Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 237]
| |
IX
| |
OarlochsdrigingIn petear tusken twa mannen út ‘Gesprekken op de brug’ lit sjen dat de ûnwisse tiden ek Brolsma syn wrâld ynslûpt wienen. ‘As je it goed besiene,’ zei De Jong, ‘dan wudt it met de dag minder, waar leve we eigenliks foar? Mut je hoop koestere foar in betere toekomst, mutte wy nog bouwe en sorge foar de dag fan morgen? Of alles mar waaie late, 't komt soa 't komt. Ik weet it niet.’ Mear en mear praten de krinkjespuiers op 'e brêge oer Spanje, Sjina en foaral Dútslân. De kranten stienen fol mei nijs oer Hitler en syn nasjonaal-sosjalistysk bewâld. Brolsma wie goed op 'e hichte mei wat der yn Dútslân barde en koe ek net polityk nayf neamd wurde. Hy lies it Nieuwsblad voor Friesland en de Leeuwarder Courant, kranten dy't de lêzers wiidweidich ynformearren oer de mear en mear benearjende lykskeakeling yn it buorlân.Ga naar voetnoot605 Lykas in soad Ne- | |
[pagina 238]
| |
derlanners bewûndere Brolsma ynearsten hoe't dat lân besocht wer in echte naasje te wurden. Hy fûn ek dat Dútslân by de frede fan Versailles te fûl oanpakt wie en hy koe him wol yntinke dat Dútslân yn 1936 ‘openlijk, welbewust en zeer krachtdadig den laatste ban’ ferbruts troch it Rynlân werom te nimmen. Dêrmei ‘herneemt [het land] ten volle zijn plaats onder de vrije landen’ wie syn miening. Nei oanlieding fan in radio-útstjoering fan in rede fan Hitler en it sjongen fan soldaten, hie er it oer in ‘beheerscht en beschaafd volk’, en dat der noch ‘groede yn dy naesje’ siet.Ga naar voetnoot606 Hy wie him ek wol fan 'e driging bewust, dy't der fan sa'n agressyf Dútslân útgie. De besetting fan it Rynlân yn 1936 die him tinken oan it begjin fan 'e earste wrâldkriich. Twa jier letter praat Brolsma faker en faker oer ‘de benauwenis van almaar dreigende courantenberichten over spanning in Europa’. Dat skreau er by gelegenheid fan 'e ynstruksjes dy't alle ynwenners fan Ljouwert krigen oer ‘hoe de burger zich heeft te gedragen jegens brandbommen, die de vijand hem in letterlijken zin op het dak stuurt’. Yn maart 1939 beskriuwt er de summing ûnder de minsken sa't er dy yn 'e trein, op strjitte of yn 'e bus fernimt. Dêrby fernuveret er him oer de ‘onbewogenheid’ fan guon en it ‘fatalisme’ fan oaren. ‘Mei in healjier, den hawwe wy se hjirre, as it net earder is’, sa seit ien fan harren. Brolsma syn kommentaar op dy hâlding is: ‘Och, is er wel veel fantasie voor nodig. In de bioscoop (...) zien wij het voor onze oogen afspelen, van begin tot end, met de vlucht naar de onder-grondsche schuilplaats als extra toegift.’Ga naar voetnoot607 It bêste komt de driigjende en ôfwachtsjende summing sa't Brolsma dy ûndergie ta utering yn syn ‘Gesprekken op de brug’. As Hitler yn 1938 it ‘pak fen Lekarne’ ferskuort, ferwachtet in man op 'e brêge, dat ‘de Dútsers komme sille (...) en wy salle op it kommando de hand omhooch swaaie en roepe fen ‘Heil Hitler!’Ga naar voetnoot608 Nei de Münchenkrisis fan sep timber 1938, seit ien fan harren: ‘ik loof ferdikje dy Leeuwarder burgers hewwe feul mear noed mei it feltsje | |
[pagina 239]
| |
as mei it sieltsje’. Ien fan syn maten anderet: ‘Late wy dankber weze (...) oek al het Hyteler in alles syn sin soawat kregen. Afijn, daarfoor is hy oek de machtichste in Uropa.’Ga naar voetnoot609 In oaren is him bewust fan 'e krêft fan Dútslân en seit: ‘Want sont Napoleon het er su'n machtige niet op 'e wereld weest. Bedink dat wel.’Ga naar voetnoot610 Brolsma dielde yn 'e betizing fan it wrâldbarren. Oan 'e iene kant like it ‘alsof de onschuldige menschheid leeft temidden van een galerij gekooide, wilde beesten, die de klauwen tegen de wankele tralies slaan, op het punt om uit te breken’ wylst de deistige dingen neat feroaren en ‘van München bewaren we vaag glimlachend een paraplu-herinnering, de vroolijke noot.’Ga naar voetnoot611 | |
FaksismeBrolsma mocht dan bytiden de krêftige polityk fan 'e Dútsers bewûnderje, út neat docht bliken dat er ek it nasjonaal-sosjalisme bewûndere. Hy seach dat eangst mear en mear it lân behearske en hope dat de Dútsers aanst ‘vrees niet meer dulden als opperst regeerder’Ga naar voetnoot612 Ek it anty-semitisme fan 'e nazy's stie him tsjin. ‘De kermis,’ zei Ype Blok, ‘krijt fan alle ferkearde dingen de skuld, krekt as de Joaden yn Dútslân, alles is ferkeard wat de Joaden doene en wat fan Joaden komt. Behalve de senten. Groate swendel fan de groatkapitalisten, de Joad mut knepen wudde, dan kan it folk lache. Poppekast... Kermis (schreeuwend) kermis - meensen, dat is kermis, soa wudt it hier niet fertoand.’Ga naar voetnoot613 Nei de Reichskristallnacht fan novimber 1938 skreau er in stik oer ‘It folk Israel yn Fryslân’. De oanlieding neamde er sels ‘in kwesje, dy't yn alle lânnen oan 'e oarder fen 'e dei is.’ Dêrby hie hy it oer ‘minsken fen namme yn Jeropa,’ dy't mienden, ‘det hja de Joaden op it libben nei fen alles binimme moatte, wylst hja sels net ienris mei de finger oanwiisd wirde meije.’ Fan wat der op dat stuit yn Dútslân barde, neamde er ‘pogroms, forbâljen, hjitfolgjen en alles | |
[pagina 240]
| |
hwer't men (...) mei dwaende binne de joadske naesje út to dylgjen.’ Yn syn stik makket Brolsma in ûnderskie tusken de ‘swalkjende’ Joaden, dêr't er sels ûnderfining mei hie, en Joaden út 'e stêd, dy't him frjemd bleaun wienen. Dy wisten ‘fen boerefolk en boerelibben krekt sa folle ôf as de bolle fen 'e Noardstjer’. Dy Joaden neamde Brolsma ‘wrâldfrjemde ja sims minskeskouwe stimpers, dy't, as hja mar efkes bûten de grêften komme[,] gril om hjar hinne sjugge mar dêrom thús hiel wol mei binyptens, ûnforstân en neigeandens it spil regearje.’ Brolsma fûn dy stedske Joaden, dy't gjin war dienen om krekt as de Friezen te wurden, net botte sympatyk. Neffens him soenen se wol altyd ‘frjemdlingen bliuwe yn Ljouwert en better aardzje kinne yn Amsterdam.’ Hy sei der by, dat it him net gie om te ‘rjuchtsjen oer joad en net-joad’, mar dat er oanhelje woe, ‘yn hokfor forhâlding as hja libben mei it Fryske boerefolk.’Ga naar voetnoot614 Brolsma hat him fierders yn syn wurk nea dwaande hâlden mei sokssawat as rassuverens, dat sa'n obsesje foar in faksist as J.M. van der Goot wie. It artikel oer de Joaden yn Fryslân is it iennige dêr't Brolsma in negatyf ûnderskie yn makke tusken minsken yn Fryslân. Hienen de Ljouwerter Joaden har mear tusken de oaren jûn, Frysk praat bygelyks, dan hie der neat west dêr't Brolsma oer stroffele wie. By J.M. van der Goot wie dat oars. Foar him gie it Germaanske ras foar alles. ‘In Fryske kultuer kin nea droegen wirde fen ûnfrysk bloed, net fen frysk-sprekkende Nikkers ef Joaden, ja net ienris fen frysksprekkende Hollanners ef Sassen.’Ga naar voetnoot615 Sok faksistysk tinken wie Brolsma frjemd. As er yn 'e bioskoop, nei de oarlochsbylden út Sjina en Etiopie, in opname oer Hawaï sjocht, is dit syn kommentaar: Ik ben er blij mee; mij verbijstert deze zonderlinge, verwarrende opeenvolging. Want, ai, wat legt de beschaving het weer af tegen deze bruine, halfnaakte en zeldzaam welgevormde wezens! De aanblik van die bruine eilanders, die zoo tevreden en blij lachend met hun naakte vingers eten en in een boom klimmen, of gracieus samen dansen onder de wuivende palmen en een stralend blauwen hemel, schenken [de schrijver] het gevoel weer van stille vergenoegdheid, van tevredenheid | |
[pagina 241]
| |
met de dingen, [die] hy sedert den middag, bij het vertoef in het Friesch greide-landschap, gemist heeft.Ga naar voetnoot616Brolsma wie út oertsjûging sosjalist. Nei alle gedachten hat er altyd op de sdap stimd. Neat wiist der op dater gjin betrouwen yn 'e demokrasy hie, of it regear yn Den Haach ynruilje woe foar in sterke man à la Hitler of Mussolini. Hy hong ek oan it Keningshûs. Brolsma en de frou, tritiger jierren.
