| |
| |
| |
De brân
Op in woansdeitomiddei helje ik Germ fan hûs. Hy is dalik ré om mei en togearre slofferje wy it paed del nei it doarp.
‘Hwat sille wy winliken dwaen’, seit Germ, mar ik haw ek neat yn 'e holle, dat ik moat my earst ris goed biriede.
‘Sille wy stientsjepikke op 'e tsjerkefinsters?’ freegje ik, mar ik wit dat alle rútsjes dy't maklik to bigoaijen binne al sûnt wiken gjin glês mear hawwe.
‘Neat oan’, ornearret Germ, ‘dy't hiel binne sitte fierstento heech.’ En hy gnaut ûnderwyls op in stienpar om. Ik krij ek ien en dan seit Germ ynienen: ‘Dûk dy!’
‘Hwat is der oan?’, freegje ik as wy beide plat op 't liif efter in beamwâltsje lizze.
‘Stil ju’, seit Germ, ‘sjoch, dêr is Hindrik Baukes.’
Dat sjoch ik ek wol, de man is op syn eker dwaende, mar ik bigryp net hwerom't wy foar him út 'e wei moatte. Ynsafier't ik wit hawwe wy de man neat dien; alteast de lêste tiden net. Mar as Germ Hindrik mei syn healwei ôfpluze par bisiket to reitsjen bin ik ek fol fjûr en fan alles en noch hwat saeit de man om 'e earen. It duorret net mâlle lang of Hindrik komt pûrrazen, mei in reade troanje efter ús oansetten. Wy naeije út en kinne him ridlik goed yn 't foar bliuwe. By de bocht yn it paed krûpe wy biskûl yn de droege sleat efter hwat beamkeguod. Fan 'e oare kant sjogge wy Ale oankommen. Hy is deunby as Hindrik de hoeke omstouwen komt. It paed is hwat glysterich hjirre en Hindrik falt plat op 'e snút yn 'e modder.
‘Kom’, seit Ale, ‘woene Jo hjir in knipperke dwaen, Hindrik?’ Dy flokt en beart sa mâl dat wy skuorre ús de bûsen út en mei ús trijen naeije wy nou út. Hindrik jowt bilies en strampelt
| |
| |
werom nei syn eker. Ale is oars nea by ús, mar nou sette wy mei ús trijen fierderop. Wy stelle in pear rapen by Jelmer út it lân en dan wit Ale ynienen hwat. Op it heidefjild, biëasten ‘De trije ekers’, dêr hat Douwe Kop bijen. Trije kuorren hat er dêr stean en dy sitte fansels stiiffol mei hunich.
‘Bijen stekke’, ornearret Germ.
‘Net as men der by smookt’, wit Ale to fortellen.
‘Hastou wolris smookt?’ freget Germ en ik moat né sizze, mar Ale hat alris in hiele sigaret hawn. En nou hat er in hânfol tabak út syn heite trompke yn 'e bûse.
‘Ik haw ek lúsjefers’, seit er en hy krijt it doaske yn 'e hân. ‘Mar in piip moatte wy earst noch meitsje.’
Wy geane nei Douwe syn bijen en ûnderweis sille wy ús pipen meitsje. Sa geane wy dy kant út en ropje in pear túken út de flearbeam yn dûmny's tún.
‘Dat binne púk-bêste stâllen, seit Ale, ‘aenst op 'e heide kinne wy se wol meitsje.’
Wy slane it paed nei de heide yn en as wy by Sibe Arjens lâns komme, steane dêr fjouwer molkbussen yn 'e daem.
‘Ik haw toarst’, seit Ale, en Germ en ik fiele ús ek forrêdde. Dat wy drinke hwat molke út in buslid en as wy sêd binne miter je wy dat yn 'e sleat. Op 'e heide steane echt wier de trije bijekuorren fan Douwe Kop. It muoit my heal en heal, hwant ik haw it net stean op dy bijen. Wy strune hwat om 'e kuorren hinne en sjogge de bijen kommen en gean.
‘Potforjamme, hwat in soad!’ seit Germ.
‘Hwat woestou dan’, freget Ale dêr tsjin yn, ‘der sit in gnoarre hunich yn, jong!’ Mar hy doar likemin tichteby to kommen.
‘Wy moatte earst smoke’, stelt er út. In ein fierder jowe wy ús del yn in kûltsje. Germ dolt in mennich lytse ierpeltsjes út ‘De trije ekers’ en wy meitsje ússels alle trije in piip.
