Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 79]
| |
IV
| |
Troud manOp 5 maart 1910 troude Reinder Brolsma yn Ferwert mei Janke Westerbaan. Wêr't en wannear't de twa inoar troffen ha, is spitigernôch neat oer bekend. Om't in broer en in suster fan Janke beide mei Stienzers troud wienen, leit it yn 'e reden om te tinken dat it kontakt op in ferlovings- of troufeest ta stân kommen is.Ga naar voetnoot207 Hoe lang oft se ferkearing hân hawwe, witte wy ek net.Ga naar voetnoot208 Fan Janke Westerbaan is in portretfoto bewarre bleaun út dy jierren, fan har aard of ferwachtingen witte wy neat. Dat se it ynteressant fûn dat Brolsma skreau, dat stiet wol fêst.Ga naar voetnoot209 It soe bliken dwaan, dat se saaklik mear ynsjoch hie as Brolsma en him stjoere koe as it om jildsaken of wichtige besluten gie. Mear persoanlike dingen binne út 'e earste jierren net bekend. Janke har heit, Lieuwe Pieters Westerbaan, wie kûper en weinmakker yn Ferwert. Lykas syn frou, Foekje de Roo, wie er ôfkomstich fan Blije. Om 1878 hinne binne se ferfearn nei Ferwert. De | |
[pagina 80]
| |
weinmakkerij wie oan 'e FoarbuorrenGa naar voetnoot210, net fier fan it Frijhôf. Janke, berne op 23 febrewaris 1884, wie ien fan njoggen bern.Ga naar voetnoot211 Nei't se fan skoalle kommen wie, fertsjinne se de kost as naaister. Doe't Brolsma by de Westerbaans thús kaam, wienen de measte bern al net mear yn 'e hûs. Wol rûn der in lyts famke om, dat by de boargelike stân ynskreaun stie as de jongste Westerbaan, mar yn werklikheid in oerwûn bern wie fan ien fan Janke har susters. Doe't se it oer trouwen iens wienen, ha Brolsma en syn oansteande in ferverssaak kocht yn Lichtaard, in doarp yn 'e Flieterpen. ‘Elke feint reizget it selde paedtsje del,’ soe Brolsma fan ien fan syn personaazjes skriuwe, ‘hy hie him yn syn jonge jierren by 't fervjen bijown, hjir en dêr swirven as feint, en wier, do't it lije koe, troud mei in gnappe kloeke tsjinstfaem, en baes wirden op in doarpke.’Ga naar voetnoot212 Yn in oar ferhaal út dy jierren hyt it, dat in ferversfeint sa'n bytsje fertsjinne, dat er wol baas wurde moast, oars betsjutte it de ‘absolute earmoede’.Ga naar voetnoot213 Wêrom't de kar fan 'e Brolsma's op Lichtaard fallen is? Miskien om't in saak yn sa'n lyts doarp net al te djoer wie? Om't it net al te fier fan Ferwert ôf wie? Yn gruttere plakken wie boppedat mear konkurrinsje en der moast perfoarst fertsjinne wurde. It sparjild fan 'e Brolsma's wie op nei de keap fan 'e saak. Koart foar har troudei hat der noch in krisis tusken de oanstean- | |
[pagina 81]
| |
den west. Brolsma hat in wike of wat ûnder wetter west, yn alle gefallen wist Janke net wêr't er wie. It wie foar har sa slim, dat se him in ultimatum stelde: As Brolsma net dalik by har kaam, fielde se har wer frij.Ga naar voetnoot214 De oanlieding dat Brolsma ûnderdûkte witte wy net, ek net oft it om de saaklike of de persoanlike kant fan syn takomst gie. It is wer goedkommen, mar in goed begjin fan in houlik wie it fansels net. Foar de ûndertrou op 14 febrewaris 1910 waarden kaartsjes ferstjoerd. Brolsma hâlde doe al yn Lichtaard ta, sûnder mis om it hûs op oarder te bringen.Ga naar voetnoot215 | |