Nei oanlieding fan it regearjubileum fan Wilhelmina skreau er: ‘Het voegt ons slechts om melding te maken van deze dingen en wij hebben ons te onthouden van eenigerlei persoonlijke bemerking. Desondanks willen we toch op één ding wijzen, dat waar is en beteeknisvol, n.l. dit, dat het begrip “liefde tot het Vorstenhuis” niet slechts een begrip is, maar geworden is tot iets levends in het gemoed van velen Harer onderdanen.’Ga naar voetnoot617 Brolsma fielde foar Fryslân, mar net op in politike, teoretyske wize as bygelyks Folkertsma, Kalma of J.M. van der Goot. In selsstannich Fryslân wie foar him ûntinkber en ek hielendal net nedich. Hy fûn it eigene fan Fryslân wichtich, mar in Frysk nasjonalist wie er net. Sa wie er wol foar aksje om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen, mar doe't it dêr yn 1938 op begûn te lykjen, skreau er dêr frij ôfhâldend oer. Wij willen ons niet verdiepen in de nog wachtende onderhandelingen, noch gissingen maken over den vermoedelijken afloop. Het zal zonder slag of stoot wel niet gaan. Maar wij, de ouderen, die gedurende een dertig jaar alle ‘beweging’ van min of meer nabij volgden, kunnen niet anders dan blij en verbaasd deze gebeurtenis gedenken. Dat het ooit zoover zou komen! It soe, sa liket syn konklúzje foaral te wêzen, foar him as skriuwer | |
[pagina 242]
| |
mear lêzers opsmite kinne. Yn dat ferbân frege er om mear gear-wurking tusken de Fryske ynstânsjes. It is dúdlik dat er net folle seach yn 'e ‘versplintering op elk gebied’ Soks wurke neidielich en neffens Brolsma moast it mooglik wurde ‘als het volk na behoorlijk taal-onderwijs de behoefte gevoelt naar veel meer boeken, dat we dan eensgezind samenwerken tot het stand komen daarvan. En dat zij, die hun krachten daaraan wijden, een alleszins behoorlijke vergoeding genieten, die althans in overeenstemming is met hun prestaties.’Ga naar voetnoot618 Hy hie neat tsjin ‘Hollân’: As wy nou oansteane op Fryske lektuer yn kranten en tydskriften, Fryske bejegening, hwert wy ek komme, Fryskleare op 'e skoalle ast ienigsins mûlk is, as wy for al dy dingen mei ús bekende, en forneamde Fryske stiifkoppigens, fiysk faesje hâlde, en, as wy derneffens ek noch alle goede dingen fen net Friezen oannimme wolle den scil 't net misse, wy blieuwe Friezen.Ga naar voetnoot619 Hy naam de Fryske beweging ek net altyd like serieus. Hwet nou de striderij oangiet achte hear L.[eopold] de ienigste wissichheid dy wy datoangeande habbe is dizze: dat dy durje scil ek noch as Jy en ik beide al lang fortein binne nei bettere oarden ta. Hja binne net oars, it skynt dat dit de skaedkant wêze moat fen de ljeafde ta frijheid, dy leuze: baes op eigen hiem, hwet sit der hwet oan forboun. L' histoire se répète, n't wier it begoun al do eltse kloft fen sibben mei de neibesteanden húsmanne en gearhokke op in terp, mei de sé der omhinne. Eigen hiem, lit oaren mar forsûpe. (...) It lan is moai mei syn greiden en syn marren. Mar de minsken ek en net it minst - it intellekt. Hja binne der noch net.Ga naar voetnoot620 It is ek ûntinkber dat er - sa't it Frysk Faksiste Front yn 1933 die - hope op in ‘nij, jong en hearlik Fryslân’ of dat er lykas dy faksisten, de politike partijen ‘it ûngelok fen Fryslân’ fûn.Ga naar voetnoot621 De ‘folkske’ streaming dy't yn Dútslân opkaam en ek yn Fryslân oanhingers | |
[pagina 243]
| |
krige, hie gratte belangstelling foar folkloare en âldheden. Brolsma hie wol belangstelling foar skiednis, mar net eksklusyf de Fryske. Saken as ûlebuorden of poppestiennen hienen syn belangstelling perfoarst net. As er yn syn wurk in ûleboerd neamt, is it om't er dy eartiids faak ferve hie. It wichtichste ûnderwerp dêr't sawol de lju fan de ‘folkske’ streaming as Brolsma niget oan hienen, wie de agraryske wrâld. Brolsma brûkte it boerebestean as ûnderwerp foar syn wurk om't dat no ienkear in wichtich part fan Fryslân útmakke. Sa't al earder neamd is, wie it lykwols mar ien fan syn ûnderwerpen. Hy ferhearlike yn syn wurk it boerelibben net, likemin seach er de boeren as de wichtichste minsken fan 'e mienskip. De titel fan syn boek Groun en Minsken is faak sjoen as in oersetting fan ‘Blut-und-Boden’, mar elke lêzer fan it boek wit dat soks in fersin is. It boek jout in beskriuwing fan in fierhinne mislearre libben en Brolsma idealisearret syn haad-persoanen op gjin inkele wize. Yn guon fan syn ferhalen liket it as seach Brolsma de stêd as minder as in doarp, mar yn 'e swalkersferhalen is dat wer krekt oarsom. Dan is de stêd in waarm nêst en it plattelân fol bedrigingen en minne ûnderfiningen. Mei't er âlder waard, hong Brolsma mear oan it foarbye en yn syn krantestikken en yn guon fan syn ferhalen komt dy nostalgy út en troch nei boppen ta. Yn ‘Frou Deun’ (Sljucht & Rjucht, 1937) bygelyks set er âlde en nije noarmen tsjininoar oer. En al liket syn sympaty nei de âlde frou út te gean, hy lit har likegoed belies jaan as it giet om de striid tusken âlde en nije libbenswizen. Yn in oar ferhaal, ‘Striders foar de bertegroun’, skriuwt er oer ierdapeldollen sa't dat neffens him barre moast: Det barde net mei man en stappend hynsder en in ynstremint, det de frucht omheech smyt, lyk as nou. Lokkich net, hwent it jowt gjin foech om de ierdappel, dy't gedildich de tiid ôfwachtet om de minsken by to stean yn 'e strange winter ûnforhoeds fen syn woartelstringen ôf omheech to slingerjen; det is tsjin de natûr yn (...) Dy eare komt de ierdappel ta, hy is ommers in woldwaner en net in gefaerlik stik springizer.Ga naar voetnoot622 Nostalgy makke Brolsma wol befetlik foar boere-mystyk, benammen | |
[pagina 244]
| |
dy fan Kiestra, om't dy in ferbining oanbrocht tusken de ekonomy en de minne situaasje fan 'e lytse boeren. Dat die Brolsma tinken oan ‘de dagen van strijd uit het leven van die andere proletariërs’ doe't it sosjalisme opkaam. ‘Wie had kunnen voorzien, dat na een betrekkelijk zoo luttel tal jaren èn arbeiders èn boeren ten onder zouden gaan in een fellen strijd (...)’Ga naar voetnoot623 frege er him ôf. Nei in besite oan Kiestra syn pleatske skreau Brolsma: It feit, det immen hjir stridende wei syn libbensdagen nutteleas offert en dochs net bistean kin, is net sûnder tragyk. En dochs, howol syn libben en lijen yn dichtwirken en proaza ta de minsken kaem binne, sels op toaniel brocht (...) it baet net. Der moat striden wirde yn Fryslân en ek dit minne lân is, ho sober ek, yn steat om in mannich bodzjende koumelkers troch de tiid to helpen. It wol kinstdong hawwe: det kostet jild. Jild moat helpe - de koumelker hat it net, hy hat de striid om it bistean en sims as hy efkes lins nimt, hat hy eachweiding oer in prachtich stikje Fryslân. En ek oan 'e oare kant de feart by de greate bûrljuespleatsen stienen de yesters fol en sa oer it fjild sjende hjir en dêr in keppel, de groun hie levere, de kou garre en de minske naem it ta him en sa bistiet de wrâld hjirre.Ga naar voetnoot624 Dit sitaat lit sjen dat Brolsma wol belutsen is by de boeren, mar oerflakkich, as in sjoernalist of toerist dy't wat fernimt fan it werklike libben en dan dochs ek wer niget hat oan 'e natoer. Mear noch as Kiestra wie J.M. van der Goot de teoretikus fan in faksistyske wize fan tinken. Hy wie it dy't yn 1933 it ‘Frysk Faksiste Front’ en - mei Kiestra - yn 1938 de Fryske Folks Partij oprjochte, ek mei in faksistyske basis. Van der Goot neamde de haadpersoanen fan Brolsma syn wurken It Heechhôf en ‘De gernier’ foarbylden fan ‘frije bidriuwslaven’.Ga naar voetnoot625 Sa'n fisy wie Brolsma frjemd. Foar him wie dy boerewrâld sa't dy wie en dêr hoegde om him ek gjin feroaring yn te kommen. Johannes Doedes de Jong seach dat goed, doe't er nei oanlieding fan Sate Humalda skreau: ‘Och, ik wit wol, it boerelibben is ien kear sa, dreech arbeidzje en den fierders ôfwachtsje ho't de natuer it jowt, mar ik mien it yn Brolsma's boe- | |
[pagina 245]
| |
