Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 139]
| |
VI
| |
Fan skrift nei boekBrolsma skreau syn wurk yn blauwe of griene skoalskriften. In skriuwmasine hat er nea brûkt. In lyts part fan 'e skriften, dy't er nei de redakteuren fan 'e tydskriften stjoerde, is bewarre bleaun. Dat binne yn hast alle gefallen ferhalen en romans dy't Douwe Kalma neisjoen hat.Ga naar voetnoot366 It liket derop dat oaren har de wearde fan hanskriften net bewust wienen en se fuortgoaid hawwe.Ga naar voetnoot367 Fan Brolsma syn wurk foar It Heitelân, Sljucht & Rjucht of de Leeuwarder Courant binne dêrom gjin skreaune ferzjes oerbleaun.Ga naar voetnoot368 Brolsma sels bewarre suver neat, faak de tydskriftenûmers dêr't syn eigen wurk yn stie ek net. In gefolch dêrfan wie dat er gauris net mear neigean koe yn hokker blêd of yn hokker jier oft er in ferhaal publisearre hie. Sa miende er letter dat ‘Fen it Hegelân’ yn 1922 yn It Heitelân stien hie, wylst it 1920 wie. By it neisjen fan 'e printkladden fan 'e boekútjefte hat er dat ferkearde jiertal taheakke oan 'e tekst.Ga naar voetnoot369 Wumkes brocht er op in dwaalspoar troch him te | |
[pagina 140]
| |
skriuwen dat ‘De reamme fan it libben’ yn trije ôfleveringen opnommen west hie yn 'e Leeuwarder Courant, dy't ‘meiinoar ien’ wienen. Doe't Wumkes de earste trije fûn hie, hat er net fierder socht en dy trije ôfprinte. Mar der wie ek noch in fjirde part, dat der likegoed by hearde en dat Brolsma al fergetten wie.Ga naar voetnoot370 ‘Ypeus wier wei - en is noch net foun,’ skreau Brolsma doe't sprake wie fan in boekútjefte fan dat ferhaal.Ga naar voetnoot371 De skriften waarden troch de printers brûkt foar it setten fan syn wurk. Dat betsjutte dat in redakteur Brolsma syn tekst dan dus goedkard hie. It is bêst mooglik, dat ien wolris in skrift weromstjoerde nei Brolsma mei de fraach wat te feroarjen of te ferbetterjen. Guon fan 'e oerbleaune manuskripten binne net mear as in steapel losse bledsjes. As Brolsma noch wat feroarje moast, dan koe dat dus maklik troch der in bledsje tusken te skowen. Yn 1926 krige de redaksje fan it nij oprjochte blêd De Holder in ferhaal fan Brolsma. R.P. Sybesma skreau oan 'e oare redakteur, Jelle Brouwer: ‘Hwa praet ris mei him oer de komposysje fen in forhael? Is dit net hwet for de Ljouwerter lieder fen 'e Holder? Br. bigjint mar to skriuwen en skriuwt him fêst.’Ga naar voetnoot372 No is de komposysje fan it ferhaal dat yn De Holder ôfprinte waard, ‘As de bern nochris by inoar komme’, geef genôch, dat men moat oannimme dat Brouwer mei Brolsma oerlein hat en de tekst feroare is, mar sûnder hânskrift bliuwt soks rieden. It komt foar dat der ferskil is tusken in kopijhanskrift en de publisearre tekst. Dat wiist derop dat yn 'e printkladden ek noch wolris feroare is, mar it is fierhinne ûnmooglik noch nei te gean wa't dat dan die, Brolsma sels of in redakteur. Nei alle gedachten wie it meastentiids in redakteur; de ferbetteringen yn 'e oerbleaune manuskripten binne hast allegear fan Kalma. Brolsma wie ek frij maklik as it gie om it feroarjen fan syn wurk troch oaren. Kalma ferbettere meastentiids yn 'e lêste ferzje fan Brolsma syn | |
[pagina 141]
| |
wurk allinnich de stavering. Om't Brolsma ynearsten noch frij breklik fonetysk Frysk skreau, waard nochal ris wat oanpast. ‘De stavering hie Brolsma earst net yn 'e macht,’ miende Sjoerd Sipma, dy't It Heechhôf neisjoen hat. ‘Brolsma hat letter goed oanleard.’ Neffens Sipma wie Kalma wolris wat te strang: ‘Hy feroare nei myn betinken wolris hwat to folle, fan “noch” wol ik net altyd “jit” meitsje, frâl net yn 'e dialooch.’Ga naar voetnoot373 Lykwols, Kalma wie net de iennige fan wa't Brolsma it wurd ‘noch’ net brûke mocht. Yn It Heitelân en Sljucht & Rjucht feroaren de redakteuren it ek. Ien fan 'e tûzen...
Somtiden wist Brolsma net goed hokker wurd oft er yn in bepaald gefal brûke moast en liet dat wurd dan iepen om it troch de redakteur ynfolje te litten. ‘Ja, hjir en dêr wiene soms ek iepen plakken sa mar yn 'e rigele proaza, dêr't noch it rjochte wurd of wurdmennich by socht wurde moast.’Ga naar voetnoot374 Wat oare redakteuren as Kalma oan Brolsma syn wurk dien ha is neat oer bekend, mar it is oan te nimmen dat se de stavering ek ferbetteren. Wol is nei te gean, dat Kalma nea stikken fan Brolsma syn úteinlike ferzje weilitten hat. Hoe't dat by de oare redakteuren west hat? Brolsma levere in ferhaal altyd as in gehiel yn by de redaksje, mar ornaris waard it net yn syn hiele hear en fear yn ien nûmer opnommen. De measte ferhalen yn 'e tydskriften brekke earne samar ôf en | |
[pagina 142]
| |
geane dan yn it oare nûmer wer fierder. Sok lêzen yn biten en brokken makket dat Brolsma syn wurk yn 'e tydskriften faak wat fragmintarysks krijt. Dat wie Brolsma sels ek yn 'e wei. Oan Dr. Wumkes skreau er dat ‘Fen it Hegelân’ ‘nea ta syn rjucht kommen [wie] om de bedroefde opname nou en dan in brokje mei reklame for pipermuntsjes en sa twisken de tekst.’Ga naar voetnoot375 It liket derop dat sa soms ek wolris in part fan in ferfolchstik fuortrekke is: bygelyks fan ‘De ivige striid’ (Sljucht & Rjucht, 1925) mist sûnder mis it lêste part.Ga naar voetnoot376 ‘It Widdou's bern’ is in foarbyld fan in ferhaal dêr't Brolsma by it skriuwen wol rekken hâlden hat mei it feit, dat it oer in pear jiergongen ferparte wurde soe. By it begjin fan in nij diel liedt er de persoanen mear yn as oars it gefal is. Letter soe er dat ek dwaan by oar langer wurk as Groun en Minsken en Sate Humalda. | |
