Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 273]
| |
X
| |
Saxo-FrisiaOp sneon 18 jannewaris 1941 reizge Brolsma nei Grins ta. Hy hie in útnoeging krigen foar de oprjochtingsgearkomste fan 'e stifting Saxo-Frisia. Brolsma wie yn it selskip fan mannen as Douwe Kiestra, Rintsje Sybesma, Bauke Tuinstra en Geart Ruiter. Der kamen dy middeis sa'n tachtich minsken byinoar op 'e boppeseal fan restaurant De Faun. Under harren de Beauftragte fan Grinslân, Conring, en de lieder fan 'e SS yn Nederlân, Feldmeijer. De oprjochter fan 'e nije stifting, professor J.M.N. Kapteyn hâlde earst in frij drege ynlieding. Kapteyn, rektor-magnifikus fan 'e Grinzer Universiteit, wie germanist en foarstanner fan in sterkere bân tusken de Nederlanners en de Dútsers. Saxo-Frisia, syn nije stifting, woe de ‘historische verbintenis’ tusken de ‘Noordzeegermanen’ fierder bringe. Friezen en Saksen wienen foar Kapteyn ‘twee loten van den germaanschen stam’.Ga naar voetnoot720 Efter de stifting stie - al sei Kapteyn dat der net by - de Volksche Werkgemeenschap en de SS. It jild foar de aktiviteiten kaam fan 'e Dútsers en sy wienen ek de baas oer Kapteyn. Oft oanwêzigen as Brolsma har dat allegearre bewust wienen, bliuwt de fraach. | |
[pagina 274]
| |
Begin jannewaris wie it Trijemanskip fan 'e Fryske beweging út-inoar fallen. Kalma en Folkertsma hienen de Dútskfreonlike Sybesma ûnder druk set en hy wie opstapt. Foar de Dútsers wienen de twa bewegers, dy't as in Twamanskip fierder gienen, net botte ynteressant mear om Fryslân foar it nasjonaal-sosjalisme te winnen. It waard Kalma en Folkertsma ferbean om iepenbiere gearkomsten te hâlden. Dat makke it plak frij foar bewegers, dy't mear sympaty foar de besetter hienen, as Kiestra en Sybesma. Benammen Kiestra seach yn 'e gearwurking mei de Dútsers foar Fryslân grutte kânsen. By de begraffenis fan Jan Melles van der Goot hie er it al hân oer ‘de geweltige fernijingen dy't nou trochsette, de machtige omkearingen en herfoarmingen op elts terrein fen libben en maetskippij.’Ga naar voetnoot721 Yn jt blêd fan 'e Fryske Folkspartij, Frysk Folksblêd, kaam sûnt de besetting de nasjonaal-sosjalistyske tinkwize mear en mear nei foaren. It is wichtich om dêrby yn 't each te hâlden dat dy Friezen dy't wol foar de Dútsers fielden, sterk anty-nsb wienen. Sa't Mussert yn in petear mei Kiestra dúdlik makke hie, woe er ta - as hy it foar it sizzen krige teminsten - op fjouwer provinsjes. Fryslân soe mei Grinslân, Drinte en de kop fan Oerisel ien fan dy fjouwer wurde. Grins waard dan it kulturele sintrum. Foar mear Fryske selsstannichheid hoegde men dus net op 'e nsb te rekkenjen.Ga naar voetnoot722 Mei't it Twamanskip sûnder de folkske groep trochgie, moast útsjoen wurde nei oare wegen om ynfloed te krijen. Saxo-Frisia like dêrta in goede mooglikheid. Wêrom reizge Brolsma dy sneons mei nei Grins? Hy fielde net foar it nasjonaal-sosjalisme en wie ek net in fûle beweger, dy't alles oer hie foar de Fryske belangen. Wêrom is er begjin 1941 net passyf bleaun, lykas de measten yn Nederlân, mar hat er aktyf gearwurking mei de Dútskfreonlike groep yn Fryslân socht? Brolsma hat nei alle gedachten miend dat Dútslân de kommende jierren de baas bliuwe soe. Woe er trochgean mei publisearjen dan - sa sil er tocht ha - soe dat it maklikst gean as er harren wat op 'e lije side kroep. Dus net by alles tsjinakselje en krimmenearje mar in positive hâlding oannimme. Mooglik hat er dêrby fearn op it kompas fan | |
[pagina 275]
| |
syn goekunden Douwe Kiestra en Douwe Kalma. Syn petear mei de Pressereferent hie him leard, dat al te kritysk skriuwe him wolris syn brea (en syn hachje) kostje koe. Fan Klaes Sierksma hie er heard, dat Seyss-Inquart sa'n belangstelling foar de Fryske literatuer hie, dat er opdracht jaan woe om Groun en Minsken foar him oer te setten. Sokke kânsen koe Brolsma net rinne litte.Ga naar voetnoot723 Nei de rede fan Kapteyn wienen de measte Friezen noch net botte entûsjast foar Saxo-Frisia. Wat moasten de Friezen mei dy Saksen? Om't der op dat stuit lykwols gjin alternatyf wie en nei't der op harren ynpraat wie, joegen de measten har dochs mar op as lid. Brolsma die dat net. Hy woe der earst mei syn bazen oer prate, sei er. Lid is er letter ek net wurden. By it neipetear hie er tsjin de Hollânske gasthearen sein: As jimme dy flauwe kul der by wei litte, mei dy moaije pakjes en dat hân opstekken en folle net genôch, en jimme bisykje de saek hwet lankmoedich en stadich to bihanneljen, den binne de Friezen for in great part nasjonaal-soasjalist; mar as jimme sa troch aveseare, den wirde se it nea! Wy moatte gjin Mussert-mannen yn Fryslân ha! Neffens Tuinstra ‘ferloeken [de Hollanners] gjin spier, do't er det sei.’Ga naar voetnoot724 | |
De Fryske RieDe mannen dy't har opjoegen foar Saxo-Frisia, hienen der net folle betrouwen yn dat dy stifting in soad foar Fryslân betsjutte soe. ‘Ja, it wiist optheden min yn Fryslân,’ skreau Kiestra. It wie Geart Ruiter, foarsitter fan 'e Friesche Maatschappij van Landbouw, dy't aksje ûndernaam. Hy noege in achttal minsken út om op 7 febrewaris 1941 nochris in ‘goed opset en trochtocht plan to bipraten’ oer hoe't it fierder moast. It wie syn bedoeling om Friezen te sammeljen, dy't ‘de nije tiid bigripe en dy't de nije geast útdrage wolle, dy't Fryslân syn plak jaen wolle mids de oare Germaenske lânnen en (...) it Fryske Folk opfiede en liede wolle.’ Op 21 febrewaris waard op 'e boppeseal fan 'e Suvelbank yn Ljouwert | |
[pagina 276]
| |
nochris gearkommen en in Fryske Rie oprjochte. Neffens Ruiter gie it derom dat it Fryske folk op ‘har plak’ stean moast om sa ‘Fryslân en ús Folk yn 'e feart fen de foltsen foarop gean litte kinne, út âlde krêft, mei suver bloed en mei it greate ideael om hiel de greate Germaenske wrâld to oerstrieljen mei it Fryske ljocht: wêzen en kultuer.’ De Fryske Rie hie in polityk en in kultureel doel. It woe dat de ekonomyske ferhâldingen better waarden en woe stribje nei - neffens de nije tiid - ferantwurde sosjale ferhâldingen om sa de ‘ieuwenâlde folkskultuer krêftich to biwarjen en to hoedzjen’. De Rie soe arbeidzje yn ‘Frysk-nasjonale geast’ en ‘yn tsjintwirdige oersetting’ betsjutte dat ‘yn nasjonael-soasialistyske geast’. Neffens de notulist fan 'e gearkomste soe de Rie ‘de Friezen wer biwust meitsje moatte fen hjar eigen oererfd nasjonael-soasialisme.’ De Fryske Rie woe gearwurkje mei de besetter, dy't neffens de foarsitter fan 'e gearkomste dwaande wie ‘in great Germaensk Ryk’ op te bouwen en ‘ek wy bihearre ta det Ryk’.Ga naar voetnoot725 Wylst Brolsma net by de earste gearkomste west hie, wie er wol by de oprjochtings-gearkomste fan 'e Fryske Rie. Hy joech him daliks op as lid. Yn 'e gearwurking mei de besetter hat Brolsma dus gjin beswier sjoen. De reden dat er him yn dit aventoer bejoech wie sûnder mis, dat it útjaan fan in wykblêd ek op it programma stie. Brolsma sei daliks ta, dat er dêroan meiwurkje woe. Mei S.D. de Jong en Yme Schuitmaker naam er in sit yn 'e tariedingskommisje foar it blêd. Rillegau wie harren rapport klear. Wat de ynhâld oanbelange, brocht de kommisje nei foaren, dat ‘yn ús folkske libbensskôging hiel it libben in ienheit is’. Dat betsjutte dat neist kulturele, ek ‘politike, sociale en ekonomyske problemen’ yn it blêd oan 'e oar- | |
[pagina 277]
| |
der komme moasten. Elk nûmer soe in feuilleton befetsje moatte, ‘spannend en tagelyk ynfrysk’. It útstel foar it honorarium wie ƒ2,50 ‘de kolom printsel’. Wat de kosten oangie, brocht de kommisje de wurden fan Geart Ruiter op de gearkomste fan 21 febrewaris 1941 yn oantinken: ‘Ik garandear det it jild der komme scil en wol Nederlânsk jild fen Nederlânske minsken’. As lieder fan it blêd stelde de kommisje Douwe Kiestra foar.Ga naar voetnoot726 Foaral de fraach by hokker organisaasje de Rie ûnderbrocht wurde moast, joech noch in soad swierrichheden. De oprjochtersBrolsma yn 1941. Foto J.D. de Jong.
