Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 205]
| |
VIII
| |
Eigen wegenYn 1931 die It Heitelân in lyts ûndersyk nei hoe't it stie mei Fryske boeken yn doarpsbibleteken. Sa kaam bygelyks oan it ljocht dat de Nutsbibleteek fan Hurdegaryp ryklik 400 boeken yn besit hie, mar der wie gjinien yn it Frysk by. Op in oar doarp, dêr't de bibleteek ûnder behear stie fan 'e boppemaster, hie de ûndersiker de man der op wize moatten, dat der wis mear Fryske boeken wienen as dy fan 'e Halbertsma's. ‘Der wier net ien fen Brolsma syn wirken, noch fen Simke Kloosterman net; Marten Baersma ûntbriek en fen 'e oare jongere skriuwers gjin letter.’Ga naar voetnoot537 Dat der noch mar sa'n bytsje Frysk lêzen waard, wie in soarch foar De Fryske Bibleteek, selskippen en útjouwers. Reden om te stribjen nei mear koördinaasje by it meitsjen fan reklame. Mei dat doel waard yn 1934 de Stifting It Fryske Boek oprjochte. Opfallend wie, dat de boppemaster fan it ûnbekend bleaune doarp lid wie fan it Frysk Selskip. In bulte oaren út 'e Beweging wienen likemin tige entûsjast oer de hegere boekeproduksje yn | |
[pagina 206]
| |
Fryslân. It ‘Fryske-boeken-keapjend publyk’ mocht it net barre om al dy boeken oan te tugen, wie de klacht. Moast mei in nije útjefte net wachte wurde oant in oar boek útferkocht wie? Yn 1930 warskôge It Heitelân tsjin dy mentaliteit. ‘Ho mear forskaet der yn it Frysk útkomt, ho mear Frysk der koft wirde scil. As immen yn in boekwinkel komt om in Frysk boek, moat men him útsykje litte kinne; goedkeapere en djûrdere; al nei't de pong fele kin, moat er kar-út ha; twa boeken fen Brolsma neist inoar op 'e toanbank meitsje det er ien keapet, ommers it seit hwet det der twa fen sa'n skriuwer binne; it jowt de ûnkindige keaper de wissichheit det it wirk bisjen lije kin, oars hie de útjower wol mei ien ophâlden.’ It Heitelân hie ek in andert op in reaksje fan minsken, dy't Brolsma net keapje woenen, om't dy ‘hwet mist det wy-ljue der yn ha wolle.’ Dan moast der wurk neist lein wurde, ‘det as “kristlik” to boek stiet. Oars brûke de ljue dy't net keapje fen Brolsma sines soks as forlechje.’Ga naar voetnoot538 Ynearsten wie der net folle dat neist Brolsma lein wurde koe, útsein de boeken fan Simke Kloosterman en in tal oersettingen. Yn 1934 waard de kffb oprjochte, mar it soe oant 1936 duorje ear't it earste ‘kristlike’ boek útkaam. Doe wie ek in diskusje geande oer it ferlet fan mear ‘folksaardige’ lektuer, om't mei sok wurk mear Fryske lêzers fûn wurde koenen as mei it mear literêre wurk dat benammen De Fryske Bibleteek útbrocht. In tal fûle polemiken waarden begjin tritiger jierren oer dat ûnderwerp fierd. Neffens guon hienen de Jongfriezen tefolle de klam lein op de ‘hege’ literatuer dy't it ‘folk’ foarby gie. Jongfriezen hienen sokke folksskriuwers gjin kâns jaan wollen. Slimmer waard noch fûn dat de Fryske boeken dêrmei ‘gjin byld joegen fen it Frysk-nasjonale libben; fen it Fryske eigene det libbet en stribbet mids ús Fryske folk!’ Dat soe de reden wêze dat it ‘folk’ dy boeken net lies. ‘It sprits net ta hjarren, al ho Frysk yn tael it ek wier, omdet it net oan hjarren bisibbe wier.’Ga naar voetnoot539 De skriuwster fan dizze wurden, Mary de Jong, sûndere Brolsma út fan 'e literêre earmoed dy't neffens har yn Fryslân hearske. ‘Brolsma syn wirk, det rjucht útsprekt ta de siele | |
[pagina 207]
| |
fen it Fryske folk; ús nêst it hirde rouwe libben faeks in sa folsleine moaijens sjen lit, det men yn 'e literatuer alhielendal net by útlânske kinstners to kar hoecht to gean.’ Wol wie har betinken dat lykas de measte Fryske skriuwers, Brolsma fierste folle yn it ferline libbe. Hie de boer fan It Heechhôf net in ‘prinshearlik bistean’ hân, ferlike mei de minsken dy't - yn 1934 - libje moasten yn 'e krisistiid? Oars as bygelyks Kalma, Schurer, Sybesma of Anne Jousma, hat Brolsma him net yn dy diskusje behelje litten. De fraach is oft erYllústraasje fan Joh. Elsinga yn De boer en de arbeider op Ekema.
him yngeand mei de problematyk dwaande hâlden hat. Syn earste soarch sil de ferkeap fan syn wurk west hawwe. Nei alle gedachten fielde er sterk foar de ûntjouwing fan it Frysk en fielde er him ek Frysk skriuwer. De ynfloed fan syn heit en fan Kalma hawwe dêroan bydroegen. Dat er oer minsken en situaasjes yn Fryslân skreau, wie troch omstannichheden en net út 'e oertsjûging de Fryske ‘siel’ bleat lizze te wollen. Hy skreau wat er sels woe. Dêr moat by fêststeld wurde, dat nearne út bliken docht dat Frisia of bygelyks De Fryske Bibleteek him ta in bepaald stramyn of ûnderwerp twongen. Krekt yn 'e tritiger jierren soe er syn eachweid breder meitsje en situaasjes en figueren brûke, dy't dúdlik modern wienen en wolris ‘ûnfrysk’ fûn waarden. Dat syn publyk graach en foaral oer boeresituaasjes lêze woe, hat foar him mar komselden in reden west om dat dan ek te leverjen. Yn petear mei M.K. Scholten en M. Braaksma sei er dêroer: Hy wie dwaende mei in novelle for It Heitelân. It muoide him dat it in novelle waerd hwant der koe wol in heel boek út. ‘Skriuw it dan,’ sei ik. | |
[pagina 208]
| |
‘As de novelle forskynd is, wurkje dy dan út ta in boek. Né, dêr woed er net oan. “Dan sizze de minsken al wer in boek fan dy fint”. Braaksma en ik holden út dat dat fansels just goed wie, mar hy ornearre dan seine se dat koe nea goed spul wêze sa gau al wer in boek. En bûtendat de lju fregene lichte kost. Ik frege him doe oft hy mei dizze omstannichheden sa sterk rekkening hold dat er it dêrom liet. Hy skreau dochs net nei de wil fan 'e minsken?' Brolsma moast tajaen, dat soks folle bihearske. Mar hy tocht der net oan om it to dwaen.’Ga naar voetnoot540 | |
It moderne libbenWylst Brolsma yn 1926 wachte op 'e publikaasje fan It Heechhôf, wie er al wer dwaande mei oar wurk. De ynfloed fan Pallieter (1916) is te fernimmen oan it ferhaal ‘De reamme fen it libben’Ga naar voetnoot541 dat yn fjouwer parten yn 'e Leeuwarder Courant ferskynde. Lykas de libbensgenieter yn it boek fan Felix Timmermans, ûntbrekt it de boerrintenier Simme van Tuinen oan neat. Brolsma beskriuwt op in tige detaillearre wize, hoe't de man der lekker fan yt en drinkt, sa út en troch in eintsje giet te riden of foar de earme bern yn it doarp in hurdriderij organisearret dêr't elkenien wat wint. It is in ferhaal sûnder konflikt, wûnderlik igaal beskreaun, fol details, oer in man dy't folslein tefreden is. ‘De forhearliking fen it goede libben’, neamde Brolsma it sels.Ga naar voetnoot542 Doe't it ferhaal yn boekfoarm útkaam, frege E.B. Folkertsma him ôf, wat it doel wie om sa'n ‘flak en earm, hopeleas earm epikuristysk libben to biskriuwen.’Ga naar voetnoot543 It wie dúdlik, | |
[pagina 209]
| |