YnspiraasjeUnderwerpen foar syn wurk fûn Brolsma yn 'e wrâld om him hinne, by de minsken dy 't er meimakke en foarfallen dêr't er fan hearde of dêr't er sels by wie. Dy gegevens ferwurke er, foarme se om en joech der in eigen foarm oan. Sa is bygelyks de eftergrûn en in inkel foarfal fan Groun en Minsken te finen yn syn jongesjierren, mar it ferhaal en de measte fan 'e figueren binne troch him optocht. Foaral foar syn koarter wurk brûkte er foarfallen, dy't er yn it deistige libben meimakke. J.H. Brouwer joech dêr in foarbyld fan. Brolsma plakt nij bihang by ús en ûnder de té komt er los mei in kostlik forhael, dat er juster, al fervjend en harkjend earne opdien hat. Ien fan uzes seit: dêr sit stof yn foar in moaije skets. Brolsma kriget in blau skrift út 'e binnenbûse en langet dat oer: [‘] dêr is it al, ik hoegde neat to foroarjen, ik koe it samar opskriuwe [’].Ga naar voetnoot377 Sokke ferhalen oer Brolsma syn wurkwize binne der mear, lykas de | |
[pagina 143]
| |
kear dat er by in mefrou yn ien dei dien wurk meitsje koe, mar der fiif dagen bleau om't de frou sa prachtich fertelle koe. Nei oanlieding fan Brolsma syn krystferhalen, skreau syn soan Liuwe, dat sy dêr yn 'e hûs wolris wille om hienen. Ommers, faek wiene de persoanen of de sitewaesjes, dêr't it stikje oer spile ús bikend, of út forhalen fan earder tiden dochs wolfortroud wurden. It wie ek faken klearebare fantasij, mar dochs ek wol mei in oanlieding derta, dy't as hy der sa troch de skriuwer byforteld waerd, jin it stikje better bigripe liet.Ga naar voetnoot378 Hoe aardich as sokke anekdoates ek binne, Brolsma syn stikken binne gjin letterlike werjefte fan wat er meimakke. As idee brûkte er somtiden wierbarde saken om der by it skriuwen in eigen draai oan te jaan. It measte tocht er op en it soe ferkeard wêze om te tinken dat al syn wurk werom giet op werklik barde foarfallen. Boeken fan oare skriuwers ynspirearren him ek. Dickens, S.K. Feitsma en letter de Flaamske skriuwers Timmermans, Streuvels of Teirlinck ha ynfloed op syn wurk krigen. Motivaasje foar syn ferhalen fûn Brolsma by de gewoane minsken, dy't er yn syn deistich libben meimakke. Arbeiders, swalkers, lytse boeren, fervers, winkellju. ‘De greateren en de âldergreatsten bin ik net nei genôch, ik wit neat fen hjarren ôf, hja sizze my neat.’Ga naar voetnoot379 Dy ‘lytse’ lju wie Brolsma tagedien. Hy bewûndere har libbenskrêft en woe har libbenslot fêstlizze. Soms binne de lokaasjes fan 'e ferhalen werkenber, lykas Stiens of de Flieterpen, mar dat betsjut net dat beide - lokaasje en ferhaal - werklik byinoar hearden. Brolsma wie ek gjin autobiografysk skriuwer: mar in inkele kear brûkt er stof út syn eigen libben. Dochs binne wol motiven yn syn wurk werom te bringen op syn eigen libben. Lytse bern, foaral lytse famkes, komme bygelyks net earder yn it wurk foar as nei de berte fan syn eigen dochter. Gjetsje yn It Heechhôf is dêr in foarbyld fan, of de lytse Sijke yn ‘De ivige striid’, ‘mûtel, helder, snipper dinkje wier it, in kromke baes en drok om it opwaechsen yn de roerige greate hûshâlding’. Doe't syn bern grut waarden, brûkte Brolsma it opgroeien ek nochal ris as ûnderwerp | |
[pagina 144]
| |
foar syn wurk, lykas yn 'e rige ‘Greate Bern’ yn Frisia (1931-32). Brolsma skreau nei eigen sizzen maklik. Dat betsjut fansels net, dat er de figueren fan in ferhaal of de komposysje samar klear hie. Hy sil ek earst wol oantekeningen en in opset makke ha ear't er oan in ferhaal begûn. In pear foarbylden dêrfan binne bewarre bleaun, mar net fan syn publisearre wurk. Sadwaande is fan Brolsma syn kreative proses gjin rekonstruksje te meitsjen. M.K. Scholten tsjûget oer Brolsma syn wurkjen: Haestwurk? Nou né, ik leau it net. Al syn wurk waerd min of mear ûnder spanning skreaun. De pinne hie der oan de rêdde geast folgje to kinnen. (...) Hy hat my wolris forteld dat er sa dreaun waerd dat er ta de nacht út trochskriuwe moast. Hy wie dan wiet fan swit, ja wie der suver koartsich fan sa kaem it der op oan. It haadstik fan It Heechhôf oer de Aldtsjerkster riderij soe er yn in healoere op papier set hawwe.Ga naar voetnoot380 Skriuwen wie neffens Brolsma ‘den drang, die daad wordt’. By it skriuwen gie it derom in foarm te finen foar ferhalen, dy't in skriuwer yn 'e holle hie, en dêr't ‘het toeval of de herinnering’ him by helpe kinne. As foarbyld neamde Brolsma in besite oan in boelguod, dêr't er ‘voor de nog zwevende gedaanten van zijn toekomstigboek een tehuis gevonden [heeft]. Hier zal de geschiedenis zich afspelen en hij doet opnieuw een verkenningstocht, tuurt over de landen naar de ligging van de boereplaatsen in den naasten omtrek. Hoe zijn ze ten opzichte van het boelhuis gelegen en zijn ze uiterlijk gezien wel in overeenstemming met de geschiedenis, die straks tot boek wordt?’ Wie er mei in ferhaal dwaande, dan tsjinnen de figueren har elke kear wer oan, ‘vooral en bij voorkeur in den nacht en den vroegen morgen. Doch bij daglicht, hoe vaak ook opgeroepen, blijven ze steeds afzijdig.’Ga naar voetnoot381 De foarm en de lingte fan syn wurk waard foar in grut part bepaald troch de blêden dêr't er foar skreau. In krante as de Leeuwarder Courant frege om koartere stikken, Sljucht & Rjucht woe ferfolchstikken ha, mar dy mochten ek wer net te lang wurde en bygelyks oer de ein fan in jiergong hinne gean. Brolsma hie soms lêst fan al dy beheiningen. Yn in ferhaal klage er: ‘Hwent ik mei | |
[pagina 145]
| |