ken altyd wol hwet hiel sterk to fielen. Is der den echt wier op 'e Fryske klaei en greide gjin romte for hegere idealen?’Ga naar voetnoot626 Yn syn wurk is fan dy nije politike streamingen mar in bytsje werom te finen. It measte noch yn ‘De stiifkop’. Yn dat ferhaal set er in middenstanner foar in feekeapman oer. De iene is ‘folbloed faksist’ foar wa't ‘de lytse man út Utert’ in ljochtsjend foarbyld is. De oare skytskoarret der tsjinoan en set úteinlik de stap net. ‘Né, ik forpof it, ik gean der net hinne, ik lit my ek troch nimmen fen de wize bringe.’ Brolsma wie gjin tinker of teoretikus. Yn syn krantestikken skriuwt er meast anekdoatysk oer polityk of religy. Ek yn ‘De stiifkop’ binne sokke observaasjes te finen. Alhiel oars stiet it mei de middenstân, dy't optheden it wird hawwe wol en de macht dêrby, as 't kin. Hwent dy hawwe, nei't it liket, gânsk lêst fen de ûnderste ‘stand’, dêr't hja dochs lykwols ek wer út bistean moatte en faeks út foartkaem binne.Ga naar voetnoot627 | |
It AldlânOp 2 oktober 1937 hie Brolsma in petear mei Kalma oer it skriuwen fan in nij boek foar De Fryske Bibleteek. Doe't Kalma letter op 'e dei op 'e bestjoersgearkomste fan 'e Bibleteek kaam, sei er dat Brolsma ‘yn omtinken nimme [soe] in great boek for takomme jier op preammen to setten’. Ut 'e notulen fan in lettere gearkomste docht bliken, dat Brolsma ‘hwet mear baes bliuwe wol oer it wirk.’Ga naar voetnoot628 Der wurdt ôfpraat der er ƒ150,- krijt en dat er sels it auteursrjocht hâldt. Kalma skreau him: Wy rekkenje dos by de Bibleteek derop det Jo yn de rin fen it winterhealjier hwet ré krije, greatte likernôch ‘De Skarlún’ of ‘It Heechhôf’. Ik bin der bliid om det Jo it bisykje wolle. Fryslân kriget fen Jou wirk net gau genôch. Ik haw in honorarium útsteld fen f 150,- en dêr moatte wy mar op oan hâlde. Om krysttiid hinne kinne wy den wolris prate ho't it fierder mei de auteurs-rjuchten scil. Dy kinne fen dit wirk wol oan Jo bliuwe, as wy den de rjuchten fen de Bibleteek by in 2de printinge omskriuwe kinne. Hwet wy Jo bitelje, is fierstente min, | |
[pagina 246]
| |
mar like goed mear as oare Fryske skriuwers krije; oant no ta koene wy det forantwirdzje troch to sizzen: mar wy ha de auteursrjuchten ek. Der scil lykwols ek wol in oare foarm oan to jaen wêze.Ga naar voetnoot629 Troch de krisis hie De Fryske Bibleteek nochal wat leden ferlern. Mei dêrom koe it tydskrift Frisia net mear bestean. Der wie ek noch in oare reden. De fleur wie der sa stadichoan ek aardich útrekke. Sa't De Standaard skreau: ‘Het tijdschrift was te weinig modern, stond te zeer buiten het Friesche leven van den dag; het rook een weinig naar den ivoren toren; de Friesche boeren en arbeiders kenden het niet.’Ga naar voetnoot630 Der wie noch besocht om te fusearjen mei It Heitelân, mar soks wie oergien om 'e kosten. Foar Frisia yn 't plak wie de Frisia-rige kommen mei aparte útjeften fan novellen, skiedkundige essays en fersen. De Fryske Bibleteek gie ek gewoan troch mei it útjaan fan gruttere romans. In nije auteur fan 'e Bibleteek wie bygelyks Nyckle Haisma. Noch altyd fertsjinne Brolsma mear as oare skriuwers. Ulbe van Houten krige foar De sûnde fen Haitze HolwerdamGa naar voetnoot631 ƒ25,-, Nyckle Haisma krige foar syn earste roman ƒ75,- en mei har Fryske Petiele fertsjinne Simke Kloosterman ƒ50,-. Brolsma begûn oan it nije boek, mar it gie net sa flot as oars. Liuwe Brolsma skriuwt op 28 jannewaris 1938: ‘Us heit hat benaud west fen 'e wike yn 't spoar. To drok fansels, altiten noch mear fertsjinje wolle. Hy hat oannommen in boek skriuwen foar in luzige 150 goune, in forfolch op 't Heechhôf’;.Ga naar voetnoot632 Liuwe krige as earste it nije manuskript ûnder eagen. Hy fûn it ‘prachtich’ en stelde syn | |
[pagina 247]
| |
heit mar in pear feroaringen út. Wylst Brolsma dêr mei dwaande wie, stjoerde er Kalma in brievekaart. Drokke beuzichheden biletten my ferline Snjoen om nei it Mienskipshûs ta. Ik hie Jou in lokwinsk takomme litte wollen mei Jou Doctoraal en dat is der nou by bleaun. Sadwaande nou by dizze gelegenheid en tige mienens. Ei, men hie der sa gau gjin erch yn en bûtendien lei it ek op in terrein dert ik net sa by útstek deskundich bin. Jou scille nou hwet bikomme tink. Wel, as jy wer yn it Mienskipshûs oanlânje dan leit it hânskrift der ré. Ik haw it Liuwe earst ris lêze litten en dy sei, it wier knap. By hwennear der eat bisûnders oer te melden is -, Jo lêze it fansels earst ek dan hear ik it wolris. Jantsje (midden) yn De Nôtharne, 1939.
Brolsma hie der byset: ‘De titel: formoedlik Richt.’Ga naar voetnoot633 Yn 'e dagen dat er it manuskript bewurke fielde Brolsma him wer net goed. ‘Heit miende det er it oan 't hart hie,’ skreau Liuwe. Neffens syn húsdokter wie der neat te rêden en moast Brolsma it rêstiger oan dwaan. ‘Hy scil nou net sa stoef mear,’ giet Liuwe fierder. ‘Dat ha wy ek al wit hoe faek tsjin him sein.’Ga naar voetnoot634 Op 20 maaie krige Kalma it manuskript, mei in briefke der by. Hjir is nou it hanskrift fen it boek, det ik by 't winter skreaun haw. Der binne 300 skriftbledsiden. As de útjouwer der hwet mei om tinkt en hy hwet rejael printet, en hwet in aardich fatsoenlik bistek fen it boek makket, dan kin it in 150 bleds, wirde. My tinkt, det de ynhâld goed is. It is myn lêste Fryske wirk salang as ik oan de krante forboun bleau. Der is my sein, ik moast hwet sunich wêze mei de oalje yn 'e lampe.Ga naar voetnoot635 Kalma reagearre posityf, ûnbekend is op hokker wize. Brolsma skreau him: Jou oardiel oer it hanskrift hat my tige goed dien. Ik koe ek net sjen det it oars wier as wier - ik mien it boek - mar hie der noch graach hwet oan en yn om arbeidzje wollen. It foldie my net alhiel mar it woe net mear. Dan is it better om mar op to hâlden. En nou oer de titel. Wel, ik hie do't ik bigoun presiis datselde wird yn 'e holle. Aldlân scoe | |
[pagina 248]
| |
it hjitte, dat stie fêst. Mar by de fierdere ûntjowing miende ik mar, det it wirk net genôch spriek om it wurd goed to meitsjen. Nou't Jou sûnder hjir eat fan ôf te witten (dit is wol hiel bisûnder tinkt my) dochs itselde oppenearje is it maklik fansels. Aldlân. In moaije titel. Frysk en sprekkend. Jy scille dit wol bioarderje wolle mei de útjouwer en ek miskien hwet de gaadlike foarm oanbilanget.Ga naar voetnoot636 Nei't er syn manuskript opstjoerd hie, knapte Brolsma wer aardich op. Yn juny krige er twa wike fakânsje. Hy naam de warskôgingen serieus, dat jier publisearre er fierders noch mar ien oar stik, in krystferhaal. It Aldlân ferskynde yn novimber 1938. Jan Piebenga hie de printkladden neisjoen en Evert Caspers hie in omslach foar it boek makke. It is it earste boek dêr't men oan fernimme kin, dat Brolsma eins gjin ynspiraasje mear hie en bytiden machtleas foar syn ferhaal oer stiet. Mei It Aldlân fernijt Brolsma him foar it earst ek net mear. Yn it twadde boek oer Bokke en Richt bart yn grutte halen itselde as yn It Heechhôf al is it dit kear Bokke dy't syn pleats kwytrekket. In teken fan swakte is fierder dat Brolsma neat betters wit te betinken as dat de âlde lju, Jan en Folkje, by de jonge lju komme te wenjen. Mooglik hat Brolsma hoop hân sa de sfear fan It Heechhôf werom te bringen? Dat de handikapte Goffe Bleinsma jaloersk wurdt op de jonge en sûne Richt en Bokke is foarstelber, mar oft soks no de reden wurde moat foar it misrinnen fan it buorkjen fan Bokke? Hielendal mislearre is it boek net. Treflik skriuwt Brolsma oer de earste houliksdagen fan Bokke en Richt en dat Richt der tsjinoan skytskoarret om mei Bokke op bêd. ‘Och heden ja -, it moat wêze, suchtet Richt.’ De oare moarns skriuwt Brolsma oer Bokke: ‘de bysliep mei de krigele dochter út it Brúnja laech hat him keardel makke, hy scil it hiem frij hâlde en de wente feilich.’ Bokke is lykwols gjin superman en der komt neat fan terjochte. As se mei Bleinsma yn 'e keamer sitte, dan wurdt dat sa troch Brolsma beskreaun: Richt lykwols skodhollet ûngemirken en hy begrypt de wink, hja wol sizze, det hy mar net bisykje moat op to swetsen tsjin dizze great-boer; | |
[pagina 249]
| |
