Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 353]
| |
XII
| |
It lêste jierIn dei as wat nei syn santichste jierdei reizge er nei syn dochter yn Rotterdam. Ynearsten hie er tsjin de reis oansjoen en woe er wachtsje oant de neisimmer, mar hy sette troch. De bân mei syn dochter hie altyd sterk west en troch har drokke húshâlding kaam fan besytsjen net folle. Om't se har fjirde bern ferwachteGa naar voetnoot934 hie Jantsje net op syn feest west. Hy naam de brieven, kaartsjes en tillegrammen mei, dy't er foar syn jierdei krigen hie.Ga naar voetnoot935 | |
[pagina 354]
| |
Doe't er wer thus kaam fun er in útnoeging fan Bonne Dykstra, behearder fan It Koaihûs op it Amelân, om by 't simmer nochris del te kommen. Brolsma stelde dy útnoeging, sa skreau er werom, ‘op hege priis’. Beroerd genôch kinne wy -, alteast op koarte termyn der net fen profetearje. Wy hawwe in minne oardeheal jier belibbe. 'k Haw in pear moanne siik west - do troch in oanriding in skoft yn 't stedsikehûs - geastelik hwet yn 't lijen en nei myn betterskip het de frou it ferslach mei krigen en is mids maert slim yn 't lijen rekke. [Se] koe winlik neat mear, dat het dûrre sa'n wike as 8 -.Ga naar voetnoot936 Brolsma soe de reis nei It Amelân noch wol oandoare, mar syn frou - al wie se ‘nei lichem en geast in hiel ein opknapt’ - koe soks noch net oan. De omstannichheden, skreau Brolsma, ‘binne ús oermansk (...) wy moatte tonearsten op 'e pôlle bliuwe en hoopje dat wy it togearre klearje mei de húshâlding.’Ga naar voetnoot937 Brolsma helle begjin juny syn frou sels wer op út St. Nyk. ‘Mem is wel aardig - maar de krachten nog niet voldoende,’Ga naar voetnoot938 skreau er oan syn dochter. It wurk yn 'e húshâlding kaam foar him op. Om't er sels ‘fiks by 't spul wie’Ga naar voetnoot939, foarme dat gjin probleem. Frou Brolsma wie aardich opknapt, sa goed dat de Brolsma's yn july mei de ‘ouden van dagen’ fan Goutum in reiske meitsje koenen nei de Menkemaborg en it Paterswoldse Meer. ‘Echt gezellig op de veranda gezeten,’ skreau er, ‘op 't water was ons te fris maar we genoten echt fijn van belegde broodjes met ham en kaas want we hadden knap honger van al dat schudden.’Ga naar voetnoot940 In dei as wat letter wienen se yn 'e Harmonie by in konsert fan Lou Bandy. Dat foldie Brolsma better as in byienkomst fan it Boun fan Fryske Kunstners, dêr't er earder hinne west hie. Het zijn allemaal jongelui die elkaar Geert en Fedde en Douwe en Anne noemen en betogen dat het anders moet. Want, zo zei Douwe T. - rondom Sneek wordt nergens meer Fries gelezen en van hun op- | |
[pagina 355]
| |
lagen zoo deelde Freerk Dam ons mee wordt maar ⅓ verkocht dat kan zonietdoorgaan.Ga naar voetnoot941 Oan 'e Fryske skriuwerij levere Brolsma sels suver gjin nije bydragen mear. Yn 'e jubileumkrante fan 'e Leeuwarder Courant stie in stik fan him oer hoe't der yn syn jeugd in hillich ûntsach foar de krante west hie en dat in abonnemint oer wol ‘seis, acht of tsien lêzers' rûn.’ Brolsma syn toan oer de moderne tiid wie relativearjend. Alle dagen komme der ynsté fan krante en byfoegsel in hânfol papieren en mei fette letters boppe de artikels en printsjes fan bysûndere minsken, heech of leech. Elke hillige kriget syn waechs. Doarpsrampen en doarpsfeesten binne oaredeis al yn byld presint, it binne auto's net mear gystene bouboershynders mei maitiidskolder; it is in forkearspolysje en net de arbeider mei de strontgripe omheech.Ga naar voetnoot942 Syn lêst ferhaal stie yn novimber 1952 yn Frysk en Frij. Yn dat ferhaal ‘Alderheljen... hierbeteljen’ sette er twa mentaliteiten tsjininoar oer: twa âlde, behâldsuchtige minsken dy't de krisis meimakke ha en de lossere, flotte realist fan nei de oarloch. Oan dat ferhaal mankearde neat, Brolsma wie de keunst fan it skriuwen net ferleard. Dochs waard wol dúdlik dat syn driuw om te skriuwen hurd minder wurden wie. Yn it moderne libben fûn er net folle mear dat him ynspirearre. Jild fertsjinje wie net mear wichtich. Oan syn dochter hie er alris skreaun: ‘Geld kan me toch niet veel meer schelen.’Ga naar voetnoot943 Dochs tocht er noch wol oan syn eigen skriuwerskarriêre. Doe't Ype Poortinga mei Elbrich de Gysbert-Japicxpriis wûn, skreau Brolsma him: ‘It is fortsjinne. It bewiist twa goede dingen. Earstens dat in jonge auteur sa gau ta sukses komme kin. Twad - dat in auteur him de fingers net blau hoecht to skriuwen eart er fan Oerheidswege in kromke erkentenis kriget en in bewys fan tagedienens.’Ga naar voetnoot944 Oan bewizen fan syn eigen sukses ûntbriek it Brolsma dy simmer | |
[pagina 356]
| |
net. Wadman skreau in stik oer syn wurk foar De Tsjerne mei as titel ‘Foarbyldich fakmanskip’. Sjoerd van der Schaaf wie wat suniger yn syn oardiel, mar ek hy priizge yn It Heitelân Brolsma as ien, dy't in grut oandiel hân hie yn 'e fernijing fan 'e Fryske literatuer sûnt Waling Dykstra. As skriuwer gie Brolsma yn 'e rêst. Hy pandere wat yn 'e tún om, gie mei de bus nei Grou of op 'e fyts nei Stiens. Yn Boalsert besocht er mei syn frou in útstalling oer Fryske keunst. Oan syn dochter die er ferslach. ‘De zoon van Walta had (...) een schilderij van opgeplakte bonte stukjes weefsel (stoffen). Stelt een huis voor in de winter. ƒ165,-. Werd aangekocht door een commissie, je moet maar boffen. 't Was trouwens leuk maar nu niet bepaald apart. Handigheid. Jantsje probeer maar eens.’Ga naar voetnoot945 Net sûnder grutskens skreau er har by in oare gelegenheid: In Dokkum werd een hokkeling bekroond dat heette Heechhofster Juliana, en de eigenaar woonde, zo meldde de krant werkelijk op het het spultsje dat door mij werd bedoeld - en dus beter boer was dan Jan Brunia-, dat zijn van die aardigheden.Ga naar voetnoot946 Fertelde er syn dochter meast deistige, lytste saken, oan syn freon Kiestra liet er wat mear sjen fan syn djipste tinzen: Allang hie ik jimme ris skriuwe wollen. Ja, fen doel om nei jim' ta, mar ik kin dêr net ta komme alhowol it my noch oan tiid as lust mankearret. (...) Och, wy wirde âld en de frou is net wer op hael en ik bin geastlik ek wirch, dan lit men alle ding mar gewirde. Brolsma skreau, dat hy en de frou ‘bytiden ek net alhiel gelyk oer ien en oar’ tochten, mar dat se herders ‘alle reden ta tofredenheit’ hienen. Us dagen geane yn freedsumme stille pielerij yn ein -, wy kinne ús rêdde, de bern meitsje it goed - Sneon kaam Jantsje ûnferwachts thús út Rotterdam mei in jonge Janke fen 4 moannen, hja koe it net mear forneare, wy moasten hjar sjen. In allerkostlikst berntsje en hja sa fiks mei hjar 4 bern (3 jonges). En best yn fortsjinst wyks fiks oer de ƒ100,-. Ulke is allang toplak en Liuwe hat in moaije saek.Ga naar voetnoot947 Wie Brolsma dan net ûntefreden, mear as in bytsje mankelyk wie er | |