alle rûmte net freegje en moat op in mannich blêdsiden myn ferhaal by inoar tropje.’Ga naar voetnoot382 Brolsma hat altyd in foarkar hân foar it skriuwen fan koarte, heldere sênes. Foar in part sil dat ynjûn wêze troch de beheinde romte yn blêden en kranten. De wichtichste reden moat lykwols west ha, dat Brolsma sa ympresjonistysk skriuwe woe. Ek nei't er de krityk krige dat er in temin oan psychologyske ‘djipte’ yn syn wurk sitte soe, hâlde er it by koarte sênes. Yn dy ympresjes joech er in karakter, in situaasje, in oanwizing. De rest moast in lêzer sels ynfolje. De motivaasjes fan minsken, de redenen foar har hâlden en dragen liet er sjen yn betsjuttende mominten yn har libben, yn karakteristike situaasjes. Lêzers, dy't wend wienen oan lange psychologyske romans, mei lange útwreidingen oer it hâlden en dragen fan 'e persoanen, hawwe it ‘sketsmjittige’ fan Brolsma syn wurk meast as in tekoart sjoen. Se seagen net dat syn metoade oars wie. Brolsma woe net skriuwe sa't fan him ferwachte waard, hy hat sels útmakke hoe't er dat dwaan woe. Syn wize fan skriuwen makket dat er - oars as bygelyks Baersma en Kloosterman - fitaal en modern bleaun is. S.D. de Jong wie in útsûndering doe't er al yn 1927 dy kwaliteit fan Brolsma ynseach: As dizze skriuwer op syn bêst is, den binne der yn syn wirk safolle fine psychologyske trekjes, det men efter it libben fen al dizze arbeiders en lytse ljue foartynienen in rou en wreed drama fielt al raffelt de auteur hjar sielelibben den ek net foar de eagen fen de lêzers yn lange passages útmankoar.Ga naar voetnoot383 Wat wienen syn driuwfearren om safolle te skriuwen, safolle fan syn tiid oan it skriuwen te jaan? Brolsma neamde yn 1942 as reden: ‘overgeërfde liefde voor de taal, later zucht naar succes, de bestaansstrijd en, bij de verdere ontwikkeling nog weer een sterkere drang, die alle z.g. broodschrijvers gedreven heeft tot meerdere productie. Ook, en niet het minst, in ons kleine dierbare Friesland.’Ga naar voetnoot384 | |
[pagina 146]
| |
Al sil jild dan in wichtige driuwfear west hawwe, foaral yn 'e bloeiperioade fan syn skriuwerskarriêre, sa tusken 1918 en 1930, oerhearskje entûsjasme en kreativiteit. Men kin oan suver elk ferhaal fernimme dat er nocht oan it skriuwen hat. Elk ferhaal is nij, farsk. Fan rûtine is neat te fernimmen. Brolsma werhellet himsels nea en it slagget him om elke kear wer oare foarfallen te finen en ek oare situaasjes te tekenjen. Sels in natoerbeskriuwing beliket nea in earderen. Mar in hiel inkele kear liket in ferhaal yn dy jierren op haastwurk en mar komselden fernimt men dat der gjin ynspiraasje wie. Yn 'e tritiger jierren feroaret dat. As fêste meidogger oan Sljucht & Rjucht wist Brolsma jierrenlang wat de redakteuren en de lêzers fan him ferwachten. Realistyske, net al te bot ûnwierskynlike ferhalen, mei leaver gjin literêre omballingen. Jierrenlang hat Brolsma sok maatwurk levere, al wist er yn 'e typearringen in bulte eigens te bringen. De komst fan Frisia en It Heitelân makke dat de ferwachtingen fan 'e redakteuren èn dy fan 'e lêzers feroaren. Dy, meast Jongfryske, lêzers wurdearren troch idealen mar ek troch oplieding literêr wurk mear as de sljochtwei lêzers dy't Brolsma earder hie. Se ferwachten fan har lektuer mear djipgong en mear styl as yn Sljucht & Rjucht levere waard. Brolsma is de útdaging oangien om foar dy mear ûntwikkele lêzers te skriuwen, sûnder dat er him dêrta hoegde te forsearjen. Earder liket it derop, dat er ûnder ynfloed fan 'e nije mooglikheden mear himsels wurden is, krekt as hie er him earder ynhâlde moatten. Yn syn ferhalen komme mear eigen observaasjes, de styl wurdt libbener en syn figueren wurde minder klisjeemjittich.Ga naar voetnoot385 | |
Ruters fan de weiYn 'e fjouwer ferhalen, dy't Brolsma yn 1919 publisearre, is de oergong nei in nijere wize fan skriuwen opfallend. De ferhalen, dy't | |
[pagina 147]
| |
yn ‘Ut in doarp’ en ‘Fen 'e mieden’ ferteld wurde, binne noch net botte orizjineel, de observearringen binne dat wol. Oer doarpsminsken skriuwt er: ‘It deftich-stive boargerlike sit hjir op de troan en fiert it biwâld mei strange, neare binyptens’.Ga naar voetnoot386 En oer bern, dy't op 'e seedyk boartsje: En as hja den dêr op it ein fen de haed stienen en de holle foarútstieken en wol graech nei it eilân ta fleane woenen, den lette de klok en moasten hja werom, de daem del en by de dyk op. Den seagen hja wer oer it lân en de sé beide, hja digeren om hiel yn de fierte de âld stjelp gewaer to wirden en tsierden mei oare miedebern om it plak dêr't dy stean moast.Ga naar voetnoot387 ‘De kreupele’ en ‘Lâns de wei’ binne foarbylden fan ferhalen, dy't er nea foar Sljucht & Rjucht skreaun ha soe. Beide ferhalen hawwe in styl meikrigen, dy't de kompleksiteit fan 'e haadpersoanen rjocht docht. De ‘kreupele’ is in foddekeapman, dy't op in net altyd earlike wize negoasje keapet. Brolsma beskriuwt him net swart-wyt, mar mei nuânse. De benearjende sfear fan 'e man en syn pakhûs en de hûnen foar de karre, wurde treflik beskreaun. Men mei oannimme dat Brolsma goed om him hinne sjoen hat yn 'e steechjes fan 'e Bûterhoeke yn Ljouwert en sa in foarbyld foar de keapman fûn hat. Hoe't er de man typearret, dy syn hast dierlike begearlikens werjout, tsjûget fan grut talint. Foar de ‘kreupele’ is alles hannel, ek de froulju. Nei't er in boerinne beduvele hat (‘efkes, in tel mar, komme ingster en pet flak by elkoar’) beskriuwt Brolsma in boerehiem, sjoen troch de eagen fan 'e hanler. Oan de hôfskant steane de beammen mei pracht fan jonge frisse grienens. De hinnen moudzje yn't grús op't núnderpaed, deun tsjin de kouwemuorre oan. Hja lizze stil mei útrutsen poaten, as dea, om dan wer fei skraebjend en wjokslaende hinne en wer to risseljen. ‘Lâns de wei’ wie it earste fan in rige ferhalen oer swalkers, dy't har | |
[pagina 148]
| |