dat Brolsma syn út it suden oerwaaide oefening yn it sobere, kalvinistyske Fryslân gjin genede fine koe. Foar it lange ferhaal ‘Ypeus’, dat yn 1927 yn It Heitelân stie, keas Brolsma in boargermansmiljeu yn Dokkum, dêr't de ‘ljeafhabberijskilder’ Ypeus, him tige by thús fielt. Mei niget beskriuwt Brolsma de freoneklub fan Ypeus, de keapman Pel, in kranteprinter en in klok- en ynstrumintmakker. Mei inkele wisse streken set Brolsma dy groep minsken del en troch de yntroduksje fan in moaie húshâldster rint de spanning op. It portret fan dy koele Anke is treflik tekene. De wat ferwielen styl fan it ferhaal komt foaral ta utering yn 'e boattocht, dy't Ypeus mei Anke by 't simmer makket. Ek de erotyk komt op in nije, mear frije wize, oan bod yn it ferhaal. Amper hiene hjar lippen elkoar rekke, ef hja stie wer oerein, ynwyt, en hjar boarsten jeijend om hjar djippe sykheljen. ‘O,’ sei se en it wier de utering fen in al to lang faem-wêzen, de striid twisken hjar eine, sêfte natûr en de oerjefte oan de man, ‘moatte wy ús... ek skamje?’ E.B. Folkertsma wie in bewûnderer fan ‘Ypeus’. Hy seach goed dat dit foar Brolsma in ‘nij bisiikjen’ wie, yn in ‘oar bistean en formidden’. Folkertsma konstatearre ek, dat soks ‘amper achtslein’Ga naar voetnoot545 wie Foar 1930 hie Brolsma wer in ferfolchstik foar Frisia oannommen. Nei't er ûnderskate titels besocht hie, neamde er it wurk ‘Neisimmer’Ga naar voetnoot546. De Fryske Bibleteek betelle him ƒ200,-, Brandenburgh stie | |
[pagina 210]
| |
foar de helte fan dat bedrach en soe it ferhaal as boek útjaan. Lykas yn Ypeus keas Brolsma as lokaasje in stedsje, nei alle gedachten is it wer Dokkum. Keapman Pel, út Ypeus, wurdt ek twa kear neamd. Haadpersoan is wer in notabel, ‘mynhear Hoogland’, dy't as administrateur fan 'e stifting ‘Anne Boukes Heeringa’ wurket. Hoogland siket in nije húshâldster en fynt dy yn Anneke Sorn, in jong, moai en deeglik fanke. Hoogland rekket fereale, al laket elkenien him dêrom út. Sûnder mis hat Brolsma ynspiraasje foar dit boek fûn by Herman Teirlinck's Mijnheer J.B. Serjanszoon: Orator Didacticus. De styl fan it boek liket lykwols yn neat op Teirlinck en de sfear en de ûntwikkelingen om de famylje Sorn hinne, binne ek tipysk Brolsma. Allinnich haadstik seis fan Teirlinck, as ‘Petite Cousine’ by Serjanszoon op besite komt, beliket de tocht dy't Hoogland mei Anneke makket. Op dy tocht lit Anneke blike dat har fielen foar Hoogland net fierder giet as freonskip. Dat sinniget him net, se hat him ûnrêstich makke, as ien dy't fernimt ‘dat de dei joun wirdt’. Hy longeret nei aventoer en wol eins ynhelje wat er al dy jierren mist hat. By in hurdriderij wurdt him soks needlottich, sjantaazje is it gefolch. De yntrige fan it boek is goed opboud, de keapman en syn miljeu, lykas de famylje Sorn, wurde moai typearre. Opfallend modern is de klam dy't Brolsma op de erotyk leit, de lust dy't Hoogland foar it fanke fielt. Ek al ferrifelt in oare faam him, dat er har ‘de klean fen 'e lea ropje’ kinnen hie, is foar de lêzer net ûnwierskynlik. It boek is skreaun yn in konsintrearre styl, sûnder omballingen. Masterlik is de ein. Noch altyd bestiet de begearte fan Hoogland nei Anneke, dy't him ferpleecht op syn lêste reis. Hja liet it gewirde; goedlik sûnder hertstocht joech se hjar holle nêst sines op it kjessen del. It wier him amper genôch; hy woe noch de lêste amerijen fen syn libben, hastich, hastich it measte hawwe, gau ear't de Dea dy't der al wankte, it him ûntneijerje koe. (...) | |
[pagina 211]
| |
hie de sinlike ljeafde it woun fen it geastlike, det er hjar feller nei him ta prange, en hja, forbaesd oer dizze ûnforhoedse utering, hjar loswine woe. Hja, jong fanke, it forbjustere hjar.Brandenburgh printe 750 eksimplaren en frege Johannes Mulders, ferneamd om syn houtfiken foar De Holder, om in stofomslach. Dat wie in unikum foar Fryslân. Mulders tekene Hoogland en Anneke Omslach Joh. Mulders, 1931
langút yn it gers ûnder griene beammen. E.B. Folkertsma wie entûsjast oer boek èn omslach. Hy wist net wat er foar kar nimme moast, ‘de skriuwer ef de teikener syn útbylding fen de striid twisken mynhear Hoogland syn heechmoed en syn tragysk forlangen.’ It ferhaal wie neffens him fol mei ‘fûle libbenstragyk’ en net foar bern ornearre.Ga naar voetnoot548 Frou J. Spanninga-Posthuma fûn dat Brolsma fierstente folle troch Teirlinck beynfloede wie. Neisimmer wie dêrmei ‘gjin Frysk boek’. Sy hie passaazjes fan beide boeken byinoar socht en de parallellen wienen neffens har dúdlik. Har beswier wie lykwols net, dat Brolsma somtiden wat tefolle nei Teirlinck sjoen hie, mar dat Serjanszoon en Hoogland beide, ‘forwyfke stedtsjers’ wienen. Spanninga-Posthuma fûn dat Brolsma de kâns run himsels foarby te skriuwen, en goedkeape | |
[pagina 212]
| |
‘suksesnûmerkes’ meitsje soe. Sy sette It Heechhôf tige heech, en syn mear moderne ‘skriuwwirk’ beslist net. Teirlinck koe nei har miening ek net oerset wurde nei it Frysk, ‘it Frânsk scoe kinne’.Ga naar voetnoot549 Douwe Kalma wie ek fan betinken dat de ynfloed fan Teirlinck op it boek te grut west hie; Brolsma hie him oan 'e figuer fan Hoogland fertild. Kalma leaude net, dat by in frijfeint as Hoogland sa let de begearte nei in frou boppe kaam. Dêrby leaude er al hielendal net oan 'e sjarmes fan 'e jonge Anneke. It boek wie gjin kommersjeel sukses. Brolsma hat him der nea oer útlitten, mar it sil him muoid ha, dat dit moderne boek sa min wurdearre waard.Ga naar voetnoot550 E.B. Folkertsma wie yn dy jierren in sympatiker lêzer fan syn wurk as Douwe Kalma. De Skarlún en Neisimmer wienen Kalma net nei't sin. Hy hie de jierren troch in soad dien hie om Brolsma syn wurk te stypjen, mar hy frege no om oare kwaliteiten as Brolsma leverje koe. Hy fûn dat Brolsma ‘gjin minskelibben biskriuwe [koe] yn syn greate hertstochten, yn syn toskoerrende en bifrijende konflikten.’ Dat Brolsma dat ek net besocht, like him te ûntgean. Ek dat Brolsma net it ‘deistige libben omfoarmje [woe] ta hwet ûntsachliks en forbjusterjends’ ûntkaam him folslein. Hy miende dat Brolsma syn krêft net yn ‘de gloede fen it byld ef yn skientme fen de tael’Ga naar voetnoot551 lei. Dat lit sjen dat Kalma totaal oare literatueropfettingen hie as dy't by Brolsma syn wurk pasten. Brolsma moat him yn dy jierren faak min begrepen field ha. Benammen Kalma hie aspiraasjes en mieningen oer syn wurk dy't abslút foarby gienen oan wat er werklik besocht te skriuwen. Oft er de frij wylde tirades fan Kalma oer him hinne gean litten hat? De wrokkigens, dy't Brolsma benammen yn 'e tritiger jierren wolris utere, komme sûnder mis mei troch de sunige kritiken op dy beide boeken. J.H. Brouwer syn betinken oer | |
[pagina 213]
| |
Kalma syn krityk wie, dat Brolsma ûnrjochtfeardich behannele waard. Kalma woe him driuwe yn in rjochting dy't sines net wie. ‘Men moast Brolsma, Brolsma litte.’ Brouwer miende dat net mear út Brolsma te heljen, dat ‘oars en better’ wie ‘as hwat er ont nou ta levere’ hie. Brouwer tocht dat Brolsma ‘altiten ien bliuwe [soe] dy't nofteren foar it libben oer stie en dy't net folle murk fan mystyk en idéalisme yn 'e Friezen.’Ga naar voetnoot552 Frou Spanninga mocht dat wurk dan ‘ûnfrysk’ fine, Brolsma sette troch mei it beskriuwen fan 'e moderne tiid. Yn ‘Greate bern’ skreau er oer twa pubers, dy't thús, op skoalle en yn kafees it libben kennen leare. It earste haadstik begjint mei de beskriuwing fan Femke, dy't op bêd leit: ‘in pikant kreas famkesantlit, in hais en in diel bleat boarst’ dat boppe de tekkens útkomt. Under, oan 'e breatafel lêst har heit de beursberjochten. Alve haadstikken hat Brolsma oer de famylje Haisma skreaun, dúdlik basearre op eigen ûnderfiningen mei bern yn 't opwaaksen. De âlden fan 'e bern binne tolerant en wolle wol yn goedens. Dêrtroch mist it ferhaal wolris wat spanning, mar de styl is fris en flot. Foaral de dialogen binne geastich. ‘Omke - sa wis fen himsels, hè, sa, sa...’ Brolsma hie der nei ien rige mei ophâlde wolle, mar de Frisia-redaksje frege om mear. Brolsma skreau Kalma: ‘It is hwet in riskant spiltsje mei de greate bern. Ommers fart men der mei fierder dan binne it gjin greate bern mear. Mar for in jier scil it noch wol kinne tink. Wy litte dat dan mar sa.’Ga naar voetnoot554 Sa'n moderne frisse wyn is ek te fernimmen yn ‘'t Aventûr’, in ferhaal dat Brolsma yn 1932 oan Sljucht & Rjucht levere. It is in wat sinysk ferfolchstik oer in net mear sa jonge frou, dy't kunde krijt oan in ‘losse’ fint en dan in tal rabberijen ferneare moat. | |