[pagina 357]
| |
bytiden wol. De besite fan syn dochter hie it ferlangst by him oproppen om nochris wer op reis te gean en by har op besite te gean. ‘Ja, zoiets moest om de week of wat kunnen, afijn, [je bezoek] helpt ons een heel stuk door de winter heen.’Ga naar voetnoot948 Of: ‘Ja, men zou het wel graag eens willen zien, maar - nou enfin, we zijn er nog. (...) Koud hè? We moeten flink stoken. 's Avonds kwart over 9 op bed.’Ga naar voetnoot949 By in oare gelegenheid skreau er: ‘We zijn wel aardig bij de tijd maar moeten beide ons niet overspannen. Als ik maar iets kon kwam ik nog eens over. We leven helemaal met jullie mee en Jantsje moet maar gauw weer eens antwoorden. (...) en het kleine ding stellen we ons net zo voor als toen jij zo klein was.’Ga naar voetnoot950 Yn desimber 1952 krige frou Brolsma de gryp. Brolsma bleau moedich. ‘Het huishouden kan ik wel af - we zijn maar met z'n beiden.’ It wie wintersk waar en Brolsma syn suster Wieb fan goed tachtich jier, foel en briek de heup. Hy gie by har op besite yn it sikehûs en sa wienen syn dagen beset mei siken en húshâldlike saken. Brolsma syn frou gie lykwols net foarút, sy krige in ‘moai slimme tobeksetter’, skreau Brolsma oan Kiestra. ‘Op bêd bliuwe, onmacht yn earm en hân, tinsen hwet betiisd.’ Troch dy sykte fan syn frou, ‘krúste’ er ‘de tryste Desimbermoanne mei har om, oan't wy te langen leste in fikse gesinshelp bisette koenen, dy't ús no noch bystiet.’ Brolsma koe net mear fan hûs en hy neamde de situaasje ‘in lytse dea’.Ga naar voetnoot951 Brolsma belibbe in benearjende perioade en hy seach út nei de maityd. ‘Onze barometer gaat gelukkig achteruit en de zeevogels komen terug - weg met de winter.’Ga naar voetnoot952 Foar har jierdei (24 febrewaris) kocht er ‘een mooie bloem’, mar sa't er oan syn dochter skreau, ‘met mem gaat het nog niet zoals het wezen moet, het lezen vordert niets en ook heeft ze veel moeite met gedachtenconcentratie. Ik kan beslist niet van huis zoals het nu staat.’Ga naar voetnoot953 | |
[pagina 358]
| |
Sûnder mis hie frou Brolsma in oerhaal hân, al neamde Brolsma dat wurd net yn 'e brieven oan syn dochter. Ein febrewaris wie in gesinshelp net mear nedich. Brolsma achte it ek better sûnder help, ‘zij zal er bepaald vlugger om opknappen’, al soenen se ‘stadig aan’Ga naar voetnoot954 moatte. Beide seagen wol yn, dat sy by nije problemen mooglik net op har sels wenjen bliuwe koenen en se lieten har ynskriuwe foar in âldereintehûs - yn Grou. Dan hienen se yn elk gefal ien fan 'e bern tichtby. Foarearst wie in ferhuzing noch net nedich. Yn april sette Brolsma de ierdapels wer yn 'e grûn. Frou Brolsma koe noch net folle oan 't húshâlden dwaan, by besite wie se bytiden ‘nogal in de war’, mar Brolsma gie al wol wer mei har te kuierjen. In pear trilderige rigels ûnder in brief fan Brolsma oan syn dochter, litte lykwols sjen dat sy noch tige bykomme moast.Ga naar voetnoot955 Brolsma gie no geregeld mei har nei in dokter J. Postma, dy't troch ‘psygische teraphie, dat is bestraling en doorwerken met electrische apparaten’ besocht