Dêr wist de earme faem neat op werom to sizzen en skriemend kearde hja har ôf en sette wetter oer foar thé.
De advokaet seach har ûnmeilydsum efternei. ‘Hysterica’, sei er noartsk, liet syn frou foargean en gie werom nei syn stikken.
Mefrou sette har op 'en nij foar 't finster en naem har hantwurkje wer op.
Dêrmei wie de bykoken wer stil en forlitten en hie de túnslang it ryk allinne. ‘Ik moat mar even oefenje’, sei er by himsels, ‘oars giet it sa gau fan jin ôf. De ringslang hat ek goed sein: yn training bliuwe is alles.’ En mei tankberens tocht er oan dy maet, doe't bliken die hoe handich it gean him ôfgie. Mar hy wie lilk op de advokaet, dy't de earme faem sa stûf bijegene hie en it dearde him suver oan, doe't de doar opgie, de faem jitris yn 'e bykoken kaem en fannijs in gjalp joech dy't troch alles hinne gie.
Wylst de túnslang kreas toplak stean gie yn syn hoekje, stie de faem mei útpûljende eagen foar har wurkjowers en bisocht to bistammerjen dat nou de túnslang yn 'e bykoken omavensearre.
Doe't de advokaet yn 'e bykoken kaem wie dêr neat bisûnders to sjen. Hy pakte rislút de túnslang op en mefrou rôp senuweftich: ‘Foarsichtich, Goffe, foarsichtich dan dochs! Faeks sit er deryn.’ De advokaet seach frijhwat iroanysk, mar dochs rôp er ‘kssst’ troch de iene holle ein en sette de slang doe oan 'e kraen en liet der wetter trochhinne spiele.
Mei de túnslang los oer de earm seach de advokaet de faem strak oan. ‘Dus Jo seagen dizze túnslang hjir yn it hok omavensearjen?’ frege er. It fanke knikte stom. ‘En earder op 'e middei seagen Jo in oare slang?’ ‘Ja’, sei de faem, ‘al sjogge Jo my ek noch sa oan, it is wier. Sa wier as ik hjir stean. Jo leauwe my net, mar it is wier, wier, wier’, en hja kriet it út. ‘Tuike, tuike’, sei de advokaet sêftsedich, ‘wy leauwe Jo wol.’
Mar yn 'e keamer skille er syn freon, de psychiater. Dy kaem sa gau as er koe del en praette earst in skoft mei de advokaet, dy't er fortelde hoe in trochsichtich en faek foarkommend symboal de slang wie.