| |
| |
| |
Kaën wurde hiel âld
Winliken hat de âlde man my de eagen iepene.
‘Kaën wurde hiel âld’, sei er. Syn eagen stiene wiid útinoar boppe de brede noas. Hja seagen yn fierten dy't net binei to kommen binne, de appeltsjes swart yn in ljocht, troebelich blau. Hy knikte mei de meagere kop, dat de lange sulverwite hierren dounsen him yn 'e nekke en hy sei jitris:
‘Kaën wurde tige âld’.
‘O ja? Hoe witte Jo dat sa?’
‘Altyd bin ik op 'en paed. Ik sjoch hwat oaren net sjogge, ik sjoch alles. Ik wit alles fan 'e minsken, ik wit gâns fan 'e dieren, en ek fan 'e fûgels wit ik. Mar hwannear sjocht men in deade ka? Hjir yn 'e stêd alhiel net, en buten op it fjild? Komselden. Net ien is sa âld as ik, rigen fan minsken haw ik yn it grêf sjoen, ik bin tige âld. Ik rin by dei en ik gean by nacht. Myn eagen sjogge mear as hwa oars sines. Hoefolle kearen haw ik in deade ka lizzen sjoen? Jo freegje ik, hoefolle kearen myn âlde eagen in deade ka lizzen sjoen hawwe’.
‘Ik soe it net witte, siz Jo it mar’.
‘Ha!’ rôp de âlde mei syn heas lûd. ‘Jo witte it net. Dat tocht ik wol’. Hy wachte lang, doe sei er triomfantlik: ‘Trije kear! Tink ris ta: trije kear. En rounom binne kaën, út to roegjen binne se net, hja bliuwe der altyd. Men kin der fan deameitsje, mar der sille altiten kaën oerbliuwe. Hwant se wurde hiel âld, âlder as ik, dy't de minsken stjerren sjoch, dei oan dei. Hja wurde tige âld en sille ivich bliuwe’.
Under dy lêste wurden hie de âlde man de stap der al wer ynset en slagge de hoeke om. Ik haw him nea wer sjoen.
Hy wie fansels gek en syn praet wie oars net as senyl geëamel.
| |
| |
Mar ik hâldde mysels dat foar, omt de earnst yn dy heaze stimme my yn 'e bisnijing hie, en, ja, dat fansels yn it foarste plak, omt de man dêr samar ynienen stien hie. Ik koe him net, en hy hie gjin boadskip, mar hy praette mei my oer kaën. Dêrom klonken syn wurden yn my nei, wylst myn tinzen werom giene nei it forline.
Generael Patton brûsde mei syn legerskaren troch Europa, Timosjenko jage ûnforbidlik syn troepen oan en yn 'e loft wie it foarjier.
Doe, op in moarn, lei er dêr op it lytse efterútsje. Der wie gjin nêst by ús op it dak, mar hy lei dêr. Der kamen ek gjin âlden om nei him om to sjen en him to fuorjen, dat ik naem dy soarch op my.
Karst neamde ik him omt my tocht dat wie in gaedlike namme foar dizze ka.
It is wûnderlik sa gau as it went. Earst doar men sa'n bist kwalik op to krijen en wit dan net hwat men it opfuorje moat. Dat duorret lykwols mar efkes en dan giet men der mei om as hat men jins hiele libben oars net dien.
De ka hie it goed by my en ik forwachte in fromme en fatsoenlike fûgel fan him to meitsjen. En nou wit ik suver net hoe't ik fierder fortelle moat.
Hy wie tige nuet. Dat wol sizze: hy roun net fuort en hy fleach net fuort doe't ik him losliet út it kistke dêr't er twa, trije dagen yn sitten hie to wennen. En hy liet him fan my samar yn 'e hân krije en oer kop en rêch aeije. Net oer de greate fearren en binammen net oer dy fan 'e sturt, dat woed er net lije en as men him tsjin 'e trie yn oer it kopke striek, waerd er pûrlilk. ‘Gjin niget’, sei Germ, dy't by my kaem om in bakje thé en dy't biolooch is. ‘Dat is in libbenskwestje foar him, hwant dy fearkeboel dy heakket yn inoar en as dat ienkear forkeard sit, dan krijt sa'n fûgel dat net wer goed’. Dat is to sizzen, sa populair sei Germ it net - dy die der trije ûren oer en hie it oer burden en
| |
| |
burdtsjes en tropen en ynstinkten. It forfeelde my al ridlik gau, mar him net en hy smookte mar fan myn Kanadeeske sigaretten en dronk thé. ‘Is it in hij of in sij?’ frege er doe't er lang om let oerein gie.
