| |
| |
| |
Mearke
Der wie ris in mearkesamler. Hy sammele syn mearkes rounom: yn 'e Wâlden en op 'e Klaei, yn Gaesterlân en yn 'e Bouhoeke. Oan 'e iggen fan 'e sé sammele hy en yn it binlân, yn stêdden en doarpen, by de marren en yn 'e bosk.
In notysjeboek hied er altyd by him en dêryn skreau er op hwat er hearde fan mannen dy't eefkes lins hâldden fan it drege bodzjen, of fan froulju dy't efterhûs yn it skaed fan de flearhage sieten to breidzjen, of fan hiel âlde minsken dy't op in bankje yn 'e sinne sieten of stadich troch it tún fan it gasthûs gongelen.
Op in dei hied er hiel djip yn 'e Wâlden oan it sammeljen west en de risping fan de dei wie goed. De sinne gie bloedread ûnder yn it west. It lêste ljocht wjerkeatste yn 'e rútsjes fan in himpen húske dêr't de samler by lâns kaem en it like wol oft it glês goud wie. Mar mear as goud wiene foar de samler de notysjes yn it griene boekje: de fortuten fan in dei fan dreech krewearjen. De samler wie wurch, mar it wie in noflike wurgens. It hat in skoandere dei west, tocht er, it kin sa wol ta. Mar doe't er by it húske in âld wyfke stean seach, koe er it net litte en rin efkes op har ta. Hy tortelde hwa't er wie en hwat er die, en sei doe: ‘Faeks witte Jo ek noch forhalen dy't hjir ûnder it folk yn dizze kontreijen libje. Alde mearkes of sêgen en leginden.’
‘Forhalen? Né!’ sei it âldminske. ‘Dat soe ik net witte, menhear.’ De mearkesamler lykwols wie samar net forslein.
‘Kom, kom’, sei er, ‘hjir is dochs wol eat bisûnders? Eat dêr't Jou mem Jo earen fan forteld hat? Is der earne yn 'e bosk net in spoekleane, is der gjin bitsjoende hikke of in poppestien?’
‘Né’, sei it âldminske wer, ‘né, wy hawwe hjir neat fan soks.’
Syn gesicht biloek en hy fielde ynienen hoe wurch er winlik wie.
| |
| |
‘It koe menhear wol yn 'e wei wêze’, sei it wyfke meifielend, en fan 'e weromstuit seach hja krekt like earmoedich as de samler. Mar ynienen klearre har antlit op. ‘Wy hawwe hjir fansels de beam mei it gat. Siket menhear dêr faeks om?’
‘De beam mei it gat?’
‘Wis, de beam mei it gat. Dêr hiene se it altyd oer by ús pake-en-dy en dy hiene it wer fan harren beppe. O, dy beam is sa âld, menhear. En ûnder yn dy âld beam sit in great gat, en hwa't troch dat gat krûpt kin yn mearkelân forsile, fortelde pake altiten. Fansels, ús pake is nea troch dat gat krûpt en ik ek net, hear, mar pake hie it forhael fan oarrebeppe. Och, it is fansels mar sa'n praetsje, moat menhear tinke, mar ja, it waerd hjir dan dochs mar sein.’
‘En is dy beam der wier wier?’ woe de samler witte.
‘Wis en wrychtich’, sei it âldminske, ‘dy beam dy is der, menhear. En it gat sit deryn, hear!’
‘Is it fier hjir fandinne?’ woe de samler doe witte.
‘Ei né, man. It is deunby’, sei it wyfke. ‘Twahûndert trêd faeks, mear is it net.’
‘Jo kinne my it paed net efkes wize, tink?’ sei de samler, hwat skruten, hwant it wyfke like och sa âld en frijhwat min op 'e gong to wêzen, en it waerd al tsjuster yn 'e bosk.
Mar it wyfke sei mûnter: ‘As ik menhear der gefallichheit mei doch, nou dan rin ik wol eefkes mei, hear. Allinne, ik moat gau wer thús wêze, hwant ik moat de geit noch melke.’
Hja rounen der hinne en it tocht de samler neat gjin wûnder dat der in mearke spoun wie om dy iik. Hwant, minsken, minsken, hwat wie my dat in greaten beam! It âldwyfke fottele daliks wer nei hûs ta, nei't de samler har tige bitanke hie; de samler roun net mei werom: hy woe de beam en it gat yn 'e beam earst goed yn him opnimme.
