hawwe, dan ha Jo koarts, dan moattc Jo yn Jou nêst, dan binnc Jo siik.’ ‘Jo misse it oersjoch oer de dingen’, sei de stirns, ‘Jo steane der net boppe.’ ‘Ja en né’, andere de krabbe, ‘ik libje midden yn 'e wrâld en tagelyk stean ik der bûten - om't ik bipânsere bin - en dus winliken ek der boppe.’
‘Der boppe? 't Soe hwat’, smûgde de stirns. ‘Jo hawwe de wrâld noch nea ris út 'e hichte wei bisjoen. Jo hawwe der nea oerhinne sweefd - Jo witte net hwat forheffing is.’
‘O né, o né, o né?’ spatte de krabbe op. ‘Né’, sei de stirns. ‘As Jo Jo ris in kear losmeitsje koene fan it ierdske, dan soe Jou eachweid frijhwat rommer wêze. Kom marris mei, mei my.’
‘Rommens fan eachweid hat neat to krijen mei hwat ge fladder boppe de dingen’, andere de krabbe fol fjûr, ‘it hat to krijen mei it jinsels wêzen, mei bipânsere to wêzen tsjin de wiffens fan de wrâld. Krekt dêrom nim ik Jou útnoeging oan, my kin dochs neat oerkomme, myn skylden ibis-kerm je my wol... Nim my mar yn 'e bek. Of doare Jo net?’ De krabbe die in mannich stappen skean nei foaren. Hoeden naem de stirns him yn 'e snaffel en gie op wjokken.
It muoide him suver al dat er de krabbe útnoege hie, hwant dy wie frijhwat grou en swier en de stirns eange dat it wol nuver lykje soe, dizze ekskursy.
Foar de krabbe wie it in hiele gewaerwurding, sa to sweevjen, fier boppe de bigeane sé. Hy waerd der stil fan.
Mar ynienen waerd er bang. Hja fleagen boppe de dyk, boppe de swiere basaltblokken; en hwat, as de fûgel him nouris los liet. Hy moast soargje dat de stirns him yn 'e bek hâldde, oars wie er forlern. Koartseftich socht er yn alle hoeken en hernen fan syn brein en ynienen bitocht er hwat.
‘Psst’, sei er, ‘neat sizze. Alinne mar harkje... Jo kinne grif de fabel fan de raef en de tsiis. Neat sizze... goed neitinke!’ ‘Opskepper’, tocht de stirns, ‘de raef en de tsiis hie 'k net tocht. Hwat wie dat ek al wer?’ Dy krabbe ek mei syn praetsjes... Mar ynienen, ha, dêr foel it -him yn. ‘Maître corbeau...’ bigoun