‘Echte pipen meitsje se fan heide’, seit Germ.
‘Bist net wiis ju’, liz ik der tsjin yn, ‘der is ommers gjin guod
| |
| |
dat sa baerne wol as heide.’
‘Nou, en dochs is it sa’, hâldt Germ út, ‘ik wit it foarfêst. Hastou wolris in piip sjoen?’ freget er en dêrmei makket er ús oan it laitsjen. ‘Hoege jim net om to gnizen’, seit er. ‘Op 'e stâlle by de tsjettel stiet Bruyère en dat bistjut heide.’
‘Leaust dat ek noch?’ freget Ale, ‘moai guod om der in piip fan to meitsjen.’
‘En ik wit it foarfêst’, seit Germ, ‘it is Frânsk. Dat hat ús Klaes sels sein.’
‘Dan hawwe se yn Frankryk grif oare heide’, ornearret Ale. ‘Ik soe de heide hjirre net oanstekke doare, dat baernt sa fûl, alles giet der oan.’
‘Dat wie oars wol hwat foar ús ierpels’, siz ik, hwant dat gesanger oer hwer't se pipen fan meitsje, forfeelt my. Dat liket Ale en Germ ek wol hwat ta, mar wy doare dochs net. ‘As wy nou ris in lyts hoekje nimme’, ornearret Germ, ‘en wy dogge it fuortdaelks wer út...’
Dat wol hiel wol yn ús del, dat wy sykje in gaedlik stikje út en meitsje der sa'n foech goate omhinne dêr't wy de heidebosken sa út 'en rûgen wei hwat útskuorre.
‘Efkes sjen hwer't de wyn sit’, seit Ale en wy Hzze de ierpels oan 'e goede kant del. Ale hellet de lusjefers foar 't ljocht en jaget de brân deryn. Trije lúsjefersen spansearret er deroan, dat wy laitsje ús slop. Mar dan bigjint it to sisterjen en slacht de flamme yn 'e heide. It fjûr bliuwt meast leech by de groun, it komt net boppe de heide út, mar hjit is it wol.
‘Hwer bliuwst mei dyn pipen?’ seit Ale tsjin Germ, mar ik siz: ‘Lit ús om de ierpels tinke.’ Wy tyskje der hwat yn om mei in stôk en ús ierpeltsjes briede moai.
Us hoekje heide is gau útbaernd en dan rôlje wy de swartbleakere ierpels der út en helje se út 'e skyl. Wylst wy ús miel biplúzje seit Germ ynienen: Sjoch!’ Wy sjogge dat út en och heden, it rikket yn in bosk heide oan 'e oare kant fan ús goate.
En tagelyk sjogge wy ek fjûr, dat wy springe oerein en bigjinne
| |
| |
it út to traepjen. It liket even ta to fallen, mar as de lôge ûnder ús fuotten dôvet sjit er fierderop ynienen wer omheech. Wy switte as oandragers, sa hjit wurde wy fan it stampen en it slaen mei ús stokken. ‘Tink dou dêrom’, roppe wy, ‘ik meitsje dit út.’ En mear fan soks. Op it lêst hawwe wy alles út yn dy strook fan twa meter, dêr't it fjûr sit. ‘Dat hawwe wy rêdden’, stint Ale en wy fiele ús alle trije forromme. Mar it biteart oars, hwant sahwat op itselde stuit barst mei geweit de gloede út 'e heide op, wol oardel meter efterliker. En net op ien lyts plakje, hwant wylst wy forbûke steane to sjen is der fjûr oer in breedte fan wol fjouwer meter. De lôge slacht heech op, it rikket en it baernt - it lykje wol roundraeijende flammen to wêzen - de bûtekant is ljocht - blijread en giel - en oan 'e binnekant lykje it dûnkere swarte gatten. Wy springe derop ta, ramaeije der mei ús stokken yn om, mar it is alhiel om 'e nocht. De loft boppe it heidefjild bigjint to triljen, it fjûr fret mei in geraes as de sé troch. De loft set ticht fan swarte walmjende reek. Meters fan it fjûr ôf is it net to daeijen fan 'e hjitte, dat wy sjogge inoar deabinaud oan.
‘Utnaeije, jonges!’ ropt Ale en op itselde stuit binne wy fuort. Hoe fierder wy by de heide wei binne, namsto rûmer sykhelje wy. Wy wurde wer listich en tinke derom dat gjinien ús sjocht. Wy komme, kalm geande, fan 'e oare kant de buorren yn. Moai gau geane wy dan nei hûs en wy ûnthjitte inoar: ‘Wy prate der tsjin gjinien oer. Tsjin gjinien!’