[pagina 214]
| |
Werom nei de bernejierrenYn 1927 bejoech Brolsma him op mear nije wegen. Earder hie er alris in tal sketsen skreaun mei jeugdoantinkens. Yn ‘Hy’ die er it oars en skreau er oer himsels doe't er noch in jonkje wie. Yn fiif stikken rôp er de earste pear jier fan syn libben op. Brolsma hâldt distânsje troch oer himsels te skriuwen as in fiktive figuer. Sfearfol, poëtysk en yntym wurde de bernejierren oproppen, fol mei details en lytse anekdoaten. Foar Brolsma wie it in wier weachstik, hy lei yn ‘Hy’ syn eigen gefoelens bleat. De jonge yn dit ferhaal is gefoelich, tear en stiet iepen foar allegear yndrukken. Fan 'e distânsje, dy't Brolsma oars meast ta syn figueren hâlde, wie neat te fernimmen. Hja geane nou werom, de púndyk lâns, fen it forstjerrende ljocht yn it West ôf, op nei it doarp ta. De frede fen de Sneintojoune leit oer de fjilden. Fielt hy det? Hy beuker, in bigryp fen miskien acht, njuggen jier? Hwet is it den, det net to sizzen, ûnneambere, det teardere yn him, det anstouns wei is, thús - en moarn ek net, en op skoalle net - mar det him nou ynwindich stille ûnthjitten ôftwingt fen goedwilligens yn it boadskiprinnen, fen froede omgong mei de oare ôfdieling thús - hwet is det?Ga naar voetnoot555 Brolsma hie ‘Hy’ skreaun foar Frisia, dat yn 1927 wer út ein set wie. Utjouwer wie Brandenburgh fan Snits en de leden fan De Fryske Bibleteek hienen kollektyf in abonnemint krigen. De redaksje bestelde foar 1928 in ferfolchstik by Brolsma. Hy foldie oan dat fersyk mei it ferhaal ‘It lêste jier’. Foar syn nij boek gie Brolsma nochris werom nei syn jongesjierren. Ek sitte der echo's fan It forgift en It widdou's bern yn dit boek. Lykas de haadpersoanen fan dy boeken, stiet de jonge David yn syn lêste jier op skoalle foar de kar hoe't it fierder sil. Benammen foar syn heit is dat gjin fraach, de jonge moat sa gau mooglik fertsjinje. Eins leaut allinnich de skoalmaster oan in oare, bettere takomst foar David. Net earder bleau Brolsma sa ticht by in haadfiguer as yn dit boek. De styl fan it ferhaal is losser, ympresjonistysker as bygelyks It Heechhôf. De koarte alinea's passe by de wize fan tinken fan in bern. Suver tear is hoe't Brolsma bygelyks in ynterieur beskriuwt. It earste ljocht fen in nije dei koe mar efkes troch de yn 't tsier steande blinen binnen glûpe en biskine de rûzige boel. Hwet sneinskleanspil | |
[pagina 215]
| |
joech yet in blinkje dêroan, in knappe pet oan in doarskruk en Beam syn krûme Dútske piip mei de porsleinen kop, in rôze pompierke fen in sûkelarjereep.Ga naar voetnoot556 David libbet it earste part fan it boek noch yn 'e wrâld fan eineaaien en Indianeferhalen.Ga naar voetnoot557 Hy is ûndogens, mar net werklik in minne jonge. Dat feroaret as er ûnder de ynfloed fan in swalkjende jonge komt, dy't him mei nei de stêd nimt en him it stellen leart. Uteinlik wurdt David pakt by it stellen fan in ‘tsienstûrske letter’ by de bakker. Hy komt foar de rjochtbank en wurdt by syn âlden weiheile. It dekor fan dit ferhaal is it Stiens fan Brolsma syn jonge jierren. De master mei syn niget oan 'e natuer is master Wartena fan Brolsma syn lêste jier op skoalle. Ek oare idyllyske oantinkens, bygelyks oan it swimmen yn 'e finne, brûkte Brolsma foar dit boek. En dan krûpe hja de iene nei de oare op 'e wâl en litte de sinne op 'e neakene lea skine. Sa neist inoar lizzend hat de iene nijs oan de oare syn Adamspakje, hwent se binne dochs yet ûngelikens. David hat in streep hier op 'e rêch, gjinien oars, en in oarenien wit earne in brún plak sjen to litten, dêr't se op om rosse en det gjin smoargens is. It is in subtyl ferhaal. Bearn, de heit is in folslein yn it wurk behurde arbeider, dy't allinnich noch glimket as er oan syn eardere keats-partoeren weromtinkt. Fan bern grutbringe wit er neat. Dochs jout er op in stuit ta, dat er David net mear oer kin. ‘It is bytiden in munster,’ seit er fan syn soan. Ek de mem seit, nei't útkommen is, dat David briefkes foar de master ferfalske hat, ‘It is suver, eft wy nou mei in frjemd om 'e tafel sitte.’ David komt troch syn minne hâlden en dragen yn it isolemint; oare skoalbern mije him. Brolsma makket oannimlik dat David dêrtroch ûnder de tsjoen komt fan 'e swalkersjonge Bonne. By syn tocht troch Ljouwert lit er David de pakhuzen fan Joadske keaplju sjen. | |
[pagina 216]
| |
Do hiene se yn de smoarge strjitte dien en gyngen mei de oare bael nei in greate saek mei lange pakhuzen, dêr't Davids eagen folle nijs seagen. Balen en yetris balen gûd, fjouwerkantige pakken fodden, byinoar parse lyk as hea en strie, hûnderten âlde fytsfreems, greate brokken getten izer fen kamrêdden út 'e fabriken wei; in fjild wier der mei biditsen. Der wie in ôfdieling for knine- en geitefellen, somlike leine der farsk, oaren hiene se stiif op plankjes spikere en oan 'e souder sweve in rêst byinoar samle drôvich yn 'e sigen fen 'e wyn.Ga naar voetnoot558 Nei alle gedachten hat Brolsma de ynspiraasje foar David fûn by de rjochtbank, dêr't er sa út en troch wolris hinne gie om in ferslach foar It Heitelân te skriuwen. ‘Do al njunkenlytsen kaem er [David] mei it hiele forhael fen de simmer en de reis nei stêd, in skets, rûch en libben, dêr't de tribuneljue stil oandachtich nei harken. Forslachjowers trapen efter de tafel wei nei foaren.’Ga naar voetnoot559 Brolsma hie dit ferhaal ‘It lêste jier’ neamd en ûnder dy namme stie it ek yn Frisia. Kalma sil dat foar in boek gjin goede titel fûn ha en ûnder syn ynfloed kaam it as De Skarlún yn boekfoarm út. Brolsma wie grutsk op dit boek en hy moat witten ha, dat it syn bêste wurk wie. Botte suksesfol wie it lykwols net. Van der Tol neamde it yn Sljucht & Rjucht ‘in ôfprintsel fen it libben’, mar Theun de Vries oardiele dat der ‘gjin climax en gjin spanning’ yn siet. Neffens him oertsjûge Brolsma net ‘det it mei David sa rinne moast en net oars.’ Dat Brolsma soks no krekt mei in soad subtiliteit wol oanjoech, ûntgie De Vries, dy't socht nei it ‘geneedleas’ nei foaren bringen ‘fen de ynfloed fen miljeu en ôfkomst’.Ga naar voetnoot560 Kalma wie ek net oer it boek te sprekken. Hy gie yn tsjin de ‘hearskjende morael’ fan it lot fan David. ‘It wie in soarte fan Fryske boargerlikens det mei skeane eagen loert nei alles hwet frij en oarspronklik is; dy is net út Brolsma sels, mar fen him oannommen en oernommen en hja bidjert de wirking fen dit boek lyk as hja alles bidjert.’Ga naar voetnoot561 Kalma seach net folle ferkeards yn David syn hâlden en dragen en snapte ek net wêrom't dat foar de rjochtbank besljochte wurde moast. Doe't Brolsma dy tirade lies, moat er him wol ôffrege | |
[pagina 217]
| |
