Bisten en boargers
(1959)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 25]
| |
IOm de bedtsjes hinne struide pake wolris tabak en soms stiek hy se troch mei de flymskerpe lep. Giel, dragend fochte waerden de toknoeide úteinen en op de leppe gyngen se mei in sierlik bôchje trocht de loft yn de heal droege sleat. Mar as der ien yn 'e hûs wie - it sulveren spoarke wiisde it út - dan stevene beppe der op ôf mei de sâltpot yn 'e hân. Nijsgjirrich stie ik ta to sjen hoe't de grouwe slak yninoar kromp, raende, toroun yn in dridzich puoske. Dat wie goed, hwant it wiene fize dieren yn 'e hûs. Hja makken net oan en dochs wiene hja der, hiel geheimsinnich. Bûten wiene se oars, as der gjin greate minsken by wiene. Steatlik glieden hja der hinne, as in galei. ‘Slak slak steek je horens uit’, rôpen wy. ‘Horens’, en ek wol ‘oren’, mar it wiene gjin hoarnen en ek gjin earen. Dochs rôpen wy it. As men mar efkes oan sa'n biwegend slurfke rekke of sels mar tichteby kaem -, fuort wie it. En letter? Snail, Schnecke, limaçon... Yn Frankryk ite hja se. Wurde der spesiael foar kweekt. Soestû wol in slak meije? Die it antwurd der ta? Fiif, seis jier letter soe dat it gefal west hawwe, mar net om de ynhâld: ik soe leaver in slak hawwe as ien wêze, soe it west ha. Doetiids wie der lykwols hwat oars. As folontair rûzje mei - hwat kin it skele. Hiet in jonge strafwurk to meitsjen. Trije hûndert kear: ik ben een luie vette slak. Dat wie de ein fan in karrière. Dochs ek in pestbaen. Slakkegong. Aerdige opjefte: slak klimt fiif meter deis, sakket nachts fjouwer. Hwannear oan 'e | |
[pagina 26]
| |
top? Ja, yn 'e goedichheit, hwannear oan 'e top? Hwannear? Né, net dy slak, dy telde noch net mei. | |
IIYn it tsjuster, nachts, komt er op 'e lappen. Von wo? Wozu? Midden yn 'e nacht is er der. Traech krûpt er oer de muorre. Traech? Slierslakjend? Mar hy giet ommers fleanend. Rjocht op it doel ôf giet er. Dat moat syn rook wêze. Sjen kin er net, oars kaem hy net by tsjuster. Boppedat glydt er rêstich troch, as der hwat op syn wei delset wurdt. Hearre giet ek net: it dier réagearret op gjin lûd. Mar fiele! de lytste oantaest is genôch. Ek in luchtstreamke, fan in wiuwende hân, makket dat de taesters ynlutsen wurde. Forskillen yn temperatuer fornimt er ek. Dochs, de rook driuwt him. Binammen - faeks allinne? - dy fan bûtersûr. Hy glydt oer it bibûtere mês, efterbleaun op it oanrjocht; hy sit triomfantlik boppe op de molkflesse; hy bireizget it breaboardtsje; hy bikliuwt it molkpantsje. Hoe biweecht er? Binne it net allegearre spieren dy't ril nei ril troch it glânzjende lichem driuwe? Hwat in prachtich dier. Mar dêrre rint hwat oer de flanken, rêd as wjerljocht. It is gjin weagjen fan syn hûd. It sil in parasytsje wêze, in minuskúl bistke, dat as in wetterskriuwerke sa fluch op dy neakenens swingt. Der binne mear en hoe is it mooglik dat hja op dat sjerpich útsjende oerflak dertene kunstriders wêze kinne? Slakken jowe lûd. Hja hymje soms en dan tinkt my dat hja in lytse hertforgreating hawwe. Guodlik sjogge hja en slûchslim. Ja, alderearst slûchslim en de triomfante snút dy't hja lûke kinne as it doel birikt is. Of it misledige air byhwannear't it har net oanstiet. Sâlt derop dwaen? Unmooglik. Hoeden los lûke, bûtendoar goaije dêr't it each net mear sjocht. Broer slak, adieu. It muoit my dat dyn illúzjes yninoar trûzelje. Ik fal dy ôf, mar sa is it libben. | |
[pagina 27]
| |
IIIDoe waerdstû in trien. Doe't biskaving de produksje fan dit fochte ûnmooglik makke hie en it nedich wie, doe waerdstû in trien. In swarte, fortrietlike trien, dy't iensum sipele oer iensum granyt yn it dûnkerst fan de nacht. Nacht dy't genedeleas ûntbleatet hwat fortroud is en fortroulik. Net it folsleine, mar it boarstene en eigene. De spjalt yn de muorre, de ôfblierjende ferve, de oast mei it imbesile gesichtsje, it spijt de wémoed út en it ropt dy op, dij, swarte trien. Trien dy't net dript, mar glydt, lûdleas troch de nacht, en fordwoun is mei it ljocht. Trien mei dêrop, o hún, fleurich parasitair libben. Weevjende wêzentsjes, sûnder sin, sûnder doel. Toanielspylder slak, swijende maskerspylder, dou bist it dy't it leed tôgest - of bringst. Bringstû it, slak? Tat tvam asi. Bin ik de trien dy't sinleas rôllet, dy't mei tabak en sâlt en leppe keard wurde moat? Mar triennen binne sâlt en dou kinst der hielendal net oer. Ik haw sjoen hoe't der in hiel lyts spatterke pikel torjochte kaem op de mantel fan dyn flank en hoestû dêrop réagearreste. Dou krompst yn inoar en wrongste dyn liif en der kaem in peareljende fochtedrip op dyn hûd to stean. It wie myn skuld, mar ik hie it net sa bidoeld en bûtendat kin it ek neat forhippe, hwant tûzenen fan dy wurde ynsâlte en de sinne giet op en giet wer ûnder en de rein falt en de sinne skynt en der wurdt peare en berne. Dou bernest in lytse, kleare drip, in wiere trien. Fansels, sa is it, mei sâlt earst wurdst wierwier trien. Dou bist allinne trien yn potinsje, gearballe trienformogen, gûlbom. As it sâlt lef wurdt hwer doocht it dan ta, as om weismiten en fan de minsken fortrape to wurden? Forheard frege ik my as jonge al ôf, hoe kin nou it sâlt lef wurde? Ik wist mar ien andert en dat om't ik beppe oan it wurk sjoen hie. | |
[pagina 28]
| |
En hwat in rotwurk. Sâlt fortrape! Dat koe net ienrls mear, as de slak der yn ûndergien wie. Dochs... As sâlt ta triennen wurdt, is it lef en hwa't skriemt fortsjinnet trape to wurden. En dan binne der de parasiten, dy't har formeitsje oer him. Hwa't trape wurdt en oer hwa't oaren har formeitsje, moat net skrieme. Dy is in grouwe, loaije slak, trije hûndert kear. Dy moat fiif meter nei boppen kladderje, trije hûndert kear en trije hûndert kear delsakje en dan... Soestû wol slakken meije?... dan bistriden mei tabak, mei sâlt en mei de leppe. En dan, tsjoep, yn de moddersleat. En dan... En dan? Dan... slak, SLAK, trek je horens in... |
|