It gat wie sa great, dêr koe yndied skoan in minske troch. De samler bitaestte de rânne, gie der mei de hân ris hwat fierder yn op, stiek njonkenlytsen de hiele earm deryn, mar koe lykwols
| |
| |
it gat net bidjipje. Gjin niget, tocht er jitris, dat by it folk forhalen ûntsteane oer sok in beam mei sok in gat. Hoe djip soe dat gat wol net wêze? Hy bisocht it ek ris mei de foet, mar koe sa likemin groun fiele. Nou waerd er dochs wierliken nijsgjirrich hoe djip oft dat gat wie, en sûnder birie liet hy him deryn sakje. Mei de fingerseinen stiif om 'e rânne fan it gat klammere, hong er dêr. Noch gjin groun... Doe, ynienen, kreake der hwat... de rânne, dêr't hy him oan fêsthâldde brokkele ôf en dat wie gjin wûnder, hwant winliken wie it oars net as de broazelige bast. De samler gappe nei de siken doe't er mei kûgelsfeart yn 'e bidelte trûzele. Hy foel, foel fierder... noch fierder... en doe hearde of fielde er neat mear...
Mar doe't er eagen wer opdie, hwer wied er doe oars as yn mearkelân!
‘Faeks dream ik’, sei de samler súntsjes, mar doe't hy himsels ris fiks yn 'e earmen knypt hie, wist er dat dat foar it neiste nèt sa wie. Hielendal wis, dat er net dreamde, wied er doe't er Reakaperke metten hie en dy him fan har nije avontûren forteld hie. Hy hie allinne mar heard fan de wolf dy't har beppe opfretten hie; hwat hja him nou fortelde wie folslein nij foar him. Mar dan kin dit fansels gjin dream wêze, tocht er mei de wissens fan in samler: yn in dream forarbeidet men âlde motiven; alhiel nije ynhâlden komme der nea by. Dat de samler waerd hwat langer hwat opteiner. Safolle stoffe hied er nea earder tagelyk foun. Yn in dei - mar hwat is in dei yn mearkelân? - wie syn notysjeboekje hielendal fol. De lytse reepkes wyt dy't er earst iepenlitten hie oan 'e rânne, wiene nou ek al folkrast. It is gewoanwei hinne in tige simpele saek om in nij notysjeblok to keapjen, al hoecht it dan ek net iens safaek, om't it wier net tafalt om mearkes to sammeljen. En nou wie it krekt oarsom. Kearel, kearel, hwat in stoffe - hy slikke him om 'e mûle; mar in winkeltsje mei skriuwpapier? Ho mar!
Der roun in foech prins om, dy't krekt út in swarte raven
| |
| |
ûntstien wie - ja, ien swarte flerk hied er noch, op it plak dêr't syn lofter earm hearde to sitten - en dy frege hy dernei, mar de prins koe him net helpe. Woe it faeks ek net, hwant dy ienearm frege himsels ôf, hwat immen hjir yn 'e goedichheit mei skriuwpapier woe. Wol tikke hy ris in mannich kearen mei syn flerk op 'e foarholle.
Lang duorre dat net, hwant der kaem in reus op harren ta: in forwoastling dy't it grau op 'e prins hie, sa't it like, hwant dy spikere út.
De samler frege it doe oan in eardske, oan in goudene froask, oan in pear klabouters, oan Sniewytsje sels; mar gjinien dy't him rie skaffe koe yn de baernende kwestje fan it skriuwark. Of alwer: woe - dêr wie de samler net wis fan. Ik bin in Fries, tocht er mankelyk, en winliken is dit folk my fiersten to kosmopolitysk. Hy seach nou wol yn, dat er al to gysten to wurk gien wie: hy hie alles mar opskreaun hwat er hearde, en nou mette er aenst miskien in Fryske mearkefiguer en dan koed er neat mear biskriuwe. Hawar, tocht er doe ynienen forromme, as ik earst mar ûnder eigen bin, dan sil der wol útrêdding wêze. Mar hoe it eigen folk to finen, dat wie de greate frage.
Hie ik nou earst mar ris in kontaktpunt, sei er by himsels, dan komt it oare fansels. Der woe him op dat stuit oars neat ynfalle as Antsje-mei-it-tsjil, en hy frege oan eltsenien en alles dat er mette nei Antsje, útsein dan oan al to lilkaerdige heksen, reuzen en sok naesje. En wrychtich, nei lang omswalkjen en rounom freegjen kaem er lang om let by Antsje to lânne. Botte oansjitsk wie hja nou just net, mar dochs fornaem er dat hy hwat yn har wekker makke, doe't er har fornijde dat hy Frysk mearkesamler wie. It ûnsjogge frommis moast der wakker om gnize, mar stie him dochs moai gnap to reden. Mar in nij notysjeboekje koe hja him ek net oan helpe. Hja rette him lykwols, it ris by Hantsjemuoifjil to bisykjen.
