hy de man net koe. En dochs, der wie hwat oan him dat him bikend foarkaem. Ynienen wie it him klear: de man hie ek gjin revers oan syn jaske.
In waerm fielen skeat Jelle troch de lea: hy wie it net allinnich yn it greate Den Haech, dy't der sa healwiis by roun. Der wie noch ien, der wie noch ien... En dy oare die sa rêstich en selsbiwust, dat Jelle sykhelle rommer.
De man kaem hiel deun by him, seach him lyk oan en sei heal lusterjend: ‘Dus Jo hearre der ek by?’
In Fries, hie 'k n't tocht? Jelle fielde sa'n tankberheit dat hy hie graech ja sizze wollen, mar hy hâldde dat yn en sei: ‘Hoe bidoele Jo?’
‘It is in komplot’, sei de oare.
In komplot! Op itselde stuit wist Jelle hwat him hieltyd al yn 'e efterholle sitten hie, en dat gjin foarm krije kinnen hie: in komplot!
‘Jo binne dizkear it slachtoffer’, forfolge de man. ‘Mar’, kaem er forheftich, ‘wy litte it der net by sitte - wy foarmje in kontra-komplot. Hja tinke dat hja ús hawwe, mar krekt dêrmei forsinne hja har. Wy witte nou ommers dat wy der by hearre.’
‘Hoesa?’, moast Jelle witte.
‘Us jaske’, sei de oare koart. ‘Sa koe ik Jo ek. Mar wy moatte op ús iepenst wêze. Hja steane nearne foar.’
Skrillich seach er om him hinne, Jelle folge dy loaits en fielde himsels sterker wurden.
‘Forline jier moast ik yn Den Haech wêze’, bigoun de man wer. ‘En hwat hiene hja doe to dwaen? Hja lieten in hynder op my los fan binnenlânske saken.’
‘In Bels’, sei Jelle.
‘Foar in platte wein...’
‘Mei bierfetten. Jo binne grif Frysk-nasjonalist?’
‘Dat bin ik’, andere de man. ‘Ik praet gjin wurd oars as Frysk, ek hjir yn Den Haech net. Ik gean foar neat en nimmen oan kant.’