thús hawwe yn in loazjemint yn Ljouwert. Foar syn ferhalen brûkte Brolsma in pear fêste figueren as ‘dierbere’ Durk de harmoanikaspylder en Sipke, dy't ferver west hat en sitten hat. Oare memorabele persoanen binne ‘fine’ Oege en ‘Stille Nacht’, ek wol it ‘parapluwyfke’ neamd. De fraach hoe't sokke minsken oan 'e selskant fan 'e maatskippij oerlibje, hâlde Brolsma by it skriuwen fan 'e rige dwaande. De measten binne har yn Brolsma syn beskriuwing bewust fan har lege status yn 'e wrâld, mar sjogge der ek de oare kant fan, de antyboargerlike side. Brolsma beskriuwt se mei sympaty, sûnder oer de missetten te oardieljen. Hwa't mient det men hjir to dwaen hat mei tipearring sûnder mear, moat syn ‘Lâns de wei’-sketsen ris lizze nêst Waling Dykstra's ‘It biddelerskertier’ Beide spylje yn itselde milieu, mar yn ‘It biddelerskertier’ is de forljochte boargerman oan it wird, yn ‘Bylâns de wei’ de man, dy't syn figueren trochfielt.Ga naar voetnoot389 As jonge wie Brolsma al fassinearre troch de ‘de swalkjende, bûtenwenstige tipen’, dy't Stiens oandienen. Hy trof letter dat soarte tipen fansels oeral. By gelegenheid fan in radiolêzing yn 1942, stelde Brolsma himsels de fraach: Hoe kwam ik tot deze schetsen, hoe tot de gegevens? Ik zou willen zeggen, eenvoudig door die zwalkers, die aan de deur komen een goed bescheid te geven. (...) Nood hem binnen (...) en luister naar zijn verhalen over vrouw, verwanten, nering, stad en concurrenten. (...) Weer een andere dag, op een druilerigen killen herfstmorgen, dan is daar een oude vrouw aan de deur, die vraagt nederig of zij, omdat de achterbuurlui niet thuis zijn, nu haar voeten mag warmen in Uw kacheloven. Vraag ook deze oude zwalker of ze binnen wil komen en, indien Uw kacheloven te heilig is voor een paar oude voeten, die veel langs de wegen hebben gezworven, schuif haar dan een warme stoof toe. Ook deze oude zal in dank daarvoor U de mooiste en levendigste vertellingen doen uit oud Dokkum en wijden omtrek. Dan komt een prillen, klaren Meidag een stoelenmatter, hij heeft een prinselijken gang en draagt zijn biezen staatsievol. Hij is een koning, hij hecht zich niet aan een plek gronds tot woonstee, hij weigert Uw uitnoodiging om binnen te komen, maar nestelt zich tegen den warmen, zonbeschenen muur op het achtererf en vlecht daar de | |
[pagina 149]
| |
biezen in de stoel. Ga naast hem zitten en zie hem aan het vertellen te krijgen over wat hem is wedervaren in dorp, stad en slaapstee. Langs deze wegen kunt gij een schat van echte volksverhalen tot de Uwe maken en, als ge als schrijver daar dan nog niet een passend gebruik van weet te maken, is Uw talent begrensder dan dat van hem, die U van het hunne mededeelden.Ga naar voetnoot390 Yn in krystferhaal fertelt Brolsma hoe't er oan syn ‘fortúnlike stuolwynder’ kommen is: Wy hawwe togearre ris in skoft yn 'e wâl sitten to petearjen by de Snitserhoek, op in sneontojoune yn 'e simmer. Hy kaem fen in krewei dy kant út en ik hie in tocht ôflein troch de Lege-geaën. En dêr troffen wy elkoar; hy sei syn krewei koe mar amper deihier hâlde en ik sei, ik haw altyd in deihier. Hy hie twa goedkeape segaren, dy ha wy opsmookt en hy mocht graech oer myn praat, sei er.Ga naar voetnoot391 | |
Fen 't HegelânDe minne jierren tachtich hienen op de jonge Brolsma grutte yndruk makke en wienen foar him ynspiraasje foar syn wurk. It aksint kaam meast te lizzen op de bittere earmoed fan 'e arbeiders, mar Brolsma koe likegoed sympaty opbringe foar de grutte boeren, dy't temin om de takomst tochten en ek alles kwyt rekken. Der is altyd wat fan bewûndering yn syn wurk foar harren fearkrêft, dy't grûndearre is op grutskens. Yn ‘Fen 't Hegelân’ skriuwt Brolsma oer it boerelaach fan 'e Humalda's, dat it net hâlde kin as de prizen sakje. De reaksjes fan boer Humalda en syn skoansoan Arjen ferskille. De iene bliuwt passyf, de oare is earst opstannich en dêrnei wurdt er fatalist. Hy wurdt op 't lêst oanstutsen troch it sosjalisme. De novelle einiget mei in optocht fan ‘reade’ arbeiders, sa'nent as Brolsma sels meimakke hat. Brolsma hie by dit ferhaal neffens eigen sizzen op syn ûnthâld betroudGa naar voetnoot392, mar mooglik hat er ek de kranten, dy't syn heit altyd bewarre hie op souder, nochris neisneupt. Dêr húsmannen alle ‘Friesche Volksbladen’ inkelden mei it bantsje mei de healsints-griene postsegel der wer om; binei alle ‘Bildtsche Couran- | |
[pagina 150]
| |
ten’; steapeltsjes ‘Ljouwerters’, mar fensels nea mear as in achtste part fen eltse jiergong, sa machtich as it tal lêzers dan wier. Dêryn stie biskreaun, ho't de folksbiweging op it lân him oer 't algemien ûntjown hie(...)Ga naar voetnoot393 ‘Fen 't Hegelân’ bestiet út in tal krêftige sênes, lykas it feest by de Humalda's, de tocht fan Arjen by nacht as de arbeiders fan Broedertrouw in pleats yn 'e brân stekke en de besite oan syn famylje as dy nei Amearika wol. It boelguod by de Humalda's is in treflik sfearbyld fan 'e delgong fan 'e boeren. Moai wurdt ek de sfear beskreaun oan 'e seedyk, dêr't Arjen en syn grutske frou as ballingen hinne reitsje. In útwei fynt er as er Domela Nieuwenhuis sprekken heart. Hy siet op de stien en de hannen gearstringele, stil en sûnder krêft fen gebeartens sei er mei in dúdlike stimme yn kleare wirden al it leed út, det der libbe waerd yn dizze oarden, yn de stêdden, op it lân, oeral yn West-Jerope. Hwa de skild? De inkeling, de boer, de lânhearre, hiel de miswoeksen maetskippij, de selssucht.Ga naar voetnoot394 It lêste haadstik fan 'e novelle begjint as in mearke: ‘Efter, hiel efter yn it Hegelân, lâns de dyk, dêr't de huzen fier fen elkoar ôf stean, is it bigoun.’ En de lâste rigel is net minder mytysk: ‘Hwent hja wisten it, fielden it, it âlde wier foarby en it nije scoe komme.’Ga naar voetnoot395 Oan soksoarte rigels is te fernimmen, dat Brolsma dit ferhaal hiel graach skriuwe woe. Mear yn âlde styl wienen de stikken dy't er foar Sljucht & Rjucht skreau. Dochs is yn dy ferhalen ek wol wat te fernimmen fan in mear persoanlike styl. Sa hat ‘De faem út it arkje’ in frij klisjeemjittige ynhâld, mar de âldfeint en syn toarre suster wurde mei grut komysk effekt beskreaun. As de suster fernimt dat har broer ûnder de tsjoen fan 'e dochter fan in ûngetider rekket, wearzget se fan him. Styn stiet by de ligusterhage. Hja hat dêr Abe syn folsleine liifdracht op útspraet om to wierjen en bikipet it mei in fiis gesicht, stik for stik.... Yn it bûthûs leit jouns it poepebêd for him ré.Ga naar voetnoot396 | |
