Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 105]
| |
V
| |
Yn 'e stêdIt earste jier yn Ljouwert wennen de Brolsma's yn in winkelhûs oan 'e Camstrabuorren (nûmer 49). Nei alle gedachten betsjinne frou Brolsma oerdeis de klanten, wylst Brolsma oan 't fervjen wie. It is net wis oft de Brolsma's de winkel as ekstra boarne fan ynkomsten hienen of dat se gjin oar plak fine koenen. Yn alle gefallen die Brolsma ûnderfining op mei it ôfweagen fan sjerp, ‘it sinnichste, biroerdste wirk fen 't fak.’Ga naar voetnoot282 Camstrabuorren hie lang in útbuorren fan Ljouwert west oan 'e Dokkumer Ie. Yn 1859 wie de streek trochgroeven om in ferbining oan te bringen tusken de Ie en de stedgrêft. Sa wie de Iebuert ta stân kommen. Beide wienen it libbene buerten, mei in soad lytse winkeltsjes. Oan beide kanten fan 'e Ie stienen bedriuwen as in sûkereifabryk, hellingen en in semintfabryk. Fierderop oan 'e Dokkumer Ie wienen kwekerijen, dêr 't de Brolsmabern mooglik by 't simmer wolris wat ekstra's fertsjinne ha. Tusken de Spanjaardsleane en Camstrabuorren wie yn 'e njoggentjinde ieu de saneamde Iisbaanbuert boud, arbeidershuzen oan 'e Bleekerstrjitte en de Houtstrjitten. Brolsma koe no út eigen ûnderfining skriuwe oer it libben yn in echte folksbuert. Yn syn ferhalen wie it stedslibben oant dan | |
[pagina 106]
| |
ta frij klisjeemjittich beskreaun. Nei 1919 nimt Ljouwert in prominint plak yn as lokaasje fan syn wurk. Net iendris sa mâlle fier bûtenút koenen hja út 'e romte hjar kar dwaen; oan it Mounlepaed, op 'e Aldegeleijen. Efter de Hôven riisden do de nije strjitten út it greidlân op (...). De minske-pakhússtyl, dy't him sa treflik utere yn skeppings lyk as ‘Werkmanslust’ - dat oant yn lingte fen dagen in moai útwreidzjen fen de stêd dêrre hopeleas tsjinkeart - hie do ôfdien.Ga naar voetnoot283 Yn letter jierren hie Brolsma altyd deselde baas, Idzerda oan 'e Skrâns.Ga naar voetnoot284 Oft dat daliks, fan 1919 ôf sa wie, is ûnbekend. Mooglik hat er yn 't earstoan by syn sweager Folkert Postma wurke, dy't in ferverssaak yn Lekkum hie.Ga naar voetnoot285 ‘Och,’ skreau Brolsma oan in freon op âldjiersdei 1920, ‘it libben is ek alle dagen sa it selde. Deis it wirk - de hushalding - hwet mei de bern avenseare, in flitseboage spanne[,] in klomp kramme. En de jimmer slitende skoen bijenoar spikerje. En jouns - as 't fredich wirdt - sa om in ûre as acht - dan is 't tiid om ris hwet fen in oar syn reis troch 't libben to biskrieuwen.’Ga naar voetnoot286 Arbeidzje en skriuwe, dêr gie Brolsma syn tiid mei hinne. Dêrom is syn útsje nei Nimwegen yn 'e simmer fan 1920 sa bysûnder. Hy wie dêr op útnoeging fan Dirk de Vries, dy't wurke as juridysk meiwurker by ‘Anton Jurgens' Verenigde Fabrieken’. De reden dat Brolsma by him op besite gie, is net mear nei te gean. Nei alle gedachten wie De Vries in bewûnderer, dy't neier mei de skriuwer yn 'e kunde komme woe. In soartgelikens kontakt hie De Vries mei Obe Postma socht.Ga naar voetnoot287 It liket derop, dat se inoar net earder troffen hienen. De Vries skriuwt teminsten dat er Brolsma by de ‘kontrôle’ op it stasjon wol kenne sil ‘fen it portret yn 't Heitelân’.Ga naar voetnoot288 De Vries, | |
[pagina 107]
| |
berne yn 1886, wie - lykas Brolsma - in ‘selfmade man’. As soan fan in kastlein hie er him opwurke ta klerk by it kantongerjocht en oan 'e universiteit fan Nimwegen rjochten studearre. As Fries om utens socht er oansluting by de Fryske beweging, mar hy wie wat dat oanbelanget nei eigen sizzen ‘sweevjend’. Tsjin Piter Sipma, dy't him frege om mei te dwaan oan It Heitelân, sei er dat er ‘mear to freegjen en to sykjen hie, den to sizzen.’Ga naar voetnoot289 Janke Westerbaan, Portretfoto fan ± 1910.
Brolsma reizge op sneontemoarn nei Nimwegen en wie de oare jûns werom yn Ljouwert. Brolsma skreau De Vries letter, dat ‘dy twa dagen fen disse simmer dat ik by Jou to gast wier binne wol forgoed yn 't geheugen bliuwn, en nog faek as ik sa ris stil derhinne siet, haw ik al dy moaie gesichten wer for my.’ De Vries hie Brolsma de binnenstêd fan Nimwegen sjen litten, ‘de wûndere, âlde heal forgiene tsjerke en de bayert fen op en del rinnende gassen der om hinne.’ By 't skimerjûn hienen se útsjoen oer de Betuwe en ‘hast al oer 't Hillige lân.’ Wat him letter foaral noch by stie, wienen ‘de bosken fen 't Reichswald yn 't forsjit, in nuver kastiel wier it net to Mook, efter ús stoude in goederentrein twisken hege wâllen yn op nei Brabant ta.’ Brolsma skreau dizze oantinkens op âldjiersjoun 1920 om De Vries nochris te betankjen. ‘En ik scoe it net sidse kinne hwet yen dan bikrûpt en werom as it yen yn ús eigen oarde nea sa giet.’ Brolsma einige syn brief mei de opmerking, dat ‘op in joun as disse skoagje ik de forfleine dingen fen 't libben hwet skerper as oars, as ik neigean hokfor dagen wieren der dat de | |
[pagina 108]
| |
sinne skynde en dat de blidens fen 't libben op my takaem (...)’Ga naar voetnoot290 Dat Brolsma wat mankelyk wie, hie in oare reden as de ferfleine simmer: tige tsjin 't sin fan 'e frou ferwachten de Brolsma's har tredde bern. De sfear yn 'e hûs wie dy moannen net noflik. Earder hienen se de winkel oan 'e Camstrabuorren deroan jûn en wienen yn oktober 1920 nei de Van Heemstrastrjitte nr. 4 ferfearn. Dat wie in smelle strjitte mei kreaze arbeiderswenten, súdlik fan it spoar Grins-Ljouwert. Nei alle gedachten wienen de Brolsma's de twadde of tredde bewenners fan it hûs, dat likernôch yn 1912 boud wie.Ga naar voetnoot291 Wa't de strjitte útrûn nei Efter de Hôven koe útsjen oer de greiden. Jantsje Brolsma waard yn dat hûs berne op 4 july 1921. Nei útsjoen of net, Brolsma wie wiis mei syn dochter en neamde har nei syn mem. Dy hat har berte noch meimakke. Nei't har sûnens stadich efterút gien wie, ferstoar se op 8 maart 1922, yn 'e âldens fan 82 jier.Ga naar voetnoot292 Brolsma syn suster Wieb, dy 't harren mem fersoarge hie, bleau yn it âlderlik hûs. Mei in pear jier soe Anna Brolsma by har yn komme te wenjen. Tegearre foarmen de beide susters dêrmei in fêst punt foar de al mar oanwinnende Brolsma-famylje. Fan 'e beide muoikes wie de fleurige, mar slim dôve, Wieb favoryt. De beide Brolsma-jonges makken út dat sy letter by har yn 'e kost woenen. Jantsje Brolsma útfanhuze by 't simmer faak by de muoikes. Brolsma syn broer Jolke, dy't earder in ferverssaak yn Winaam hân hie, wie ek werom yn Stiens. Arjen Roelof Brolsma hie dêr in boekhannel - hy waard yn it doarp ‘papieren Roel’ neamd -, en wie warber foar de tsjerke en Halbertsma. Foar de opfieringen fan dy rederikerskeamer makke Jolke soms de dekors. Mei de famylje yn Stiens wie in soad kontakt. Geregeldwei, meastentiids op snein, | |
[pagina 109]
| |
fytsten de Ljouwerter Brolsma's der hinne foar in besite. Mei Pieter Brolsma, dy 't yn Groenlo wenne, hie Brolsma it minst kontakt.Ga naar voetnoot293 De âldste broer, Hessel, wenne yn Amearika, mei him wie der allinnich skriftlik kontakt. No en dan kaam der in stichtlik brief út Amearika. Hessel wie warber foar ‘Ut en Thús’ yn Chicago en die dêr in pear kear ferslach fan yn Sljucht & Rjucht. Yn dat blêd stie yn 1924 in foto fan it bestjoer fan 'e Fryske klub.Ga naar voetnoot294 Sa koe Brolsma nochris sjen hoe't syn broer der nei al dy jierren útseach. De âlden fan frou Brolsma wienen yn 1921 nei Ljouwert ferfearn. Se hienen de saak yn Ferwert deroan jûn en wennenUlke en Liuwe, ± 1920.