Op 'e BoelsLichtaard wie in lyts doarp, dêr't net mear as hûndert minsken wennen. Troch in púndyk wie it ferbûn mei oan 'e iene kant Raard en de oare kant Reitsum. It bedriuw dat Brolsma kocht hie, stie oan 'e feart, súdlik fan it doarp. ‘It paed oer de polderdyk fen de twa pounsmiet nei de huzinge ta [wie] glysterich smel en smoarch, en gefaerlik ticht by de Holwerterfeart lâns.’Ga naar voetnoot216 By de ferverssaak hearde noch in behindich arbeidershûs, dat de Brolsma's ferhierden. It stee waard ‘De Boels’ of ‘Boelens’ neamd. Earder, doe't der noch gjin brêge oer de feart lei, hie der in oerset west. Alde minsken yn 'e omkriten fertelden Brolsma ‘det hja, yn hjar jonkheit, winterdeis oer iis wer op hûs ta setten, yn, hwet ús nou ta wenkeamer tsjinne, skotsten by harmoanika-muzyk.’Ga naar voetnoot217 Folle waard der yn 'e Flieterpen lykwols net mear dûnse. Yn 1886 wienen suver alle famyljes, ûnder ynfloed fan dûmny Ploos van Amstel fan | |
[pagina 82]
| |
Reitsum yn 'e Doleânsje gien.Ga naar voetnoot218 Brolsma beskreau de Flieterpen as: ‘Lytse, âlde tsjerkjes mei skeane-skiere platte toerkes derfoar hingjende, op griene sêftkes delrinnende oer-oer âlde terpen, mei in ring fan iperen beamen, troch de felle stoarmen oer sé wei tognaud en krûm waeid, der om hinne - in stik of trije, fjouwer boerehuzings op in distânsje dêr fen dinne, mei hjar oanhing fen arbeidersklinten, hokken en dongbulten, fen fierens hjir en dêr in mounle, út de ûnlikens om him hinne, forrizend as in wûnderding.’Ga naar voetnoot219 Súdlik fan Lichtaard streamde de Ie, dêr't de Brolsma's út 'e hûs wei soms as in ‘bûtenwenstich ding’ in grutte frachtboat tusken ‘dy keale skiere greiden’ seagen.Ga naar voetnoot220 Noardlik fan Lichtaard wie it Waad. ‘As in wite bân laei hiel yn de fierte de sédyk, dêr efterwei riisden gjin beammen ef boppe-einen fen pleatsen mear op: hiel inkeld kaem dêr simmers ris in reekwolkje boppe út setten, as de greate boaten net binnentroch fearen - oars neat.’Ga naar voetnoot221 Janke Brolsma, wend oan in fleurich fermidden en in libben, grut doarp (dêr't se op 'e ‘Boels’ yn 'e fierte de tsjerketoer fan sjen koe), wie it earste jier yn dy ‘jammerlik ferlitten oarde’Ga naar voetnoot222 soms siik fan ûnwennigens. Se drige wolris om har yn 'e feart te goaien. It gie allegear wat better doe't presys in jier nei har trouwen, op 5 maart 1911, in lytse Ulke berne waard. Om't Lichtaard tsjerklik ien wie mei Reitsum, waard it jonkje dêr op 28 maaie doopt. Foaral by 't winter wie it yn Lichtaard iensum. Fansels, der wie oanrin. ‘Meije jimme hjir hwet wenje?’ seinen de ljue, goekinde ef sibben, dy't der by ús kamen; teffens glimken hja sa'n bytsje, det men hoegde net iens op sa'n frage to anderjen. Sels oaren, dy't kamen om handel to dwaen, reiz'gers, kolporteurs mei rjuchtsinnige boeken en sa, koenen det glimke mar kwealik binefter hâlde. Eft hja sizze woenen: ‘Wy binne | |
[pagina 83]
| |
hjir hinne stitsen om jimme en om negoasje - meitsje it koart.’Ga naar voetnoot223 Brolsma hie yn Lichtaard gjin konkurrint, mar syn bestean wie likegoed ûnwis. De boeren yn 'e Flieterpen wienen potentaten, dy't it him net maklik makken. Brolsma hie in hekel oan it nederich freegjen om 'e klandyzje. ‘De boer thús?’As de klanten by 't winter kamen om de rekken te beteljen, moast o sa hoeden ek it praat brocht wurden op nije kerweien. Yn ‘Iere ‘De Boels’ yn 'e tritiger jierren.
