blier fan herten fûstken wy ôf. Ik wie oandien doe't ik Jorrit syn foarse hân yn mines fielde en doe ynienen skeat my yn 't sin, dat ik de jonge wol hwat skuldich wie. ‘Dou moatst ris mei fafânsje’, sei ik en taestte nei de bûse. ‘Ik hoech neat’, sei Jorrit rêd, mar syn mem knikte my ta en ik helle myn beurs foar 't ljocht. Foaryn sieten allinne hwat gounen en sinten, mar yn it efterfekje hie ik in bankje fan hûndert, myn fakânsjejild winliken, hwant it oare hie de frou al mei. Ik treau it him yn 'e hân. ‘Hâld dêr ris hwat fakânsje fan, jonge’, sei ik, ‘mei koarten kom ik wol wer ris del en dan biprate wy it studearjen noch wol.’ ‘Wachtsje net to lang’, sei syn mem noch en dêrop slagge ik de doar út.
Op 'e dyk seach ik noch even om. Hja hiene it gerdyn fansiden skoud en sa, ûnder it ljocht, weauwen hja my efternei. Ik weau werom en trape op hûs yn, wylst de nachtwyn my koel om de rûzige holle aeide. Yn my wie itselde jubilante gefoel as doe't ik njoggentjin jier forlyn út de omkriten fan Frjentsjer weisetten kaem mei in like ûnforwacht as oerweldigjend avontûr efter my. ‘In soan’, sei ik heallûd foar my út, en dat gelûd like my myn bisinning wer to jaen. Jorrit Mindersma, op dy namme kôge ik yn tinzen hwat om en ynienen dûkte as in brúnfisk de gedachte yn my op: ‘Forrek, hoe hat hja dat klearkrige? Dat kin net ...it kin net.’ De jonge soe fansels Bergstra hjitte moatte, syn namme koe ûnmooglik Mindersma wêze. Mar dat stie dochs mar op it papierke fan it gymnasium... Soene se my dan dochs to fiter hawn hawwe? Mar dat koe net, de sfear niis yn 'e keamer, dat blide gefoel yn my, dat wie allegearre to autentyk om leagen en forrifelderij to wêzen. Boppedat, it avontûr yn
| |
| |
Frjentsjer koe nimmen oars weet fan hawwe, dat Lyske wie Lyske, dêr wie ik wis fan. Mar hwa wie dan dy jonge? Jorrit Mindersma fansels, lykas it puntelistke sei. It tinkbyld dat dy forfalske wêze soe forsmiet ik fuortdaliks; hja koene ommers net witte dat ik delkomme soe. Oare hypothesen dy't ik opstelde rounen allegearre hjir of dêr stomp, om't der hieltyd hwat net strykte mei it soun forstân, oant ik op it lêst, doe't ik de ljochten fan Ljouwert al yn it each krige, mysels ris hwat stûfer geweken naem en mysels oplei, bûten alle emoasjes om, folslein logysk to riddenearjen. Bigjin nou ris by it bigjin, sei ik tsjin mysels: hwa koe witte datst by dat hûs ôfstappe soest? Andert: net ien, inkeld it tafal hat dêr mei to krijen hawn. Punt twa: dou wurdst weromkend troch in frommes, mar hoe witst dat? Andert: hja wit fan alles fan my, net inkeld fan nou, mar ek út in forline dat net ien oars ken. Boppedat is der by dysels ek in gefoel fan werkennen. Punt trije: it frommes hjit nei alle gedachten Lyske Bergstra. Wissichheit op dat stik fan saken hast net, omdatst dy sels har namme net to binnen bringe koest. Der is lykwols net folle oanlieding dêroan to twiveljen, bihalven faeks as har efternamme Mindersma wêze soe, hwat grif net it gefal is, hwant dou soest it fêst wol ûnthâlden hawwe, as hja deselde namme hie as dousels, fral om't men dy namme binei nea tsjin komt. Punt fjouwer: der is in great jonge, dy't heit tsjin dy seit en dêr't de mem - né: it frommes, Lyske - fan seit dat it dyn en har soan is. Nou komt it der binammen op oan. Dy jonge ken dy net werom, fansels net hwant hy hat dy nea earder sjoen, mar hy seit heit, nei't syn mem - lit my dat nou mar even oannimme en yn elts gefal: hy neamt har mem - nei't hja sein hat ‘dat is 'm nou’. Hwat bitsjut dat?
