| |
| |
| |
Rein
Sjoch, it rcinde bûtendoar alwer. Nou ja, koe men oars ek forwachtsje: it wie ommers hjerst. ‘Ik haw in broer wenjen yn Eastermar’, hearde er de man yn 'e stoel sizzen, al sloech er dat gejeuzel alhiel gjin acht. Hy gappe, hy wie slûch. Nou mar net langer nei dy skiere wolkens sitte to sjen; dêr waerd it net better fan. Hy seach ris op it taffeltsje. Fansels, de Autokampioen. Dy hiene sokke mannen altyd. Soene se dêr nou lid fan wêze of soene se dy krije? En dan... krekt, ‘De Lach’. Oars neat fansels, net ien dy't ris hwat fatsoenlike Fryske lektuer hie. Dochs naem er it ding mar yn 'e hân. ‘Zomer’ stie der mei skeane letters oer de pagina printe ûnder it portret fan in frommes, mei útdaegjende bolle boarsten. Hja hie in baeipak oan, har lofterearm rêstte mei in sierlike bocht op in soarte mierpeal... efter har wie de sé. Har bleate skonken hâldde hja rjocht en stevich. Krekt as dy fan Syts, dy't biret ôfsloech, dy kant út dêr't it strân stilder wie. Hy hie suver muoite om wer njonken har to kommen. It mocht hjir dan gâns minder drok wêze, op 't ûnforwachtst wiene der dochs oeral lju. It strân foar har like leech en forlitten, mar sadré't hja de stap ynhâldden sieten se yn lytse kloftkes om har hinne, earnstich to sjen. Twa jongkeardels rounen har foarby, dy't de wrâld yn in fleurige, hast lichtsinnige forheardens liken op to nimmen. ‘Die blauwe lucht... mieters’, sei de langste, mei in wol net affektearre, mar dochs tige apart lûd, foaroan yn 'e mûle foarme. Hy woe Syts oanstjitte, mar dy stie midden tusken har klean, dwaende de skouderbantsjes fan har baeipak to forskouwen. Kjel seach er nei de stoarjende minsken om har hinne. ‘Ik loop gewoon te geniete’ sei de lange. Hwer sloech dat op? It wie foaral it aksint dat him dreau, mar de eare fan Syts joech
| |
| |
him in reedlik motyf, dat hy pakte in flessc fan 'e groun - Birkenhaarwasser stie der op - en liet him mei in swaei delkomme op de holle fan de lange. In domp lûd en de flesse spatte mei syn earm werom as hied er op rubber slein. ‘Mar dy broer fan my woe sa net’ hearde er sizzen yn in romte fan skitterjend ljocht. ‘O né?’ andere de kapper dêrop. Hy fielde hoe't lytse spierkes yn sin kin hinne en wer weagen ûnder de hûd, as yn panyk. Ik bin yn sliep fallen, tocht er. Hoelang? Hoelang? Soene se it sjoen hawwe? Mar de kapper eamele troch en meneuvele ûnderwyls mei de skjirre; de man stoarre rjocht foar him út, nei it eigen spegelbyld. It hie grif mar in tel duorre - krekt dy ien, twa sekonden dêr't de holle yn foardel falle koe om yn deselde feart mei in skok wer oerein to stuitsjen. ‘De Lach’ yn syn hân joech him in wjeraksel en hy lei it ding hastich wer del. Hwer hied er west... it wie hwat mei Syts. Aenst soene hy en Syts altiten togearre wêze; der wie gjin mis op, hy krige dit en koe dus mei oardel moanne hjir oan 'e slach. En in knap hûs wie it ek, dat hja hjir foar him hiene. Foar har fansels; hwant hja moasten nou dizze moanne yn elts gefal trouwe, oars bleau sa'n hûs der ek net. Ja, it wie nou wol al wis, hoe't it ek gie by De Jong aenst.
Hy seach op syn horloazje... trije kertier noch. Mar hwerom soe it minder gean as by de oare bistjûrsleden? Dy akte foar godstsjinstûnderwiis, dêr makke er dochs in bêste beurt mei. As dy fint nou mar in bytsje knap knippe koe, dat soe ek wol, it like sa in handigen baes. De skearklant wie hast ré - de kapper skraste hjir en dêr noch in inkeld hierke fuort. De flesse mei de gummibal dounse om de dikke wangen fan de skearde man. Bûten reinde it noch.