‘In mantsje’, sei ik gau, hwant sûnder andert wied er fansels nea fuortgien. En wier, ik hie altyd oer him tocht as in hij, syn namme hied er sa krige, ik biskôge him fan 'e earste dei ôf as in mantsje. Nou't Germ de doar út wie lykwols kaem der sokssahwat as twivel en waerd in frage, hwat hieltyd fansèls west hie.
Dat Karst waerd fongen - as men hwat fan him woe, dan kaem er net út himsels - en oan in ûndersiik ûnderwurpen. Ik wol it wol wêze, soks falt net ta. Yn 't foarste plak: hwér moat men sykje? Under fansels, dat seit it wurd; mar dêr sitte in soad fearren by sa'n fûgeltsje. Hawar, ik stelde fêst dat it in mantsje wie. Folsleine wissichheit krige ik lykwols earst in healjier letter, doe't frou Tadema op bisite wie. Har smelle hân lei achteleas op it bekling fan 'e stoel... Dat heart as in sin út in roman, mar sa wie it, en Karst, dy't warber troch de keamer hipte (‘Hwat is 't in leaf fûgeltsje’, hie hja al in kearmannich sein) sprong op har hân, alhiel net achteleas, en bigoun forrassende manlike biwegingen to meitsjen. Frou Tadema krige in kaem. ‘Hwat skeelt dat bist?’ frege hja. Ik sei dat ik it ek net wist en hâldde dêrmei in flau mopke oer de Fryske biweging, dêr't hja ien fan de pylders fan is, noch krekt binefter.
Sûnt biwûndere ik Karst noch mear as ik al die. Earlik, biwûnderje. Hy die de dingen, dy't ik net doarst.
Hy wie folslein amoreel, hy pikte de hân dy't him fuorje woe, hy flaeike dêr't er bang fan wie. Ik forwûndere my oer mysels, salang't de ka der wie. Hoe koe ik, oarderlik amtner, de fûgel om my hinne forneare en mear as dat? Hy die fan alles dat ik folslein ôfkarde en dat nea yn my opkomme soe. Ik sloech dat acht mei in mjitte fan sympathy, dy't bûten alle forhâlding wie. Bikenne foar de bûtewrâld woe ik dat net, net ienris foar mysels.
Dêrfandinne dat ik, dy't earder net wiste hwat irony wie, oars
| |
| |
net as ironisearjend oer him plichte to praten. Djip-yn wie ik lilk op hwa't Karst in rotfûgel neamde, likegoed as op hwa't it hie oer in leaf bistke, of, lykas Germ, him biskôge as in tafallich eksimplaer fan it genus Coloeus Monedula. Hy wie dat net, hy wie dat allegearre net; hy wie mear en oars. Hy wie Immen, hy wie Hwat, tagelyk net-binei-to-kommen fier en och sa tichteby. Mar ik praette oer syn fiten as wiene it inkeld de humoristyske skaedkanten fan in tafallige hobby. En streken hied er.
Us buorjonkje, lytse Auke, wie ris bûten mei in koekje, dêr't er mei foreale eagen nei seach. Karst siet yn it finsterbank to sintsjen. Bitochtsum briek Auke in stikje fan syn koekje om dat hoeden de ka to jaen. Mar dy negearre de útstutsen hân en hie mei ien spronkje de swietekau út 'e oare hân weiskuord. Foar Auke wie allinne it ûnnoazele hoekje, en dat ek noch sâlt fan triennen.
Der wie ris immen by my - ik sil gjin nammen neame, mar hy is lid fan it Boun fan Fryske Kunstners en hat letter noch in priis krige ek, of sokssahwat - dy wie bang fan Karst. ‘Hwat moat dy ka hjir yn 'e keamer?’ sei er, ‘ik haw it der net op stean en hy sjocht my sa oan, hy hat it op my forsjoen’. ‘Hy docht neat’, sei ik, ‘hy sjocht allinne hwat swart’. Mar op itselde stuit fleach Karst myn gast boppe op 'e holle en bigoun him yn it ear to pikken. It blette, dat der hat noch joadium en fan alles oan to pas komme moatten.