Dêr harke de samler raer fan op; hwant hied er nou net yn syn lêste útjefte yn in fuotnoat forklearre, dat Antsje-mei-it-tsjil
| |
| |
en Hantsjemuoifjil soe ien en deselde wêze! Hawar, ek Hantsjemuoifjil koe gjin ried skaffe, mar hy krige alteast in miel iten en hy koe dy nachts útfanhûzje by Jantsje-mei-de-fearren. Al sa'n ûnsjoch frommis - mar in pûrbêst bêd: klearebare fearren fansels. Nou hie de samler dy deis mei eigen eagen sjoen hoe't in prinsesse in tút joech oan in keal en hoe't dat keal doe samar, opslach, foroare yn in tsjeppe prins. Dat doe't hy de oare moarns fuort soe en Jantsje-mei-de-fearren tige bitanke foar de gastfrijens, doe patte hy har mar ris fiks op beide wangen. Jantsje lykwols bleau like ûneachlik, of better sein hja waerd noch ûneachliker, hwant hja skeat in kaem en dat paste hielendal net by har. Mar hy hie har by it herte krigen grif, hwant hja sei: ‘Bêste man dy't Jo binne, Jo meije in winsk dwaen.’
‘Graech in nij opskriuwboekje’, sei de samler biret, mar dêr koe neat fan komme sei hja. De papierkrapte wie sa slim, dat sels tsjoenderij net helpe koe. ‘Mar dat hinderet ommers neat’, forfette hja, doe't hja seach hoe forslein de samler wie, ‘Jo kinne dochs winskje hwat Jo wolle. Jo hoege it dochs net perfoarst op to skriuwen, dat kin letter wol; as Jo it mar ûnthâlde. Hwerom winskje Jo dan net dat Jo net wer forjitte kinne?’ Hja seach him freegjend oan, hwant hja wist net oft er har wol bigriep. Mar de samler hie it wol foar it forstân! Hy die syn winsk en koe doe as ûnbisoarge minske fierdergean. Ut tankberheit joech er Jantsje-mei-de-fearren noch in dikke tút, mar doe't er út har eachweid wie, fage er him tige mei de bûsdoek om 'e mûle. Dy bûsdoek waerd earst pûrswart, dêrnei fjûrread, doe himelsblau en einlings wer gewoan: wyt. Hearkes, tocht er, hwat aerdich is dat! Efkes opskriuwe. Op itselde stuit wist er dat soks net nedich wie, hwant it siet al muorrefêst yn syn ûnthâld. Dit wie dochs wol de muoite wurdich: hy hoegde him nea wer om in notysjeboekje to bikroadzjen. Syn holle wie better as hokfor notysjeboekje. Hwatsei! As tsien hokfor notysjeboeken, mei alfabetyske klappers en al. En hjir wie wol hwat op to bergjen yn it ûnthâld. Heden, minsken noch oan ta. In hymphamp- | |
| |
hâldfêst en oare frjemde staesjes wiene mar lytse bisûnderheden by alles hwat er seach en ûnthâldde oan Fryske mearkes.
Hy hie der al gâns in skoft tahâlden en ek al ris in kearmannich tige faei west as it ris ryklik mâl om en ta gie, en doe wist er dat er stoffe genôch sammele hie foar jierren en jierren fan útskriuwerij. Doe kaem de tiid dat er eltse nije dei sei: joun haw ik genôch, dan moat ik mar ris wer op hûs yn. Mar eltse nije dei brocht wer safolle nijsgjirrigens, dat hy heakke der hieltyd wer noch in dei oan fêst.
Mar doe't hy dan dochs wier wier ophâlde woe en it paed werom nei de beam frege, doe wiisde it net sa bjuster. Nimmen dy't him dat paed wize koe en al koed er troch syn machtich ûnthâld alles werom fine hwat er biswalke hie sûnt hy by Jantsje-mei-de-fearren útfanhûze hie, oer syn doarmjen dêrfoar joech syn ûnthâld gjin útkomst. Gjin niget dat er tige mismoedich waerd. Wol seach er hieltyd wer alderaerdichste dingen, mar dy liken ornaris as twa drippen wetter op dingen of foarfallen dy't er nou al in kearmannich sjoen hie en dy't er mar amper mear acht sloech. Yn syn holle hammere it oanienwei: ‘Ik moat werom! Ik moat werom.’
Hy waerd der heal siik fan; it waerd omgammeljen en op it lêst moast er wol nei de toverdokter. Dy liet him de tonge útstekke en sei nei lang prakkesearjen: ‘Man, Jo moatte der ris út.’ ‘Ha, ha’, lake de samler hol, ‘dat is krekt hwat ik wol en hwat net kin.’ De toverdokter, al hoe geleard oft er wêze mocht - en hy wie tige geleard, hwat elk wol sjen koe, hwant hy hie in brul op - koe him allikemin it paed wize nei de holle beam.