ha, wêrom't Kalma him, as redakteur fan Frisia, net earder oppenearre hie. In soad ferkocht waard it boek net. It wie, sa't Brolsma it neame soe, ‘in strop foar de útjower’Ga naar voetnoot562. Hy hie it ‘sa earlik en goed beskreaun as't kin, mar der moatte de Fryske lêzers nei 't skynt neat fen hawwe. 't Hie better lot fortsjinne.'’Ga naar voetnoot563 Yn 1928 levere Brolsma noch ien fan syn bêste stikken, ek sûnder dat der acht op slein waard. Under de namme ‘It jonkje’ stienen fiif episoaden oer de jonge Nardus yn Sljucht & Rjucht. It ferhaal spilet om 1890 hinne. Lykas Nardus wie Brolsma doe ek acht jier, mar it binne net de dingen dy't er sels meimakke hat. Nardus is earm, wennet bûten it doarp, syn heit kin net foar de hûshâlding soargje. Nardus is in jonge sa't Brolsma se wol meimakke hat, miskien by him op skoalle hie. De styl is wer like yntym en tear as fan De Skarlún. It hat der fan dat Brolsma dit as in langer boek opsette woe, mar dat er nei in pear stikken hingjen bleaun is. Wat der is, is der net minder om. Nardus syn tocht mei syn heit en mem nei de earmfâlden is wreed en wrang; Nardus syn tocht mei syn broer troch de winterske greiden is magysk. ‘It jonkje’ stie yn 'e lêste wiken fan 1928 yn Sljucht & Rjucht. Noch in fragmint stie begjin 1929 yn Frisia, mei as titel ‘It spekforriden’. It is ûndúdlik wêrom't dat ferpartsjen sa bard is. Mooglik wie de reden dat Sljucht & Rjucht by it begjin fan it nije jier net mear mei in âld ferfolchstik komme woe en dat it lêste part oerbleaun is? Miskien fûn de redaksje fan it famyljeblêd krekt dat part ek net gaadlik om op te nimmen, de ynhâld wie nochal ‘read’. De mem fan Nardus is oan 'e ein fan it ferhaal wanhopich troch de earmoed en de ûnferskilligens fan har man. | |
[pagina 218]
| |
En it nuvere fen syn mem hjar dwaen do, det is him yet jierren neitiid bybleaun. ‘Ja, it wirdtjoun,’ sei se ek. En do stiek se de earms omheech nei it reade ljocht ta, de hânnen wiid úteltsoar. Hja rôp: ‘Astû wier-wier dêr boppe wei op ús delsjuchste - God - siz, hwennear komt der for ús in blider dei?’Ga naar voetnoot564 De minne jierren tachtich wienen ek de ynspiraasje foar ‘Spegel fen it boerelibben’. Foar in part is dat ferhaal in werhelling fan ‘Fen it Hegelân’, al mist it sosjalistyske aspekt. Boer Iedema hat in soad fan Humalda út it eardere ferhaal, hy is like grutsk en fatalistysk. Brolsma hat dat aardige ferhaal hielendal út it perspektyf fan de boeren wei skreaun. Botte sympatyk makket er se net. | |
Aktuele problematykSoms liket it der op dat de minne tritiger jierren minder ynfloed hân hawwe op Brolsma syn wurk as de krisis om 1880 hinne. De twa grutte wurken út dy jierren, Sate Humalda en Grown en Minsken binne ommers histoaryske romans en geane foarby oan 'e aktualiteit. Sûnder mis hat it drama fan 'e nije krisis minder trochwurke yn syn proaza as de malêze, dy't er as jonkje meimakke hie. De Brolsma's sieten der yn 'e tritiger jierren ek better foar as de measte ferversfeinten, om't er mei syn literêr wurk byfertsjinne. Om it wurk as ferver te behâlden sil wol in ekstra spanning jûn ha, mar hat minder ynspiraasje foar syn literêr wurk opsmiten. Dochs is de krisis yn it wurk werom te finen: ‘Der stiet in boer by de homeije’ bygelyks, in koart, suver sarkastysk ferhaal oer de malêze yn Fryslân. Wylst de boer mismoedich prakkesearret oer de minne tiden, besykje frou en bern de fleur der yn te hâlden. ‘De mezyk spilet - der binne fleuriger oarden op 'e wrâld as in boeremilhûs mei minsken sûnder takomst.’Ga naar voetnoot565 Like synysk is ‘Trije mannen en it fanke’, oer trije ‘“úttritsene” wirkleazen’, dy't bûten de stêd yn 'e berm lizze, wylst in boeredochter op in skodder sit. ‘Trije liddich- | |
[pagina 219]
| |
rinners yn 'e wâl en in fanke op it plak fen in keardel.’Ga naar voetnoot566 Yn ‘Minske en Massa’ giet in anonime ferteller nei in gearkomste fan wurkleazen, dêr't in sfear fan letargy hearsket, al hoe goed twa kommunistykse sprekkers ek war dogge om de ‘massa’ oan te trunen ta aksje. ‘Dos, de stroefe Regearmasine moat yn biweging, mar de mannen dy't ús bilangen bipleitsje, binne minmachtich; it folk sels, wy soarte minsken fen 'e strjitte, de massa seit ús frjeon - dy moatte hjar dêrefter stelle.’ Ek de wurkferskafiing wurdt neamd: ‘Om ús hinne prate de mannen dy't al yn 'e polder arbeidzje mei gûn, dy't dêr net arbeidzje meije omdet de bern der hwet ynbringe.’Ga naar voetnoot567 Yn ‘Unlijige joun’ komt de summing fan dy tiid noch wer op in oare wize nei foaren. Earst beskriuwt Brolsma in wrantelich petear tusken in fabryksdirekteur en syn boekhâlder, lid fan 'e sdap. Yn it twadde part lit er sjen hoe't it krewearjen foar de partij de man syn houlik bedjert. Ek syn besykjen oaren foar de partij te winnen rint op 'e non. Hjir is neat to winnen, neat; hjir is de hate oan it wird, hate tsjin it bistjûr fen lân en provinsje, de hate tsjin de boeren, en hate om't hja sa earm binne en sa machtich, en meiinoar libje moatte op in stripe ûnderstrûpt lân. Hate en opstannichheit preekje de âlde Jasper en syn great jonges.Ga naar voetnoot568 De krisis foarmet ek de eftergrûn fan ‘Nei de ein’, it ferfolchstik dat Brolsma yn 1933 foar Frisia skreau. Yn dat ferhaal slagget it de ierapelkeapman Obe Palma minder en minder om syn bedriuw geande te hâlden. Om dy reden frijt er mei in rike widdo, dy't him lykwols dochs te fiilgêr fynt. It ferhaal is mei distânsje skreaun, de tragyk fan dy tiid wurdt mear oantsjut as fielber makke. De moaiste passaazjes geane oer de âld-boer Epke Engga, dy't op 'e tiid syn pleats ferkocht hat en mear en mear yn it ferline libbet. De tinzen wol, hjoed dochs - ommers hwa hat net sa'n byld yn him? Sims is it fyftich, sechtich jier âld, mar fris fen kleur. In griene blikke, in stikje tún, in sketsje mei stokroazen deun dêrtsjinoan - in streek hôf mei reade pioenen, byneed, al nei't de ierdske omstannichheden ginstich wierne - ien simpel lyts hoekje, in bakslid mei diggels dêrop | |
[pagina 220]
| |
ta boartersgûd - mar alles, alles oerstreamd fen ljocht en sinne.Ga naar voetnoot569 Op 1 oktober 1933 skreau Kalma, út namme fan 'e Frisia-redaksje, in brief oan Brolsma. It is njunkenlytsen wer de tiid om ris to praten oer Jou meiwurking oan Frisiayn it folgjendejier. Ik wit net oft Jo plannen hawwe. Oars mei ik faeks dit yn bitinken jaen. Yn ‘Nei de ein’ jowe Jo in krisis-byld det fen de lichte kant opnommen is, lyk as by dizze haedpersoanen ek net bêst oars kin. Mar for de minsken fen it ‘Heechhôf’ b.g. scoe de wize dêr't hja op reagearren in hiel stik oars wêze, earnstiger, mûglik sels tragysker. Scoene der dy kant út ek mûglikheden wêze dêr't hwet fen to meitsjen wier? Ik neam mar hwet; hawwe Jo sels hwet oars, den is det ek tige. ‘Nei de ein’ falt der wol yn. It is in tige krekte biskriuwing en teikening, dêr't men hielendal yn meilibbet. Hwet ik boppe sei, moat den frâl ek net as in krityk derop biskôge wirde (...).Ga naar voetnoot570 De arbeidersaksje út synjongesjierren waarden aktueel troch de wurkstakingen dy't yn dy jierren yn Grinslân hâlden waarden. Dy hat Brolsma brûkt as oanlieding foar ien fan syn allerbêste ferhalen, ‘Striid’. Om fan it narjen fan syn frou (en har âlden) ôf te wêzen, jout in wurkleaze arbeider him op om te helpen de stakings te brekken. As fakbûnsman wurdt er yn 'e bus ûnderweis troch syn maten negere. Nei de konfrontaasje mei de stakers wol Iede, de arbeider, dochs noch trochsette. Hastich triuwe de boeren de arbeiders dy't wol wirkje wolle yn in auto. De sterke boer tilde him by de trime op, en treau him ek troch it portier, krektlyk as in bael mais ef féfoer, en Tabe waerd wei yn 'e kjessens en tûmele efteroer - de roppers by de wei lâns gûlden it út. Dan komt Iede ta ynkear. Hwent for Iede wier de gelikenisse mei it Jan Thomas tipe sa sterk; en de ûnachtsume ynladerij, lyk as mei bisten dy't in merkreis oangean moatte sa stuitsjend - hy skoerde himsels los en tobek en hy rôp: ‘Mar ikfordomit!’Ga naar voetnoot571 | |