ynearsten yn 'e Grutte Tsjerkestrjitte. Frou Brolsma har âldste broer Pieter Westerbaan hie earst timmerman yn Hallum west, mar begûn yn 1921 in oannimmersbedriuw yn Ljouwert. Syn broer Aelze kaam yn 1925 by him yn 't wurk. Om't ek har susters Klaaske en Tjitske yn Ljouwert wennen, hie frou Brolsma in grut part fan 'e famylje om har hinne.Ga naar voetnoot295 De beide soannen fan Brolsma ferskilden nochal yn karakter. Ulke, de âldste, wie in bêste learder. Hy wie in stille, serieuze jonge. Liuwe dêrfoaroer wie fleurich en sosjaal mar hie abslút gjin nocht oan learen. Ulke soe op 'e ulo in klasse oerslaan en op syn achttjinde al foar de klasse stean, Liuwe gie sûnder diploma fan skoalle. Hy sei dêr fan: Foar learen doogde ik net, der wiene fakken dy't myn forstân net trochgrounje koe (...) wie my begelyks in diel fan in grammatica helder | |
[pagina 110]
| |
wurden, dan wie ik him mei in pear wiken skoan forgetten. Ik kaem dan ek op myn fjirtjinde by de baes.Ga naar voetnoot296 Oer it krewearjen fan syn heit hat Liuwe oantinkens opskreaun: Us heit siet alle jounen to skrieuwen, wy seagen him jouns nea by de tafel. It koe soms wêze, dat hy mei in skrift nei ûnderen kaem en sei [:] jimme kinne gerêst prate, ik hoech allinnich mar kommas en stippen to setten. Mar men hâlde jin dan doch stil. (...) Ik haw him ek nea heard dat it net woe, mar soms as wy om in ûre as tsien op bêd giene en hy ophâlde ek al omt wy yn deselde keamer sliepe moasten, seagen wy [op] de ranne fan syn papier hiele lange fine hantoasten tekene sa't in skilder dy neiskilderje kin. En dan seine myn broer en ik tsjinelkoar: Doe hat er efkes oansitten.Ga naar voetnoot297 Liuwe wie sân jier doe 't er nei de stêd ferhuze. Ek oantinkens oan syn jongesjierren yn Ljouwert hat er opskreaun: Mien net, dat in stedsjonge en tominste in Ljouwerter stedsjonge neat fan it libben bûten ôf wit. Hy wit der wol folle minder fan as boerejonges dat is wier, mar och sa simmerdeis wiene wy ek jimmer to swimmen en to aeisykjen, wy makken op 'e fytsen tochten troch hiel Fryslân hinne en it silen waard ús op 'e hierspjelden fan 't Vliet en de Greate Wielen wol bybrocht. En der wienen dan yn in stêd ek wer hiele oare dingen dy't men bûten wer sa net hie. As jonges swurven wy mei ús hoepen de hiele stêd troch, alle stegen en gloppen kamen wy. Wy strúnden by de fabriken oan de Harnser trekfeart en jouns, hwat ha wy faken jouns binaude tochten dien by it Joadetsjerkhôf om't it dêr spoeke nei't men sei. Tongersdei jouns ynstallearden wy us op in Kollumer snikke dy't mei aeijen by de Waech lei en forkoften dy mei foar de man, dy't sels de stêd yn wie. Freeds holpen wy by de beurtskippers en op 'e feemerk bin ik faker as ien kear mei fjouwer kij efter my oan nei de wagons ta kuijere. Der wiene doe yn 'e stêd mear fan dy gesellige hoekjes, fan dy âldste stikjes sted, sa as bygelyks de Bûterhoe- | |
[pagina 111]
| |
ke en dêr't deselde geast hearske as Jack London biskriuwt fan de havenbuerten yn Amearika.Ga naar voetnoot298 De Brolsma's bleauwen twa jier yn it hûs oan 'e Van Heemstrastrjitte. De strjitte hat grif de ynspiraasje levere foar it ferhaal ‘De reis nei 't âlde doarp’, dêr't in âld arbeider by syn dochter yn 'e stêd komt te wenjen en slim ûnwennich is. Ut hûs dreaun troch de aloan neijer oanslûpende tsjusternisse stiene nou de biwenners doar oan doar, sochten yn in bûrpraetsje meiinoar it forfelende skoftsje skimerjoun om to krijen. Efter in omheech skoud skúframt (opdet ek de neistlizzers it geniet net ûnthâlden wirde scoe) sûze en knettere in grammafoan rou-heaske lûden út. Swijde de skoarre stim-út-de-fierte, den tinkelden efkes skerp pyngelpanglend de piano-lûden, sa fyn en tear en djip yn 't bûrtsje-rûzemûs. In man, ôf- en oanrinnend yn 't lytse húske song dêrby, syn stimme, breed groljende efter út de kiel wei, klonk den wer lûder, den wer fierderôf, al nei 't er him, by 't skrippen om de sljuchtsneiske klean oan to krijen, den by dizze, den by in oare kast bijoech. Mar jimmer like ûndúdlik, as it bearen fen de keardel fen de plaet. In pear jonges yn 't opwaechsen tsierden, inoar hast bidústend, mei deadlik wite koppen oan de kant fen 't paed: ‘Myn foader sei - myn foader sei -.’Ga naar voetnoot299 Yn oktober 1922 gienen de Brolsma's nei de Bisschopsstrjitte, wer in smelle strjitte mei arbeidershuzen. Mooglik wie dat hûs wat grutter as it earste, mar folle ferskil wie der net. De Bisschopsstrjitte wie yn 1905 boud en hearde ta de nijbou fan Ljouwert tusken it Fliet en it Nije Kanaal. Dêrmei wennen de Brolsma's wol tichter by 't sintrum fan 'e stêd. It Fliet wie noch in streek mei in eigen karakter, mei bysûndere minsken. By ien fan harren, ‘Markus' Aal’, hierden de Brolsma's by 't simmer wolris in boat om nei de Grutte Wielen te silen. De eerste reis verliep totaal watersportloos, vooral voor B....a zelf, die de heen- en terugreis aflei in de ‘line’ en loopende op de gekantelde zoden van den polderdijk. Hij scheepte zich alleen in om via een wijde bocht de poldersloot te ontzeilen. Op de Wielen stuwde hij de zwaarbeladen boot door middel van met veel blik bespijkerde riemen, en bereikte na twee uur varens den tegenoverliggende oever. Hij zweette erg en was trotsch als Columbus (...) De tweede reis bevoeren ze een platgeboomd vaartuig met een vierkant zeil en waren al veel meer op | |
[pagina 112]
| |
't water dan op het land. Maar den derden keer belandden zij (door een misverstand van den verhuurder) in een werkelijke zeilboot, die zoo zeewaardig was, dat alle Ouwe-Vlietsters bij den start op de trappen van de ‘trapkebrugge’ samendrongen en zeien ‘as dat goed komt, dan komt er meer goed.’Ga naar voetnoot300 | |
Oan it publyk foarsteldIn ‘ienfâldich man mei in skrander útsjuch’. Sa waard Brolsma de lêzers fan it wykblêd It Heitelân bekend makke yn it nûmer fan 17 july 1920. Op it omslach eage de skriuwer serieus.Ga naar voetnoot301 Goed twa siden telde it petear, dat S.D. de Jong mei Brolsma hâlden hie.Ga naar voetnoot302 Sibe Douwes de Jong wie in Stienzer, soan fan 'e direkteur fan it bûterfabryk. It feit dat in doarpsgenoat mei him kaam te praten, sil makke ha dat Brolsma - foar syn dwaan - frij iepenhertich wie.Ga naar voetnoot303 Sa fertelde er De Jong oer syn heit, oer de krantsjes, dy't er mei Heert Terpstra makke en dat er yn 'e Flieterpen hielendal net past hie. De lêzer wurdt in soad gewaar oer Brolsma syn wurkwize by 't skriuwen. Hy fertelde dat er begûn mei in ‘skjin skrift’ foar him te lizzen, ‘in potlead en fensels... hwet smokerij. En as ik den in heal ûre de keamer op en del roun haw, den haw ik it foar elkoar. Ek wol bart it, det as ik in nacht net sliepe ken, ik in hiel stik ôfwikkelje | |
[pagina 113]
| |
(...).’Ga naar voetnoot304 Op de fraach fan De Jong oft er maklik skreau, andere Brolsma: ‘Ja, dêr haw ik gjin wirk fen, foaral stikken dêr't in bult petear yn foarkomt. (...) Foaral ek lytsere sketskes, den haw ik it wol det ik se sa mar for de printerij opskriuw en dat binne oarnaris de flotsten.’ Oer de kwaliteit fan syn wurk, sei Brolsma, dat neffens
Brolsma mei Jantsje (lofts).
