| |
| |
| |
De bêdkwast
It eigenaerdichste is, dat ik net ienris ta syn freonen hearde. Wy wiene goekunden, mear net. Dêr haw ik gâns oer neitocht; dêr koe ik alteast oer neitinke en dêr komt it hieltyd op út as it gefal my yn 'e holle omwynt.
Nuver is it ek dat my sa klear en skerp foar de geast stiet hwat der foartyd bard is, al hie dat winliken neat om 'e hakken. Greate yndruk kin it net op my makke hawwe, mar dochs kin ik it elts eagenblik foar my krije; it is krekt as in foto, fyksearre, wylst dat oare...
Hawar, ik sil fortelle.
It wie tiisdeitomiddei, tsjin fjouweren. Mei Tamme roun ik dat út, nei it kosthûs dêr't er mei syn krupsje op bêd rekke wie.
Nou moat ik mysels ynhâlde om net yn it wiidweidige to forfallen, hwant ik soe alles fan dy gong dêrhinne fortelle kinne. Ik soe it krekte plak oanwize kinne dêr't it skaed fan 'e huzen op 'e strjitte foel, biskriuwe hoe't dy bakkerskarre by de brêge justjes to folle lofts troch de bocht gie, en al soks mear. Ek wit ik klear hoe't Tamme njonken my roun, de hoed krekt efter op 'e holle, in strik foar mei reade en giele grimeltsjes. En wurd foar wurd soe ik ús petear herhelje kinne. Earst hwer't wy hinne soene: hy nei syn sweager, ik op sikebisiik.
Doe roun Roarda ús foarby en dêrop - en dêrtroch wit ik wol - bigoun Tamme oer Jochum Weidema.
‘Dat wie oars in knap forhael’, sei ik, ‘dat er skreaun hat yn It Wurd. Hie 'k net efter him socht.’
Tamme loek de mûlshoeken hwat del: ‘Dy mem giet dea oan 'e ein. Hie er net dwaen moatten. Dat is altiten swak’. It kaem my hwat to apodiktysk oan. ‘Dat bin ik alhiel net mei
| |
| |
dy iens. De lju stjerre nou ienris, dat hwerom mei Jochum Weidema se net stjerre litte?’
‘Omt it fierst to faek bart’, andere Tamme. ‘Sjoch, in minske stjert mar ien kear. Dan is it dochs al stomme tafallich, dat dat krekt yn in koart forhael barre moat, dat allinnich in lyts eintsje libben biskriuwt. Yn in roman, ja. In roman giet oer in hiel libben en fan gefolgen hat de dea syn rjochtlik plak dêryn, mar yn in novelle of in short story? - Swak, swak!’
‘Houris’, lei ik der tsjin yn, ‘in forhael biskriuwt net samar in stikje libben; it trappearret dat libben op syn hichtepunten, dy't fansels ek djipten wêze kinne. Blauwe Fedde stiet ivich om 'e doarsherne en de dea is noch altyd in wêzenlik dramatysk elemint - it wêzenlikste faeks foar ús, westerske minsken.’
Tamme moast fansiden stappe foar in man dy't mei lampekapen efter op 'e fyts oer it trottoir boksele, dat hy hearde myn lêste wurden net mear. Gelegenheit om it jitris to sizzen krige ik nammers net, hwant hy bigoun oer angeljen to praten.
Nou bin ik ûnderwyls dochs dwaende yn it wiidweidige to fallen, dat der siz ik neat mear fan. It wie in tige koartswilich gefal en foar de doar moast er noch útfortelle. Doe fûstken wy ôf. Tamme gie troch nei syn sweager, ik skille oan.
‘De groetenis’, rôp er noch. ‘Siz mar dat ik meikoarten wolris delkom!’
De kostfrou liet my yn. ‘Jo kamen op sikebisiik?’ sei hja. ‘Der is op 't heden net ien, dat Jo kinne wol fierder gean. Hy leit boppe, Jo witte it paed.’
Ik wist it en ik gie de kreakjende kokosloper op nei boppen ta. Op 'e drompel fan syn keamer bilibbe ik in tel in soarte panyk, in pynlik byinoar lûken fan spieren earne yn it ûnderliif, troch it gefoel in forkearde keamer ynstapt to wêzen, en dat wylst hy op myn klopjen mei syn heas lûd ‘Ja’ roppen hie. It wie syn keamer al, hy wie it sels ek, mar hwat reads dêr op it bêd forburch syn gewoane rêstige trekken.