har te helpen. Aldus hebben wij verl. Dinsdag de eerste visite gemaakt; het was erg druk -, hij heeft mem onderzocht om na te gaan of er ook andere kwalen waren maar dat was zo niet. Ook geen te hoge bloeddruk. Toen is ze door 2 verschillende apparaten bestraald onder toezicht en was het voor die keer afgelopen. Mem was door de emoties en de klederij bekaf - we zijn per taxi thuisgekomen. En Donderdag weer en Zaterdag (voorlopig 3x per week) maar mem zegt dat ze, vooral na gister zich bepaald beter voelt, - ze is wisser in haar handelingen en zekerder in haar lopen en mij dunkt dat zelf ook. Moedich skreau Brolsma oan Jantsje: ‘Wij hebben boven al schoon en pielen maar gestadig door, vooral niet al te gek. (...) De aardbeien komen boven de grond, het is hier nu prachtig, greiden mooi en vee in het land.’Ga naar voetnoot956 Frou Brolsma wie minder moedich. Brolsma wie fan betinken dat soks te begripen wie, ‘die ziekte duurt nu al langer dan een jaar en dan wil je ook wel eens compleet weer beter zijn. 't Zit hem meest aan de krachten, het hoofd is goed, we moeten maar een poos aanhouden met die dr. Postma.’ Frou Brolsma | |
[pagina 359]
| |
wie gjin noflike pasjint. Hoe't Brolsma de húshâlding die, wie har meast net nei 't sin en se fûtere nochal op him om. By gelegenheid fan syn ienensantichste jierdei kamen Ulke en de frou nei Goutum, lykas Liuwe en de frou. It waard in ‘gezellige avond’: ‘Liuwe heeft altijd wel praat en de vrouwen konden het werk wel doen.’ Brolsma skreau by dy gelegenheid oan Jantsje: ‘Nu, dus zijn we 71 en de rest lijkt me niet zo bijster interessant’. Oer syn tún wie er yn itselde brief lykwols lyrysk: ‘Onze tuin staat nu prachtig na de laatste regen, de boontjes waren in 5 dagenDoarpsfeest Goutum 1953. De lêste foto.
allemaal present, zo heb ik het nog nooit gehad. En veel bloei aan de aardbeien maar het is te droog geweest, het worden geen dikkerts.’Ga naar voetnoot957 Oan it hûs waard ien en oar opknapt. ‘We zullen een beetje timmeren, ni. een rietmat in de steeg, dan is het achter veel smouter. En de kapotte te gels komen nieuwe voor.’ Se hienen nije buorlju krigen en dat foldie ek bêst: ‘Nog steeds veel genoegen met de buren, mem heeft veel meer aanspraak, we lopen 's avonds wel eens samen een eindje.’Ga naar voetnoot958 Frou Brolsma koe wer wat mear oan: ‘Des avonds zijn Mem en ik met onze nieuwe buurlui een heel eind op naar Hempens gewandeld en toen nog eens tot aan de straatweg. En niet moe. Als het zo doorgaat dan schieten we van 't zomer een eind in de goede richting. Maar wat het huiswerk betreft, daar moet ze zich nog al eens op bedenken.’Ga naar voetnoot959 Begjin augustus koe se mei nei de bioskoop. ‘We zijn van plan dat vaker te doen,’ skreau Brolsma optimistysk. Brolsma syn suster Wieb wie nei't se de heup brutsen hie, net | |
[pagina 360]
| |