[pagina 221]
| |
Tradisjoneel wurkOm't Brolsma de winter bestege hie oan it skriuwen fan It Heechhôf, kamen der yn 1926 gâns minder ferhalen fan him út. Foar De Holder levere er ‘As de bern nochris thús komme’, oer it ferpartsjen fan 'e neilittenskip fan in âlde frou. Skerp hat Brolsma de habsucht en de folslein bedoarne ferhâldingen tusken famyljeleden yn dat ferhaal tekene. Yn dat jier sûnder Frisia levere er foar De Nije Mienskip in langer stik, ‘Marne en de greate boer’. Yn dat feuilleton stiet ek in konflikt op 'e foargrûn: sil de arbeider de boer helpe om de pleats yn 'e bran te stekken en sa jild fan 'e fersekering te krijen en op 'e nij te begjinnen? Yn it ferhaal komt gjin inkele sympatike figuer foar, elk is út op eigen gewin. De beskriuwing fan Mame syn konflikt mei syn eigen gewisse yn in nacht fol tonger en fjoer is prachtich. Dat jier levere Brolsma twa krystferhalen. Foaral ‘It libben fan Bolleholle’ is opfallend. Tige lyrysk beskriuwt Brolsma de libbensrin fan in net foar de fok geskikte ‘Grinslânner’, fan kealtsje oant er einiget yn it slachthûs. Nei de rynske beskriuwing fan it bûthûs- en greidelibben fan 'e ko, komt dy ein as in wrede skok. Efkes letter heinden de hege mûrren wer de swiere galm fen it sjitark. En, wylst de lêste libbenskrêften noch net ta de krêftige, wyld slaende poaten êttein wiernen, loek in fen bloed en smoargens glinsterjende, hastich hymjende keardel Bolleholle syn wite kop efteroer en ritste mei ién feech fen 't gleon-skerpe mês, de spand steande halsieren djip troch.Ga naar voetnoot572 Net earder hie Brolsma sa realistysk skreaun en nei alle gedachten wienen de lêzers fan Sljucht & Rjucht soks ek net wend.Ga naar voetnoot573 It lange ferhaal ‘De boer en de arbeider op Ekema’ dat er yn 1927 levere foar Sljucht & Rjucht, wie mear wat foar de leafhabbers fan It Heechhôf. In net al te noflike boer krijt in nije fêstarbeider en Brolsma brûkt dy situaasje om in breed byld te jaan fan it boerewurk, it karakter fan 'e arbeider en foaral fan 'e boer, Bouwe Dykman. Dy is wat al te hastich en opljeppen en yn 'e ûngetiid krijt er in beroerte. Hoewol't it ferhaal moaie passaazjes hat, bliuwt it wat | |
[pagina 222]
| |
flak. De klam leit wat tefolle op 'e harmoanyske mominten: konflikten skriuwt Brolsma wat omhinne. Krekt as doar er dat de lêzers fan Sljucht & Rjucht net oan dwaan. Mar in inkele kear giet Brolsma wat djipper. Bygelyks wannear't de boerinne in slach om giet en doarpsfroulju oan it dollen sjocht. Dêr laei de ierde wer to sintsjen, en boppe oan de himel like it al sa fredich. In moaije Maeijedei, dy ta it minskene gemoed spriek, oan frou Dykman gyng soks ek mar sa net foarby. Utjouwer Eisma hie goed yn 'e rekken, dat dit ferhaal wol geskikt wie om yn boekfoarm út te jaan, hy brûkte it setsel fan it tydskrift nochris om alfêst boeksiden te printsjen. Wylst it ferhaal yn 'e tsjintwurdige tiid spile, wienen de printsjes fan Johannes Elsinga earder âldfrinzich. De besprekker fan it boek yn It Heitelân wie fan miening dat it ferhaal in bettere fersoarging fertsjinne hie, ek al fën er it net ien fan Brolsma syn beste stikken.Ga naar voetnoot575 Folkertsma oardiele ek dat de komposysje net doogde. Mar hy sei der by, dat ‘gjin Frysk skriuwer it bistean fen it boerelân byldzje’ koe as Brolsma. Sybesma bygelyks, sa wie Folkertsma fan betinken, trof soms de sfear tige goed, mar mei de aksje gie it by him mis: ‘mear dream is it as died.’ Brolsma wist krekt mei syn ‘ynhâlden réalisme’ in ‘fûl effekt’ to birikken.Ga naar voetnoot576 Prachtich fan komposysje en toan wie wol de bydrage, dy't Brolsma yn 1927 oan De Holder levere. ‘De Piane’ beskriuwt iroanysk de jaloerskens fan Sjut, dy't it net ferneare kin dat in | |
[pagina 223]
| |
earme famylje mear fan it libben genietet as sy en har man. Syn masterskip bewiist Brolsma yn rigels as: ‘Hy [Markus] siet yn 'e hoeke twisken de kachel en it finster en eage fortrietlik in oer de lânnen weiflechtsjend Maerteboike efternei’.Ga naar voetnoot577 | |
Sate HumaldaYn 1930 wie Troelstra ferstoarn. Ut en troch hie Brolsma alris skreaun oer de opkomst fan 'e sosjalistyske beweging. Mooglik hat de dea fan 'e bewundere foarman fan dy beweging de oanlieding west om nochris wer de stof fan ‘Fen 't Hegelân’ op te pakken en sjen te litten hoe't it mei de Humalda's fierder gie.Ga naar voetnoot578 Yn ‘Salmsteich’, dat yn 1931 yn It Heitelân begën te ferskinen, wenje alleOmslach fan Joh. Elsinga.
Humalda's yn Ljouwert. It ljocht falt it meast op Aefke Humalda en har man Arjen, dy't om har yn it striefabryk wurk siket. De húshâlding wennet yn in tige earmoedich hûs yn 'e wyk Salmsteich.Ga naar voetnoot579 De oare Humalda's binne better te plak kommen; de âldboer wennet yn it Sint Antoan Gasthûs en is tige tefreden. ‘Salmsteich’ jout in libben byld fan it rûzige libben yn Ljouwert om 1890 hinne. Arjen fielt him der in balling en ferfalt ta letargy, rekket syn baan kwyt en moat mei los wurk op 'e iisbaan en yn in herberch de húshâlding ûn- | |
[pagina 224]
| |
derhâlde. Foaral de beskriuwing fan 'e merke en de winter jouwe prachtige sfearbylden. Ek de muoisume ferhâlding tusken Arjen en Aefke wurdt goed werjûn. Opfallend is it wat wrantelige skriuwerskommentaar, dat yn dit boek foar 't earst in eigen rol kriget. De fraach is oft Brolsma dat die as in suver literêre nijichheid of dat er troch syn sjoernalistykwurk wend wurden wie om op in oare wize de lêzers ta te sprekken. Ek liket it bytiden oft er op dy wize him ferantwurdet tsjinoer syn kritisy. Ik scoe winskje, det ik yn dizze nou kommende forfetting fen de skiednis fan Humalda's bern in greater barren ta myn foldwaen hie as in Ljouwertermerke-skiednis. It beart sa plat en banael, it is neat great en likemin ferheven en dochs kin it net oars, as wy wier bliuwe wolle en elts fen de súsjetten lyk en rjocht dwaen wolle (...)Ga naar voetnoot580 Troch de geunst fan in boer, dy't Arjen noch ken êt syn gloarje-jierren en dy't begrutsjen mei syn lot hat, kin Arjen sels ek wer boer wurde. Yn ‘De Bouwers’, dat yn 1932 yn It Heitelân ferskynde, begjinne Arjen en Aefke op 'e nij, op in suterich pleatske dat ‘Elba’ hyt. Brolsma beskriuwt mei niget hoe't it harren slagget de fuotten wer ûnder 't gat te krijen. Moaie passaazjes binne dy oer de dea fan in hynder en hoe't de arbeider Halbe de bern fan Arjen en Aefke wat oer de Bibel besiket by te bringen. Dat lêste wie in bewurking fan in episoade fan ‘It jonkje’. Bysûnder yn it boek is de roi fan it sosjalisme. In sweager, Pyt Tiesink, en syn heit, binne wakker aktyf yn 'e sosjalistyske beweging. Se besykje Arjen, in echte pauper, dêr ek yn te beheljen, mar dat wol er net. Hy fynt dat de sosjalisten ferkeard oer de boeren tinke en gjin aan fan 'e werklikheid hawwe. Brolsma beskriuwt de Tiesinks, dy't bêst fertsjinje oan 'e útwreiding fan Ljouwert, net botte sympatyk. De jierren geane foarby en it giet goed mei de lju op Elba. Arjen giet op in jûn nei in gearkomste yn it doarp (sûnder mis Stiens). De doarpslju dêr kenne de ‘reade’ sprekker, ‘fen syn jonges- en syn feintejierren ta en wierne der great op, nou't de wrâld him hawwe woe. Nou wier hy ek fan harren.’ Mei dy sprekker hat Brolsma Troelstra foar eagen hân. It waerd skimerich en de kastlein kaem om 'e doar en reisige by de | |