maitiid’, in ferhaal út 1922, dat sûnder mis op eigen ûnderfiningen weromgiet, skriuwt Brolsma: ‘As Hantsje dêr sa'n grouwe, rike, machtige boer by him oer de flier hie, waerd hy altyd frijhwet oerstjûr. (...) Jonge - sa'n keardel sit dêr mei in slompe jild yn 'e bûs, dat yen eigentliks al tabiheart, dêr't men tige nei útsjocht, en dochs noch net opstrike kin, salang it net dellein is. (...) En - wylst dizze tinzen yn yen omgeane, moat men egeal wei pratende bliuwe kinne oer syn lânkeallen, syn misbiteard striebouwen, ensf.’ De ferver syn frou, sa docht bliken yn dit ferhaal, wit better as de baas hoe't se mei sokke mannen rêde moat. Se wit hoe mei ien fan ‘dizze “ongekroonde” keningen oer de doarpspoletyk to praten, ef oer de finale bisûnderheden fen de boerkerije’ en dan der net oan | |
[pagina 84]
| |
te tinken ‘dat hja de hân fen yen oflûke scille.’ As de boer nei hûs is, krijt de ferver ‘kibjen fen 't wiif, om't hy him sa nuver oanstelde.’Ga naar voetnoot225 Dat soks werklik sa gien is mei Brolsma en de frou is net ûnwierskynlik. In ferhaal dat ek werom liket te gean op in wier barren, is ‘It tsjerkefervjen to Grienterp’.Ga naar voetnoot226 Nei't er lang yn spanning hâlden is, gunt de tsjerkerie in ferver it kerwei om de tsjerke te fervjen. In probleem binne de kleuren: de tsjerkemannen wolle giel, wylst de ferver it hâlde wol by ‘dof ekenhoutskleur, o sa stimmich egael, net oerstjûr makke fen drok spegel en hartwirk.’ De ferver krijt syn sin troch de dûmny yn te skeakeljen. Dy man docht as is er it tige iens mei de âlderlingen. De antipaty, dy't se foar har ‘harder’ fiele, makket dat de mannen beslute om dochs it sin fan 'e ferver te dwaan. ‘Hé, domeny siet der wrychtich ek al mei yn om to rieren: de man miende, dat soks ek al op syn wei laei. Hy hie apart der in reis om makke (...) en oan melkerstiid ta oars nearne oer jeuzele as oer giele ferve, nou jy scoenen der fen koarje, sjedêr.’Ga naar voetnoot227 | |
Arbeidzje yn 'e FlieterpenTsjerklik wienen de Flieterpsters o sa strang. It grutste part fan 'e minsken wie oergien nei de Griffermearde tsjerke en de Herfoarme gemeente wie goed tweintichjier nei de Doleânsje tige lyts. Yn 1901 hienen Reitsum, Ginnum en Lichtaard meiïnoar 103 lidmaten.Ga naar voetnoot228 In ambachtsman dy't net nei tsjerke gie, rûn der út. Om't er earder nea gedoente mei de tsjerke hân hie, wie it wis om de geunst fan syn boeren te hâlden, dat Brolsma belidenis dien hat. Hy gie dêrfoar by | |
[pagina 85]
| |
't winter by dûmny Gerrit Jan Antink op belideniskategisaasje. Nei't er foar de tsjerkerie west hie op woansdei 12 maart 1913, waard de belidenis de sneins befêstige. Dy 16e maart moat in feestlike dei west hawwe, want doe is ek it twadde jonkje fan 'e Brolsma's, Liuwe - berne 23 novimber 1912 -, doopt. Men mei oannimme dat Brolsma's út Stiens en Westerbaans út Ferwert der by wienen. In oare stap dy't sjen lit dat it him yn 'e Flieterpen mienen wie, is it keapjen fan it lân tusken syn hûs en de wei. Foar dat ‘glysterige’ paad hie er wol rjocht fan reed, mar Brolsma fertroude dat net. Op oanstean fan syn heit hat er dêrom jild liend en dat stik lân der by kocht. It gie om ‘twee pondemaat greide’, dat Brolsma ferhierde ‘voor een matig bedrag’. De hierder levere it ‘twee rieren fiksche weide en twee koeseten hooi’ op.Ga naar voetnoot229 By 't winter wie der net folle wurk. Mear as rekkentsjes skriuwe en de wurkpleats oprêde hie in ferver net te dwaan. Hy hie alle oerstallige bakjes en kistkes ta branhout seage en it hinnehok wer ris optimmere; dat binne fen dy