Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 165]
| |
VII
| |
In slagge famyljemanYn 1928 die Sophia Robert-IJkema mei oan 'e Olympiade yn Amsterdam. Se wie in skoansuster fan Hessel Brolsma,Ga naar voetnoot420 Reinder syn âldste broer, en se gie ek op besite by dy syn famylje yn Stiens. Reden foar in grut tal Brolsma's om dy dei byinoar te kommen. Op 'e groepsfoto, dy't by dy gelegenheid makke is, stiet Brolsma as in fleurige, slagge famyljeman. Ek syn frou laket gol en grutsk. Ulke, de âldste soan eaget in stik serieuzer as syn broer Liuwe. Jantsje Brolsma, sân jier, wie dy deis de jongste fan it hiele selskip. Brolsma hie alle reden om tefreden te wêzen. As skriuwer hie er namme makke, finansjeel gie it harren bêst. Hoe goed, die wol bliken yn 1929, doe't se in hûs kochten yn 'e Mûnestrjitte.Ga naar voetnoot421 Foar in ferversfeint wie dat in hiele stap en it tsjut oan hoe goed oft Brolsma mei de skriuwerij fertsjinne en hoe kloek oft frou Brolsma mei jild omgean koe. De strjitte wie rommer, kreazer, it adres wie ‘better’ as de Bisschopstrjitte of de Heemstrastrjitte. Mûnestrjitte | |
[pagina 166]
| |
72, in hoekhûs, hie in tún, dêr't twa kear jiers in bedriuw it ûnderhâld fan hie.Ga naar voetnoot422 Doe't Jan Piebenga Brolsma yn 1939 ‘ien út it folk’ neamde, dy't ‘der al syn libben twisken ferkearde’Ga naar voetnoot423 wie dat net mear werklik wier. De Brolsma's wennen doe al hast tsien jier tusken de boargerij fan Ljouwert. Yn 'e tritiger jierren kochten de Brolsma's noch in hûs - nei alle gedachten yn 'e Ingelumerstrjitte - dat ferhierd waard. Brolsma koe yn it hûs oan 'e Mûnestrjitte beskikke oer in eigen wurkkeamer. Syn dochter bewarre goede oantinkens oan it hûs, dêr't it behang yn 'e wenkeamer ‘donkerreade blommen’ hie, mei tsjin it plafond in ‘goudkleurige bies’. De keuken ‘wie giel ferve mei in lila bies. De gongsmuorre [wie] mei sa'n skraper bewurke.’Ga naar voetnoot424 Har broer Ulke hie de kweekskoalle dien en gie ûnder tsjinst. Dêr learde er foar de haadakte, dy't er sûnder folle problemen helle. Liuwe, dy't altyd in hekel oan learen hân hie, wurke sûnt 1927 by de printer Eisma.Ga naar voetnoot425 Jantsje sels gie noch mar krekt nei de legere skoalle. Neffens har soarge har broer Liuwe foar de sfear yn 'e hûs. Myn broer Liuwe wie hiel gesellich. Foaral sneintomoarns, as ek myn broer Ulke, moarns by it bôle-iten [wie], dan wienen wy soms slap fan it laitsjen. Foar de krysttiid, dan moast ik as bern sa nedich in krystforhaal foarlêze by de krystbeam (in kunstbeamke). Myn broer Liuwe begûn dan erbarmlik te snikken, wat alles bedoar want ik fleach him lilk oan.Ga naar voetnoot426 Liuwe Brolsma hat ek syn oantinkens oan 'e wiken foar Krysttyd opskreaun. Dan wurke Brolsma oan syn krystferhalen. Dy Kryststikjes dan - earst yn ûnlêsber potleadskrift opsteld mei greate sierlik tekene houtoasten op dy plakken dêr't de skriuwer in tsjinstuit | |
[pagina 167]
| |
hawn hie om dan yn it net skreaun as in pakje dûbeldtearde skriftbledsiden it hûs te forlitten - kamen nou yn allerhanne mjitten, op allerhanne soarten pompier en yn ûnderskate lettersoarten printe, tsjin de hjeldagen wer werom yn it hûs, dêr't hja ûntstien wiene.Ga naar voetnoot427Harren mem wie net altyd like noflik en koe bytiden wrantelich en Brolsma boppeste rige, fyfde fan lofts, frou Brolsma, middelste rige lofts, Liuwe ûnderste rige tredde fan lofts, Ulke, ûnderste rige sechsde fan lofts, Janke, lizzend foaroan.
ferkeard wêze. ‘Us mem wie net hertlik,’ sei har dochter letter. Wylst har âlden noait rûzje makken yn it bywêzen fan 'e bern, wie geregeld te fernimmen dat der strideraasjes tusken de twa wie. Frou Brolsma wie tige kritysk oer hoe't har man mei de redakteuren oer syn beleanning ûnderhannele. Dat se de noed foar it gesin op har nimme moast, om't har man wurke of skreau, moat ek fan ynfloed west hawwe op de ferhâlding tusken de beide. By in rúzje sei se tsjin him dat er op de stive Danjel út Groun en Minsken like: ‘Dou bist it sels.’Ga naar voetnoot428 Dochs wie de generale ympresje, dy't Brolsma's dochter fan | |
[pagina 168]
| |
it âlderlik hûs yn dy jierren bewarre, posityf. De moaie oantinkens oerhearsken. Hoe't wy tegearre in famkesfyts foar my kochten doe't ik tsien jier waard by Lammert de Vries op de Voorstreek (...). In Gazelle. Dy koste doe fl 50,-. Hoe't ik mei ús heit en mem sneontejûns wolris nei de grientemerk op de Nijbuorren rûn en [wy] dan werom by Woudstra de fiskhannel in grutte bokking kochten, dy't heit dan thús omparte. (...) Wy hawwe it altyd goed hân. Yn 't foarjier waarden der dochs klean foar my kocht, in huodsje der by út de winkel by de Brol op 'e hoeke fan de Peperstrjitte.Ga naar voetnoot429 Yn dy snuorje krigen fervers foar it earst simmerfakânsje. Dat wie net samar gien. Wylst ‘Ryk, Gritenij en Spoar’ en ‘forskate greate wirkjowers al lang ien ef mear wiken fakânsje joegen en de hjeldagen fensels nea koarten’ woenen de ferversbazen der ynearsten net oan. Dy laken om de útstellen fan ‘it folk’ en it kaam yn 1929 ta in wurkstaking fan trije wiken, dêr't Brolsma oan meidien hat. ‘Do moasten hja den dochs krimp jaen en op in moarntiid waerd der appèl hâlden yn it haedkertier en oankindige, det de slach dizkear woun wier. De trije dagen wieren ôftwongen.’Ga naar voetnoot430 De trije frije dagen (mei in sneon en in snein derby wienen der maklik fiif fan te meitsjen) brochten de Brolsma yn 't earstoan yn in hotel op ien fan 'e eilannen troch. Benammen It Amelân soe fan dy tiid ôf nochal ris brûkt wurde as lokaasje fan Brolsma syn ferhalen.Ga naar voetnoot431 Letter kamen de wettersport-fakânsjes, nei't - op oanstean fan soan Liuwe - foar ƒ200,- in sylboat kocht wie. Dêrnei waard ek de wettersport en wat dêrmei anneks wie, gauris troch Brolsma foar syn wurk brûkt. Later legden we aan langs den artikel 360 vrijen heerlijken Prinsendijk, tegenover het Verloren Paradijs, en tot ons kwamen de geluiden van het in 't mied levende gevogelte. De roerdomp -ja, gerust waar, hij was er en ik heb z'n diep-sombere stem gehoord - voor 't eerst. Er zijn menschen, die zich met dezen schuwen vogel bizonder familiair voordoen en desgevraagd heb ik ook steeds driest ontkend, dat hij mij totaal vreemd was. | |
[pagina 169]
| |
nu ken ik hem vanuit de verte, en koekoeken, rondom waar boomgewas en water samenvielen. En prachtige roofvogels, voorname verschijningen, de veld-leeuwerik, de eend, de kemphaan, kleine zwarte duikers en trotsche hooggekuifde. De kieviet, de ooievaar, ja wat niet al. Ze leefden en 't was een lust voor het oog, dit nog eens gade te slaan op de wijde, wijde velden van midden Friesland.Ga naar voetnoot432 Bûten de fakânsjes om, gunde Brolsma himsels noch wolris wat rêst. Faak sil dat lykwols net bard wêze. Midzomers plachten we zoo 's avonds, na beeindigd dagwerk, nog vaak eens een eind om te fietsen, hetzij over Engelum en Beetgum, of naar Cornjum en Jelsum, Weidum of Stiens, Finkum, Oude Leije, maar de regen striemde dit jaar al te vaak en de wind bulderde ûnlijich op den schoorsteen. Thuis blijven - en we hebben noodgedwongen den sjoelbak van de vliering gehaald, zoowel voor verdivedaasje als om het klûmske en rûpske gevoel te verdrijven.Ga naar voetnoot433 | |
By de kranteUtsein in inkel ferslach fan in rjochtsaak, wie Brolsma de skriuwer fan sketsen en ferfolchstikken bleaun. Dat feroare, doe't Jan Jelles Hof him yn 1926 frege om foar it Leeuwarder Nieuwsblad te skriuwen. Hof, de haadredakteur, frege him om in wykliks te ferskinen stikje. Wa't de foarm foar dy stikjes betocht hat, is net mear nei te gean, mar op 16 septimber ferskynden de earste ‘Gesprekken op de brug’. Yn in koart kollumke liet Brolsma in pear Ljouwerter manlju deistige saken beprate. It wie in foarm, dy't Brolsma jierrenlang fol hâlden hat. Salang't Brolsma yn 'e Bisschopsstrjitte wenne, sil er op 'e Flietster- en de Túnsterbrêgen de omdangeljende mannen, de ‘krinkjespuiers’ waarnommen ha. Dy deistige gearkomsten foarmen Brolsma syn ynspiraasje foar de kranterige. ‘Wy stane hier op frijgefochten land, jonges,’ zei Henderikus tegen de hem omringende schare. ‘En der is niet in pelysje noch in kommesaris dy't ons hier wechjage mach.’ (...) De schare bevindt zich op een plek gronds van kleinen omvang; de ruimte die er overbleef in den hoek gevormd door bruggen haaksch opelkaar staand. Wanneer zij zich niet te ver van deze strook verwijdert is de schare volkomen veilig; de fiets | |
[pagina 170]
| |
bestrijkt dit terrein nog niet, de auto schuwt het zelfs.Ga naar voetnoot434 Brolsma liet se yn it Ljouwerters meiïnoar prate. Dat wie net in lyts ding, hy hie ommers mar in pear jier hân om him dat stedsdialekt eigen te meitsjen. Yn 'e krante, dy't in oplaach hie fan sa'n 20.000, waard de rubryk tige populêr. It sil ek Hof west hawwe, dy't yn 1930 it útstel oan Brolsma dien hat om noch in oare rubryk oan 'e krante te leverjen. It Leeuwarder Nieuwsblad wie in dochter fan it Nieuwsblad voor Friesland, dat op it Hearrenfean útjûn waard. Beide kranten hienen as eigener de famylje Hepkema en waarden dêrom de Hepkema's neamd. De kranten wienen minder dreech as de ‘deftige’ Leeuwarder Courant en populêr by de mear ‘gewoane’ minsken. Fan septimber 1930 ôf hie Brolsma in rubryk yn beide kranten, dy't er ‘Over menschen, dingen en gebeurtenissen’ neamde. Ien kear yn 'e wike, op sneon, koe er fan alles kwyt yn dy rubryk: jeugdoantinkens, fakânsjeferhalen, ferhalen, mieningen en brokjes Fryske skiednis. Oars as yn syn ferheljend proaza, komt Brolsma yn 'e krantestikken as persoan nei foaren. De stof foar de stikken komt faak út syn eigen libben, bygelyks Stiens of in fytstochtsje Ljouwert om. De rubryk stie yn beide kranten, dy't tegearre sa'n 40.000 abonnees hienen. Troch de krantestikken krige Brolsma in grutter tal lêzers as er ea mei de Fryske tydskriften berikke koe. De measte stikken yn 'e Hepkema's wienen oars yn it Hollânsk. Grif net maklik foar ien, dy't net folle taaloplieding krigen hie en meast yn it Frysk spriek en skreau. Mar om earlik te bliuwen, it Frysk skimert altyd wol troch it Hollânsk fan ‘Over menschen, dingen en gebeurtenissen’ hinne. | |
Redakteur fan Sljucht & RjuchtYn 'e Fryske beweging wie wat mear harmony kommen. Sûnt 1925 wurke in tal selskippen gear yn De Upstalbeam. Wichtichste wapenfeit fan dat frij ûnwisse ferbûn wie it stiftsjen fan 'e Algemiene Fryske Underwiiskommisje (afûk), dy't sawol it jaan fan Frysk | |
[pagina 171]
| |
ûnderwiis ta doel hie as it oplieden en eksaminearjen foar de Fryske ûnderwiisakte. In wie in ears te s tap foar ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk. De twadde stap wie dat Deputearre Steaten in Provinsjale Underwiisrie stiften, dy't jierliks ƒ7.000,- krige foar fjouwer leargongen. De beneaming fan Dr. G.A. Wumkes as provinsjaal bibletekaris wie noch in teken dat in ‘nij tiidrek yn de Fryske beweging’ begûn wie, in tiidrek fan mear en mear ‘oerhearskjende ienriedigens.’Ga naar voetnoot435 De Upstalbeam wie in ûntwikkeling dêr't Brolsma, dy't him leafst wat ôfsidich hâlde fan 'e Fryske beweging, dochs wer yn behelleMûnestrjitte 72, Ljouwert.