Even letter wiisde de kapper him útnoegjend op 'e stoel, dêr't er de sitting fan omflappe liet: ‘Menhear!?’
Hja wiene ridlik gau útpraet. It wie min waer en, wis, it wie der de tiid fan it jier foar; mar oan 'e oare kant: men koe soms sokke moaije dagen hawwe om diztiid. It ûnderwerp wie dêrmei
| |
| |
kroandea en doe't er, hwat koart faeks, andere hie dat er de fuotbalwedstriid fan snein net sjoen hie en ek net fan doel wie om ea op in snein nei in sportwedstriid ta to gean, wie er blykber foar de kapper allinne mar in kop mei hier, dêr't dy syn fakman-skip mei skjirre en kaem en masyntsje op útlibje koe. Nou, hy koe minder prúkje ûnder de skjirre krije, dûnker hier, mei even in slach... It makke it antlit hwat jeuchliker, al koe men oan de eagen en de mûle wol sjen dat de earnst him net frjemd wie. Dochs net it gesicht fan de typyske skoalmaster. De kapper hie him moai grif ek foar in sportman hâlden. Hy waerd even kjel - sa mocht men net. Fansels, wol tankber wêze foar hwat men ûntfongen hie, mar net heechmoedich. Gelokkich dat er it de kapper fuort mar dúdlik sein hie, oer dat fuotbaljen op snein. Ek dat wie net hwat om jin op foarstean to litten, dat wie plicht. Syts soe it grif tige flink fan him achtsje... dy wie yn dy dingen hwat oars as hy. Hja koe him soms sa yn 'e hichte stekke, dat er bidde moast: Heare, meitsje dat ik net heechmoedich wurd. Oer syn preekjen foaral, en dan woe men soks alderminst. Mar ja, hy makke it sels ek wol oan 'e gong. Krekt as de lêste kear, doe't hja nêst inoarren fuortstapt wiene, sûnder folle to sizzen... inkeld hwat oer it waer en: âlde Jansma wie ek yn tsjerke en sa, doe hie er de frage dy't him fuortdaelks al op 'e tonge baernd hie, net binefter hâlde kinnen. ‘Hoe wie 't?’ Syts wie greatsk en optein, hast alto, alto. Nou ja, it hie in goede preek west, dat wist er sels ek wol, mar men mocht dat net al to folle fan de minsklike kant bisjen. ‘Weitsje en bid, dat Jimme net yn 'e forsiking komme; de geast is wol feardich mar it flêsk is swak.’ Dat hie de tekst west en hy hie er in preek op boud dy't mannich-ien him neinimme kinnen hie - hysels ek. Faeks omt dat sa wie, hie er sa mei ynmoed preekje kinnen. It flêsk wie swak by him, yn alle opsichten. Net dat er him dingen to forwiten hie, o hea né, mar de tinzen kamen hieltyd sa ûngemurken wei, en gauris wiene dy sûndich, of alteast: forkeard. Syts tilde oer mannich ding minder swier sa't it like, mar soe dat net wêze om't hja
| |
| |
better wie as hy, mear bern... Hwat soe se bliid wêze joun, mei it goede nijs. Hja soe likemin as hy de hiele joun yn 'e keamer sitte wolle by har âlden; hja soene in hiel ein kuijerje, de Lange Leane del. Fjirtsjin dagen forlyn hiene hja dêr ek west - Syts hie dat blauwe doekje om 'e holle. Stadich rounen hja, har fuotstapkes giene knip, knip, knip. En ynienen bigoun hja to draven. Hy der efteroan, mar krekt doe't er had hast oanroere koe, wie hja mei in feardige sprong oer it hege dún hinne. Hy koe it har net neidwaen en moast him oan de swypkjende griene helmpôlle boppe-op fêstgripe om op 'e top to kommen. Syn rie to'n ein stoarre er yn de lege dúndelling, hja wie fuort... In klok lette - dêr moast er hinne fansels.