fan 'e Rie hienen wollen, dat se ûnderdiel wurde soenen fan it Frysk Agrarysk Front, de Fryske ôfdieling fan it krekt oprjochte Nederlands Agrarisch Front (fan 'e nsb), dêr't Ruiter de lieder fan wie.Ga naar voetnoot727 Op 7 maart en 11 april wienen dêr gearkomsten oer. It waard úteinlik Saxo-Frisia. Dat wie tsjin it sin fan prof. Kapteyn, dy't neat seach yn it Fryske separatisme, mar hy waard troch syn mearderen ûnder druk set. Op 24 maaie waard de Fryske Rie fan Saxo-Frisia offisjeel oprjochte. Lieder waard Douwe Kiestra. Syn Fryske Folkspartij gie op yn 'e Rie. Goed fyftich nammen telt de presinsjelist fan dy oprjochtingsgearkomste yn Ljouwert. Brolsma en syn frou hawwe dêr beide by oanwêzich west. Weidlich en Ross wienen der ek. Ruiter, Kiestra en Kapteyn hâlden taspraken. It nije blêd fan 'e Rie, It Fryske Folk, ferskynde yn july. It kaam net alle wiken út, sa't de bedoeling west hie, mar op de earste en de tredde sneon fan 'e moanne. Samler wie yndie Douwe Kiestra. Daliks al yn it earste | |
[pagina 278]
| |
nûmer stie in ferhaal fan Brolsma. ‘Brolsma is wer produktyf’ stie yn it aparte kader by it ferhaal en as ‘bilangryk nijs’ waard oankundige dat yn it twadde nûmer in nij ferfolchstik fan him begjinne soe. Dat Brolsma oan it blêd meiwurkje koe, wie foar him grif de reden om lid fan 'e Fryske Rie te wurden. Brolsma hat besocht om Hoatse de Jong te bewegen om oan It Fryske Folk mei te dwaan. ‘Wy hawwe papier en wy hawwe jild’ wie syn oanrikkemandaasje. It blêd betelle ƒ5,- de side. De Jong wegere.Ga naar voetnoot728 Foar de Rie wie de meiwurking fan Brolsma in moai propagandamiddel om lêzers foar it blêd te winnen. Nei alle gedachten wienen dat der yn 1943 sa'n 300. Likernôch 120 fan harren wienen ek lid fan 'e Fryske Rie. Dy lege sifers litte sjen, dat de ‘folkske’ streaming yn Fryslân gjin grutte oanhing krige.Ga naar voetnoot729 Sa't it earder Douwe Kalma wie, dy't fan ynfloed wie op it meidwaan fan Brolsma oan 'e Jongfryske beweging, sa wie it no Douwe Kiestra dy't him behelle yn 'e Fryske Rie. Brolsma hie bewûndering foar de boer-dichter en hie - mear as mei Kalma - ek persoanlik omgong mei him. Febrewaris 1941 gienen de Brolsma's en Kiestra en de frou nei ‘Die lustige Weiber von Windsor’ ta. De Kiestra's kamen de moarns en bleauwen ek te iten.Ga naar voetnoot730 Nei it oprjochtsjen fan 'e Fryske Rie waard it Twamanskip fan it oare (grutste) part fan 'e Fryske beweging mear tsjinwurke troch de Dútsers as earder it gefal west hie. Iepenbiere sprekkerijen bleauwen ferbean. In mooglikheid om dochs de Friezen te berikken waard fûn yn it omstjoeren fan bulletins en de útjefte fan Blauboekjes. Dat wienen lytse brosjueres mei tapaslike Fryske teksten, elk mei in oplage fan 1500 eksimplaren. Der ferskynden acht fan. De ynhâld wie net polityk en rôp ek net op ta aksje of ferset. Op 9 july 1941, dus nei de oprjochting fan 'e Fryske Rie, waard Brolsma troch Folkertsma frege om in tekst foar sa'n boekje te leverjen. En nou scoene wy it tige op priis stelle, as wy ek sa'n blauboekje fen jo útjaan koenen. Wy scoenen jo freegje wolle: Kinne jo ús ek in koarte | |
[pagina 279]
| |
skets biskikke, neffens de greatte fen in blauboekje? It moat fensels ien wêze dy't net earder printe west hat.Ga naar voetnoot731 Fan 'e útjefte is neat wer wat fernommen, wierskynlik om't Brolsma nij wurk oan It Fryske Folk tasein hie. Wûnderlik is it wol, dat Brolsma op dat stuit noch frege waard om wurk foar dat part fan 'e Fryske beweging te leverjen, dat himsels al mear en mear ta it ferset tsjin de Dútsers rekkene. It is in bewiis dat Brolsma op dat stuit net bot as pro-Dútsk sjoen waard. | |
Nei GoutumTroch de besetting kaam Liuwe Brolsma sûnder wurk. It Volksblad van Friesland, dat printe waard by de Arbeiderspers yn Ljouwert,Jantsje Brolsma.
rekke nei de kapitulaasje rillegau in soad lêzers kwyt. Reden wie, dat de krante ûnder strang tafersjoch fan 'e nsb stie en it sdap-karakter kwyt rekke. Yn 't lêst fan 1940 waard troch de direksje besletten om de krante tenei yn Grins te printsjen. De 35 meiwurkers fan 'e Arbeiderspers yn Ljouwert krigen dien. Aldergelokst duorre it net lang ear't Liuwe oar wurk fûn. Hy koe kompanjon wurde by de printerij fan Van der Spoel yn Grou. Dy saak stie der net al te bêst foar, mar mei syn entûsjast aard woe Liuwe it dochs wol besykjen. Hy dreamde al fan in ‘nije fikse Fryske útjowerij’. M.K. Scholten frege er om klanten syn kant op te stjoeren.Ga naar voetnoot732 Syn nij wurk betsjutte dat Liuwe en syn húshâlding net yn Goutum bliuwe koenen te wenjen. Mei't it hûs oan 'e Goutumerdyk frij | |
[pagina 280]
| |
kaam, besleaten syn heit en mem dat se dêrhinne ferhúzje woenen. Brolsma hie syn nocht fan it stedslibben en hy woe wol graach mear romte om him hinne ha. Yn Goutum soe er oer de fjilden útsjen kinne, wylst er maklik mei de fyts nei 't wurk koe. Boppedat wie it mooglik om syn eigen grienten en foaral ierdapels te ferbouwen. Yn 'e maityd fan 1941 gie it oan. In probleem wie wol it hûs oan 'e Mûnestrjitte. It slagge mar min om dat te ferkeapjen om't der in hege erfpacht op rêste. Net earder as nei de oarloch waard in keaper fûn. Jantsje Brolsma ferfoer mei har âlden. Goutum telde yn 1941 sa'n 450 ynwenners, dy't meast om 'e tsjerke yn it doarp wennen. It hûs fan de Brolsma's stie oan 'e Goutumerdyk, de ferbining tusken it doarp en de Brédyk. Alle huzen oan 'e Goutumerdyk hienen in puntdak en in eigen brechje oer in ôfwetteringssleat. De Brolsma's mochten der graach wenje, al krigen se mar slim kontakt mei de Goutumer mienskip. | |
De Harmen Sytstra-priisYnearsten hienen de Dútsers de amtnerij fan Nederlân yntakt litten. Om't it harren fernuvere dat der gjin ‘propagandaministerie’ wie, waard dêr mei de ynstelling fan it Departement van Volksvoorlichting en Kunsten yn novimber 1940 yn foarsjoen. Sekretaris-generaal fan dit dvk waard Tobi Goedewaagen, in klassikus en filosoof, dy't earder haadredakteur fan De Waag west hie. Goedewaagen wie in erudyt en keunstsinnich man, dy't tige fielde foar wat er neamde ‘Nationale Opvoeding’. Hy wie sûnt lang ûnder de tsjoen fan it faksisme kommen en yn it dvk krige er dan ek alle kânsen om de Nederlanners grut te bringen yn 'e nije oarder. Syn belied soe twa haadtaken krije: ôfrekkenje mei de ‘op de spits gedreven vrijheid van de kunst’ en it folkseigene werombringe yn 'e kultuer en op dy manier ôf te weven mei it ‘cosmopolitisme’. Goedewaagen bewûndere Anton Coolen, Stijn Streuvels en Theun de Vries en by syn nij belied soe er benammen omtinken oan streekliteratuer jaan. Letter soe er dêrfan sizzen: ‘Er was al traditie op dit terrein. Wij behoefden alleen te stuwen wat uit zich zelf al werkte. Zo werden Evert Zandstra, Jan Eekhout en (Reinder) Brol- | |
[pagina 281]
| |
sma voor ons pioniers.’Ga naar voetnoot733 Yn 1941 kaam der fan in nij belied noch net folle telâne. Goedewaagen moast earst syn nij departemint op oarder bringe. It ‘stuwen’ begûn lykwols al wol. Op it Departemint waard yn 'e simmer fan dat jier besletten om in literêre priis yn te stellen foar it Frysk. Nei't it beslút fallen wie, kaam de fraach wa't de priis krije moast. Dêr hat de Amsterdamske Fries Nico Aartsma in wichtige roi by spile. Hy wie ferbûn oan 'e Nederlandsche Kultuur Kring en kaam as sadanich ‘folle yn kontakt mei foaroansteande Dútske en Hollânske persoanen’. Hy koe dan ‘it Frysk nasjonaele stânpunt fordedigje.’Ga naar voetnoot734 Nei it Departemintsbeslút, skreau Aartsma: ‘Deze geste zal in bepaalde Friesche kringen zeer veel waardering ontmoeten (...)daar het een eerste symptoom is van een zich wijzigende opvatting van Holland t.o.v. de Friesche kultuur.’Ga naar voetnoot735 Yn syn eagen wie Sybesma de bêste kandidaat, fan alle Fryske skriuwers wie dy it meast pro-Dútsk. Sybesma sels miende lykwols dat Brolsma it earst yn 'e beneaming kaam. Dat wie ek de miening fan Kiestra. Yn augustus reizge Aartsma foar oerlis nei Fryslân. Hy rieplachte mei S.D. en J.D. de Jong en hie telefoanysk kontakt mei Kiestra. De útslach wie dat it om ‘zuiver tactische overwegingen’ fout achte waard om Sybesma de priis te jaan, om't hy sa'n politike figuer wie. Bekroaning fan | |
[pagina 282]
| |
Sybesma soe ‘het vertrouwen van het grootste deel van het Friesche volk, dat thans mee begint te komen of althans niet direct vijandig staat, verspelen.’ Brolsma wie dêrom neffens de lju fan 'e Fryske Rie ‘op dit oogenblik de eenige juiste candidaat.’Ga naar voetnoot736 Ek de Dútske autoriteiten bemuoiden har der mei. Dr. Wolgang Ispert, in meiwurker fan Seyss Inquart, wie fan miening dat Brolsma de priis krije moast.Ga naar voetnoot737 It nijs waard begjin oktober nei bûten brocht. Oft Brolsma it al earder heard hie, is spitigernôch neat oer bekend. De priis bestie út in bedrach fan ƒ1000,- en hie de namme ‘Harmen Sytstra-priis’ krigen, ta eare fan 'e taalstrider út 'e njoggentjinde ieu. De útrikking soe troch Goedewaagen sels dien wurde. De lieding fan 'e Fryske Rie seach de priis foar Brolsma as in grut sukses foar Fryslân, mar foaral foar de Fryske Rie sels. It liket derop, dat Brolsma tige wiis mei de priis wie. ‘De H. Sytstrapriis kaem my dos wol ta,’ skreau er oan G. Leopold, dy't him krekt dy wike in bibliografyske list fan syn wurk opstjoerd hie. It wie in ‘heap’ miende Brolsma, sa't ‘wis net in twadde Fryske skriuwer byenoar bringe kin.’Ga naar voetnoot738 Brolsma fûn altyd al, dat er temin eare fan syn krewearjen krigen hie. Net allinnich fan Fryske, èk fan de kant fan de Nederlânske autoriteiten. Al yn 1930 hie er protestearre tsjin it feit, dat er syn wurk net ynstjoere mocht foar priisfragen fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. De Provinsjale Underwiisrie hie dêr wol wurk fan makke, mar soks hie neat úthelle. No kaam út Hollân dan in priis. Dêrom hat er der grif net serieus oer tocht om de priis te wegerjen. Wegerjen, sa hat er him miskien noch wol ôffrege, wat soe dat foar gefolgen foar him hawwe kinne? Mooglik wol in publikaasjeferbod en dat koe er hielendal net brûke. De feestlike priisútrikking soe hâlden wurde op sneon 11 oktober. Middeis de útrikking, dan in diner en dêrnei in feestjûn. De tarie- | |