mear nei har eigen hûs werom gien. Se hie in kosthûs fûn en har eigen hûs waard dêrom ferkocht. Ben maandag naar Stiens geweest, gister is het huis verkocht - er was veel animo maar ik weet nog niet wie het gekregen heeft. De 22ste [september] is het boelgoed want wij mogen de inboedel niet onderling verdelen vanwege de vele erfgenamen. Ik zal blij zijn dat alles maar achter de rug is. Je zit er zogezegd de hele zomer mee om te pakken.Ga naar voetnoot960 It rekke Brolsma dat it âlderlik hûs ferkocht waard. Foar him wie der yn it doarp fan syn jeugd, dêr't er altyd oan hinge hie, gjin fêst plak mear. Yn septimber wie der yn Goutum doarpsfeest en Brolsma en syn frou gienen der hinne. In wike of wat letter krigen se de foto, dy't by dy gelegenheid nommen wie. ‘Ik wou er niet op,’ skreau frou Brolsma, ‘en hield mijn hoofd maar naar beneden. Maar ze kwamen hier vanmorgen toch nog en heit wou wel wezen dat hij er op staat.’Ga naar voetnoot961 | |
Nei it St. AntoonMei de sounens fan frou Brolsma gie it ‘heel aardig’. Dochs fun se it nedich dat se - op langere termyn - ferfarre soenen. Oan Jantsje skreau se: ‘We hebben nog al een groot huis te onderhouden. En dan de tuin is ook nog al bewerkelijk. Wij worden beiden ouder en dan gaat de fut er wat uit.’ Sa kaam it dat Brolsma kontakt opnaam mei it St. Anthony Gasthuis yn Ljouwert. Fan kunde hie er heard, dat se dêr wol in kâns makken, al soe it mooglik noch wol jierren duorje ear't se der yn koenen. Brolsma gie der mei tsjinsin hinne, al hie er wol yn 'e rekken dat er foar de takomst foarsoarchsmaatregels nimme moast. Ze kunnen zich daar nu niet meer inkopen zoals vroeger, want dat kon voor het gasthuis niet meer uit. Nu doen ze het zó: Je krijgt (als het zover is) voor een echtpaar zit- en slaapkamer (2 vertrekken dus). Je hebt brand[stof] vrij - was vrij - lichte verpleging. Geen ziekenzaal. En alleen vrij middagmaal, geen broodmaal. Je betaalt ƒ150,- entré en voorts ƒ1650,- per jaar. | |
[pagina 361]
| |
Brolsma hie him goed taret foar it petear en skreau de antwurden op syn fragen kreas yn in notysjeblok op. Hy waard troch twa fâden, Hepkema fan it Kondinsfabryk en frou Elias-Sprenger, freonlik ûntfongen. Se hienen der aardichheid oan dat hy, in bekend
Omslach fan Joh. Mulders foar de 2e printinge.
skriuwer, nei it St. Antoon woe. Frou Elias, dochter fan 'e eartiidske eigner fan 'e Leeuwarder Courant, frege him wêrom't er gjin ‘Gesprekken op de brag’ mear skreau. Brolsma andere, dat se by de krante ‘alleen getypte copij [ha woenen] en dat kan ik niet’. Frou Elias woe soks lykwols net oan.Ga naar voetnoot962 Krektyn dy snuorje wie der fan Brolsma wer in boek útkommen. Nei Folk fan Fryslân hie Laverman Brolsma frege om werútjeften fan De Skarlún en Sate Humalda. Brolsma hie him sels set ta it omstaverjen fan it earste boek, dêr't er altyd grutsk op west hie. Begjin septimber ferskynde it, kreas ynbûn mei in omslach fan Johannes Mulders. Brolsma krige fan 'e útjouwer fiif presinteksimplaren. Ik wol jimme al efkes tank bringe for de my tastjûrde 5 Skarlunen. It boekje tuecht sa wol aerdich fen bûten en sil yn 'e útstalling net oer de kop sjoen wurde. Bân en printing binne abslút moai. Lit ús faesje hâlde for de goede sleet.Ga naar voetnoot963 Sa gie de simmer fan 1953 foarby. Brolsma hie hoop hân dat er nochris nei Rotterdam koe, mar dat wie der troch de sykte fan syn frou net fan kommen. Ulke en Liuwe hienen geregeld yn Goutum op besite west, en hy longere der echt nei dat syn dochter ek komme soe. ‘Heb je al eens uitgekiend hoe en wat je zult met de reis hier heen?’Ga naar voetnoot964 Jantsje Brolsma kaam 27 septimber op besite, in wike of wat nei't har âlden ynskreaun wienen foar it St Antoon. By dy gelegenheid joech Brolsma har in eksimplaar fan 'e nije Skarlún. De | |