Oant safier hie ik moai flot en logysk trochtocht, mar hjir strûpte ik foar op. By eintsjebislút koe ik neat oars bitinke as: de jonge is gek. Mar dat woe my ek mar min oan. Foarst al om't er sok bisteklik praet hawn hie, mar binammen, joech ik mysels doe ta, om't ik him sa graech lije mocht. Mar hoe't ik it ek
| |
| |
draeide, ik koe gjin bettere oplossing fine: de jonge wie gek. Hy miende dat er Jorrit Mindersma hjitte en om him dêryn to wille to wêzen hie faeks ien dat papierke foar him makke, en hy seach eltsenien dy't er net koe foar syn heit oan en as der sa'n ien wie dy't dêryn hwat mei woe dan wied er kalm en koed er wol aerdich prate. Syn mem spile dat fansels mei omwille fan de jonge, of nei alle wierskyn wie it syn mem net iens, en wie it syn forpleechster. Faeks hie Lyske net lang mear by dûmny Tadema west en wie hja yn Frjentsjer forpleechster wurden en moast hja nou mei de jonge oanpiele. Ja, sa soe it wol wêze.
Mar, dy blinder, hwerom dan dat hiele forhael oer har libben, oer de berte fan har soan by dûmny Tadema yn 'e hûs, en alles dat hja my forteld hie. Dat hoegde der dochs net by. In gek hwat yn 'e mjitte komme, bêst...... Klets mar hwat mei, mar Lyske har forhael wie dan op syn minst oerdreaun. Ik wist dat it wurd oerdriuwing hjir folslein derby troch wie, hwant dat it nearne nei like, dat al myn raisonnearjen der nêst wie en dat ik de planke gâns in ein misroaide.
Doe, richte by hûs al foel my in nije theory yn, dy't suver as in eksplosy yn my opljochte. Ik siz it hwat bryk, mar dochs ek wol aerdich krekt leau ik, hwant dit nije ljocht kaem nochal hurd oan. Dy twa - en it minste derfan wie dat Lyske nei alle wierskyn Lyske wie - hiene plannen smeid om my hwat lichter to meitsjen. Hja hiene har ynformaesjes oer my goed ynwoun, myn weake plakken ûntdutsen en it soe ynkoarten wêze. En dêr ynienen, troch in stom tafal hoege hja net mear nei my ta, hwant dêr stean ik sels foar de doar. ‘Dat is 'm nou’, is alles hwat Lyske hoecht to sizzen, en de jonge hoecht de rol dy't er krekt leard hat mar ôf to draeijen. Mar hja hawwe justjes to snoad west, hwant Gerlof Mindersma hat, alteast as de holle hwat bikuolle is yn 'e wyn, noch wol safolle forstân dat er wit dat sa'n oerwoun bern syn namme net hawwe kin.
Mei dy ûntdekkingen kaem ik thús en yn 'e hûs en kroep fuortdaliks op bêd. Sliepe woe oars mar min, hwant it woe
| |
| |
nettsjinsteande alles net yn my del, dat alles leagen en bidroch wie. Hawar, ik foel op it lêst, deawurch fan it ompakken mei en it gefjocht tusken sentiminten en arguminten, dochs noch yn 'e sliep.
Hwat rûzerich yn 'e holle waerd ik de oare moarns wekker - ik hie soarge dat ik net al to ier hoegde to wêzen - en wie al gau, mar folle rêstiger as earder, mei myn erfaring fan de nachts dwaende. Ik mimere oer Lyske en ik gie yn gedachten nochris werom nei dy avontûrlike reis nei de toskedokter yn Frjentsjer, njoggentjin jier forlyn. Ik seach my wer de blauwe stoepe ôfkommen, om my hinne kypjend om my derfan to biwissigjen oft Lyske dêr stie. En doe de fytstocht, de Doanjumer Poarte út en de stille púndyk del. Yn 'e dyksberm hiene wy lein en it hie in dei west om nea to forjitten......