[pagina 283]
| |
dingen dêrta wienen mids septimber al begûn. De ‘tarizzing [sil] in sleep wirk meibringe,’ klage Kiestra.Ga naar voetnoot739 It Departement rekkene mei in totale kostepost fan ƒ5000,- en besocht de Provinsje Fryslân it grutste part dêrfan betelje te litten. Soks gie lykwols net troch. It kolleezje ornearre dat de Fryske Rie ‘een weinig bekende vereeniging’ wie, mei sa'n bytsje leden dat de Rie ûnmooglik as ‘vertegen-woordiger van de bevolking van Friesland kan worden beschouwd.’ De Provinsje wie ek fan betinken dat it net ferantwurde wie om safolle jild te besteegjen ‘ter dekking van de kosten van vergadering, diner en tooneelavond.’Ga naar voetnoot740 It dvk betelle dêrom lang om let alles. Foar it Dútskgesinde part fan 'e Fryske beweging wie de priis fansels grut nijs. It Fryske Folk kaam foar de gelegenheid mei in spesjaal Brolsma-nûmer. Ek dat hie yn koarte tiid regele wurden moatten. Doe't Kiestra oan Kalma om in bydrage frege, joech er him mar sa'n fiif dagen de tiid dy om op te stjoeren. It bysûndere nûmer stie fol mei positive wurden oer Brolsma. It blêd iepene mei in fers fan Kiestra, dêrnei folge in moai, libben stik fan Kalma oer de betsjutting fan Brolsma foar Fryslân. S.D. de Jong levere in bydrage oer Brolsma ‘syn plak yn dizze tiid’. De Jong die war om Brolsma syn wurk as ‘folks-Germaensk’ te sjen, al moast er sels tajaan dat Brolsma him dêr wis net fan bewust wie. Oft ‘de tûzenen Friezen, dy't him lêze, it biwust sa oanfield habbe’ wie er ek net wis fan. S.D. de Jong wie yn dy rite oerspand en syn stik is dúdlik yn sân hasten yninoar set.Ga naar voetnoot741 Yn It Fryske Folk stie herders noch in stik oer ‘Folk en Kinstner’ fan Kiestra en J.D. de Jong skreau oer ‘groun en minsken’. Fierhinne it nijsgjirrichste stik wie fan frou Kiestra. Yn ‘Oer bisytsjen’ beskreau se in besite fan Brolsma en de frou. ‘Myn earste yndruk wier: hwet in gewoane man, alhiel gjin artistike poeha.’ Frou Kiestra neamde him by petearen ‘de stille kant it neist.’ Hiel aardich is har beskriuwing fan frou Brolsma, mei wa't se ‘fuortendaliks thús’ | |
[pagina 284]
| |
wie. Frou Brolsma koe ‘sa libben en safolle fortelle, it wier in lust nei hjar to hearren. Ik koe net litte by mysels de opmirking to meitsjen det hja sûnder mis wolris skildich west hat oan Brolsma syn geastige biskriuwings fen minsken en sitewaesjes.’Ga naar voetnoot742 Bûten Fryslân wie de priisútrikking ek nijs. Foar it Algemeen Handelsblad reizge Ed. Hoornik op 10 oktober nei Goutum foar in petear mei Brolsma. Hy begûn it stik mei in sfearympresje fan Fryslân en joech in posityf besprek fan It Heechhôf. Brolsma hie him ophelle fan it stasjon en in fyts foar Hoornik hierd. Tegearre fytsten se yn 'e rein nei Goutum. ‘Zittend aan zijn tafel met de dampende koffie tegenover hem en de familieportretten, tusschen de naaimachine en de tikkende hangklok’ fertelde Brolsma de sjoernalist oer syn libben en wurk. Hoornik observearre Brolsma en skreau: 't Is mogelijk, denk ik, terwijl ik Brolsma observeer, dat je schilder en journalist bent, maar je hebt de physiognomie van een boer, en je bent daar trotsch op; zon, regen en wind hebben je gezicht geteekend; het is sterk en gezond onder het grijze haar, en hier, temidden van de weilanden ben je meer op je plaats dan in de stad. Hoornik bespriek mei Brolsma de Fryske skriuwers, dy't yn it Hollânsk publisearren en it nivo fan 'e krityk. Dêrby priizge Brolsma Douwe Kalma. Nei it petear krigen de mannen fan frou Brolsma sop en ‘flensjes’.Ga naar voetnoot743 | |
De priisútrikkingWylst de Fryske Rie optein wie oer de priis, oardiele it Twamanskip hiel oars. Yn 'e ynstruksje oan 'e korrespondinten fan 3 oktober waard sein: Om misfoarstân foar to kommen of wei to nimmen, diele wy mei dat it twamanskip en de selsskippen efter it twamanskip, dos praktysk likernôch de hiele Fryske biweging, neat út to stean hawwe mei de takenning fen 'e saneamde Harmen Sytstra-priis oan R. Brolsma noch | |
[pagina 285]
| |
mei de hildiging takomme Snjeon fen dy skriuwer. De Fryske Rie en Saxo Frisia binne der allinne mei mank.Ga naar voetnoot744 Dêrmei waard it Brolsmafeest ‘besmet’ ferklearre. Dat Brolsma de priis krige wie net it probleem. It twamanskip hie beswier tsjin it feestlike en propagandistyske karakter dat fan 'e útrikking útgie en foaral tsjin de oanwêzichheid fan Hollanners. It wie fansels ek in moaie gelegenheid om de Fryske Rie dwers te sitten. ‘Wy hiene Brolsma allegear heech,’ skreau J.J. Kalma, ‘mar dit feest mei Dr. T. Goedewaagen as sprekker mocht net slagje.’Ga naar voetnoot745 Namste tichterby de feestdei kaam, namste dúdliker waard it dat in soad Fryske pommeranten net komme soenen. Brolsma krige skriftlike felisitaasjes fan bygelyks Bauke Tuinstra, mar komme - nei it machtswurd fan it Twamanskip prakkesearren de lju der net oer. Om in die tsjin de Fryske Rie te stellen, lieten se Brolsma falle.Ga naar voetnoot746 ‘Net om Jo’, skreau Tuinstra, ‘mar om't it my muoit, dat hjir in gelegenheit skepen wirdt for it officium om him mei saken to bimoeijen, dy't neffens myn betinken inkeld en allinne op 'e wei fan 'e Fryske biweging lizze.’Ga naar voetnoot747 J.J. Hof kaam ek net. Hy soe dêr letter oer skriuwe: ‘Sa gau as Brolsma der nei myn sin hwat to fier ynsylde mei de lju fan 'e forkearde kant, hab ik him myn bitinken dêroer to kennen jown, faker as ienris. Ik hab fansels ek net dielnommen oan syn huldiging troch Goedewagen-en-dy. Dat moeide my genôch hwant hy hie wol hwat fortsjinne - mar ik hie nou ienris gjin plan om yn dàt koar mei to jubeljen. Dat hab ik Brolsma doe planút sein.’Ga naar voetnoot748 Om dochs noch wat minsken de seal yn te krijen waarden strui- | |
[pagina 286]
| |
briefkes útdield en ‘meistriders’ fan 'e Fryske Rie oproppen om foar de feestjûn ‘sa folle mooglik famylje, frjeonen en bikenden’ mei te nimmen.Ga naar voetnoot749 Foar de priisútrikking wie in lúks, twatalich programmaboekje printe. Om ien oere de middeis begûn it feest yn 'e Harmonie. Der wienen taspraken fan professor Kapteyn, fan Hoekstra fan 'e Kultuerkeamer en fan Kiestra as ‘lieder’ fan 'e Fryske Rie. Neffens tsjûgen wie de seal lang net fol.Ga naar voetnoot750 It moat Brolsma wol rekke ha, dat safolle fan syn literêre en Fryske bewegingskunde der net wie. De oprop fan it Twamanskip hie sukses hân. Syn grutte promotor en stipe Douwe Kalma wie der net, it bestjoer fan De Fryske Bibleteek likemin. Goedewaagen gie yn syn rede wiidweidich yn op de ‘bewustwording van het eigen Friesch karakter’ sa't dy fan 'e njoggentjinde ieu ôf ûntstien wie. Brolsma priizge er as in man, dy't bewiisd hie, ‘dat de schrijver het oog van zijn volk is [en] dat het volk door zijn schrijvers ziende wordt.’Ga naar voetnoot751 Nei't Brolsma de priis krigen hie - jild en in oarkonde - krige er it wurd. Hy begûn yn it Frysk om te sizzen dat er ‘gjin bitinken’ hân hie ‘op safolle aksje’. Om't er wist dat de earsten dy't er betankje moast, gjin Frysk ferstiene, gie er fierder yn it Hollânsk. Mei de priis waard neffens him ‘eere’ oan 'e Fryske letterkunde jûn. En dat wie sa njonkenlytsen wol needsaaklik, want de measte skriuwers, foaral dy út 'e ‘werkende’ stand, hienen hiel wat mear prestearje kind as se har dagen net yn ‘bekommernis’ sliten hienen. Hy neamde Sytstra, Holtrop en Boonemmer as mannen dy't nea in ‘openbare hulde’ krigen hienen. Dêrnei gie er wer oer yn it Frysk. Hy betanke de minsken, dy't foar syn priis wurk ferset hienen: | |
[pagina 287]
| |
S.D. de Jong, J.D. de Jong en professor Kapteyn. Oer Kiestra sei er: ‘Ek scil der út 'e Warren bij Poppenwier wolris in sucht utere wêze oer de danigen omslach, dy't mei disse beweging mank giet’. Brolsma neamde de Jongfryske beweging (‘okkerjiers as útstoarn oankondige’), dy't De Fryske Bibleteek begûn wie en op alle mooglike wizen ivere hie ‘om de skriuwers to stypjen’. De Jongfriezen hienen
dat dien, troch it Fryske folk ‘bij to bringen, det in skriuwer ek iens by it forneamde botsentarief maklik in slansfet wirdt as forfalt ta grouweldedige oerdwealskens. Mar, det, wol hy syn ljocht forspriede, dochs ek de peteroalje yn syn skriuwerslampke nedich winne moat.’ Oan 'e ein fan syn taspraak priizge Brolsma de ‘biweging fen hjoeddeisk, dy't net wanlyk is oan 'e Jongfryske út de snurje omstreeks 1917-1918. En dêr't ik fan mien, det op 'e nij ús skriuwers en ús tael fen forsterke wirde scil.’ Hy fûn dat it net nedich wie dat skriuwers ‘opsletten bliuwe twisken it Noarderleech en de Tjonger’ mar dat se ‘mei it nedige selsbitrouwen’ oansluting sykje moasten oer it hiele lân. Dêrfoar wie de Volksche Werkgemeenschap in goed middel, neffens Brolsma. Hy hie dêrom de bibleteek fan 'e Werkgemeenschap in eksimplaar fan elk fan syn boeken jûn. Tsjin de tsjinstanners fan 'e priis sei er, dat nei alle gearsitten yn 'e | |
[pagina 288]
| |
Harmonie ta rom fan 'e suvel, it fee en de yndustry, no einlik de taal ris oan bar wie. Ta beslút sei er: Mocht it sommigen dochs noch to ûnfoech wêze, wolnou ik bin net alhiel op 'e ein, al gean ik wer by de berch del. Ik kin de pinne noch tille en hoopje noch in jiermannich to skriuwen ta fordivedaasje fen de Friezen en ta eare fen ús tael.Ga naar voetnoot752 Oan it wurd kaam ek noch in neef fan memmekant fan Brolsma, in Van der Woude, dy't ‘mei kleare stim en waerme toan allegearre dingen ophelle út beider jeugd. Tagelyk ha se yn 'e Stienser skoalbanken sitten en op 't fragelearen gien, ha se bern west yn it âlde doarp (...) fiten úthelle en folle moais bilibbe.’Ga naar voetnoot753 Nei it diner, dêr't sa'n 35 gasten by oanwêzich wienen, folge om healwei achten in feestlike toanieljoun ûnder lieding fan Yme Schuitmaker.Ga naar voetnoot754 | |