waard. Yn 1927 naam er in sit yn 'e redaksje fan Sljucht & Rjucht. De oare leden fan 'e redaksje wienen Douwe Kalma, Fedde Schurer en Barend van der Veen. De einredaksje bleau yn hannen fan Van der Tol. Wêrom't Brolsma by de redaksje kaam, foaral nei syn minne ûnderfining mei Frisia yn 1923, bliuwt wat in riedling. Yn 1926 wie it wykblêd it orgaan wurden fan De Upstalbeam, nei't it eigen organisaasjeblêd it net hâlde kinnen hie. Doe wienen Schurer, Van der Veen en Kalma al yn 'e redaksje kommen. Oan it begjin fan 'e jiergong 1927 skreau Van der Tol: ‘Hoe't dat wirke, dêr wol 'k nou noch neat fen sizze; ek dat stikje skiednis scil letter to boek steld wirde.’ Wol sei er der by, dat ‘al dizze strideraesjes en foroarings ha my in bulte drokte en hollebrekken bisoarge, en de Utjower [Eisma] net minder en for him kamen der noch de kosten by.’ Van der Tol ferwachte foar 1927 net folle goeds: ‘striidfragen hingje der yn 'e loft, persoanlike skelen binne der lyk as altyd...’Ga naar voetnoot436 Oer de komst fan Brolsma yn 'e redaksje spitigernôch gjin wurd. Mooglik dat er frege is om wat mear lykwicht yn 'e redaksje te bringen? Yn | |
[pagina 172]
| |
juny hie Eisma syn nocht al en skreau er in lilk brief oan Kalma. ‘Foargeand jier wier ik Jimme safolle mûchlik to mjitte komt to wêzen (...) alle wiken yens wirk opnimme en mei yens winsken rekken to hâlden en dy fen Schurer. (...) Oan yens goede bidoelingen haw ik net twifele, mar det Jo net folle for de folkslektuer fiele lykas Schurer ek, moeit my. Jimme wisten ho Slj&Rjucht 29 jier west hat en der is by it bigjin fen jimme kommen yn de redaksje net sein det dy folkslektuer jimme tsjinstie.’Ga naar voetnoot437 Ek Van der Tol klage: ‘Eren wier 'k allinne baes oer Sljucht en Rjucht en koe 'k de saken gau ôfdwaen. Nou moat ik somlike dingen mei oaren oerlizze.’Ga naar voetnoot438 Oer wat Brolsma dat jier foar it blêd út 'e wei set hat, witte wy ek suver neat. It measte wurk sil wol troch Van der Tol dien wêze. It iennige bewiis fan redaksjewurk fan Brolsma is in brievekaart oan M.S.E. Visser oer de oersetting fan Storm syn Schimmelreiter. As sjoernalist fan Sljucht & Rjucht gie Brolsma yn septimber 1927 nei de grutte Lânboutentoanstelling, dy't hâlden waard oan 'e Fonteinstrjitte yn Ljouwert. Brolsma gie der hinne op sneontemiddei, ‘dan hoegde der oars ek neat om oer te gean. By de wike lâns wie der op jountiid gelegenheit genôch om de yndrukken to forarbeidzjen - mei help fan in Gids en in bûse fol “souvenirs” dêr't de standhâlders ornaris neat net mijend mei binne.’ Der hie praat fan west dat Brolsma in parsekaart krije soe, mar, sa waard ornearre, soks wie fêst net nedich. Forslachjower fan it iennichste Fryske wykblêd - sadanich tsjinne ik my oan. | |
[pagina 173]
| |
'e wrâld brocht (...). Aldus bitearde de opset fan dizze middei alhiel yn stilte, de man easke de yntré lyk as fan elke bisiker en yn dy hoedanichheit bidarren wy, troch it draaihikje, op 'e terreinen, alhiel ûntdien fan it glorieuze reporterskip.Ga naar voetnoot439 Neist twa sketsen oer de tentoanstelling, skreau Brolsma yn 1927 noch in sjoernalistike bydrage foar Sljucht en Rjucht. Dat wie by gelegenheid fan in spesjaal nûmer oer it twadde Great Frysk Kongres, dat op 1 en 2 septimber yn Ljouwert hâlden waard. De earste ‘Friezedei’ hie yn 1925 yn Jever west, bedoeld as in gearkommen fan ‘freonen fan de Fryske skiednis en literatuer’.Ga naar voetnoot440 De beide dagen mei gearkomsten en feestjûnen yn Ljouwert hienen al mear fan in echt Kongres. Brolsma syn bydrage oan Sljucht en Rjucht hannele oer ‘Sagelterlân’. Om't Brolsma dêr nea west hie, gie syn stik oer oantinkens oan syn heite buro, dêr't er ea in âld boek oer Sealterlân yn fûn hie. It boek is ‘dy joune mei folle bilangstelling trochgnúvd, alle wirden neisneupt en sizwizen, dy lyk ef hast lyk wiernen oan 'e Fryske. En der waerd (for in diel omdoch) prebearre om ús begryp by to bringen, det der ienris west hie: in Great Fryslân, fen de Skelde oant fier it Noarden yn. Omdôch, it bleau, alteast foar my, in mystearje, ho dêr, fierwei ek deselde tael spritsen waerd as by uzes.’Ga naar voetnoot441 Neffens it ferslach fan it Kongres, útbrocht yn 1928, hearde Brolsma ta de dielnimmers. Syn namme stiet tusken in rige oare, meast Fryske, pommeranten as Folkertsma, Kloosterman, Sybesma en Winkelman. Spitigernôch is net bekend oft er lêzingen yn 'e Steateseal fan it Provinsjehûs bywenne hat en hokker dan en wat er der fan fûn. Wie er by de lêzing fan Douwe Kalma, ‘Besieljende krêften yn 'e West-Fryske Letterkinde’, dan hie er syn namme neamen heard, as ien fan 'e skriuwers dy't ‘bisieling’ út 'e sosjale striid krigen. Neffens Kalma wienen dêr mar in bytsje fan yn Fryslân. ‘Wol is hja ynlik gearweve mei it maetskiplik libben (b.g. de Rimen | |
[pagina 174]
| |
en Teltsjes en tsjintwirdich Brolsma).’ En as beskriuwer fan 'e ‘jonkheit as oantinken’ neamde Kalma Brolsma ek.Ga naar voetnoot442 Men mei oannimme dat Brolsma mei syn frou yn alle gefallen ien of beide feestjûnen meimakke hat. Mei yngong fan 1928 waard Van der Tol wer allinnich ferantwurdlik foar de ynhâld fan Sljucht en Rjucht. Ut syn redaksjoneel ‘Foroaring’ wurdt men net rjocht wiis wêrom't dat sa gie. Mooglik wie it blêd mei Kalma en Schurer de lêzers wat te elitêr wurden en wie dat de reden dat de útjouwer tefolle opsizzingen krige? Van der Tol neamt teminsten dat Sljucht en Rjucht in ‘populair blêd wêze wol, in folksblêd’ dat ‘net forlern gean’ mei. | |
Nije tydskriftenYn 1926 stûke it mei de útjefte fan Frisia, mar der kaam wol in nij blêd út: De Holder. De fûnk foar it blêd wie ûntstien yn Utert, yn in Frysk-literêre rûnte fan studinten dy't feedokter wurde woenen. De studinten wienen fan miening dat der yn Fryslân ferlet wie fan in algemien Frysk tydskrift, dat net bûn wie oan 'e iene of oare foarm fan religy en ûnôfhinklik fan hokker bewegingsrjochting dan ek. Werom yn Fryslân wie it foaral R.P. Sybesma, dy't it plan foar in tydskrift trochsette. Hy wie troch syn Jong-fryske ferline goed bekend mei Fryske rûnten. As syn mei-redakteur waard Jelle Brouwer oansocht. It soe miskien net folle fierder kommen wêzen, as printer Kamminga fan Dokkum net yn it plan behelle wie, dy't fjouwer jier lang stean soe foar in grut part fan 'e kosten. Ek troch syn meiwurking koe it blêd - foar dy tiid - tige moai en opfallend fersoarge wurde. It meast bysûndere fan it blêd en eins wol wat in sensaasje, wie dat Kalma der alhiel bûten hâlden waard. De redaksje woe him der net by ha.Ga naar voetnoot443 De ynhâld fan it blêd wie minder opfallend as de | |
[pagina 175]
| |