kreweikes, dêr't men altyd wer foar komt to stean. Hy hie alle âlde stealtsjes út de potten byelkoar socht, skifte, trochseve, op de pot skreaun, hwer it foar tsjinje moast en do út 'e wei set. Do alle ark skjinmakke, potten en bossen, ja oan de lidden en âlde thépantsjes ta, de stikkene mâlkkomkes plakt fen jierren her. De kwastebak neisjoen, âlde lijers der út fiske en wit wer earne saeid, de bak himmele en yn 'e ménie set, it glêsrak fol makke en de lytse stikjes der twiskenwei helle, dêr't neat oars mear útsnien wirde koe as deksels op mûzefallen en soksoartich ark; hy hie leadwyt meald, okers en flierbrún en swart yn oalje bislein.Ga naar voetnoot230 Lichtaard mocht dan in úthoeke wêze, doe't op 31 july 1914 de mobilisaasje ôfkundige waard, wie dat dêr daliks bekend.Ga naar voetnoot231 ‘Het was een prachtige, stille avond,’ skreau Brolsma neitiid, ‘en de ge- | |
[pagina 86]
| |
dachte aan roof en geweld was verre van ieder. De ouderen bespraken de waarschuwende en voorspellende woorden uit den Bijbel, - kortom, een wijdingsvolle avond onder den indruk van de komende ernstige gebeurtenissen.’ In inkele man moast de oare deis opkomme. Yngeander foar de minsken wie it hynstefoarderjen. ‘Zoo in den loop van den voormiddag kwamen de greidboeren opdagen, veraf en eenzaam wonende greidboeren met hun oude, holruggige, bedaarde stappers. Beesten, die geen vlugger tempo kenden dan het sjutteltsje voor de aardkar of den gierbak. De fourage-koopman met z'n dikke bles, de zwarte van Harke, die den geheelen winter, dag aan dag, voor onze vensters met den gierbak heen- en weertrok, paarden nèt zoo eigen als menschen (...).’ Brolsma koe him net yntinke dat dy hynders brûkt wurde koenen foar de oarloch, en yndie, de jûnes al kaam de ‘cavalcade’ werom. Brolsma, dy't der op 'e fyts op út west hie (nei Stiens of Ferwert?) trof de boer fan 'e ‘djakenspleats’, dy't mei in hynder nei Ljouwert west hie. De man frege Brolsma oft dy mei him ruilje woe, om't er ‘útelkoar’ wie. ‘Maar - alles voor het vaderland! - We ruilen en ik trek aan het hoofd van de colonne versmaden, fier te paard zittende de terp met de twaalf huizen en vier zathen tegemoet.’Ga naar voetnoot232 Fan 'e oarloch fernamen se net folle. ‘Af en toe dreef soms een blauwachtig getinte streep boven de verre Waddenzee van oost naar west, soms bij helder weer toefden die daar uren aaneen, soms ook des avonds laat ontwaarde men beweeglijke lichtpunten aan de hemel, die als 't ware verdwaald weer op zee aanhielden maar behalve de korte bulderende explosie van een tot springen gebrachte mijn verstoorde niets de rust van dat deel van Noordelijk Friesland, waar niets dan melkers en bouwers wonen.’Ga naar voetnoot233 Krekt nei nijjier, op 4 jannewaris 1915, ferstoar hommels Brolsma syn heit. Hy wie 73 jier wurden. Nei syn pinsjoen wie er altyd warber bleaun en hie de skriuwerskarriêre fan syn jongste soan kritysk folge. Brolsma syn mem bleau net allinnich oan 'e Skilwei, de âldste dochter Wieb kaam by har yn 'e hûs. Alle bern wienen alle moannen goed foar in bedrach, dat harren mem hie gjin jildsoargen. | |
[pagina 87]
| |
Skriuwe by 't winterWinters sette Brolsma him ek wer ta skriuwen. ‘Hwet âld is en jimmer nij bliuwt’ hannelet oer in arbeider dy't fereale wurdt op de dochter fan syn baas, in leafde dy't ferkeard rint mar úteinlik dochs noch goed komt. Oer froulju skriuwt Brolsma yn dit ferhaal in jier nei syn trouwen: ‘It is ommers sa - froulju wolle graach mei drystens woun wirde, mar... as hja ien kear woun binne, dan keartSmook-reklame fan Fa. S. Bouma, Dokkum.