‘En dochs moatte Jo der ris út’, sei er, ‘Jo hawwe forlet fan in bytsje foroaring. Jo moatte ek ris hwat oars sjen.’
‘Soa, al?’ frege de samler mankelyk.
‘Wis’, andere de brul, ‘en dat kin wol klearkomme ek. Ik jow Jo ta dat it in hynstemiddel is, mar it kin klearkomme. Sjoch, in dei-trije reizgjen nei it suden, altyd mar rjocht súd oanhâlde, en dan komme Jo by de rizenbrijberch.’
| |
| |
‘De rizenbrijberch! Bistiet dy dan àl?’ frege de samler forheard, hwant sa lang as hy nou yn mearkelân omswalke hie, hied er dy nea neamen heard, lit stean dat er him sjoen hie. Wol hied er ris in aksidint hawn mei de fôlle-mei-de-brijpot, mar dat hie sûpenbrij west, gjin rys.
‘Jawisse! Hwat oars, bistiet dy! Hoe soed er nèt bistean?’ bromde de toverdokter. ‘Dêr moat Jo Jo troch hinne ite - ja, lit ús mar sizze: frette - en as Jo dat oprêdde, dan kinne Jo noch hiel hwat oars sjen. Man, dêr oan 'e oare kant fan dy rizenbrijberch...!’
Hwat oars sjen, op nij avontûr, dat sinnige de samler wol. Mar rizenbrij hied er in yngreven wjeraksel yn. Dêr hied er wol sa forfrettend it mier oan! Mar hawar, in goed samler wit eigen ûngeriif efter to stellen by it greate doel, dat hy slagge fuort. Hy sette ôf it suden yn. En it kaem krekt sa út as de toverdokter sein hie: trije dagen letter, dêr riisde de rizenbrijberch foar him op. En doe mar ite fansels. De blinder, hy hie hieltyd miend dat er wit hwat út 'e wei set hie doe't er Jantsje-mei-de-fearren in tút joech, mar dit wie noch al oars hwat. Mar de samler sette troch, hy kôge en hy slokte en smoarde bytiden hast yn 'e ryskerlen; hy knypte de eagen ticht en haffele fierder. It einde sa stadich, sa stadich... Hy hie allang skjin syn nocht; eltsenien oars soe der yn sa'n gefal mei ophâlde, mar by in samler giet soks krekt oarsom. Hy bigoun dus fûlder to iten - to fretten, lyk as de toverdokter foarsein hie - en jitte fûlder, sa fûl op it lêst, dat it him oer de meuch gie. Hy siigde derhinne.
Doe't er de eagen wer opdie, lei er yn 'e ûnderwâl, earne yn 'e Wâlden. Hy hie mei beide hannen in greate gersseadde beet en de modder krieze him ûnder de kiezzen. Hy spijde gers en modder sa goed mooglik út en kaem oerein. Men soe dochs sizze, tocht er, hy wie eins mar slop yn it liif wurden fan al dy lêbbige rizenbrij: hy koe de skonken amper ûnder it gat hâlde. Mar hy roun wer yn elts gefal. En hwat in weelde, de swietroken
| |
| |
fan de Wâlden wer opsnuve to meijen. Hy moast ynienen wer tinke oan hwat efter him lei.
‘Dochs mar in reuze-keardel, dy dokter’, sei er lûdop en hy strampele de kant út nei it doarp ta. ‘En Jantsje-mei-de-fearren is ek in boutke’, tocht er wylst er dêr roun. ‘Hwant nim nou myn ûnthâld: it is in skatkeamer allyk. Hwat dêr net yn sammele is, nou, dat is de muoite fan it sammeljen ek net mear wurdich.’
Doe't er wer ûnder de minsken kaem, woed er fansels fuort en daliks op 'e tekst oer syn wjerfarren; hy woe alles fortelle, fan de holle beam ôf oan de ûnderwâl ta, mei alles hwat der tuskenbeiden foarfallen wie. De samler tocht, de lju soene wol optein nei him harkje, mar ynsté dêrfan seine se mar ien wurd. En doe't er it hie oer it âldwyfke en oer de holle beam, doe laken hja him út en seine wer dat wurd. En de samler fornaem tige skoan hwat hja dêrmei sizze woene, en it fortrette him.
Hy gie jitris de wei dy't hy dy jouns gien wie nei it âldwyfke, mar hy koe it húske net werfine, en it wyfke net, en de beam ek net. Hy gie op 'e swerf, hy sette nei in oare krite en bisocht de lju yn frjemde kontreijen it forhael fan syn avontûren to fortellen. Mar de lju dêrre wiene neat wizer, en hja seine datselde wurd...
‘Mearkes’, seine hja.
|
|