Sytske wonk him fan fierrens al ta: ‘Toe ju, dou moatst preekje.’ ‘Ik haw dochs samar net in preek’, stammere er. Hja lake. ‘Dou silst net preekje kinne... Wês wizer. Ik haw alles al klear makke, wier.’ En wer lake hja fleurich. Doe waerd hja earnstich en geheimsinnich: ‘Sjoch ris hwat ik foar dy haw... Twa diakens, mar nou moatstou ek preekje.’ It wiene de twa jongelju dy't er earder op it strân sjoen hie, mar nou yn eptich swart habyt. Hja fûstken plechtich, mar de wearze wâlle yn him op, doe't er har hân yn sines fielde. ‘It is sa knipt en it moat nou ek sa naeid wurde’, sei de wurdfierder, dy't it Frysk ek mar nuver foar yn 'e mûle útspriek. ‘Hwer moat ik oer preekje?’ frege er helpleas. De oar loek ûnforskillich oan 'e skouders. ‘Preekje mar oer dy flesse, dy'st my op myn Birkenhaar slaen woest’, sei er en knypeage tsjin him, net driigjend of lilk, mar fiis en gemien. Hy hie der ynienen genôch fan. ‘Goed’, sei er, ‘gean der mar yn hearen.’ Mar doe't de diakens him foar gien wiene, helle er gau de doar ticht en draeide de kaei om. ‘Kom mei’, sei er tsjin Syts, dy't blier mei him oproun - dún op, dún ôf. Hja giene sitten, yn 'e lijte, lekker yn 't sintsje. Hy sloech syn earm om har hinne, mar fan de dúntsjes rounom seagen de jonges út syn klas spotsk op him del. ‘Wy bistrune master’, rôpen hja en Sytske lake dat hja der fan skodde. ‘Moatst dêr
| |
| |
nou om laitsje?’ frege er forûngelike. ‘Och, se hâlde der fansels mei op’, andere hja. ‘Doch mar krekt as binn' se der net, dat doch ik ek.’ Hja streake him oer de holle, mei in sêfte, koele hân. ‘Ik hâld fan dyn bosk hier’, sei hja, ‘it makket dy sa kreas, mei dy moaije slach deryn.’ Hy fielde har hân oer en troch syn hier en doe't hja dy sakje liet, koe er him troch de jonges sels net wjerhâlde litte der in tút op to jaen. Sa sêft wie dy hân, sa koel en dochs sa waerm leavjend tagelyk, dat er him suver fan iner-like wielde oerrinnen fielde. Hja loek har hân werom. Hy seach op en sleat op itselde stuit de eagen wer om him yn himsels op to rôljen, op to gean yn in bol, yn in stip, yn it neat. Mar tagelyk wist er dat it omdôch wie. Hwat hast dien, gie it mei ôfgriis troch syn holle, hast it wier wier dien? Wie it dream, wie it wierheit? Hy kuerde út 'e hoeken fan 'e eagen wei: de kapper wie warber mei de skjirre, in enigma, in sfinx. Faeks haw ik dreamd, tocht er. Mar dat wist er ommers wol dat er dreamd hie: Syts hie der west en doe't er de eagen opdie wie der inkeld de kapper. Ik haw dreamd dat ik har in tút joech, tocht er; mar koe dat gefoel fan oanreitsjen mei de lippen sa réëel wêze, sûnder dat der hwat foarfallen wie? Ik haw de kapper in tút op 'e hân jown, wist er pynlik biskamme, fornedere. De eagen hied er wer ticht - út skamte en om him konsintrearje to kinnen. Hwat moast er, hwat soe er? Gewoan dwaen, krekt as wie der neat oan 'e.........ja, oan 'e hân; aenst de man bitelje, goendei sizze, fuortgean... En dan de kapper him troch it bireinde rút efternei sjen..., tinke: hwat in nuveren ien - tute my samar op 'e hân... grif in stekje oan los. Jitris waerd er kjel. Soe de kapper soms sels... sokke lju wiene gauris kapper... in soarte autoseleksje driuwt har... In minne gedachte, mar dochs ien dy't gerêststellende kanten hie: yn dat gefal soe de kapper yn him in bisibbe geast for-moedzje, soe him net oer 'e buorren bringe. Mei wist er dàt dàt it wie dat er eange. De kapper dy't him efternei stoarre troch it bireinde rút en dy't effen letter nije klanten bitsjinne... Net ienris der oer prakkesearde om oer it waer to bigjinnen, mar
| |
| |
fuortdaelks fan syn nuver wjerfarren op 'e tekst woe. ‘Niis hie ik in klant, in frjemdling hear, ien dy't it mei manlju hâldt... joech my samar in tút op 'e hân.’ Hy hearde se praten, earnstich, mei dy earnst dy't op sensaesje biluste lju eigen wêze kin. ‘It is in sykte’, seine hja. ‘In sykte, ja, dat sil 't wol, mar ik neam it smearlapperij, dêr.’
