Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 315]
| |
XI
| |
Wachtsje op wat komme kinNoch foar't de Kanadezen op 15 april 1945 Ljouwert ynkamen, wienen de mannen fan 'e Binnenlânske Striidkrêften al mei it oppakken fan kollaborateurs begûn. nsb-ers en ‘moffenmeiden’ waarden triomfantlik nei plysjeburo's brocht. Yn dy earste rite nei de befrijing koe elkenien, dy't it mei de Dútsers hâlden hie, sa'n besite ferwachtsje. Op 16 april kamen bewapene bs-ers ek om Brolsma. Frou, dochter en pakesizzer seagen hoe't er ophelle waard. Brolsma waard fêstset yn 'e kristlike skoalle fan Wurdum. Nei alle gedachten ferrûn dat opheljen fan Brolsma net sûnder publike belangstelling. Jantsje warskôge har broer Liuwe. Doe't dy yn Wurdum by de skoalle kaam, hienen se syn heit krekt wer gean litten. Neffens Brolsma wie er ‘forstannich en mei myldens’Ga naar voetnoot833 ferheard. It hie in konfrontaasje west, dy't er al langer as in jier yn 'e mjitte sjoen hie. Doe't er nei bûten kaam en Liuwe seach, wie er ‘tige oerstjûr en blier’.Ga naar voetnoot834 Dy jûns gienen hy en syn frou mei Liuwe nei Grou ta om dêr wat te bekommen fan wat wol ien fan harren tsjusterste mominten west ha moat. De lêste oarlochswinter wienen de Brolsma's ek al net sûnder problemen trochkommen. Nei't Brolsma wer wat better wie, waard syn frou siik. ‘Gefaerlik liket it ús hast net ta, mar hja is tige sleau | |
[pagina 316]
| |
en binammen mei sa'n dei as hjoed oanienwei sniestoarm.’ Dat boadskip stjoerde Brolsma dêroer nei Liuwe en de frou. ‘Fjirders gjin nijs. It Borniapark is sawat alhiel omkappe en it “Stroodak” is ek frijwol keal. Us hout is op mar ik haw noch in dubelde ljedder, in behangtafel en in ledikant, dat feech ik allegear kapot as it moat.’Ga naar voetnoot835 Jantsje wie, nei't se yn oktober in jonkje (Doe Jacob Reinder, meast Jacky neamd) krigen hie, wer thús kommen. Har man siet yn Dútslân en de omstannichheden wienen yn Goutum helte better as yn Rotterdam. Tusken har en har mem wienen yn dy tiid in soad spanningen. Jantsje gie doe mei har jonkje in skoft nei de muoikes yn Stiens om sa wat rêst yn 'e húshâlding te bringen. De benearjende perioade einige mei de ynkomst fan 'e Kanadezen en it opheljen en wer frijlitten fan Brolsma. Ynearsten like dêrmei it slimste foarby. Brolsma koe der lykwols net gerêst op wêze dat it dêr by bliuwe soe. Kalma, Kiestra, Sybesma en oare maten fan 'e Fryske Rie waarden oppakt en fêstset. It wie lang n't wis, oft se him fierder gewurde litte soenen. Doe't Liuwe him by in besite ûntfalle liet dat er soks net ferwachte, makke dat de ûnrêst namste grutter en rekke de húshâlding yn 'e lytse loege.Ga naar voetnoot836 Wylst elkenien de befrijing fierde, begûn foar Brolsma it wachtsjen. Hy moast him ôfsidich hâlde en koe allinnich mar hoopje dat de gefolgen fan syn pro-Dútske hâlding net al te slim útfalle soenen. Dat wachtsjen op wat mooglik noch barre koe, joech ek wer spanningen tusken man en frou. Jantsje har man, Jan Kaptein, kaam sûn werom út Dútslân. Dy maitiid fan 1945 hie er alle gelegenheid syn skoanâlden te observearjen. Brolsma wie stil en mankelyk, syn frou fitere him oan en hie in bulte krityk op syn hâlden en dragen. Dat wie neat nijs, neffens Liuwe gie it de lêste pear jier net oars. It wie de reden dat er ‘nea mei plesier’ mear yn Goutum kaam, ‘Altiten wier der wol hwet en | |
[pagina 317]
| |
[dat] scil ek wol sa bliuwe. Kom der tonearsten ek net wer.’Ga naar voetnoot837 Yn july gie Jantsje mei man en bern werom nei Rotterdam. Brolsma skreau oan Sjoerd Sipma: ‘Sadwaende binne wy mar mear togearre en hawwe in moaije rêstige simmer, det for de frou ek tige needsakelik is, oars bekomt hja de krêften net wer.’Ga naar voetnoot838 De Brolsma's hienen doe ek de âldste soan, Ulke, op besite hân, dy't se mear as in jier net sjoen hienen. Hy wie mei de boat fan Amsterdam nei Inkhuizen reizge en op 'e fyts yn Goutum kommen. Syn frou ferwachte in bern en wie yn Amsterdam bleaun. By 't simmer krigen de Brolsma's in skoftsje in evakuee, in frouBrolsma mei pakesizzer.
fan 56 jier. Har man wie in nsb-er, dy't yn in kamp siet. Frou Brolsma skreau oan Jantsje: ‘Het minste is, wij hebben allebei geen werk want zoo groot is het huis niet en ze houdt niet van lezen en dan Staat de verveling haar op het gezicht te lezen. Nu ik kan me ook niet de heele dag met zoo'n mensch bemoeien. Wat zij te dragen heeft kan ik totaal niets aan doen.’Ga naar voetnoot839 Brolsma ferbrocht de tiid op in oare wize: ‘Iksels bin optheden by in túnker oan 'e Himpenserdyk, dy het wol in pearhûndert reade beibeammen en as de klanten sels net ploaijtsje dan kinne se neat krije. De greate bern wolle net, hwent der binne gjin ijskos en sigaretten to keap. Greaten kinne gjin deihier barre, derom besteed ik myn ledige tiid der mar oan, it is ommers in griis net?’Ga naar voetnoot840 | |
[pagina 318]
| |
SuveringOer de takomst wie Brolsma twaslachtich. ‘Ljeafst woe ik, det hja my fierders mar gewirde litte en my, de frou en ik, yn frede de âlde dei slite litte. As it jild syn wearde hâldt dan kinne wy ús wol rêdde en hoege net wer oerstjûre tafrielen to belibjen. (...) Der is lokkich ek folle goeds op to merken en men scoe soms ek graech wer mei arbeidzje wolle as it nou werklik mûlk is det alle ald skeel forgetten wirdt.’Ga naar voetnoot841 Dat ‘âlde skeel’ wie lykwols net samar fergetten. Al foar de befrijing hie de Fryske beweging betocht hoe't it nei de oarloch fierder moast. Dêr wienen rapporten oer útbrocht en op 'e earste bewegingsdei nei de befrijing, 26 maaie 1945, kaam dúdlik nei foaren dat de lju net werom woenen nei de situaasje fan foar 1940. Yn syn redejoech Ds. J.J. Kalma dejingen dy't meidien hienen oan 'e Fryske Rie noch in reis. Neffens him hie de nije beweging gjin ferlet fan dy ‘folkske’ mannen. Kalma sei: ‘Oer det wird “folksk” mei Brolsma den in “petear op 'e brêge” skriuwe, mar hy scil der gjin H. Sytstra-Goedewa[a]gen-priis mei fortsjinje.’Ga naar voetnoot842 Kalma, Sybesma en Van der Molen waarden ek oanhelle. Sokken hienen neffens de dûmny gjin plak mear yn 'e Fryske beweging, of se moasten ta ynkear komme. It Militair Gezag hie in list makke fan foute ferieningen en ynstânsjes, dy't útsuvere wurde moasten. Dy list waard troch de lieding fan 'e Fryske beweging oernommen. In organisaasje dy't net op 'e list stie, setten Ds. Kalma en syn mannen der by op: De Fryske Rie fan Saxo-Frisia. It waard oan 'e ûnderskate selskippen oerlitten om de suvering fan 'e leden troch de fieren. It Frysk Selskip die dat mei faasje. De Mienskip, sûnt de tritiger jierren in krite fan it Selskip, waard opheven. Formeel omdat it gjin kontribúsje mear betelle hie, mar werklik om't de krite fol sitte soe mei foute leden. It like in goede manier om daliks fan mannen as Kalma en Sjoerd Sipma ôf te kommen. It bestjoer fan 'e afûk wie fan betinken, dat mei it | |
[pagina 319]
| |
opheffen fan 'e Mienskip, ek de bestjoerssitten fan beide mannen ferfoelen. Dêrmei gie it Selskip foarby oan 'e selsstannichheid dy't de Mienskip - ek as Krite - behâlden hie. Dat optreden fan it Selskip waard de oanlieding ta in bulte tsierderij, dy't it glorieus wer út ein setten fan 'e Fryske beweging frijwat bedoar. Yn novimber 1945 waard de Jongfryske Mienskip op 'e nij oprjochte. Ynearsten bestiene de leden út persoanen, dy't min ofte mear belutsen west hienen by de Fryske Rie en net in plak krije koenen yn oare
Frou Brolsma mei Jacky Kaptein.