him it bêste ‘noch komme moast. Ik kin fiele, tinkt my, det ik nou noch altiten oan 'e winnende hân bin. Myn wirk fen 'e lêste tiden is yette al opgeand.’ It is in flot lêsber petear, in miks fen beskriuwing en sitaten. It is lykwols net dûdlik, wannear't Brolsma sels oan it wurd is en oft er de dingen ek werklik sa sein hat. Guon fan 'e antwurden skimert de miening fan 'e Jongfries De Jong mear as in bytsje trochhinne. Bygelyks as Brolsma seit: ‘It sterkst bin ik yn it útbyldzjen fen datjinge dat de minsken tipearret, it satirike scil ik it mar neame, ik tochte det ik dêr al hwet yn birikt hie, dit is it genre dêr't men noch al maklik yn forfalt ta gekoanstekkerij ef it bispotlike en dat moat mijd wirde.’ Dat it sa dúdlik de miening fan in kritikus, dat men foarsichtich wêze moat mei de konklúzje dat Brolsma dat sels ek sa fûn. De sjoernalist lit Brolsma sizze, dat er in soad fan Marten Baersma syn styl leard hat en dat er it literêre wurk fan Kalma ‘ûnforbetterlik’ fûn. No liket syn eigen wurk op gjin inkele wize op it proaza fan Baersma of Kalma, dat ek by dat oardiel kin betwivele wurde oft it Brolsma syn miening wol wie. It past mear by De Jong, dy't sels tige yn 'e Jongfryske styl skreau.Ga naar voetnoot305 Nijsgjirrich is wat Brolsma oer syn lektuer seit. ‘Ik haw der gjin tiid for, deis myn wirk en jouns sit ik meast to skriuwen. Fen 'e Hollânske skriuwers hâld ik it meast fan Heijermans en Querido en | |
[pagina 114]
| |
fen Eigenhuis. En fierder de tsjinwirdige Ingelske skriuwers, lykas Jerome en Jean WebsterGa naar voetnoot306 en eartiids ek Dickens, de Ingelsken binne dochs mar tinkt my de ljue dy't de dingen it fynst wer jaen kinne. En den foaral net to forjitten Selma Lagerlöf.’ Hy neamde nochris wer de Rimen & Teltsjes. Brolsma fûn ek dat de jongere skriuwers har tefolle mei ‘Weltschmerz’ dwaande holden. | |
Mienskipslid op distânsjeYn 1918 wie de Jongfryske Mienskip iepensteld foar elkenien dy't lid wurde woe. Troch it loslitten fan it ûnderskie tusken ‘arbeidzjende, stypjende en lêzende’ leden, waard de Mienskip rillegau in grutte beweging. Dêrom doarsten de lju it oan, om yn 1919 te kommen mei in wykblêd.Ga naar voetnoot307 It Heitelân hie in grut tal meidoggers, meast Jongfriezen, en woe ‘yn Frysk-nationale geast alles bihânnelje, hwet de saek fen Fryslân oanbilanget’. Utjouwer wie de N.V. Noard- en Súd-Nederlânske Utjowers-Maetskippij fan D.Y. Alta te Amsterdam, printer wie Brandenburgh fan Snits. Einredakteur Piter Sipma sette mei faasje út ein. Ek Brolsma die mei. Syn earste bydrage stie yn it nûmer fan 8 maart 1919. It wie ‘Lâns de Wei’, it earste fan wat in lange rige swalkersferhalen wurde soe. Yn dizze ferhalen fûn Brolsma in eigen toan en beljochte er oare figueren as de Fryske lêzers wend wienen. It Heitelân hie dat earste jier wol mear opfallende bydragen. Sa begûn Dr. J. Botke mei syn rige ‘Fen Fryslân's Groun’ en Dr. G.A. Wumkes mei de ‘Bodders yn de Fryske Striid’. Ek Frisia bleau bestean, mar strikt as literêr tydskrift; alle meidielingen oer aktiviteiten fan 'e Mienskip stienen yn It Heitelân. Troch de grutte stream nije leden feroare it karakter fan 'e Mienskip. It drige, yn 'e wurden fan Kalma, ‘mei de Mienskip moade to wirden’. Der wie neffens him sa temin ‘ynwindig’ Mienskipslibben | |
[pagina 115]
| |
en de bestjoersgearkomsten - ‘ienris it sté fen fruchtbere besprekkings oer it Ideael en syn praktyske forwezentliking’ - rekken har ‘bitsjutting’ kwyt. It ideaal moast belibbe wurde ‘yn herte en nieren, sà det it in nije glâns útspraet oer yens hiele bistean en it hiele libben bringt op in heger plan.’Ga naar voetnoot308 Dêrom it útstel om de Mienskip yn kriten te spjalten. Dy reorganisaasje krige syn beslach, nei't Kalma en syn meistanners de striid wûnen fan foarsitter Piter Sipma. E.B. Folkertsma kearde him doe ek fan 'e Mienskip ôf, hy fielde him as kristlik man dêr net mear thús. In wichtich ferskil tusken mannen as Sipma, Sjouke de Zee of Folkertsma oan 'e iene kant en Kalma oan 'e oare, wie, dat de earste groep eins allinnich ynteresse hie foar it Frysk-nasjonale, wylst Kalma oanstie op in ynternasjonale skôging fan 'e Fryske striid. It moast dien wêze mei de ‘massa-gearkomsten en itjûchheijende feest-fortoan’. It wêzen fan it Jongfryske begjinsel wie neffens Kalma twafâldich: ‘it sjucht en neamt it Fryske folk as in egen, lytse, mar libjende en geastlike selsstannige nationaliteit mei gelikens rjucht en plicht as de oare folken fen dizze ierde, èn hja wol dizze nationaliteit, yn ôfwiking fen hast alle greater folksforbannnen, tsjinstber meitsje oan 'e forheffing en de foarútgong fen it minskdom (...).’Ga naar voetnoot309 De kriten wienen bedoeld as in Mienskip ‘yn 't lyts, it hiele Fryske libben yn syn gebiet bifiemjend, stribjend nei sels-forljochting en sels-ûntjowing lâns de wei fen it ynskepen Fryske bistean, yn syn gebiet in hûs fen mylde earnst en djippe frjeonskip, in treast en in rykdom for de minsken dy't it yngean.’Ga naar voetnoot310 Fertsjintwurdigers fan 'e kriten krigen in sit - mei stimrjocht - yn it algemien bestjoer fan 'e Mienskip. Al hat Brolsma him der nea direkt oer útlitten, nei alle gedachten bleau er foaral by de Mienskip om't dêr foar him as keunstner de measte kânsen leinen. Dêrby woe er loyaal oan Kalma bliuwe. It liket ûnwierskynlik, dat er him yngeand mei de Jongfryske idealen dwaande hâlden hat. Lykwols, Brolsma hearde by de krite Ljouwert, dy't op 6 oktober 1919 de earste gearkomste hâlde. By de oprjoch- | |
[pagina 116]
| |
tingsgearkomste wie erwol. Foarsitter wie dy earste kear J.H. Brouwer. As wurksumheden fan 'e krite wurde yn it ferslach neamd: ‘it hâlden fen iepenbiere gearkomsten, kolportaesje, húsbisiik.’Ga naar voetnoot311 Sa mooglik soe ien kear yn 'e moanne in gearkomste hâlden wurde, ‘hwer't foaral in sellige en kameraetskiplike geast hearskje moat.’ Foar de twadde gearkomste sei Brolsma ta, út eigen wurk foarlêze te wollen, mar as it op 21 oktober der oan ta is, sjocht er dêr fan ôf, mooglik om't de foardracht fan 'e hear Martin te lang duorre. Yn 'e gearkomste fan 25 novimber lêst er dan lang om let foar út eigen wurk. Earder op 'e jûn binne de ‘ôffirdigen’ foar de Algemiene Bestjoersgearkomste fan 'e Mienskip keazen. Brolsma krijt 3 stimmen, te min om nei de gearkomste op twadde krystdei te hoegen. Kandidaat foar it haadbestjoer is T. Herder, de krite-siktaris. De Mienskipsieden fan Ljouwert binne it der lang net oer iens oft hy as propagandalieder wol sa geskikt is. Yn in oare gearkomste wurdt dêr lang oer tsierd (yn oanwêzigens fan Kalma). Brolsma spilet in bemiddeljende rol. Neffens de notulen seit er: ‘D'r is foarút net folle fen to sizzen, mar it scoe al in greate olfert wêze, as hy d'r hiel en dal neat fen torjuchte brocht.’ Brolsma hat dêrnei net folle mear foar de krite út 'e wei set. Nei alle gedachten sil er op 16 jannewaris 1920 nei de propagandagearkomste yn Amicitia west ha, foar de gearkomste op 15 maart wurdt him om in bydrage frege, mar hy hat neffens de notulen ‘neat fen him hearre litten.’ Yn maaie en juny ûndernimme de kriteleden reiskes nei it Fries Museum en it Poptaslot, mar dêr sil Brolsma net by west ha. Ut 'e oantekeningen fan 'e kritebyienkomst fan 3 maaie 1920 wurdt dúdlik, dat er ‘him net langer as krite-lid biskôgje wol.’ Men kin oannimme dat er gjin nocht hie oan 'e lange, earnstige diskusjes oer de koers fan 'e Mienskip. Kontakt mei de krite bleau der lykwols wol: op 3 july 1922 komt er nochris om foar te lêzen.Ga naar voetnoot312 De jûn wurdt in sukses: | |
[pagina 117]
| |
‘Trochdet wy it wirk, ús oars al tige nei, nou fen 'e skriuwer sels hearden, spriek it noch mear ta ús.’ | |
Balansearje tusken de partijenDat Brolsma yn 1920 wat mear distânsje naam ta de krite, soe dochs ek wolris te krijen ha kinne mei de reboelje om It Heitelân en it ôfgean fan Piter Sipma as Mienskipsfoarsitter. Sipma wie oanbleaun as einredakteur fan It Heitelân en dat wie de Jongfryske pommeranten
Frisia 1922. Untwerp Johan Dykstra.