it is gjin pertûr. En net allinnich tsjin dizze kreupele, mar is it net eft sa stadichoan der mear fen syn skaei dizze âlde sûmbere boeretsjernherne binnenkaem binne en mei om 'e tafel skikke? Sitte hja dêr net to glimkjen en to gnyskjen, ef stil en greatmachtich hjar bisauwend det it âlde stamhûs sa jammerdearlike skurf yn steat hâlden is troch de neiteam?Ga naar voetnoot637 De besprekken fan it boek wienen sunich. J.J. Hof wie net te sprekken oer de opbou fan it boek. Neffens him miste in dúdlike ‘yntrigue’ en in skerpe probleemstelling. It liket wol as wist Hof dat syn meiwurker oan 'e krante wraksele hie mei de stof. Hy skreau teminsten: ‘Bout er wol neffens in te foaren alteast dan mar út 'en rûgen opmakke bistek? Giet it meast net sa't it falt?’Ga naar voetnoot638 Ek S.D. de Jong miende dat Brolsma ‘de moed net hie in goed ein oan syn forhael to breidzjen’, al wie er ‘tige bliid’ dat it boek ferskynd wie.Ga naar voetnoot639 S.J. van der Molen wie wat mylder. Hy fûn it nije boek sa goed net as It Heechhôf om't it minder ‘ôfwikseling hie’ en tefolle ‘om in mennich minsken’ draaide. Liuwe Brolsma wie dúdlik oer de krityk op syn heite boek. ‘Ik tink de kwesje is hy wurdt har to forneamd. Foaral S.D. de Jong moatte hja yn 'e gaten hâlde en Hof falt dea op in wurd.’Ga naar voetnoot640 De lêzers lutsen har net folle oan fan 'e krityk, it boek waard goed ferkocht. Reden foar Brandenburgh om yn 1939 mei in nije printinge fan It Heechhôf te kommen. De tekst fan it boek waard op 'e nij set en Evert Caspers makke in nij omslach. Brandenburgh frege de ferneamde ûntwerper om dêr as motyf foar te brûken ‘het huis waar de Bruinja's nog wonen.’ Caspers frege Brolsma dêrom: ‘Beschikt U mogelijk over een foto van bedoeld huis?’Ga naar voetnoot641 Spitigernôch is in reaksje fan Brolsma net bewarre bleaun. Hoewol't de tekst fan it boek net feroare is, hat Brolsma wol in opdracht oan it boek taheakke: ‘For frou en bern’ stiet foaryn. Mooglik hat Brolsma, no't it mei syn sûnens faaier like te stean, ferlet hân syn genegenheid foar harren te uterjen? | |
[pagina 250]
| |
Literêre pommerantYn 1939 publisearre Jan Piebenga syn Koarte skiednis fen de Fryske skriftekennisse. It wie in deeglik, lêsber en tige modern oersichtswurk. Lykas mear noch libjende skriuwers, hie Brolsma ek in plak yn it boek krigen. Piebenga, persoanlik goed bekend mei Brolsma, bewûndere syn ‘persoanlike skôging, dy't er (...) seldsum objektyf foarbringe kin. Syn realisme is ynbannich, tige bihearske, fral yn syn bêste wirk. (...) Minsken en dingen geane him oan; dêrom byldet er de werklikheit net mei kâld sinisme, mar mei in humor, dy't men wol as Frysk en filosofysk bineamd hat (...)’ Wat Piebenga miste wie ‘it godstsjinstige, it wiere den’. Brolsma's wurk koe dan wol ‘in spegel fen it Fryske folkslibben’ neamd wurde, mar dy ‘werkeatst (...) net it alderdjipste.’ Piebenga miende, lykas de measten fan Brolsma syn tiidgenoaten, dat er it bêste it doarps- en boerelibben beskreau en ‘de selskant fen it Ljouwerter folkslibben’, mar ‘giet er fierder fen hûs ôf, den mient men foart de forsearring to fornimmen.’Ga naar voetnoot642 Dat op dat stuit it oeuvre fan Brolsma fierhinne ôfsletten wie, neamt Piebenga net. It Aldlân wie fansels ek noch mar krekt útkommen. Hy hie it lykwols riede kinnen, sjoen de al mar lytser wurdende produksje fan Brolsma. Yn 1937 levere Brolsma noch mar ien ferfolchstik, de oare stikken wienen krystferhalen of koartere stikken. ‘Dize’ wie it krystferhaal foar It Heitelân fan 1937. Yn dat ferhaal ropt de skriuwer trije figueren út eardere ferhalen op, dy't him konfrontearje mei wat er oer harren skreaun hat. Oan 'e ein docht bliken dat it in dream west hat mei ‘skyngestalten’.Ga naar voetnoot643 Neist It Aldlân ferskynde yn 1938 allinnich yn It Heitelân noch it krystferhaal ‘Trije winsken fen in earme aeisuteler’. Ek yn 1939 bestie syn proazaproduksje allinnich út krystferhalen. ‘Ik haw wachte op inspiraesje mar dy is net kommen,’ skreau Brolsma yn 1940 oan Piebenga, nei oanlieding fan 'e fraach om in krystferhaal te leverjen. Brolsma stjoerde him dochs ‘Beppe oan 'e sédyk fertelt’, | |
[pagina 251]
| |
dat fol âlde ferhalen stiet oer arbeiders en boeren. It ferhaal hat moaie observaasjes, as bygelyks: ‘Mar bern, dy't folle nei de sédyk ta swalkje, hawwe neat mei it wynbearen to dwaen, hja libje as de séfûgels en kinne amper like folle forneare.’ Yn 1940 hie Sljucht & Rjucht nei lange jierren ek wer in ferfolchstik fan Brolsma, ‘Striders foar de Bertegroun’. It ferhaal, dat om 1890 hinne spilet, nimt it âlde tema fan 'e rike boer en de earme widdo wer op. Al kaam de ynspiraasje dan minder faak, goed wurk levere Brolsma dochs ek noch wol. ‘De eker’ is in prachtich, mankelyk ferhaal oer in âld man, dy't hinget oan it lânwurk, wylst syn frou en soan der neat foar fiele. Brolsma skreau dat ferhaal foar it earste Frysk Jierboek.Ga naar voetnoot644 Ek ‘Frou Deun’ (1937) is in bêst ferhaal oer in boerinne, dy't fêsthâldt oan bewende noarmen út it ferline. Dat hat ta gefolch dat se bûten it moderne libben fan har bern en bernsbern komt te stean. | |
Menschen tusschen Wad en WoudenAl lang hie Brolsma de hoop hân dat syn wurk ek yn it Hollânsk ferskine soe. Lykas de measte skriuwers woe er graach in soad lêzen wurde. Der kaam noch by dat er rekkene op in grutter fertsjinst. Nei syn teloarstelling oer it mislearjen fan 'e oersetting fan It Heechhôf by de Boekengemeenschap, hie it manuskript by útjouwerij Veen west en ek by de Arbeiderspers. It wie útjouwer Leopold yn Den Haach, dy't by einsluten begjin 1940 tasei dat er It Heechhôf yn Hollânske oersetting útjaan woe. Leopold hie mear streekskriuwers yn syn fûns, bygelyks Evert Zandstra en Rein Brouwer.Ga naar voetnoot645 Brolsma fertsjinne mei dy oersetting ƒ900,- en krige ek noch in persintaazje | |
[pagina 252]
| |
fan 'e ferkeap. Dat bedrach wie frijwat heger as syn Fryske fertsjinsten. As namme foar it boek waard keazen Menschen tusschen Wad en Wouden. By de Hollânske oersetting holp Ype Poortinga. In kollega by it Nieuwsblad voor Friesland, Douwe Miedema, holp Brolsma by it neisjen fan 'e printkladden. Doe't Miedema nei it ferskinen fan it boek Brolsma in geunstich besprek út in krante tastjoerde, skreau Brolsma him: ‘En ik scoe my al nuver forsinne as Jou der net like folle mei ynnommen wienen as de skriuwer sels. Ik foun it prachtich.’Ga naar voetnoot646 De ûntfangst fan it boek yn Hollân wie oer it generaal wol posityf. Maurits Uyldert wie in útsûndering doe't er fan Brolsma syn boek sei, dat it ‘geestelijke diepte en achtergrond’ miste.Ga naar voetnoot647 Yn syn entûsjasme wie it Brolsma troch it sin gien dat er yn 1926 de auteurs- en eigendomsrjochten fan It Heechhôf ferkocht hie oan De Fryske Bibleteek. It bestjoer wie dêr frijwat oer rekke en stelde fêst: ‘Sa net wer.’Ga naar voetnoot648 Jan Piebenga wie der grutsk op, dat in Frysk boek oerset wie yn it Hollânsk, mar hy fûn it orizjinele boek folle better. ‘Hwet in gewraksel hat de oersetter hân om for in simpel wirdtsje det stiiffol ynhâld sit in lykweardich Hollânsk te finen’, skreau er. Hy fûn dat Brolsma syn skriuwtalint ‘ûnferbrekber’ ferbûn wie mei it Frysk en dat syn Hollânsk ‘fier fen suver en bytiden mar knoffelich’ wie.Ga naar voetnoot649 Oan dat besprek sil Brolsma net folle wille belibbe ha. Piebenga wie sa kritysk, it like wol as fergunde er Brolsma it sukses yn Hollân. | |
De NôtharneGeregeld wienen Brolsma syn ienakters troch it Nij Frysk Toaniel opfierd.Ga naar voetnoot650 De lieder, Lammert Popma, frege Brolsma om no ris in lang stik foar syn selskip te skriuwen. Brolsma naam dat oan en | |
[pagina 253]
| |
frege Liuwe om him te helpen. Ofpraat waard dat Liuwe it twadde bedriuw skriuwe soe, Brolsma it earste en it tredde. De gearwurking ferrûn net al te noflik en doe't it stik by Popma ynlevere waard, wie de ûntfangst negatyf. Nei't Brolsma sels it twadde haadstik bewurke hie, waard it oannommen. Liuwe moast letter tajaan, dat it stik der better fan wurden wie. As tank foar syn krewearjen krige er in part fan it skriuwerslean. De gearwurking mei syn heit wie him net tafallen, ‘dat is gjin dwaen mei him’Ga naar voetnoot651 skreau er. In ferfolch fan 'e gearwurking kaam der dan ek net. Yn it stik stiet in rintenier yn 'e stêd sintraal. Hy hat syn pleats ‘De nôtharne’ goed ferkocht en wol it plattelân efter him litte. Hy wurdtJantsje (midden) yn De Nôtharne, 1939.