Reaksjes út it oare kampD.A. Tamminga en G.N. Visser hienen der argewaasje fan, dat de foarstelling ‘yn de tael fen de Franken’ hâlden waard en dat wie oanlieding foar harren om de seal út te rinnen. Neffens Tamminga siet de Harmonie fol mei ‘Ljouwerter ôfeart’ dat bywêzich wie ûnder it motto ‘We gane fanavend lekker fur niks naer Schuit’.Ga naar voetnoot755 Jan Piebenga hie der net by west. Yn It Heitelân skreau er it pynlik te finen dat de Fryske Rie ‘út de hiele opset propaganda slaen scoe.’ Dêrom wie de ‘offisjele’ Fryske beweging weibleaun, al fûn er | |
[pagina 289]
| |
dat ôfstân-nimmen net ‘tige aerdich’ Piebenga snapte wol dat dy beweging tsjin oarlochswinst wie, mar - sa sei er - ‘hja hat hjar dêrtroch yn in negative hoeke triuwe litten, dêr't it bysûndere gau bigjint to skimmeljen’. Yn it Algemien Frysk Jongereinblêd miende Jan Stienstra, dat beide kanten fan 'e Fryske beweging foar in ‘skealike fortoaning’ soarge hienen. Neffens him hie de Fryske Rie de saak te eksklusyf hâlde wollen. ‘Hwerom hat dy [Rie] hjar net yn forbining steld mei de oare Fryske forienings om dêrtroch de 11e Okt. ta ien greate Fryske demonstraesje to meitsjen? Foar safier bikend, hat hja det neilitten.’ De Fryske beweging, sa ornearre er, hie sels Brolsma ek wol earder erkenne kinnen, sûnder dêr jild oan te spandearjen. ‘Hwerom is Brolsma net ta lid fen 'e Fryske Akademy bineamd? Binne der ûnder de leden fen 'e Akademy allinne mar ljue dy't noch greater fortsjinste foar Fryslân oer hawwe?’Ga naar voetnoot756 Frou Rienks-Wallinga, samler fan Sljucht & Rjucht, stroffele deroer dat it gjin ‘Fryske feestdei’ west hie. Ut har stik is op te meitsjen dat sy wol by de priis-útrikking wie. Dat de priis út Hollân kaam, betsjutte neffens har dat der troch de Friezen ek wat jûn wurde moast, yn dit gefal tastean dat de taspraken yn it Hollânsk hâlden waarden en de lieding fan 'e middei yn hannen fan in Grinzer wie. Neffens frou Rienks wie Fryslân op 11 oktober yn 'e Harmonie oan 'e krapperein kommen. It Fryske Folk hie Brolsma dan gjin prizen ‘taskikt’, mar wol ‘syn boeken lêzen’ en ‘der ta meiwirke, det de skriuwer syn namme mear klank krige.’Ga naar voetnoot757 J.D. de Jong fette dit stik net ûngeastich gear as: ‘det einlings net Brolsma in priis fortsjinne hie, mar de Fryske biweging; hja dochs hie Brolsma altyd trou lêzen. En hja hie syn boeken útjown, hwet wier Brolsma nou sûnder dy Fryske biweging?’Ga naar voetnoot758 It wie dus gjin echt feest wurden. Brolsma wie frijwat rekke troch frou Rienks har stik. Yn syn reaksje ûntkent er, dat er de Fryske | |
[pagina 290]
| |
beweging gjin eare jûn hie fan syn sukses. As bewiis sitearret er in grut part fan syn tankrede. Hy beslút syn ynstjoerd stik mei te sizzen dat er oan 'e 11ste oktober troch ‘de folle oare bliken fen meilibjen sa'n noflike oantins [hat] en hâlde scil.’Ga naar voetnoot759 Oan syn kunde Leopold yn Utert skreau er: (...) Nimmen fen dy Selskippen, dy ûnder de stjoer fen it Twamanskip stanne [hawwe] ienich bewiis fen meilibjen stjûrd en hawwe noch tige war dien om troch tsjinwurkjen de dei to bidearren. Mar det is net slagge hear, it het in moaije gearkomste west en for de Fryske biweging yn 'e takomst fen greate wearde. Fansels wier dêr folle geleard folk en fen de nije rjochting, hja binne ús tagedien en dan hoege wy, nei myn betinken, de hân net to wegerjen.’Ga naar voetnoot760 Yn letter jierren is oer de boycot troch de Fryske beweging fan 'e Brolsma-dei altyd it ljocht op de skriuwer fallen. Ut de direkte reaksjes fan dy dagen docht wol bliken, dat it foarearst gie om Goedewaagen en de Fryske Rie. Elkenien gunde Brolsma de priis, de minsken bleauwen wei om it publike en politike karakter fan 'e útrikking. It gedrach fan 'e ‘goede’ kant fan 'e Fryske beweging in wike letter bewiist soks. Op 18 oktober hâlde J.H. Brouwer syn ynaugurale rede yn Grins. Hy hie syn professoraat te tankjen oan deselde Kapteyn, dy't rektor-magnifikus wie fan 'e universiteit en bepaald Dútsksinnich. De universiteit fan Grins lei op dat stuit al net mear op in bêste namme, Brouwer sels figurearret op in list fan leden fan 'e Fryske Rie út begjin 1941.Ga naar voetnoot761 Soks die bliken in fersin te wêzenGa naar voetnoot762, mar sawol de lju fan 'e Fryske Rie as Kapteyn hienen ferwachtingen fan Brouwer. Dochs reizge de hiele Fryske beweging nei Grins om't der yn 'e aula gjin Dútske of Hollânske nazi's sieten. Ut de reaksje fan Brolsma op frou Rienks har stik docht bliken dat er him fan dat ferskil bewust wie en fielde dat him de priis wol gund wie. Ha guon lju hoop hân Brolsma mei har aksje nei it goede kamp werom te heljen? Fan soks docht neat bliken. Yn elk gefal sil | |
[pagina 291]
| |
hy der fan oertsjûge rekke wêze, dat er foarearst by harren neat te sykjen hie. Ien fan 'e minsken, dy't Brolsma it oannimmen fan 'e priis wol persoanlik oanrekkenen, wie Sjoerd van der Schaaf. Hy neamde 11 oktober daliks de ‘Brolsma-tragedy’. By gelegenheid fan it professoraat fan J.H. Brouwer skreau er: ‘Yn hofier de tûzen goune yn steat is, Brolsma oer it mislearjen fen de hiele opset hinne to helpen, wit ik net; ik haw oer dizze hiele kwesje net mei him praet en fylseteard haw ik him allikemin.’Ga naar voetnoot763 Dat Sjoerd van der Schaaf rekke wie troch Brolsma syn hâlden en dragen ûnder de besetting, soe ek yn letter jierren bliken dwaan. Faker as ienris is er dêr yn publikaasjes op werom kommen en hat sa sterk bydroegen oan 'e byldfoarming om Brolsma en de priis hinne. De strekking fan syn opmerkingen is alle kearen, dat er besocht hat om Brolsma op it ferkearde fan syn hanneljen te wizen en dat Brolsma dat net fan him oannimme woe. Yn Skiednis fan de Fryske biweging skriuwt Van der Schaaf dat Brolsma ‘him forwezen fêstklamme oan syn swier woune posysje fan journalist en feuilletonist.’Ga naar voetnoot764 Yn syn bydrage oan Tussen goed en fout jout Van der Schaaf in petear wer, dat er mei Brolsma hân hat. ‘(...) maar ik moest zijn positie toch begrijpen. Jarenlang had hij het verachte beroep van verver uitgeoefend (zijn eigen woorden); door zijn literair werk was het hem echter eindelijk gelukt journalist-feuilletonist te worden. Deze moeizaam verword[v]en positie kon hij toch niet opgeven. Ik heb hem toen gezegd dat ik in die tijd zonder bezwaar verver zou zijn, als ik het vak verstond (...)’Ga naar voetnoot765 Yn in fraachpetear hat Van der Schaaf it petear tusken him en Brolsma nochris werjûn: ‘Kijk, zei hij, ik heb op een ladder gestaan als schilder. De mensen lopen onder je langs en ze zien je niet staan. Nu zeggen de mensen: dat is Brolsma, de man die in de krant schrijft. Ik heb nu een positie verworven en die kan ik niet zo maar opgeven. Ik zei tegen hem: | |
[pagina 292]
| |
Brolsma, het is volgens mij een kwestie van karakter. Meer kon ik er niet van zeggen.’Ga naar voetnoot766 Dat beide mannen oer de kwestje praat ha, alteast oer Brolsma syn trochwurkjen foar de krante, is dúdlik. Van der Schaaf beneamt Brolsma syn motiven lykas Brolsma dy sels ek altyd utere hat, nammentlik dat er syn ‘baentsje, det men mei folle moeite bemastere hie’Ga naar voetnoot767 net kwytreitsje woe. Van der Schaaf hie, doe't er dit allegearre fier nei de oarloch nei bûten brocht, it morele gelyk oan syn kant. Mar hoe oertsjûgjend wie er op it stuit dat er dêr mei Brolsma oer prate? Oan it begjin fan 'e oarloch wie Van der Schaaf sjoernalist fan it Volksblad van Friesland. Dat wie in ‘kopblad’ fan 'e Hollânske krante Het Volk, dy't nei maaie 1940 al rillegau ûnder ynfloed fan Rost van Tonningen kaam en pro-Dútsk waard. Van der Schaaf bleau foar de krante oan it wurk en skreau nei eigen sizzen, ‘sa dat it gjin oanstjit joech’. Hy fûn de Pressereferent Weidlich ‘net iens sa'n heule minne keardel.’Ga naar voetnoot768 Van der Schaaf hie, doe't er mei Brolsma yn petear gie, by De Fryske Bibleteek krekt in roman útbrocht (It geheim fen de Greate Wielen) en it manuskript fan Abbingawâld lei by de karmasters. Dat Brolsma de oprop fan Van der Schaaf om ‘karakter’ te toanen mooglik net botte oertsjûgjend fûn hat, is sadwaande minder frjemd as it nei de oarloch like. Yn Brolsma syn eagen sil syn eigen hâlden en dragen net oars west hawwe as Van der Schaaf sines.Ga naar voetnoot769 Brolsma wie yndie bliid dat er it fervjen oerjaan kinnen hie, mar dat er der tsjinoan seach om wer de ljedder op te gean hie noch in oare reden. Ut neat docht bliken dat Van der Schaaf him - as tritiger - bewust wie dat Brolsma de sechtich foarby wie en net botte sûn langer. Hy hie in breuk en de dokters hienen him warskôge om net te fûl mear te arbeidzjen. | |
[pagina 293]
| |