min nei 't sin. Foar de ynhâld bestie net folle wurdearring, ‘it greate hwet altiten ûntbriek wier in krêftige Jongfryske lieding’ stie yn it Jierferslach fan 1920. It wie lykwols net mooglik om mei it blêd | |
[pagina 118]
| |
te brekken, de Mienskip siet noch in jier lang oan in kontrakt fêst. Dêrom waard mei Alta, de útjouwer, ûnderhannele om te kommen ta in ‘njunkenredaksje’, dy't rjocht ha moast op twa fêste siden. Foar't it safier komme koe, die Alta te witten, net fierder mei it blêd te wollen. It wie de printer, Brandenburgh (& Bosma & Co.), dy't tasei om mei it blêd trochgean te wollen, mei in redaksje, dy't gearstald wurde soe út ferskillende rjochtingen yn 'e Fryske beweging. De Mienskip woe dêr net op yngean, om't fan útjouwer Osinga fan Snits it útstel kommen wie om fan Frisia in wykblêd te meitsjen. Op 14 febrewaris waard in ‘driuwende gearkomste’ fan 'e Mienskip hâlden en dêr foel de beslissing om net fierder te gean mei It Heitelân. Mei yngong fan maart waard Frisia yndie in wykblêd. It Heitelân krige rillegau stipe fan it Ald Selskip en koe ek as wykblêd trochgean.Ga naar voetnoot313 Canne en Winkelman kamen mei Sipma yn 'e redaksje. Brolsma stie wat dy saak oanbelange, oan 'e kant fan It Heitelân. Hy skreau teminsten oan Piter Sipma: Ik kin net neilitte om Jou lok to winskjen mei de besluten fen de tsjinwurdige printers (...) fen It Heitelân - om dit bled yn kommende tyden for eigen rekkening út te jaen. Ik wier op de dr[iuwende] gearkomste fen 14 Febr. En stie persoanlyk for it útstel B[randenburgh] en Co, dochs hie gjin stimme (net ôffirdige). Nei myn betinken scoe for sa'n bled, der ek it ald Selskip meisidsen yn hie in skoane takomst wease. En it ‘ideaal’ hie der ek wol in plak yn krije kinne, malle skoan. Myn beste winsken for de kommende striid en ik hoopje, dat it my jown wirde mei om as leaser en meiwirker Jimme der yn to stiipjen.Ga naar voetnoot314 As reaksje frege Sipma om bydragen fan Brolsma, en die it útstel dat er marris ‘lytse sketskes’ skriuwe moast. Brolsma reagearre dat er al wat klear lizzen hie foar Sipma (‘it leaste ein mat yette whet foroare wurde’) en sei dat dy sketskes him wol ‘aerdich wurk’ taliken. Brolsma giet yn it brief oan Sipma dan fierder mei te neamen dat er krekt it earste nûmer fan it wykblêd Frisia krigen hat, en dat er dêr ‘fensels’ ek meiwurker fan wie, lykas fan Sljucht & Rjucht. Ik woe Jou der dochs efkes op wize ho ik stean tsjinoer Frisia, dat is sa | |
[pagina 119]
| |
suver wol is 't n't wier. Myn persoanlik fielen is for I.H. - dat hie allinne blieuwe moatten - nou reitsje troch it harrewarjen fen de idealisten de wirkdwaenders (de skriuwers) dy hwet leverje dat elts lease wol en hien yn de knipe en wirde twongen om har producten feitelijk omdoch ou te stean. Fen dy kant mei men de saek ek wolris besjen, al sweije de hearen der op de gearkomste oer. Mei de beste winsken for de bloei fen I.H.Ga naar voetnoot315 Dat wienen gjin wurden mear fan in Jongfries, mar fan in professional. It liket derop dat Brolsma him net bûn fielde troch idealen, mar de blêden yn 't foarste plak seach as in merk foar syn wurk. Hy wie dêrom ek yn alle tydskriften fertsjintwurdige. Yn 1920 sette er yn It Heitelân út ein mei ‘Fen it Hegelân’ en levere de koartere stikken, dêr't Sipma om frege hie. Yn Frisia gie er troch mei de swalkersferhalen, dêr't er yn It Heitelân mei út ein set wie. Syn earste ferhaal yn it wykblêd Frisia wie oars ‘It teltsje fen Sape Wâldboer’. Ek Sljucht & Rjucht, it tredde (en meast stabile) wykblêd hie wurk fan Brolsma. Yn 1920 wienen dat ‘Ipe by 't fervjen’ en ‘De faem út it arkje’. Brolsma syn dagen hienen in fêst ritme: oerdeis wurkje, jûns skriuwe. Sûnder de noeden fan in eigen bedriuw, koe er de skriuwerij mear omtinken jaan en dêr mear tiid foar frijmeitsje. Syn produksje gie yn 'e jierren nei 1919 dan ek danich omheech. Hie er yn 1919 fjouwer stikken publisearre, yn 1920 wienen dat alve. Yn 1921 wienen it acht, mar dat jier wie er út ein set mei syn earste roman, ‘It widdou's bern’, dat yn 'e jierren 1922 oant 1925 yn Frisia ferskynde. Fan 1921 ôf koe er ek wurk kwyt oan 'e Leeuwarder Courant, dy't geregeldwei Fryske ferhalen opnaam yn 'e rubryk ‘Fen it Fryske fjild’. Dat wienen meast koartere stikken, dêr't Brolsma ûnderfining mei opdien hie by It Heitelân. Syn heechste produksje helle er yn 1925, doe't er yn alle kranten en tydskriften byinoar achttjin bydragen levere. Men mei oannimme, dat yn dy jierren Brolsma suver al syn frije tiid oan it skriuwen joech. Doe't yn 1926 De Holder út ein sette, levere er ek oan dat blêd kopij. By wat er opstjoerde, hâlde Brolsma rekken mei it karakter fan it blêd. Oan Sljucht & Rjucht levere er meast folksaardich wurk, Frisia | |
[pagina 120]
| |
stjoerde er syn mear literêre bydragen. De ferhalen foar It Heitelân ha de meast sosjale ynslach. By dat blêd fielde Brolsma him wierskynlik it meast frij om te skriuwen wat er sels woe. Brolsma die ek mei oan priisfragen. Yn 1919 wûn er ƒ25,- mei it ferhaal ‘Ut in doarp’ yn in priisfraach dy't Sljucht & Rjucht útskreaun hie. Nochris ƒ25,- wûn er yn 1920 by itselde blêd mei ‘De faem út it arkje’. In priiskamp, yn 1921 útskreaun troch It Heitelân, wûn er ek. Wer krige er ƒ25,-; diskear foar it ferhaal ‘De rippetysje’. Earst hienen alle ferhalen anonym yn It Heitelân stien, dêrnei keas de redaksje. Ek de lêzers koenen stimme. Dy keazen net - sa soe bliken dwaan - foar Brolsma, mar foar ‘Berneleed’ fan A.C. Klynsma.Ga naar voetnoot316 Bytiden skreau Brolsma mear as de blêden opnamen. Sipma skreau er dêr dit briefke oer: Ik hie in sketske ré lidsen for I.H. mar om 't de oarden yette nea printe wirde binne, scoe ik it tocht my mar nei Fr[isia] stjûre. Jou matte beleaven net tinke, dat ik ynfloed utoefenje wol op it al as net printsjen fen myn bydragen - mar as der whet yn is dat jimme net haget - stjur se dan mar werom. Miskien fine jimme se whet rau - realistysk seit men ek wol, dat is nou ienkear myn styl en der kin ik neat oan feroarje. Wy kinne as 't moat ek wol ruilje mei dit - mar dat is ek al wer tige nei 't libben tekene. Scoenen jy sa goed wease om as 't dwaenlyk is, my efkes tyding derfan te jaen. Brolsma waard miskien wol kjel fan syn eigen drystens. As beslút sette er ûnder de brievekaart: ‘Is it omdat er tof[olle] copy op 't heden is, achtsje dit dan net skreaun hear.’Ga naar voetnoot317 Yn in brief oan Kalma in jier letter wie er like dryst, no oer in oare saak. Om't wy jisteroerdei whet let mei 't iten wierenGa naar voetnoot318, koe ik net nei de gearkomste fen meiw[urkers] fen frisia ta, howol ik der oars al ide op hie. Ik woe nl. dit pint mei jou besprekke. Forline jier binne wy oerien kaem, dat ik meiarbeidsje scoe oan dit bled; wy witte beide wol op hokfor kondysjes. Wolle wy ús der nou mar oan halde, dan hab ik to barren fen de adm. de somme fen ƒ11,70. Specifyke | |
[pagina 121]
| |
rekkening is alris opstjurd nei de útjower. De rekken waard betelle. Yn it twadde healjier fan 1921 hie Frisia twa bydragen fan Brolsma, in swalkersferhaal en ‘De reis nei 't âlde doarp’. Mei dy 52 siden fan Frisia fertsjinne Brolsma ƒ150,-, dat is likernôch ƒ3,- de side. Spitigernôch is it net mear nei te gean, wat Brolsma fertsjinne mei syn skriuwerij foar It Heitelân of Sljucht & Rjucht. Foar Frisia kin dat wol. Yn 1922 wie it ƒ200,- (mei dêrby it honorarium fozr It forgift), yn 1923 fertsjinne er ƒ150,- en yn 1924 ek ƒ150,-. Dêrby is it nijsgjirrich te witten dat oare skriuwers yn Frisia neat foar har bydragen krigen. Dat honorarium wie oars ynklusyf de rjochten, yn it gefal fan boekpublikaasje fan dy bydragen koe Brolsma der net altyd op rekkenje noch wat ekstra's te fertsjinjen.Ga naar voetnoot320 | |