bewegingsrûnten. Sybesma, Kiestra, Van der Molen sieten noch finzen, mar Douwe Kalma, dy't fjouwer moanne yn in kamp sitten hie (en him úteinlik net foar in tribunaal hoegde te ferantwurdzjen) wie wer frij. It wienen benammen de minsken fan 'e Mienskip, Kalma foarop, dy't de morele aspekten fan 'e suvering troch de Fryske beweging oan 'e oarder stelden. Hie de hiele Fryske beweging net ‘fout’ west? Bygelyks troch by it ‘Wird oan de Friezen’ út te gean fan gearwurking mei de Dútske oerheid? Hie de afûk net subsydzje oanfrege by in ferkeard departemint en dat jild ek net gewoan brûkt? Hienen de lju om de Bibeldei yn 1943 mooglik te meitsjen, gjin konsesjes dien oan 'e Dútsers? Hokker rjocht hie dy beweging dan om oer oaren te oardieljen? Dat wienen fragen, dy't de Mienskip de oare leden fan 'e beweging foarhâlde. It wienen pynlike fragen, dy't troch in man as Fedde Schurer lilk ôfdien waarden as ‘machteleaze selssuvering’.Ga naar voetnoot843 By it op 'e nij oprjochtsjen fan 'e Mienskip waard Brolsma net belutsen en hy woe der ek net wer oan meidwaan. Oan Bonne Dykstra, dy't him dêrta útnoege, skreau er dat er om syn sûnens ‘alle aksje mije’ moast ‘sawol as datjinge dêr't aksje út fuortkomme kin’. En, sa skreau Brolsma der by, ‘myn frou is de gefolgen fen de | |
[pagina 320]
| |
beroerde tiden dy't wy belibbe hawwe ek noch lang net to boppe kommen en winlik mar hwet gammel’. Brolsma wie fan betinken dat it ek net sa ferstannich wie om in man as Ds. Kalma, mei wa't ‘hja oan de oare kant forlegen binne[,] op 'e nij in wapen yn hannen to jaen tsjin ús?’Ga naar voetnoot844 Mooglik hat Brolsma de hoop hân, dat as er ôfsidich bleau, alles fansels wer gewoan wurde soe. | |
PublikaasjeferbodYn maart 1945 hie it Militair Gezag him útsprutsen oer de Kultuerkeamer. Elkenien, dy't lid west hie - om wat foar reden dan ek - soe foar koarte of langere tiid straft wurde moatte. De suvering waard oerlitten oan ‘ereraden’. Foar letterkunde bestie dy út 'e skriuwers Bordewijk, Nijhoff, Tergast, Tielrooy, Defresne en Hellinga. Yn juny 1945 waard in list opmakke fan alle skriuwers dy't mei tastimming fan 'e Kultuurkamer publisearre hienen. Fryske skriuwers op dy list wienen: Paulus Akkerman, Reinder Brolsma, Abe Brouwer, Watze Cuperus, Ypk fan der Fear, P. de Jong, Douwe Kalma, Douwe Kiestra, A. Meester-de Vries, S.J. van der Molen, Y.C. Schuitmaker en R.P. Sybesma. Al dy skriuwers krigen yn alle gefallen in publiskaasjeferbod oant 5 maaie 1946. Guon krigen in langere straf om't der ferswierjende redenen by kamen. Meastentiids waard in skriuwer net oproppen om foar de earerie te ferskinen. Foar safier't dat nei te gean is, is dat ek by Brolsma net bard. Hy hat syn fûnis oer de post krigen. Yn in groepsfûnis fan 18 septimber 1945 waard it neikommende oer him oardiele: De Ereraad voor de Letterkunde is van mening dat letterkundigen, die in de bezettingsjaren prijzen hebben aanvaard, hetzij van het door de ‘nieuwe orde’ ingestelde Departement van Volksvoorlichting en Kunsten dan wel van nationaal-socialistische en/of ‘deutschfreundliche’ uitgeverijen op geestelijk gebied schromelijk zijn tekortgeschoten tegenover hun vaderland. Zij hebben door langs deze weg medewerking en dus gezag te verlenen aan de bedoelde instellingen, de vijandelijk propaganda direct gevoerd of bevorderd. Te ernstiger acht de Raad een dergelijke prijsaanvaarding in de jaren 1943 en volgende, omdat toen het streven van Duitschland en zijn handlangers hier te | |
[pagina 321]
| |
lande naar een volledige geestelijke knechting van ons volk t.b.v. vijands gewelddadige machtsuitbreiding, voor een ieder reeds meer dan duidelijk was. De raad is daarom van oordeel dat de letterkundigen voor een tijdvak lopende tot 1 november 1946 ten eerste dienen te worden uitgesloten van iedere publicatie hetzij van oorspronkelijk dan wel vertaald werk alsmede van het samenstellen van bloemlezingen (...)Ga naar voetnoot845 Under it fûnis stie dat ‘zij door publicatie van deze uitspraak in dagblad en tijdschrift ook in het openbaar zullen worden gelaakt’. In algemien berjocht oer dat fûnis is lykwols nearne te finen, dus oft soks bard is, bliuwt de fraach. Brolsma is, oars as bygelyks Schuitmaker, net yn berop gien tsjin de útspraak. Sines wie ek in mylde straf. Kalma mocht bygelyks oant 1 april 1953 net publisearje. Dochs hie it foar Brolsma serieuze gefolgen. Hy koe mear as in jier syn berop net útoefenje en moast tarre op syn pensjoen en de hierynkomsten fan harren beide wenningen.Ga naar voetnoot846 | |
Boun fan Fryske KunstnersYn 1942 wie it Boun fan Fryske Kunstners ferbean. By de weroprjochting yn 1945 noege it bestjoer alle leden yndividueel út om wer lid te wurden. In tal âld-leden, bygelyks Brolsma en S.D. de Jong, krigen mei sin sa'n útnoeging net. It bestjoer, besteande út E.B. Folkertsma, Paulus Folkertsma en Bauke Tuinstra, brocht yn novimber in list nei bûten fan 'e leden dy't ‘yn it publike belang’ gjin lid wurde mochten. De oare leden waard frege oer dit útstel ‘jimme bitinken’ te jaan. Oer Brolsma waard sein, dat er ‘tonearsten gjin lid fen it Boun wêze [koe] om it oannimmen fan 'e Harmen-Sytstrapriis en om it publike karakter dat dêr mei syn witten oan jown is.’Ga naar voetnoot847 Opfallend wie, dat de suvering trochfierd | |
[pagina 322]
| |
waard troch in man as Tuinstra, dy't lid fan Saxo-Frisia west hie. It publikaasjeferbod, oplein troch de Ereraad, liket by it berie gjin rol spile te hawwen. Guon skriuwers, bygelyks Kalma, Sybesma en S.D. de Jong mochten noait wer lid wurde, by Brolsma koe dat nei ferrin fan tiid wol wer. Op 'e gearkomste fan it Boun op 28 desimber 1945 waarden de reaksjes op it útstel besprutsen. Fan Obe Postma wie in brief ynkommen, dêr't er it foar Brolsma opnaam: Sûnder dêrmei sizze to wollen, dat ik fierder alheel mei Jimme foarstel mei gean, soe ik sizze wolle, dat ik der tsjin bin Brolsma fen it Boun ôf te snijen. Doe't hy dy Harmen Sytstra priis oannaem, koe it noch bêst sa opfette wurde, dat it údooyjen in bileanjen fen werkelike letterkundige fortsjinsten bitsjutte. Ik leau ek net dat ik ea fen B. hwet lêzen haw, dêr't in Dútskgezindheid út spriek.Ga naar voetnoot848 E.B. Folkertsma wie net ûnder de yndruk fan it brief. Brolsma hie neffens him witte kinnen, dat de priis fan in kant kaam, ‘dy't net to bitrouwen wie. Trouwens Br. is warskôge’. Yn 'e diskusje die bliken, dat Willem Kok it mei it bestjoersútstel iens wie, al muoide it him om Brolsma sels. Hy woe, dat Brolsma in ferklearring foarlêze soe. Dêr wie dúdlik al mei him oer praat, mar Brolsma woe dat net. Hy woe net as ‘kweajonge’ behannele wurde. Der wie wol in soad sympaty foar syn gefal, mar neffens Schurer koe men dat net as útgongspunt by it suverjen brûke. Abe Brouwer neamde noch dat Brolsma ‘de lêste jierren yn angstpsychose’Ga naar voetnoot849 libbe hie. By einbeslút waard it bestjoersútstel oannommen en bleau Brolsma ynearsten bûten it Boun. Letter is er wer oannommen, spitigernôch is ûnbekend op hokker wize soks bard is. De diskusje yn it Boun fan Fryske Kunstners rekke Brolsma tige. It hat foar him ûnmooglik west, him iepentlik te ûntskuldigjen foar syn hâlden en dragen yn 'e oarloch. Hy sil wol fûn ha, dat er net yn alles goed hannele hie, mar om dêr foar it front fan syn kollega's mei te kommen, woe er net. Hy hat ek miend dat er eins ûnskuldich wie, oars wie er ommers nei syn arrestaasje net daliks wer frijlitten? It wie dus allegear wol tafallen. In probleem wie ek, dat de lju dy't no sa strang en triomfantlik dienen, yn 'e oarloch him mei de priis | |
[pagina 323]
| |
felisitearre hienen of yn elk gefal warber bleaun wienen yn bewegingsrûnten. Sa suver wienen dy dus ek net. As reaksje skreau er in ballade oer hoe't ‘it skriuwers dy't net suver binne op 'e wrâld forgiet’. Brolsma sei fan fan himsels: Sa'n tûzen blauwe skriften hie er fol Oer syn arrestaasje skreau er: Der kaem in rop fen ‘mei, mei, him, mei, mei! en hy is gien It fers stjoerde er nei Jan Piebenga, mei de meidieling ‘yn goedens’.Ga naar voetnoot851 In reaksje fan Piebenga is net bekend. In twad fers, dat er yn dy snuorje skreau, wie ‘Klachte’. It lit Brolsma syn tinzen oer de suvering ek moai dúdlik útkomme. Mar... is it sa -, het hy gânsk libbensjierren oer, | |
[pagina 324]
| |
Mar sont dy tiid woe nimmen mear gedoente mei him ha Ynjannewaris 1946 bejoech er him dochs yn ‘suver’ selskip en gie nei de ledegearkomste fan De Fryske Bibleteek. Hy wie net in bytsje ferromme, doe't er fernaam dat de oanwêzigen ‘allegear tige flot’ dienen. De foarsitter [Boomgaardt] fûstke sels mei my en ynsgelyks frou Rienks-Wallinga, ‘ho it mei my gie esfh’. Bauke Tuinstra wie der en Hein Faber (...) Ulbe van Houten dêr't ik mei yn petear kaam. Fierders siet âlde O. Postma der oan de oare kant. Marten Scholten en mear soks, Visser fan Britsum. (...) Bauke T. het efkes los west oer de honoraria, dy moasten foaral net wer ôfsakje nei it foaroarlochse peil, hy sei it nochal skerp en hja foelen him ek noch op 'e lea. Mar gelyk hie er.Ga naar voetnoot853 Optein skreau er oan syn dochter: ‘Men was blijkbaar met mijn komst ingenomen, de stemming liet niets te wensen over (...).’Ga naar voetnoot854 | |