útris, al hie de redaksje wol de opset om wat nijs te bringen en stelde dy him op as de avant-garde fan 'e Fryske literatuer. Al yn it earste nûmer waard in ferfolchstik fan Brolsma oankundige. Doe't Sybesma it ferhaal ûnder eagen krige, skreau er oan Brouwer dat it earste part ‘yn oarder wie’, mar dat de útwurking ‘min’ wie. Brouwer moast marris mei him prate - en dy hat dat nei alle gedachten ek dien -, De Holder woe dochs de Fryske literatuer ‘omheech bringe’.Ga naar voetnoot444 Foar himsels wie de redaksje dus net opteinoer de bydrage fan Brolsma, mar sûnder mis wie de skriuwer nedich om lêzers foar it blêd te finen. Yn ferliking mei de oare tydskriften, hat Brolsma mar in lytse bydrage oan De Holder levere. Yn 1926 in ferhaal en yn 1927 noch ien.Ga naar voetnoot445 De reden sil west ha, dat oare proazaïsten as Sybesma en S.D. de Jong ek plak ha moasten, mar sûnder mis wie der ek wat ûngemakliks yn 'e ferhâldingen kommen. Brolsma syn wurk wie net wat de Holder-redaksje ‘modern’ fûn. Boppedat wie er in Kalma-man. It is opfallend dat it dochs wer Kalma wie, dy't fan Brolsma yn 1927 (foar it ta nij libben kommen Frisia) ien fan syn nijsgjirrichste bydragen krige, it tige persoanlike ‘Hy’. Dat hie yn 'e nei modernisearring stribjende Holder net misstien. Yn 1929 (de lêste jiergong) naam de redaksje in tige krityske boekskôging oer Brolsma fan Theun de Vries op. Brolsma wie neffens him ‘yn in stadium fan bihaechlike middelmjitte’ kommen. ‘Min scoe nou einlings ris habbe wolle, dat er in novelle skreau dy't einen útstike boppe al hwet er oant nou ta skreau - ef ien dy't sa gloeijende min wier dat min ris flink lilk wirde koe op sa'n skriuwer. Né, Brolsma bliuwt gelyk, gelyk, gelyk.’ It probleem wie neffens De Vries, dat Brolsma | |
[pagina 176]
| |
tefreden wie mei wat er koe en tefolle ‘haest’ hie. Yn syn wurk soe temin ‘bisinning’ wêze, gjin ‘folsleinens fen ynsjuch, dy't de wirden swier makket fen ripens en foldragenens dêr't min yen net sêd oan sjên (lêze) kin.’ Neffens De Vries stie Brolsma foar de kar om ‘brede epyske forhalen’ à la Hamsun te skriuwen of him ta de ‘utmost short story’ fan in man as O'Henry te beheinen.Ga naar voetnoot446 It besprek wie fansels posityf kritysk bedoeld (en liket noch it meast op in pleit foar de boeken dy't Theun de Vries sels skriuwe soe), mar Brolsma wie dochs nidich. Yn in ynstjoerd stik sei er oer syn ‘kwantum litt-wirk’ dat er yn 1929 yn 'e Fryske periodiken noch mar fjouwer lytse en ien langere skets hân hie. ‘Dat is noch sa mâl net dos. (...) My tinkt sa - der binne wol dreger knapen ûnder de meidoggers - nammen dy men wike oan wike sjucht.’Ga naar voetnoot447 In hiel oar nij blêd wie Fen Fryske Groun, in Hollânsktalich famyl-jeblêd. Yn it earste nûmer fan 16 april 1926 waarden foto's en ‘boeiende en onderhoudende lectuur’ tasein. Meastentiids hie it wykblêd ien Fryske side, dy't fan 1928 ôf troch Brolsma levere waard.Ga naar voetnoot448 It wienen meast koarte sketsen, in inkele kear wie it in wat mear sjoernalistyk stik, bygelyks oer in feestjûn foar de nij beneamde lektor Piter Sipma of by de dea fan Troelstra.Ga naar voetnoot449 Yn 1932 begûn in reisferslach fan Brolsma en Jan Siebolt Bijlsma ‘Mei it piremint | |
[pagina 177]
| |
op stap troch Fryslân’, nijsgjirrige yndrukken fan plakken yn Fryslân. Yn 1933 makken beide mannen in ferlykbere reportaazje as boerkes ferklaaid op 'e fyts nei Amsterdam. De bedoeling hat west om tegearre ek in reis nei Dútslân te ûndernimmen, nei ‘det stikje lân Saterlân dêr't se ek Frysk prate’. Dy reis gie net troch om't it dêr doe al polityk ‘frij hwet kritysk’ wie.Ga naar voetnoot450 Yn 'e jierren 1936 oant 1938 hie Brolsma in rubryk yn it blêd yn 'e foarm fan in briefwiksel tusken ‘Klaes Groedepriker'en 'Tsjalke Wrotter’. Mei't de Geïllustreerde Pers it blêd oernommen hie, wie oars it Fryske elemint al aardich ferdwûn. Fen Fryske Groun hie in skoft lang in grutte lêzersrûnte. De eigener (Leeuwarder Papierwarenfabriek Landstra en Deibel) doarst neffens Brolsma ‘mear as alle Fryske útjowers mei-inoar. Sy jagen mei in auto de provinsje troch en hja stjûrden hjar manljue de boer op.’Ga naar voetnoot451 Brolsma liet syn stikjes foar it blêd neisjen troch M.K. Scholten.Ga naar voetnoot452 De setters hienen lykwols net folle doel oer it Frysk en de measte bydragen sieten fol mei de frjemdste flaters. | |
Simke KloostermanSa't út 'e oanhelle besprekken fan It Heechôf wol bliken dien hat, wie de krityk op Brolsma syn wurk net altyd tige mijen. It wienen faak reaksjes, dy't de klam leinen op syn lekken en brekken en mar komselden wie de krityk folslein posityf. Sûnder mis hat Brolsma mar in bytsje wille oan 'e besprekken belibbe en sil er him treastge ha mei de wittenskip dat de lêzers syn wurk wol wurdearren. Gie it om mear algemiene besprekken fan 'e Fryske literatuer, dan waard Brolsma suver altyd mei eare neamd. Theun de Vries neamde it | |
[pagina 178]
| |
lêzen fan syn wurk, nei oanlieding fan in útstalling by it Selskip ‘Fryslân’ yn Leien: ‘een genot, een zuiver kunstgenot, om zijn scherpe, caricaturale werkwijze te volgen; zijn dialogen zijn meesterlijk en vol van de edelste humor. Als scheppend auteur neemt hij ongetwijfeld de eerste plaats in de jongere literatuur in.’Ga naar voetnoot453 Utsein syn brief nei De Holder oer dat er wier net safolle skreau as Theun de Vries miende, is mar ien oare reaksje fan Brolsma op krityk fan in besprekker bekend. Van der Tol fûn, nei oanlieding fan It forgift, dat Brolsma ‘ien fak ek to folle en to faek biljochtsje en trochljochtsje’Ga naar voetnoot454 koe. Dat him dat rekke, die wol bliken doe't er yn it ferhaal ‘Drystens’, oer in amtner dy't frij-ôf nimt om syn hûs te fervjen, skreau: No slagge wy in eintsje oer, der scoe oars neat yn stean as de skiednis fen de tarissing en de lytse dingen fen de technyk [fan it fervjen], for nimmen fen bilang. Net mear oer ‘'t fak’ skriuwe hat ien fen ús foaroanmannen alris sein, dus des to minder oer de technyk.Ga naar voetnoot455 Sûnt dat besprek hat Brolsma eins nea wer oer fervers of it ferverfak skreaun.Ga naar voetnoot456 Hiel oars waard Simke Kloosterman besprutsen. Doe't yn 1921 De Hoara's fen Hastings útkaam, waard it boek bejubele as de earste Fryske moderne roman. Har lyryske styl en wiidweidige beskriuwingen waarden wurdearre as echt literêr. Ek de skriuwster waard as persoan heechset. Net allinnich Kalma, mar ek in man as Jan Jelles Hof, wie tige ûnder de yndruk fan har aristokratyske ferskining. Kloosterman joech har boeken sels út en koe op dy wize stjoer hâlde oer de foarmjouwing en ek har eigen stavering brûke. Har twadde grutte roman, It jubeljier, kaam yn itselde jier út as It Heechhôf. Gjin wûnder dat beide boeken en skriuwers meiïnoar fergelike waarden. Ien fan 'e besprekkers wie S.D. de Jong. Neffens him koe Kloosterman hielendal net mei Brolsma fergelike wurde. Brolsma hie in gruttere ‘objektiviteit’ as Kloosterman en hy hie ek | |
[pagina 179]
| |
in gruttere ‘krektens’ as it gie om 'e detailtekening. Mar Kloosterman wûn it fan him troch har ‘djipte fen fieling, in gedegenheit en tagelyk in hertstocht, dêr't Brolsma fier ûnder bliuwt, en binammen in tsjoen fen tael en in originaliteit fen fisy, dêr't nimmen yn Fryslân hjar yn binei komt.’Ga naar voetnoot457 J.M. van der Goot tocht dêr wat oars oer. Hy fûn dat Brolsma ‘ús mei inkelde sobere fine streken de dingen teikenet’ en dat Kloosterman har ‘biskriuwings in oerstjelpende wielde fen klank en tael [hawwe], en howol altiten masterlik, sims hast to wiidweidich, sedet it yen ûnfordildich makket om de trie fen it forhael wer op to nimmen en nije aksje to sjen.’Ga naar voetnoot458 Yn in besprek fan It jubeljier fernuvere E.B. Folkertsma him deroer hoe't de besprekkers har oer Brolsma en Kloosterman útsprieken. Hja doare fen Brolsma wol krekt sizze, hwet hja tinke, hwent net wier? dat is mar in lyts mantsje, dy gjinien hwet leare kin. Mar as hja oer Simke Kloosterman to wird moatte, dy't it bûte de hiele Fryske biweging wol stelle kin, den wirde hja ynienen tige mijen en moai en sizze oars as det hja tinke. Neffens E.B. Folkertsma wie it ferskil tusken beide, dat Brolsma it ‘folkslibben’ objektivearre, wylst Kloosterman it ‘subjektivearret’.Ga naar voetnoot459 Persoanlik hawwe de beide skriuwers net folle gedoente meiïnoar hân. Yn it jongfryske fermidden sil Brolsma de skriuwster wol geregeld troffen ha. Nei't se yn 1932 fan Den Haach nei Ljouwert ferfoer is bekend dat er ien kear by har yn 'e Ibisstrjitte op besite west hat. Hy hie lykwols net folle mei har te bepraten en der kaam gjin ferfolch. Kloosterman wie ek net botte entûsjast oer Brolsma syn wurk. Se fûn it ‘allegear skets’, skreau se oan Kalma, ‘en der bliûwt it by en yn al syn wirk altyd alweroan dy fiif fêste typen. Ik woe wol, det der ris hwet oars kaem, it bigjint sa to ferfélen.’ Mooglik wie se mear as in bytsje oergeunstich op syn sukses. ‘It boek scil nou wol útforkoft wêze, tink ik,’ frege se Kalma, ‘tominsten ik hearde, hy skreau al wer in nij. Ho great wie dizze oplaech?’Ga naar voetnoot460 | |