[pagina 122]
| |
Strideraasjes troch KalmaBrolsma syn krityske hâlding foar de Mienskip oer betsjutte net, dat er syn lidmaatskip opsei. Yn 1921 wie er neffens in oersjoch ‘stypjend lid’ en betelle ƒ1,- it jier. Neist de krite wie er in skoftlang warber yn 'e ‘kommisje for Skriftekennisse’ fan it ‘Departemint foar Kinst’ mei Kalma as foarsitter.Ga naar voetnoot321 Dochs gie it mei syn balansearjen tusken partijen en bewegingen yn 1922 mis. Frisia wie it earste healjier fan 1921 in wykblêd bleaun, mar dêrnei kaam it om de fjirtjin dagen út. De sosjalististykse rjochting, dy't de Mienskip útgien wie, noaske in soad leden net. Mei't it ledetal fan 'e Mienskip efterút gie, waarden de kosten foar in wykblêd te heech. Der kaam ek in ynhâldlik beswier nei foaren oer Frisia. It hie, yn 'e wurden fan Kalma, wat ‘twaslachtichs’ en ‘yn himsels hwet tsjinstridichs’ dat ien blêd ‘litterair-liedend’ en ‘Mienskips-ideael iepenbierjend’ wêze moast. Dêrom kamen der yn 1922 twa blêden: Frisia foar de literatuer, De Nije Mienskip foar ynformaasje oer ‘striid-lieding’ en ‘forienings-libben’.Ga naar voetnoot322 Mienskipsleden krigen De Nije Mienskip fergees, foar Frisia moast apart betelle wurde. As útjouwer tsjinne ynearsten ‘It Jongfrysk Untjowingsforbân “Frisia”’. It blêd kaam dat jier mei seis nûmers. Hoewol't it mei it blêd sunich oan moast, waard wol Johan Dijkstra, de Grinzer Ploeg-skilder, frege om in omslach. Hy makke yn ekspresjonistyske styl in houtfyk mei as tema rispinge. Foar de redaksje fan Frisia hie Brolsma him oerhelje litten. De oare leden fan 'e redaksje wienen Anne Jousma, in Jongfrysk dichter en (fansels) Kalma. Nei't it earste nûmer útkommen wie, folge in besprek yn It Heitelân troch de redakteuren Winkelman en Canne. Dy stroffelen oer it wiidweidige foaropwurd (fjouwer siden) dat tige kritysk wie oer de oare blêden. De ynhâld fan Sljucht & Rjucht en It Heitelân, sa sitearren Winkelman en Canne, waard ‘midsmjittige en minderweardige skriuwerij’ neamd. Under dat foaropwurd yn Frisia stienen | |
[pagina 123]
| |
de trije nammen fan 'e redaksje, dus ek Brolsma sines. En dat foel ferkeard. Winkelman en Canne skreauwen dat soks har ‘pynlik’ oandie. ‘En, men set yens namme net ûnder in stik as men net
Jan Jelles Hof.
akkoart giet mei de ynhâld, wier Brolsma?’ Wie dit al belêstigjend foar Brolsma, de beide redakteuren, dy't syn wurk altyd opnamen yn It Heitelân, gienen noch fierder. ‘Wy miene,’ ornearren se, ‘rounút sein, det Brolsma him tsjinoer “Heitelân” en redaksje to rjuchtfeardigjen hat!’ Ferskillende útspraken waarden him foarhâlden. ‘Wolle jy, Brolsma, sizze, det ek “It Heitelân” jo dwers sit hwet oangiet it uterjen fen Fryske kinst. Ef is al jou wurk yn ús wykblêd faeks minderweardich? Scoene jy sub 2 ris hwet fordúdlikje wolle? Koe jou geast hjar net jilde litte yn “It Heitelân” om't de mooglikheit fen tsjûgenis oer hjar wêzen to dwaen, jou fen de redaksje ûntkeard waerd?’Ga naar voetnoot323 It swit sil Brolsma útbrutsen wêze, doe't er dat stik lies. Hy hie fansels neat mei dat foaropwurd te krijen hân. Kalma hie it skreaun en dat wisten Canne en Winkelman fansels ek wol - de literêre rûnte wie ommers tige lyts. Brolsma wie hielendal net bedreaun yn dat soarte fan strideraasjes. Dochs kaam er in wike letter al mei in reaksje. It liket derop dat er kontakt socht hat mei Kalma en dat dy him holpen hat. It sil Kalma west hawwe, dy't sjoen hat dat ien utering, dy't de Heitelânredaksje oanhelle, net yn it foaropwurd fan Frisia stien hie, mar yn De Nije Mienskip. Ut syn reaksje wurdt fierder dúdlik dat - sa't de hearen Canne en Winkelman al mienden - Kalma dat foaropwurd skreaun hie en sûnder oerlis mei Brolsma en Jousma nei de printer stjoerd hie. ‘Troch in forsin, miskien in sleauwens fen dizze persoan,’ skreau Brolsma, ‘krige ik it foaropwird net earder ûnder | |
[pagina 124]
| |
de eagen, as do't it printe wier. It pleitet my net frij - it foroardielet him [=Kalma] net.'’ It hie fansels de bedoeling fan Canne en Winkelman west om Brolsma en Kalma útinoar te driuwen, mar dat slagge harren net. Brolsma syn reaksje is in wûnder fan diplomasy: Kalma krijt in bytsje de skuld, Brolsma sels nimt ferantwurdlikheid, mar It Heitelân krijt ek in prip om 't se him ferantwurdlik stelle woenen foar in stik dat Kalma skreaun hie. De hearen Canne en Winkelman hoegden him net sa iepenlik op syn ‘festje te spuien’. Hy begriep bêst dat se argewaasje fan sa'n foaropwurd hân hienen, mar moasten se him dêrom ‘al moai skerp to liif gean?’ Hy bekende ûngelyk en ferwachte fan 'e redaksje dat dêrmei it skeel oer wêze soe. Winkelman en Canne skreauwen ûnder Brolsma's reaksje: ‘Hâld nou de eagen iepen, Br.!’Ga naar voetnoot324 It ynsidint sil in warskôging foar Brolsma west hawwe, dat er oppasse moast. Hy wie - nei eigen sizzen - yn 'e redaksje fan Frisia sitten gien op it betingst fan ‘gjin gestriid mei oare Fryske útjeften’.Ga naar voetnoot325 Hy koe him soks net tastean om syn wurk, mar skeel paste ek net by syn karakter. Kalma, Hof, Winkelman en Canne hienen allegear mieningen en idealen, dy't him yn 'e grûn fan 'e saak frjemd wienen. Ein 1922 luts er him dêrom werom út 'e redaksje fan Frisia om de hannen wer frij te hawwen. Folle ferskil foar it blêd makke it net. Sa't Jousma letter skriuwe soe: ‘Mar ik leau net, dat Brolsma en ik de greatste ynfloed op it belied hiene.’Ga naar voetnoot326 Kalma wie dúdlik de baas. | |
Oare kontaktenBrolsma ferkearde de earste jierren dat er yn Ljouwert wenne, foaral yn Mienskipsrûnten. Syn wurk waard lykwols ek bûten dy rûnte in bulte lêzen en dêrom krige er ek oare kontakten. It wichtichste dêrfan wie wol dat mei Jan Jelles Hof, einredakteur fan | |
[pagina 125]
| |
it Leeuwarder Nieuwsblad. Nei in besite yn 1925 stjoerde Brolsma in brief oan Hof: Hjirby ‘Rispinge’ dochs ris werom. En meiiens it boekje, dat ik Jou unthjitten hieGa naar voetnoot327, ik hie oars ten doel om it moarn mei to nimmen mar de drokten fen it foarjier komme sa hird opsetten, dat ik bin sels gjin baes mear oer de sneontomiddagen. Mûrre wytsje [,]keamerke behingje en al sa mear en it past my min om der for to bitankjen. Teffens woe ik dit yette sizze - my tinkt, wy hawwe sa wol rydlik mei nocht byinoar sitten fen 't winter, soms sahwet kriuwende wei, mar dan is in Fries op 't sounst [,] op 't nofliks wol men wol bewere. Foar yens moeite en drokte derom myn tank.Ga naar voetnoot328 In jier letter soe Hof Brolsma freegje om foar syn krante te skriuwen; in fersyk dat in bysûndere draai oan syn karriêre jaan soe. Lykas Brolsma sels, hie ek Hof him opwurke sûnder in oplieding. Dat wie in ferskil mei in soad fan 'e Mienskipsleden, dêr't Brolsma mei te krijen hie. Dy hienen suver allegear trochleard. Brolsma moat fan dat ferskil wolris wat argewaasje hân hawwe. Yn in brief oan Dr. Wumkes komt er op dat ûnderwerp. Whet my tinkt, ik fiel dat sa klear ut Jou skrieuwen, dat Jy ek sa [as ik] fiele oer dy lytse minsken, dy - nou sunder whet men neamd bestudeard to weasen - wol leafde habbe for de tael en it folk der hja ta hearre. Neamt men dat gien autodidakten. Nou to dan mar. Wumkes wie yn It Heitelân út ein set mei in rige oer Friezen, dy't warber yn 'e sosjalistyske beweging west hienen. Yn it nûmer fan 8 januari 1921 skreau er oer Oebele Stellingwerf en oer Broedertrouw. Dat stik wie foar Brolsma reden om Wumkes in brief te skriuwen. Ik wit net as Jou sels de jierren fen om en by 90 en letter ek yn Fryslan mei belibbe habbe, mar for my wier it yn myn skoaljongestiid en neat blieuwt yen better by as dat, whet men do waernaem. Dat Wumkes oer dy tiid skreau, wie foar Brolsma oanlieding om oantinkens oan syn heit, Feike Plantenga en de ynfloed fan Piter Jelles op te heljen en te fertellen oer syn eigen wurk: Forlyne jier hab ik prebeare om, whet yn dy tyden foarfallen is, gear to stallen yn de novelle ‘Fen 't Hegelan’. En dat is my mislearre. | |