De oare deis praet eltsenien oer dat ôfbaernde heidefjild.
‘Hast it ek sjoen!’ freget Freark fan dokters, ‘och jong, ik wie der gau by. Ik haw derhinne west op 'e fyts. In fjûr jong! oh!’ en hy slacht gatten yn 'e loft. ‘En gleon dat it der wie en der wiene in soad minsken... Ja, earst net, hear, ik wie der o sa fluch by... mar letter kamen der hieltyd mear by. Is it net sa, Douwe?’
It docht bliken, Douwe hat der ek west en Oeds en Sjirk en noch folle mear. Mar guon oaren hawwe nearne gjin erch yn hawn en hawwe dus ek neat sjoen. By harren slute wy ús mar oan, Ale, Germ en ik. Mar minsken hwat sitte wy yn 'e stjonkert.
| |
| |
Hieltyd bigjint der wer ien oer dy brân, ik wurd der mislik fan. Echt mislik, myn tonge docht raer en dan rûk ik iderkear wer dy baernende heide. Germ bidocht him ek hast, fornijt er my, mar Ale gnysket mar hwat. Dochs gniist er oars as oars, sizze Germ en ik tsjininoar.
Dan komt ynienen it nijs dat it Grouwe Durk west hat. Hwa wit it it earst? Ik soe it net sizze kinne. Mar ynienen is al it praet oer Durk. Grouwe Durk, dy't seis dagen fan 'e wike dronken is en dêr't eltsenien bang fan is.
‘Ja wier, polysje Jansma ek en... eh, de boargemaster ek, wier.’
Mar diskear hawwe se net bang west en Grouwe Durk is oppakt.
‘Ja, mei seis man sterk, hear!’ Dronken hawwe hja him foun doe't de brân oer wie, deunby it ôfbaernde keale heidefjild. De lúsjefers hied er noch yn 'e bûse en de brandewynflesse yn 'e hân.
‘Brandewyn sizze se’, seit Grouwe Durk as de lju him fine, ‘brandewyn... Dat guod baernt lang net sa as dy heide... Jonge, jonge, jonge hwat in moai gesicht. Ik wol gjin brandewyn mear, ik wol neat oars as brandeheide, brandeheide!, brandeheide!’ Trije kear ropt er dat en hieltyd lûder en fûlder. ‘Alles moat platbaernd wurde’, raest er troch, ‘it fjûr moat deryn jage wurde.’
Letter komme de polysjes en freeg je oft hy it dien hat.
‘Fansels haw ik it dien’, seit er, ‘ik haw it altyd dien.’
Dan arrestearje hja him, mar hy seit: ‘Ho, dat giet sa mar net.’
‘Dou hast de heide oanstutsen’, sizze hja, mar hy seit: ‘Né, dat stie fansels yn 'e brân.’
En dan bigjinne hja to fjochtsjen. It giet der heil om seil om wei: bosken hier skuorre hja inoar út 'e kop... En polysje Jansma jowt Grouwe Durk in skop ûnder 'e hûd, in oaren ien soe it bistjerre... mar nou leit polysje Jansma thús mei harsenskodding en Grouwe Durk sit yn it hounegat. Mei seis man hawwe se him deryn krige.
| |
| |
Wy hearre al dat praet en steane forstive. Alteast mei my is dat sa en mei Germ is it net folle oars wit ik wol. Fan Ale krij ik net rjocht hichte, mar oan syn gnizen sjoch ik dat er it net botte noflik fynt. Wy kinne der ek net by wei rinne en it is nou mei my noch folle minder as niis. Ik bin nou net mislik, mar ik haw it gefoel dat ik skrieme moat. ‘Né, né’ siz ik forheftich tsjin mysels en it slagget my myn triennen binefter to hâlden. Germ is ek bilutsen en ik sjoch syn knikkert op en del gean, krekt as swolget er wit hwat troch. Ale syn lippen binne tinder as oars. Mar wy moatte der by stean bliuwe en wy freegje ek noch ien en oar oan de lju dy't it wol witte. En hieltyd as hja it oer Grouwe Durk hawwe tink ik oan it bargeslachtsjen dêr't ik neist twa winters by stien haw. Forline winter net, ik hie mei dy iene kear myn bikomst, al lit ik soks net skine. Ik sykje it allinne altyd sa út dat ik gâns in ein út 'e reek bin sokke tiden. Och, och, hwat giet sa'n baerch to kear. It giet jin troch ieren en sinen. Hy wol fuort, mar se hawwe him mei de poaten yn in strûp en seis keardels sitte him op 'e bealch. Der wiene fansels gjin seis. By ús baerch net, bidoel ik. Seis polysjemannen slepe Grouwe Durk ûnder de toer. En bliede dy baerch! Langsum rint it bloed derút, oerstadich. It bist rochelet en wol los. Mar hja sitte him op it liif.