[pagina 180]
| |
Brolsma hie wol bewûndering foar Simke Kloosterman. Neffens him wie It Jubeljier ‘met zijn schat van levendige tooneelen uit den patriottentijd’ tige geskikt om in film fan te meitsjen. ‘De afvaart van Skilkampen, de theekoepels in de sinds lang verdwenen tuinen aan de grachtswallen, en zoo voorts... zou dat “het niet doen”.’ Om't frou Kloosterman de útjeften fan har boeken dochs sels betelle, miende Brolsma dat se de ferfilming ek wol finansierje koe.Ga naar voetnoot461 Hy wie ek fol lof oer har Twilljocht-teltsjes. ‘Hja binne moai mar dat fen de skyldpodde Has[s]an het hwet hiel bisunders oer him, sa yn 'e trant fen Oscar Wilde syn sprookjes for greate minsken, Se scille der wol nea moaijer skrieun wurde yn it Frysk ornearje ik.’Ga naar voetnoot462 | |
Kalma en de MienskipDe Jongfryske Mienskip wie stadich ôftakke ta in lytse klub, neist alle oare selskippen en bewegingsrûnten. De Mienskip, dy't sûnt 1927 offisjeel Mienskip for Fryske Folksûntjowing hiet, telde begjin 1931 noch 139 leden. Brolsma wie dêr ien fan. Twa kriten wienen noch aktyf, ien yn Ljouwert en in oaren op 'e Knipe. Yn 1929 wie it Mienskipsblêd De Nije Mienskip (dêr't Brolsma syn ‘Mame en de greate boer’ yn publisearre hie) der mei ophâlden. Nijs oer de Mienskip wie fan septimber 1929 ôf yn It Heitelân te finen; leden fan 'e Mienskip hienen kollektyf in abonnemint nommen. Earder hienen de leden fan it Frysk Selskip in kollektyf abonnemint op It Heitelân, mar dat wie yn 1926 opsein om de hege kosten foar de leden. Utjouwer Brandenburgh hie doe twongen west om it wykblêd om te setten yn in moanneblêd. Kalma, dy't ûnderwilens Ingelsk studearre yn Grins, wie noch altyd de wichtichste man yn 'e Mienskip. Dat bleau ynearsten ek sa nei't er yn 'e hjerst fan 1931 learaar waard yn Eindhoven. Dat jier ûntstie it plan om de aktiviteiten fan 'e Mienskip (ûnderrjocht, leargongen en kampen) de foarm te jaan fan in Folkshegeskoalle. | |
[pagina 181]
| |
Doel wie ‘de foartsterking fen de Fryske folksûntjowing (...) troch it hâlden fen leargongen, it jaen fen ûnderrjucht, it organisearjen fen kampen en oare dêroan bisibbe wirksumheden.’ De Folkshegeskoalle soe bestean út in ‘rige arbeidzjende leden, dy't meiïnoar it Wirkforbân (...) foarmje, en út stypjende leden.’Ga naar voetnoot463 Grut wie it entûsjasme foar dit Mienskipsinisjatyf net. Nei it Mienskipsbeslút fan septimber 1931 waard net earder as op 5 maart 1932 in earste gearkomste hâlden mei aktive leden. Dat wienen op dat stuit 22 en Brolsma wie ien fan harren.Ga naar voetnoot464 Oft er wier in soad wurk foar de Folkskhegeskoalle dien hat is de fraach. Yn 'e simmer fan 1932 organisearre de Folkshegeskoalle in tal aktiviteiten (dêr't Brolsma net by belutsen wie), mar dêrnei waard der net folle mear fan fernommen. Yn in bestjoersgearkomste fan 'e Mienskip fan novimber waard al foarsteld ‘om de âlde tastân wer yn to fieren.’ Op dat stuit, novimber 1932, ferkearde de Mienskip yn in djippe krisis. Jan Melles van der Goot en noch wat oare, meast jonge leden, kamen yn opstân tsjin Douwe Kalma syn lieding. Nei in pear moannen fan strideraasje joech Kalma syn foarsitterskip oer. Hy bleau oars wol lid. Mei't Kalma net mear foaroan stie yn 'e Mienskip, liet Brolsma syn lidmaatskip ferrinne. Doe 't Kalma yn 1933 in nije organisaasje begûn, it ‘striidboun’ Frysk Front, waard Brolsma dêr wol yn behelle. Foar it blêd fan it Frysk Front, Us striid, levere er in pear kear in ferhaal.Ga naar voetnoot465 Yn 1935 gie de Mienskip lang om let op yn it Frysk Selskip as de krite Huzum. Nei tweintich jier wie dêrmei de roi fan 'e Mienskip yn 'e Fryske beweging wêzentlik útspile. | |
[pagina 182]
| |
PublikaasjesUtsein yn 'e kristlike tydskriften en publikaasjes fan it Frysk Selskip, kaam men it wurk fan Brolsma oeral tsjin: Sljucht & Rjucht, It Heitelân, De Holder, De Nije Mienskip, Leeuwarder Courant, Leeuwarder Nieuwsblad, Frisia. Doe't yn 1931 it Volksblad van Friesland út ein sette, levere Brolsma sa út en troch ek in ferhaal oan dy sosjalistyske krante.Ga naar voetnoot466 Brolsma hie wol besocht om yn it blêd fan it Frysk Selskip, Fryslân, te publisearjen, mar de redakteur, O.H. Sytstra, woe syn wurk net opnimme. In reden fear dy wegering is net bekend.Ga naar voetnoot467 Dochs mindere Brolsma syn kreative, literêre produksje. Sa wie 1929, it jier dat Theun de Vries skreau dat Brolsma tefolle wurk levere, al (sa't Brolsma yn syn reaksje sein hie) in ‘rêstich’ jier. Seis swalkersferhalen foar de Leeuwarder Courant, twa krystferhalen foar Sljucht & Rjucht en It Heitelân en foar dy blêden elk ek noch in gewoan ferfolchstik. Frisia krige ek nochris twa stikken. It bewiist dat, bûten de ‘Gesprekken op de brug’ en de stikjes foar Fen Fryske Groun, de measte tydskriften it, oars as earder yn 'e tweintiger jierren, folle faker sûnder in bydrage fan him dwaan moasten. It iennige blêd dat altyd op wurk fan him rekkenje koe, wie Frisia. Sûnder mis hie dat te krijen mei it feit dat er oan 'e stikken yn Frisia behoarlik fertsjinne en dat er by ferfolchstikken rekkenje koe op útjefte yn boekfoarm. De ferhâlding tusken Brolsma en De Fryske Bibleteek wie tige saaklik. ‘For 1933 wolle wy fen Jo graech in forfolchstik for Frisia hawwe,’ skreau Kalma oan Brolsma, as gie it om in bestelling. ‘Lingte jerne ± 75 siden, sadet it altyd 10 forfolgen yn Frisia útmeitsje scil. Jo kinne it den sels fierders wol roaije.’Ga naar voetnoot468 It Heechhôf hie Brolsma yn opdracht fan De Fryske Bibleteek skreaun. Foar syn twadde roman, De Skarlún, waard in oare regeling fûn. Earst stie it ferhaal as ferfolchstik yn Frisia. As honorarium betelle de Bibleteek ƒ100,- oan Brolsma. De helte fan dat bedrach | |
[pagina 183]
| |
betelle útjouwer Brandenburgh, dy't dêrmei it rjocht krige om it ferhaal as boek út te jaan. Krektsa gie dat mei Neisimmer, Brolsma syn tredde roman. It ferhaal stie yn 1930 yn Frisia en ferskynde as boek yn 1931. Brolsma fertsjinne mei dat ferhaal ƒ200,-, Brandenburgh betelle der wer de helte fan. Dat sawol De Fryske Bibleteek as Brandenburgh meibetellen oan it honorarium fan Brolsma en it auteursrjocht nei de Bibleteek gie, wie net sûnder konsekwinsjes. Yn 1928 rekke de earste printinge fan It Heechhôf útferkocht en Brandenburgh woe ta op in werprintinge. Om't de Bibleteek de rjochten fan it boek hie, moast der oer akkoarte wurde. By einsluten betelle de Bibleteek Brolsma in honorarium en joech Brandenburgh
Uilke, Janke en Liuwe, ± 1932.