Karst wie tige skjin. Dat is to sizzen: oan himsels. As it effen lije koe, baeide er eltse dei - leafst in douche. Dan gie er yn 'e goatstien ûnder de kraen sitten, sette de fearren útinoar en soarge dat er goed wiet waerd. Dan hipte er in eintsje útsyd, skodde de fearren dat de drippen der nei stauwen en socht dan in waerm plakje yn 'e sinne of by de kachel. Dêr siet er dan in ûre of noch langer toilet to meitsjen, mei de snaffel alle fearkes bihanneljend. Hwat hied er in tin halske, sa mei dy wiete fear. Oars like it hiel hwat, mar ik haw faek ûnder de fearren mei tûme en finger field hoe tin en meager dat halske wie. Men koe
| |
| |
it sa stikken knipe. Ik haw dat gauris tocht as ik him sa om 'e nekke taestte, mar al hoe lestich hy neigeraden waerd, ik krige nea oanstriid it to dwaen. Karst soe it net neilitten hawwe, as hy yn myn plak my by de nekke hawn hie. Mar hy liet my mei superieure lytsachtinge gewurde mei myn fingers om syn strôt.
Der wie alle reden him to smoaren of de nekke to brekken, ornearren de buorlju. Buorfrou Sytsma wie dwaende in lekken oan 'e line to hingjen. Wylst har hân mei de kniper tichterby kaem ûnthelle Karst har it ding, yn 'e flecht wei.
Karst narre de bern, hy pikte harren en makke har kel, hy stiel, hy fornielde hwat er mar koe. Hy fleach troch iepen finsters nei binnen en brocht safolle mooglik de boel yn trewyn. By buorfrou Plantings, dy't gâns nedich hat om moai to wêzen, smiet er alle fleskes, potsjes en doaskes oer 'e flier. By de Sytsma's, dy't in drippende kraen hiene, makke er de ôffier forstoppe mei stientsjes en modder, doe't hja in wykein útfanhús wiene. Geale Dykstra hie in kykkast makke, fan in skuondoaze en dêryn in moai snielânskip mei alles hwat dêrby heart. It ding wie krekt klear en stie op syn keammerke to pronk... Moarn soe it jild opbringe. Der wie gjin moarn, hwant Karst fornielde de saek mei soarch; de snie foun ik werom yn syn nêst, dat er boppe op in kast hie. Jouns gie er dêr altyd hinne om to sliepen. Hoe faek bin ik dêr yn 'e lette nacht net lânskommen. Dêr siet er, swart en allinne, en sliepte ûnder myn dak. En nea haw ik bigripe kinnen hwerom't ik altyd in gefoel hie oft ik skrieme moast, as ik dy iensume, tsjustere fûgel dêr rêstich sitten seach to sliepen.
Ik hie earder lykwols net witten dat er oerdeis ek wol by syn nêst kaem. Geale krige in goune fan my yn 'e sparpot. Dat koe nammers ek wol, hwant der wie mear yn it nêst as allinne de snie fan Geale syn kykdoaze. It tsientsje, dat ik dy wyks op ûnforklearbere wize kwytrekke wie, lei der ek, mar boppedat in briefke fan fiif-en-tweintich goune - hwerwei? - en in stikmannich goune- en ryksdaelderbonnen. En in sulveren spjeldtsje. Dêr kaem in buorfrou trije huzen fierder dyselde deis noch om. Hja krige it
| |
| |
ding, mar letter muoide my dat, hwant doe kaem eltsenien it oan 'e weet. Karst bleau altyd binnen syn eigen blokje, in aksjeradius fan hûndert meter omtrint, mar ik haw guont oan 'e doar hawn fan oare kant de stêd, lju dy't hwat kwytrekke wiene en dat werom hawwe woene of forgoeding fan 'e skea. Om jild hat nea ien west aldergeloks, faeks binne de lju dêr hwat slof op, en ik hâldde it foar eltsenien stil dat Karst syn wenning graech stoffearre mei jildbriefkes. Mar it koe net út.
Tsjûgen wisten to fortellen dat Karst mei in greate stien yn 'e bek by de Sytsma's ynflein wie - en doe't dy boppe kamen hied er him krekt fan boppen ôf troch de porsleinen waskbak trûzelje litten.
Ienkear kaem er thús mei in glêzen each yn 'e snaffel. Ik haw it noch altyd by my yn it festjebûske. Hwer't de ka dat yn 'e goedichheit weihelle hat, ik soe it net sizze kinne. Better net to witten hie net ien yn ús omkriten in glêzen each en nimmen hat der ek om west.
Amoreel sei ik niis, mar sa is it net, de fûgel wie ymmoreel. As er de kar hie tusken krije of stelle, dan keas er it lêste. Buorfrou Annema trappearre him wylst er dwaende wie har gebyt út in glês mei wetter to tôgjen. It wie him winliken to swier, mar de ka gie op 'e flerken, sirkele in kear triomfantlik om it efterútsje en liet it ding doe midden boppe de stiennen falle. Oan stikken fansels.
It slimste wie lykwols dat er kleden útpikte. De loper op 'e trep makke er keale plakken yn, it kleed yn 'e keamer tofriet er ek. As by oaren in finster opstie, gie er dêr oan it wurk en sa haw ik tafelkleden en lopers forgoedzje moatten fan fiif forskillende húshâldingen.