de drystens ta hjarsels en dan is de man de lider.’ In oare opmerking yn dit ferhaal liket ek op in observaasje fan in man dy't yn in oare faze fan syn libben kommen is: ‘Doe socht er Tamme op, syn bêste frjeon, dy't er fen de skoalletiid ôf al kennen hie. Letter fynt men ek hiel komselden sokke frjeonen wer.’Ga naar voetnoot234 ‘Ut roerige tiden’ is in (foar Brolsma útsûnderlik) histoarysk ferhaal út 'e tiid fan Napoleon. It is in brokkelich, panoramysk ferhaal: in boattocht oer de Sont, in widdo dy't efterbliuwt yn Ljouwert en Frânske soldaten yn 'e hûs hellet, emigraasje nei Amearika. Brolsma syn histoaryske lektuer wurdt yn dit ferhaal goed benutte. Opfallend binne in pear didaktyske útwreidingen: ‘Hja skrepten as bijen en skoften amper net, en praetten net ienris oer arbeidskontrakt of Toantje solidair en sabotage’. En: ‘Ferfelend ja is soks to lêzen. Sa prate wy der nou oer, hûndert jier lyn. Hwent wy forjitte sa graech en wy habbe it ommers nou sa goed. Us fé is forneamd en de bûter en de tsiis sa djûr.’Ga naar voetnoot235 In oar ferhaal dat Brolsma yn ien fan 'e earste winters yn Lichtaard skreaun hat, ‘Trije sabearre skippers’, is folle lichter, mei moaie, pleagerige petearen tusken trije skoalmasters, dy't besykje har te rêden yn 'e natoer. | |
[pagina 88]
| |
Brolsma stjoerde syn wurk noch altyd nei Waling Dykstra, dy't it opnaam yn Sljucht & Rjucht. Soms duorre dat Brolsma wolris wat te lang en dan frege er ris wannear't it pleatst wurde koe. Dykstra reagearre dan mei in koart, suver noartsk andert yn it blêd sels: ‘R.B. to S. Jou stik scil wol plak krije mar oare ynstjûrders wolle ek wol ris oan bar komme.’Ga naar voetnoot236 Yn 1913 wie dit de reaksje fan Dykstra op sa'n brief fan Brolsma: ‘Twa greate stikken habbe wy lizzen, dy't alderearst oan bar komme scille yn de 18de jiergong. Stikken fan hwet langte dy't letter stjûrd binne of yet komme, scille hwet wachtsje moatte.’Ga naar voetnoot237 In inkelde kear krige Brolsma in persoanlike reaksje: ‘In nij stik fen Jo kin 'k wol ha. Stjûr it mar sa gau as 't kin. Jou stikje “In feestjoun” het al in poas oan 'e drukkerij west; ik scil der de Utjouwer opmerksum op meitsje.’Ga naar voetnoot238 It ferhaal dat Brolsma opstjoerde, is sûnder mis it bêste wat er oant dan ta skreaun hie: ‘Marij Waringa’, oer in stedsfamke, dat op in soldaat fereale rekket. Mei him op besite by syn famylje, fernimt se dat it in echte boer is, dy't hinget oan it wurk en de natoer. Dêrmei is de tsjoen ferdwûn en makket se it út. Sa't in kritikus skriuwe soe: ‘De net hegernôch to wurdearjen fortsjinste fen in stik as “Marij Waringa” leit hjiryn, det er, troch dúdlik oan to tsjutten ho't Marij wier wier hâldt fen hjar feint, salang as er syn soldateklean oanhat, mar heal in wearze fen him kriget as er efter de kij stiet mei syn blauwe boerekile oan, syn lêzers twingt de psychologyske wierheit mei to stimmen, det, nettsjinsteande forbjusterjende wirden oer “ivige ljeafde” en soks, de measten fen uzes inkeld in diel fen in persoanlikheit ljeaf hawwe, en húvrich tobekskrilje kinne, sadré dizze persoan fen oare, minder hege eigenskippen bliken jowt.’Ga naar voetnoot239 It ferhaal stiet fol mei prachtige beskriuwingen, bygelyks: ‘Hja sette it great mês yn de breahompe en dreau it der mei krêft troch hinne, sadat it limmet hieltyd mei in hirde slach op it boerd del kaam.’Ga naar voetnoot240 | |
[pagina 89]
| |
‘In feestjoun’ en ‘It nije ljocht’ binne wer fleurige, libbene doarpsferhalen. It soenen de lêste stikken fan Brolsma wurde, dy't Waling Dykstra noch ûnder eagen krige. Op 15 jannewaris 1914 ferstoar er, 93 jier âld. Doe't er njoggentich waard, hie er al skreaun: ‘'k sit yn 'e spoarwachtkeamer nou / To wachtsjen op 'e lêste trein / Doar op “ynstappe!” wurdt der sein, 't Duorret sonder missen koart? Den is 't makke: ik moat foart!’Ga naar voetnoot241 Op redens gie Brolsma fjouwer dagen letter nei de begraffenis yn Holwert. Yn 'e tsjerke harke er nei taspraken fan pommeranten, dêr't him foaral dy fan Jacob Hepkema by opfoel. ‘Hij herdacht in warme bewoor-dingen de grote verdiensten van de overledene jegens zijn land en de persoonlijke vriendschap die er tussen hen beiden had bestaan.’ Doe't Brolsma letter oan dy dei werom tocht, wie it foaral de kjeld, dy't him bybleaun wie en de ‘doodse verlatenheid van het winterse landschap, toen ik des avonds langs de bevroren vaarten en sloten weer naar ons nederig tehuis in Fliedterpen terugkeerde.’Ga naar voetnoot242 Mei't syn heit net lang nei Waling Dykstra ferstoar, rekke Brolsma yn in jier tiid twa grutte foarbylden foar syn wurk as skriuwer kwyt. Tenei koe er allinnich noch by himsels te riede gean. De bannen mei it ferline, mei de literêre tradysjes fan 'e njoggentjinde ieu, soenen dêrtroch losser wurde. De nije redakteur fan Sljucht & Rjucht waard Japik van der Tol. Waling Dykstra hie syn soan, J.W. Dykstra, dy funksje ta ha wollen, mar dat gie oer. Van der Toi skreau, dat ‘it skriuwen fen ús sprake’ foar him mear wie as ‘in boarterij’ en dat er gjin redakteur wurden wie ‘om in pear sinten to fortsjinjen’, mar om't er der ‘ta meiwirkje wol, om ús tael yn 't libben to hâlden.’Ga naar voetnoot243 It earste ferhaal dat Van der Tol fan Brolsma krige, wie ‘De boer fan 'e koaipleats’. In heit wol dat syn dochter trouwe sil mei in soan fan in eardere freon fan him. Dat mislearret. Utgongspunt is in preek oer de Bibeltekst ‘Dêr't dyn skat is, dêr scil ek dyn herte wêze.’ | |
[pagina 90]
| |
‘De dyaken’ is in ferhaal, dat troch de Flieterpen ynspirearre is. Liuwe wurdt troch syn boer twongen om it baantsje fan diaken oan te nimmen, ek al bestjert er it as er tinkt oan it rûngean mei de pong. It tragysk-komyske ferhaal oer de macht fan 'e grutte boeren rint wrang ôf. As de man wegert, is de boer poer. ‘Dy hjerstmis moasten hja per pounsmiet fiif goune mear hier jaan.’Ga naar voetnoot244 Yn 1914 hie Brolsma oan Sljucht & Rjucht ek in folle lichter ferhaal stjoerd, ‘Skelte merkereis’, suver in mearke oer in ûnnoazele man, dy't yn 'e stêd in ko ferkeapet en dan mei temin jild thús komt. Opfallend is dat yn 1916 in ferfolch op dit ferhaal yn itselde blêd stie (‘Skelte boaske’), mar dit kear skreaun troch Arjen Roelof Brolsma. De styl fan dizze Brolsma is oars, hy skriuwt stiver en minder djipgeand. Arjen Roelof, winkelman yn Stiens, hie yn syn jonge jierren ek literêre aspiraasjes. Mear as in ferslach fan in besite fan Troelstra oan Stiens hie er noch net publisearre.Ga naar voetnoot245 Mooglik geane de ferhalen oer Skelte werom op anekdoaten út earder jierren en ha de bruorren elk ien brûkt. | |
Fan Lichtaard nei AkkrumDe ferverssaak yn Lichtaard smiet net in soad op en de Brolsma's tochten oan feroarjen. ‘(...) Na een zesjarige periode wil men wel eens weer wat anders; dan zijn er maar twee mogelijkheden: òf zich geheel aan de melkerij wijden, òf er tusschen uit gaan.’Ga naar voetnoot246 Har neiste buorlju yn Lichtaard wienen nei Amearika emigrearre, en frou Brolsma fielde dêr ek wol foar. Brolsma woe lykwols net, om reden dat er dan syn mem efterlitte moast. Wierskynlik miste er ek de drystens, dy't by sa'n aventoer nedich is. Nei alle gedachten hat Brolsma der werklik oer tocht om dan mar boer te wurden. ‘Koemelker zijn naar den eisch vergt (...), dat men afstand doet van heel veel met moeite verworven kundigheden en “de sylbeage oanstrûpt” tot het bittere einde. En dus ambieerde ons meer een kans om het in dichter bewoonde streken nog eens te probeeren | |
[pagina 91]
| |
(...)’.Ga naar voetnoot247 Harren kar wie: ferversbaas yn Akkrum. Wêrom't krekt dat plak keazen waard, is net mear nei te gean. It bedriuw yn Lichtaard waard ferkocht oan Wybren Fokkema, dy't de ferverssaak trochsette.Ga naar voetnoot248 Op 23 febrewaris 1916 - frou Brolsma har jierdei - gienen se mei al har besit yn in motorboat nei it nije wenplak. It wie dy deis ‘stjerrend min waar’Ga naar voetnoot249, wist Brolsma jierren neitiid noch. De dei soe dêrom as ‘in swarte dei yn ús ûnthâld’ bliuwe, ien ‘fen de alderminsten út de 30 kear 365 fen ús houlikslibben’ skreau Brolsma jierren letter.Ga naar voetnoot250 Akkrum, de Wide Stege.