It wie in burd, in weagjend read burd.
| |
| |
‘Ha, bistou it’, sei er mêd. ‘Ja, ik haw myn burd waekse litten, dou moatst der fansels noch oan wenne. Juffer Sytstra - dou hast har sjoen, se hat dy ynlitten - fynt 'm moai. It falt mysels hwat ôf om dy de wierheit to sizzen. Ik hie forwachting fan in oare kleur.’
Hy swei. ‘It misstiet dy oars net’, sei ik om mar hwat to sizzen, en winliken wie it noch wier ek. Syn antlit, dat altyd hwat strak en ûnbiweechlik wie, hie gâns mear ekspressy mei dat reade, krolderige hier der om ta, as in corona om 'e sinne. ‘Ja, soks kin dy nou wachtsje fansels’, ornearre ik noch. ‘Dou bist al in skoftsje siik, n'twier? Hwat mankearret dy?’
‘Hernia’, sei er stroef, ‘hiest dat noch net heard?’
Fansels hie 'k dat, mar ik sei luftich: ‘Och ja, der waerd al sokssahwat grute... mar de lju sizze sa'n soad... en dou bist oars net sa'n man fan moade, nou? Ik hie tocht, hy sil wol hwat aparts hawwe en net hwat, dêr't langer eltsenien mei oanhelle is dy't meidwaen wol.’
‘Ik moat meidwaen, Sibe, jonge’, sei er heas en fortroulik. ‘Ik hie it sels ek nea tocht... mar nou liz ik hjir - hernia, fordomme.’
Even bleau it stil. ‘Moatst ris sjen hwer't ik hjir op liz’, forfette er útnoegjend. Ik riisde oerein út 'e reiden stoel dêr't ik yn delfallen wie en biseach de planke dêr't er op lei. Mei de boppekant fan de tomme kloppe ik der op: ‘In bêst stikje eken. Moatst sa mar tinke, dêr kinst altyd noch better óp lizze as der tusken.’
Mar dêr fleure hy hielendal net fan op, lykas de bidoeling wie en trystich sei er jitris: ‘Hernia, fordomme.’ En fuort dêr oerhinne: ‘Sibe, ik bin bliid datst' der bist. Ja, wier bliid’, gie er mei hwat klam fierder, wylst hy nei myn gesicht seach. ‘Dou bist hwat healwiis. Né, ik bidoel dêr neat forkeards mei, mar dou hast neat fan in siketreaster. Oaren al en dij wol ik dat wol sizze, ik ûndergean dat as in soarte chantaezje. Ik bear dat ik fleurich bin, ik doch myn bêst om de goede, digere, forduldige pasjint to wêzen. Mar ik bin it net, ik bin it alhiel net. Dêrom bin ik sa bliid datstou der bist... nou kin ik alteast mankelyk wêze.’
| |
| |
Al sinnige dy stimming my alhiel net, troch syn wurden groeide ik dochs wol hwat. ‘Ik woe dy oars graech hwat opfleurje’, lei ik tsjin him yn.
‘Moatst foaral dwaen’, sei er stúmsk, ‘hwat fleuriger, hwat better.’ Ik moast him ûnthjitte, ik soe net daliks wer fuortgean, ik soe him mar hwat kankerje litte. Sa sieten wy in moai poaske en hy hie mar mankelike praetsjes.
‘Witst wol’, sei er op in stuit, ‘witst wol datst skoan gelyk hiest, niis? Dou seiste dat it neat foar my wie om hjir to lizzen mei hernia. En dat is sa, it is ek neat foar my.’
Sjochst nou wol, hie ik sizze wollen, mar hy joech my de kâns net, sa rêd gie er troch. ‘It is neat foar my, it heart ek net sa to wêzen, ik soe it net hawwe moatte... en dochs haw ik it. Fan alle lju dy't it krije, soe ik de lêste wêze moatte. En dochs... Dêr hat men it nou. De dingen kinne net barre... en dochs barre se. Twa kear twa is fiif; dat is myn probleem. Bigryp my goed: net dat ik hernia haw... fordeald, ik kin it net iens sizze. De tael sjit to koart, is dêr to rasioneel ta... Ik bidoel, dou tinkst miskien dat ik der net oer kin, dat ik siik bin, dat ik hjir liz to... to lijen, fuort mar, siz it mar. Dat is it him net, wier net, it is net it feit dat ik it haw... Dou bigrypst it noch net, dat sjoch ik wol. It is sa: it is net it subjektive probleem dêr't ik mei oanklaud bin, net it ûndergean fan myn hernia, mar it objektive: dat ik hernia haw. Fansels, omt dy wrakseling om it objektive myn probleem is, is it dochs wer subjektyf.’