ƒ50,- oan 'e Bibleteek as ‘ljeafdestoarting’.Ga naar voetnoot469 Brolsma fertsjinne mear as oare skriuwers. Sa krige R.P. Sybesma foar It Anker, in ferhalebondel dy't 38 siden tsjokker wie as Neisimmer, mar ƒ50,-. Foar ferhalen yn Frisia krige Brolsma ƒ2,- de side, wylst Simke Kloosterman it dwaan moast foar ƒ0,60. Dat ferskil yn fertsjinst kaam ek te praat by in ledegearkomste fan 'e Bibleteek. De measte oanwêzigen woenen it mar sa hâlde om't men ‘it oannimmen fen syn wirk for it hâlden fen in great lêzers- en ledetal sa winsklik [fûn] det dit in hegere priis wirch is, al mei soks teoretysk net yn oarder wêze.’Ga naar voetnoot470 Nei alle gedachten frege Brolsma ek by oare blêden mear honorarium as oare skriuwers. ‘Der wienen skriuwers genôch dy't graech foar in sint de rigel it hiele nûmer fan it begjin oan 'e ein folskreaun hiene,’ skreau Liuwe Brolsma, ‘wylst ús heit it grousume bidrach fan in botsen of - skrik net - trije sinten frege.’Ga naar voetnoot471 De Skarlún en Neisimmer ferkochten minder as ferwachte wie en | |
[pagina 184]
| |
dêrom gie de regeling tusken Brolsma en De Fryske Bibleteek ynearsten net fierder. Langere ferfolchstikken yn Frisia as ‘Greate Bern’, ‘Nei de ein’ en ‘Groun en Minsken’ waarden net mear automatysk as boek útjûn. Ek los fan 'e Bibleteek die Brolsma saken mei útjouwers. Yn 1927 wienen in tal fan syn ferhalen bondele yn Spegels. Dat boek wie it earste yn 'e Blauwe Rige fan 'e F(riese) P(ropaganda) C(ommissie) fan 'e ‘blauwe nv’, de Nederlandse Vereniging tot afschaffing van alcoholhoudende dranken. Trije redakteuren (M. Braaksma, S. Cuperus en Sj. de Zee) hienen koartere stikken fan Brolsma útsocht, meast út 'e Leeuwarder Courant. Ien ferhaal, ‘Fiskje’, wie nij en dêr hie Brolsma in lichte drankbestridersynhâld oan jûn. De leden fan 'e ôfdielingen wienen wat ferbjustere oer de kar foar Brolsma. Se hienen earder rekkene op in útjefte fan wurk fan ien as J.P. Wiersma. M.K. Scholten koe dy fernuvering wol ferklearje: ‘Hja easkje minsken biskreaun to sjen dy't in ideael ha en dy jowt Brolsma net.’Ga naar voetnoot472 Eisma, de útjouwer fan Sljucht & Rjucht, makke fan ‘De boer en de arbeider op Ekema’, dat yn 1927 as ferfolchstik yn syn blêd stien hie, in apart boek. Eisma brûkte foar de útjefte yn boekfoarm it tydskriftsetsel. Yn 1931 sette Brolsma yn It Heitelân út ein mei in ferfolch op ‘Fen it Hegelân’. Dat twadde diel neamde er ‘Salmsteich’, it tredde ‘De Bouwers’. Brandenburgh joech de parten fan 'e trilogy earst apart út en yn 1934 yn ien bân as Sate Humalda. It boek sit fol flaters, foaral wat nammen oanbelanget en de ferdieling fan 'e haadstikken. Kalma hie der dúdlikerwize net oer gear west. Yn Fen it Hegelân wie by fersin ek noch in part fan in oar ferhaal fan Brolsma meiprinte. Doe't soks ûntdutsen waard, binne de fjouwer siden út (de measten fan) de boeken snijd en is in tal siden op 'e nij printe.Ga naar voetnoot473 | |
[pagina 185]
| |
Yn 1931 begûn de Mienskip mei de ‘Fryske Rige’, behindige boekjes, bedoeld om de leden fan 'e Mienskip wat mear by de saak te beheljen. Mar nei in pear nûmers slagge it net mear om ‘fraechstikken to bisprekken en bydragen to bieden dy't for hiel Fryslân fen bilang binne’Ga naar voetnoot474 en om dy reden waard mei proaza út ein set. Trije kear ferskynde wurk fan Brolsma yn 'e rige.Ga naar voetnoot475 As earste waard ‘De reis nei it âlde doarp’ werprinte, om't dat ferhaal noch tige populêr wie. De Mienskipskrite fan De Knipe hie alris frege om it ferhaal sels werprintsje te meien.Ga naar voetnoot476 De oare twa útjeften wienen Striid en oare ferhalen (1935) en Trije Novellen (1934). Beide, och sa ienfâldich útjûne boekjes wienen moaie foarbylden fan griemmank. Earnst en fleur fûn men neistinoar. De útjeften waarden aardich ferkocht en wienen foar de measte minsken better te beteljen as de djoere boeken fan De Fryske Bibleteek. De betinker fan 'e rige, Douwe Kalma, wie fan miening dat it wurk fan Brolsma ek folkslektuer ‘heart it to wêzen’ en dat it as sadanich brûkt wurde koe.Ga naar voetnoot477 Foar in rige mei ‘lytse folksskriften’ dy't ûnder de namme ‘De Fryske Librije’ ferskynde, waard Brolsma troch de redakteur, Dr. G.A. Wumkes, frege om ‘Ypeus’. Brolsma fûn dat ferhaal oer in keunstner lykwols net geskikt. ‘Party scille der neat oan fine haw ik noed.’ Brolsma stie der op oan ‘Fen it Hegelân’ te nimmen, dat ‘mear fen it boere- en arbeidslibben’ wie. Nei alle gedachten fûn Wumkes dat ferhaal wer net geskikt om't de ynhâld te ‘read’ wie, of sa't Brolsma it neamde de lju har ‘konsiensje to nei kommend.’Ga naar voetnoot478 It waard ‘De reamme fen it libben’, dat as nûmer trije yn 'e rige ferskynde. | |
[pagina 186]
| |
PopulariteitOm 1930 hinne wie Brolsma fierhinne de bekendste Fryske skriuwer. Syn iennige konkurrint wie Simke Kloosterman, dy't troch de krityk faak mear wurdearre waard, mar in beheinder lêzerspublyk hie. Se publisearre folle minder as Brolsma. Troch syn populariteit waard Brolsma nochal ris frege om foar te lêzen op literêre gearkomsten. ‘Ik gean - howol net faek, wolris to lêzen. Dit opfetsjende sa it der stiet. Lêze en net lyk as bygelyks Schuit de ûnderskiedene karakters sterk typearje ef hwet hwer oaren neame, deklamearje. Ek âl, omdet de meast, hwet sobere humor fen myn wirk der net geskikt for is. For dit doel haw ik copy yn hânskrift dos for de harkers nij en in inkeld stikje fen earder tiden.’Ga naar voetnoot479 Sa wie er yn desimber 1929 by de krite Ljouwert fan 'e Jongfryske Mienskip. Neffens it ferslach yn It Heitelân waarden de oanwêzigen net ‘sêd fan harkjen’. Under it lêzen fen de Fryske skriuwer, waerden de dingen om ús hinne wei; foar ús eagen seagen wy typen libjen en biwegen, en wy hearden se praten. Sims moasten wy laitsje om de golle humor, den ek wer waerden wy stil fen it fine, teare libben det derút spriek. It hat allegear moai west.Ga naar voetnoot480 In goed moanne letter, op 5 febrewaris 1930 wie Brolsma by de Mienskipskrite ‘For Frysker Fryslân’ op 'e Knipe. Brolsma lies in tal sketsen en in grut part fan in toanielskets. Der wie in moai keppeltsje minsken opkommen en neffens it ferslach hie it har ‘skoan foldien’. Troch it foarlêzen ‘wirde syn sketsen noch libbener en echter as se oars al binne en men wirdt yen der den forgoed fen biwust ho'n skerp en selsum suver byld hja jowe fen it Fryske libben.’Ga naar voetnoot481 | |
[pagina 187]
| |
Hiel oars wie de reaksje yn Arnhim. Dêr wie Brolsma yn april 1930, by it Frysk Selskip ‘Dr. E. Halbertsma’. Hy lies sketsen foar en fragminten fan in ‘blijspil’Ga naar voetnoot482. Neffens de skriuwer fan it selskip, J. de Weert, wie de ynhâld ‘hiel goed, mar neffens myn ynsjen mist de hear Brolsma de juste toan om oaren fiele to litten, hwet er yn
Stiens 1928, fan lofst nei rjochts: Reinder, Wietske, Jolke, Wieb en Arjen-Roelof.
syn sketsen sizze wol. Skriuwen en foardragen binne twa, dy't in hiel ein útelkoar rinne. Det hat dizze joun ús dúdlik sein.’ Sljucht & Rjucht hie dat ferslach tastjoerd krigen en wie sa freonlik Brolsma daliks om kommentaar te freegjen. Ut syn reaksje docht dúdlik bliken, dat er frijwat rekke wie troch de krityk. Alhoewol't er net ‘toarne’ woe oan wat J. de Weert fan syn ‘wize fen werjaen’ fûn, skreau Brolsma: Noch al [wol ik] efkes oanstippe it spontane wird fen tank en erkenning útspritsen troch de hear Brink dyselde jouns en fen de toaniellie- | |
[pagina 188]
| |
der yn petear mei him oer detselde wirk. Myn eigen miening is sjesa: det allinne de skriuwer de eigen fieling fen syn figuren goed byldzje kin en dêrby de uterste soberheit hat to bitrachtsjen. Sels troch de hope op mear sukses, mei hy him net fen 'e wize bringe litte en meitsje fen wezentlik libbene minsken bombastyske karikaturen. Sa tink ik der oer.Ga naar voetnoot483 Yn Wâldsein wienen de reaksjes ek negatyf oer in optreden fan Brolsma. ‘Brolsma rin ik heech mei as skriuwer en sels kin ik net sa moai foarlêze, mar ik leau det ik it dochs noch wol sa moai kin as Brolsma.’Ga naar voetnoot484 Yn desimber 1930 hâlde Brolsma in lêzing foar it Instituut voor Arbeidsontwikkeling fan 'e sdap yn Ljouwert. Dy lêzing gie fierder as it foarlêzen fan in tal sketsen. Brolsma woe ‘as arbeider for arbeiders’ in oersjoch jaan fan Fryske ‘folksliteratuur’, dy't fan ynfloed west hie op syn eigen ûntjouwing. Brolsma neamde himsels in ‘sprekker, dy't noch gelearde, noch retoryske jeften besit, mar dy't der wol nei stribbet om alteast syn minsken en bylden sa deun as 't kin, njonken de libbenen to hâlden.’ Hy fertelde op in tige persoanlike wize oer hoe't er ta Frysk lêzen kommen wie. Hy priizge benammen ‘sa'n Gösta Berling knaap’, ‘jimme witte wol, sa'n skoalmaster, heal gelearde en heal pauper, fyn fen geast en dochs ek ré om by elk noflik selskip oan to skikken.’ Brolsma doelde op S.K. Feitsma, ‘dizze greate fen geast’, dy't troch Fryslân beleanne waard ‘mei 8 goune wyks en in krûpyntsje op 'e Potmargewâl. Hja achten dat genoch for immen dy wolris dronken west hie en dy't jouns de gearkomsten fen it Heilsleger forkwikte mei syn fioele.’ Brolsma fertelde ek oer syn eigen wurk en oer hoe't er him al jong ôffrege hie, wêrom't er ‘gewoane Fryske boudoarpslibben’ nea yn 'e ‘boekjes noch tydskriften beskreaun foun nei de wierheit.’ Dat hie hy yn syn wurk wol dwaan wollen.Ga naar voetnoot485 De lêzing foldie goed. Jac. Mes, siktaris fan 'e Ljouwerter ôfdie- | |