[pagina 362]
| |
reden dat se it boek krige, wie dat se har eigen eksimplaar yn 'e oarloch ruile hie by in slachter foar fleis. Brolsma brocht syn dochter sels wer nei de trein en it ôfskie wie fleurich en hertlik. Begjin oktober kaam it berjocht, dat de Brolsma's daliks nei it St. Antoon koenen. Dat berjocht kaam Brolsma ôfgryslik oer it mad. Hy hie der net mei rekkene, dat der al sa gau plak foar harren wie. Nei alle gedachten ha de fâden miend, Brolsma mei sa'n flotte pleatsing yn it Gasthús te skewielen. Wegerje koe slim en boppedat, frou Brolsma hie der wol sin oan. Se hie nei alle gedachten better yn 'e rekken as har man, dat se net lang mear selsstannich wenje koenen. Yn alle gefallen gie it oan. It hûs te Goutum waard te keap set en - mei help fan Liuwe en syn frou - waard de ferhuzing taret. Brolsma en syn frou krigen twa keamers oan 'e westkant fan 't St. Antoon; ein oktober binne se der hinne gien. In ferhúsberjocht oan Laverman datearret fan 3 novimber 1953. By de ferhuzing die bliken dat Brolsma geastlik yn ein wie. Nei't er yn 1951 syn depresje te boppen kommen wie, hie er al mar omheukerje moatten mei syn frou en wie syn wrâld al mar beheinder wurden. Yn it skimerige, stille St. Antoon - mei in handikapte frou, dy't suver neat mear selsstannich koe - en oare âlde minsken om him hinne fielde er him in finzene. Hy miste it wide fjild fan Goutum. It krong ta him troch, dat der gjin ûntwyk mear wie. De bern hienen drokke húshâldings, dy koe er net lêstich falle. Yn Stiens wie it âlderlik hûs ferkocht, syn suster Wieb siet yn in keammerke lykas hy.Ga naar voetnoot965 Liuwe besocht him del to bêdzjen, mar dat slagge min. Yn 'e Prinsetún krigen se iepentlik rúzje. Ferwezen socht er oanslach. Hy gie te fytsen. Underweis nei Stiens gie er by Hoatse de Jong oan yn Jelsum. Mentha de Jong noege him yn 'e hûs. Hy woe net sitte en gjin kopke tee drinke, mar hy rûn oan ien wei yn 'e keamer hinne en wer en mompele wat. Hy wachte ek net oan't ús heit thúskaam.Ga naar voetnoot966 | |
[pagina 363]
| |
Mear minsken dy't him yn dy snuorje troffen, foel Brolsma syn senuweftich gedrach op.Ga naar voetnoot967 Brolsma besocht wol om rêstiger te wurden en him del te lizzen by de situaasje. Sa pakte er it skriuwen wer op. Hy stjoerde in stik op nei Frysk en Frij. It hânskrift wie lykwols min lêsber mei heal ôfmakke sinnen en de redaksje stjoerde it him werom mei it fersyk om de hiaten op te foljen. Likernôch in wike letter trof in redakteur, D.A. Tamminga, Brolsma yn it gebou fan 'e Leeuwarder Courant. Syn eagen stiene him wyld yn 'e holle en syn wirden wiene bitter. Hy sei: ‘Soa, kin de âld man it jimme net mear nei't sin dwaan?’ Ik haw doe besocht him mei hoedene wurden op 'e hiaten te wizen, dêr't wy gjin wei mei wisten, mar hy bleau dwers en rûn lilk en brimstich by my wei.Ga naar voetnoot968 Mooglik wie Brolsma by it gebou fan 'e Leeuwarder Courant om by Piebenga rie te freegjen, dy't lykwols yn Amearika wie. Stipe sykje by Douwe Kalma koe Brolsma net mear. Kalma wie troch in auto oanriden en op 18 oktober oan 'e gefolgen fan it ûngemak ferstoarn. Brolsma skreau Wike Zylstra in kondoléânsjebrief, mar gie net nei de begraffenistsjinst. Kalma hie de lêste jierren gjin wichtige rol mear yn Brolsma syn libben spile, mar namste grutter hie harren bân yn 't ferline west. Syn brief is net bewarre bleaun, mar sûnder mis sil Brolsma stil stien ha by de gloarjejierren fan 'e Jongfryske Mienskip en tocht ha oan 'e strideraasjes dêr't syn mentor altyd wer yn behelle waard.Ga naar voetnoot969 Wike Zylstra reagearre op 8 novimber. ‘Alle forhâldingen kamen stadichoan wer yn oarder,’ skreau se oer Kalma. ‘De moaiste jierren liken noch foàr him to lizzen.’Ga naar voetnoot970 | |
[pagina 364]
| |
Brolsma hat yn dy snuorje foar himsels konkludearre dat syn libben gjin doel mear hie. Sa't er earder al oan syn dochter skreaun hie, liken him de jierren dy't noch komme moasten dochs al net ‘bijster interessant’. It St. Antoon as lêste stasjon betsjutte foar him net itselde as de ‘rêstige âlde dei’ dy't er him tweintich jier earder yntocht hie. Nearne belibbe er noch wille oan. Leafde foar frou, bern en bernsbern hawwe gjin tsjinwicht jûn tsjin de depresje dy't oer him kommen wie en dy't him ta it beslút brochten om in ein oan syn libben te meitsjen. Dat Fokke Sierksma him op 25 oktober foar de radio ien fan Fryslâns klassike skriuwers neamd hie, sil him wol net treastige ha.Ga naar voetnoot971 Mooglik hat er dy wiken noch wol by in dokter west, mar hy woe yn alle gefallen gjin shockterapy wer.Ga naar voetnoot972 Freedtemiddei 13 novimber skreau er in briefke foar syn frou (dy't middeis in skoft op bêd gie) dat er nei de kapper gean soe. Hy rûn in skoft yn 'e stêd om en hat ek noch yn Goutum west. Earne oan 'e Potmarge fûn er in roeiboatsje en dêrmei is er it wetter opgien. Doe't Brolsma dy jûns noch net werom wie, warskôge syn frou de minsken fan it St. Antoon. Liuwe waard skille, dy't rillegau de plysje warskôge. Troch it gedrach fan syn heit yn 'e lêste wiken, hie er daliks yn 'e rekken dat der wat slims bard wie. Dochs hie er noch de hoop dat syn heit mooglik nei Jantsje yn Rotterdam reizge wie. It soe oant moandei ta duorje ear't it boatsje yn it Van Harinxmakanaal mei dêryn syn oerjas fûn waard.Ga naar voetnoot973 In pear dagen lang is it kanaal drêge. Op freedtemiddei 20 novimber is Brolsma út it wetter helle, ‘tichte by de nije brêge yn 'e Ryksstrjitwei Ljouwert-Gou- | |
[pagina 365]
| |
tum.’Ga naar voetnoot974 Syn horloazje wie stilstean bleaun op tsien minuten oer trijen.
De beïerdiging wie fiif dagen letter, op tiisdei 24 novimber. Neffens de krante in kâlde dei mei wat sinne. Nei in koarte gearkomste yn it St. Antoon om healwei twaen, makke Brolsma syn lêste reis nei de Noorder Begraafplaats yn Ljouwert. It hie passender west om him werom te bringen nei Stiens, mar dêr sil by alle argewaasje net ien om tocht ha. Mar in bytsje minsken wienen noege en by it grêf stienen ta ôfskie sa'n 35 minsken. Frou Brolsma en de bern, wat oare famylje en fan 'e kunde û.o. Douwe Kiestra en de frou, E.B. Folkertsma, Tetman de Vries, Liuwe Brandenburgh en Geart Jonkman. Ds. Rienstra hâlde in koarte taspraak oer de betsjutting fan Brolsma foar Fryslân en dat er yn syn wurk in ‘blier oantinken’ neilitten hie. De dûmny bea it ‘Us heit’ en dêrmei wie de koarte en sobere plechtichheid foarby.Ga naar voetnoot975 |
|