[pagina 151]
| |
‘Ipe by't fervjen’ dolt net djip, mar stiet fol mei moaie beskriuwingen fan it ferfeelsume wurk fan in ferversfeintsje. Mar dêr by Harmen yn dy kâlde winkel mei wat nifelwurk omgrieme, as de hannen en foetten prykje, dat wier net út to hâlden. Hwet dûrre den in moarnskoft lang, twa ûren foar de kofje en twa ûren neitiid, as hy mealle moast en de ferve mei o sa'n fyn strieltsje ta de mounle útdripte, in dei sims oer ien pot fol. En den altyd mar wer op dy lytse fmsterkes digerje, dêr't de blommen opstienen, en nei de bossen mei moaije printen der op en letters. Hy wist út de holle wol, hwet der opstie, hy seach nou gjin nijs mear yn de winkel.Ga naar voetnoot397 | |
Fryske FalklandPiter Sipma moat priizge wurde foar syn ynsicht, dat Brolsma mooglik ek op 'e koarte baan suksesfol wêze koe. De stikken dy't Brolsma op syn fersiik oan It Heitelân levere, twongen him om yn koart bestek in anekdoate of in situaasje te sketsen. Dat slagge him foar wûnder. In bêst stik is ‘De earste blommen’, oer Pier dy't sneins nei de kroech giet. Troch in staking is dy sletten en dan snapt er ynienen wêrom't syn frou him dy moarns sa útgniisde. Om har sarkasme foar te wêzen plôket er blommen foar har en ferrifelt har dêr totaal mei. Brolsma brûkte foar syn sketsen geandewei mear realistyske situaasjes, lykas in kerwei yn 'e bou of de sfear sa't er dy yn 'e nije arbeidersbuerten meimakke. Sa komt it stedslibben mear en mear nei foaren. It die S.D. de Jong bytiden oan Heijermans tinken, ‘dy't yn syn Falklandjes ek it felle en feale leed fen it libben fen-al-den-dei yn inkele blêdsiden tekenje en giselje koe.’Ga naar voetnoot398 In goed foarbyld fan sa'n stedsferhaal is ‘De kostgonger’, dat in prachtich byld jout fan in man dy't troch frou, dochter en harrren kostgonger tramtearre wurdt. Salm, syn plannen ta ynwindige sedelike forbettering hommels farre littende, roun de galle nou forgoed oer. Stom noch ta, dat fanke, dat nea in sint thús brocht en in loebis fen in thúslizzer, dy scoenen him der útstjûre. Lokkich, det hy breanochter fen 't fiskjen thús kaem wier, | |
[pagina 152]
| |
hwent in pear romerfollen drank hienen nou grif it bist yn him to wekker roppen.Ga naar voetnoot399 In bewiis fan kompleet masterskip levere Brolsma mei ‘De reis nei 't âlde doarp’ oer in âld-arbeider, dy't yn 'e stêd by syn dochter net aardzje kin en allinnich oplibbet as er mei âldboeren praat. De arbeider idealisearret syn ferline en nimt it syn baas net iens mear kwea-ôf dat er foar in ‘tige skriel lean’ wurkje moatten hie. Alde Durk hinget oan it ferline, it âlde, dat eins net mear bestiet. Brolsma kin syn satirysk talint kwyt yn 'e beskriuwing fan 'e wrede dûmny en de boeren, dy't yn 'e stêd allinnich mar mear âldwivepetearen hâlde. Troch de myldens fan âlde Durk relativearret Brolsma de arbeidersstriid fan 'e minne jierren, dy't er in jier earder noch sa mei fjoer beskreaun hie. Yn dit ferhaal set Brolsma stêd en doarp tsjininoar oer, om sa de âlde man syn situaasje sekuer oan te tsjutten. Fytsers, mei en sûnder ljocht, snoarren him foarby, yn skimerjoun waerd yn winkels en fabriken it wurk dellein en it jachtsjen begûn wer. Altyd dat hinne-en-wer fleanen, tocht Durk mei argewaesje; nearne kaem ris immen bidaerd oanpanderjen mei it ark op 't skouder, fan hwa't men oardielje koe dat hy de lea brûkt hie. Né, elts gyng yn de pronk en kaem yn de pronk werom, smookte in sigaer, en de bern hwat oars. En djip suchtsjend gyng er fan de strjitwei ôf en it buertsje op, dêr't hja tocht hiene dat hy syn lêste eintsje libben yn frede slite moast. De sosjalisten dy't yn 'e stêd wenje, sa as de skoansoan fan 'e âld man, kinne net op folle sympaty fan Brolsma rekkenje. En Styn hie jimmer heech opsjoen by him en hwat hy en de bigjinsels fan de partij har learden, har eigen ynsjoch en sielelibben derby opset, en wie fan wezentlik neffens soun forstân libjend en him ûntjaend minske, ‘schabloon’ wurden, altyd alles hwat hja die en litte moast, rjochtsjend en hifkjend neffens ‘de partij’, leafst alhiel allikens dwaend as de oare freonen.Ga naar voetnoot400 In oar masterwurk út 1921 is ‘It sinkende lân’ in komeedzje fol mei moaie details oer twa deune, erchtinkende minsken, dy't obligaasjes keapje en dochs it ‘lân’ net fertrouwe. Brolsma bringt de soargen en | |
[pagina 153]
| |
noeden en foaral de dommens fan 'e beide minsken mei tagedienens. Echt kluchtich is in ferhaal oer in stedsjer dy't in folkstúntsje nimt en gjin inkel doel oer túntsjen hat. Dit lichte sjenre hie Brolsma ek goed yn 'e macht, dat lit ‘Us bou’ goed sjen. Oare foarbylden binne ‘De sinneblom’ en ‘Kofjepraetsje’. Yn ‘De rippetysje’, in ferhaal oer strideraasjes oer de rolferdieling by in toanielferiening, koe Brolsma ek syn komyske kant sjen litte. | |
It widdou's bernYn 1922 (it jier dat er fjirtich waard) hie Brolsma foar It Heitelân in rige koarte stikjes skreaun mei oantinkens oan syn jongesjierren yn Stiens. Ek yn 'e earste haadstikken fan ‘It widdou's bern’, dêr't er yn 1922 yn Frisia mei út ein sette, wurdt it Stiens fan syn jongesjierren oproppen. As haadpersoan hie Brolsma de jonge Tetman keazen, dy't troch syn mem (de ferstoarne heit bliuwt dizich) te goed achte wurdt foar it boerewurk en op kantoar yn 'e stêd komt. Yn it earste part folgje wy de jonge yn 't opwaaksen yn it earmste part fan it doarp (‘De Sek’ neamd) dêr't er eins mar ien freon hat, Sjoerd, in âld smid. Prachtich wurdt de tocht beskreaun, dy't er mei de smid makket troch de lannen om Stiens hinne nei in pleats. Earne, fierôf yn de greidstikken efter de Finne, rounen, skerp ôfteikene tsjin it sljuchte fjild, in lyts tal minske-figuerkes. Yn har stribjen de jonge foarút te krijen, besiket de mem him op in notariskantoar te krijen. ‘Woe... netaris my wol hawwe?’ | |