oerhelle om in rige wenningen te keapjen, mar as ‘huisjesmelker’ mislearret er om't er net tûk genôch is. Troch syn stedske aventoeren ferfrjemdet er fan syn omkesizzer en har man, dy't mei in soad lijen besykje om in bestean as boer op te bouwen. It liket derop dat Brolsma net goed witten hat, wat er woe: in komeedzje of in echt serieus stik en sadwaande wurdt it fan beiden neat. Foaral it trelit fan in pear hierders fersteurt de earnstige toan fan it tredde toaniel. De petearen binne libben en al pratende kin Brolsma it karakter fan 'e ûnderskate figueren goed sjen litte. Frou Sybolts: | |
[pagina 254]
| |
Op 28 febrewaris 1939 krige it stik syn premiêre. Doe die bliken dat it om in echte Brolsmaproduksje gie, want dochter Jantsje die ek oan it stik mei. It foldie har bêst om mei it selskip Fryslân troch te reizgjen, mar it bleau by dat iene stik. In resinsint neamde har spyljen ‘suver in aerdichheit’. Deselde besprekker wie net botte posityf oer har heit syn stik. Hy fûn it in ûnthjit foar better wirk dat mooglik noch komme soe. Neffens him wie it misgien by de ‘konsepsje’ fan dat stik, ‘in harmoanyske ienheit is der yn dit stik net.’ Hy frege: ‘Binne binammen de beide lêste útkomsten hwet to gysten útarbeide?’Ga naar voetnoot653 Bauke Tuinstra bespriek it stik in jier nei ferskinen. Neffens him wie it mear in ‘toaniel-biwirking’ as in echt stik, mar hy wie fol bewûndering. ‘De figueren libje, lykas al dy sljuchtweihinne minsken, dy't Brolsma sa ynlik en dochs mei sa'n eigen humor pliget to teikenjen; de petearen binne moai flot en in stikmannich toanieltsjes springe al by it lêzen sa mar nei foaren ta, det men kin der wis fan wêze det in fetsoenlike ploech spilers hjir eare mei bihelje scil.’Ga naar voetnoot654 | |
Boekútjefte Groun en MinskenWylst yn 1936 de lêste haadstikken fan ‘Groun en Minsken’ noch yn Frisia publisearre wurde moasten, hie útjouwer Brandenburgh der al idee by om it ferhaal as boek út te jaan. De Fryske Bibleteek woe dêr wol oan meiwurkje, mar wie op dat stuit al yn yn oerlis mei Brolsma oer de opdracht foar in nij boek. Fan dat nije boek, sa ornearren de bestjoersleden, soe Brandenburgh it honorarium betelje kinne en dan krige er it auteursrjocht fan ‘Groun en Minsken’ der foar neat by. De Bibleteek soe dan reklame foar it boek by de leden meitsje.Ga naar voetnoot655 Ynearsten gie dat net troch, om't Brolsma de opdracht om in nij boek te skriuwen weromjoech. | |
[pagina 255]
| |
Nei't Brolsma yn 1937 tasein hie, dochs wol oan in nij boek (It Aldlân) te beginnen, akkoarten de Bibleteek en Brandenburgh oer it útjaan fan ‘Groun en Minsken’. Brandenburgh soe it boek sa gau mooglik útbringe en Brolsma ƒ200,- honorarium betelje, ƒ100,- by it ferskinen, ƒ100,- as der ‘in fiks tal forkoft is, 400 eksimplaren.’Ga naar voetnoot656 Neffens Brandenburgh wie 1938 as jier fan útjefte net geskikt, want ‘twa nije boeken fan ien skriuwer giet net’. It waard dúdlik dat de útjouwer net bûn wurde woe oan in datum.Ga naar voetnoot657 Dat de útjouwer it net oandoarst om sa'n mânsk boek út te jaan, die wol bliken, ek yn 1939 barde der neat. It wie Jan Piebenga dy't by einbeslút aksje ûndernaam om it boek dochs printsje te litten. Nei't Brolsma op 25 novimber 1939 yn it Coulonhûs in lêzing oer ‘Groun en Minsken’ hâlden hie, krige in grutte rige minsken in brief, dy't ûndertekene wie troch Piebenga, Folkertsma, W. Kok en J.H. Brouwer. Dat ‘Groun en Minsken’, ‘nou al trije jier’ bedobbe lei yn Frisia, wie, sa skreauwen de mannen, ‘in bliuwende oanklacht en oprop for ús allegearre’. De Bibleteek koe de útjefte ‘for in part fen hjar leden oer [net] forantwurdzje,’ om't dat it al yn Frisia lêzen hie en der lei safolle nij wurk op útjefte te wachtsjen. Ek Brandenburgh doar it net ‘aventûrje’ om it boek út te jaan. Reden foar de fjouwer partikulieren om 100 minsken te freegjen yn te tekenjen op in lúkse edysje ‘op antyk pompier yn learen bân, nûmere en mei de hântekening fen de skriuwer’. Dy útjefte soe ƒ7,50 kostje, wylst in gewoane útjefte ƒ3,75 kostje moast. De minsken koenen reagearje troch in kaartsje yn te stjoeren, en waarden fierder noch oantrune mei de wurden: ‘Moat dit mislearje? Binne der gjin hûndert minsken, dy't hjir for stean wolle? Den is Fryslân op stjerren nei dea.’ It brief waard yn desimber 1939 ferstjoerd. Neffens in berjocht fan 'e útjouwer fan 8 jannewaris 1940 wienen der doe al sa'n 60 minsken dy't yntekene hienen. Dat hie him, sa skreau Brandenburgh, de ‘wissichheit jown dat ek de oare 40 lúkse-eksimplaren yet wol plak fine scille en wy hawwe dêrom bisletten de útjefte oan to | |
[pagina 256]
| |
gean.’ Hy kundige oan dat it boek yn 'e hjerst fan 1940 ferskine soe. It wie maaie ear't Piebenga de earste printkladden krige. Brolsma hie, op oanwizing fan Arjen Witteveen, it ien en oar feroare yn 'e tekst.Ga naar voetnoot658 Net earder as yn septimber begûn Brandenburgh mei it printsjen, en it sil yn oktober west hawwe dat Brolsma hûndertentritich kear syn hântekening set hat op in foto yn 'e ‘pronkútjefte’ fan syn boek. Efter yn it boek stie in list mei de yntekeners. Tusken Piebenga, Kalma, Wumkes, Brouwer en Scholten falt de namme fan Pref. Dr. Titus Brandsma op. Underwilens wie de Dútske besetting begûn. Elkenien besocht om safolle mooglik it gewoane libben wer op te pakken. Wat ek gewoan trochgie, wie de útjefte fan boeken. De Fryske Bibleteek kaam foar 't earst wer byien op 24 augustus. Foarsitter Y.K. de Boer slút dy earste gearkomste mei de wurden: ‘Gewoan ús gong gean. Wy wirde wol frij litten.’Ga naar voetnoot659 Groun en Minsken ferskynde yn 'e earste Fryske Boekewike, dy't de stifting It Fryske Boek fan 19 oant 26 oktober 1940 organisearre. It wie in aksje, bedoeld om it plak ‘fen it Fryske boek ûnder ús folk to bistevigjen.’Ga naar voetnoot660 Frysk lêze wie - no't de minske op ‘himsels werom-smiten waerd[’] - ien fan 'e earste plichten fan in Fries, sa wie de organisaasje fan betinken. It bestevige ‘it eigen aerd en oanfielen, seden en gewoanten’, wat ‘nimmen ús ôfnimme kin’. Mei dat ‘nimmen’ waarden fansels de Dútsers bedoeld. By gelegenheid fan 'e Fryske Boekewike waard in apart ynformaasjeboekje ferspraat. Brolsma krige yn dat boekje in prominint plak. Tsien fan syn boeken wienen noch te keap.Ga naar voetnoot661 De measte oandacht krige it krekt ferskynde Groun en Minsken, dat in boek ‘for 't hiele libben’ neamd waard. Daliks waarden der in soad fan ferkocht, mar net elkenien wie like tefreden. Guon lêzers fûnen it boek ‘te hjerstich, to mankelyk, der leit sa'n net to fornearen druk oer.’Ga naar voetnoot662 | |
[pagina 257]
| |
Mooglik hienen de measte keapers hoop hân op noch sa'n myld boek as It Heechhôf. ‘Men kin dit boek gjin lofsang op it boerelibben neame,’ stelde in besprekker wat teloarsteld fêst. S.D. de Jong neamde it boek ‘eat monimintaels op Frysk skriftekindich gebiet.’Ga naar voetnoot663 J.J. Kalma wie tige ûnder de yndruk fan it boek. Foar Fryslân skreau er in moai besprek en by de skriuwer sels frege er om ynljochtingen oer de eftergrûn fan it boek. Yn in brief joech Brolsma dêr in tige detaillearre andert op.Ga naar voetnoot664 Nei oanlieding fan it boek, dêr't er sels sa'n war foar de útjefte fan dien hie, stelde Jan
Fakânsje 1938, mei Antsje oan 't silen.
Piebenga de fraach: ‘Is Brolsma nou in great skriuwer?’ In streekrjocht andert joech er net. Piebenga neamde Brolsma in ‘ras-skriuwer’, flot, objektyf, humoristysk. Mar it ‘skets-mjittige’, ‘it wolbihagen yn de werklikheit-dy't-foar-eagen-is’ en de ‘breklike bou’ stienen dêr tsjinoer. It meast miste Piebenga de ‘transcendentale biljochting’, dy't yn in boek as De sûnde fen Haitze Holwerda neffens him wol te finen wie. It libben ‘yn syn binearing of hertstocht’ waard troch Brolsma temin ‘ta it symboalyske opheve.’Ga naar voetnoot665 Yn dat besprek en ek yn dat fan Folkertsma yn De Stim fen Fryslân wurdt dúdlik dat Brolsma by de kristlike besprekkers net ta goed-dwaan komme koe, salang't er it leauwen bûten syn wurk hâlde. In stik út Groun en Minsken as dat fan Danjel, dy't de âlderling it hûs út set as syn soan leit te stjerren, sil de mannen in griis west ha. Mooglik om de krityk fan 'e ‘Christus-belijders’Ga naar voetnoot666 foar te wêzen | |
[pagina 258]
| |