[pagina 189]
| |
ling fan 'e Nederlandse Schildersgezellenbond, hie it oer in ‘groot succes’. It hie de reden west om Brolsma (‘lid onzer afdeling’), te freegjen om ek foar syn kollega's op te treden. Ek dat gie goed. Ien fan 'e ‘gezellen’ frege op in lettere gearkomste oan it bestjoer om nochris sa'n ‘gezellige avond’ te hâlden.Ga naar voetnoot486 Yn april 1932 bestie de Ljouwerter ôfdieling fan 'e ‘Schildersgezellen’ fjirtich jier. De tiden wienen min, mar dochs waard in feestjûn hâlden yn 'e boppeseal fan kafee De Groene Weide. Brolsma wie frege om syn stik ‘Under 't skaed fen justysje’ op te fieren mei in tal leden fan 'e ôfdieling. It stik, dat ‘geheel in ons milieu [speelt]’ waard troch Brolsma mei de oare fervers by him thús taret. It stik foel ‘zeer in den smaak.’Ga naar voetnoot487 As lêste foarbyld fan Brolsma syn drokten as populêre skriuwer kin noch neamd wurde in lêzing foar it Boun for Steatspinsjoen yn Tersoal, earne yn 'e tritiger jierren.Ga naar voetnoot488 Yn Wâldsein fertsjinne Brolsma ƒ10,- mei syn optreden. Yn 1929 frege er de Fryske krite Utert ‘frij út en thús beneffens ƒ15,-. Men fersommet al licht in dei n't wier?’Ga naar voetnoot489 In oar effekt fan syn populariteit as skriuwer wie, dat der ek lêzingen oer syn wurk hâlden waarden. J.H. Brouwer gie der bytiden op út om oer Brolsma te sprekken, lykas Sjoerd Rusticus en Sjoerd Sipma. | |
BewûnderersBrolsma wie net in man, dy't him in soad yn literêre of bewegingsrûnten joech. Sok selskip socht er allinnich as er earne by belutsen waard of foar syn belangen opkomme woe. Hy wie net in prater en | |
[pagina 190]
| |
nei alle gedachten frij bleu. Ek yn 'e rûnte fan syn famylje utere er him net bot. Mei syn soan Liuwe beprate er wol mear en mear syn literêre saken. Kontakten mei redakteuren of oare skriuwers bleauwen saaklik en de measten hâlde er bûten syn priveelibben. In man as Douwe Kalma, dêr't Brolsma de jierren troch literêr in soad oan hie, bleau kunde, al kaam er in kear te sjoelen. Mooglik dat er him by âld-fervers as Andrys van der Sloot of Jarich Walta better thús fielde, mar ek mei har bleau it by sporadyske kontakten. Bekend is, dat er wolris by de toanielskriuwer Y.C. Schuitmaker op besite gie yn dy syn fakânsjehûs yn Grou. Dy seach Brolsma as in ‘keunstbroeder’ en dat wie in rol, dy't Brolsma min paste. In inkele kear kaam der wolris besite by de Brolsma's. Wie dat foar it wurk, dan gie Brolsma mei syn gast nei syn wurkkeamer. Neffens M.K. Scholten wie Brolsma syn frou net gesteld op besite fan literêre kunde fan har man.Ga naar voetnoot490 Hie er dan gjin echte freonen, bewûnderers hie er wol. Notaris Dirk de Vries, de man by wa't Brolsma yn 1920 alris útfanhûs west hie yn Nimwegen, wie ien fan har. Hy noege Brolsma yn 'e simmer fan 1930 út om in snein mei te silen. ‘Wolle Jy frou en/of bern meinimme, dan is der neat gjin biswier tsjin, al kin ik dy net.’Ga naar voetnoot491 In oare bewûnderer wie in toskedokter út Oegstgeest, A.D. Bouma,Ga naar voetnoot492 in Fries om utens. Dy hâlde meast fakânsje mei syn gesin op Teksel en kaam in pear kear by de Brolsma's del. Doe't Brolsma yn 'e tritiger jierren meidie oan 'e fakânsjekursus fan 'e Underwiisrie kaam er yn 'e kunde mei in oare Fries om utens, Nanno Swierstra. Dy wie learaar, mei niget oan skiednis. Hy publisearre oer skiedkundige ûnderwerpen yn it Leidsch Dagblad en hy skreau sels ek wolris in fers.Ga naar voetnoot493 Hy noege Brolsma út om ris nei Leien te kommen | |
[pagina 191]
| |
en dat hat Brolsma yn 'e simmer fan 1935 ek werklik dien. Syn frou bleau by dy gelegenheid thús.Ga naar voetnoot494 Swierstra en Bouma koenen inoar en Brolsma belibbe ‘een prachtige week van zwalken door de provincie Zuid- Holland.’Ga naar voetnoot495 It stikmannich kearen dat de Bouma's yn Ljouwert op besite kamen, namen se de Brolsma's mei op in tocht yn 'e auto.Ga naar voetnoot496 It wienen freonskiplike, mar oerflakkige kontakten. In besite, twa kear jiers in briefke, dêr bleau it by. Soms muoide dat Brolsma wol. ‘Mar hwet is de oanhef fen it brief sûmber. Wy scoene útenoar drieuwe en elkoar skielk alhiel net mear biroppe kinne.’ Sa reagearre A.D. Bouma op in nijjiersbrief fan Brolsma yn 1937.Ga naar voetnoot497 Kontakt wie der ek mei Gellius Leopold fan Utert, dy't besocht hat alle pubikaasjes fan Brolsma yn in bibliografy te sammeljen. Ek by him hat Brolsma in kear útfanhûs west.Ga naar voetnoot498 ‘Hy dweept mei my,’ fertelde Brolsma oan M.K. Scholten.Ga naar voetnoot499 Fan 'e mannen, dy't Brolsma út 'e Fryske beweging koe, lykas Dr. WumkesGa naar voetnoot500 en Jan Jelles Hof, stie Douwe Kiestra him grif wol it measte nei. Der wie geregeldwei kontakt, en Kiestra kaam ek wolris eefkes delsetten yn 'e Mûnestrjitte. Oer in besite oan 'e Kiestra's yn Poppenwier skreau Brolsma in stik foar de krante. | |
[pagina 192]
| |
Ja, det wier moai. En dêrwei boerkjendewei de lânnen troch, earst de goedsoartige, de dreechste, dêr't de seade ticht is, rounom fen moai wide fearten trochsnien, dêr't de koumelkers lâns farre mei hjar skútfollen hea en gers. Mei bihelp fen in jiffer en in barte kamen wy den yn de twade krite, dêr't it lân gânsk minder is, knippich en ynwindich toriden en forhavene troch in ûnhjirmliken libben gûd. Brolsma wie foar kollega's oer by gelegenheid tige hertlik. Doe't M.S.E. Visser yn 'e Stim fen Fryslân gear west hie oer Jancko Douwama, skreau Brolsma in brief nei de krante. Jancko Douwama syn skriften binne net for eltsenien, ik haw it swiere ‘boek der partijen’ ek wolris yn hânnen naem en... wer dellein. Sûnder dochs ta myn doel komd to wêzen. Dêrom wier ik sa bliid mei Visser syn flotte artikels en ik haw dy hieltyd mei folle nocht lêzen en wol him dat mei dit skriuwen dan ek iepenlik to kennen jaen.Ga naar voetnoot502 En yn 1930 gie er spesjaal by Hoatse de Jong op besite (doe fêst- | |
[pagina 193]
| |
arbeider op Haskera State fan 'e feefokker Wassenaar by Jelsum) om him te priizgen foar syn ferfolchstik ‘Yn it sieht fan de Aldehou’, dat yn Sljucht & Rjucht stien hie. ‘Doe't wy in skoftke togearre praet hiene, frege er my op 'e man ôf: “En hoe giet dat nou mei de sin ten mei jo skriuwen?[”] Ik helle de skouders op, as woe 'k der leaver net oer prate hwet ek wol sa wie. “Dat hie 'k tocht,” sei er, “Mar fan nou ôf stjûre jo fierders oan 'e ein fan 'e moanne in rekkening yn fan safolle rigels dy't dy moanne opnomme binne. Krije jo dy net bitelle, dan prate jo mar ris mei my.”’Ga naar voetnoot503 Brolsma koe ek lilk wêze. Barend van der Veen hie in stik fan him omwurke foar in radioprogramma, sûnder Brolsma om tastimming te freegjen. Ho scoe it der by stean tocht ik, as ik ris wirk fen jimmes (...) omarbeide ta novelle en dit ûnder eigen namme yn it ljocht joech? Ik hie wis net folle goeds to wachtsjen. (...) Mar disse behanneling fyn ik hwet hounsk, ik kin der net in oar wird for fine. Jy binne sels skriuwer, auteur, jy witte ek wol dat der rjuchten op yens wirk bestânne. En by need dan kin men dit rjucht to baet nimme, der wol ik jou nou op wize.Ga naar voetnoot504 Doe't Van der Veen as reaksje stjoerde, dat er kontakt sykje wollen hie, bedimme Brolsma net fuortendaliks: Dan hie it dochs foar de hân lein om earst kontakt to sykjen en dan, as dat goed bitearde, fierder to arbeidzjen. Grif wie der earder wat tusken beide mannen foarfallen: Wolnou, wy hawwe yndertiid kontakt meiinoar hawn, in set jierren forlyn. Net wy mar jimme hawwe dat mei opset sin beeindige, op in manear, dy't ús langer yn 't geheugen bleaun is as jimme nei 't blykt. Jy kinne fen my oannimme, dat it wier is. Net, dat ús soks noch pleaget, mar nou 't wy elkoar by tafal nochris to wirden komme moast it dochs mar ris sein wirde, tocht my. Dan witte wy hwet wy oanenoar hawwe.Ga naar voetnoot505 | |
[pagina 194]
| |
Net earder as nei in ‘rookoffer’ fan Barend van der Veen, liet Brolsma de kwestje rêste. | |
Obe PostmaIen fan 'e mannen, dy't lykas Brolsma op 'e dielnimmerslist fan it Grut Frysk Kongres fan 1927 stiet, is Obe Postma. Oft beide skriuwers doe persoanlik meiïnoar yn 'e kunde kommen binne? Postma die net folle mei oan it Fryske literêre libben en wie ek gjin man dy't him tige op 'e foargrûn stelde. Dat Postma it wurk fan Brolsma bewûndere, die bliken doe't yn it Krystnûmer fan It Heitelân fan 1927 it fers ‘Oan R. Brolsma’ ferskynde, mei in (âlde) foto fan Brolsma der neist.
Oan R. Brolsma
O mylde geast, dy't heel it Fryske folts
Yn leafde omfet - mar meast de lytsen nei;
Dy't draecht de stêd as 't fjild, en hat allyk
De bodders en de ruters fan de wei.
Yn sêfte kleuren, blier en treastlik ljocht,
Stiet byld nêst byld. Al hwat er ea
Yn 'e iepen siele foel: in dream dy't bleau,
Oan't it forriisde foar in wider gea.