[pagina 126]
| |
Whent, do ik der mei begong wier, miste ik de stoffe dy ik brûke moast - ik fortroude op myn geheugen, en it is lang net wirden, whet it wurde scoe en mast. Nou, de sunde is bedreauwn en ik hoopje mar, dat ik learde minsken lyk as Jou en oarden der net to slim mei misledige hab.Ga naar voetnoot329 Doe't Wumkes' Bodders yn de Fryske striid yn 1926 yn boekfoarm útkaam, neamde er Brolsma ‘ien fen 'e bêste en fruchtberste novellisten, dy't Fryslân ea hawn hat (...) dy 't folle wei hat fan Dostojewsky, altiten siikjende en sjende de ynderlike minske.’ Wumkes priizge syn ‘geastlik klearsjen’ en de ‘skerpe karakterteikening, dy't de minsken fen it Fryske lân forskine lit mei hjar noeden en soargen, hjar lytse nuverheden en fromme goedens, lyk as hja wezentlik libje.’Ga naar voetnoot330 | |
De Fryske BibleteekDe Jongfryske Mienskip hie dúdlike opfettingen oer it plak fan 'e literatuer yn 'e Fryske striid. Yn it foarste plak betsjutte it bestean fan in literatuer dat it Frysk besteansrjocht hie, dat de taal libbe. Twad, literatuer moast nivo ha, dêrmei koe sjen litten wurde dat it Frysk werklik in taal wie, dêr't echte keunst yn makke wurde koe. Literatuer wie autonoom, it hearde gjin konsesjes te dwaan oan lêzers, dy't it mooglik net benei kommen koenen. ‘Men heart yen liede to litten fen it bigjinsel, det letterkundich bidjer it gefolch wirdt, as men yn it stik fen skriftekennisse rekkenskip hâldt mei de geastlike draechkrêften fen de greate kliber.’ De Fryske skriuwer waard ferge ‘det er kinst jowt yn goe-Fryske wirden; it heart priizge to wirden as immen yn syn wirk wezentlik Fryske fieling wit to jaen, mar men scil der om tinke det ferhearliking fen it provinsialistysk-Fryske hiel de saek fen Fryslân yn diskredyt bringt.’ Fryske skriuwers moasten dus nei in almar heger nivo stribje. Frysk wurk moast dêrby mear ûnder de minsken brocht wurde ‘om ús folk datjinge lêze te litten dat ljeafde en earbiedenis for egen sprake dêryn oproppe en krêftiger meitsje kin (...)’Ga naar voetnoot331 | |
[pagina 127]
| |
Yn ien fan 'e earste publikaasjes fan 'e Mienskip stie it al: ‘It is winskelik en nedich, det der út particuliere en provinciale bijdragen in skriftefûns stifte wurdt, ûnder bihear fen in bifoege commisje, hwerby skriuwers dy't weardich wirk leveren, to rjuchte kinne.’Ga naar voetnoot332 Ynearsten wie dêr noch neat fan op 'e hispel kommen. Der wienen in pear Jongfryske publikaasjes kommen, bygelyks It sjongende Fryslân en It Harmen-Sytstra-Boek. Dy wienen lykwols útjûn troch ‘gewoane’ útjouwers, dy't fansels earst nei de kommersjele kânsen fan 'e boeken sjoen hienen. Yn 1919 hie Kalma plannen om - yn neifolging fan 'e fersen yn It sjongende Fryslân - te kommen mei in karlêzing fan Frysk proaza. Hy ûnderhannele dêr mei útjouwer Westerbaan fan Berltsum oer en frege skriuwers om in bydrage. Sels skreau er in ynlieding. Brolsma krige fan him ek de fraach om wurk yn te stjoeren. Jou hienen plan om Jongfr.proaza ut to jaen en forsykje mij om in bydrage derta. En dan leafst mei in wike twa-trije al. Dat is mear dan dat ik Jou unthjitte kin. Scoe it net better wease, dat ik Jou in bijdrage tasei sadat Jou der romte for halde koenen om byg. to leverjen by 't hearst. It past mij om diz tyd sa drovige min en ik hab ek neat re lidsen dat my for in blomlezing goedernoch taliket. Whent it mat fensels whet extra's wease. As in rydlyk goed fragment út earder printe wirk, scoe miskien net sa slim lykje it leaste diel fen Lans de Wei, fijne Oege en de harmonikaspiler op de wei ter bekeering.Ga naar voetnoot333 As whet hiel moais is ek tige geskikt in pear bledsiden ut ‘Fen de Mieden’ dat nou yn it Heitelan stiet. Dat fragmint moat nou yette printe wurde, as it safier is, scil ik Jou de wink wol jaen, der scil fenwege de utjower en redaksje wol gien beswier tsjin wease wol? As Jou op disse betingst gien beswier habbe, scil wy it wol iens wirde tocht ik. Is de utjefte fen jou boek allinne ta befoardering fen it Frysk of ta in oar goed doel? Jou skrieuwden der net oer. scil ik yette in pear letters ta andert op ien en oar habbe?Ga naar voetnoot334 Hoewol't Brolsma yn desimber 1919 noch in bydrage foar it boek oan Kalma opstjoerde, is fan it plan neat kommen. Westerbaan seach der gjin heil yn.Ga naar voetnoot335 | |
[pagina 128]
| |
De Mienskip hie al wer oare plannen. Yn 'e simmer fan 1919 wie it ‘Ynstitút for Fryske Folksûntjowing’ oprjochte, mei as doel ‘oer Fryslân hinne de kinde oan egen skiednis, tael en bistean safolle mûlk to forsprieden.’ Oan dat ynstitút, dat daliks út ein sette mei leargongen Frysk, soe in ‘sintrale printerij forboun wirde for Fryske útjeften, dy't troch de wirksumheden fen it ynstitút den ûnder it hiele Fryske folk forspraet wirde koene.’Ga naar voetnoot336 Kalma makke ta dat doel plannen foar in rige útjeften en wer kaam er ek by Brolsma. Dy reagearre entûsjast. (...) Whet nou oangiet, it útjaen fen myn novellen yn ien nije utjefte, woe ik wolris witte: habbe Jy dy alde jiergongen fen Sljocht en Rjocht - as moat ik by Eisma sjen. Wolle Jy mei skiftsje - whet al en whet net forskine scil - as scil ik my der mei redde? Moat ien en oar dan opstjurd wurde nei Snits ta? Graech wol ik ien en oar witte [,] ik hab op 't heden gien wirk en sadwaende wol efkes whet oan tyd.Ga naar voetnoot337 Fan dat plan kaam lykwols ek neat telâne; de Jongfriezen en Kalma woenen, sa liket it, fierstente folle tagelyk. Dochs soe dat ‘skriftefûns’ der komme. P.Th. Zwart wie de earste, dy't it plan útwurke foar in ‘Fryske Bibliotheek’. Nei't er moai helder op in rychje set hie wat de problemen fan in kommersjele útjouwer wienen yn in lyts taalgebiet (hege ferkeappriis, minne boekfersoarging, leech skriuwerslean) en de gefolgen dêrfan foar de literatuer (‘djûr wirk, nei-de-eagen-sjen fen Jan Publyk, sunige útjowerij’), kaam er mei in oplossing. Der soe neffens him in N.V. komme moatte, yn neifolging fan 'e ‘Wereldbibliotheek’, mei oandielhâlders. De NV. ‘jowt jierliks út in rige fen boeken (b.g. 10-20). Op dy útjefte kin men yen abonnearje en kriget den de boeken yn folchoarder tastjûrd.’ De foardielen boppe in ‘gewoane’ útjouwer wienen neffens Zwart grut, om't it ‘útjaen net mear in by-saekje fen in boekhanler’ wie, mar ‘men leit yen der alhiel op ta.’Ga naar voetnoot338 | |
[pagina 129]
| |
Wûnderlik genôch gie dit oan. Der waarden oandielhâlders fûn, dy't elk 6 oandielen namen fan ƒ100,-. De earste útjefte fan De Fryske Bibleteek wie Kalma syn Kening Aldgillis yn 1920. Dêrnei kaam Noarderljocht, ek fan Kalma en De nije moarn, in karlêzing fan Jongfryske dichters. De Bibleteek joech fan 1922 ôf ek Frisia út. De regel wie dat de Bibleteek foar de kosten stie en dat it boek printe waard by in gewoane útjouwer. Soms naam sa'n útjouwer ek noch wer in part fan 'e oplage foar syn rekken. De oandielhâlders fan De Fryske Bibleteek hienen gjin ynfloed op de útjeften. It kaam der de earste jierren op del, dat Kalma, yn syn eigen wurden, ‘folslein mandaat’ krige.Ga naar voetnoot339 It sil dan ek Kalma west ha, dy't Brolsma om in novelle frege hat. Sa koe dan tweintich jier nei syn debút einliks in echt boek fan Brolsma ferskine. It forgift wie in behindich boekje fan 45 siden, dat Brolsma spesjaal foar de gelegenheid skreaun hie. Utjouwer wie Kamminga fan Dokkum, Kalma hie de kopij neisjoen en printree makke. Oer de ferkeap fan it boek wie de útjouwer optimistysk, de oplage wie 750 eksimplaren.Ga naar voetnoot340 In teken dat Brolsma doe al tige populêr wie. Wylst de besprekkers fan it boek yn 't algemien posityf wienen oer Brolsma as skriuwer, foel de measten dit boek ôf. ‘My tinkt, it is Brolsma syn bêste wirk net. Ik wit wol, men wol 't al mar better ha, en 't is al sa'n toer om op peil to bliuwen as men heech stiet, dat | |