In soarte fan bisetting wie oer my kaem ûnder dy wurdestream en dat gefoel waerd noch sterker doe't er ynienen ophâldde, my lyk oanseach en twingend sei: ‘Ik kin dochs op dy oan, wier? Dou meist it oan gjin libbene siel fortelle, hwat ik dy nou allegearre siz.’
Ik stelde him hastich gêrest fan datoangeeande. Nammers, ik koe my net yntinke dat ien bilangstelling hawwe soe foar myn meidielingen út 'e twade hân oer subjektive en objektive, mar folslein ûnbigryplike herniaproblematyk.
| |
| |
‘Ik haw it noch nea oan in minske forteld’, gie er lústerjend fierder. ‘En hwerom net? Dat wit ik sels net. Faeks in soarte fan skamtegefoel; ik soe my ek net útklaeije dêr't elk by is.’
Maurice, skeat my ynienen troch de holle. Maurice Chevalier haw ik op it toaniel de klean útstrûpen sjoen, yn Parys. Ik seach it reade hier op it wite kjessensloop en, grif as tsjinwicht tsjin de binearing dy't ik fielde, kaem de bizige fantasy yn my op: hy yn in strip-tease, mei dat burd. Mar ik doarde neat to sizzen, sels net to glimkjen. Boppedat, ik woe mear hearre.
‘Dat docht ek neat ta de saek’, bisleat er in mannich tellen fan oertinking. ‘It nuvere is dat ik it nou oan dy fortel. Faeks dat ik ôfstompt bin de lêste tiden, mei dat fordealde gewask... en dy smoarge pôt altiten. Ik liz hjir as in nanepop en ik lit mar mei my omheisterje... ik! Mar ik sil it dy fortelle ast' der nea in mûle oer iependochst.’
In knikje fan myn kant hjitte him, fuort to farren.
‘Dou moatst witte’, sette er fannijs út ein. ‘yn myn jonge jierren útfanhûze ik simmerdeis wolris by ús pake en dy op 'e pleats. Hja binne nou allang wei, dat docht fierders neat, mar hja hiene dêr noch fan dy âlderwetske bedsteden, mei in bêdkwast deryn. In lichter, sei pake, en dat is in tige moai wurd, mar foar my wie it altyd in bêdkwast en dat ding makke djippe yndruk op my. Dat hat men gauris mei dingen dy't fan gjin bilang binne.
Och ja, ik wist doe noch net ienris dat it sa'n yndruk op my makke, mar dat kin ik neigean oan letter. Gâns letter mei ik wol sizze, hwant ik wie al in jiermannich yngenieur, en ik wie mei fakânsje yn Lúksemboarch. Ik wie dêr mei de trein hinnereizge en makke fierder in greate fuotreis. Op in moarn hie ik in moai ein ôfkuijere en hie hwat ûnder in beam lein to slûgjen, hwat nei de wolkens to sjen, nei in pear tûkjes fan in populier, dêr't ik krekt it each op hie. It lei dêr hearlik yn 'e frije natûr, mar op it lêst moast ik dochs wer oerein. En doe tocht ik ynienen oan dy bêdkwast ut pake' bedsteed, en bimimere, it wie spitich, dat dêr net ien boppe myn holle hong.
| |
| |
Hwat is dat foar jeuzelpraet, tinkst nou fansels, en dat is ek wol sa, mar ik moat dit wol even fortelle, omt it it bigjin wie. Sûnt barde it hieltyd wer; as ik earne rêstich lei, moast ik oan in bêdkwast tinke. Nou't ik der oer praet, op bêd sels hie ik it net - dat komt fansels ek, jouns wol men sliepe en moarns, dan wachtet der fan alles, dan is men hastich... Faeks is dat allegearre mar ûnsin; lykwols is it sa dat ik it allinne bûtendoar hie, ûnder de frije himel. Ik leau, ik wie der ek op út. Ik gie faker allinnich op 'en paed en as ik dan in rêstich plakje hie, dan joech ik my noflik del. It wie net allinne noflik, de langst nei dy bêdkwast skrynde hwat; mar dat fielen fan ûnwennichheit socht ik krekt, lykas in widdou dy't nachts op bêd oer har forstoarne man leit to tinken.’