It kaem my oer dat ik sels ek tocht: hy moat fuort, it kin net mear. Dan socht ik om de ka... dêr wied er, hy tripke fleurich om my hinne, draeide mei it kopke en rôp: ‘Ka!’. En jouns siet er wer op 'e kast en as ik der lâns kaem baernden de triennen wer efter myn eachlidden. Yn myn forhâlding ta Karst foroare neat,
| |
| |
al fielde ik dat er it kwea sels wie. Dou bist lyts, tocht ik dan, en yn 't lyts is alles aerdich.
Op in dei is er moarnsier fuortflein en net weromkommen. Ik haw roppen: ‘Karst, Karst!’ Oars joech er altyd andert en skreaude ‘Ka’ en measttiids kaem er dan fuortdaliks oanfleanen. Mar nou kaem der gjin andert en de jouns wied er der noch net. Altiten hied er soarge yn elts gefal foar de joun yn 'e hûs to wêzen; nou bleau er wei.
‘Ien sil him grif de nekke omdraeid hawwe’, ornearren de buorlju, dy't dat sels wol graech dwaen wold hiene, as hja ea de kâns krige hiene. Mar sa wie Karst net; ik bin der wis fan dat er him net krije litten hat fan ien dy't him kweadwaen woe. Né, dat kin net.
En boppedat - hy is fuortgien. Hwat er oars nea die, foar't er dy moarns útfleach hat er syn folslein repertoire fan lûden hearre litten, in heal ûre lang: in ôfskiedssang. Hy is frijwillich fuortgien. Mar hwerom? Hwerom?
‘Dou bist mar moai fan him ôf’, ornearren guon fan myn kunden en oaren seinen: ‘Spitich, it wie sa'n grappich fûgeltsje’. Mar sels fielde ik it as in djippe, net to omfiemjen leechte, dat er der net mear wie. Slimmer, in leechte fol driging, dy't my eang makke en kâld. Gâns nachten bin ik towekker skrille, switterich en bineare.
Noch moannen neitiid koe ik it net litte as ik earne in pear kaën seach en rop even: ‘Karst!’ Der kaem gjin andert en njonkelytsen joech ik it oer, út freze dat de minsken der oer prate soene.
Germ seit dat de fûgel fuortgien is omt er twa jier wie en dan sykje se in wyfke, dan binne hja folwoeksen. Mar dêr leau ik neat fan. Yn it algemien sil it wol sa wêze lykas Germ seit, mar yn dit bisûndere gefal net. Germ giet der fan út dat it in gewoane ka wie. Nou hie dat wol eigenskip, Karst wie suver yn neat to ûnderskieden fan in gewoanen ien, mar faeks wie dat it alderûngewoanste oan him. Nou't ik oer him tink is dat my klear... in tapytfretter... swart fan bûten en swart fan binnen... stelle en
| |
| |
forniele... sadistysk hwer't er koe... lef foar hwa't him stie... in greate bekt mar gekras sûnder slot of sin... de seksuële abberaesjes...
Yn in lyts opskriuwboekje hie ik doedestiids optekene hwannear't er út 'e loft delsaeid wie yn ús efterútsje, sûnder sibbe, sûnder komôf. Ik sykje dat boekje wer op, mei triljende finger slaen ik it op. Dêr stiet de mannichste: 30 April 1945... de dei fan de forwoastging fan de Berlynske Führerbunker. Dat praet fan dy âld man hat my oan it tinken brocht.
Kaën wurde hiel âld: men sjocht komselden deade kaën. En as jo ien fine dy't wierwier dea is, sjoch dan om jo hinne - dêr sit deselde ka libben en wol nei jin to sjen. Kaën binne ivich. Hja wolle it forkearde en hawwe har oanhing ûnder hwa't it goede sykje en harren dochs yn 'e groun biwûnderje. Dy't tinke: yn it lyts is alles aerdich.
Hwerom kaem er by my?
Hwerom fleach er fuort? Omt it him to lyts waerd faeks, omt der wer aventûr wie? Omt er werom koe nei de keppel dy't net to ûnderskieden is en dy't net lyts is, mar great en ivich? Faeks is er net ienris fuortgien - hy hoegde net. Al hwat er to dwaen hie wie syn namme priis to jaen en namleas to wurden.
Hwa't namleas is kin alle nammen hawwe.
En de âlde man wie grif net gek. Miskien bin ik gek, mar hwa en hwat ik bin, dêr binne gâns wurden oer to sizzen, in namme mei it net hawwe.
|
|