[pagina 225]
| |
lampen lâns en skroefde de al slûch barnende pitten omheech. Bûtendoar wier en bleau it rêstich, op 'e seale, keal en great koarten nou de distânsjes yn, en it folk siet noch deastil en heinde de wirden op, soms joegen se dalje, as it raek wier. Winlik wier der net oars mear as it ljochte sté dêr't de sprekker stie, hy naem alles yn 'e bisnijing, alles... hjarren wêzen en tinken en hjarren folsleine oandacht. Hja hearden de hún útsprekken oer de hearskjende klasse en de blide tiding fen it kommende ljochtsjen forkindigjen.Ga naar voetnoot581 Brolsma beskriuwt mei ûneinige nuânse, de ferskillende eleminten dy't op Troelstra ôfkommen binne. Arjen is de iennige boer ûnder de oanwêzigen en hy krijt fan in pear ‘debaters’ de folle laach. As ien fan harren seit, dat net hy mar ‘syn folk’ Elba bebuorke hat, wurdt er duvelsk. Brolsma lit Troelstra dan tinke: ‘Hy seach de boer Arjen Anema dêr stean en hy seach en fielde ek wol de earlike minske yn him, de bodder dy't sels foaroan giet, en de lea net sparret.’ Dochs seit er tsjin Arjen: ‘As de boer Arjen Annema him op dizze dingen biropt om syn plak boppe de arbeiders to rjuchtfirdigjen, den moat ik him dy hope binimme.’ Sa grut is syn ynfloed, dat Arjen tsjin Troelstra seit, dat er net ‘boppe de arbeider útblinke woe, hy wol der net boppe stean, mar as gelikens biskôge wirde? Net as mindere?’ En sa wirdt Arjen lid fan 'e sdap, ‘sûnder fortoan fen iennich sprankje genegenheid, fen de arbeiders yn hjarren boun oannommen.’Ga naar voetnoot582 Brandenburgh, útjouwer fan It Heitelân sil fan Brolsma de rjochten fan it ferhaal kocht ha en dêrmei ek in boekútjefte ôfferge ha. Hy joech Salmsteich en De bouwers apart út, en as lêste, opmerklik genôch, it earste part fan 'e trilogy, Fen it Hegelân. De tekst fan it lêstneamde boek hat Brolsma oanpast foar de boekútjefte. Sa't al earder neamd is, is de rige tige min redigearre. Nammen binne ferwiksele en de gronology doocht ek net altyd. De redakteuren fan It Heitelân, J. Winkelman, D.H. Kiestra en J.H. Brouwer, hawwe harren der net mei bemuoid, dat is dúdlik.Ga naar voetnoot583 | |
[pagina 226]
| |
Yn 1934 kamen de trije boekjes út yn ien bân en doe koenen de kritisy der oer gear. De reaksjes wienen dúdlik positiver oer dit boereboek as oer syn eardere, mear moderne boeken. S.D. de Jong achte it boek goed slagge en al waard der neffens him wolris grute, ‘det Brolsma hwet oan it ôfsakjen wier’, mei Sate Humalda hie er nei syn betinken ‘de skea wer alhiel ynhelle’.Ga naar voetnoot584 C.A. Faber wie fan betinken dat it in flot ferteld ferhaal wie, dêr't Brolsma yn guon siden ‘boppe it persoanlik bilibjen fen syn romanfiguren’ útkaam. Yn syn besprek yn it Volksblad van Friesland die er frij sunich oer Brolsma syn byld fan it sosjalisme. ‘Hwet hjir meidield wirdt út de gearkomsten mei miskien fotografysk krekt wêze, mar it is lyk as alle fotografy mar in diel en kin dos fen it gehiel in hielendal forkeard byld jaen.’ Oer Arjen syn oergong nei de sdap sei er: ‘It bêste liket it ús dit mar to biskôgjen as de yn literaire foarm klaeide meidieling, det der yn dy jierren in arbeidersbiweging ûntstie, dêr't ek in inkeld lyts boerke him by oansleat.’Ga naar voetnoot585 Friezen om utens liezen it boek mei grutte nostalgy. Sa skreau K. Geertsema yn Tijd en taak: ‘Ik zie weer de lente-avond over de velden mijner jeugd (...) in deze schilderingen en toetsen van landschap en mensen, waarin naar mij voorkomt Brolsma's grote kracht schuilt, keert mijn jeugd tot mij terug en gretig geniet ik van deze herhalig, te inniger, nu de taal van mijn jongensjaren haar voertuig is.’Ga naar voetnoot586 | |
Groun en MinskenIt jier dêroanfolgjend sette Brolsma yn Frisia mei it ferfolchstik ‘Groun en Minsken’ út ein.Ga naar voetnoot587 Oft Kalma syn suggestje om no ris | |
[pagina 227]
| |
mear oer de ‘skaadkant’ te skriuwen dêrby fan ynfloed west hat? Yn alle gefallen brûkte Brolsma net de krisisjierren as dekor, mar de jierren om 1900 hinne. Brolsma skreau trije jier oan dat boek. Yn 'e simmer fan 1936 levere er it lêste blauwe skrift by de redaksje yn. Oer de eftergrûnen fan dit boek bestiet mear materiaal as oer Brolsma syn oare wurk byinoar. Tige wichtich is in lêzing dy't er yn 'e winter fan 1939 hâlden hat oer de roman, doe't der noch altyd gjin boekútjefte fan bestie.Ga naar voetnoot588 Foar syn boek gie er werom nei Stiens, nei de útbuorren by de Hegedyk, dy't er al brûkt hie foar bygelyks De Bouwers en ‘It jonkje’. Foar de haadpersoanen, de strieboer en syn frou, tsjinnen twa figueren út syn jeugd ta foarbyld. Foar de frou, Lea, stie Minke Wijngaarden model. Se hie faak by de Brolsma's yn 'e keamer sitten te praten as se fan it doarp op 'e weromreis wie nei hûs.Ga naar voetnoot589 ‘Hja wier nei't ik letter ynsjoen haw, it type fen datsoarte fromme Fryske boerefolk, det net in letter fen de Bibel falle lit mar likemin yn hjar petear in wird, det ek mar ienichsins kreft en kleur bybringe kin oan 'e libbene ferhalen oer de boerkerij. Hja scil net skrome om oer in nijkeap hynder to bearen yn disse trant: it is in allerforwoestendst beste guds, syn gelikens het er net, hy skûrt in weinfol ierdapels troch de daem en by de berm op en sûnder swipe en roppen en bearen.’ Neffens Brolsma wie se in ‘útsonderlik minske, dy't mei in hwet sleau en slop âld mantsje it hiele boerespultsje geande hâlde moat.’ Foar de man fan Lea, Lammert, fûn Brolsma in foarbyld yn ‘ien fen datsoarte âlderwetske foerlju, dy't winterdeis as it ticht wetter | |
[pagina 228]
| |
wurdt mei de hynders en oanenoar keppele haeiweinen út de Bildtdoarpen delsetten kamen, soms op in stadich tsjutteltjse, soms mei min waer en snie, as froast- as taeiwaar en ûntsettende wegen stapvoets en neist it tiksel trêdzjende, de leije om 'e hals de hannen yn 'e bûsen fen de riidjasse (...)’ Mei ‘dizze strieboer’ hie Brolsma ‘nea praet en mar amper syn lûd heard, hy wier in soarte fen geastlike ferskining, fen de winter, fen (...) rou waer, fen snie, kjeld en ûngemak.’ Groun en Minsken wie in wurk fan 'e ferbylding, mar yn 'e oarsprong fan it boek rinne ‘natûr en kinst trochinoar hinne’. De haadpersoan, Danjel, de soan fan 'e strieboer en Lea, is optocht, mar ien eigenaardichheid fan 'e echte soan fan Minke Wijngaarden joech er him wol: ‘De Wijngaardens hiene in soan dy't ek stieterich prate en by uzes yn it keamerke wolris op 'e harmoanika spile sneintojouns op 'e menear lyk as beskreaun stiet.’Ga naar voetnoot590 It eigenaardige karakter fan Danjel utert him foar 't earst as er in lot keapet en in hynder wint. Sa'n ferhaal hie Brolsma ek yn Stiens heard. In boeresoan hie werklik ‘yn 'e Grinser hynsterlotterij in jong hynder woun, det hy net oan jild makke mar hâlde, der wie gjin wirk foar, it krige in stiif poat en moast for deipriis ferkoft wirde.’Ga naar voetnoot591 It ferfolchstik wie daliks tryster en tragysker fan toan as it measte oare wurk fan Brolsma. Hy seach it ferhaal as in rekwiem foar figueren as Lammert en Lea, fan wa't de gelikens ‘men hjoed de dei net mear op 'e wegen fine’ kin. As man fan goed fyftich jier, wist Brolsma noch goed hoe't de strieboer as it al wer begûn te skimerjen, op nei it westen ta reizge. Dy ‘oantins’ yn syn ‘ûnthâld’ hat er mei dit boek bewarje wollen. Sa'n ferhaal hie neffens Brolsma ‘rjucht op literatuer fen hegere wearde, der moat djipper ploege wirde op 'e Fryske ekers, it aller-djipste en dreechste, det is mar amper goed genôch.’ Foaral yn it twadde part fan syn boek komt dy fierdere ferdjipping as Brolsma de soan fan 'e strieboer nei foaren hellet. Hy hat it karakter fan dy striejonker, in ‘hwet wunderlike groue knoert fen in jonge’ sa beskreaun: | |