Ynienen siet ik rjochtoerein op bêd en ik lake suver lûdop. Mar it wie net in earlike laits, der klonk sokssahwat as in snok yn troch: ik wie der nou wis fan, ik woe it nou leauwe, hwant it koe net.
Der wie neat bard, der wie nammentlik neat bard op dy sneon-to-middei ûnder de hege himel fan Fryslân, alteast neat dat gefolgen hawwe koe. Sels in bûterdirekteur dy't alhiel bûter en tsiis meiwurden wie, hie noch wol safolle biologysk forstân, dat er wiste dat fan in tútsje, of sels fan in hiele middei hertstochtlik tútsjen gjin neiteam komt. En dat wie alles hwat der doe bard wie: ik wie noch jong, ûnbidoarn, idéalistijsk, alles hwat men wol, de tiden wiene faeks oars...
...Justerjoun, fannacht hie ik mysels foar de kroade riden, om't ik my - folwoechsen man - werom projektearre hie yn myn jonge jierren. ......Och stumper, faeks wie hwat my der nou fan foarstie ek noch oerdreaun en hie ik mear tiid bistege oan praten, oan moaije wurden, as oan frijen.
Mar hjirmei wiene lykwols de riedlingen hyn ofte nei net oplost, bitocht ik, mar myn gedachtegong waerd ûnderbrutsen troch de skille fan de tillefoan.
| |
| |
It wie Harm, dy't fornimme woe oft ik goed oerkommen wie. ‘Ja, bêst’, sei ik gau. ‘Dou wiest oars noch mar krekt fuort of it reinde dat it hwat die’, sei er, ‘hoe hast dat hawn?’ Ik sei dat ik net wiet wurden wie. ‘Hastou dan gjin reinwetter hawn?’ frege er forheard, ‘it like my oars hielendal gjin pleatslike boi.’
Ik fortelde him dat it al eefkes reind hie, mar dat ik de boi ôfskûle hie en dat ik ridlik op tiid droech en wol thúskommen wie.
‘Nou, ik siet oars mar raer oer dy yn noed’, sei Harm, ‘hwant ik haw dy sa lang oan 'e praet hâlden mei myn stambeam en sa’. Doe't ik jitris sein hie dat ik goed thúskommen wie en him forteld hie dat ik dy stambeammerij och sa nijsgjirrich foun hie, bitroude Harm my ta: ‘Ik haw in grêf kocht yn Easterwierrum’. Hy hie it dêr de jouns al oer hawn dat er der wurk fan meitsje woe om't syn foarâlden dêr wei kamen, mar ik wist op 'e iere moarn oars neat to sizzen as, ‘Dou litst der gjin gers oer groeije.’ Dat tocht himsels ek en doe hong er fleurich wer op. Ear't ik werom gie om my to skearen en oan to klaeijen, seach ik even by de kapstok: myn jas wie droech. En op 'e sliepkeamer helle ik myn beurs foar 't ljocht en socht yn it efterfekje: gjin briefke fan hûndert.
Dy deis hie ik it net mear oan tiid, mar de oare middeis ried ik gau even mei de auto nei N. Ik naem de nije forkearsdyk en kaem sa fan 'e oare kant de buorren yn. Ik hie al by mysels útmakke dat ik better earst ris hwat ynljochtingen ynwinne koe en dêrom hâldde ik by de doarpsherberge. Der siet fansels gjin minske om dizze ûre fan de dei, dat doe't de kastlein my myn Rivella brocht sei ik dat ik him wol hwat freegje woe. ‘In eintsje bûten de buorren, dat út’ - en ik wiisde it oan - ‘dêr stiet oan 'e rjochterkant in hûs. Earst hat men dat streekje hûzen lofts fan 'e wei, dan in eintsje neat en dan stiet der noch ien hûs oan 'e oare kant. Kinne Jo it foar de geast krije?’ ‘Wis al, kin ik dat foar de geast krije. Mar dan hat menhear hjir grif yn gjin jierren west, wol?’ Doe't ik ja knikte, om't hy der op 't lêst ek neat mei to meitsjen hie, sei er foldien, ‘Dat tocht ik al. Ja sjoch, dat hûs hat der eartiids stien, mar it is ôfbaernd.’
| |
| |
‘Ofbaernd?’ frege ik kjel. ‘Hwannear dat. Hoe koe dat?’