[pagina 130]
| |
den wirdt men wol ris ûnbinlik yn yens bioardieljen.’Ga naar voetnoot341 O.H. Sytstra stroffele oer de ‘nijerwetske mâlle wirden (...), dy't for moai Frysk skine trochgean to moatten.’Ga naar voetnoot342 Serieuzer sil foar Brolsma de miening fan 'e kritisy west ha, dat er tefolle skreau en dat soks oan it nivo fan syn wurk te fernimmen wie. ‘As Brolsma ris hwet minder skreau,’ sei S.D. de Jong, ‘en itjinge syn forbylding skept hwet mear yn him bisinke liet foar't er nei de pinne griep, scoe dat syn wirk tige ta'n goede komme.’ De redakteur fan Sljucht & Rjucht, Van der Tol wie minder skerp, mar doelde op itselde: ‘In skriuwer kin ek to folle út syn pinne floeije litte, it mêd kin ek ris ôfswile reitsje, men kin ien fak ek to folle en to faek biljochtsje en trochljochtsje.’ S.D. de Jong hie ek noch oare krityk. Neffens him wienen de figueren fan Brolsma tefolle ienlingen, ‘typen mear ef minder ynteressant, efkes nei foaren brocht, efkes skerp biljochte en trochljochte om den wer wei to wirden yn 'e greate klibers fen hjar gelikensen. (...) Yn 'e opinoar folgjende toanieltsjes sit net mear forban as yn dy fen in filmjournael, hofolle war de skriuwer blykber ek dien hat der ien gehiel fen to meitsjen.’Ga naar voetnoot343 It wie krityk, dy't Brolsma noch folle faker ûnder eagen krije soe. In echt sukses wie it boekedebút fan Brolsma net. No hie Brolsma ek wolris better wurk skreaun, dêr hienen de resinsinten gelyk oan. Mooglik hat Brolsma perfoarst wat nijs leverje wollen of hie er temin tiid foar de tarieding? Kalma hat him lykwols stipe yn it útbringen fan dit ferhaal en hy beneamde yn in besprek ek nochris de wearde fan It forgift: ‘En dat is by einbislút it greatste út dizze fine fortelkinst: it forstean fen de sielen en it werjaen fen it libben lyk as hja dat sels fiele en faek lije moatte.’Ga naar voetnoot344 Mear wurdearring krige Brolsma syn ferfolchstik ‘It widdou's bern’ dat yn dy jierren yn Frisia stie. ‘Wer gnap wirk fen Brolsma,’ skreau de Leeuwarder Courant (29 septimber 1924), ‘it is in geve en wiere biskriuwing, hwer't humor yn sit.’ It ferhaal ‘De gernier’, (lc, | |
[pagina 131]
| |
11 april 1925) krige ek al gau namme. Lokke Kerkhof hâlde it Kalma foar as in realistysker foarbyld fan skriuwen oer de lânbou as De jonge fen de Marsheide, dat Kalma oanhelle hie.Ga naar voetnoot345 Kalma neamde yn 1925 Brolsma syn ‘Ienfâldich teltsje’ (Krystnûmer 1924 fan It Heitelân): ‘suver en krekt lyk as wy dat fen him forwachtsje meije.’Ga naar voetnoot346 | |
It HeechhôfYn 1923 waard dúdlik, dat de opset fan De Fryske Bibleteek feroare wurde moast. It jild fan 'e oandielen wie op. De ferkeap fan 'e boeken wie aardich, mar levere dochs te min op. Dêrom waard de Bibleteek yn 1923 in foriening, dêr't elkenien lid fan wurde koe. De hoop wie dat op sa'n foet mear Friezen de útjeften keapje soenen. It bestjoer fan 'e nije feriening moast ‘ûnpartidich yn de Fryske striid’ stean. Foar de kommisje, dy't de kopij sammele, wie it doel dat dat in trijemanskip wurde soe dêr't ‘de Kalvinisten, de ûnsidigen en de soasialisten elkmis ien yn fortsjinwirdige wêze scil.’Ga naar voetnoot347 Fan dy trijdieling kaam ynearsten neat terjochte, de ‘Kalvinisten’ lieten it sitte. Dochs waard op 8 septimber 1923 de feriening De Fryske Bibleteek oprjochte. Brolsma wie by de earste ledegearkomste yn it Mienskipshûs op 26 desimber 1923. Kalma hâlde dêr in ynlieding oer de oanrin ta de Bibleteek. Dr. Botke waard as foarsitter keazenGa naar voetnoot348, Mefr. Quarles van Ufford waard skriuwster en W. Kuipers skathâlder. Marten Scholten waard ‘bysitter’ en Kalma kaam as iennichste yn 'e redaksjekommisje. De earste pear jier hat de Bibleteek net folle útjaan kinnen.Ga naar voetnoot349 De reden dêrfoar wie de skuld fan 'e earste jierren. Frisia wie boppedat in bongel oan 'e poat. Temin kopij, ivich te let mei ferskinen, te min abonneminten. Yn 1925 waard besletten dan mar mei in jier- | |
[pagina 132]
| |
boek te kommen, mar dat mislearre ek om't der gjin genôch kopij foar wie. Yn 1926 hâlde Frisia der hielendal mei op. Yn 'e ledegearkomste fan 6 jannewaris 1926 fan 'e Bibleteek brocht Kalma neffens de notulen it neikommende te praat: ‘Brolsma hat oanbean in boek to skriuwen fen in 200 siden; as honorarium freget er ƒ200,-; de foarsitter [Kalma] tinkt, det wy in ƒ150,- rekkenje moatte, scil de útjower it ynboun wirk forgees oan 'e leden tastjûre.’ De gearkomste naam it útstel oan. Ferwachte waard, dat it boek yn septimber útkomme koe. Dat de Bibleteek samar ƒ350,- útjaan koe foar in nij boek, hie mei twa saken te krijen. Foarst wie der noed om leden kwyt te reitsjen, no't Frisia net mear útkaam. Twad, it ledetal soe útwreide wurde kinne as de Bibleteek wurk útbrocht fan in populêre skriuwer. In alternatyf wie der ek net, it iennichste wat klear lei wie in nije útjefte fan Gysbert Japicx, en soks ferkocht min. De lju fan de Bibleteek soenen har der letter op foarstean litte, dat hja it mooglik makke hienen dat Brolsma him in skoft frijmeitsje koe om it boek te skriuwen. Dat sil wol in propaganda-praatsje west ha. As ferver hie Brolsma by 't winter gjin wurk en sadwaande tiid genôch om te skriuwen. Boppedat hie er it neffens de notulen sels oanbean. Hy krige syn honorarium yn febrewaris 1926, men mei oannimme dat it manuskript doe (al) ôf wie. Op 'e kwitânsje stiet: ‘It hânskrift “By 't Boerefolk”, letter titele: “It heechhôf”.’ Ut 'e notulen fan 'e ledegearkomste fan 2 april 1926 docht bliken, dat it boek doe ‘parse ré’ wie. Kalma ûnderhannele mei útjouwer Brandenburgh oer de útjefte fan it boek. Op kondysje dat de Bibleteek it honorarium betelle en yn elk gefal 60 eksimplaren ôfnaam, woe Brandenburgh der wol oan begjinne. Hy hie ien betingst: (...) det wy it bigjin fen 'e kopy sa gau mûglik krije en der net op in bipaelde dei fen forskinen rekkene wirdt. Dat wol dêrom net sizze det it ûnmûglik lang hoeft te dûrjen, mar wy wolle net graech boun wêze oan in bipaelde datum, hwent it is wirk det der twiskentroch moat, oars kin it net.Ga naar voetnoot350 Brandenburgh helle noch deselde wike de earste blauwe skriften | |
[pagina 133]
| |
fan it manuskript by Kalma op. De tekst wie neisjoen troch Sjoerd Sipma, in freon fan Kalma, dy 't trochkrûpt wie yn it Frysk. Yn juny frege de útjouwer om noch in pear skriften, om't it ‘nou de simmertiid’ wie, ‘dy't for sok wirk for ús de bêste is.’ Foar de begelieding en it neisjen fan it boek, krige Kalma fan 'e Bibleteek ƒ50,-.Ga naar voetnoot351 Men kin oannimme dat de feroare titel fan it boek ek in suggestje fan Kalma wie. Soks soe noch wol faker barre. De nije titel is krêftiger, programmatysker as ‘By 't boerefolk’.Ga naar voetnoot352 De ledegearkomste fan 'e Bibleteek hie oan 'e samlers opdroegen om ‘it tasjuch op de útfiering fen wirken, dy't der mei Bibl. stipe komme. As hja it winslik achtsje kin der in ienheitsfoarm for de bannen en de fierdere útfiering foarskreaun wirde. In bânteikener lykas J. Dijkstra fen Grins kin derby frege wirde om foarljochting.’Ga naar voetnoot353 Kalma socht kontakt mei Dijkstra, dy't sels de bân makke. Yn septimber wie dy klear: Ik heb getracht de gewone conventionele aanwending van pompeblaren en waterplanten maar te vermijden -, heb een opklimmende, opstijgende vorm gevonden en daarin de letters Fryske Bibl. decoratief verwerkt (...) 't Ziet er dunkt me tamelijk up to date uit en 'k hoop dat het naar jullie idee is.Ga naar voetnoot354 | |