Germ tikket my op it skouder. ‘Giest mei?’
Fansels gean ik mei en mei ús trijen geane wy fierder. Lytse Piter rint in eintsje mei ús op, mar gelokkich sjocht Ale Sije en Klaes gean en hy seit: ‘Sjoch, dêr hast dyn maten.’
Dan binne wy ûnderinoar mar wy sizze neat. Wy sieme troch oant wy bûten de buorren binne. Dêr stekke wy Jelmer syn fintsje yn en geane yn it gers lizzen. Ik lûk in raike út en kôgje der hwat op om; Germ nimt ek in gerske en Ale ek. Germ is de earste dy't in mûle iependocht.
‘Wy moatte it sizze’, seit er.
‘Ja, en dan grif...’ Dêr lit Ale it by.
‘Nou sit Grouwe Durk yn it tichthús’, siz ik. ‘Om ús sit er dêr.’
| |
| |
En forjamme as it net sa is, mar ik kin net mear sizze, omt ik oars gûle moat.
‘Grouwe Durk is fansels ek net sa'n bêstenien’, seit Ale.
‘Mar hy hat it dizkear net dien’, seit Germ en haffelet op syn gerske om. Ik plokje in nije raei en ik siz: ‘Wy hawwe it dien en wy kinne him net stikke litte.’
‘Wy moatte sjen dat wy him loskrije’, mient Ale en Germ is fuortendaliks fol fjûr.
‘Wy moatte him bifrije, wy moatte der fan nacht tomûk hinne, en dan de doar iepen... en Durk is frij.’
Sa prate wy, hwant wy binne bliid dat wy der hwat op útfoun hawwe. Mar as wy it hiele plan gearstald hawwe en hielendal bipraet en it allinne noch mar útfierd hoecht to wurden, witte wy dat wy it nea útfiere sille. It kin net, it plan doocht net, dat wit elk fan ús. En al soe it doge, dan doare wy noch net en boppedat is it healwiis.
Hwat hat Grouwe Durk der oan as er út 'e finzenis helle wurdt, hwant hwat moat er dan?
‘Wy sille it sizze moatte’, bislute wy dan en it skriemen stiet ús neijer as it laitsjen.
‘As ik it tsjin ús heit siz, slacht er my dea’, seit Germ.
‘Dat falt faeks wol hwat ta’, bisiket Ale him to bimoedigjen.
‘Dan kenstou ús heit net’, seit Germ en wier, hy skriemt. Ik kin my nou ek net mear goed hâlde en Ale, wrychtich, hy gniist net mear. Ynienen falt my hwat yn. ‘Master’, siz ik. ‘Lit ús it tsjin master sizze. Dan moat dy it de polysje mar sizze en dan moat hy it ek mar by ús thús fortelle.’
‘Dan kin jim heit dy neat dwaen’, seit Ale tsjin Germ, ‘dan sitstou feilich yn it tichthús.’ En om syn lippen is wer dat sabeare gnizende, mar Germ skriemt.
It liket ús allegearre dochs it bêste ta en wy geane oerein. Wy stoatskave dat út nei masters, o sa stadich. Wy lûke oan 'e skille en kinne dan net mear fuort. Master komt sels by de doar, dat dat treft.
| |
| |
‘Hwat wie der oan’, freget er, mar hy sjocht allinne mar binaude gesichten. ‘Korn der yn’, seit er en dan binne wy ynienen yn 'e keamer dêr't wy sitte moatte yn greate stuollen, en heal weisakje yn 'e sêfte kessens. Wy sjogge inoarren oan hwa't it sizze sil en alle trije wolle wy hwat sizze mar gjinien seit hwat. Wy sjogge inoar jitris oan en dan seit Germ: ‘Wy hawwe it dien master’.
‘Dat sil 't wol’, ornearret dy, ‘mar hwat hawwe jimme dien?’