[pagina 154]
| |
gaedlikst om freegjenderwize ien en oar wys to wirden. Hy bigoun: ‘Hwet sei mynhear do't jo kamen?’ Dochs slagget it de mem, lykas yn in Dickensferhaal, om de jonge op in kantoar yn Ljouwert te krijen. Hy komt dêr telâne yn it kosthûs fan 'e Anema's, dat Brolsma moai sfearfol beskriuwt. Nei eigen sizzen giet dit part werom op ûnderfiningen út syn ‘Snitzer tiid’.Ga naar voetnoot403 Mooglik hat er dêr ek it prototype foar Teatske troffen, de dochter fan 'e Anema's, dêr't Tetman him oan ferseit. De tariedingen foar har houlik wurde troch Brolsma yn it tredde part fan it boek beskreaun. ‘It widdou's bern’ beskriuwt de ûntwikkelingsgong fan 'e jonge Tetman ta in selstannich tinkend minske. Suver it hiele boek troch lit Tetman him troch oaren bestjoere. Syn mem wol dat er foarút komt yn 'e wrâld, syn baas wol dat er krekt sa fûl wurdt as hysels en Teatske, syn faam wol mei him libje sa as dat yn 'e reklames en de films ûnthjitten wurdt. Oan 'e ein fan it boek komt Tetman yn opstân en nimt er syn eigen beslissingen. In grut probleem fan dit boek is dat Tetman sa'n bytsje reliëf krijt. Wylst de byfigueren goed ynkleure wurde, skriuwt Brolsma om syn haadfiguer hinne. Mooglik dat er sa sjen litte woe dat de jonge | |
[pagina 155]
| |
gjin eigen kearn hat, mar dêrmei is it boek wol slim ûnlykwichtich wurden. In ferklearring soe wêze kinne, dat Brolsma trije jier oan it boek wurke en elke kear in part skreau. It widdou's bern liket noch it meast op in sketsboek, dêr't Brolsma fan alles yn útprobearret. In gehiel wurdt it net, mar it jout sa no en dan wol moaie eintsjes. Bygelyks de earste frijpartij tusken Tetman en Teatske. Faker as ienkear founen de mûlen inoar, en yette stiver prangen hja de earm om 't lichum, fielde de iene 't slaen fen de oare syn herte... It foer mei sa'n fellens yn hjar del dizze earste kear, sa foldedich woene hja bifredige wirde, det it oars net wier as in triljende utering fen de oerstjûre sinnen, sûnder wirden, sûnder dat hja inoar ljeave wirden of teare dingen seine. De krisis tusken Tetman en Teatske komt as se op besite geane by de famylje, dêr't se tsjinne hat. Tetman fielt him by dy deftige, sabeare freonlike minsken net op syn gemak, en kin him ek net ferbrekke. Syn stivens by dy besite wurdt troch Brolsma treflik beskreaun. ‘Hâldt Tetman wol fen... Schumann?’ | |
Earste boekEk yn It forgift brûkt Brolsma as haadpersoan in jonge, dy't ûnderfynt hoe't oaren foar him útmeitsje wat der yn syn libben barre | |
[pagina 156]
| |
sil. Yn dat boek giet de libbensrin fan 'e jonge Aent krekt oarsom as dy fan Tetman. De jonge Aent wol eins fierder leare, mar hy giet om de earmoed fan syn âlden te ferlichtsjen by syn heit yn 'e saak. Sa komt er ûnder ynfloed fan syn omke Goasse, dy't him daliks de earste dei al meinimt nei in kroechje. Jenever tsjinnet as tsjinwicht tsjin it fervers-‘forgift’ leadwyt. De jonge Aent is as ferhaalfiguer wol nijsgjirrich, mar Brolsma ‘docht’ suver neat mei him. Wol wurdt it ferverskerwei by in deune boer moai en yngeand beskreaun. Geef is ek in petear tusken de boer en de jonge ferversfeint oer de oarloch. Mar Aent achte det it nou tiid wier om syn lûd hearre to litten; hy sei, foar Goass'-om, egenwiis laitsjend: ‘It hie gjin tachtich dagen mei ús dûrre, boer.’ (...) It is spitich dat Brolsma foar syn earste boek net in better bewiis fan syn talint ynstjoerde. Sa hie er bygelyks mei ‘De kostgonger’ al sjen litten, dat er in spannende yntrige skriuwe koe en it rauwe praat fan stedsjers behearske. Yn dat ferhaal kin men ek fernimme hoe goed as Brolsma situaasjes (yn dit gefal in dochter dy't it mei in ferkearde feint oanleit) werjaan koe. ‘Sinterklaesjoun’ skreau Brolsma yn dialoochfoarm. It hiet in ‘neistikje’ te wêzen, mar de foarm wurdt foaral brûkt om flymskerp in parvenu del te setten. Brolsma levere oan ien wei nijsgjirrige ferhalen. ‘Miswier’ bygelyks, oer in boerefeint dy't mismoedich de hiele dei thús sitte moat (en yn 'e kroech) om't it reint. Brolsma kin yn in pear siden alles kwyt om in beskriuwing te jaan fan it nuodlike bestean fan 'e boeren. ‘Thús yn 'e hjeldagen’ is ek in masterstikje, oer in stive feint, dy't it net ferneare kin dat syn faam meidocht oan in toanielstik. Knap hat Brolsma it ferskil tusken it libbene famke dat opgiet yn Ibsen en de benearjende famylje fan har feint werjûn. | |
[pagina 157]
| |
‘Twa dy't by inoar wei woenen’ beskriuwt ek hiel goed hoe't in troud stel neat mear meiinoar mien hat en mient dat se wol sûnder inoar kinne. ‘De optocht’Ga naar voetnoot406 begjint as in fleurich ferhaal oer in optocht by gelegenheid fan 'e Keninkryksfeesten yn 1913, en einiget bitter as de stânsferskillen tefolle nei boppen komme. | |
De ivige striidYn 1924 en 1925 levere Brolsma meiïnoar 35 stikken oan kranten en tydskriften. It binne syn meast produktive jierren. Wurke er mei It widdou's bern al oan in roman, yn 1924 begûn er yn Sljucht & Rjucht in rige oer de famylje Seegers, dy't likegoed in roman hite mei. Yn bittere earmoed besiket de famylje troch de tiid te kommen. Mei ynmoed beskriuwt Brolsma yn in tal sênes hoe't de famylje libbet en by alles besiket de fleur der yn te hâlden. (...) hja hie de izeren pôt mei kâlde ierdapels út it keldersgat weikrige en handich ritste hja mei it breamês de stive ierdapels oan daelders, dy't op de mei fet ynsmarde koekpanneboaijum gearfoelen. As tominsten net sa nou en den in giel-brune jongeshân ien ûnderweis opheinde, yn dat lytse momint, dat hja sweven twisken beide pannen. Hwent hja lêstten se kâld wol, dy streuperts. Unforwachts krige ien fen de slynders in mep mei de stompe kant fen 't mês op 'e fingers, sadanich, dat hy dy gûlende yn 'e mûle geartroppe. Haadpersoan is de âldste dochter, Symk, dy't by in boerinne tsjin- | |