Nij en âld wurkNei de lawine oan Brolsma-útjeften fan 1940, ferskynde yn 1941 al rillegau wer in Brolsma-boek. Yn 'e Frisia-rige kaam Mame en de greate boer út, in ferfolchstik dat yn 1926 yn De Nije Mienskip stien hie. Dat it om âld wurk gie hie S.D. de Jong net yn 'e rekken. Boppe syn positive besprek stie teminsten: ‘Reinder Brolsma wer produktyf’.Ga naar voetnoot770 E.B. Folkertsma priizge it ferhaal ek. Hy ornearre dat Waling Dykstra of ‘ús soasjale toanielskriuwers’ it ferhaal lang sa subtyl net skriuwe kinne hienen.Ga naar voetnoot771 Nij wie wol it ferhaal ‘De wrotter en de swalker’ yn it tredde Frysk Jierboek. It is in koart, praterich stik oer in jierdeibesite. It lit Brolsma syn pre-okkupaasje mei âldens en sûnens sjen. Fan 'e twa bruorren yn dat ferhaal is ien troch dokter it arbeidzjen ferbean; ‘alles mar tuike-oan, ek net ûnbidich yn iten en drinken’. It ferhaal flonkeret benammen noch yn 'e dialooch: ‘Ja, mar jo binne ûnsjuch - det sjuch ik nou ek wol, jo binne ûnsjuch... skimmelich.’Ga naar voetnoot772 Oan 'e âlde Fryske tydskriften levere er dat jier gjin wurk, alles gie nei It Fryske Folk. Syn earste bydrage oan dat blêd wie ‘De túnker, dy't net oan goeddwaen takomme koe’. Ek yn dat teltsje hat de haadpersoan te stûf wurke. Hy stie ré om in moai swier koerfol gûd op 'e wein to tôgjen, hie de klomp al op 'e bos fen it tsjil set en do tearde hy efteroer en hie suver gjin macht mear. Tsjintwurdich prate se fen in ‘attak’ fen oerspanning. Do seinen se in oerhael, en hy moast him net al to mal tiergje. Yn it ferhaal hâldt Brolsma de lêzers foar, dat wat men yn it libben ek ûndernimt, oaren der altyd wol wat goeds of ferkeards yn sjogge. Benammen jildt dat foar de túnker. Wurde syn fruchten troch-draaid op 'e feiling, dan is der krityk, ferkeapet er se oan 'e Dútsers (‘dêr't wy as folk mei folk jimmer fredich mei forkeard hienen’), dan is it ek net goed. En do hie hy it wer bidoarn. Der wiernen gûn, ek wol ûnder de | |
[pagina 294]
| |
gernieren en túnkers, dy't saken mei de bûrman dienen en bêst op skik, mar dochs det sprekken net daeije koenen, der fen útgeande, det de ponge en de polletyk twa binne. Fen sokken waerd hy nou skoudere en oaren skodhollen.Ga naar voetnoot773 Yn 1941 publisearre er - sa soe bliken dwaan - syn alderlêste ferfolchstik, ‘Frije Friezen fen âlds’. Folle nijs wie der yn dit ferhaal net mear te finen. In dochter fan in boer wurdt troch de lânhearre frege om by him as tsjinstfaam te wurkjen. De âlden binne der eins te grutsk foar, mar it fanke nimt it oan om gjin lijen te krijen. It ferhaal is frij statysk, folle libben sit der net yn. Nei wat missetten mislearret it tsjinjen en wurdt it fanke hast noch troch in gast út Hollân te nei kommen. Ekyn 1941 fierde Brolsma in bysûnder jubileum. Fyftjin jier lang hie der elke wike ien fan 'e ‘Gesprekken op de brug’ yn 'e krante stien. De redaksje fan 'e Hepkema besoarge de Brolsma's by dy gelegenheid in taart mei dêr - yn slachreamme - de brêge op. | |
Publisearje yn oarlochstiidEin 1941 waarden de measte Fryske tydskriften ferbean. It Heitelân, Sljucht & Rjucht en Fryslân ferskynden yn desimber 1941 foar 't lêst. Offisjeel hiet it om't it papier krap waard, mar It Fryske Folk hoegde net te ferdwinen en waard printe op prachtich papier. Hoewol't papier yndie krapper waard, wie it ferbieden fan mear neutrale Fryske blêden taktyk fan 'e autoriteiten om allinnich mar mear pro-Dútske lûden ûnder de minsken te bringen. It effekt wie lykwols dat de lêzers krekt mear anty-Dútsk waarden. De Fryske Rie waard der alteast net better fan, it bleau yn 'e wurden fan J.J. Kalma ‘in lyts groepke, dêr't gjin ien nei harket’.Ga naar voetnoot774 Goedewaagen en syn Departemint goaiden noch in oar middel yn 'e striid. Yn neifolging fan 'e Reichskulturkammer kaam der ek yn Nederlân in Kultuerkeamer. De basis foarmen seis gilden, dy't soargje moasten foar ‘binding, stijl en continuïteit in de Nederlandse | |
[pagina 295]
| |
cultuur.’ Allinnich skriuwers, dy't talitten wienen, mochten nei 1 april 1942 noch publisearje. Om't Sjoerd van der Schaaf bygelyks oansluting wegere, koe syn roman Abbingawâld net útbrocht wurde. Ek útjouwers en boekhanlers moasten har opjaan. It bestjoer fan De Fryske Bibleteek die dat daliks yn april 1942 al. De leden akseptearren dat. Se wienen fan betinken dat de Bibleteek trochgean moast ‘salang't de grounrjuchten net oantaest wirde en de foriening talit it wirk to dwaen det hja altyd die en op de wize sa't men det altyd die. Wy litte ús dos fen boppen ôf net idiologysk biynfloedzje.’Ga naar voetnoot775 Dochs wie dat sa simpel net as it like. Fan it Departemint mochten boeken as bygelyks It scil bistean fan Obe Postma, Ein fen de mars fan Ulbe van Houten en De Christen Gysbert Japicx fan Folkertsma net útjûn wurde. By benammen it boek fan Folkertsma hie dat gjin ynhâldlike reden, it wie gewoan in manier om in man fan it Twamanskip dwers te sitten. Om't yn dat boek de ‘hjoeddeiske politike tastân’ net oan 'e oarder kaam, ornearre it bestjoer fan 'e Bibleteek dat hjirmei dochs it ‘algemiene karakter’ fan 'e feriening oantaast waard. Algemien wie it bestjoer (mei Douwe Kalma foarop) fan betinken dan mar mei De Fryske Bibleteek op te hâlden. De ynhâldlike en technyske problemen (bygelyks it papier) waarden te beswierlik. Soks woe it bestjoer (febrewaris 1943) oan 'e leden foarlizze, mar dy ledegearkomst is net mear yn 'e oarloch hâlden.Ga naar voetnoot776 Nei Mame en de greate boer wie ein 1941 by De Fryske Bibleteek fan Brolsma de boekútjefte fan It widdou's bern útkommen.Ga naar voetnoot777 Dat boek wie yn koarte tiid útferkocht. Dat Brolsma it nei it oannimmen fan 'e Harmen-Sytstra priis ‘alhielendal bedoarn [hie] by syn freonen en biwûnderers’Ga naar voetnoot778, die dus net bliken út 'e ferkeap fan syn wurk. Noch in oar ferhaal fan him, ‘Ypéus’, waard yn produksje nommen. Sûnt Brolsma yn 1940 sûnder om tastimming te freegjen It Heechhôf yn it Hollânsk útbrocht hie, wie de ferhâlding tusken de | |
[pagina 296]
| |
Bibleteek en Brolsma wat bekuolle. By elk nij boek waard tenei earst neigien hoefolle oft Brolsma al fertsjinne hie mei de foarpublikaasje yn in tydskrift. By de boekútjefte fan It widdou's bern waard ornearre dat er der earder ‘goed lean’ foar krigen hie. Foar de boekútjefte moast Brandenburgh de Bibleteek ƒ50,- betelje.Ga naar voetnoot779 Brolsma fûn dat grif tefolle, want Boomgaardt, skriuwer fan 'e Bibleteek, skreau oan 'e útjouwer: ‘Dêrom moat hy [Brolsma] hwet hy nou yette krijt as in ynstruijer biskôgje en net dwaen krekt eft de Bibleteek by wize fen ginst nou hwet krijt.’ Brandenburgh en Brolsma hienen al akkoarte oer werprintingen ear't de Bibleteek der wat fan wist. ‘Jo hiene Jo oer dizze nije printingen earst mei ús forstean moatten,’ wie Boomgaardt syn kommentaar, ‘en dan hiene wy mei Brolsma riede kinnen. Wy steane net tsjin Brolsma syn bilangen, dêr is it hiele hast 20-jierrige bistean fen de Bibleteek it bewiis fen.’Ga naar voetnoot780 Mei't Liuwe Brolsma by in printerij wurke, frege Brolsma oan 'e Bibleteek frij foar syn soan ‘yetris fen myn âld wirk’ út te jaan. Mooglik koe de Bibleteek dan in fêst tal ôfnimme, ornearre er. De Bibleteek reagearre net botte entûsjast, de Brolsma's moasten mar mei útstellen komme. It bestjoer wie lykwols bliid dat Brolsma teminsten earst by de Bibleteek tastimming frege hie. Brolsma bleau populêr en syn wurk waard troch Brandenburgh geregeld werprinte. Fan Groun en Minsken kaam yn 1942 in twadde en fan It Heechhôf in fjirde printinge. Foar de werprintingen moast Brandenburgh oan 'e Bibleteek ƒ100, - rjochten betelje. Hoefolle Brolsma mei dy útjeften fertsjinne is ûnbekend. Men kin lykwols oannimme dat er, mei it sukses yn Hollân fan syn wurk, goed ûnderhannele hat. Mooglik troch de wrantelichheden mei de Bibleteek oer jild en auteursrjuchten, die Brolsma net sa syn bêst om ‘Ypéus’ printree te krijen. Boomgaardt miende dat it yn It Heitelân fan 1924-1925 stien hie (it wie 1927); Brolsma wist it net, socht wol, mar koe neat fine. ‘Ypeus wier wei - en is noch net fûn’, skreau Brolsma yn desimber | |
[pagina 297]
| |
1941.Ga naar voetnoot781 Yn maart fan 1942 wie 't noch net boppe wetter. Boomgaardt moast úteinlik sels de nûmers fan It Heitelân by Brandenburgh opfreegje. Boomgaardt klage, dat Brolsma sein hie dat er se ophelje soe, ‘mar hat der net west.’ In wike letter wie it ynoarder, Brolsma hie de kopij besjoen en ‘it wie him sa wol nei 't sin.’ Boomgaardt sels fûn wol dat der noch ‘steurende staveringsflaters’ úthelle wurde moasten en ‘de slimste flokwurden’. Yn maaie soe de kopij fan it boek nei Brandenburgh gean, nei't de tekst oerbrocht wie ‘yn de op 't heden algemien brûkte’ stavering.Ga naar voetnoot782 It boek ferskynde yn 'e hjerst fan 1942 as dûbelnûmer yn 'e Frisia-rige en wie ien fan 'e lêste Bibleteek-útjeften. Nei in gearkomste yn jannewaris 1943 kaam it bestjoer net earder as yn febrewaris 1944 wer byien. Yn dy lêste oarlochsgearkomste die Kalma it útstel om te besykjen in ‘bondeltsje Krystforhalen’ fan Brolsma út te bringen. Wêr't er dy printsje litte woe, sei er der net by. Brandenburgh hie der om de papierkrapte al mei ophâlde moatten.Ga naar voetnoot783 Yn in besprek fan it Frysk jierboek 1942 skreau Brolsma, dat yn dy publikaasje gjin ‘gedachte, geen regel, geen woord’ oan 'e besetting bestege waard. Dêrmei hie de útjefte neffens him ‘iets kloosterachtigs’Ga naar voetnoot784. Yn syn eigen wurk komt in pear kear de aktualiteit wol oan 'e oarder. It ferhaal ‘Twa soldaten fen it Eastfront’ hat in ‘ik’ as ferteller, dy't in pear kear posityf praat oer de Fryske soldaten dy't mei de Dútsers tsjin de Sovjetuny fjochtsje. Foar dat ferhaal yn It Fryske Folk waard Brolsma nei alle gedachten ynspirearre troch it berjocht oer in boeresoan, dy't - mei syn broer - nei it Eastfront gie en dêr sneuvele.Ga naar voetnoot785 Yn syn ferhaal fergeliket Brolsma de soldaten dy't eartiids troch Napoleon ‘opfoardere’ waarden mei te gean nei Ruslân en de frijwilligers fan 'e nije oarder: | |
[pagina 298]
| |