Dan waechst en bloeit in tún, in jierskoft roun;
In park, frij foar it folk ta syn geniet;
Dêr rêste hja in stoun nei 't bannich wurk
En effen haww' hja hwat fan libbens swiet.Ga naar voetnoot506
Brolsma wurdearre dit fers fan Postma tige. It waard oanlieding foar in nijsgjirrige briefwiksel tusken de beide skriuwers. Foaral dat ‘mar meast de lytsen nei’ wie Brolsma wiis wei. Neffens him hie Postma syn wurk ‘yn dy mannich rigels (...) sa fyn en sa krekt’ | |
[pagina 195]
| |
oanfield en begrepen. ‘As wy,’ sa frege hy Postma yn syn betankbrief, ‘jou sawol as ik oer Fryslân skriuwe wolle, lyk as it is, moatte wy ús dan ek net oan dy lytsen hâlde? (...)’ En hofolle Frysk libben is der noch yn it moderne doarp, mei syn tillefoan en radio. Jan Hof wier net sa'n ein mis yn syn lykrede [op it Grut Frysk Kongres] mar hja woenen it net hearre. Men moat op 't heden fier bûtenút gean en dan noch wer as it kin de âlde griene wegen lâns (...) en just derre, der hearre jy it nijs. Ja nijs, for ús - dy miene det alle leauwen oan it frjemde en boppenatûrlike fordwoun is. As jy der ris mei bysitte meien hienen en dan net oars as fromme harker, as heechstens nou en dan in belangstellend freegjen (oanfiterjend) wird ynbringe, dan hienen jy in wunder geniet smakke. Nochris in tweintich jier en den is ek dy staech út 'e wei, ik wit net eft Jy by 't simmer hjirre yn de stêd west hawwe en nei de greate forneamde Lânboutentoanstelling ta, mar ik bin der mismoedich wei kaem. Hwerwei moatte de takomstige skriuwers ynspyraesje krije as hja net mear tarre kinne op it âlde? In wûnderlik pessimistysk brief fan in skriuwer, dy't in grut part fan 'e ynspiraasje foar syn ferhalen út 'e moderne stêd helle hie. Mooglik miende Brolsma (lykas in soad lêzers mei him) dat Postma nostalgysk oan it âlde Fryslân hong en dêrom sa reagearre? Postma holp Brolsma yn alle gefallen út 'e dream: ‘Hwet jy sizze fen it “âlde”, ja dat is wier for Jou en my en for in bult dichterlike geasten, mar doch net for allegearre. Der binne ek dy't hjar ynspiratie krije fen it nije, fen it “moderne” libben. Ik prebearje ek wol ris dêr hwet út wei to pakken, mar dat mislearret meastentiids.’ Mear aardichheid sil Brolsma hân ha oan in anekdoate dy't Postma yn syn reaksje op Brolsma syn brief joech: Ik lês altyd graech Jins drukte stikken, nou haw ik den ek ris hwet yn skreaun skrift. Der binne hjir [yn Grins] mear ‘intellectueelen’ dy't graech Jins wirk lêze; ik wit in pear ljue fen de ‘exacte vakken’ dy't earen allinne de Rimen en Teltsjes fen de broerren Halbertsma liezen; dêr binne Jy nou by komd. Ik sels haw lêsten noch yn in boekhandel to Ljouwert in exemplaar fen jins ‘Heechhôf’ forkoft. Der wie in man dy't frege nei Francisco Campana fen Scharten-Antink, dat de boekhandeler net yn foarrie hie; do haw ik dy man Jins boek, dat ik lizzen seach, oanpraet. Hy scil der gjin spyt fen hawn hawwe. | |
[pagina 196]
| |
Wat Brolsma syn wurk oanbelange, makke de dichter in pear skerpe opmerkingen. Wy hawwe ek allebeide, tinkt my, dat wy it tragyske hwet ûntrinne, ef to minsten dat it ús gjin stoffe jowt. (...) Dochs scoenen wy riker wêze as wy dat ek omfiemje koenen. Of tinkt Jou dat ik it mishaw? Ik mien dat Jy it wol kinne, mar dat it net op syn plak wie? Den wol ik er net fierder tsjin yn lizze en fierder ôfwachtsje. Mar ik wol Jou biljeaven net twinge Jins talinten to feroarjen. It fryske folts mei Jou sa al tankber wêze.Ga naar voetnoot507 It brief fan Postma is it lêste teken dat de twa skriuwers kontakt mei inoar hân hawwe. Men kin lykwols oannimme dat der dochs wolris in petear tusken beide mannen hâlden is. Sûnt 1934 wenne Postma yn 'e Ingelskestrjitte, suver by de Brolsma's om 'e hoeke. Yn itselde jier dienen se beide mei oan 'e fakânsjekursus fan 'e Underwiisrie.Ga naar voetnoot508 Brolsma sitearre yn alle gefallen in pear kear út Postma syn wurk. Sa begjint haadstik tsien fan Salmsteich mei fiif rigels út Postma syn fers ‘Novimberdream’.Ga naar voetnoot509 | |
In man fan kwizekwânsjeYn 1930 ferstoar Piter Jelles Troelstra. Brolsma betocht him yn Fen Fryske Groun sa: ‘Ien fen de âllergreatsten is fortein. Wy moatte rouwe yn 't herte drage en mismoedich wêze. Hwent, wy binne earmer wurden.’Ga naar voetnoot510 Rillegau waard in eare-komitee oprjochte, dat soargje woe foar in Troelstra-monumint yn Stiens. Utsein it Kristlik Selskip en it Roomsk Frysk Boun, wienen alle bewegingsrûnten yn | |
[pagina 197]
| |
dat komitee fertsjintwurdige. Op 20 april 1933 waard it monumint (fan Tjipke Visser) ûntbleate op it plak dêr't earder de herberch Rustenburg stien hie. Brolsma wie mei frou en dochter by de plechtichheid.Ga naar voetnoot511 Hy wie by de dei belutsen om't er mei in oare Stienzer,
S.D. de Jong, in soarte fan revu makke hie oer de Stienzer jierren fan Troelstra. De middeis fan 'e tweintichste wie it offisjele diel fan 'e dei (mei taspraken fan û.o. Dr. G.A. Wumkes yn 'e tsjerke), de jûns waard ‘In Stienzer Jonge’ opfierd.Ga naar voetnoot512 Brolsma en De Jong hienen foar it stik in tal foarfallen út Troelstra syn jongesjierren yn Stiens bewurke, sa't se dy fûn hienen yn syn tinkskriften. It tredde diel fan har stik wie situearre yn 1909, doe't Troelsta nochris werom west hie yn it âlde doarp. It wie, alles by elkoar, in echte Stienzer oangelegenheid, want leden fan 'e rederikerskeamer Halbertsma fierden it stik út. Brolsma wie in grut bewûnderer fan Troelstra. Hy wie - om samar ris te sizzen - ek mei de leginde Troelstra grutbrocht. ‘In great man wier hy. Strider, sprekker, organisator, skriuwer, dichter.’ En, skreau er net sûnder grutskens, ‘syn boarter (frjeon) wier de heit fen mines.’ Brolsma hie mei grutte bewûndering it earste part fan Troelstra syn tinkskriften, Wording, lêzen. ‘En by it lêzen (...) oer dy tipen dêr't ik de measten ek noch fen kend ha, kaem faek de idé by my op: dêr wierne mear fen dy bysûndere minsken, en it doarp | |
[pagina 198]
| |
hie for skoaljonges ek noch bysûndere eigenaerdichheden, dy't oare doarpen net jaen koenen.’ Wêrom hie Troelstra dêr dan net oer skreaun? In jonge oars, dy't ‘sa skerp opmirk en sa fûl op alles yngie?’ Brolsma hie yn it bestân stien om Troelstra dêr oer te skriuwen, mar it net dien. Troelstra wie ommers ‘immen, dy't sa tige al syn tyd binutte moast.’ Dêrom makke Brolsma foar It Heitelân in beskriuwing fan it Stiens ‘yn en nei Piter Jelles syn tiid’. It waard in soarte fan rekwiem fan 'e ‘âlde gloarje’ fan it doarp. It is foarby, 't komt net werom; neat komt werom. Ek hja binne in byld út it forline, de keppels meetingsgongers út de Biltlannen, do fol fjûr en fjouwer fiif, seis ûren geans net tellende om yn it patrisysk Ljouwert in gearkomste to hâlden en like moedich, Marianne-lieten sjongend, de weromreis oan to fangen. Hwer binne hja keard, al dy moedigen, nou strampeljende âldtsjes ef al forstoarn en forgetten?Ga naar voetnoot513 Brolsma wie al jierren in ynwenner fan it ‘patrisysk’ Ljouwert, de stêd dy't yn 1935 it 500-jierrich bestean fierde. Brolsma liet him behelje yn 'e tarissing fan 'e feesten. Der wie in betinkingskomitee oprjochte, mei in ‘eere-comité, algemeen comité, in commissie foar in herdenkingsboekGa naar voetnoot514 en in commissie van advies en bijstand’. Yn 'e lêstneamde kommisje (mei mear as 60 leden) naam Brolsma in sit. It is in teken dat Brolsma yn Fryslân in pommerant wurden wie. Op 21 jannewaris 1935 waard it ‘Cammingha-Hoek Verbond’ betocht, de oanlieding foar de feesten. Dy deis wie der neffens Brolsma noch in ‘troostelooze verlatenheid’ yn 'e stêd en waard der nearne feeste.Ga naar voetnoot515 Dat wie yn septimber dat jiers wol oars, doe't op 4 en 5 septimber in histoaryske optocht troch Ljouwert gie. | |
[pagina 199]
| |
In part fan dy optocht foarmen de gilden en Brolsma wie frege om te soargjen dat ek it ferversgilde meirûn. Yn in tal krantestikken die er ferslach fan 'e tarissing. Earst oer de problemen dy't er mei oare ‘gildebroeders’ krige om mei te dwaan. Zelfs bij dat soort menschen, die heel veel in optochten plegen te loopen, die er als het ware in getraind zijn, viel het niet mee. En toch ga je daar het eerst op af - je weet, dat ze niet schrikken van iets, dat buiten hun gewone doen valt. Ze demonstreeren zelfs heel graag en je ziet ze aan den kop van de drankbestrijders, van de vredesbeweging, vacantie-ontspanning, buurtfeesten, etc. - Maar de man, wiens medewerking werd ingeroepen voor den optocht der oude gilden, weigert. - ‘'k Voel er niks voor’, zei hij, ‘'t leit zoo ver van ons af. En dan die rare kleeren.’Ga naar voetnoot516 Dochs slagge it him om trettjin fervers te finen. Brolsma rûn sels mei as gezel en syn baas Idzerda die mei as ‘meester’. Brolsma beskreau letter hoe't it by it omklaaien om en ta gie: Op de bankjes liggen de pakjes, net als bij Sint Niklaas. Naam en nummer kloppen en ge begint u aarzelend uit te pellen en tast dan, om u te beschutten, naar de dracht van uw collega van vóór vijfhonderd jaar. Het eerst de hoozen, want - ja, we zijn wel onder mannen, maar... En hoewel stroef en met horten, ge komt er in - het gaat... het gaat... Een buurman sjort het met kracht tot ver over uw heupen, de ‘teeren en krinkels’ strijken glad en den rooden lijfrok over het hoofd, de muts op, de hooge viltschoenen aan... en... Het wonder voltrekt zich aan u. Gij zijt er in - ge leeft er in en ge ziet om u heen en (...) uw eerste gedachte is, dat hij zóó en niet anders ooit diende gekleed te gaan. De optocht, mei sa'n 350 ferklaaide minsken, ‘geestelijkheid, magistraat, edelen, gilden, schutters enz’ waard in grut sukses. Brolsma skreau nei dit feest, dat ‘niets meer verbroedering en democratischen geest kweekt dan een gezamenlijk optocht en [ik] zou in overweging geven het op gezette tijden te herhalen.’Ga naar voetnoot517 By gelegenheid fan it jubileum fan Ljouwert, skreau Brolsma in tige myld stik oer ‘de stêd’. Neffens him wie it ûnderskie tusken doarp en stêd, yn syn jonge jierren tige opfallend, allang foarby. Trok een rijke boer er heen, een bejaarde bovenmeester of een bakker | |