En noch in klant soe it hearre en nooh ien en noch ien. It hiele doarp soe it to witten komme en prate oer dy nuvere frjemdling, dy't it oanlizze woe mei de kapper. Hwant de kapper soe sa wol net wêze, dan soe er wol oars réagearre hawwe... it jitris bisocht hawwe, of......Ja, of hwat? Mar as er dan net sa wie, hwerom sei er dan neat, hwerom die er krekt as wie der neat bard? Ja, hwat moast sa'n man? Sizze: ‘Menhear, ik wol Jo graech knippe mar ik mei der net oer dat de klanten my tútsje.’? Foar sa'n man wie it ek pynlik, pynlik en forbjusterjend. Krekt dêrom soe er it net litte kinne en praet der oer mei de oare klanten. Boppedat, in kapper moat prate, it is in part fan syn fak. Prate oer it waer, oer de fuotbalwedstriid en, as it sa útkomt, oer pathologyske gefallen. Dat binammen. Oer jierren soe de man noch stofte ha: ‘Ik leau dat it in sykte is... De minsken kinne der neat oan dwaen. Ik haw ris in klant hawn - hy hat hjir mar ien kear west - dy wie ek sa. Ik stie him to knippen en ynienen krijt er myn hân beet en hy tutet der op om dat it sta seit.’ Dy frjemdling, dêr't hieltyd smouter petearen oer forteld wurde soene, soe hy wêze. Frjemdling? As er hjir aenst kaem to wenjen, nei syn bineaming... O God, dan wie der gjin rie ta. ‘Ik haw Jo okker-wyks ommers forteld fan dy fint, witte Jo noch wol? Nou, dat is de nije master fan 'e fine skoalle... ‘O, trouwe seine Jo?’ ‘Ja, dat dogge sokken dan ek noch. Earme stumperds fan froulju, dy binne to bikleijen.’ ‘Siz dat wol, mar eh... hoe sit dat, is dat wol fortroud by de bern...?’ Ik moat ophâlde tocht er, ik moat net trochslaen, trochdraeije, trochspinne oan forhalen.
De skamte, de forlegenheit, de eangstme stiene kâlder noch yn him oerein, nou't er net mear spoun oan de forhalen. Ik moat
| |
| |
it útprate, tocht er, dit moat earst oan kant, of ik kin my net mear fortoane yn dit gat. Ik moat it útlizze.
Hy die de eagen wer op en stoarre nei syn spegelbyld, dat him gjin treast joech. ‘Kapper...’, sei er, en it klonk him yn 'e earen as de stimme fan in oar - mar dochs ôfkomstich fan him sels - frjemd, nuver, fijannich... ‘Kom’, sei de kapper, ‘dêr wiene Jo wer. Even ûnder seil west, hwatte?’ Hy liet de kaem efkes rêste op 'e holle, wylst er efteroer bûgde en syn klant yn 'e eagen seach, heal gutich, heal skelmsk, mei in útdrukking fan gemiensume en gemiene forstânhâlding. ‘Komt moai út, ik bin sa klear. Noch efkes de holle sa hâlde -’ en hy tikke him mei in sêfte, weake finger oan it wang, ‘dan kin ik noch even de kaem der trochhelje.’
