De loft is blau as laei, mar dochs is alles klear en transparant. De moanne moat efter ús stean en dizze swarte klearens biwurkje. Mar ik doar, ik kin net omsjen.
Foar ús, op in hûndert meter faeks, is it wetter, as de mar sa wiid. It makket in greate bocht nei ús ta, mar strekt him gâns fierder út, nei efteren ta, dêr't de stêd leit. De stêd sels is net to hearren; wol dounsjen en sjongen oan 'e oare kant it wetter, yn op ien nei it foarste hûs, dêr't wy in part fan 'e forljochte finsters fan sjen kinne. It heart och sa inkeld yn de wide nacht. As wy dêr wiene, dan wiene wy thús. Mar dan moatte wy oer de hege, o sa smelle, tuitelige brêge, dêr't in treppentsje út 'e greide wei by op liedt.
Yn de blauwe nacht hear ik beppe' hert bounzjen en dat fan myn wiif en dan myn eigen. It makket my minder kjel as de réalisaesje dat ik de hertslach fan Grytsje net hear. Myn hannen fiele har skonkjes. ‘Leave’, lúster je ik, mar ik forjit har op itselde stuit, hwant deun by de foet fan de trep, gjin fjouwer meter fan inoar ôf, binne twa swarte rammen, mei krûme hoarnen en tige krolderich flues, dy't op 'e efterste poaten geane, ré om in pear skiep - skiere, feale bisten - to bispringen. Mear skiep binne der, grif noch in stik tsien, toalve, dy't nuet tsjin inoar oan skeuke en mei bolle, wêzenleaze eagen steane to sjen.
Even efterliker, hwat mear nei rjochts, stiet in bolle oan it tsjoar, in jong bist noch, dat bisiket in mannich hokkelingen binei to kommen, mar it tou hâldt him.
De froulju dogge in trêd tobek en doare net fierder.
Sûnder bitinken stoarmje ik, mei great gemean fan earms en lûd skreauwend en haltend in eintsje op de bisten yn. De skiep kringe tsjin inoar op om krieme to kinnen en drafkje fuort mei skommeljende, wollige liven. Linien springe de rammen der efteroan en mei geane de hokkelingen op 'e kletter, mei gâns omheechsmiten fan it efterein. De bolle snúft en bigjint as dol yn 'e rounte to giseljen oan syn tsjoar, de kop foardel. Mei de efterpoaten smyt er modderkluten yn de tsjustere, blauwe loft. It paed nei