‘De heide, master’, siz ik. Dêrmei is de moart út en master nimt ús fiks geweken, dat wy fiele ús suver hwat better. Ale freget oft master it nou mar net gau tsjin de polysje sizze sil.
‘Ja, net om my, hear’, seit er der noch by. En Germ gûlt: ‘Us heit slacht my dea.’
‘Dêrom woene wy fuortendaelks mar nei it tichthús, sjoch’, seit Ale. En fordeald as it net wier is, dêr bigjint master sahwat to gnizen en wy wurde net iens lilk op him, mar myn lippe bigjint to triljen en Ale sjocht wyt om 'e noas en mei Germ is it hielendal mis.
‘Jim moatte mar net nei it tichthús’, seit master en hy bigjint út to lizzen dat hy it nou wit en dat wy it net wer dwaen sille en dat it dêr mar by bliuwe moat. Nimmen hoecht it to witten, tinkt him.
‘Mar se hawwe Grouwe Durk derfoar snapt’, sizze wy. Master snúft hwat forachtsum.
‘Grouwe Durk’, seit er - ‘der sil him neat fan oerkomme’, en, ‘it waerd al lang tiid dat dy ris in hoartsje opburgen wurdt.’
‘Jonges’, seit master, ‘dat bliuwt ûnder ús. Wy sizze der tsjin gjinien hwat fan - jim prate der thús ek net oer en dan is der neat mear yn 'e wei.’
Wy bitankje master en ûnthjitte dat wy der mei nimmen oer prate sille mar as wy bûtendoar steane is it oft wy lead yn 'e skuon hawwe. Njonkenlytsen bigjinne wy der lústerjendewei oer en wy witte dat master gelyk hat. Mar it is net noflik, de gedachte dat Grouwe Durk yn it kasjot sit.
| |
| |
‘It is in minnenien’, fortelle wy inoar, ‘dat seit master ek.’
Dy nachts komt der fan sliepen net folle en de hiele nacht dream ik fan ús baerch en fan Grouwe Durk. Mar it forjit gau en nei in pear nachten is it net mear hieltyd by ús.
Ik wit net hoe't it komt mar ik bin net safolle mear by Germ en mei Ale hawwe wy nea botte great west. It liket wol oft wy inoar ûntrinne. Oant op in dei Ale my by de mouwe pakt en seit: ‘Kom mei’. En dêr is Germ ek en as wy allinne binne seit Ale fuortynienen: ‘Grouwe Durk is dea. Hy hat him ophongen yn 'e sel.’
Wy doare inoar net oansjen, mar wy freegje dochs noch oft it wol wier is. Ale wit it fan syn omke dy't niis krektsa mei dat nijs oankaem.
‘Nou kinne wy der neat mear oan dwaen’, siz ik.
‘Nou kinne wy it noait mear oan ien fortelle’, seit Germ.
Ale seit neat. Dyselde jouns noch wit eltsenien it en ik liz siik op bêd.
De oare moarns gean ik dochs wer nei skoalle en ik freegje my ôf hwat master sizze sil. Mar dy koe it hast wol net iens heard hawwe, hwant der is neat oan him to fornimmen.
‘Hy is sa hurd as in spiker’, lústeret Ale my yn it ear. En hy seit derby, krekt itselde hwat ik fiel: ‘Ik woe dat ik dea wie.’
Alles slyt út, mar nachts wurd ik soms wekker omt ik oer Grouwe Durk dream, al is it my sa troch 'en dei komselden yn 'e gedachten.
Wy komme fan skoalle ôf en ik sjoch Germ net sa faek mear. Dan tinkt men der ek net mear sa oan. Ale is alhiel út it each, hwant dy giet nei stêd to learen, dy moat studint wurde. Dat wurdt er ek, mar it wurdt ek oarloch en dat leveret ek hiel hwat om der de gedachten by to hâlden. Mar soms tink ik dochs noch oan Grouwe Durk. Ik tink oan him as Germ nei Dútsklân moat en ik tink oan him as master by de N.S.B. is en ik tink oan him as Ale ûnderdûke moat.
| |
| |
Och, och, hwat duorret dy oarloch lang. Der komt gjin ein oan. Net dat wy it sa min hawwe fan iten en drinken, mar hieltiten hawwe dy poepen hwat. Hawar, dat hoech ik ek net to fortellen, dat witte jim krekt likegoed. Op 't lêst bigjint it der dochs op to lykjen dat wy wer frij wurde. Yn greate kloften komme de swiere fleanmasinen oer en de radio tortelt dat it alle dagen tichterby komt. Mar leau net dat dy Dútskers it samar oerjowe. In pear dagen foar de tiid wurdt Geale de Boer noch snipt omt er in bosk fan dy papierkes dy't efter yn syn lân delkommen binne opkrige hat. Mar dan bigjinne se harren dochs ôf to jaen. Alde Simen syn fyts, dy't er altyd biskûl hâlden hat en nou foar it ljocht hellet, wurdt noch fan sa'n keardel meinommen. En fordeald noch ta, fjouwer ûren letter binne de Kanadezen der.