KrantenNei de befrijing feroare ek op it med fan 'e kranten in soad. De Leeuwarder Courant en it Leeuwarder Nieuwsblad waarden ferbean om't se belutsen wienen by de útjefte fan 'e Friesche Courant. De oare Hepkema, it Nieuwsblad voor Friesland, krige ek in publikaasjeferbod om't it oant de befrijing trochgien wie mei ferskinen. Op 't Hearrenfean kaam sûnt april 1945 de Heerenveensche Koerier út en yn Ljouwert de Leeuwarder Koerier, beide útjeften fan 'e stifting Je Maintiendrai, dy't yn 'e oarloch begûn wie mei in yllegaal krantsje. Foar de kranten waarden de printerijen fan 'e beide ferbeane kranten nadere. Yn 'e redaksje fan 'e Leeuwarder Koerier waarden Witsen Elias, J.J. Kalma en Jan Piebenga opnommen. Op 't Hearrenfean foarmen Sj. van der Schaaf en Fedde Schurer de redaksje. Brolsma | |
[pagina 325]
| |
folge de ûntwikkelingen fan syn eardere kranten mei oandacht. Oan Sjoerd Sipma skreau er oer ds. Kalma: En, dy't men leaver net sjucht het men alle dagen for eagen hwent de great dominé [J.J. Kalma] fytst hjir steedsoan [fan Wergea nei Ljouwert] forby en moarns by 't molkheljen moetsje ik him ek noch wolris. Fansels, wy bistânne net for elkoar mar de dyk is sa beroerde smel. Ho't dy man de hiele dei fen moarns 9 oant jouns fiif ûre by de krante ynein krijt, is my in riedsei mei soms de sneon der noch by. En it stiet to frezen, det de lêzers him der ek net iens tankber for binne. Men heart krasse krityk.Ga naar voetnoot855 J.J. Kalma rekkene Brolsma oars net ta de swierdere gefallen. Hy wie neffens de dûmny ‘ien dy't fouten bigien hawwe, mar dy't nei forrin fan tiid gjinien mear bûten de biweging keare sil.’Ga naar voetnoot856 Yn juny 1946 hâlde de Commissie voor de Perszuivering him dwaande mei de ferbeane Fryske kranten. Brolsma die dêr ferslach fan oan syn dochter: Verleden week is de directie en redactie van de Friese Courant en de Hepkema voor de perszuivering geweest in Den Haag. De eis tegen Sprenger [eigener fan de Leeuwarder Courant] luidde 15 jaar ontzegging als uitgever van de krant. Hepkema 18 jaar. Hof 1 jaar. (...) Ik ben niet eens opgeroepen en dus vrij gesproken. Zelfs beriep de advocaat van Sprenger, Mr Westerling (...) zich nog op de Gespr. op de brug van Brolsma om aan te tonen dat de Friesche Courant wel gezien was bij alle lezers. Is dat niet echt?Ga naar voetnoot857 J.J. Hof wie sûnt de befrijing al wer aktyf. Mei J.K. Dykstra hie er de redaksje fan it wykblêd Frysk en Frij, dat begûn wie as yllegale krante. It waard sjoen as de opfolger fan Sljucht & Rjucht. Hof wie it, dy't Brolsma wer nei foaren helle, al wie dy syn publikaasjeferbod noch net foarby. | |
[pagina 326]
| |
Lang net elkenien, benammen net yn Fryslân, hâlde him oan dat ferbod. Ypk fan der Fear bygelyks hie fuort nei de oarloch al in rubryk yn it Friesch Dagblad ûnder de skûlnamme Frou X. It nije Fryske tydskrift De Tsjerne soe wurk fan Douwe Kalma opnimme, fier foar't dy syn termyn foarby wie. ‘Mar sil men jin yn Fryslân nou wier noch biroppe op in publikaesjeforbod fan in Hollânske “Ereraad”,’ wie Tamminga fan betinken yn 1948, ‘dy't de forhâldingen to uzes inkeld fan hearren en sizzen koe en dy't hjoeddeis yn Hollân sèls al lang ta de antiquiteiten biheart?’Ga naar voetnoot858 Op 10 maaie 1946 begûn yn Frysk en Frij in ferfolchstikje fan Brolsma oer in Frysk fanke, dat fereale west hie op in Kanadeeske soldaat en net folle mear oan Fryske manlju fûn. Fjirtjin dagen letter begûn in twad ferfolchstik oer Age, dy't in kar dwaan moat tusken in kreaze kantoarbaan en de frije hannel, dêr't er yn 'e oarloch sa'n jild mei fertsjinne hie. Hof wie wol tefreden oer dy publikaasjes. Hy helle in ‘kristlik ûnderwizer’ oan, dy't him skreaun hie, dat er ‘lyk as jo ek fan 't suverjen frijhwat mislik [wie]. En as jo kâns sjogge om B. troch dizze wei wer oan it Fryske folk werom to jaen, dan neam ik dit ien fan jou greatste fortsjinsten. Wis, Brolsma is wolris mis west (hwa net fan uzen?), mar syn “mérites” foar Fryslân binne to great om him nou mar foargoed yn in forgetten hoekje to wâdzjen of lizze to litten.’ In oare lêzer tocht der lykwols hiel oars oer. Hy hie it oer Brolsma as ien dy't ‘eartiids fen de Dútske barbaren in medalje oan doarst to nimmen en dy fjidder fen dy ljeave stikjes yn de Friesche Courant skreau, no ek al wer yn Frysk en Frij begjint to moaipraten. Ho kin dit no? Begjint Frysk en Frij ta det soarte fen skreawers ôf to sakjen? Ik kin net forneare, det ik in krante lês, hwer ik sok soarte fen nammen yn sjoch, tominsten as it fêst is, det Brolsma Dútsk gesint wier.’Ga naar voetnoot859 Foar Fedde Schurer wie de tiid fan fermoedsoening ek noch net kommen. Hy skreau yn syn eigen krante sterk negatyf oer it op 'e nij publisearjen fan Brolsma, dy't ‘oft der nea in oarloch, in Goedewa[a]gen noch in Harmen Sytstrapriis west hiene, bigjint to | |
[pagina 327]
| |
fortellen oer... in Kanadees. As ien en oar net as in folsleine útdaging miend wie, tsjûge it net fan goede smaak.’ Hwat it gefal Brolsma oangiet, wy sille de lêsten wêze om to winskjen dat immen foar in forsin, in flater of in lefheit yn oarlochstiid bigien libbenslang in paria en in merkbitene bliuwe moat. Mar hwat Fryslân foar it minst fan Brolsma forwachtsje mocht wie dat hy, dy't him iepenlik mei sang en klang huldigje liet troch de feinten fan Hitler, like iepentlik sei hoe't it him nou moeit en hoe biroerd er it efterôf fynt. Dêr sit neat fornederjends yn, it soe de man dy't it die inkel mar earje. En dan hiene wy mei wille wer nei Brolsma harke, sûnder wrok of wearaksel. Elk makke misse setten op syn tiid: hwat is der op tsjin dit to erkennen? It wol ús net oan dat de knibbels dy't yn 'e bisettingsjierren sa linich wiene nou ynienen sa stiif wêze soene.Ga naar voetnoot860 Yn dit stik fan Schurer klinkt de diskusje oer it suverjen fan Brolsma by it Boun fan Fryske Kunstners noch nei. Oft Brolsma it stik fan Schurer lêzen hat, is net bekend, mar nei alle gedachten hat er der wol aan fan hân, dat net elkenien him syn ferline al ferjoech. Underwilens wie Hof syn wurk by Frysk en Frij kwytrekke. Sa't er oer de suvering fan 'e parse skreaun hie, waard him sa kwea-ôf nommen dat er net oanbliuwe koe as redakteur. Hof rekkene derop, dat de nije redaksje Brolsma net op 'e nij ‘útbalje soe’.Ga naar voetnoot861 Dêrnei skreau er twa brosjueres oer de kranten yn oarlochstiid, dy't Brolsma ek oan syn dochter opstjoerde. ‘De bedoeling is om aan te toonen dat de illegale voormannen eigener beweging en uit eigen belang de tijdelijke voorzieningen hebben omgewerkt tot blijvende door te werken met de Jemaintiendrai beweging. Misschien kan het leiden tot revisie.(...) Mijn naam wordt trouwens in de brochure nergens genoemd.’Ga naar voetnoot862 Op 1 novimber 1946 mocht Brolsma wer publisearje. It hie al bliken dien dat Jan Piebenga him wol bij de Leeuwarder Koerier behelje woe. Yn augustus frege Piebenga al om in ‘fortroulik petear’.Ga naar voetnoot863 Hy woe him ha foar it ‘saneamde lichte, forheljende, folksaerdige en | |
[pagina 328]
| |
faken ek humoristykse spul.’Ga naar voetnoot864 Brolsma hie lykwols ek al wer kontakt hân mei J.J. Hof en oaren fan 'e Hepkema, dat mei gauwens wer ferskine soe. Liuwe Brolsma skreau oer de situaasje: ‘J.P.[iebenga] fjuchtet om ús heit by de Leeuwarder Koerier te krijen, ûnthjit fan alles. It scil my nij dwaen hwat hy docht.’Ga naar voetnoot865 Yn jannewaris 1947 skreau Brolsma oan syn dochter dat der no trije blêden belangstelling foar him hienen: It Nieuwsblad voor Friesland, It Heitelân (‘Prof. Brouwer schreef mij om medewerking’) en by de Ljouwerter ‘willen ze af en toe ook wel een schets.’Ga naar voetnoot866 Om't it sa lang duorre ear't de nije Hepkema wer ferskine mocht, koe Brolsma mar gjin kar dwaan. Yn febrewaris kaam Piebenga op besite yn Goutum om him te bepraten. Brolsma syn kar foel dochs op it Nieuwsblad voor Friesland, grif út loyalens oan Hof, dy't him wer oan publikaasjemooglikheden holpen hie. Boppedat wie Brolsma wat skruten wurden, hy doar net sa bêst mear oan wat nijs te begjinnen. Ek woenen se by it Nieuwsblad graach wer fierder gean mei de ‘Gesprekken op de brug’ en dêr hie Piebenga it net oer hân. Al mei al wie it ek net sa'n drokke baan. De krante kaam mar trije kear wyks út en Brolsma hoegde lang net alle dagen te wurkjen. Hy fertsjinne ƒ50, - yn 'e wike. ‘En als hij minder wordt of niet meer kan,’ skreau syn frou, ‘dan krijgt hij 65% van zijn loon. (...) Dat gaat nu met maart al in. We kregen anders ƒ100,- in de maand nog en nu ruim 2x zoveel, dat is een prestatie niet, haast 65 jaar en dan nog twee man omje komen. Dat zal jullie ook wel aanstaan.’Ga naar voetnoot867 It earste nûmer fan it nije Nieuwsblad voor Friesland ferskynde op 2 maaie 1947, mei op 16 maaie wer in petear op 'e brêge. Fan 24 juny 1947 ôf wie Brolsma, neffens syn parsekaart wer yn funksje as ‘correspondent-verslaggever’. | |
[pagina 329]
| |