[pagina 134]
| |
Dijkstra krige ƒ30,- foar syn ûntwerp. De bân foldie goed en soe noch foar in tal oare útjeften fan 'e Bibleteek brûkt wurde. It Heechhôf kaam yn oktober 1926 út. De oplage wie 550 eksimplaren, dêr't de Bibleteek 225 foar eigen leden en ta ferkeap oan oaren fan naam.Ga naar voetnoot355 De reaksjes op it boek wienen posityf. Fedde Schurer sei, dat er ‘sa bliid mei dit boek [wie] as ik yn gjin jierren west haw. Fryslân mei greatsk wêze op syn realist.’ Syn beswier wie wol, dat Brolsma neffens him ‘tipen’ en gjin karakters beskreau, en dat in ‘tafallige sitewaesje’ noch gjin ‘sielkindich konflikt’ wie.Ga naar voetnoot356 R.P. Sybesma fûn, dat Brolsma mei It Heechhôf syn skouders set hie ‘ûnder in swier en moaisum wirk, it oereintillen fen in literatuer, dy't wol ta weismiten keard like.’ Syn miening wie, dat Brolsma yn dit boek ‘op syn sterkst’ wie, en dat it ‘selsume kwaliteiten’ hie. Beswier wie neffens him, dat it boek ‘in kearn’ miste, dat de libbensrin fan 'e figueren yn it boek ‘egael en maklik’ wie, en dat de spanning der by it lêzen dêrom útrekke.Ga naar voetnoot357 Bierma, yn De Nije Mienskip, miende dat Brolsma's hiel wat mânsk wie ‘yn it útteikenjen fen it deistich geskrep en gewrot fen 'e minsken.’ Se klage dat de lêzer allinnich de ‘bûtenkant’ te sjen krigen en dat wat der ‘yn de minsken libbet’ net syn gerak krige.Ga naar voetnoot358 R.W. Canne, yn It Heitelân, neamde it boek ‘heechsteand’ mar fûn dat de komposysje wolris wat miste.Ga naar voetnoot359 | |
Nochris spul troch KalmaBrolsma syn namme as Frysk skriuwer waard mei de pubikaasje fan It Heechhôf definityf makke. Kalma hie dêr de jierren troch in wichtige rol by spile. Hy wie de earste kritikus, dy't Brolsma nei | |
[pagina 135]
| |
foaren helle, hie him yn 'e Mienskip behelle en syn karriêre in ekstra ympuls jûn troch wurk fan him út te jaan by De Fryske Bibleteek. Dêrmei krige syn wurk it stimpel fan literatuer. Boppedat hie er sûnder mis Brolsma stimulearre om him te ferbetterjen. Dat Kalma sa'n soad foar Brolsma dien hat, is namste opmerkliker om't syn foarkar nei oare literatuer útgie, bygelyks dy fan Simke Kloosterman en Marten Baersma. Mei har wie Kalma befreone, wylst it kontakt tusken him en Brolsma strikt saaklik wie. Yn 1919,
Tekening Joh. Elsinga yn Krystnûmer s&r 1926.
doe't Kalma in ynlieding skreau foar in karlêzing mei Frysk proaza, priizge er Baersma en Kloosterman. Brolsma neamde er net.Ga naar voetnoot360 Fan 'e oare kant: Kalma soe nea fersomje, der op te wizen hoe wichtich de Jongfriezen foar de ûntjouwing fan it skriuwerskip fan Brolsma west hienen.Ga naar voetnoot361 De bân, dy't Brolsma mei Kalma hie, makke him sa út en troch kwetsber yn syn oare kontakten. Al wie de Mienskip al lang gjin grutte beweging mear, Kalma koe de oare Bewegers noch altyd poer krije. Dat soe wer bliken dwaan, doe't yn 1926 yn it Krystnûmer fan Sljocht & Rjucht in petear mei Brolsma stie. Spesjaal foar de gelegenheid hie Johannes Elsinga in portrettekening makke, dêr't Brolsma in pear middagen foar posearre hie. Yn 'e ynlieding fan it petear stie, dat It Heechhôf ‘in masterwirk fen kleare skôging en fine teikening’ wie, ‘sa suver en bihearske, dat hy dêrmei forgoed yn 'e rige fen ús skriuwers foarenoan stiet.’ Yn it petear seit Brolsma, dat hy troch de kritiken fan Kalma, him folle mear op it skriuwen talein hie, en ‘eltsenien kin yn myn wirk sjen dat ik sûnt better wirden bin. De Jongfryske biweging hat for | |
[pagina 136]
| |
ús literatuer in bulte goeds dien.’ Wer neamde Brolsma de Rimen & Teltsjes, ‘dat wier for my destiids de manna yn in wide woastenij fen folle ûnbigryplik Frysk.’ Brolsma sei yn it petear dat it him wolris muoide, dat syn wurk sa yn brokstikken ferskine moast, en dat dêrom de ferskining fan It Heechhôf him sa'n foldwaning joech. ‘De Fryske Bibleteek hat dêr in moai wirk mei dien. En ik woe wol dat soks yn 'e takomst yetteris barre koe... Faeks kaem der den noch ris in forfolch op “It Heechhôf”. As ik der mar in skoft for nimme kin, lyk as forline winter for dat wirk.’Ga naar voetnoot362 Twa wiken letter stie yn Sljucht & Rjucht in opmerklik ynstjoerd stik fan Brolsma. Nei alle gedachten hie it petear benammen J.J. Hof lilk makke. De reden dêrfan wie dat Kalma alle ear krige foar de ûntdekking fan Brolsma syn kwaliteiten. Sa't al earder neamd is, hie Hof justjes earder as Kalma yn 1916, ien positive rigel oer Brolsma skreaun: ‘Letter waerd de ynhâld [fen Sljucht en Rjucht] wer better, foaral do't Brolsma him hwet ûntjoech.’ Hof woe dêr tsien jier letter de eare noch fan ha. Fierders stroffele Hof oer in útspraak fan Brolsma oer de Jongfriezen: ‘Men moat blyn wêze as men net sjucht hwet der de lêste tiden foroare is.’ Brolsma levere sûnt septimber 1926 de rubryk ‘Gesprekken op de brug’ foar Hof syn krante en koe him gjin skeel mei de grutte fijân fan Kalma permittearje. Want it petear yn Sljucht en Rjucht dat mei ‘A.N’ ûnderskreaun wie, wie troch Kalma makke en dat wist Hof fansels. Brolsma siet tusken twa fjurren yn 'e jiske. Hy moast wol skriuwe: ‘Dat ek ien fen ús oare Fryske foarmannen - earder as K. - en yn in oar Frysk blêd, skriuwer [Brolsma] syn wirk mei lof oanhelle hat, is him nou al, mar wier him do net bikend.’ Doe't Hof him letter ta it skriuwen fan syn oantinkens sette, sei er dat hy it net west wie, dy't Brolsma oer it ‘ûnwiere’ fan syn opmerkingen oan west hie, mar dat Brolsma net mear wist ‘wa dan al.’Ga naar voetnoot363 Is soe yndie nijsgjirrich wêze om te witten, wa't noch mear as Hof sels dy rigel fan tsien jier lyn ûnthâlden hie! | |
[pagina 137]
| |
Net allinnich Hof hie Brolsma yn in nuvere posysje brocht, ek Kalma hie skuld. Soks docht wol bliken út Brolsma syn reaksje op it petear. Hy sei: ‘1e dat in forslach fen sa'n petear op inkelde oanteikeningen útarbeide, net opfette wirde kin as in stenografysk werjaen; 2e is der it feit dat skriuwer en freger elkoar goed kenne, d.w.s. faker mei elkoar praet hawwe. En dat dit oanlieding wirden is ta in net suver werjaen fen just dat petear, dat ôfprinte wirde moat - op in pear punten alteast.’ Dat wie wer in wûnder fan diplomasy. Ek syn opmerkingen oer de Jongfriezen hie Brolsma oars bedoeld: ‘It dêrop fallende andert is krekter as de fraech sels werjown. De fraech hie alteast for my dizze bitsjutting. scil Fryslân it rêdde (...) net spesifyk de Jong-Friezen, mar alles hwet der ta meiarbeidet ta bihâld en forsterking fen de tael. Elts dy't dêrta meiarbeidet, itsy Jong-Fries, Kristen-Fries, Upstalbeammer as Ald Selskipman, fynt yn my syn maet.’Ga naar voetnoot364 Dêrmei hie Brolsma syn eigen posysje moai krekt ûnder wurden brocht. Botte manmoedich wie syn ferdigening fansels net, mar hy neamde Kalma net by namme en foel him dus ek net iepentlik ôf. Sa einige it jier, dat him op literêr mêd it grutste sukses brocht hie, dochs noch yn mineur. Lykas yn 1922 mei de Heitelân-reboelje, realisearre Brolsma him werris hoe't it oppassen wie as er elkenien ta freon hâlde woe.Ga naar voetnoot365 |
|