[pagina 229]
| |
Danjel wirdt fen hebsucht en kâlde ûnforskilligens oermastere [en dat] bilet de blide ûntjouwing fen syn eigen wiif en bern. Hy is net ien lyk as syn heit, immen dy't syn gjirrigens en neigeandens ferhoalen hâlde en dus de wrâld ferrifele. Hy [Danjel] bisit likemin de moedigens fen de mem mar hy forachtet de wrâld en it wrâldske omt er himsels sterkernôch fielt om dit foleindigje te kinnen. Mar hy wol syn wiif en bern de wrâld ek ûntkeare. Sy moatte hjar nei syn wil sette en stribje mei him nei itselde doel. Lân byhiere, it pleatske útwreidzje (...) Groun en Minsken lit de gefolgen sjen fan sa'n opstelling. Danjel rekket syn frou kwyt, syn bern ferfrjemdzje fan him. Yn in tal manjefike stikken hat Brolsma in byld delset fan in ienling, dy't mient dat er alles oan kin en hoe't him dat ta in totaal isolemint bringt. Tragysk hichtepunt is de dea fan syn soan, dêr't Danjel alles by opset hie.Ga naar voetnoot592 Syn ûnfermogen om syn fertriet út te sprekken is foar syn frou de oanlieding om by him wei te gean. Syn dochter, dy't yn 'e stêd wurket, ferwyt him dat it syn skuld is dat is ‘sa mâl gien’ is. En nou bigjint hja op te sprekken; earst beart it nuver om't hja wierliken yette sa jong en nochteren is. En der is ek yette freze yn hjar om dy stroefe keardel - mar hja sprekt to folle út oertsjûging. It binne swiere stikken dy't hja tsjin him ynleit, en hy kin him net forwarre. Hy bisiket it alteast net iens, hy heart it swijende oan as hja de dingen fen foarhinne opikkeret, det hy mei noartskens safaek de wille bidoar, syn ûnforsetlikens yn it wirk. Der is hiel hwet fen to meitsjen. Lammert neamt hja net. Doutsen fiert it wird tsjin him. Lyk as yet nea immen dien hat. Op 'e weromreis komt dan foar 't earst de selsrefleksje en hy freget himsels ôf: ‘Hwet haw ik west: in wyld... ef in minske.’Ga naar voetnoot593 Brolsma levere de stikken foar Frisia yn by Kalma, dy't se neiseach op styl en stavering. Oer it lêste part fan ‘Groun en Minsken’ stjoerde er Brolsma in lange reaksje. Al lang ha ik yn 'e wille west Jo to skriuwen oer de ein fen ‘Groun en Minsken’ det ik fen 't simmer fen Jo krige. Ik hie der al dalik biswieren | |
[pagina 230]
| |
tsjin; nou't ik it yetris oerlêzen haw binne dy yet sterker wirden. It slimme is det de ein eltsenien oandwaen scil as in needskot. Men scil sizze: ‘Brolsma hat himsels yn in ympasse skreaun, en hy kin der net útkomme’. By in wirk fen lytser bitsjutting mocht det hinne bruije, mar by in wirk as ‘Groun en Minsken’ scoe it my slim moeije as det it lêste wird wêze moast. Ek tinkt my det de wirden yn it alderlêst net goed keazen binne. Jo ha net dizze bodders teikene yn hjar ‘dwersens en lytsens en opstandichheit’. Danjel is syn eigen wei gien, as in koartsichtich, mar earlik natûrminske. Syn forstân hat nou ienris lytser west as syn wollen. Syn ôfwiken fen de âlde wei (eigentlik allinne dit det er him net as in leauwer foardocht en himsels yn dit stik neat wysmeitsje kin) kin men amper opstannigens en wis gjin lytsens en dwersens neame. En fen de ‘blierens en opteinens fen syn jeugd’ ha Jo ús net folle sjen litten. Swierder as det alles waecht, det in skriuwer Us Ljeaven Hear net opdraeije litte kin for de konflikten dy't er sels oproppen hat. Dy hat oars al genôch oan 'e nolle, scoe men sizze kinne (as it spotsk klinkt, it is wis net spotsk miend). Ik scoe Jo dêrom wol tige yn bitinken jaen wolle: bislút ta in oar ein, ien det natuerliker is en dizze biswieren net hat. Jo moatte it fensels hielendal sels útmeitsje. Mar ik nim takomme Snein it lêste skrift mei nei Ljouwert, en lit it den op it Mienskipshûs dêrre in 14 dagen ta Jou biskikking. Jo sjugge den sels wol ho't Jo wolle. Mar it scoe spitich wêze in moai en respektabel stik wirk to bidjerren mei in ûnsuver slútakkoart. Om't de wurden en ek de tendins dy't Kalma oanhellet net mear yn it lêste haadstik foarkomme, sil Brolsma yn dy fjirtjin dagen it lêste part op 'e nij skreaun ha. De teneur fan dat lêste stik is yn it publisearre ferhaal hiel oars as dêr't Kalma it yn syn brief oer hat.Ga naar voetnoot594 Opmerklik is noch de alderlêste rigel fan it hânskrift. Brolsma hie earst skreaun: ‘(...) haw ik minske of munster west? Yn Frisia stiet it krekt oars, dat it moat yn 'e printkladden feroare wêze. De feroaring ta dy moaie rigel is altyd op it konto fan Jan Piebenga kommenGa naar voetnoot595, mar dat kin net sa stean bliuwe. Kalma gie oer de print | |
[pagina 231]
| |
kladden. Hy hat sels dy rigel feroare of dêr nochris mei Brolsma kontakt oer hân.Ga naar voetnoot596 Mei dit mânske ferhaal fertsjinne Brolsma ƒ450,-, in bedrach dat er yn desimber 1936 yn ien kear fan 'e ponghâlder fan 'e Bibleteek barde. In boekútjefte wie foarearst net oan 'e oarder. | |
ToanielLykas mei it proaza en de poëzy, hienen de Jongfriezen ek besocht it toaniel in nije ympuls te jaan. Kalma foarop, mar ek J.P. Wiersma en S.D. de Jong hienen dêrta nije stikken levere. Friezen gienen graach nei it toaniel en in útfiering fan it ‘Ljouwter’ mei Krysttiid wie in fenomeen. Ek op 'e doarpen waard by 't winter in soad spile. Brolsma, dy't faak priizge waard om de libbene petearen yn syn wurk sil faak heard ha: ‘It kin sa op 'e planken.’Ga naar voetnoot597 Soks gie oan yn 1931, doe't syn earste toanielstik ferskynde. Syn ambysjes op dit mêd wienen beskieden. Hy hat ynearsten fjouwer stikken publisear- | |
[pagina 232]
| |
re, allegear ‘neistikjes’, bedoeld om nei in lang, serieus stik noch wat fleur yn 'e seal te bringen foar't it dûnsjen begûn. Dat earste stik wie Under 't skaed fen justysje oer in notaris, dy't in tas mei jild kwytrekket en mient dat in stikmannich fervers dy stellen ha. Doe't Brolsma dat stik opfierde foar de jubilearjende skilderfeinten, sil de moraal de fervers wol nei't sin west hawwe. De notaris hat him (fansels) fersind en om it goed te meitsjen wol er de wurklju jild jaan. Ank: It stik is mear as ien kear spile, al fûn de Leeuwarder Courant net daliks dat Brolsma in ‘kluchtspilskriuwer by útstek’ wie. It ‘stikje’ liet him ‘as novelle hiel wol lêze’, mar der wie temin ‘libben’ en temin ‘variaasje’ waard ornearre.Ga naar voetnoot599 Ek Estafette, út 1934, hat sa'n aardige yntrige en is sa't de ûndertitel it neamt ‘in fleurich stikje yn 'e winter’. By D.K. Bakker foel it der goed yn. Trije forkearingen, dy't om ien heit útreitsje, en... troch deselde heit wer ‘oan’ reitsje..., sjoch dêr is it seldsume gefal, det Brolsma ús yn toanielfoarm biedt. Fûle dramatyske spanningen en tafrielen moat men net forwachtsje; it is skreaun yn dy spotske, ironyske toan, dy't men fen Brolsma ken. Forsjoch ik my net, den is it syn doel ek, om ûnderskate motiven, dy't der, njonken de ljeafde, by trouwerij wêze kinne, efkes to biljochtsjen en hwet hy as de bureaukraty yn 'e wirkleazensteun sjocht, in snútslach to jaen. Nou, spylje it mar ris!Ga naar voetnoot600 Pension ‘Nij Frisia’ hat wat mear byt. Brolsma brûkt yn dat stik ek | |