[pagina 200]
| |
in ruste, dan heette het: ‘Sy gean nei stêd ta to wenjen, it is hjarren hjir to stil’ (bewondering). Maar betrof het een armen drommel, die niet kon of wou werken, dan riepen dezelfde belangstellenden: - Ha jimme it al heard? Wiberen Banda en hjar scille nou nei stêd ta - och, och... (verachting). It hjoeddeiske Ljouwert koe neffens Brolsma gjin spesjale kaste fan stedsjers mear, ‘tenzij onder de kleine luiden, de zeer deftige oude burgers en de bewoners van Gast- en armhuizen of wat daarmee gelijk staat.’ Hy miende dat it libben yn 'e stêd tsjintwurdich in ‘getrouwe afspiegeling van 't gewone Friesche dorpsleven’ wie.Ga naar voetnoot518 | |
De ferfkwaste foargoed delleinYn 1933 fierde Brolsma in skriuwersjubileum. It wie dat jier tritich jier lyn dat er syn earste Fryske stik publisearre hie. Jelle Brouwer bestege dêr oandacht oan yn It Heitelân. Tinkend oan alle wurk dat ‘fersille’ lei yn 'e tydskriften, kaam by him de winsk op, ‘det it bêste dêrfen yet yn in pear foarse dielen samle wirde mochte.’ Brouwer frege de lêzers: ‘Is Fryslân det foar Brolsma oer net hwet forplichte en wirdt it njonkenlytsen net tiid om dêr it inisjatyf ta to nimmen? (...) Wy meie wol wiis mei him wêze.’Ga naar voetnoot519 Al yn 1929 kaam by in ledegearkomste fan De Fryske Bibleteek te praat, dat Brolsma ‘wol mear jaen [wol] as er docht.’ It fervjen ‘jowt hy der wol oan - as men him mar stipet.’Ga naar voetnoot520 Dat er net mei it fervjen ophâlde koe, wie sûnder mis foar Brolsma in frustraasje. Mooglik dat er him dêr ek tsjin Dr. Wumkes oer útlitten hat. Dy sei teminsten in pear jier letter by in diskusje nei oanlieding fan in lêzing by de Fakânsjekursus: Eltse dei seach spr. [Wumkes] Reinder Brolsma mei de ferfpôt yn 'e stêd rinnen. En dat is ien fen 'e bêsten, sei spr.! Det men sa'n krêft net ienris frij meitsje kin, om mear tiid to habben for syn skriuwen.Ga naar voetnoot521 Brolsma fielde him bytiden troch de foarmannen fan de Fryske beweging dúdlik ûnderwurdearre. Dat O.H. Sytstra syn wurk net | |
[pagina 201]
| |
opnimme woe yn it blêd fan it Frysk Selskip, Fryslân, wie dêr ien fan de redenen foar. Dat er wol goede kontakten hie mei bygelyks Kalma, Piebenga, Hof en Brouwer, rekkene er blykber net. Of wie er fan betinken, dat se mear foar him betsjutte koenen op it maatskiplike mêd? ‘Hat der wolris ien fan 'e foaroansteande mannen út 'e fryske saken by jo west?’ frege er Hoatse de Jong yn 1930. Nou, der koe 'k ‘Né’ op sizze. ‘Né, by my ek net,’ sei er. ‘Oant dat ‘It Heechhôf útkaem, ‘doe bin se kjel wurden,’ sei er spitich.Ga naar voetnoot522Dat er net altyd likefolle respekt foar de Fryske foaroanmannen hie, Betinkingsfeest Ljouwert 1935.
docht bliken út in brief fan 1929 oan G. Leopold: ‘Hwet sizze jou fen Kalma-Schurer as keamerleden? Hja scille sneon hjar greate rede halde boppe de suvelbank, it is dochs hwet nuver tinkt jou ek net. Sa yn 'e trant fen ik doar alles wol oan. Ho scil Kalma him biroppe op syn genegenheid for it tsjerkelike dert hy nearne nei taeld het?’Ga naar voetnoot523 Yn 'e korrespondinsje mei Nanno Swierstra komt dy ûnfrede ek nei boppen. Swierstra skriuwt: ‘Det Jo it al dy jierren mei safolle muoite, tsjinstuit en lit ús earlik wêze - mei miskenning - klear spile ha.’ J.H. Brouwer wist him datoangeande soks ek yn 't sin te bringen: It sil yn 'e Holdertiid west hawwe, dat wy gauris mei in lyts ploechje meiwurkers gearkamen yn 'e Kroan yn Ljouwert. Brolsma wie der dan ek. Der wiene jonge knapen by, dy't it moai opsizze koene; hy die der meast it swijen ta, glimke hwat, mar soms makke er in opmerking, mei dy karakteristike forlegen biweging fan earm en skouder (...). Yn dat lyts formidden joech er ek wolris hwat mear bod oan toloarstelling en bitterens, as hold er it aldermeaste, lyk as alle goede Friezen, foar him sels.Ga naar voetnoot524 | |
[pagina 202]
| |
Dochs wist Brolsma ek wol, dat er yn Fiyslân as skriuwer net fierder komme koe. It tal lêzers wie gewoan net grut genôch om de oplagen en de fertsjinsten fan Hollânske of Flaamske populêre skriuwers te heljen. Yn 1940 hie Brolsma it datoangeande oer ‘it wenstige skriele Fryske skriuwerslean’.Ga naar voetnoot525 Hy besocht dêrom Hollânske útjouwers foar syn wurk te ynteressearjen. Al yn 1927 begûn er dêrmei. Doe wie er dwaande syn swalkersferhalen byinoar te ‘swyljen’ en ‘oer te setten yn it Nederlânsk’. Hy woe ‘wolris prebearje om der in útjouwer foar te krijen. Yn it Frysk binne se goed en skerp, mar noch fiers to min bekend, derom dizze wei.’Ga naar voetnoot526 Dêr prate er ek wol oer. Yn in bestjoersgearkomste fan 'e Fryske Bibleteek waard sein dat Brolsma ‘oan 'e gong hâlden wirde’ moast, ‘oars ferlieze wy him oan it Hollânsk.’Ga naar voetnoot527 Ynearsten hie er by dy útjouwers net folle sukses. Yn 1935 naam De Boekengemeenschap in oersetting fan It Heechhôf yn syn programma op as ‘De Heechhoeve’, mar it boek is nea ferskynd.Ga naar voetnoot528 Brolsma hie in geweldige dissipline en koe fervjen en skriuwen goed kombinearje. Men mei oannimme dat er bytiden wolris faker frijnaam as in oare ferversfeint. Soks koe om syn ekstra ynkomsten wol lije. Folle koe er him op dat mêd lykwols net tastean. De krisisjierren wienen begûn en in soad fervers krigen dien. As it húsgesin mar itende bliuwe kin en de bern sahwet meidwaen, de hyptheekrinte opbrocht en noch in lyts forsetsje sa simmerdeis. Sa giet it fen de earste dei oan de lêste ta. In jier is samar om, mei sa nou en dan in tige kritike dei as ien fen de bern in eksamen dwaen moat ef op nommenaesje stiet for in baentsje, in betrekking.Ga naar voetnoot529 | |
[pagina 203]
| |
De Brolsma-bern kamen goed terjochte. Ulke, de âldste, fûn wurk as ûnderwizer yn Noard-Hollân. Hy kaam dêr yn 'e kunde mei Trijntje Stelling fan Enkhuizen, mei wa't er op 13 augustus 1936 troude.Ga naar voetnoot530 By gelegenheid fan it trouwen fan ien fan 'e bern.
Liuwe wurke, nei syn earste printers-baantsje by Eisma, sûnt 1932 by de Arbeiderspers. Hy hie kunde krigen oan 'e Ljouwerter Antje Slot. Se trouden op 20 maaie 1936, in pear moanne dus foar Liuwe syn âldste broer. Dêrmei wie allinnich Jantsje, de jongste, noch yn 'e hûs. Se gie nei de ulo. De lêzers fan it Nieuwsblad voor Friesland koenen sa út en troch har ûnderfiningen op dy skoalle meibelibje. Het meisje holt naar boven, een harde tik van de deur en even later een dof gemurmel. 't Gaat op en af met soms een versterkt geluid. Het duurt een half uur en langer. Het maakt je ongerust, het irriteert je, dat gemurmel; baten een paar uren straffe studie nog na een vierjarigen Ulocursus? Ze zal er staf van worden, maar er desondanks niet mee ophouden. Want morgen, blijkt dat de examinator een vraag deed naar de stof, die zij nu bezig is te verwerken. Dus eerst nog maar eens aanzien; tegen beter weten in blijft men op z'n stoel zitten, maar de aanhoudende dreun duurt steeds voort.Ga naar voetnoot531 De simmer fan 1936 moat Brolsma tige foldien west ha. Tusken de twa trouwerijen yn krige er in brief fan 'e haadredakteur fan 'e Leeuwarder Courant, mei de fraach oft er ferslachjouwer wurde woe foar rjochtsaken. ‘Wellicht kunt U vandaag even bij ons langsloo- | |
[pagina 204]
| |
pen om nader te overleggen.’Ga naar voetnoot532 Dat wie in geweldige kâns foar Brolsma. Op syn 54ste koe er dan - yn 'e wurden fan syn freon Swierstra, dy't er daliks skreaun hie - ‘de ferfkwaste del lizze.’Ga naar voetnoot533 Brolsma naam it wurk by de Leeuwarder Courant fansels oan. Dochs kamen der noch swierrichheden. Brolsma wie wend om foar alle periodiken te skriuwen, dy't syn wurk opnimme woenen. De Leeuwarder Courant wie lykwols de grutte konkurrint fan syn oare breahear, de famylje Hepkema, eigeners fan it Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad. It hoe en wat is ûndúdlik, mar wis is dat Brolsma begjin 1937 as sjoernalist folslein foar de Hepkema-kranten wurke. ‘It docht my goed,’ skreau Brolsma syn freon Swierstra, ‘det Hepkema nou allinne ris acht joun hat op fortsjinsten en kinnen.’Ga naar voetnoot534 In hie lang duorre, mar de stap fan ferversfeint ta sjoernalist wie dêrmei lang om let set. Fan it altyd ûnwisse bestean fan in ambachtsman mei byfertsjinsten waard er kantoarman. Op maatskiplik mêd hie er it heechste berikt. Earst soe Brolsma ƒ1000,- it jier fertsjinje. Syn frou har reaksje wie: ‘Kinst los mear fertsjinje.’ Mei dat boadskip gie Brolsma werom nei Hof. It waard úteinlik ƒ1500,-.Ga naar voetnoot535 De Fryske Bibleteek fernaam daliks de gefolgen. Foar 1937 hie dy wer by Brolsma in boek besteld, mar Brolsma joech de opdracht - foar 't earst - werom.Ga naar voetnoot536 |
|