Dat wiene syn wurden, heas, heal lústerjend, en mei folsleine earnst utere. Dat lêste byld wurke, mids de bisetting dy't noch hieltyd oer my lei, sa ûnwjersteanber komyk op my dat ik in ûnfatsoenlike froalikens yn my fielde, as in skoaljonge ûnder in les dêr't it perfoarst gjin laitsjen lije kin. Gelokkich koe ik my bidimje - hwat siz ik? Hie ik mar lake... mar ik kin my dochs min forwite... It wie ek mar o sa koart. It wie samar wer oer; hy hie even in momint wachte, en doe't er wer trochgie, wiene dy senuwtrekkingen der mei iens net mear.
‘Dou witst’, sei er, ‘dat ik net sa faek yn tsjerke kom; net omt ik der op tsjin bin, mar omt ik der gjin gefoel foar haw. Bidden haw ik nea witten hwat wie, dat wol sizze, oars net kennen as as formele hanneling; op ien kear nei. Dat wie op in sneontomiddei doe't ik earne by de Kanterlannen om noflik op 'e rêch lei en doe wer sa'n hertstochteliken langstme hie nei de bêdkwast. Ik woe dat er út 'e himel delkaem en ik my der swiet oan ophysje koe. Ik haw doe mei ynmoed bidden, mei hert en siel, mar der barde neat. Letter haw ik dat nea wer dien, net omt it net holpen hie, mar omt myn kristlike gefoelens der tsjin opkamen. Om soks mei men net bidde, fielde ik, dat kin net.
Hawar, it sil nou fiif jier forlyn wêze, dat ik mei fakânsje op it Skiermuontseach wie en op in middei lei ik dêr yn in dúngloppe.
| |
| |
It waerd tiid om op hûs oan; dat wie it al mei ik wol sizze, hwant al in ûre lang hie ik lein to tinken oer de bêdkwast dy't fan boppen delkomme moast, dat ik my oplûke koe. In moaije reade kwast woe ik hawwe dat it wêze soe, mar der kaem fansels neat. Lykwols die ik op in stuit de hân omheech nei it plak dêr't er sitte moast... en it wie oft myn hert stil stie. Ik fielde hwat. Der wie neat to sjen, en dochs fielde ik dat ik hâld hie. Op itselde momint lykwols wie it ek wer fuort. Mar ik wie hielendal orémus. De nachts sliepte ik hast net en de oare deis bisocht ik it op 'en nij, mar der barde neat. Forbylding, bisocht ik mysels wys to meitsjen; dat slagge my lykwols net, hwant ik wist dat it gjin forbylding west hie.
Ik sil koart krieme: in wike letter wie it wer sa fier; ik fielde de kwast, dêr't neat wie. Ik hâldde my kalmer as de earste kear en it slagge my, my der in eintsje oan op to lûken. Ik hoech dy net to fortellen hoe faek en hoefolle ik dêrnei dwaende west haw, mar ik kin dy it resultaet meidiele: sûnt forline jier septimber bin ik safier dat ik my oan 'e kwast oplûke kin. Ik siz: oan 'e kwast, alhoewol't dy der net is. Dat ik haw ek bisocht oft ik it sûnder kwast koe, mar ho, gjin kwestje fan. Ik moat my earst tige konsintrearje op dy bêdkwast - dat duorre earst gâns in skoft, mar njonkenlytsen net langer as fjouwer, fiif minuten - ik gryp him en ik hysje my oerein. Hysje is it net, ik haw gjin swierte mear, it giet fansels... mar dy kwast moat der wêze, oars wol it net.
Sst, neat sizze, lit my útfortelle. Ik haw der nea hwat fan sein, tsjin nimmen net. Net ien hie my leaud... en oars hie ik it foardwaen moatten... in sirkusaep. It is tige de fraech oft it wol wol mei ien derby. Mar allinnich kin ik it; ik kin it. Dou leaust my fansels net, mar it is wier. Hoe't it mooglik is, ik soe it net witte, mar it is sa. Ik haw my dêr de holle ek net oer brutsen, it like my net hwat ta om der sa fornuvere oer to wêzen. By in oar soe ik dat grif âl dien hawwe. It is krekt as mei in lotterij, of mei alle dingen. Net ien dy't wier forheard is as er hwat wint yn in
| |
| |
lotterij; net ien dy't him ôffreget hoe't soks kin. Men is bliid, wis, mar nuver? Né.