Mei in presieus gebeart knipte er noch in hierke by en kloppe it dûnkere ôffal op it wite lekken hwat nei ûnderen. ‘Wolle Jo der noch hwat yn, of moat ik it droech litte?’
‘Lit sa mar’, sei er, mei deselde ûnnatuerlike stimme. Nou moast er it sizze. Mar de kapper wie al wer dwaende en krige him it lekken ôf, boarstele syn nekke út en meneuvele jitris mei de kaem.
As ik earst mar oerein bin, tocht er, dan hoech ik net mei in fordraeide nekke omheech sitten to sjen, dan kin ik it útlizze. Mar de kapper tripke fuort om syn jas en in boarstel, holp him yn 'e reinjas - hy koe fordeald dochs net prate, net soks biprate, mei in man dy't efter him stie!
De kapper boarstele him mei soarch de jas ôf, en seach in oare kant út doe't er de priis neamde. Mei de holle fansiden naem er ek it jild yn ûntfangst, as wie jild eat, dat ûnrein wie, eat dat yn in tafallige biweging fan 'e hân yn jins bûse tolânne kaem, as wie it it lean foar in ûntuchtige forhâlding. ‘Ik bin net sa’, wie alles dat er tsjin dizze kapper der útstjitte koe, ‘wier, ik bin net sa.’
‘O né’, sei de oar en syn wynbrauwen giene yn potsige forheardens omheech. ‘Né, nou?’
| |
| |
‘Né, ik sil trouwe ynkoarten... mei Syts.’
‘Soa, mei Syts’, sei de kapper. ‘Nou gelok dermei, hear. Dan mei ik Jo wol felisitearje.’
‘En Syts ek’, forwarde er him sûcheftich.
‘Fansels, Syts ek’, kaem de kapper hastich. ‘Sjoch, it is ûnder-wyls ek wer droech. Dat is ek in felisitaesje wurdich.’
Hy bigriep it. De kapper woe him wol slite, hy bigriep it wol. Hearrich stapte er nei de doar en pakte de kruk beet. Lykwols, ear't er de doar iependie, bisocht er it jitris. ‘Jo tinke dochs gjin forkeards fan my wol? Né nou? Hwant dan binne Jo mis.’ Bûtendoar wist er dat er sels mis wie. Dat er it forkeard oanpakt hie, dat er de kapper net stilkrigen hie foar 't gefal dy in forhael oer him dwaen koe, dêr 't er nou nammers oan twivele, en dat er it krekt oan 'e gong makke hie as der dochs ris neat bard wie, dêr't er ek oan twivele.
Ik moat hjir wei, tocht er, ik kin hjir net bliuwe, ik kin hjir net weromkomme. Ik moat myn sollisitaesje ynlûke, ik kin hjir net hinne. Dan yn it earstoan noch mar gjin hûs, mar net trouwe.
‘O Sytske’, tocht er, ‘ik hâld fan dy’. Mar tagelyk wist er dat er dat tocht omt hy har net fortelle soe - net fortelle koe- hwerom't it misbiteard wie mei dizze kâns, al wie it him net rjocht klear om hokker part fan hwat der foarfallen wie, hy it forswije moast. It sykjen dêrom gie er út 'e wei en hy bisocht it hiele gefal nei efteren to skouwen. Dat slagge lykwols net, mar àl slagge it him himsels to sjen as it slachtoffer fan syn leafde foar Sytske. Slachtoffer ek fan syn fûleinich en lang wurkjen de lêste tiid.
De wurden dêr't er dy bispegelingen yn klaeide gounzen hieltyd sonoarder-oan troch syn holle.
Doe't er yn 'e bus siet to wachtsjen dat dy fuortride soe fielde er him wurch en forslein, mar wûnderlik kalm, al wist er dat er flechte.
Mei in gefoei fan forlichting seach er de chauffeur kommen en syn plak efter it stjûr ynnimmen.
| |
| |
En doe't hja it doarp efter har lieten tocht er bitter: ‘Koes tû net ien ûre weitsje?’
Frjemdernôch fielde hy him better troch dy tins en hy seach nei de rein dy't ûnderwilens wer bigoun wie to fallen.
|
|