Ik sei: ‘It is wol bûtenwenstich, mar de neikommelingen fen de lânhearre hawwe nou dochs lange, lange jierren it geniet smeitsje kennen fen dy iene fortúnlike foarfaer. En hjoed de dei binne der yn Fryslân alwer jongkeardels, dy't nei it greate Ruslân ta tsjogge to striden tsjin de Rus, mar nou eigener biweging. Nimmen kin hjarren twinge. De ferteller lit útkomme dat er dy Eastfrontsoldaat bewûnderet. Hy is gien om ‘eigen hiem to bihâlden for de takomst’ nei't er in ‘oar bigryp’ krigen hie oer de Dútsers, ‘dy't jimmer as ús greatste fijannen ôfskildere waerden.’Ga naar voetnoot786 Yn dat aktuele ferhaal komt Brolsma gefaarlik ticht by propaganda, al kin men de ‘ik’ fansels net gelyk stelle mei de skriuwer. As sjoernalist koe it net oars, dat er bytiden de polityk wol behelje moast yn syn stikken oer lânbousaken. En dan rekke er soms yn troebel wetter. Yn in krantestik oer it plak fan 'e boer yn 'e maatskippij, skreau er dat ‘in het algemeen gesproken (...) het gezag van den boer door deze hervormingen eerder gediend dan geschaad’ waard. By dy fernijingen gie it om De Landstand, in nije organisaasje dêr't alle oare lânbou-organisaasjes har by oanslute moasten. Ek yn Fryslân wie dêr in soad ferset tsjin. Brolsma skreau, ‘dat de Friesche boer een weinig zal moeten toegeven en inschikken en zich naar een tot nog toe niet gekende leiding voegen’. Brolsma koe him wol foarstelle dat de boeren tsjin de oarlochsmaat-regels wienen, ‘maar die hem ook reeds bij voortdurende mobilisatie evengoed zouden getroffen hebben.’Ga naar voetnoot787 Brolsma wie fan betinken dat as de boer bettere bedriuwsresultaten ha woe, hy dwaan moast wat de Landstand foar eagen stie. Hjirmei prate er mannen as Geart Ruiter en Douwe Kiestra nei, mar hy hie ek noch oare belangen. Yn it blêd fan 'e Landstand (mei deselde namme) hie er yn 1942, 1943 en 1944 in fêste rubryk. It wie in fuortsetting fan 'e briefwiksel yn Fen Fryske Groun tusken Klaes Groedeprikker en Tsjalke Wrotter oer buorkjen. Yn dy stikken behannele er gjin politike saken. Yn it lêste nûmer fan It Fryske Folk stie in krystferhaal fan Brol- | |
[pagina 299]
| |
sma. Ein 1943 wie Brolsma syn summing al folle minder posityf. ‘Unrêst en ûnfrede teisterje de minskewrâld’, sa begûn er, ‘en de ûnwissens fen alles hwet jong is, oft hja hjoed as moarn ek net op nommenaesje steane om de grinzen oer.‘Ga naar voetnoot788 It sukses yn Hollân wie mei de oersetting fan It Heechhôf net dien. Utjouwerij Leopold frege ek om it ferfolch. It wie Ulke Brolsma, dy't it oersetten op him naam. Yn 1943 kaam dy oersetting út as Het Oudland. In jier letter waard dat boek werprinte. Brolsma krige yn 1944 in ôfrekken fan 'e ferkeap fan dy twa boeken. Yn totaal wienen der 11.503 ferkocht. ‘Jimme begripe wol,’ skreau Brolsma oan Liuwe en syn frou, ‘det det in moai dofke bitsjut.‘Ga naar voetnoot789 Foar Groun en Minsken fûn Brolsma in oare útjouwer. Op 30 oktober 1941 tekene er in kontrakt mei útjouwerij De Schouw yn Den Haach, oprjochte yn maaie fan dat jier. It wie in stifting, nau ferbûn mei it Departement van Volksvoorlichting en Kunsten, dy't benammen nasjonaalsosjalistyske propaganda útbrocht. J.D. de Jong hie in oersetting makke fan Brolsma syn boek, mar dy waard net goed genôch achte. H.D. Vriesema die it wurk oer en yn 1943 kaam it boek as De stroojonker út.Ga naar voetnoot790 Brolsma fertsjinne mei elk ferkocht eksimplaar ƒ0,25 en krige by it útkommen daliks ƒ500,-. De oersetting hie frij lang ûndeiweis west en Brolsma ynformearre alris by Vriesema hoe't ik kaam. ‘Jerne scoe ik wolle det De Strj [Striejonker] útkaem eart de rebûlje yn 't lân noch heviger wirdt.’Ga naar voetnoot791 De Fryske Bibleteek krige berjocht fan 'e oersetting. ‘It skynt fêst to stean det wy dit inkeld mar for kindskip hawwe oan to nimmen’, wie de wrantelige reak- | |
[pagina 300]
| |
sje.Ga naar voetnoot792 De útjouwer makke in soad reklame foar it boek en yn 1943 kaam der al in werprintinge. Troch dat geunstige resultaat sette H.D. Vriesema him ek ta it oersetten fan Sate Humalda. Op 23 desimber 1943 tekene er dêrfoar in kontrakt en simmer 1944 hie er de oersetting klear, mar it boek is yn 'e oarloch net mear útkommen. Ta syn sukses yn Hollân kin ek syn earste (en iennige) radiooptreden yn jannewaris 1942 rekkene wurde. Dat er dêrta frege wie, hie - neffens Brolsma - te krijen mei de ‘nu grondig opgeleefde waardeering voor streekschrijvers.’ In wike of wat earder, op 12 jannewaris, hie al in harkspulbewurking fan It Heechhôfte beharkjen west.Ga naar voetnoot793 Brolsma gie op 25 jannewaris mei de fyts nei 't Ljouwerter stasjon, de ‘nog pas geretourneerde, goed gecontroleerde lezing in de binnenbûse’. It snijde, ‘de boomen langs den straatweg kreunden onder den adem des stormwinds, die tevens ferme sneeuwbanken schuin neerdraaide, die den fietser tot afstappen noopten.’ It soe in nuodlike reis wurde, fol ûnderbrekkingen, mar dochs slagge it Brolsma om ‘na een half uur waden’ troch de snie by de KRO-studio te kommen. In oere letter ‘werden wij binnengeleid in het luxueuse zaaltje met de rijk gedecoreerde wanden, waar dat geheimzinnige instrument op tafel staat, dat microfoon heet.’ Brolsma fertelde foar de radio hoe't er oan 'e stof foar syn ferhalen kommen wie. Dat er grutsk wie op de Harmen-Sytstra priis docht wol bliken út syn opmerking dat Goedewaagen sein hie, dat Brolsma ‘waarlijk zijn volk en taal gediend had’. Dat wie ‘nog grooter eere dan de prijs zelve.’ Wylst Brolsma it wurd naam, tocht er by himsels dat de ‘familieleden alom een zucht van verlichting slaken en zeggen: “Wel, hij is er dan toch gekomen.”‘Ga naar voetnoot794 Troch it yllegale blêd De Vrije Kunstenaar waard Brolsma nei oanlieding fan dit radio-optreden ien fan dyjingen neamd, dy't ‘meehuilen met de wolven’.Ga naar voetnoot795 | |
[pagina 301]
| |
De Friesche CourantYn 'e kranten, dy't nei 10 maaie 1940 ferskynden, wie fansels gjin wurd fan krityk te beharkjen oer de Dútske besetter. Wa't as sjoernalist oan it wurk bliuwe woe, moast him oan 'e nije oarder oanpasse. In soad pressy hoegde de besetter net út te oefenjen, de measte kranten dienen oan selssensuer om mar ferskine te kinnen.Foto fan Ch. Gombault.
Net alle blêden wienen hoeden. Fan 'e Fryske kranten kaam it Friesch Dagblad in pear kear yn tsjûk waar mei de besetter. Begjin 1941 naam Hendrik Algra nei in konflikt mei Weidlich syn ûntslach as haadredakteur, yn maaie 1941 hâlde de krante der hielendal mei op. Yn maaie 1941 wie it ‘Journalistenbesluit’ ôfkundige troch it Departement van Volksvoorlichting en Kunsten. Dat beslút regele de posysje fan in sjoernalist en makke in kranteredaksje minder ôfhinklik fan wat in direksje foar eagen stie. It wie in regeling dêr't al lang om frege wie. Mar syn ûnôfhinklike posysje krige de sjoernalist der net mei werom: hy bleau ferplichte om te skriuwen sa't de besetter dat woe. Sjoernalisten waarden twongen harren oan te sluten by it Verbond van Nederlandsche Journalisten. Brolsma hat him ek foar dat bûn opjûn. De besetter soarge der wol foar, dat it salaris fan sjoernalisten ferhege waard. Troch dy regeling gienen Brolsma syn fertsjinsten fan jannewaris 1941 behoarlik omheech. De leden fan it bûn waarden yn 1942 kollektyf lid makke fan it Persgilde fan 'e Kultuurkamer. Yn 1942 kaam it Departemint om reden fan papierkrapte mei in reorganisaasje fan 'e parse. In grut tal blêden moast ferdwine. De trije gratte kranten fan Fryslân waard oansein, dat der ien oerbliuwe koe. It slagge de Hepkema-famylje om it Nieuwsblad voor | |
[pagina 302]
| |
Friesland bûten in fúzje te hâlden. Allinnich de beide Ljouwerter kranten (Leeuwarder Courant en it Leeuwarder Nieuwsblad) moasten fan 12 septimber 1942 ôf fierder as Friesche Courant. Haadredakteur waard S.D. de Jong, eartiids Jongfries en sosjalist, mar sûnt in skoft oanhinger fan it nasjonaal-sosjalisme en pro-Dútsk. Hy wie troch Den Haach oanwiisd om de nije krante te lieden. Al yn maaie fan dat jier hie er in foardracht makke foar de gearstalling fan 'e redaksje. By dat rychje nammen stie Brolsma ek. Hof en Witsen Elias, de beide haadredakteuren fan 'e Ljouwerter kranten mochten net meidwaan. Alle kandidaten krigen fan De Jong in brief, en alle oanskreaune persoanen seinen ta. Wa't fan 'e âlde redaksjes gjin wurk hâlde, krige wachtjild of pensjoen.Ga naar voetnoot796 Sa soe teminsten bliken dwaan. It liket derop, dat Brolsma soks net yn 'e rekken hie en - wer út noed oer syn fertsjinsten - dêrom de funksje by de nije krante net wegere hat. Doe't er yn 1944 syn karriêre by de krante oereide, wie er frij wrantelich oer de situaasje: De beide kranten moasten troch papierkrapte forienige wirde mar hienen gjin oanslach foar alle meidoggers. Hwa't bûten funksje rekke waerd lykwols net ûntslein mar bihalde syn salaris. It wirk waerd dos opknapt troch de oaren, dy't yn namme oan it bled ‘De Fryske Krante’ forboun bleaunen. Hja wieren meidoggers oan ‘dy krante’ troch follen forspijd, de net-meidoggers bihâlden hjar froede namme mar barden likegoed hjar traktemint dêr't de bûtenwacht neat fen of wist. Hja pareare as slachtoffers, yndied hienen hja in rintnerslibben.Ga naar voetnoot797 It hat der alles fan, dat Brolsma yn 1942 ek wol ophâlde wollen hie. Hy skriuwt oer de ‘rejaler’ behanneling fan oaren troch de redaksje en dat er troch Hof ‘sa wiis ek net makke’ waard. De nije redaksje hat Brolsma wis as populêre skriuwer graach hâlde wollen en him mooglik gjin kar jûn. Brolsma skreau ynearsten noch foar de Friesche Courant en it Nieuwsblad voor Friesland, mar troch de papierkrapte wie der yn dat lêste blêd al rillegau gjin plak mear foar syn rubryk. Op 7 desimber 1942 stie syn lêste ‘Over menschen, dingen en gebeurtenissen’ yn | |
[pagina 303]
| |