Dêr't ik wol mei sit is hoe't ik - ik! - nou mei hernia sitte kin. Stiif as in planke, hjir op in planke. Ik... hernia fordomme.’
Hy hie de eagen tichtdien ûnder dit forhael, syn holle lei wurch oer side, op it kjessen. It reade burd flamme om syn gesicht. Hwat ik allegearre tocht doe't er sa oan it wurd wie, wit ik wier net krekt. Gefoelens en tinzen wynden en woelden sa tizerich troch my hinne, skeaten yn my op, kamen op my oan en yn my del, sa't my nou foarstiet, en dat net ien foar ien, mar nêst en troch elkoar, dat hwat ik der ek fan sizze mei perfoarst net wier is. Net wier, omt it tsjinoerstelde der tagelyk ek wie. Hy is gek, tocht ik, mar tagelyk leaude ik him wurd foar wurd, en wurd foar wurd haw ik it ek ûnthâlden.
Sa wit ik dat er op in stuit ‘sst’ sei, en dêrút moat ik bigripe dat ik hwat sizze wollen haw, mar hwàt soe ik net witte. ‘It is wier’ en ‘hy is gek’, dat wiene de twa ûnrêstige poalen yn myn oeral brein. Ik bin oars de ûnbitrousume kant neist, mar de tredde mooglikheit - dat er my foar de kroade ride woe - kaem net ienris yn my op. Dêrfoar oerhearske dat iene gefoel to folle, in fielen dêr't ik gjin wurden foar haw, mar dat in mingsel wie fan freze en loksillichheit yn it ûnderfinen fan in folslein nije, oare wrâld.
Ik wit ek net hoe lang't er wachte, ear't er wer bigoun. Faeks hat it mar in telmannich west.
‘Ik wit net hwerom't ik it dy fortel’, sei er doe traech, ‘mar ik fiel my forlichte, forromme.’
Hy swei wer en ik socht om wurden, om hwat tsjin him to sizzen, mar neat woe foarm krije út dy tizeboel yn myn brein.
‘Is dy doar ticht?’ frege er ynienen. ‘Wolst 'm op slot dwaen?’
Myn fuotten brochten my by de doar, suver bûten mysels om, en ik draeide de kaei yn 't slot. Doe't ik wer yn 'e reiden stoel delsakke, sei er: ‘Ik sil it dwaen. Dou silst it sjen, neat sizze, stil...’
| |
| |
Ik sei neat en wachte. Mei strakke eagen moat ik nei him sitten hawwe to sjen en wylst waerd it hieltyd rêstiger yn my. It frjemde fielen fan mystearje foel fan my ôf. Ik bigoun wer to raisonearjen: dêr lei er, in goekunde fan my; hy hie de eagen ticht, krekt as sliepte er. Faeks hie er wol paranormale jeften. It forskynsel fan de levitaesje komt foar, tocht ik. En twangfoarstellingen ek, bisleat ik nofteren, mar, nuver, ynienen seach ik syn rjochterearm omheech sjitten en it forbjustere my net. Ik siet mei strakke nijsgjirrichheit to sjen. Hy taestte even, de hân sleat, krekt oft er hâld krige... hy bûgde de earm en dêr riisde hy mei in strak, spand lichem fan de planke omheech.
Dus dochs, konstatearre ik mei in foldien gefoel en yn spanning seach ik him fierder oprizen.
Nou wied er sahwat rjochtoerein; de biweging fortrage; it lichem skodde even hinne en wer as om yn 'e blâns to kommen. Op dat stuit lichte hy de eachslidden op... dy eagen, triomf en panyk beide seach ik der yn, mar dat kin forbylding wêze, hwant alles gie yn minder as gjin tiid. Myn hert sloech fûl tsjin 'e ribben... Mei wiid iepen eagen foel er as in blok efteroer, tobek op 'e planke. In koarte droan, dy't my mislik makke en my folslein forlamme. Myn fuotten wiene kâlde bonken iis, mar hja brochten my knikkend by de doar, dêr't juffer Sytstra oan 'e oare kant stie to jammerjen.
Hy wie dea...
|
|