Minder populêr?Yn 1947 publisearre E.S. de Jong in enkête oer de wurdearring foar Fryske boeken. Hy hie benammen lêzers út protestantsk-kristlike rûnten yn it ûndersyk behelle. Yn 'e koarte perioade nei de besetting wienen der suver noch gjin nije Fryske boeken útkommen, dat de measte lêzers neamden elke kear wer deselde, al wat âldere boeken. Ulbe van Houten wie by de lêzers fierwei it meast populêr, folge troch Haisma en Kloosterman. Brolsma stie op it fjirde plak, folge troch Abe Brouwer, Paulus Akkerman en Watse Cuperus. De sûnde fan Haitze Holwerda waard wurdearre as it moaiste boek, It Heechhôf stie op it sânde plak. Dat lege plak fernuvere de ûndersiker. ‘Soe Brolsma's impopulariteit sûnt de bisetting der skuld mei oan ha? Ut navenant in hopen antwurden moat men dat hast wol tinke.’ Ek yn it listke mei boeken, dêr't de lêzers it faakste yn hingjen bleaun wienen, figurearre Brolsma: Groun en Minsken stie op it tredde plak, nei boeken fan Abe Brouwer en Watse Cuperus. In timmerman fan 36 jier ferklearre, dat er dat boek ‘ferskriklik’ fûn en ‘ien fan de gemienste Fryske boeken’. Brolsma hie neffens him ‘it ûnder de dúm skimpen sa hiem’, en hy feroardiele syn boeken ‘ta de brânsteapel (...) it is my njirrebrôd’.Ga naar voetnoot868 Yn 'e enkête wie wol wat te fernimmen fan in religieuze iensidigens. It wie ommers sa, Brolsma waard troch dy groep lêzers nea botte heech set. Bûten syn hâlden en dragen yn 'e oarloch om, hie Brolsma ek te krijen mei krityske lûden oer syn wurk. De nije generaasje besprekkers wurdearre Brolsma wol, mar seach him tagelyk as in master, fan wa't se net folle mear leare koenen. Sy fielden har de avantgarde, dy't alles oars dwaan woe. Marten Sikkema wie ien fan 'e earsten, dy't Brolsma teplak setten as in skriuwer fan ‘provinsiale kunst’, al moast er tajaan dat er yn Fryslân - mei Kloosterman, Haisma en Van Houten - op heech nivo stie. Sikkema moast neat fan 'e ‘Brolsma-metoade’ hawwe. ‘Mei in bytsje oerdriuwen soene men sizze kinne dat hja [Brolsma syn romanfigueren] as ûnbe- | |
[pagina 330]
| |
weechlike fegueren op 'e eftergroun fêstlein binne, en dat op dizze wize eftergroun-mei-fegueren ta foargroun waerd.’ Brolsma syn wurk miste neffens Sikkema ‘alle spanning’ en wie foar ‘de Fryske kunst(...)al to biheind.’Ga naar voetnoot869 Fedde Schurer hie yn 1946 de ‘bining’ tusken de Fryske literatuer en de Fryske beweging as ‘forbritsen’ ferklearre. Schurer rekkene himsels - hast fyftich - likegoed ta de jonge generaasje en soks is dúdlik te fernimmen yn syn krityske opmerkingen oer Brolsma syn wurk. Hy neamde dat ‘reedlik realisme’, sûnder ‘fordjipping’ of ‘trêdde diminsje’. In boek fan ‘geastlike striid en oerwinning’ hie Brolsma neffens Schurer nea skreaun. Fergetten wienen de positive besprekken dy't ek Schurer oer him skreaun hie. Schurer koe him de minsken út it ûndersyk fan E.S. de Jong, dy't Brolsma net útlêze koenen ‘skoan bigripe’. Brolsma siet neffens him fêst oan ‘in oerlibbe provinsialisme’ en Schurer bewûndere nije skriuwers as Abe Brouwer en Harm Lodewyk, dy't teminsten noch besochten om ‘de grinzen fan it lyts realisme to trochbrekken.’Ga naar voetnoot870 Anne Wadman sette him ek tsjin Brolsma ôf. Neffens him besocht Brolsma de ‘forgiene of forgeande wurklikheit’ fan Fryslân as boerelân ‘fêst to hâlden’. Syn wurk wie dêrmei ‘de wjerslach fan in ylluzy, fan in forlerne dream: it Fryslân fan pake en beppe, en fan ús âlden ek noch’. Wadman, goed 26 jier âld, woe oare literatuer skriuwe as syn foargongers en hy seach it wurk fan Brolsma yn dat ljocht. Dochs hie Wadman ek grut respekt foar Brolsma syn wurk. Hy bewûndere him om syn ‘milieubeskriuwingen’ en ‘de libbenens en rakens fan de petearen’. | |
RichtYn 'e simmer fan 1945 makke Brolsma it hânskrift fan syn tredde Heechhôfboek ôf. Hy hie de hoop dat Jantsje it úttipe koe, mar dy gie rillegau wer nei Rotterdam. Doe't er by de gearkomste fan De | |
[pagina 331]
| |
Fryske Bibleteekyn 1946 útjouwer Brandenburgh trof, frege dy nei syn nij boek. ‘Ik sei,’ skreau Brolsma oan Liuwe, ‘der moat hiel hwet mear foar komme as froeger.’ Brandenburgh hie andere: ‘Wy rêde it altyd hwent ik wol it hawwe as 't hwet kin.’Ga naar voetnoot871 Liuwe krige it manuskript te lêzen en hy stelde in tal feroaringen út. Doe't Brolsma dy ferwurke hie, stelde Liuwe fêst, dat it boek ‘better as foarhinne’ wurden wie. Nei't Brandenburgh it hânskrift lêzen hie, kaam dy mei it útstel it boek ‘Richt’ te neamen.Ga naar voetnoot872 Om't papier noch altyd krap wie, duorre it eefkes ear't Brandenburgh it boek útbringe koe. It kontrakt waard sletten op 25 maaie 1947. De oplaach soe 5000 oant 6000 eksimplaren wurde, wol in bewiis dat Brolsma noch tige populêr wie. Oan elk ferkocht boek fertsjinne er 1,25% fan 'e ferkeappriis. Ofpraat waard ek, dat Brandenburgh de oare beide boeken út 'e rige werprintsje soe. De trije boeken ferskynden - mei omslaggen fan Evert Caspers - ein 1947. De tekst fan Richt wie behoffene en neffens Liuwe Brolsma wie it boek dêr ‘minder fan wirden’.Ga naar voetnoot873 It is ûnbekend wa't it boek foar Brandenburgh ûnder hannen hân hat, it manuskript is net bewarre bleaun. Lykas altyd, waard it boek opnommen yn it abonnemint fan De Fryske Bibleteek. Yn Richt pakt Brolsma it ferhaal oer Bokke en Richt wer op dêr't It Aldlân einige. Om't se net op 'e Bleinsmapleats bliuwe kinne, ferfarre de jongelju mei Jan en Folkje Brúnja nei in fûraazjebedriuw yn Ginnum. Bokke hannelet mei de boeren, Richt stiet yn 'e winkel. Dêrnei ferfarre Bokke en Richt (sûnder de âldelju, dy't hielendal út it ferhaal ferdwine) nei in pleats earne by Snits. Brolsma hat dêr de pleats fan 'e Kiestra's dêr't er yn 1934 op besite west hie, as foarbyld foar brûkt.Ga naar voetnoot874 Syn wettersport-ûnderfiningen koe Brolsma yn dat | |
[pagina 332]
| |
part fan it boek ek goed kwyt. Troch in dûmny, dy't de beide jongelju tagedien is, krije se in nije pleats mei bêst lân en fee. Midden yn 'e krisisjierren krije Richt en Bokke de fuotten wer ûnder it gat. Ta beslút meitsje de beide haadpersoanen in tocht yn har eigen auto om alle betroude plakjes út 'e trije boeken nochris te besjen. Richt konkludearret dan: ‘Né, wier Bokke, al silstou noch safolle prizen winne mei ús fé en al sil it ús oars ek noch sa goed gean, dan leau ik, dan fiel ik dochs noch dat wy dêrjinsen tofredener wiene...’ Likemin as It Aldlân hie Brolsma Richt sûnder problemen op papier krigen. Doe't er begûn hie er nei alle gedachten net foar eagen hoe't it ferhaal ferrinne soe. Opfallend is de distânsje dy't der tusken de skriuwer en de haadpersoanen bestiet. Guon haadstikken binne mear sjoernalistyk as ferheljend en de ûntwikkeling fan Bokke en Richt bliuwt frijwat dizich. De aksje yn in haadstik brekt bytiden hommels ôf. Mooglik komt it mei troch de yngrepen fan Brandenburgh dat it boek slim fragmintarysk is. Ut en troch skitterje de kwaliteiten fan 'e eardere Brolsma dochs noch wol yn dit lêste boek. Bygelyks as Bokke betinkt dat de jongelju dy't by har in simmerkamp hâlde, ‘troch in frije omgong meiïnoar de hiele dei yn 'e natûr mear genot smeitsje en earliker mei elkoar omgeane as in feint en in faem, dy't mar seiden gelegenheit hawwe byïnoar to kommen. Der ûntstiet in oare forhâlding.’Ga naar voetnoot876 It boek waard goed besprutsen. Jan Stienstra wie fan betinken, dat der nei de befrijing noch gjin boek útkommen wie, dat der ‘by yn 't skaed stean kin’. Marten Sikkema fûn dat tefolle eare, ‘rydlik goed’ kaam der tichter oan ta.Ga naar voetnoot877 A.J. Wybenga stelde fêst dat Brolsma neffens de moderne kritisy dan gjin psycholooch wêze | |
[pagina 333]
| |
mocht, hy wie wol ‘in fine tekener’ en in ‘pûrbêste photograef.’Ga naar voetnoot878 Fedde Schurer wie de iennichste fan 'e besprekkers dy't noch oer de oarloch begûn. Brolsma hie ‘in jiermannich om utens west’, sa skreau Schurer, en no ‘stike’ it petear neffens him. ‘Der is goede wil genôch fan wearskanten, mar dy kin net weromroppe hwat foarby wie.’ Neffens Schurer hie gjin inkele skriuwer doedestiids ‘sa'n algemiene erkenning en wurdearring foun’ as Brolsma. Hy fûn it nedich dat nochris ‘fêst te lizzen, hwant der is wolris oars oer praet, ek troch Brolsma sels. It giet hjir net om âlde kij út de sleat to heljen, mar hwat wier is moat wier bliuwe; elke publikaasje fan Brolsma sines waerd altyd mei spanning yn 'e mjitte sjoen en mei tankberens ûntfongen.’Ga naar voetnoot879 | |
Foar it TribunaalDe measte manlju dy't warber west hienen yn 'e Fryske Rie, moasten har foar in Tribunaal ferantwurdzje. Sybesma krige twa jier ynternearring, S.D. de Jong trije jier, S.J. van der Molen sân moanne en J.D. de Jong moast twa jier sitte. Kiestra krige de swierste straf, hy ferdwûn twaeninheal jier yn in kamp. As finzene begûn er wer te dichtsjen en - yllegaal - waard troch Kamminga de bondel Sinne op 'e striesek útbrocht. Frou Kiestra stjoerde ek in eksimplaar oan Brolsma, dy't har dêr op 5 july 1947 foar betanke. By dy gelegenheid skreau Brolsma: ‘Ik haw faek om him tocht, dat kin ik mei in wier wurd sizze. Hy offert net allinne for himsels en jimme mar ek foar in party dy't him nei stienen en heech hâlden.’Ga naar voetnoot880 Doe't Kiestra yn oktober 1947 frij litten waard, stjoerde Brolsma him in brief. Ho't jimme gesteld binne optheden, dêr kinne wy wol ynkomme. My tinkt de boer sil de ûntsachlike widens fan de wrâld dêrre mar amper forneare kinne. Mar de dagen koarte en de stille noflikens fen 't bûthús en 't hiem wankt alhiel oansteande en kinne in skoane remeedzje wêze for 't lijen dat jou trochstien hawwe.Ga naar voetnoot881 | |