it Nieuwsblad voor Friesland. Tenei skreau Brolsma sokke stikken foar de Friesche Courant yn 'e rubryk ‘Bylâns de wei’. Hy skreau ‘alle wiken weroan en wer oer it âlde en moaije yn Fryslân, ljeafst mei in printsje derby.’ Hy reizge de hiele provinsje troch. ‘Ik haw ûnderskiedene âlde forneamde herbergen bisjoen -, mei de biwenners praet en hjar wederfaren. Ik haw by Fryske pikeurs en hynstefokkers yn 'e stallen west (...).’Ga naar voetnoot798 Sa reizge er yn desimber 1942 nei Snits ta. Brolsma beskriuwt yn 'e krante earst it wachtsjen fan 'e trein op it stasjon fan Ljouwert en de stimming ûnder de reizigers. Op in hoeden wize komt de besetting oan bod. Ja, beslist, en nea binne dy forhalen moaijer as Freeds-oer-deis, hwent dan is it gemoed fen de reizigers rom; hja witte nei hwet kant as de blâns oerslein is en kinne frijút prate oer de handel en teffens ek oer de folsleine boerkerij fen de hiele wide greidhoeke, dy't it gebiet útmakket fen seis fen de âlde stêdden út Fryslân. Taelstúdzje en minskestúdzje kin min meitsje, fûleindige stikken oer skiepeslachterij by nacht en de handel yn natura sûnder bonnen en sûnder jild.Ga naar voetnoot799 Oer syn motivaasje om mei syn wurk foar de krante troch te gean, skreau Brolsma yn 1944: Ik mei forûnderstelle det party minsken in noflik amerij hawn hawwe alle kearen wer. En det het it doel west fen dit skriuwen for de krante. De deftige boargerij naem der gjin oanstiet fen [en] de platte gewoane man bilibbe hwet eigens en sa het myn pinne wis nuttich wirk dien en scil it noch in tal jierren yn oantinken bliuwe (...)Ga naar voetnoot800 Yn syn stikken neamde Brolsma út en troch de oarloch wol, mar fansels altyd in bytsje temûk. Hie dat net wat iepentliker kinne, sa waard him soms wol frege. Brolsma syn reaksje wie: Nea utere in lêzer in klachte. Net iens ûnder skûlnamme en soks mei men yn dy wylde dagen in wûnder neame. Wolris hearde men sizzen, ‘Jo hienen it noch skerper sizze moatten, hwent it folk is ek net mijend. Mar op de frage, ‘doare Jy it ûndertekenje’ dan foelen hja ynienen stil.Ga naar voetnoot801 It meast iepentlik kaam de oarloch oan bod yn 'e ‘Gesprekken op | |
[pagina 304]
| |
de brug’, dy't de Friesche Courant ek oernommen hie. ‘Wij mutte mar erwachte,’ zei Lindert, ‘foareerst mut et vrede wudde, dat is fansels. Mar as ik lees, dat se nou eerst noch weer in weg dwars deur Afrika anlêgge wille om goed an et fechten te kommen, dan lykt my de weg naar de frede noch feul en feul noedliker toe.’Ga naar voetnoot802 | |
Fryske Rie yn aksjeIn jier nei oprjochting, hie de Fryske Rie noch net folle út 'e wei set. Professor Kapteyn fan Saxo-Frisia wurke Kiestra en syn mannen op alle mooglike wizen tsjin. De Dútske freonen wienen it by konflikten meast mei Kapteyn iens, dat in soad tiid gie op oan krisisbehear. In advys fan 'e Rie oer it Frysk ûnderwiis helle neat út. Yn 'e simmer fan 1942 wie der dochs noch hoop, dat mei nije inisjativen de Rie mear ynfloed krije koe. Sa waarden der mear gearkomsten organisearre om mear ‘driuwende krêften’ te ûntwikkeljen.Ga naar voetnoot803 Op ien fan dy gearkomsten (25 july 1942) song Jantsje Brolsma mei gitaarbegelieding âlde en nije Fryske lieten. Om wat mear kontakt te krijen mei ferskillende parten fan 'e befolking, waard in Rie fen Bystân ynsteld. De Rie woe op dy manier bannen lizze mei ‘de Fryske boerestân, de plattelânsfroulju, it ûnderwiis, de wittenskip, de kinst (literaire kinst, skilderkinst en toaniel) en de jongerein.’ Brolsma waard as skriuwer ek foar de Rie fen Bystân frege. Neffens de útnoegingsbrief fan Kiestra, soe de Rie sa no en dan byien roppen wurde en brocht it fierders gjin bysûndere ‘wirksumheden en forplichtingen mei.’Ga naar voetnoot804 Reis- en ferbliuwkosten waarden fergoede. Mei acht oaren waard Brolsma op freed 25 septimber ynstalleare troch Professor Kapteyn, dy't by dy gelegenheid doel en wirk fan 'e Fryske Rie beneamde as ‘de greate jeften fen it Fryske folk tsjinstber to meitsjen nei binnen ta oan 'e eigen folksmienskip en nei bûten út oan it greatere forbân.’ Dêrta moasten de Friezen de eagen iepene wurde. De oare deis reizge it selskip nei it Reaklif | |
[pagina 305]
| |
om dêr de Slach by Warns te betinken. It wie de earste kear dat dy betinking plakfûn. Der wie yn 'e Fryske beweging jierren oer tsierd en foar de Fryske Rie wie it - mei stipe fan 'e besetters - in prachtige propagandaslach. Op 'e foto's dy't dy deis makke binne (en letter ôfprinte yn It Fryske Folk) is te sjen dat in tal manlju by de betinking de Hitler-groet brocht. Ek yn 1943 soe de betinking hâlden wurde. De aktiviteiten fan 'e Fryske Rie gienen de hiele winter troch.Ga naar voetnoot805 Men mei oannimme dat Brolsma der sa út en troch by west hat. Syn bydrage oan it wurk fan 'e Fryske Rie hat, útsein sa'n tsien publikaasjes yn It Fryske Folk, net grut west. Yn gjin inkel dokumint fan 'e Rie komt syn namme foar. It wurk fan 'e Rie fen Bystân stelde yn 'e praktyk ek net folle foar. In healjier nei de ynstelling, april 1943, waarden de ferhâldingen tusken Fryske Rie en Saxo-Frisia oars regele en wie de roi fan 'e Rie fen Bystân al wer útspile. Persoanlik skeel tusken Kapteyn, Kiestra, Van der Molen en Sjoerd Sipma spile in grutte roi by dy reorganisaasje. Kiestra bleau lieder. In probleem foar Kapteyn en de Dútsers wie dat by Kiestra de saak fan Fryslân boppe alles gie. Doe't er yn 1943 twongen waard de ied op de Führer ôf te lizzen, wegere er dat. Noch in konflikt tusken him en Kapteyn wie de oanlieding om te betankjen as lieder fan 'e Fryske Rie. Op 21 jannewaris 1944 reizge Kapteyn nochris nei Ljouwert om te praten mei de oerbleaune leden fan 'e Fryske Rie. By dy gearkomste joech er harren noch ien kâns om foar Dútslân te kiezen en tsjin in separatistysk Fryslân. As lid fan 'e eardere Rie fen Bystân wie Brolsma by dy gearkomste oanwêzich. Hy sil net botte | |
[pagina 306]
| |
entûsjast west ha oer nije Fryske aksjes, want by in nije gearkomste oer de Fryske Rie kaam er net mear. Op plannen fan Johannes Werkhoven, in NSB-boargemaster, reagearre er ek net. Mei de opheffing fan 'e Fryske Rie, begjin 1944, ferdwûn It Fryske Folk. Yn it lêste nûmer fan 'e tredde jiergong (‘midwinter 1943’) stie ûnder in ferfolchstik ‘Op Uilensteyn’ noch wol ‘wurdt foartset’ mar net ien hat ea de ein fan dat stik fan A.M. Hepkema lêze kinnen. | |
KearpuntLjouwert telde by it begjin fan 'e besetting 765 Joaden ûnder syn ynwenners. Harren útsûndering wie al rillegau begûn en de earsten waarden al yn 1941 oproppen foar wurkkampen. Net earder as op 2 maaie 1942 waard it dragen fan 'e Joadestjer ferplichte, mar dêrnei gie it hurd. Yn juny 1943 wienen der offisjeel al gjin Joaden mear yn Ljouwert oer. De measten wienen nei in oprop om harren te melden, gewoan mei de trein nei Westerbork ôfreizge. Sân binne werom kommen. It kin net oars of Brolsma moat, as sjoernalist dy't in soad ûnder de minsken kaam, fan it ferdwinen fan 'e Ljouwerter Joaden ôfwitten ha, mar hy hat der nea oer skreaun. Ek syn mannen op 'e brêge swijden der oer. It karakter fan 'e oarloch feroare. It wie dien mei de sêfte twang fan 'e Dútsers om Nederlân foar it nasjonaal-sosjalisme te winnen. Alles kaam yn it teken fan 'e oarloch te stean. Yn april 1943 waard oankundige dat alle Soldaten, dy't yn 1940 tsjin de Dútsers fochten hienen, werom moasten yn finzenskip. De bedoeling wie om sa mear arbeidskrêften nei Dútslân te krijen. Dat betsjutte dat ek Brolsma syn soan Ulke fuort moast. Brolsma hat der foar soarge dat dat net trochgie. Hy hat it by de Beauftragte yn Grinslân, Conring, foarinoar krigen dat Ulke in ‘Bescheinigung’ krige. Yn maaie 1943 kaam it berjocht dat elkenien syn radio ynleverje moast, dat net nei de BBC of Radio Oranje harke wurde mocht. Om reden fan syn sjoernalistyk wurk frege Brolsma frijstelling. Hy hearde der neat oer en besleat it apparaat gewoan te hâlden. Foar de wissichheid brocht er de radio út 'e wei en harke benammen de lêste oarlochswinter in soad nei de Ingelske stjoerder. | |
[pagina 307]
| |
Maitiid 1943 waard it kearpunt fan 'e besetting. De april-maaie staking wie it earste teken dat de Nederlanners har nocht fan 'e besetting hienen; de Dútsers reagearren dêr mei mear en mear neakene terreur op. Mei de sympaty, dy't Brolsma foar de Dútsers field
Fynjet Friesche Courant
hie, wie it ek oer. ‘Us heit is nou alhiel bikommen fen syn pro-Dútsigheit,’ skreau Liuwe Brolsma.Ga naar voetnoot806 It wie lykwols net sa maklik om him fan syn kontakten mei de fijân los te meitsjen. Brolsma soe letter tajaan, dat er de earste twa jier fan 'e besetting, pro-Dútsk west hie. ‘Nadien ben ik van inzicht veranderd, doch kon mij plotseling niet van alles afzijdig houden, daar ik dan niet meer in het onderhoud van mijn gezin kon voorzien.’Ga naar voetnoot807 Oan Leopold yn Utert skreau Brolsma: Behalve krantewirk skriuw ik optheden net hwent de tiden wize sa nuver. Ik haw folle oansyk fen útjouwers mar kin der net oer gear komme. Oansteande binne der trije boeken yn it Hollansk oerset en It Heechhof is oankocht troch in Dútske útjouwer, n.l. de Hollanske fortaling derfan. Tidens de oarloch bliuwt it lykwols lizzen. Dat Brolsma de besetting mei oare eagen begûn te sjen is oan syn stikken foar de krante te fernimmen. Ien fan 'e mannen op 'e brêge seit: Wat sy met ons foar hewwe en wat ons noch te wachten Staat, wie sal et segge? Alle dagen lees je in de krant weer wat nijs en je kanne niet segge dat et einde in 't sicht is. Mar as wy hier in deuze stad weer werke | |
[pagina 308]
| |