hie Brolsma yn it skriuwerskommentaar sa út en troch besocht in suver kristlik stânpunt ynnommen. Ek yn It Aldlân hie er fan Bokke in tsjerkeman makke. It hie him net holpen. J.J. Kalma neamde Brolsma teminsten noch in agnosticus (‘det hwet oars is as in rationalist en ek hwet oars is as in spotter’), dy't nou ienkear ‘otterdoksen’ noait oars as ‘iensiedich’ werjaan koe.Ga naar voetnoot667 Folkertsma syn oardiel wie fûler: ‘It is tige de frage oft Brolsma sokken konflikt beskriuwe kin sa dat net allinnich it natuerlik libben, mar ek it leauwen syn gerjochtichheit kriget.’ [‘]Brolsma syn “objektiviteit” bleau fan 'e bûtenkant, dy't dêrtroch, sûnder mis tsjin it sin fan 'e skriuwer, net altyd de yndruk jout fan earnst, mar gauris fan in lichte ironisearring of fan dramatyske yllustraasje.’Ga naar voetnoot668 Sa mooglik noch feniniger wie Piebenga, doe't er skreau: ‘Brolsma hat in great talint meikrigen, mar de biskiedene wrakseling mei syn talint moat er yet altyd útfjuchtsje. De natuer allinnich docht it him net.’Ga naar voetnoot669 Theun de Vries wie om oare redenen kritysk oer it boek. Hij miste yn 'e roman it ‘sociale motief’, dat dochs de ‘verklarende beweegredenen zal blijken te zijn.’ Brolsma soe neffens De Vries de sprong meitsje moatte fan ‘het detail-naturalisme’ nei it ‘realisme, dat een verschijnsel niet slechts aan de oppervlakte bestudeert; graaft naar de wortels, naar de onderstromen, die het “bloed” voeden.’ Folge Brolsma syn advys, dan hie er neffens de besprekker it ‘bindend organon’ fûn en soe er ek de ‘verbrokkeling in episoden’ kwyt reitsje.Ga naar voetnoot670 Piebenga wie tefreden oer de boekewike, dy't neffens him ‘boppe forwachting goed slagge’ wie. ‘Party habbe de smaek to pakken krige. En 't docht yen goed to fornimmen det it mear as in oerflakkich moadeforskynsel is: By mannichien is it biwust in sykjen nei it eigene, de langst nei it weromwinnen fen de feilige, fortroude sfear.’Ga naar voetnoot671 | |
[pagina 259]
| |
Ype Poortinga en J.H. Brouwer mienden ek dat ‘de teikens’ wiisden ‘op in sterker bân twisken it Fryske folk en syn literatuer.’ Foar útjouwer Van Gorcum yn Assen, dy't al in pear Fryske boeken útjûn hie, setten se út ein mei in rige ‘Sier en sied’. As earste hienen se in tal fan Brolsma syn swalkerssketsen byinoar socht, dy't yn desimber 1940 ferskynden. It wie mar in lytse karút, en dêrby wie ek net fan elk ferhaal de komplete tekst ôfprinte. De ûntfangst fan it boek wie posityf. De Telegraaf ferwachte dat it boek troch ‘iedereen’ op priis steld wurde soe.’Ga naar voetnoot672 De swalkersferhalen hearden ta it wurk dat him it neiste stie en Brolsma sil der bliid mei west hawwe, dat der no dochs ris wer nei omsjoen wie. | |
It gewoane, deistige libbenIn grut barren yn 'e famylje Brolsma wie de berte fan 'e earste pakesizzer. De soan fan Liuwe en Antsje Brolsma krige de namme Reinder. Liuwe en syn gesin wennen op dat stuit noch yn Ljouwert, mar soenen rillegau ferfarre nei in nij hûs yn Goutum. Faak sille de pake en beppe de tocht nei de bern ûndernommen ha. Jantsje Brolsma wie ûnderwilens fan skoalle kommen en wurke op in kantoar. Se brocht in soad fleur yn 'e hûs. Elke wike levere Brolsma foar de krante syn fêste rubriken, ‘Gesprekken op de brug’ en ‘Van menschen, dingen en gebeurtenissen’. Dêrneist skreau er allerhanne oare stikken. Mear noch as earder brûkte er syn eigen wjerfarren as kopij foar krantestikjes. In fytstochtsjeGa naar voetnoot673, in besite oan in pleats of saken dy't er thús meimakke. Om meerdere redenen is het Zondagsmorgensche aardappelschillen B..a een genot, dat hij niet graag zou willen derven. Het is zoo'n rustige, prettige bezigheid, dat afpellen van de ruige, nattige schil, onder het luisteren naar een Radio-preek, gezang of voordracht, of naar het zoemen van den stofzuiger. En is er geen muziek of gedachten-mijmering, dan kan men gaan speuren naar aardappels met een persoonlijke uitdrukking. In één maal soms twee of drie van die gril- | |
[pagina 260]
| |
lige vormen, die je doen denken aan de torsos van beroemde of vermaarde herrieschoppers uit de wereldgeschiedenis. Mussolini - Alexander - de Atlasfiguur - geweldige worstelaars met een te klein hoofd op hun massale rompen, en nog heel veel meer.Ga naar voetnoot674 Yn augustus 1938 die Brolsma wer mei oan 'e fakânsjeleargong fan 'e Underwiisrie. Yn septimber fan dat jier fleach er fan Ljouwert nei Amsterdam, ‘een doodgewoon gebeuren’ mar ek in ‘sensatie, waarbij alles wat een mensch beleefd heeft, van hem wegvalt en hij een periode van een ander leven aanvangt.’ Brolsma makke de reis mei syn dochter. Se wist letter noch dat har heit fan te foaren bang wie. Yn it krantestik stiet dan ek: ‘Een mensch heeft zijn strijd met de aantrekkingskracht van de aarde onbemerkt gestreden. In het zes-en-vijftigste levensjaar zweeft hij op Gods genade.’ De yndruk dy't de fleantocht op him makke wie grut. ‘Wie eenmaal gevlogen heeft, kan niet weer zoo tegenover de dingen van het leven staan als vóór die tijd. Vooral geldt dit voor oudere menschen, wier begrippen over waardebepaling zooveel meer vastgeroest zijn dan die bij jongeren.’Ga naar voetnoot675 | |
SûnensBrolsma hie it advys fan syn dokter om wat suniger mei de ‘oalje yn 'e lampe’ te wêzen, serieus nommen. Hy wurke minder fûl en naam ris wat langer fakânsje. Yn 'e simmer fan 1938 gie er mei fakânsje nei de Burgumermar. De ‘bern’ (Liuwe en syn húshâlding en Jantsje) sliepten op in boat, Brolsma en de frou yn in tinte. It farren sûnder de saakkundige lieding fan Liuwe wie nuodlik. Jantsje wist noch hoe't har heit by de tichte brêge yn Warten de motor net út doarst te dwaan en ‘dus gie it fen in stikje foarút en dan in stikje efterút oant de brêge iepen gie.’Ga naar voetnoot676 Har heit hâlde soargen oer syn sûnens. De prakkesaasjes dêroer soenen him suver nea wer loslitte. Yn desimber 1938 bemimere er dat de ‘âlde dei yn 't sicht’ kaam. | |
[pagina 261]
| |
De minske bigjint kwalen en aksjes to fielen, hy mient, det syn herte of mage net doocht en dit komt him oer frâl as hy oan distiid ta jimmer great wêze mocht op in igale sounens, nea in mismiel hâlden en ek gjin swiere binaudheden ûnderfoun fen syn oerstjûr herte. Lykwols, se meije for syktmen hâlden wirde ef net, it binne de slitaesje-gefaren, dy't alle organen oantaeste. Dêrom is de minske nou in rytsje mismoedich en mient, det de dea him yn 't fisier hat en hâldt. Hy bikleit him deroer, det hy net hird mear rinne kin en hy tinkt oan de jierren twisken de 20 en de 30 en mient det hy in oar minsken wirden is.Ga naar voetnoot677 Om him hinne ferstoaren famyljeleden en kunde en soks gie him tige nei. Yn febrewaris 1938 ferstoar syn sweager Piter Westerbaan, dy't him ûntwikkele hie ta in oannimmer fan kwizekwânsje yn Ljouwert. Hy hie de Brolsma's geregeld meinommen foar in autotochtsje op sneintemoarn. ‘Want het was de eenige auto van den eenigen autobezitter uit zijn en vrouws familie, 'n mooie nieuwe Ford met licht beige-kleurige wanden en fel nikkel-glimmenden kop’. Brolsma neamde him de ‘rijke zwager’ en ‘de trots van de familie.’Ga naar voetnoot678 In jier letter ferstoar in omkesizzer, Lieuwe Elzinga - 26 jier âld - oan in ûntstekking fan it harsensflues.Ga naar voetnoot679 Yn july fan dat jier ferstoar Brolsma syn suster Wietske yn 'e âldens fan 65 jier. | |
Heit en soanWylst de produksje fan Brolsma stûke, kaam dy fan syn soan Liuwe krekt op gong. Brolsma jr. hat sels oer it begjin fan syn skriuwers-karriêre skreaun: It is miskien wol omt myn heit altiten safolle en sok goed wurk produsearre dat ik doe't ik noch yn 'e hûs wie nea mei skriuwen pield ha. Ik wie op skoalle mei myn opstellen mei fan de bêste, mar om sels ris in sketske to skriuwen it kaem my net yn 'e holle op. Samar ynienen | |
[pagina 262]
| |
bigoun ik to skriuwen en wol hjirtroch. Ik wie do al troud en kaem op in fakânsjereiske ris in wike to útfanhúzjen by folk oan myn frous kant. Dat wiene skippers, hja fearen op sleepboaten en wennen yn arken. Hja leine doe by de Tsjûkemar en ik trof dêr in wike prachtich waer en koe mar raek sile. En de Skeen oan de oare kant mei de sédiken fan Skoattersyl, dat alles foun ik sa nijsgjirrich, dat doe't ik thúskaem sei ik tsjin myn frou, ‘Nou hjir wol ik dan dochs ris besykje om hjir in stikje oer to skriuwen.[’] Dat slagge en mei in tige ûnrêstich harte stjûrde ik it nei de Hepkema. Nea sil ik forjitte hoe't ús heit in pear dagen nei dato by ús efter hûs kaem en sei, ‘'t Is oannommen en dou krigeste der fjouwer goune foar.’ Man ik wie de kening te ryk op dat stuit en fansels, net sasear om dy fjouwer goune as wol it feit dat it stikje der yn kaem. Ik gie fûleindichst oan it skriuwen en (...) wie ûnwitene greatsk op myn wurk.Ga naar voetnoot680 Sûnt dat begjin hie Liuwe geregeldwei ferhalen yn 'e krante. Syn heit stipe him dêrby, lykas Marten Scholten, dy't syn wurk neiseach ear't it nei de redaksje gie. Yn 1940 ferskynde yn 'e Frisia-rige Om ús hinne, in bondel mei trije ferhalen. Nei dat debút hie De Fryske Bibleteek ek belangstelling foar it útjaan fan it ferhaal ‘It boek’ dat yn 1941 yn It Heitelân ferskynde. Fan in boekútjefte fan dat boartlike, iroanyske ferhaal kaam it spitigernôch net. De earste roman fan Liuwe Brolsma wie Tjitte Winia. Dat boek ferskynde yn 1941 by De Fryske Bibleteek. De jonge Brolsma, dy't faak mei syn heit fergelike waard, hie in lossere, lichtere trant fan skriuwen. Sa't er yn it deistige bestean fleuriger as syn heit wie, koe men dat ferskil ek yn it wurk oantreffe. Brolsma wie grutsk op it sukses fan syn soan, al sil er ek wol in sekere konkurrinsje field hawwe. ‘Dêr't de soan ynhelle wirdt, moat de heit ek wer ris forskine,’Ga naar voetnoot681 skreau Jan Piebenga him. Oft er sa'n oantrún wurdearre hat, is de fraach. Yn 1941 wie er by in besprek fan Liuwe syn boek Tjitte Winia royaal. ‘Zoodra de auteur de Friesche meren is opgevaren, komt er vaart in zijn boek. Spannend beschreven zijn de pogingen om de in nood verkeerende klipperaak de haven van Hoorn binnen te sleepen. Het boek wekt verwachtingen voor de toekomst.’Ga naar voetnoot682 | |