[pagina 334]
| |
Brolsma skriuwt by dy gelegenheid net, dat troch justysje ek noch in ûndersyk nei syn eigen hâlden en dragen yn 'e oarloch dien waard. Al op 28 desimber 1946 wie foar him in dossier iepene. Reden wie in klacht, dy't in âld-buorman út Goutum yntsjinne hie. Net earder as op 8 augustus 1947 waard de Politike Resjerzje troch de Ofsier-Fiskaal frege om in ûndersyk yn te stellen. Op it dossier is mei de hân skreaun: ‘Gezien de belangrijke plaats, die verdachte bekleed(de) in het friese literaire leven, gevoel ik er wel voor zijn zaak te verwijzen naar het Tribunaal, aangezien verdachte toch volkomen fout is geweest.’ Brolsma moat troch dit ûndersyk ferrifele wêze, hy hie der nei alle gedachten net mear mei rekkene. Yn 'e brieven oan 'e bern neamt er it nearne, miskien binne de bern it hielendal nea te witten kommen. Tiisdei 24 febrewaris 1948 waard er yn it ferhoar nommen. De fertinking tsjin him bestie út in tal punten: ‘Van Pro-Duitsch te zijn geweest. Kreeg ook wel Duitschers bij hem aan huis. Vergunning aangevraagd voor het behoud van radiotoestel. Eenmaal extra brandstof gehad. Harmen Sijtstraprijs behaald, welke hem in het openbaar is uitgereikt. Schrijver in de verschallende plaatselijke bladen. Was collectief lid van de cultuurkamer.’ Brolsma hat him tsjin de feiten yn it dossier net ferset. Ut it ferslach fan it ferhoar docht soks bliken, al sei er wol dat ‘bekende publicisten, die thans nog als zodanig werkzaam zijn,’ him oantrúnd hienen de Harmen-Sytstrapriis oan te nimmen. Hy hie mear as trije jier de tiid hân om nei te tinken oer wat er ûnder de besetting dien hie. Einlings koe er iepentlik skuld bekenne. Ik erken thans, dat ik door deze handeling de culturele belangen van taal en volk niet heb gediend en mij deswege heb te verontschuldigen. Ik verkeerde echter toen in een heel moeilijke positie, daar ik door mijn journalistieke werkzaamheden in het levensonderhoud van mijn gezin moest voorzien en dat wanneer ik deze werkzaamheden niet meer mocht verrichten, ik in het geheel geen bron van inkomsten had. Brolsma fertelde ek noch oer it aksidint mei de ‘Gesprekken op de brug’ en dat er dêrnei fan Beauftragte Ross in warskôging krigen hie. ‘Dit zijn dan ook de redenen, waarom ik naderhand mijn antiduitse houding in de door mij geschreven publicaties niet meer heb laten uitkomen. In werkelijke pro-duitsche geest heb ik, echter, ook nadien, niet geschreven.’ Oer syn algemiene hâlding sei Brolsma: | |
[pagina 335]
| |
Gedurende de eerste 2 jaar van de bezetting was ik pro-Duitsch, waarvan ik nimmer een geheim heb gemaakt. Nadien ben ik van inzicht veranderd doch kon mij plotseling niet van alles afzijdig houden, daar ik dan niet meer in het onderhoud van mijn gezin kon voorzien. As tsjûgen waarden in tal bekende persoanen heard. Jan Piebenga ferklearre: ‘Het was mij toen wel bekend dat Brolsma pro-duitsch was, doch ik heb dit nimmer uit zijn publicaties kunnen bemerken, eerder zelfs het tegenovergestelde. Thans, nu ik met Brolsma goed bekend ben, ben ik tot de overtuiging gekomen, dat hij destijds zelf niet precies wist wat hij wilde en dat het levensonderhoud van zijn gezin op zijn houding van grote invloed is geweest.’ Witsen Elias neamde ek, dat er benammen de ‘Gesprekken op de brug’ altijd as ‘anti-Duitsch’ sjoen hie, doe't er as gizelder yn Haren en Sint Michielsgestel sitten hie. ‘Zodat wij, als gevangenen, ons dikwijls hebben verwonderd, dat dergelijke stukken in deze courant mochten worden gepubliceerd.’ Rein Boomgaardt, foarsitter fan De Fryske Bibleteek en sûnt de befrijing redakteur fan it Friesch Dagblad fertelde ek dat Brolsma as pro-Duitsch bekend stie, mar dat er dat yn Brolsma syn wurk nea werom fûn hie, ‘eerder het tegenovergestelde’. De buorman út Goutum wie minder posityf, al moast er tajaan dat Brolsma him net ‘aan verraad heeft schuldig gemaakt’. Neffens him wie Brolsma ‘een persoon, die aan de zijde Staat van de partij waarvan hij financieel het meeste voordeel kan trekken’.Ga naar voetnoot882 It fûnis kaam yn july en wie myld. Brolsma waard ‘Voorwaardelijk buiten vervolging’ steld en moast in boete fan ƒ1.000,- betelje. Ek ferlear er foar tsien jier beide kiesrjochten en mocht er gjin iepenbiere amten oannimme. Op 12 july 1948 sette Brolsma syn hân ûnder dit fûnis, dêr't er gjin beswieren tsjin yn brocht hat. Mei it beteljen fan it jild (likefolle as wat er mei de Harmen-Sytstrapriis fertsjinne hie) koe er in streek ûnder de oarloch sette, al bleau it fansels in tear punt. Yn 1948 waarden noch prikken yn 't wurk steld om de goede en | |
[pagina 336]
| |
de foute leden fan 'e beweging meiïnoar te fermoedsoenjen oer de oarloch. Kiestra wie dêr by belutsen, krekt as Douwe Kalma en J.D. de Jong. Brolsma liet him dêr lykwols net yn behelje.Ga naar voetnoot883 | |
FamyljelibbenOp 24 maaie 1947 waard Brolsma 65 jier. Oan Douwe Kalma, dy't him lokwinske, skreau er: ‘Frjeon Jarich [Walta] hie my ek net forgetten. En de klerk fen it alderdompinsjoen op 'e Iewâl. Ik bin birgen. Mits tige bihindich.’Ga naar voetnoot884 By 't winter skreau er oan Kiestra: ‘Wy komme seiden fen't hiem - as út needsaak, wy wirde in dei âlder.’Ga naar voetnoot885 Meastal ien kear yn 't jier reizgen de Brolsma's nei de bern yn Amsterdam en Rotterdam. De reis nei Grou waard folle faker ûndernommen. Yn 1949 brochten se in wike op it Amelân troch. Ek gie Brolsma der noch wol op út foar syn wurk. Yn oktober 1947 wie er by de útrikking fan 'e earste Gysbert-Japicxpriis oan Obe Postma. Yn syn tankwird murk de âlde dichter op, dat er wiis wie mei de priis, ‘wat er net west ha soe mei in Harmen Sytstrapriis.’Ga naar voetnoot886 Dochs waard it sûnder mis stiller om Brolsma hinne. De sûnens fan frou Brolsma hâlde net oer. ‘Mem lêst fan har hart,’ skreau Liuwe yn 1948. ‘Is tige kifterich op heit - mar hat ek net folle oan 't libben sa.’Ga naar voetnoot887 Jantsje yn Rotterdam hie in drokke húshâlding. Brolsma miste har it meast. ‘Jammer dat je zo'n eind van huis bent, wij zouden je zoo graag eens willen zien en praten. Maar ons dunkt het kan niet want je hebt er maar weer destemeer drukte van.’Ga naar voetnoot888 Om dochs kontakt te hâlden waard geregeld briefke. Tillefoan hienen (en krigen) de Brolsma's yn Goutum net. Liuwe Brolsma publisearre yn 1946 de histoaryske roman Stoarm | |
[pagina 337]
| |
oer Fryslân. It boek krige meast positive besprekken. Syn heit skreau: ‘Der is optheden net in boek yn 'e hiele stêd det mear yn 'e gaten rint. (...) Ik waard der kjel fan. Freedtomoarn by Luitingh stiene mar efkes 22 eksp. yn de útstalling ûnder elkoar en dan in dubelde rigele, it wie midden op de Piip flink to sjen. De skoalbern
Liuwe yn 'e fjirtiger jierren.
stammeren sels op 'e titel om.’Ga naar voetnoot889 In oare roman, De tocht fan de Sallemander, ferskynde yn 1948. Beide boeken hie er yn 'e oarloch al fierhinne ôfmakke. Underwilens wie er yn it wykblêd Frysk en Frij begûn oan wat nijs: in stripferhaal. By tekeningen fan Nicolaas Oeloff skreau er fiif ferhalen oer it wâldmantsje Kopkewoartel, dy't tige populêr wurden soenen. Liuwe Brolsma wie ek in skoftlang meiwurker fan It Heitelân en hie yn dat blêd in fêste rubryk ûnder de namme ‘Omke Bartele’, dy't er brûkte om Fryske pommeranten te niteljen. By Fedde Schurer slagge dat bysûnder goed. Doe't Liuwe in man út Nes de fraach stelle liet oft De Tsjerne in literêr tydskrift wie of ‘in korrispondinsjeblêd fan alderhanne heech- en tearfielende dichters mei harren ûnderskate skarreltsjes of forkearingen’ wie Schurer poer.Ga naar voetnoot890 Yn 1950 kocht Liuwe Brolsma syn kompanjon út en krige er it mei de saak folle drokker. Om't er de krekte papieren foar it driuwen fan in saak net hie, moast er in tal drege kursussen dwaan. Fan literêre aktiviteiten kaam suver neat mear. Yn Stiens waard it ek stiller. Arjen Roelof ferfoer nei Hilversum en ien foar ien foelen syn broers en susters der by wei. Anna ferstoar op 10 juny 1947, ‘zacht en kalm’, sa't Brolsma oan syn dochter skreau. Syn broer Jolke stoar op 8 desimber 1948 oan ‘verval van | |
[pagina 338]
| |
krachten’.Ga naar voetnoot891 Hessel, de âldste, ferstoar yn Amearika yn novimber 1950, al hast fergetten troch syn famylje. Op 5 maart 1950 wienen Brolsma en de frou fjirtich jier troud. Folle feestlikheden waarden der net hâlden. De bern setten in advertinsje yn 'e krante, fierders kaam der wat besite. It is net maklik om in goed byld fan it houlik fan Brolsma te krijen. Frou Brolsma wie oerhearskjend, boas, en út en troch slim ûntefreden. Brolsma krige fan har in soad krityk. Hy wie te goed, te slap. De yndruk bestiet dat er har mar wat prate liet. Dúdlik is dat beide inoar nei safolle jier net neier kommen binne. Op krityske mominten koenen se inoar mar min mear ferneare. Brolsma hat oer syn frou iepentlik nea in wurd fan krityk utere. It soe lykwols ferkeard wêze om te tinken, dat beide allinnich út konvinsje byinoar bleauwen. Geregeld sjocht men glimpen fan in echtpear, dat ynlik meiïnoar ferkeart. Bygelyks, as se nei ‘De kuische Suzanne’ geane, in ‘franse operettefilm’.Ga naar voetnoot892 Yn 1950 skriuwt Brolsma: ‘We leven heel plezierig, mem is zo flink en dan vind ik zo'n schoonmaak wel een aardige bezigheid. Af en toe eens een zetje, dan kun je het snel nakomen.’Ga naar voetnoot893 In soad wille belibben de twa ek oan 'e bernsbern. | |