en leve kanne as te foaren dan wil ik my daar wel by del geve.Ga naar voetnoot809 Op 'e fyts kaam Brolsma yn oktober 1943 troch ‘aparte, stille oarden’. Hy begûn in petear mei ien fan 'e gealju: ‘Hwet fornimme jimme in bytsje fen 'e oarloch,’ mocht ik sa sizze. Mei syn sûnens gie it net al te bêst. Dokter hie him wer warskôge om it rêstiger oan te dwaan. Dochs skreau er elke wike de ‘Gesprekken op de brug’. Yn april 1944 beneamde Brolsma al ‘sekere geruchten’ en it petear fan 10 juny begjint mei de útrop: ‘Ha mannen,’ zei Rikus, ‘einliks de infaesje, och, och wat is dat wat niet? Mar ik bin er dochs noch kel fan wurden. Ja en tevens blyd, want et must komme (...)‘Ga naar voetnoot811 ‘Deze toestand,’ zei Rikus, ‘mut oek ferandere. Kuijer es om et Saailand hene, wat in toestand. Inplaats fan kermis lykt it wel in doalhof. En kuijer es hier en daar. Knappe, knappe burgers met hoedsjes op, dy stane daar met de heksebile in 'e gron te hakken. Sien, dan mut et buge as barste... dat kan su niet blive.’ In wike letter skreau Brolsma iepentlik: ‘Rikus zei: ‘Nou het de infaesje in week anne gang west en je falle der noch niet fan om hè? De lêste fan 'e ‘Gesprekken op de brug’ stie yn 'e krante fan 4 | |
[pagina 309]
| |
augustus 1944. Yn dat stik, ‘Spreuken der natiën’, fytst ien fan 'e mannen op snein nei it ‘Noorderleech’ en seit dêr fan: ‘Och, wat waar et daar stil en mooi, ik docht wat waer it hier prachtig foor in fredeskonferinsje. Ja, al dy pommeranten op 'e dyk bumekander, de eene in de bútenberm en de andere in de binnenberm. Hoechden se malkander oek niet an te kiken as se niet wuden. 'k Docht, et waar hier su mar klaar.’ De mannen twivelje net mear oer it antwurd op 'e fraach wa't de oarloch winne sil. ‘Ja just,’ zei Lindert, ‘de Duitser seit fan uber alles - uber alles in de welt en de Fraansman roept Vive le fransje, mar ja, wat seit de Engelsman einliks? Het dy oek sun spreuk?’ ‘Nou ja,’ zei Ype Blok, ‘hy het al sun soart gesegde: Tobie as toba - mar it wil my optheden niet in 't sin komme.’ ‘O heden’, zei Rikus, dan weet ik et wel. Tommy os niet Tommy, 'k hew et menheer Pinto weet hoe faek seggen hoort, want hy handelde feul op Engeland.’ Brolsma lit de mannen in skoftsje tsiere om sa faak mooglik de Tommies neame te kinnen. ‘En dat kan nou in kyn wel begripe, nietwaar? Tommy os niet Tommy, hé, je binne et os je binne et niet, daar is geen woordsje Frans by.’ ‘Wust my niet love? Gaen dan Frijdach met my nae de merk, want daar binne noch wol gúdsen dy't er getuge kanne. 't Is fensels al in paar jaar leden, doe't alle meensen er frij komme mochten. En doe't er oek handel waer. Tommy as niet Tommy. Dat seit de Engelsman. ‘Nou,’ zei Lindert, 'ik nim et daadlik an. Wat Rikus sikuur weet, dat magge wy hem niet ontstride.’Ga naar voetnoot813 Der hie moed foar nedich west om dit stik te skriuwen en it lit sjen, dat Brolsma him hieltyd minder ynhâlde. | |
KrisisYn 'e eigen famyljerûnte foelen sawol fleurige as tryste saken foar. Nei't Liuwe en syn frou op 20 maart 1942 wer in jonkje krigen hienen (Nanne), ferstoar harren âldste jonkje Reinder op 30 maart 1942. Hy hie in hertkwaal en wie net sterk, dochs kaam syn ferstjerren ûnferwachts. Noeden wienen der foar Brolsma en syn | |
[pagina 310]
| |
frou ek oer Jantsje, dy't oanslach socht yn Dútslân. ‘Yn alle formiddens hapert der optheden hwet,’ skreau Brolsma.Ga naar voetnoot814 De dea fan syn broer Pieter op 12 febrewaris 1942 fernaam Brolsma út 'e krante, sa'n bytsje kontakt hie er mei dy famylje.Ga naar voetnoot815 By alle problemen fan 'e oarloch wienen der ek ljochtpunten. Jantsje Brolsma kaam werom út Dútslân. Se hie kunde krigen oan in Rotterdammer, Jan Kaptein, dy't as twangarbeider yn Dútslân wurke. Mei him troude se op 16 febrewaris 1944 yn Ljouwert. Jantsje sette har yn Rotterdam nei wenjen, har man moast werom nei Dútslân. ‘Spitich dat it gjin Fries is,’ sei ien fan 'e gasten op it stedhûs. Liuwe hâlde yn Grou goed wurk. Ulke, yn Amsterdam, skreau oer ‘razzia's en fytsfoardering’ mar kaam alles goed troch. Syn heit stelde fêst: ‘Hwet libje wy dan noch rejael.’Ga naar voetnoot816 Troch de papierkrapte wie der fan 'e krante net folle mear oer. Brolsma hie dêrom net in soad mear te dwaan en begûn oan in nij boek. Ferskate besprekkers hienen by it útkommen fan It Aldlân oanstien op in ferfolch. ‘Sa'n diel moat der komme, oars scoe dit twadde boek binammen ek om de ein, for ús it oansjen hawwe fen sa'n heal blok huzen yn 'e strjitte, dêr't de bline sydmûrre ropt om de maten, dy't der yette tsjinoan boud wirde moatte.’Ga naar voetnoot817 Brolsma begûn oan it ferfolch, mar it wurk woe net bot flotte. ‘Heit is mei it forfolch op it Aldlân dwaande, sit ek fêst,’ skreau Liuwe yn maaie 1944. ‘Hie 'k him al sein. It is ûnminsklik om nochris in boek oer sa'n steltsje to skriuwen. Hy scil se nou earst net nei Ginnum mar nei Snits forfarre litte.’Ga naar voetnoot818 In moanne letter beklage Brolsma him by H.D. Vriesema: ‘It is beroerd wirk, hwent it eint noait sa hird as men sels graech wol.’Ga naar voetnoot819 | |
[pagina 311]
| |
Begjin augustus skreau er oan D.K. Koopmans, in skilder dy't er koe fan 'e Fryske Rie: Ik werk momenteel maar op halve kracht - en moet alle onnodige inspanning vermijden. Het is met het hart niet helemaal in orde, geen reden tot ongerustheid. Vooral niet fietsen, tenzij naar de krant en terug - niet in de wind op - enfin, kalm aan. Ziek voel ik me absoluut niet, ben het ook niet, dat is juist zo gek - ik fiets met gemak overal naar toe, maar... na de tijd is het mis. Overspanning, dat met rust weer in orde kan komen. Daarom beperk ik mijn werkzaamheden tot het uiterste en zal met poeiers en druppen trachten weer op mijn verhaal te komen. Er zijn heel veel mensen, die aan deze oorlogsziekte lijden. Mijn vrouw volgt ook een rustkuur, en knapt al aardig op. Brolsma siet yn oer de takomst en belibbe de simmer yntins. ‘Het is alsof alle moois in het verleden ligt - en de dagen vol blijde onbezorgdheid nook meer zullen keeren. (...) Zelden is, dunkt mij, het Friese landschap zoo mooi geweest als in deze, wat men noemt Hondsdagen. Dan weer fel scherp, dan weer gesluierd -, ik heb er zoo van genooten voordat ik dit huisarrest kreeg en geniet er nu nog van op het bankje.’Ga naar voetnoot820 Dy serene stimming bleau net. Op 3 septimber 1944 skreau Bauke Tuinstra oan J.H. Brouwer: ‘Freed hearde ik, det Reinder Brolsma slim siik is. It hert. Hy is sels neat net moedich; mei der wol efkes ôf, mar trillet en skoddet tige. (...) En nou de tiid... Ik wit net, as det mar goed komt.’Ga naar voetnoot821 Brolsma wie bang foar de takomst en nei alle gedachten hat dat syn kwaal oanbrocht of yn alle gefallen slimmer makke. Dêrby wie er ek bang foar de dea. Liuwe skreau: ‘Heit tige siik west - oan 't hert - en nou senuwen. Is by 3 dokters en in magnetiseur. Kin my net begripe dat in minsk him sa bang for de dea meitsje kin.’Ga naar voetnoot822 Dochs knap te er wer op. Yn oktober 1944 krige er - om reden fan syn krantewurk - tastimming om syn fyts te hâlden.Ga naar voetnoot823 Skriuwe foar | |
[pagina 312]
| |
de krante die er lykwols net mear.Ga naar voetnoot824 Hy gie fierder mei it ferfolch op It Aldlân en makke in ‘skets for mysels’ oer syn sjoernalistyk wurk. ‘Optheden is der gjin sprake fen forfetsjen, mûlk wol noait wer.‘Ga naar voetnoot825 Nei it mislearjen fan 'e Slach om Arnhim wienen de Dútsers noch altyd yn Fryslân en har hâlden en dragen wie ‘op 't lêst sa troch alles hinne gemien.’Ga naar voetnoot826 Brolsma wie der wis fan, dat er him nei de oarloch ferantwurdzje moast foar syn eigen gedrach en dat beneare him. Dolle Dinsdag en it ferskinen fan in sabeare Friesche Courant, perfekt neimakke troch de yllegaliteit, sille syn summing der net better op makke ha. Ien fan de 10.500 eksimplaren moat ek wol by him yn Goutum besoarge wêze. Der stie in knappe parody yn op syn ‘Gesprekken op de brug.’ Slimmer wie, dat er yn in redaksjoneel ‘liep en smout’ neamd waard. Hy hie ‘in slompe jild fen 'e nije oarder’ oannommen, sa stie der fierder, en ‘Reinder en Douwe [Kalma] wirde nou birabbe as scoenen hja wol werom wolle.’Ga naar voetnoot827 Hoe swier Brolsma mei alles ompakte, docht bliken út syn opmerking tsjin S.D. de Jong: ‘As ik yn in sel kom, hingje ik my op.’Ga naar voetnoot828 Liuwe Brolsma skreau: ‘Heit nou tige binaud hoe't it aanst komme scil. Hat oars gjin prakkesaasje - seit neat - is unrêstich.’Ga naar voetnoot829 De sfear yn 'e hûs waard der net better op. Dêrom gie Brolsma in skoftsje by syn susters yn Stiens útfanhûs. Doe't er werom wie yn Goutum, skreau Wieb Brolsma: ‘Ik vind dat Reinder nog niet de oude is. Hij [moest] toen hij hier vandaan ging naar de dokter, wat heeft die gezegd, was hij weer gezond verklaard? Het duurt nogal wat voor hij weer geheel beter is.’Ga naar voetnoot830 Brolsma seach út nei de ein fan 'e oarloch, mar hy siet der ek oer yn hoe't it dan mei him komme soe. Hy koe net witte, dat Anne Wadman him yn syn deiboek ta de ‘ûnhuere eleminten’ rekkene, | |
[pagina 313]
| |
dy't oan 'e kant set wurde moasten nei de befrijingGa naar voetnoot831, mar hy hie wol yn 'e rekken dat er him ferantwurdzje moatte soe. Hoe fier wie er mei de Dútsers ynsyld? Dat wie de fraach, dy't er him de lêste oarlochswinter hieltyd wer stelde. Hy seach no wol yn, dat er de Harmen Sytstra-priis net oannimme moatten hie. Dat soe him swier oanrekkene wurde. Syn posysje yn 'e Fryske Rie soenen de lju him ek as fout oanrekkenje. Yn 1942 hie er syn goede reputaasje by it Departement brûkt om ekstra branje te freegjen. Hy hie dy ek krigen om syn ‘dichterische Arbeit unbehindert fortsetzen’ te kinnen.Ga naar voetnoot832 Mar in soad minsken fregen om geunsten of útsûnderingen. Radio, fyts, elkenien besocht dy te hâlden. Sokke saken soenen se wol net oer stroffelje. It wichtichste dêr't er op beoardield wurde soe, wie syn wurk. En dêr hie er nea pro-Dútsk yn west, dêr wie er wis fan. Dat De Landstand en de Friesche Courant as ferkearde publikaasjes rekkene wurde soenen, dat trochgean mei skriuwen foar de krante al as fout sjoen waard, pleage him ek. De prakkesaasjes dêroer hat er oant de Kanadezen Fryslân de frijheid brochten mei ompakt. |
|