[pagina 158]
| |
net. De wize dêr't Brolsma har op karakterisearret kin sjoen wurde as foarwurk foar Richt út It Heechhôf. Ek Symk komt ûnder de tsjoen fan in oar miljeu, yn dit gefal dat fan 'e boerinne en har heareftige soan. Masterlik wurdt dat nei foaren brocht as by it begjin fan in deftige besite de boerinne mei har pronket en Symk dêrnei dochs yn 'e keuken bliuwe moat. Under ynfloed fan in glês wyn siket Symk oanhâld by de soan. Nei de earste set hienen hja Symk opslach net wer nedich, en it fanke siet ûnwennich yn de stille koken, eigentlik for it earst sûnt hja fen hûs teach. 't Fanke moast tajaen oan hjar ynerlike twang nei dat, hwet dy oaren dêr mei-inoar ryklik hienen en dêr't hja frjemd fen bleaun wier, dizze gânske joun; dêrom twong hja yn in koart, koart amerij, Bonne stiif tsjin har oan, patte him twa, trije kear op 'e mûle, en stau do fiersto oerstjûr, nei de greate keamer.Ga naar voetnoot408 Brolsma wiksele lichter en serieuzer wurk yn dy snuorje mei inoar ôf. Foarfallen dy't er nei alle gedachten sels meimakke hie, binne telâne kommen yn anekdoates lykas ‘It nije bihang’, ‘Drystens’ of ‘Op 't wetter’. Serieuzer is it prachtige ‘Oranje Snein’ en it wrange ‘Malaise’. Masterlik is ek ‘It âlderlik hûs’, oer de reaksje fan trije bern op it winnen fan in moai dofke jild troch de âlden. Yn syn bêste stikken wit Brolsma de minsken en situaasjes tige goed te typearjen en krekt genôch irony oan te bringen sadat de lêzer sels oardielje kin. Ek yn 1925 levere Brolsma in tal moaie, koarte sketsen, lykas ‘Pothof syn jierdei’, ‘De dei’ en ‘It oansiik’. Yn It Heitelân begûn er oan in lang ferhaal oer in toanielskriuwer, dy't besiket in stik te skriuwen oer de sosjale eftergrûnen fan it doarp. Brolsma lit yn ‘De wevers fan Noardbûrren’ net allinich dy skriuwer en de doarpsminsken sjen, hy jout ek in bysûnder libben byld fan it stik sels.Ga naar voetnoot409 Op 11 april 1925 stie yn 'e Leeuwarder Courant ‘De gernier’, in tige ekonomysk skreaun ferhaal oer in heit dy't syn soan offeret oan 'e foarútgong. It ferhaal foel op troch de koele presizens dêr't Brolsma de heit syn ambysje om fierder yn it libben te kommen mei sjen lit. In oare kant fan syn talint koenen de lêzers fan 'e Leeu- | |
[pagina 159]
| |
Hanskrift fan Brolsma, de earste side fan It Forgift, mei ferbetteringen fan Douwe Kalma.
warder Courant sjen, doe't in goed moanne letter wer in ferhaal fan Brolsma yn 'e krante stie. ‘Foarjiersnacht’Ga naar voetnoot410 is in mearke oer in | |
[pagina 160]
| |
ferfkwaste, dy't by nacht ta libben komt. It ferhaal is poëtysk en fantastysk tagelyk en in folslein kontrast mei ‘De gernier’. It andert op de fraach oft Brolsma him yn 1927 bemuoid hat mei de gearstalling fan syn ferhalebondel Spegels is spitigernôch net mear te jaan. Dúdlik is, dat socht is om in tal koartere stikken en dat dêrom de kar fallen is op frijwat wurk út 'e Leeuwarder Courant. Dêrby hawwe de wat mear kluchtige stikken de foarkar hân, om dêrmei safolle mooglik lêzers tefreden te stellen. Om de útjouwer te geriven, skreau er wol apart in ferhaal tsjin de drank. Yn 'e kritiken waard net folle goeds oer de kar sein. Bauke Tuinstra miende dat sok sammeljen ‘mei sin’ dien wurde moast, ‘mei in koele holle en in waerm hert, en hjir... it koe wol mei de blynkape foar bard wêze!’ Fedde Schurer miste benammen ferhalen mei mear djipgong as ‘Pothof syn jierdei’ en ‘Oranjesnein’, dy't neffens him fier boppe de measte ferhalen yn Spegels útkamen.Ga naar voetnoot411 It ferskinen fan dit boek wie oanlieding foar besprekkers om de sterke en swakke kanten fan Brolsma syn skriuwerskip del te setten. De sketsen yn Spegels wienen neffens Bauke Tuinstra ‘licht to lêzen, sûnder literaire pretinsjes. Wurk, dat sa deun oan de grins stiet fen 'e folksskriuwerij as inkeld by in Brolsma lije kin.’ Dochs wie it neffens Tuinstra ‘persoanlike kinst, al wirdt der sims offere oan de winsken fen de lêzers.’Ga naar voetnoot412 S.D. de Jong fûn in tal ferhalen net mear as ‘gnappe tipearringen’ al wienen alle ferhalen skreaun mei ‘in friskens en in egenens, dy't it lêzen fen syn wirk altiten wer ta in nocht meitsje.’Ga naar voetnoot413 Kiestra achte lang net alle ferhalen like slagge. ‘Brolsma hâldt to tige fen de lichte, boartlike irony.’Ga naar voetnoot414 ‘Fiskje’, it nijskreaune drankbestridersferhaal, waard troch elkenien ôfkard. Dêrmei hie er him forsearre, sa wie it betinken, de ‘blauwe folsinnen’ bongelen der ‘bryk en stuntelich’ by en neffens Fedde Schurer slagge it Brolsma net om in moralist te wêzen. | |
[pagina 161]
| |
It HeechhôfIt ferskinen fan in nije roman wie in útsûndering yn Fryslân. Sûnt De Hoara's fen Hastings (1921) wie der noch net wer ien útkommen. Doe't Brolsma yn 'e wintermoannen fan 1925 wurke oan it boek foar De Fryske Bibleteek, sil er him der bewust fan west hawwe, dat it de folle oandacht fan 'e lêzers en de kritisy krije soe. It soe syn masterproef wurde. Syn frou sei yn dy tiid faak: ‘Do bist der wyt fen om 'e kop.’Ga naar voetnoot415 Wat fan 'e spanning, dy't him soks joech, is werom te finen yn ‘Krystteltsje’, dat op 24 desimber 1925 yn 'e krante stie. Haadpersoan is in skuonmakker, dy't him net by syn fak hâldt, mar him ferdjippet yn folkloare. Mar ‘dy lytse stikjes folklore bifredigen him net mear,’ skriuwt Brolsma, ‘der foer earsucht yn 'e man, miskien, dat it strunen yn de greate boekesealen him derta oanfitere, mar ho en hwet ek, hy krige dêr oanstriid fen, om dreger stik wirk to ûndernimmen, eat, dat syn namme forneamd meitsje scoe.’ De skuonmakker besteget al syn tiid oan it boek en syn saak fertutearzget. ‘Earmoede, lijen en tsierderij’ binne de gefolgen. In ‘grize, deftige âlde hear’ warskôget de skriuwer. Dat de skoenmakker sa'n bytsje pielde mei ûnderhânsk wirk, dat woe er yette gean litte. Mar dat dy him oan in boek bijaen scoe, dat griisde him oan om 'e man. Tiid en wirk omdoch; nimmen dy der hwet by bispoun, hwent de minsken dêrre dy koften mar hiel selden in boek, hja lienden it ljeaver, al wier it dan ek mar fen uterste kinde. En al moai wis scoenen hja baes net better bihannelje. By einbeslút makket de skuonmakker it boek net ôf en hâldt him by syn fak. As opfallende parallel kin noch neamd wurde, dat de skuonmakker, lykas Brolsma, syn boek skriuwt oan ‘in gammel wasktaffeltsje’.Ga naar voetnoot416 Brolsma hat ferteld hoe't er oan 'e stof fan It Heechhôf kommen is. Dat in komelker, dy't oan 'e Ie wenne, him frege om syn hûs te fervjen. ‘Hij zou graag willen, dat dit, zijn huizinkje, werd geschilderd in wit en groen, maar hij heeft nu geen geld. Wel als hij straks in den herfst vee aflevert, varken en kalf en alle ander jongvee. (...) | |
[pagina 162]
| |
En zoo gebeurt het, dat ge een paar weken bij dezen koemelker als huisgenoot mee om tafel aanzit en deelgenoot wordt van de zorgen en hoe de groote kinderen zich ge- en misdragen.’Ga naar voetnoot417 De lokaasje oan 'e Dokkumer Ie joech Brolsma de gelegenheid allegear saken meiïnoar te ferbinen, lykas de komst fan it baggerfolk en it libbene ferkear fan minsken en skippen. Sûnder mis ha de seis jier dat er yn Lichtaard wenne, djip op him ynwurke. Foaral syn eigen ôfhinlikheid fan 'e geunst fan 'e grutte boeren wie him bybleaun. De eangst om dy te ferliezen hat er oerbrocht op Jan Brúnja, de man dy't foar syn boarch oer komt te stean. Wat Brolsma ûnderfûn mei dy spikerhurde boeren (mei as fûnemint it leauwen) komt werom yn syn boek. Hy hie syn manuskript ‘By it boerefolk’ neamd, in titel dêr't de distânsje tusken de skriuwer en syn ûnderwerp yn werom te finen is. De mear programmatyske namme fan it úteinlike boek sil fan Kalma komme, dy't goed sjoen hat hoe't net de Brúnja's mar de pleats it sintrum fan it boek foarmet. Treflik wie it bonkerak dat Brolsma foar syn boek betocht: ien jier, mei alle wikselingen dy't dêr op in pleats mei mank geane. Heit, mem, trije bern en in beppe. It gesin hat dúdlike werkenbere trekken foar de lêzer. De heit is guodlik, de mem bazich en de bern wolle har ûntjaan en net oan 'e liedbân fan 'e âlden rinne. De spanning bestiet der út, dat Jan Brúnja gjin bêste boer en syn bern net de baas is. Soks wurdt him needlottich: de boarch hellet syn jild ûnder de pleats wei om't Richt in ferkearde feint hat. Dy erchtinkende, rabjende fine boerewrâld wit Brolsma mei in pear feninige sênes goed te typearjen. It stie biskreaun en it wier plicht, ornearre Doeke; de earme moast holpen wirde en in minske syn bisit, det wier mar liend gûd. Dochs scoe it sot wêze en hâlde it jild ûnder spil, det troch oarmans dwaen forinnewearre. En nou moast men de tiid net foarút rinne, mar dochs, neffens eigen soun forstân to riede geande, den... ja fensels, hofolle jild as dêr ûnder stiet, wist hy net...Ga naar voetnoot418 Fan 'e Bruinjabern wurdt Richt it meast nei foaren helle. Har fer- | |
[pagina 163]
| |
kearing mei de miete boeresoan Bokke rekket út. Se wol wat oars as it gewoane, en komt sa ûnder de tsjoen fan Ynse, ien fan it ‘baggerfolk’. Ek dy ferhâlding rint op 'e non, om't de feint har wat te frij is. ‘Bist net wiis,’ sei hja lilk en warde him der bûten, mar it wraksjelen mei hjar fjurre him desto mear oan. Forheftich mar sûnder lûd to jaen strieden hja, oant op in momint de doar iepenrekke; do stiene hja beide ûnforwachte, foarút stuitsjend tsjin in golle oan, en de swiete rook fen it licht broeijende hea twong yn hjar iepene noasters. Daliks nei dy hjitte fen it wrakseljen, yn de tsjusternisse socht hy hjar mûle, bigearich taestend gyngen syn hannen oer hjar lea. It Heechhôf hat altyd it meast populêre boek fan Brolsma west. Yn it foarste plak om't Brolsma de sfear fan 'e tweintiger jierren en it lânskip oan 'e Ie sa goed op wist te roppen. Dêrby waard foaral Richt as haadfiguer wurdearre. It wie foar 't earst dat sa'n gewoan, net bot komplisearre fanke beskreaun waard yn 't Frysk. Dat se, ûnder de tsjoen fan syn foardragen, wer mei Bokke fierder giet waard net botte oannimlik fûn, mar hâlde ek de doar iepen foar fierdere avontoeren. De mear tragyske ûndertoan fan it boek - it ferlies fan ‘It Heechhôf’ - foel minder op om't de Brúnja's, lykas de Humalda's earder, wat igaals hawwe. De publikaasje fan It Heechhôf wie de kroan op seis jier fan fûl wurkjen. Yn it boek is Brolsma dúdlik master fan syn materiaal. Grut ferskil mei It widdou's hern is bygelyks, dat er net mear om syn haadpersoanen hinne skriuwt, mar de lêzer behellet by wat Richt of de oaren beweecht. Yn 'e jierren 1919-1926 publisearre Brolsma 89 koarte of langere stikken. Dêr wienen twa selsstannige publikaasjes by, It forgift en It Heechhôf. Fan 'e oare stikken binne 23 opnommen yn bondels as Spegels, Sa seach ik Fryslân en Folk fan Fryslân. Mear as 70% fan it wurk fan dy jierren is lykwols nea wer printe en nei alle gedachten seiden mear lêzen. Fan dy 89 stikken binne 20 yn it boeremiljeu situearre, de oaren ha de stêd as dekôr. Soks is wichtich om fêst te | |
[pagina 164]
| |
stellen, om't Brolsma faak as in skriuwer fan it plattelân trochgiet. Wat as oerhearskjend tema nei foaren komt yn it wurk fan syn meast produktive perioade is de fitaliteit fan syn figueren. Hieltyd beskriuwt Brolsma hoe't syn haadpersoanen de trie wer oppakke. De Brúnja's fiere fleurich Krysttiid wylst It Heechhôf ferlern is, de gernier bout syn stjelp ek al is syn jongste soan dea. It beslút fan ‘De gernier’ is faak bekritisearre, Brolsma - sa woenen guon ha - hie ophâlde moatten by de dea fan 'e jonge. Soks hie tragysker west; fansels, mar dat wie net it effekt dat Brolsma socht. Him gie it der om sjen te litten dat yn it libben alles altyd trochgiet. |
|