Nij literêr wurkNei de beide ferhalen yn Frysk en Frij skreau Brolsma ynearsten net folle mear. Nei alle gedachten hat er net begrepen wêrom't Schurer (en oaren) sa lilk wienen oer ‘Wobbel smookt’ en ‘De frije hannel’. Mei dy beide ferhalen hie er dien wat er altyd dien hie: skriuwe oer saken dy't him opfoelen. It tinkbyld, dat foar in skriuwer, in keunstner, in ûnderwerp taboe wêze soe, sil him frjemd oankommen wêze. Benammen ‘Wobbel smookt’ wie by alle argewaasje troch Fedde Schurer ek noch ferkeard lêzen. Oars as Schurer miende, hie Brolsma gjin krityk op it fanke, dat ferkearing krijt mei in Kanadees, hy beskriuwt krekt moai subtyl hoe't troch har omgong mei dy befrijer, Fryske manlju yn har eagen net safolle mear wurdich binne. | |
[pagina 339]
| |
Brolsma wie oars net bot ûnder de yndruk fan 'e krityk. Yn oktober 1946, in wike of wat nei it ferrinnen fan syn publikaasjeferbod, levere er oan 'e Leeuwarder Courant ‘Kobus fynt in freon werom’. Yn dat ferhaal wurdt Kobus nei de oarloch frijlitten út it kamp en allinnich syn hûn ferwolkommet him. De oaren banne him út. Foar it Nieuwsblad voor Friesland skreau Brolsma út en troch in ferhaal, bygelyks ‘Sinterklaesteltsje foar Ynwennenden’. It measte fan syn wurk foar de krante bestie lykwols út sjoernalistyk wurk. Opfallend is dat Brolsma mear en mear oer syn jeugd skriuwt: in skoallejubileum docht him weromtinken oan 'e sneinsskoalle yn Stiens, in besite fan in emigrant bringt him op it rûnbringen fan in sindingsbledsje yn syn jonge jierren. Soksoarte stikken skreau Brolsma nei it ferdwinen fan it Nieuwsblad voor Friesland yn 1951 dêrnei geregeld foar de Leeuwarder Courant. Dochs liet er de aktualiteit net gewurde. Moai kritysk wie ‘Lot en lof fan “it fabryk”’: ‘Keardel noch ta, hwat binne wy yn 't spier om it eigene moaije fan Fryslân to bihâlden, hwat steane wy slimme tamtaesje út as der in spinnekopmoune bidrige wurdt, in heechhout, in huzing op kelders, ja neam mar op. De rikjende fabryksskoarstiens yn in greidhoeke, dat is dochs ek hwat eigens?’Ga naar voetnoot894 Oan 'e wyklikse, nije ‘Gesprekken op de brug’ is te fernimmen dat Brolsma minder ûnder de minsken kaam. Gauris komt de aktualiteit streekrjocht út 'e kranten of fan 'e radio en klinkt minder in werklik petear dat Brolsma opfongen hie der troch hinne. Dochs wie it in prestaasje fan formaat, dat er elke wike sa'n rubryk makke. Net earder as yn desimber 1950 soe er der mei ophâlde. Yn novimber 1947 krige Brolsma it fersyk fan 'e Tsjerne-redaksje om ris in ferhaal op te stjoeren. Brolsma wie fereare dat de jonge garde wurk fan him ha woe en hy levere daliks wat yn. Hy sei der by: ‘Mei de nije stavering bin ik noch net alhiel wis (...) en tipe doch ik ek net.’Ga naar voetnoot895 Dochs naam de redaksje ‘Mearke fan de molktaper’ op. Echt bysûnder is dat ferhaal oer in man dy't der op út giet om ‘echte, èchte reade’ ierdapels net, mar om't de redaksje ‘niet | |
[pagina 340]
| |
genoeg proza’Ga naar voetnoot896 hie, sil it akseptearre wêze. Oantrune troch it sukses by de Tsjerne-redaksje, stjoerde Brolsma noch in ferhaal yn. Dat krige er lykwols werom, om't it neffens de redaksje letterlik ûnlêsber wie. Ien redakteur (Schurer) skreau, dat is sa sloardrich skreaun en stilearre [wie] dat it einliks nei de skriuwer werom moast. Marten Sikkema wie fan betinken, dat ‘it ferhaal gjin fel om 't gat [hie] en stie der op oan om it net op te nimmen. ‘Troch it net op te nimmen rêdde wy twa reputaasjes, liket my ta.’ Tamminga koe it ek net lêze en miende ‘men is op't lêst Tsjerne-redakteur en gjin hyroglypholoog.’Ga naar voetnoot897 Troch it ûntbrekken fan it manuskript is min út te meitsjen oft de minne lêsberens fan it hânskrift in ferlechje fan 'e redaksje wie of net. Mar om't Brolsma ek neitiid by kranten en tydskriften altyd skreaune kopij ynlevere, liket it dêr wol op. Brolsma hat yn elk gefal it ferhaal net op 'e nij ynstjoerd. De wissens, dy't Brolsma altyd hân hie by syn ûnderhannelingen mei redakteuren wie er troch syn suveringsûnderfiningen kwytrekke. Oan 'e redakteur fan It Heitelân, J.H. Brouwer, skreau er: ‘Mûlk hapert der in krom oan de nije stavering - as Jou dat forhelpe wolle, dan doar ik mei de tiid yetteris hwet to stjûren.’ Brolsma sei der by: ‘Ik haw dochs neat om hannen.’Ga naar voetnoot898 Yn 1949 skreau er oan Brouwer: ‘Ne, it muoit my wol, mar al ho graech ek, ik haw gjin kopy en sjuch ek gjin kâns om eat to leverjen. It krantsje [Nieuwsblad voor Friesland] freget alle wiken in pear stikjes en ik haw der ek net folle nocht mear oan, ik jou my mar hwat del.’Ga naar voetnoot899 Op oare mominten wie er lykwols dochs wer moedich: ‘'k Hie my foarsteld út en troch ris in skets to stjûren mar bin iere maityd by de âlde Hepkema rekke en dêr moatte se gjin Frysk hawwe fanwegens de krite (Stellingwerven en Súdop).’Ga naar voetnoot900 Foar It Heitelân levere Brolsma út en troch noch bêst wurk. Al wûn er der yn 1951 mar in tredde priis mei yn in sketsewedstriid, ‘It famke en de soldaet’ misstie net neist it stik fan de winner Inne de | |
[pagina 341]
| |
Jong. Yn dat ferhaal behelle Brolsma ek wer de aktualiteit. In haadrol is weilein foar in soldaat, dy't werom kommen is fan 'e oarloch út Ynje. Oare ferhalen, bygelyks ‘Greate wrâld - lytse wrâld’ of ‘Sneontojoune yn 'e lette hjerst’ wienen mear nostalgysk kleure. Ek twa essays yn It Heitelân geane werom op ûnderfiningen fan Brolsma yn it ferline. Yn ‘In kening komt werom’ skriuwt er mear oer hoe't eartiids - yn syn jongesjierren - de drank in probleem wie as oer de hjoeddeiske situaasje. Yn ‘Hwat neamt it folk moai’ besiket Brolsma op in moai lykwichtige wize moderne keunst te beskriuwen, mar hy makket dúdlik neat fan Picasso. Wat de literatuer oanbelanget skriuwt er: ‘Neffens mysels wit ik sekuer dat âldere minsken swarre by boeken dy't hja yn har jonkheit mei great noft liezen.’ Oer de nije kritisy yn 'e Fryske literatuer seit er: ‘Fûleindige skerp wurde Fryske útjeften faeks bioardiele. Men soe soms ornearje dat der mear skript wurdt om it tsjoede dan it goede oan to wizen. As wy dit tempo folhâlde en forneare kinne, dan komt it grif ta opmerklike dingen yn de Fryske literatuer.’ In forrassing wie foar Brolsma it útkommen yn 1947 fan 'e Hollânske oersetting fan Sate Humalda, by útjouwerij De Gulden Ster. Sûnt Vriesema dy oersetting yn 1944 ôfmakke hie, wie der neat mear oer fernommen. Dat syn wurk noch altyd sukses hie, die werris bliken doe't Tetman de Vries syn ‘Mearke fan Noardlik Fryslân’ ferwurke yn 'e foarstelling ‘De rike wike’. Nu, en zo hebben we dit meegemaakt. Hun eigen auto kwam voor en Sipke Jans stond bij de Harmonie om ons te ontvangen en Mem en ik zaten boven lôges 1e rij vooraan. De Harmonie was geheel bezet - boven ook. De rike wike geeft van alle dagen in de week een schets - bijv. Maandag wasdag, Dinsdag het werk op de akker ensfh. Maar Donderdagsavonds is gewijd aan ontspanning, aan toneel, dan komt de eenakter. De Skat fen de Jonkerspôlle hebben ze het genoemd. Nu, ze hebben er iets heel moois van gemaakt, een jonge vrouw leest voor het voordoek staande het eerste gedeelte van het mearke, precies volgens mijn tekst, dan toneel - de mem met de beide zoons (...) en tot slot - de scene met de hypotheekakte. Nu, zonder overdrijving kan ik zeggen dat ik op het Friese toneel zelden zoò iets knaps heb zien opvoeren.Ga naar voetnoot901 | |
[pagina 342]
| |
Sa seach ik FryslânMei Douwe Kalma hie Brolsma ynearsten nei de oarloch net folle kontakt. Kalma hie it by it grutste part fan 'e Fryske beweging hielendal bedoarn en wenne fier fan Ljouwert op 'e Rottefalle by Wike Zylstra. Yn 'e nij oprjochte Jongfryske Mienskip wie er lykwols warber as altyd. Hy skreau it Meidielingeblêd fan 'e Mienskip suver allinnich fol. Fierder hie er him setten ta it fertalen fan 'e komplete Shakespeare. Ut namme fan 'e Mienskip gie er ek fierder mei de útjefte fan in rige boeken ûnder de titel Nije Fryske Rige.Ga naar voetnoot902 Dêr frege er yn 1948 ek Brolsma foar om meiwurking.Ga naar voetnoot903 Kalma stelde út om in bondel mei ferhalen gear te stallen en hy woe der dan ek in ynlieding by skriuwe. Dat gie oan. Kalma frege foar dy ynlieding ynformaasje by Brolsma om in ‘bytsje eftergroun to hawwen by de stúdzje fan Jou wurk. Jo hâlde net fan in foaropstellen fan 'e persoan, en ik ek net, mar de eftergroun forwaerloazgje giet dochs ek to fier, frâl by Jo, om't it forbân tusken eftergroun en wurk by Jo sa ynlik is.’Ga naar voetnoot904 Brolsma levere nei oanlieding fan dy fraach bysûnderheden oer syn famylje en syn karriêre, dy't allegear troch Kalma yn 'e ynlieding opnommen binne. Brolsma stjoerde ek in listke op mei ferhalen, dy't er gaadlik achte foar de bondel. Syn útstel wie om de bondel ‘Heapsté’ to neamen. It waard Sa seach ik Fryslân. Fan 'e ferhalen dy't Brolsma útstelde, naam Kalma allinnich ‘De kreupele’ oer.Ga naar voetnoot905 Doe't Kalma de ynlieding ôf hie, reagearre Brolsma sa: Sneon in wike lyn binne wy útfanhûs rekke nei de bern yn Amsterdam en Rotterdam en jister Tongersdeijoun 6 ûre wer thús foun ik jou brief | |