Alles komt út 'e hûs en set nei de dyk fansels dêr't hja lâns komme. Wy witte allegearre dat wy bifrijd binne en wy roppe en jûchheije hieltyd as der wer sa'n ding foarby fljocht, sa'n wein op rûptsjillen.
‘Wy binne frij’, skreau ik tsjin âlde Simen as dy der oan sokseljen komt.
‘Ja’, seit er, ‘mar myn fyts bin 'k kwyt.’
‘Dan binne der noch wol oaren’, ornearret Lange Willem en Jelmer dy't der ek by stiet seit: ‘Der binne guont dy't gâns mear kwytrekke binne.’
Mar der is gjin tiid om der fierder op troch to gean hwant der komt wer in nije keppel Kanadezen oan, tominsten dat miene wy earst, mar it is de B.S. dy't nou ek foar it ljocht komt.
Boppedat nimmen wol iggewearje of rûzje meitsje op dit pas. Wy tjirgje ús foar de B.S. likefolle as foar de Kanadezen, sels as wy Klaes Brouwer der ek by sjogge. Der binne wol guont dy't inoar ris efkes oanstompe en sahwat mûskopje, mar it is sa'n forromming om bifrijd to wêzen dat elts stiet mei eltsenien.
Fansels wurde de N.S.B.-ers allegearre oppakt. Master ek. Elts wit dat it net in minne N.S.B.-er is, mar hy heart der likegoed by fansels. Hy is gjin forrieder en hy hat ek altyd wol witten dat it
| |
| |
rounom fol ûnderdûkers siet. Dy komme nou de iene nei de oare boppe wetter. Ale ek, dy't studint is. Ik sjoch him foar it earst wer, krekt as in keppel N.S.B.-ers nei de toer brocht wurdt. Hja rinne mei de earmen omheech, in moai gesicht. Master is der ek by. Ik sjoch him op itselde stuit dat ik Ale sjoch en dy sjocht master ek. Ik wit skraech hwat der bart sa gau, hwant Ale fljocht op master ta en jowt him in klap foar de harsens dat it daveret. Bloed om 'e hoeken fan syn mûle, it is in raer gesicht. In raer gesicht foaral omt er neat werom docht en neat seit. Dat kin faeks ek kwalik mei al dy B.S.-ers der by, mar dy helpe him krekt. Hja skuorre Ale tobek en hâlde him fêst. Hy hoecht lykwols net fêsthâlden to wurden, hwant syn earmen hingje him slop by de lea lâns en syn antlit is wyt en muoilik.
‘Siz it nou mar’, raest er tsjin master, mar binei sûnder lûd, ‘siz it dan dochs!’
‘Hwat moat er fortelle’, sizze de B.S.-ers, ‘dy man hat ommers neat dien. Witte Jo hwat fan him?’
Ale skodhollet. ‘Neat’, seit er, ‘mar faeks wit hy...’
‘Korn jonges, wy moatte fierder’, ropt de B.S.-kommandant. ‘Allé!’
Hja sette de stap wer en Ale en ik bliuwe mei ús beiden oer.
‘Hwat moast dat nou’, freegje ik as wy fûstke hawwe.
‘Dat fregestou my’, seit er en hy sjocht sa, ja, hoe sil ik sizze, sa wyld.
‘Frij!’ seit er, ‘wy soene frij wêze. Wy wurde nea wer frij, al soe ik him formoardzje.’
‘Mar hy hat dochs neat dien’, siz ik.
‘Wy hawwe it fjûr oanstutsen’, seit Ale, ‘en in oarenien der foar opdraeije litten. Wy wurde nea frij, nea, nea...’
‘Mar Ale’, siz ik. En dêr bigjint er to laitsjen, to laitsjen, ik haw noch nea ien sa aeklik laitsjen heard.
|
|