[pagina 263]
| |
Mobilisaasje en oarlochDoe't yn 'e simmer fan 1939 Nederlân mobilisearre, gie dat Brolsma yn sa fier ek oan, dat syn soan Ulke as soldaat oproppen waard. Soks wie namste benearjender om't begjin septimber de Dútsers Poalen oermasteren en feitlik de Twadde Wrâldoarloch begûn wie. ‘Mismoedig en bedroefd’, sa begûn er in krantestik. Dat de oarloch nei Hollân komme soe, like him op dat stuit ûnwerklik ta as er it rút útseach. ‘De ijsco-man tingelde door de straat, kinderen rolschaatsten, boven de herfstzonnebloemen wiekten de koolwitjes en zoemden de bijen.’ Yn gedachten wie er by syn soan, dy't ‘nu ergens rondzwierf in uniform, daar in het land van Herman de Man, - Tienhoven, Lekkerkerk, Gouderak, Schoonhoven, 's nachts in een boerenschuur sliep en 's daags waakte over de geheimen van de Hollandsche waterlinie.’Ga naar voetnoot683 Doe't Brolsma yn oktober oer de ‘tredde ûngetiid’ rapportearre, skreau er: ‘Tenslotte mag men slechts hopen dat bij de volgende ûngetiid het hooi ook nog Friesch eigendom moge zijn.’Ga naar voetnoot684 Syn mannen op 'e brêge prate ek oan ien wei oer de oarloch. ‘“Nou, heel de wereld het in masker foor,[”] zei Krist, “mar alleen fan 'e neutralen wudt ferwacht dat se met open kaert speule salle.”’Ga naar voetnoot685 Op 20 april 1940 beprate se dat ‘“Dútsland (...) in beste ofnimmer wêze [koe] in abbermale tiden.”’ Ien fan 'e mannen seit dan: ‘“Miskien doene sij it noch wel, mar dan op in andere wize.”’Ga naar voetnoot686 Yn april 1940 skriuwt Liuwe dat syn heit ‘hwet stil’ is en oer syn hert ynsit en ‘uteraard al tige benaud’ foar de oarloch.Ga naar voetnoot687 Hy wie bang om himsels, mar fêst ek om syn bern en bernsbern. Ulke de soldaat en syn frou hienen yn febrewaris in jonkje krigen, wer in Reinder.Ga naar voetnoot688 It oarlochsnijs waard almar beroerder. Oan 'e mannen op 'e brêge is dat ek te fernimmen. | |
[pagina 264]
| |
‘Want dy prentsjes in 'e krante avens, daar wudde wy al soa raar fan. Fan 'e week saggen wy fier mannen in 'n klein, onnoazel klein boatsje, dy dobberden op 'e sé om. Hur skip waer sonken. En doe lieten sij fan in ander groat skip in lang touw del, daar wudden sij met ophesen. Daar ston onder: “deur de fijand gered”. Ik sei teugen Baije: “earst hè se preheard mekander onder water te fermoaren, en nou mutte sij in 'n end touw opkladdere en wurre deur de fijand red.”’Ga naar voetnoot689 Op freed 10 maaie 1940 kamen de Dútsers. Nei twa dagen fan ûnwissens, seagen de Ljouwerters de earste frjemde soldaten. Yn in krantestik, tsien jier letter skreaun, fertelde Brolsma dat er, hoewol't er gjin felle ‘kampslaggen’ meimakke hie, dy deis dochs ‘sperrende binaud foar it mûnster’ wurden wie. De oerdeis dan - Pinkstermoandei 1940 - gongen wy - biroerd fan agitaesje, oermastere troch moedeleazens, yn-ein fan dwelmjen lâns de stêdske strjitten - bûtenút, de greiden troch. (...) De wegen beaën rounom datselde tafriel: greate en lytsere ôfdielings frjemd kriichsfolk, skynber ûnbioardere en troch in machtige earm fuortkrongen nei in ûnwesenlik doel ta. Rinnende soldaten, fytsende, motorjeijende as op in ridend kanon en ek ôfbeulde stumpers foaroer op meagere hynders lizzend - omtrint al dea - sa luguber fan oansjen dat nimmen se freesde.(...) Nei de kapitulaasje duorre it in skoftsje ear't der nijs wie fan Ulke Brolsma. De spanning waard sa grut, dat Liuwe de reis nei Hollân ûndernaam. Op 'e Lemmerboat trof er ‘een vreemd samengesteld gezelschap (...) er zijn veel Joden, zowel Hollandsche als Duitsche, er zijn Zigeuners, er zijn groote zakenlieden, die tevergeefs getracht hebben met de auto naar Holland te komen en er zijn er, die zoo van het land weggelopen schijnen te zijn.’ Nei betiizjende berjochten en in minne nacht yn Haarlem lêst er yn De Telegraaf dat de kompanjy fan syn broer ‘ongeschonden’ is. Mei in frachtboat slagget it Liuwe om werom te reizgjen nei Fryslân. ‘Een goede | |
[pagina 265]
| |
tijding, mem, hij leeft’ sa einiget Liuwe it krantestik oer syn reis.Ga naar voetnoot691 Noch ûnder de yndruk fan 'e ‘catastrofale gebeurtenis in de nooit te vergeten Meimaand’, skreau de heit oer de Hollânske soldaten yn 'e krante: Het zullen de merkwaardigste uren van hun leven blijven. Het verhaal van hun avonturen, het uittrekken uit de kazerne naar het oorlogsterrein, het spieden in de lucht naar de vijand, de eerste aanval van den naar den grond duikende bommenwerper en het ratelen van de geweren, het zal altijd spannend blijven voor de leden van het eigen huisgezin. Wat er ook veranderen mag, ze zullen luisteren naar het oorlogsverhaal van den vader en het nooit laten van tijd tot tijd te vragen: ‘Vertel het nog eens’.Ga naar voetnoot692 Yn in pear dagen hie Dútslân Nederlân oermastere. De keninginne en it regear wienen nei Londen útwykt. Dat Wilhelmina it lân ferlitten hie, wie foar frou Brolsma min te fertarren. Har wrâld stoarte yn, neffens har dochter, en it hie grutte ynfloed op har hâlding.Ga naar voetnoot693 It deistige libben kaam rillegau wer op gong. Op 17 maaie koenen de minsken yn Ljouwert al wer nei de film. Fanseis feroare der wol fan alles. Der wienen Dútske soldaten op strjitte en Ljouwert krige in Ortskommandant, dy't him festige oan 'e Willemskade. De klok waard 40 minuten foarút set, dat de tiid yn Fryslân rûn gelyk mei dy yn Midden-Europa. It Ljouwerter fleanfjild waard mei faasje fergrutte en brocht in soad goedbetelle wurk. Benzine wie min oan te kommen, mar de measte dingen gienen sa't se foar 10 maaie ek gien wienen. Lykas de measte minsken, gie Brolsma gewoan wer oan 't wurk. Op 26 july hie er in stik yn 'e krante oer in ‘fatsoenlijk burger’ dy't folge waard by it boadskiprinnen. Yn it stik waard de gek stutsen mei it nije bonnesysteem en it hamsterjen troch in soad froulju. De teneur fan it stik is sa fan ‘de gezelligheid mag er ten slotte niet onder lijden, hé?’Ga naar voetnoot694 Dat de measte Friezen dy earste simmer gewoan fakânsje hâlden bewiist in reportaazje fan Brolsma oer ‘een | |
[pagina 266]
| |
schier eindelooze optocht van vacantiegangers, die getweeën of in kleine groepjes ieder naar hun gelukkig eiland togen. Het stond op de gezichten te lezen.’Ga naar voetnoot695 Brolsma syn dochter die dy simmer mei oan in grut Frysk fakânsjekamp yn Bakkefean, dat ûnder lieding stie fan Douwe Tamminga. Dat de oarloch trochgie fernamen de Ljouwerters yn 't earstoan foaral troch it lûd fan 'e fleanmasinen: Dútsers ûnderweis nei Ingelân, Ingelsen op jacht yn Dútslân. Yn dy simmer kamen in grut tal pommeranten út 'e Fryske beweging mei in ‘Wird oan it Fryske folk’. Neffens de ferklearring gie it der krekt yn ‘dizze histoaryske dagen’ om te striden foar in ‘Frysk Fryslân’. It ‘program fen aksje’ bestie út 15 punten, in wûnderlik gearswylsel fan âlde en nije easken fan 'e beweging. Neist ferplicht Frysk ûnderwiis waard oandacht frege foar bygelyks ‘goed opsette plannen’ foar de kustfeart. Yn in soad punten waard de ‘oerheit’ neamd, dêr't de Dútsers mei bedoeld waarden. Mei it âlde regear yn Den Haach wie it wat al dy easken oanbelange noait folle wurde en de bewegers liken der op te rekkenjen dat it mei de nije mannen oan it stjoer better gean soe. Suver alle bewegers, Kalma, Kiestra, Folkertsma, Schurer, Tamminga hienen har namme ûnder de ferklearring set. Dy fan Brolsma wie der net by. Hy wie ek net frege, en dat is wol in teken dat er net beskôge waard as ‘beweger’.Ga naar voetnoot696 ‘Een ding staat echter vast. Na dit proces van vernietiging en ontbinding zullen menschen trachten een nieuwe wereld op te bouwen’Ga naar voetnoot697 Dat hie Brolsma daliks nei de kapitulaasje skreaun en ôfgeand op it ‘program fan aksje’ tochten de mannen fan 'e beweging krekt allyk. Om de ienheid fan 'e beweging tsjin de ‘oerheit’ oer sjen te litten, waard in trijemanskip ynsteld, besteande út E.B. Folkertsma, J.J. Kalma en R.P. Sybesma. Dêrmei wienen it Frysk en it Kristlik Selskip fertsjintwurdige mei in lid fan 'e faksistyske Fryske Folkspartij. Dat dat lytse partijke, fierhinne pro-Dútsk, opnaam waard yn it Trijemanskip hie twa redenen. ‘It soe de Dútske oerheit | |
[pagina 267]
| |