[pagina 343]
| |
ca. Derfendinne dat [ik] dy earst mar beanderje sil, it fornaemste is dat ynliedend wird -, dêr kin ik it - ho knap sein - dochs net mei iens wêze en, nei't ik frees, hopen lêzers ek net. Kalma hie yn dy ynlieding skreaun: Mar sa goed as men syn wurk ken of mient to kennen, sa'n bytsje wit men fan de skriuwer, dy't him altyd hwat efterút hâlden hat, dy't faeks oan neat sa it mier hat as oan spul en droktme, dy't de stille wei keazen hat en dêrop bleaun is. (...) Reinder Brolsma hat nou by de fyftich jier as Frysk skriuwer wurksum west, en hy wie ien fan de alderbêsten, mar fan syn persoan is sa goed as gjin notysje nommen. Mar der is nou wol oanlieding om dat al hwat to dwaen, al hearre wy, ek nou, dêr hoeden mei to wurk to gean. Brolsma reagearre dêr sa op: Jo fetsje it fansels wol, it slacht op dy uteringen oangeande myn tofreden wêze mei it biskieden diel. [...] Dit mei abslút jilde foar - lit sizze - oan de besetting ta. Mar - yn '41 haw ik my wol forgoed op 'e troane sette litten - de H. Sytstrapriis oannaam - en hoewol destyds party folk dêr gjin niget oan seach-, ik haw dêr wol bewizen fan - it is my letter -, en soe it my nou op 'e nij wer knap op myn brea lein wirde. ‘De man is rjucht oarsom’ koe der fan komme ‘hy wachtte syn dei en ûre ôf. Soks is better to mijen tinkt my. Och, elk kin wol begripe dat in skriuwer wolris forlet hat fan in kromke tagenegenheid, mar myn plak wier nou ienris net foaroan. Dat sil ik sa frij wêze en set hjir en dêr in blauwe streep. Mei blau poatlead hie Brolsma der ûnder set: ‘Foto's haw ik noch wol út 'e glorieuze dagen fan '41 - dat is wol goed tink?’Ga naar voetnoot906 It boek ferskynde yn 'e maitiid fan 1951, sûnder de troch Brolsma bekritisearre rigels. Kalma hie it net litte kinnen om yn it foaropwurd de ‘suverjende’ krityk te neamen dy't fan 'e kant fan 'e Jong- | |
[pagina 344]
| |
friezen kommen wie op de folksskriuwerij. De besprekken fan it boek wienen posityf. ‘Friesch Dagblad zelfs buitengewoon alsook Stiennen Man etc.’ skreau Brolsma grutsk oan syn dochter.Ga naar voetnoot907 Yn it boek hie Brolsma neffens Piebenga ‘in ryk erfskip jown en wy soene yn wierheit net wiis wêze as wy dizze jefte net acht sloegen en yn tank oannimme en genietsje woene.’Ga naar voetnoot908 Fan 'e oplaach fan 1500 wie begjin 1952 de helte ferkocht. | |
SoargesyktmenYn 'e simmer fan 1950 wie Brolsma lang net ynoarder. Hy wie ûnrêstich en siet oer syn sûnens yn. In reden sil west hawwe dat er wol oankommen seach, dat er net lang mear by de krante bliuwe koe. De útjefte fan it Nieuwsblad voor Friesland koe troch de konkurinsje mei de Leeuwarder Courant hast net mear út. Bytiden wie Brolsma noch wol moedich: ‘Op de zaak zijn we verhuisd - we zitten nu in de Elfstedenkamer. De grote bovenkamer is verhuurd aan het Friesch Dagblad. Nu heb ik nog een mooi kamertje ontdekt helemaal boven waar Gombault vroeger resideerde. Daar zit je zo fijn “as in klûntsje yn in âld wivemûle.”’Ga naar voetnoot909 Begjin desimber 1950 krige er hertklachten. Dokter kaam en hy joech Brolsma in ynjeksje. Nei in pear wike op bêd knapte er wer aardich op. Ynearsten bleau er frij rêstich. ‘Medisch gesproken’ koe er wol tachtichjier wurde, skreau er oan syn dochter. ‘Het is niets dan een rustkuur, benauwd ben ik nooit meer. Mijn minste is het zouteloze eten.’Ga naar voetnoot910 Mei't er wat opknapte, kamen ‘de zenuwen’ derby. Hy hie eangst om alles, foaral om syn sûnens. Ein jannewaris skreau er syn dochter, dat dokter ‘tefreden wie’, ‘nu die kan het weten’.Ga naar voetnoot911 Mar Brolsma betroude dêr net op, waard ûnrêstich, rekke yn panyk en syn frou moast by nacht om dokter. Dy kaam en stelde fêst dat Brolsma | |
[pagina 345]
| |
neat mankearde. Tusken frou en man waard de summing hurd minder en dokter die it útstel dat Brolsma marris in pear wike derút moast. Dat Brolsma slim yn 'e war wie, docht wol bliken út syn betinken dat er nei in gesticht of in sikehûs moast. By alle argewaasje kaam ek noch it nijs dat har hierhûs troch de eigner ferkocht wurde soe. Om't se ‘geestelijk’ dy ûnrêst der net by ha koenen, kochten de Brolsma's it hûs sels mar, om gjin ‘kijkerij’ te krijen.Ga naar voetnoot912 Brolsma syn psychyske gesteldheid docht ek bliken út in brief dy't er oan redaksjeleden fan It Heitelân stjoerde. Hy hie meidien oan in ferhalepriisfrach en ûnder de skûlnamme ‘Ientsje’ it ferhaal ‘It fanke en de soldaat’ ynstjoerd, dat de tredde priis wûn. Sont begin Des. bin ik slim ut oarder - earst it hert, dernei de senuwen en dy binne my noch fierwei de baes - sadanich dat ik frees dat ik der onderstrupe sil. Hwennear? Dat wit ik net, ik striid mei kreft mar it wol net. Nou les ik krektsa de utslach fen jim priisfraech en sjuch dat ik behear by de twade rige. Dat deart my net, ik erken dat de oare beide mear mansk binne en myn skets wier lang net sa goed as ik it [yn] myn goede tiden wol kend ha. Mar nou wol ik dit o sa graech oan jimme as erkende frjeonen meidiele. As de slach ris falle mocht dert ik for frees soe it gerucht ontstean kinne dat dizze utslach fen de priisfraech syn utwirking der op hawn hie. Mei alle kreft dyt noch ien my is moat ik dêr tsjin opkomme. En myn inerlik forsyk dat jimme dit wearlizze wol. Ta bewiis is dizze brief, dy't ik skriuw as folkomen normael minske, krekt en gelyk as elkoar skepsel. It soe my sa ûnstellend deare as der oars oer tocht waerd. Bygelyks as der sein waerd - nou ja jimme witte wol ho't de wrâld dan oerdielet. Ik mien genôch goed wirk levere to hawwen. Ein jannewaris gie Brolsma nei syn suster yn Stiens. ‘Dokter vond | |
[pagina 346]
| |
beter dat we een week of wat bij elkaar weggingen, anders hield ik het ook niet uit,’ skreau syn frou oan Jantsje. ‘Misschien knapt hij daar wat op. Hier loopt hij ieder keer met de dood rond.’Ga naar voetnoot914 By dyselde gelegenheid skreau Brolsma sels in frjemd earnstige brief: Maar de dingen van het leven zijn op 't moment vreemd -, ik ben wat van de wijze en wel op weg naar beterschap maar het valt mij zo ontzettend moeilijk -, ik heb mijn leeftijd tegen, het was van 't zomer al niet in orde (...) Neem mij mijn gedragingen van toen ook niet kwalijk. (...) Ik kan er op 't moment niet tegenop - maar doe mijn uiterste best om weer normaal te worden. Uit dit schrijven zul je toch wel merken dat ik gewoon ben. Yn maart wie de situaasje wer folle better. ‘Ik ben zo goed als buiten doktersbehandeling en kan weer fietsen en lopen, als het niet te beroerd weer is.’ Brolsma hie by de krante dien krigen, om't der besunige wurde moast. ‘En ik kon niets meer,’ skreau Brolsma. Hy krige in pensjoen fan ƒ780,- it jier, en ‘met nog wat van dit en dat zullen we er wel van kunnen leven’.Ga naar voetnoot915 Syn frou skreau: ‘Wij hebben maar een aaklijke tijd gehad. Heit is in zijn eigen ogen niet zoo gauw beter’. Begjin april wie er by in senuwdokter mei allegear klachten. Frou Brolsma die ferslach: Zijn voeten deugen niet zegt heit maar er mankeert niets aan. Hij doet zelf niets om het beter te krijgen. Broed maar zoo'n hele dag met zichzelf om. Ik moet daar streng tegen ingaan zegt dokter maar ik kan het niet meer. Erg gezellig is dat niet maar de tijd zal het wel leren. Hij fietst wel en loopt wel maar hij kan niets. Schrijft daar maar niet over want hij luistert naar niemand. De dokter stelt hij geen vertrouwen in. Nu zullen we maar afwachten. Jullie weet er een klein beetje van [door] verleden zomer. Nu dat was maar een heele lichte graad hoor. En dan een man die altijd ging voor iemand die met een paar woorden de menschen schetste ten voeten uit en over [zich] zelf zoo blind [kan] zijn.Ga naar voetnoot916 Frou Brolsma wie der mei oan en koe har man ek net best ferdrage. Ein april gie it allegear sa beroerd, dat Brolsma op 'e nij nei syn suster yn Stiens gie. ‘Het ging verleden week wat erg naar, dat hij moest weer eens even bij mij weg. Als we beiden het krijgen zijn we | |
[pagina 347]
| |
nog niet gelukkig.’ Brolsma hie earst in pear dagen yn Grou west. ‘Hij kon er wel twee weken blijven,’ skreau syn frou oan Jantsje, ‘maar stond midden in de nacht voor hun bed. Hij wilde met een taxi naar huis, hij haalde de morgen niet. L[iuwe] bleef ijskoud liggen en Antje bepraatte hem wat. Dan zou ik zoo schrikken en zoo, maar des morgens met de eerste bus was hij al weer thuis. Hij maakt het zoo bont om beklaagd te worden en dat moet beslist niet. Ik heb dokter gevraagd hoe of ik hier mee moest. Uiterst streng zei die, maar dat kan ik niet meer doen daar heb ik geen krachten
Goutumerdyk 1951.