‘Mei swier waer sjoch’, andere de man bitochtsum, ‘it is ynslein en doe is it hiele spul platbaernd. Ja, dat is gâns in skoft lyn, mar it stiet my noch sa klear foar. O heden, ja. It sil sa'n tweintich jier forlyn wêze, tink. It kin ek wol langer wêze, hear.’
‘Hawwe Jo it goede hûs wol foar’, mompele ik forslein.
‘Wis al, menhear’, andere de kastlein fleurich, ‘dat kin net misse. Der stie mar ien hûs dêrre en nou stiet der neat mear. It is net wer ophoud sjoch - de boel wie net forsekere, hoe't dat sa sleau wie wit ik ek net, mar wier is 't. It wiene Bergstra's, de lju dy't der wennen - hja hiene it nij sette litten. Dy man wie al ier ophâlden mei buorkjen om't er net sa geef fan ynhouten wie, sjoch. En och, hja koene it sahwat krekt rêdde, mar doe waerd it in spul fansels. It wie bigreatlik, hear. Hja hawwe ek net sa lang mear libbe, beide net. Earst rekke de man wei en in jier twa letter de frou. Ja, bigreatlik hear. Hja hiene ien dochter, dy is der útgien to tsjinjen doe't de boel ôfbaernd wie. Ik leau by in dûmny, yn elts gefal by greatlju. Mar bigreatlik wie 't.’
De âldman wie noch lang net oan 'e ein fan syn forhael, mar ik smiet it jild op 'e tafel en stoep nei de auto. Ik moast en ik soe nei dat hûs. Wie dan eltsenien gek wurden? Wie ik sels net wiis? Doe't de âldman oan it forhael wie, wie it krekt of siet immen mei in boar yn myn harsens to draeijen, ik koe it net mear forneare, ik moast hwat dwaen. En mei fol gas stau ik nei it plak dêr't ik twa jounen forlyn sitten hie to praten. Neat, der wie neat en earlik sein, die it my ek gjin nij. Der stie hwat lang gers en by de sleatskant hjir en dêr in wylgenbeam. Sloech men it goed acht dan wie it noch wol to sjen dat it in âld hússté wie. Ik sprong wer yn 'e wein en jakkere werom nei it fabryk.
Nou, en dat is winliken alles. Myn hûndert goune bin ik kwyt... mar né, alles is it net. It nuverste komt noch. Juster wie ik yn Ljouwert en dêr siet ik even mei notaris T. to praten. Doe't wy fuort soene naem er syn papieren fan 'e tafel en dêrûnder lei it streekbledtsje. En, hoe sjocht men it sa gau tusken al dy letters,
| |
| |
mar sûnder dat ik winliken acht op dy krante sloech, sprong dêryn de namme Bergstra my yn it each. Ik moast sykje om him werom to finen. ‘De Heare hat hjoed by ús weinommen’, stie der, ‘ús leave húsgenoate Lyske Bergstra, âld 38 jier’.
Dûmny Tadema hie it adfortinsje sette litten - de mannichste wie de toalfte july.
‘Hwat is der?’ frege notaris. ‘Och, ik sjoch krekt dat kunde fan my forstoarn is’, sei ik en wiisde op 'e krante. ‘De bigraffenis hat al west. Ik koe har al, mar dy dûmny Tadema dêr't se by wenne ken ik net. Witte Jo ek hoe't se stoarn is, it is yn Jou krite.’ Hy skodde fan né.
‘Kinne Jo dêr net ris nei fornimme’, twong ik, ‘hoe let krekt oft hja forstoarn is?’ ‘Ei, hwat kin 't skele’, sei notaris luftich, mar doe't er seach dat it my tinken wie, sei er ta dat er syn bêst dwaen soe.
Fan 'e moarn skille er - it wie fan 'e alfte op 'e toalfte july de nachts om kertier foar twaën.
|
|