[pagina 233]
| |
mear syn satirysk talint om de gasten fan in nij opset pension te begekjen. De oanlieding foar it pension is treurich genôch. Mem en dochter fine dat se as greidboeren lang genôch jild nei de stêd tôge ha, lit de stêd harren no ek marris wat tatôgje. As it oer it beteljen fan in rekken giet, seit de dochter dat se der mei ûnderweis west hat. Richt: Foar de rest is ek dit in fleurich stikje. Trammelantsje, út 1937, is dat ek, al hat dy comedy of errors ek wol djipgong. Sfear en situaasje belykje ‘Nei de ein’, troch de gading dy't de keapman Rochus oan it kastleinske út de herberch ‘Idylle’ makket. | |
Ein fan in tiidrekYn 1930 hie Brolsma in fêste rubryk krigen yn it Nieuwsblad voor Friesland. Dat betsjutte dat er noch mear neffens in fêst skema wurkje moast. Elke wike kopij nei it Nieuwsblad, elke wike nije ‘Gesprekken op de brug’. Dan ek noch geregeld in ferfolchstik foar Fen Fryske Groun. De oare blêden krigen fan Brolsma al minder wurk, mar hielendal foarby gienen se net. Foar ‘kleare bisonkenheit’, dy't neffens Kalma ‘it bêste markteiken fen alle kinst’Ga naar voetnoot602 wie, hie Brolsma hast gjin gelegenheid mear. Syn sjoernalistyke krewearjen krige foarrang en dat sil mei de reden west ha, dat de kwaliteit fan Brolsma syn wurk minder waard. Brolsma skreau noch altyd losse stikken foar de Leeuwarder Courant. Dêr wienen loftige ferhalen by as ‘Skroetsje’ of moai besonken anekdoaten as ‘De brân’ en ‘De flagge’. Ek ‘Keapman Dalstra syn finale’ is in moai wurkstik. It liket derop dat Brolsma bytiden wraksele om ûnderwerpen te finen foar syn ferhalen. It weromgripen op syn suksesstikken oer swalkers wiist dêr op. Oan 'e nije rige | |
[pagina 234]
| |
‘Bylâns de wei’, dy't yn 1929 begûn, is te fernimmen dat er al aardich fier fan dy wrâld ôf stie. Net ien fan dy ferhalen (de rige soe trochgean oan 1933 ta) hellet it nivo fan it eardere wurk. Dat woe net sizze dat Brolsma gjin goed wurk mear levere. ‘Mei “It swealtsje” om Ljouwert hinne’ is bygelyks tige komysk en effektyf skreaun. Ek it ‘Teltsje fen Wigle’, it krystferhaal fan 1929 fan It Heitelân, is bysûnder slagge. Ynspiraasje moast mear socht wurde as earder. In krystferhaal hiet yn 1930 al ‘Yette in Krystteltsje’ as koe er werklik neat oars mear betinke. Syn koarte stikken wurde njonkenlytsen minder skerp en se lykje haastwurk te wêzen. De opset fan in ferhaal is faak noch wol goed, mei it ôfbreidzjen giet it lykwols soms rûch om en ta. De ferhalen wurde ek wat sentiminteler, wat prateriger, as wie er minder kritysk wurden. De kreative driuw dy't yn syn wurk fan 'e tweintiger jierren sa faak te fernimmen wie, mist gauris yn it lettere wurk. Dat Brolsma dochs nije wegen ynsloech en ek noch in tal boeken en ferhalen fan hege kwaliteit skreau, sil fan him dan ek in grutte ynspanning frege ha. Dat wurk wie net yn Fen Fryske Groun te lêzen, mar meast yn Frisia. Ek It Heitelân en Sljucht & Rjucht krigen fan him noch in inkel juwieltsje. It skriuwen fan Groun en Minsken moat in grutte konsintraasje fan Brolsma frege ha. Dochs hat de ynspanning, dy't er foar dat mânske wurk opbringe moast, it skriuwen fan oar los wurk net yn 'e wei stien. De produksje fan oar literêr wurk is fan 1934 oant 1936 wol lytser wurden. Yn 1934 telt syn bibliografy mar fiif titels. Neist Groun en Minsken falt dat jier lykwols dochs ek ‘Stêd’ (It Heitelân, 1934) tige op. Yn it lichtere sjenre is dat ek wer in hichtepunt. It is, oars as Groun en Minsken, iroanysk en humoristysk en jout in moaie ympresje fan modern Fryslân. Yn dat ferhaal neamt Brolsma de Forsythe Saga fan John Galsworthy, in bewiis dat er de nije romans byhâlde. Foar it krystferhaal fan Sljucht & Rjucht siet er wat de ynspiraasje oanbelanget werklik oan en brûkte er de kronyk fan Thabor om in neifertelling te meitsjen. Ek syn bydrage oan 'e ‘tableau de la troupe’ fan 'e Fryske Bibleteek Fryske Sketsen, foel net op troch orizjinaliteit. Wylst benammen | |
[pagina 235]
| |
Kiestra (‘Mascotte’) en Ulbe van Houten (‘Spil om Douwe’) tige modern wurk leveren, wie Brolsma syn ferhaal ‘De Wyldlânspolder’ dúdlik op rûtine skreaun. S.D. de Jong, syn kompanjon by it skriuwen fan In Stienzer jonge, sei nei oanlieding fan dat ferhaal: ‘Brolsma, keardel, jou binne der fierstento goed ta, om de man, dy't al to plak is út to hingjen. Doch der ris in pear skepkes koalen by.’Ga naar voetnoot603 Tekening fan Johannes Elsinga yn Under 't skaed fen justysje.
Yn 1935 skreau er twa aardige, tige koarte stikken foar Kalma syn nij blêd Us Striid. It falt op dat er stadichoan faker yn 'e mearkefoarm skriuwt, as woe er wolris frij fan it realisme. Wûnderlik is ‘Striid om Lytshiem’ (1935), dat er foar Sljucht & Rjucht makke. It is in lange novelle, ynearsten oer de dûmny mar letter foaral oer de koster fan 'e tsjerke yn ‘Lytshiem’, in plak dat in soad fan Lichtaard hat. De pakesizzer fan 'e koster hat in bern oerwûn en komt by har pake en beppe yn 'e kost om't har âlden har net mear yn 'e hûs ha wolle. It fanke mei har bern fersteurt de oarder yn it doarp, namste mear as bliken docht dat hja kommunist is. Yn dat aktuele, wer tige moderne ferhaal giet de pake nei in gearkomste dêr't Jef Last komt te sprekken. Hy wol mear oer de saak witte en rekket mei Last yn petear oer de frage oft God wol of net nedich is foar it waaksen fan 'e ‘frucht’. Like aktueel is ‘Fryslân - hjoed de dei’, wer in ferfolchstik foar Sljucht & Rjucht (1936). Oan it begjin fan it ferhaal steane it boereen it arbeiderslaach foar inoar oer. Larus, in arbeider, dy't om syn tinkbylden ‘De Rus’ neamd wurdt, stikelet syn baas troch út te hâlden, dat as er like folle jild hie, likegoed boer wêze kin. Soks wurdt bewiisd troch de komst fan in rike Amerikaan, dy't de pleats | |
[pagina 236]
| |
fan 'e grutte Boersma keapje wol om sa as nije kening fan it doarp te gloriearjen. De Amerikaan is doedestiids om 'e earmoede emigrearre en wol sa wraak nimme op de boeren. Brolsma hat in soad polityk yn dat ferhaal troppe. Tusken de rigels troch komt oan 'e oarder dat in soad boeren by de nsb geane. Nei't Brolsma yn 'e simmer fan 1936 fêst wurk krigen hie by de krante, wie de needsaak om in soad te skriuwen foarby. In nije opdracht fan De Fryske Bibleteek wegere er om dy reden. Sa foarme Groun en Minsken de ein fan in tiidrek. Yn 'e tsien jier nei de publikaasje fan It Heechhôf wie syn literêre produksje stadichoan lytser wurden. De sjoernalistyk en it lichtere wurk op 'e koarte baan hienen in soad fan syn tiid frege. Hy wie nije wegen gien, benammen mei De Skarlûn en Neisimmer, sûnder dat soks troch lêzers en kritisy bot wurdearre waard. De toan fan syn wurk wie earnstiger wurden, de glâns dy't yn It Heechhôf noch oer de wrâld hinget, is ferdwûn. It lot fan 'e minsken wurdt yn it wurk tragysker, yllúzjeleazer beskreaun. Dúdlik is ek dat it geregeld wrakseljen is om ynspiraasje te finen. Utskreaun wie Brolsma lykwols noch net. |
|