genoeg voor. (...) Wat konden we een fijn leven hebben. We kunnen er met de centen zoo wat komen.’Ga naar voetnoot917 Dokter hie frou Brolsma frege: ‘Zal ik hem nog een paar weken wegsturen?’ Dy woe dat wol, mar hja hie andere: ‘Hij komt toch weer gauw thuis.’ Doe't Brolsma op 28 april op 'e weromreis wie nei hûs, waard er, tichtby hûs doe't er oerstekke woe, op 'e Goutumerdyk oanriden troch in auto. Nei't er mei in ambulânse nei 't sikehûs brocht wie, konstatearren de dokters in earnstige harsensskodding. Ynearsten like it slim, mar rillegau knapte er al wer wat op. Frou Brolsma skreau optein: ‘De behandeling is daar uitstekend zegt hij en een beste dokter, dat die schijnt zijn vertrouwen te hebben. Nu kan het wel wezen dat hij daar helemaal opknapt.’Ga naar voetnoot918 Der is gjin wissichheid oer te krijen, mar mooglik hat Brolsma him it ûngemak sels op 'e hals helle en wie it in wanhoopsdie om sa út 'e problemen te reitsjen. Wylst syn blessuere better waard, gie it mei de ‘senuwen’ minder. ‘Hij moest eerst plat op 't bed en toen later een kussen en nu heeft hij al twee, dat we gaan langzaam vooruit. Als hij nu zijn zenuwen maar wat de baas wordt,’ skreau | |
[pagina 348]
| |
frou Brolsma, dy't noch net botte moedich wie. Brolsma miende dat er noch wol in jier yn 't sikehûs bliuwe moast en ‘dan waren wij aan de grond. Nu vroeg hij L[iuwe] dat U[ilke] en hij dat dan wilden betalen dan moest die naar de boekhouder van het ziekenhuis schrijven, dat zij dat zouden betalen.’Ga naar voetnoot919 Hy wie tige ûnrêstich, gjin keamer yn it sikehûs foldie him. Dan wie it der te drok, dan wer te ljocht. De dûmny, dy't op besite kaam, stjoerde er fuort. Neffens syn frou krige Brolsma de measte besite ‘en hij stelde [er] het minste belang in’. Sy miende dat er mar it bêste thús komme koe, ‘het is hier op 't oogenblik zoo mooi buiten, dat zal hem wel opknappen’. Mar begjin july, wylst syn harsensskodding better wie, waard besletten om him te ‘shocken’. Frou Brolsma skreau oan har dochter: ‘Ze verdooven [hem] dan en dan krijgt hij een electrische schok daar voelt hij niets van. Hij werd met hoofdpijn weer wakker. Dit moeten wij zelf betalen, het ziekenhuis en de dokter, vandaar zijn gereken. (...) We zullen maar hopen dat dit hem nu nog helpt. Wij kunnen ook niet meer doen.’ Brolsma waard trije kear ‘shockt’ en gie ein juny al wer aardich foarút. Hy woe nei hûs ta en frou Brolsma moast him syn skuon bringe. Dat die se lykwols net earder as dat de dokter tastimming joech, skreau se oan har dochter. ‘Want ik vertrouw hem op dat punt helemaal niet. Hij kan wel wegloopen.’Ga naar voetnoot920 Begjin july wie er wer thús en skreau er Jantsje wer sels. ‘De krachten moeten nog aansterken en alles functioneert nog niet zeer vlot, maar dat komt wel en we zijn nu gelukkig dat het zo ver is. Ik ben erg mager maar het eten smaakt en bekomt me goed en voor mem is het nu ook veel rustiger. (...) Hoop maar dat het nooit meer nodig mag zijn’.Ga naar voetnoot921 Yn 'e simmer knapte er fierder op en bestege er in soad tiid oan it fersoargjen fan hûs en tún. Hy krige wer moed. Yn septimber gie er nei Laverman yn Drachten om oer de werútjefte fan âld wurk te praten, bygelyks De Skarlún en Sate Humalda.Ga naar voetnoot922 De útjouwer fertelde him dat der net folle nije manuskripten | |
[pagina 349]
| |
ynkamen en dat se dêrom leaver werprintingen fan goede boeken útbrochten. Frou Brolsma gie om by te kommen in wike nei har dochter yn Rotterdam. Brolsma fermakke him allinnich bêst. Hy skreau in stikje foar de Leeuwarder Courant, ‘dat direct geplaatst werd’. Hy knapte de tún ‘finaal’ op en gie in middei nei Stiens. ‘Het was zulk prachtig weer en de Houndyk omgekuierd en bij Tetman een poos op de bank gezeten.’Ga naar voetnoot923 | |
JubileumBrolsma wie oan syn santichste jier begûn. Kalma tocht dêr op 'e tiid oan en kaam op it idee om noch in boek fan him út te jaan, de lange novelle ‘Nei de ein’. Begjin 1952 skreau er oan Rein Boomgaardt, de foarsitter fan De Fryske Bibleteek. Yn betrouwen (Brolsma binammen mei it to'n earsten net witte): mei fa. Laverman bin ik oerienkommen dat Brolsma syn Obe Palma (Nei de ein), foar op syn 70ste jierdei (24-V-52) yn boekfoarm útkomme sil(...)Ga naar voetnoot924 Nei oanlieding fan it sukses fan Sa seach ik Fryslân hie De Fryske Bibleteek lykwols al kontakt socht mei Brolsma sels. Boomgaardt skreau oan Kalma: It plan om Brolsma syn Nei de Ein, eventueel mei oare sketsen, út to jaen libbe al sûnt lang by it Bibleteekbistjûr en yn de Bistjûrsgearkomste fan Desimber '51 is hjir ek ta bisletten. Ik krige opdracht dit mei Brolsma to bipraten en haw dit ek dien. De auteursrjuchten hearre wol oan de Bibleteek, mar lykas Jo witte is it wenst dochs hieltyd eefkes mei Brolsma oer to lizzen as der hwat mei syn wurk bart en wurdt ek oer de saeklike kant mei him oerlein. (...) Brolsma fielde der wol foar om mei dizze útjefte nei Laverman to gean en wy ha dêr gjin biswier tsjin. Wy komme dus dochs op itselde adres der't Jo al kontakt lein hiene. It idé om dizze útjefte útkomme to litten y.f.m. Brolsma syn 70ste jierdei, liket my aerdich ta en ik sil dit - lykas ek Jou brief- op de earstkommende bistjûrsgearkomste to praet bringe.Ga naar voetnoot925 Kalma stelde út om de titel fan it ferhaal ‘Nei de Ein’ te feroarjen | |
[pagina 350]
| |
yn ‘Obe Palma’, ‘in namme (...) dêr't men hwat fan de man yn fielt’.Ga naar voetnoot926 Brolsma sels fûn wer in útjefte fan syn wurk nuodlik. Hy skreau dat Laverman sels ta útjefte beslute moast, ‘dus net oangean by mûlk biswier fen Jim kant dat dizze twadde útjefte de (flotte) forkeap fen de earste bihinderje soe. Sa alteast wier myn ide - en nou bin ik fansels sa wiis wol dat ik soks gerust oan Jim saeklik ynsjuch oerlitte kin. Mar dochs woe ik kenber meitsje dat allinne Jimme en nimmen oars eat to sizzen hawwe yn dizzen.’Ga naar voetnoot927 Laverman sette troch. De titel waard ‘Folk fan Fryslân’, mei it lange ferhaal ‘Obe Palma’ folge troch in tal sketsen. Begjin 1952 wie it frou Brolsma, dy't it mei de ‘senuwen’ te pakken krige. It praten gie min en hja koe har ek min bewege. Mei't se wer wat opknapte, like it de dokter goed ta, dat se in wike of wat nei Wilhelmina-oard yn Sint Nyk ta gie. Earder wie al ôfpraat, dat Brolsma op syn jierdei besite krije soe fan literêre kunde. Oan Kalma skreau Brolsma dat oangeande: Nou stiet it sa -, de saek dêr't wy fen 'e moarn oer praet hawwe, moat syn biloop mar hâlde. Hwent do't ik mei de frou ien en oar biprate sei se - om har hoegde ik neat to litten om't sy winliks alhiel oan de betterjende hân wier en al soe se sels mûlk net thús wêze, oare nêst bisteanden my wol biselskipje koenen - bygelyks de bern út Grou. Hawar, sy hat der wol ris oars oer praet, mar ik soe oardielje lit my de bui ris ôfwachtsje. Pasjintige minsken moat men steeds ter wille weze.Ga naar voetnoot928 In goed wike letter brocht Brolsma syn frou nei Sint Nyk en dat hie ta gefolch, dat er op syn 70ste jierdei allinnich thús wie en beide skoandochters de gasten ûntfange moasten. Brolsma krige in soad tillegrammen, lokwinsken en kado's. C.A. de Roo fan 'e firma Laverman en Wouter Zwart en Rein Boomgaardt fan De Fryske | |
[pagina 351]
| |
Bibleteek kamen del om him it earste, yn moai lear ynbûne eksimplaar fan Folk fan Fryslân te bringen. ‘Toen hebben ze mij eenigzins plechtig deze nieuwe uitgave overhandigd en gekiekt met blitzlicht.’ Mocht Brolsma ea miend ha, dat er net langer achte waard as skriuwer, dan krige er dy deis it bewiis dat it oars wie. De post kaam fjouwer kear. ‘Het liep vrijwel den gehele dag behalve natuurlijk van Goutumers,’ skreau Brolsma oan syn dochter. ‘Geart Jonkman en Watse Cuperus namens it Kunstnersboun gaven mij 5 werkelijk prachtige Hol. boeken. Fijne - dure boeken van moderne schrijvers. Ook een van Tolstoi, van Brontë en leven van Eeltsje
Op syn santichste jierdei wurdt him it yn lear bûne eksemplaar fan Folk fan Fryslân oanbean. Fan lofts ôf: Rein Boomgaardt, C.A. de Roo, Wouter Zwart, Liuwe Brolsma en Brolsma sels.
Halbertsma door Wouter van Riesen.’Ga naar voetnoot929 Frou Brolsma ûntfong yn Wilhelmina-oard blommen fan it Boun. Brolsma syn jierdei krige ek yn 'e kranten omtinken. Piebenga skreau: ‘Ek as de post de bus by Brolsma net foltriuwt mei lokwinsken, dan noch kin er wis wêze dat Freed foar Fryslân ek in jierdei is, de dei fan ien fan syn greatste proazeskriuwers.’Ga naar voetnoot930 Poortinga wie fan betinken: ‘Kaem der earst mar wer ris sa'n soarte talint!’Ga naar voetnoot931 Noch wienen de feestlikheden net foarby. It Boun fan Fryske Kunstners organisearre op 3 juny in feestjûn yn Amicitia foar harren lid, dat sân jier earder noch net talitten wurde koe. Dat allegearre wie fergetten. Brolsma hat oan syn dochter ferslach dien fan wat foar him wol in triomfantlike jûn west ha moat. Nu dan, half 8 met de fiets van huis en stalde mijn fiets achter de | |
[pagina 352]
| |
Beurs en betrad toen de benedenzaal van Amicitia en trof daar Liuwe en Antsje onder een kop thee. Hun was verzocht daar te wachten totdat ze naar de achterzaal zouden worden geleid alwaar het feest zou plaats vinden. Daar kwam het comité van ontvangst, Tuinstra, Van der Molen en Popma, die ons van harte begroetten en voorgingen en aankondigden met de woorden ‘De familie Brolsma’. Waarna lichte sensatie en namen wij vooraan plaats en sprak B. Tuinstra het woord van welkom en hulde en inderdaad zeer goed en spontaan. Ook de kunstenaars uit andere kringen hadden aanwezig kunnen zijn maar door een foutieve aanschrijving, 5 in plaats van 3 juni, was dat niet gebeurd. 72 mensen waren aanwezig, trouwens meer dan ik verwacht had. Toen prof. Brouwer, die knap spietste en vervolgens ‘De gernier’ voorlas. Een beste schets trouwens. Daarna Jan Piebenga, die mijn kwaliteiten als schrijver-journalist beschreef en roemde, nogal kernachtig. Je krijgt zo'n avond wel het gevoel dat je de beste van allemaal bent, wat natuurlijk sterk overdreven is. Toen E.B. Folkertsma nog, nu dat was, zoals je wel denken kunt zwaar en dreech maar ook zeer respectvol. Dat was de laatste en ik weet dat er nog verscheidene andere sprekers zouden zijn geweest maar het programma moest natuurlijk doorgaan. Aldus even pauze. (...) Na de pauze voerden een paar goede spelers een stukje van mij op, ‘De húshâldsters’ waarmee de Fleurbringers 436 x zijn opgetreden. Reusachtig mooi. Toen Tetman en Jarich de Vries met liedjes en zo was het al gauw tijd, te meer omdat velen met de trein moesten. Nu 't was een met ander een zeer geslaagde avond volgens algemeen oordeel. Ik zelf heb nog een paar woorden van dank gezegd, maar dat zit mij niet glad zoals je wel weet. Nu weet je het, anders geen nieuws. Mem gaat goed maar we moeten starich aan.Ga naar voetnoot932 |
|