mear bitrouwen jaen en de Folkspartij sels soe der hwat troch yn goede banen holden wurde.’Ga naar voetnoot698 By de ynstelling fan it Trijemanskip die bliken dat Douwe Kalma him opjûn hie as lid fan 'e Fryske Folkspartij. Nei al syn rúzjes oer de lieding fan 'e Mienskip mei Kiestra en Sybesma kaam er sa dochs wer yn itselde kamp telâne. Syn grutste opponint yn 'e tritiger jierren, Jan Melles van der Goot, ferstoar ûnferwachts yn july 1940. It Trijemanskip woe sjen litte dat de Fryske beweging ienriedich wie as it gie om aksje foar Fryslân. Ynearsten slagge dat ek. De Bewegingsdei fan 19 oktober 1940 yn Ljouwert kamen mear as 600 minsken op ôf. Men kin oannimme dat Brolsma dêr by wie. Alle trije mannen hâlden in rede. It wie de taspraak fan 'e ‘reade’ dûmny J.J. Kalma, dy't de measte yndruk makke. Hy hâlde de minsken foar, dat de Fryske beweging ‘it âlde net werom [woe], alle trije wolle wy in nij, as it hwet kin, better Fryslân.’ De beweging wie net pro-Dútsk en net anti-Dútsk, sa sei er, allinnich ‘pro-Frysk’.Ga naar voetnoot699 Op dat stuit wienen der mar in bytsje lju, dy't de aksje fan it Trijemanskip betitelen as it beheljen fan ‘oarlochswinst’ Dat ien fan harren, Hendrik Algra, yn it Friesch Dagblad oanstie op in ‘beperkte’ rol fan 'e beweging, smiet in man as Jan Piebenga fier fan him. ‘Wy scoene net witte, hwerom. Ja, as de biweging politike aspiraesjes hie, dy't tsjin de saneamde nije oarder yngiene! Mar elk wit dochs, det de biweging gjin omswaei of bikearing ûndergien hat of hoegde to ûndergean, mar itselde wirk fen altyd docht; inkeld mar mei mear krêft?’Ga naar voetnoot700 It gie by de aktiviteiten fan 'e beweging net om polityk, sa waard elke kear sein, mar allinnich om kulturele aksje. It sil yn 'e geast fan it krewearjen fan it Trijemanskip west ha, dat Brolsma him opjoech foar in nije feriening, dy't ‘Folkske Wirkmienskip De Friezen’ neamd waard. Dy stúdzjeklub wie op 31 augustus 1940 oprjochte troch S.J. van der Molen en Klaes Sierksma. It wie in ûnderôfdie- | |
[pagina 268]
| |
ling fan 'e Volksche Werkgemeenschap, dy't krekt nei de kapitulaasje oprjochte wie. Beide ferieningen woenen har net dwaande hâlde mei ‘de toekomstige staatkundige verhoudingen in Europa’Ga naar voetnoot701, mar mei folkskunde, folkloare en saken as geakunde. De Fryske ôfdieling woe ek net mei polityk oan 'e gong, mar ‘it folksbisef foartsterkje en ta ûntjowing bringe en de bûtenwacht foarljochtsje oer de folkske forskining fen Fryslân.’ Van der Molen hie in tal Friezen benadere en foarme út dy lju in ‘kearngroep’.Ga naar voetnoot702 Brolsma siet yn dy groep mei mannen as Charles Gombault (fotograaf en in kollega fan 'e krante), J.M. Minnema, Bauke van der Sloot (soan fan Andrys van der Sloot) en T. Teunissen. De feriening woe in twatalich boek (Frysk-Dútsk) útjaan oer it ‘Fryslân fan hjoed’Ga naar voetnoot703. Brolsma soe oan dat boek meiwurkje. De fraach is oft Brolsma yn 'e rekken hie, dat de Volkse Werkgemeenschap sûnder mear in pro-Dútske beweging wie, bedoeld om in ‘volksvernieuwing’ op gong te bringen dy't der foar soargje moast dat elkenien - ek de Friezen - har bewust waarden fan 'e ‘wezens-eenheid aller Germaansche stammen en volken’.Ga naar voetnoot704 Wurden as ‘folk’ en ‘folksaerdich’ wienen wurden, dy't in soad brûkt waarden, ek by de mear neutrale partijen. Yn in ferklearring, dy't it Trijemanskip yn oktober by gelegenheid fan 'e Bewegingsdei útjoech, stiet bygelyks dat de Fryske beweging soargje woe foar ‘de ûntjowing fen 'e Fryske kultuer yn eigen folksaerdige geast en foarm.’Ga naar voetnoot705 Al hie er him dan opjûn, botte happich om nei de gearkomsten fan 'e Wurkmienskip te gean wie er net. Gombault waard by gelegenheid frege om Brolsma foaral oan te trunen.Ga naar voetnoot706 Mooglik hie Brolsma al gau net folle | |
[pagina 269]
| |
betrouwen mear yn 'e realisaasje fan it boek. In oare reden wie, dat Brolsma syn opjefte tsjin it sin fan syn frou west hie. Fan 'e aparte Wurkmienskip is letter neat mear fernommen. In Frysk-Dútsk boek oer Fryslân kaam der wol, mar Brolsma hat dêr net oan meidien.Ga naar voetnoot707 Yn deselde perioade dat it Trijemanskip de Friezen oprôp yn ienriedigens mear foar Fryslân te dwaan, joech Brolsma him ek foar 't earst op as lid fan De Fryske Bibleteek. | |
Sjoernalist yn besettingstiidNei de kapitulaasje keazen de Dútsers foar in sêfte oanpak om de Nederlanners de wei fine te litten nei de nije oarder. De measte kranten mochten gewoan ferskine en yn 't earstoan wienen de ynstruksjes út Den Haach net al te twingend. Op 1 augustus 1940 krige Fryslân in ‘Beauftragte’, dy't der op tasjen moast dat de maatregels fan it regear útfierd waarden en dy't rapportearje moast oer wat der yn Fryslân barde. De Beauftragte, Werner Ross, stelde in Presse-referent oan, K.G.G. Weldlich, dy't it tafersjoch hie oer de parse. Hy waard by dat wurk holpen troch in oersetter, dr. C.A. Reinberger, in Dútser, dy't al sûnt lang yn Fryslân wenne en perfoarst gjin nazy wie.Ga naar voetnoot708 Yn ien fan syn earste stikken hie Brolsma de Dútsers noch de ‘fijân’ neamd, mar mei soks moast er fansels foarsichtich wurde. De oarloch kaem oer ús en meiiens de sensuer en út wie it mei it frije wird. Ho moast it nou? Ophâlde fansels - ja - né - det hoechde daliks net. Mar wol mijend to wirk gean hwent oars waerd it net opnomd. It gie goed in wikemannich [,] in fearnsjier wol - do heakke it.Ga naar voetnoot709 Brolsma wie gewoan trochgien mei syn ‘Gesprekken op de brug’. Yn dy rige liet er lykas as altyd de deistige saken beprate en befrissele dêr as altyd de aktualiteit by yn. Sûnder mis binne dy stikken fan krekt nei de kapitulaasje synysk en gek-oanstekkerich oer it nije regear. Sa beskreau er hoe't de stedsjers ‘swymden’ by it idee om | |
[pagina 270]
| |
‘poddestoelen’ ite te moatten as ferfanging fan sitrusfruchten, dy't net mear ymportearre waarden. Bepaald posityf wienen de mannen op 'e brêge net oer de nije oarder. In tal foarbylden. ‘Want krapte en koeienaasje en strune, dat is it beeld fan de toekomst.’Ga naar voetnoot710 Folle betrouwen yn 'e takomst hienen se ek net. ‘It fredesdúfke,’ sei Ype Blok, ‘dat kan ommers noait koers houwe, en in alle gefallen komt hy fan 't winter niet op 'e lappen met al dy brommers in 'e lucht.’Ga naar voetnoot713 Brolsma liet de mannen ek beprate hoe't it komme moast mei de kommunikaasje tusken Friezen en Dútsers. ‘Wy kanne hier dochs niet altyd metmelkander omstammere en nae de mon kike en hoofdskudde?’ Boate Wallendal zei: ‘Nou, dat kanst nagaen, de Dútser is hier niet komen om Leewarders te learen.’ Dat de lju altyd in identiteitsbewiis by har dragen moasten, wie ek goed foar in moai petear. | |
[pagina 271]
| |
‘Ja, 'sei Wallendal, dat is fansels, de ferordeningen, dy mutte gestipt nakomen wudde, want wy leve in in beset land.’Ga naar voetnoot716Sûnder mis gie der fan 'e ‘Gesprekken op de brug’ in subversive stimming út. Yn novimber 1940 krige it Leeuwarder Nieuwsblad dêr As sjoernalist oan 't wurk.
in klacht oer fan 'e Pressereferent. Brolsma krige fan Hof, syn haadredakteur, troch dat it der faai foarstie. It koe wolris ‘dien [wêze] mei it skriuwen en ek mei de skriuwer sels, dy moast rekkenje op arrestaesje.’ Dat wie fansels net mear as bangmakkerij, mar Brolsma wie der tige fan ûnder de yndruk. It besoarge him twa minne nachten. ‘As it mis betearde, hwa scoe for my pleitsje?’ Haadredakteur Hof hie him al dúdlik makke, dat er der net folle nocht oan hie om der mei de Dútsers oer te praten. ‘Nimmen spriek my moed yn en naem it it for my op,’ sa fielde Brolsma it. Dêrom frege er de fotograaf fan 'e krante, Gombault, sels in Dútser, om mei te gean en as tolk op te treden. Doe't se foar Ross en Weidlich oer sieten, leinen syn stikken ‘sawol yn 't plat Ljouwertersk as yn it Dútsk op tafel.’ Wel, it forhoar dûrre net sa mâlle lang do't de hearen de humor priuwden, do waerd de toan mylder... fielden hja det it gjin majesteitsskennis wier. Myn tolk lei it sa goed mûlk út en de arrestaesje bliuw op 'e eftergroun. It bleau by in torjuchtwizing -; tonei ek for de skyn mije - hwent oars... Noch steeds dy stok by de doar... It ôfskie wier minlik.Ga naar voetnoot717 Doe't Brolsma dit sa'n trije jier letter opskreau, wie er der noch bitter oer dat de haadredaksje fan 'e krante him sa'n bytsje stipe hie. Want in pear wike letter kaam der nochris in warskôging. ‘It koe sa net langer,’ stelde Brolsma fêst. ‘Mar ho dan?’ Op dy fraach hat er sels in andert jûn: Der wier in wei, ek mar ien -, de pinne dellizze. Mar det stie gelyk mei | |
[pagina 272]
| |
yens baentsje forspylje det men mei folle moeite bimastere hie. Dus stelde Brolsma foar himsels fêst: Dos bleau de wei - sels mar sjen hwet der fen te meitsjen wier. Net yn ûngenede reitsje by de redaksje, net by de perssjef, noch minder by de lêzer.Ga naar voetnoot718 Brolsma syn eangst foar de Dútsers wie dus minder grut as syn eangst om gjin fertsjintst mear te hawwen. Yn syn ‘Gesprekken op de brug’ bleau er bytiden subversyf. De lêste fan 1940, ‘Herinnering aan het voorbije’ begjint sa: Krine zei: ‘Hè, hè, nou staan ik weenlik allegeduren te hanbûtsen en ik sit behoarlik in myn baai en myn wol, op plakken wel in hanbree, it is oek niet winterich mear, en dochs bin ik huverich. Sú 't komme fan de butterbonnen as dat wy deur de swarte brand in 'e steek laten wudde? It is fansels niet in toestand daar wy ons in ferheuge kanne.’Ga naar voetnoot719 |
|