Doe de Brolsma's har yn Akkrum nei wenjen setten, telde it doarp 2185 ynwennersGa naar voetnoot251, in grut ferskil mei it stille Lichtaard. Oars as yn 'e Flieterpen wienen de measte Akkrumers Herfoarme of Men- | |
[pagina 92]
| |
nistGa naar voetnoot252. Akkrum wie sûnt lang in plak mei hannel yn fee, bûter en tsiis. Fierders wienen der yn it doarp in soad winkels, bygelyks njoggen bakkers, alve slachters en acht grientewinkels. Wichtich foar it doarp wie de ut, it fabryk fan Twijnstra dat feekoeken en -moal makke. Oare grutte bedriuwen wienen it redensfabryk fan De Ruiter, in bûterfabryk en de houtseagerij fan 'e firma Schilstra. Yn 1916 kaam ek de fce (Friese Coöperatieve Exportslachterij) nei Akkrum. It doarp lei moai midden yn 'e provinsje, mei geskikte oanfiergelegenheden oer wetter en lân. Akkrum hie al sûnt 1868 in stasjon en de grutte farwetters as de Boarn, Pollesleat, Meinesleat en Sylroede joegen gelegenheid om alle kanten út te farren.Ga naar voetnoot253 Bysûnder yn it doarp wie Coopersburg, in âldereinhûs dat yn 1901 stifte wie troch in âld-ynwenner fan Akkrum, Folkert Kuipers. Hy wie ryk wurden yn Amearika (dêr't er him Cooper neamde). Coopersburg bestie út 22 wenten, dêr't de bewenners gjin hier foar hoegden te beteljen. Wykliks krigen se in talage. De stifter wie mei syn frou yn in mausoleum efter it hûs begroeven. De Brolsma's hienen in bedriuw kocht yn 'e Wide Stege, midden yn it doarp tusken it Heechein en de Smellebrêge oer de Boarn. De Wide Stege wie mear in smelle strjitte as in stege, dy't de bynamme hie fan ‘Kalverstraat’, om't der safolle winkels wienen. Wa't fan 'e Heechein deryn gie, koe oan 'e linkerkant terjochte by in bakker, in grientewinkel, in winkel mei ierdewurk, in winkel mei ‘fan alles, sûker en rys en tee, mar ek kopkes en pantjes en dweilen en skûteldoeken’, dan wer in grienteman en yn it lêste hûs oan dy kant wer in winkel foar sûker, rys en tee. Jant Visser-Bakker, dy 't yn 1906 yn 'e Wide Stege berne wie, wist it letter allegear noch presys. Har bertehûs stie oan 'e rjochterkant, neist de trochreed fan 'e herberch fan Wieling, dêr't it ‘roek fan hynstepis’. Neist har bertehûs wenne in ferver en dan wer in winkelman.Ga naar voetnoot254 Om 't de Wide Stege tige ferboud is, is net mear nei te gean wêr't de saak fan Brolsma stie, mar om't er in besteande saak kocht, is oan te nimmen dat it dat | |
[pagina 93]
| |
bedriuw oan 'e rjochterkant wie. Nei te gean is noch wol dat it hûsnûmer 452 wie. Om't de Brolsma graach út Lichtaard wei woenen, hat de keap mooglik mear emosjoneel as saaklik west, want de ferversbaas, dêr't se de saak fan kocht hienen, sette syn bedriuw - mei de measten fan syn klanten - op in oar plak yn it doarp gewoan troch. Dat wie sa direkt nei de ferhuzing fansels in rare tebeksetter foar de Brolsma's. Finansjeel knypte it sadwaande noch mear as yn Lichtaard en dat wie de reden om der kostgongers by te nimmen: in man dy't op in fabryk wurke en injonge skoaljuf, Afke de Langen, dy't lid wie fan it Jongfrysk Sjongkoar. Foaral frou Brolsma hie it, mei twa lytse bern derby, dêr drok mei. Saaklik hienen de Brolsma's it yn Akkrum net troffen, fierders foldie it doarp harren bêst. De minsken fan Akkrum wienen freonlik en namen har op yn 'e mienskip. Mei Minse Dykstra, in timmerman, syn frou en dochter Gryt rekken de Brolsma's befreone. ‘Men slooft zich in het algemeen niet uit voor den vreemdeling,’ soe Brolsma letter oer de Akkkrumers skriuwe, ‘maar huldigt het eigene en daardoor ontstaat er een sterke band.’ Ien fan dy eigene dingen fan Akkrum wie it fieren fan Palmsnein. De beide Brolsma-jonges moasten dêr fansels ek oan mei dwaan. En onze jongens bezaten den aanvallige leeftijd om mee te kunnen loopen in den optocht en waren al parmantig genoeg om het te beschouwen als iets, dat hun ook volstrekt niet geweigerd mocht worden. En tevens om met klem te eischen, dat hun palm een dragelijk figuur zou slaan en geen aanleiding zou geven tot een stortvloed van ‘och heden’ en ‘sjuch dy ris' bij de vriendjes (...) Der moat in fiich oan en in broadsje en in blom en in hintsje en... noch mear.’ | |
[pagina 94]
| |
oorlogscontrabande, werd ook bijelkaar gezameld. Verder nam het den heelen Zaterdagavond nog in beslag, maar tegen bedtijd vond toch de eerste omwandeling plaats rondom de tafel begeleid door het versje van den boer die in het water lei en ik er bij en jou er bij, dat was een mooi schilderij. (...) En... Des Zondagsmorgens trok dan de palmpaaschtocht door het dorp en de zingende stemmen verwaaiden in den fellen Noordwesterstorm met sneeuwjacht. Want het was ‘echt waar for de tiid fen it jier’. De palmen duikelden om in de verkleumde kinderhanden en aldus verging het met dit feest zoals gemeenlijk, de ‘tarissing’ was het hoogtepunt geweest (...).Ga naar voetnoot255 Sneins gienen de Brolsma's der geregeld op út. ‘Als we de route namen door Oldeboorn naar Beets, zagen we de prachtige wereld daar, waar het leefde van ons onbekende vogels (hoantsen), die kraagopzettend met elkaar streden achter de boomwallen; we aanschouwden voor het eerst toebereidsels tot den turfaanmaak, we reden door Krom-Haskerdijken, naar Terhorne - kortom: dit stuk midden-Friesland, zoowel wonderlijk rijk aan natuurschoon als aan haast alle uitingen van menselijk bedrijf.’ Op syn jûnkuier gie er meast nei de Meinesleat, ‘daar lag een wijde en onbekende wereld voor ons open. Daarheen richtten de tjalken en aken hun koers, die met ontzettend gewurm de Smelle brêge passeerden, dan om de tuinen van Coopersburg koersten en vervolgens de richting namen naar 't Westen.’Ga naar voetnoot256 Yn 'e winter fan 1917 gienen de Brolsma's nei it ‘belleslydjeijen’ by de herberch De Ald Skou op it brede farwetter fan ‘de Nije Wjittring op nei Terherne.’Ga naar voetnoot257 It fleurichst wie Akkrum by 't simmer, as de wettersporters (meast út Hollân) nei it doarp kamen, ‘soms wel eens vijf of zes op een dag; de optochten met muziek langs de Kleef naar Coopersburg telkens weer zetten het dorpsbeeld een ongekende feestelijkheid bij.’ Op in snein gie de famylje mei de Dykstra's, dy't in boat hienen, in dei nei de Poel. It wie ‘midden in de broodkaartmisere en de benoodigde vetten en boter bijeen te schrapen voor iets ex- | |
[pagina 95]
| |
tra's, vorderde van de vrouwen veel beleid. (...).’ Des anderen morgens om zes uur ving de afvaart aan bij de Smelle brêge; het stuwen der bagage en proviand was reeds door de mannen geregeld; de jeugdige deelnemers werden gewaarschuwd voor de gevaren der diepten en zoo roeiden wij in de ochtendstilte rondom de tuinen van Coopersburg; voor het eerst passeerden wij de brug over de Meinesloot en gingen het onbekende land tegemoet. By de Poel waard fiske. Hier bij deze wierbank in den Poel, op dien gezegende prachtige zondagmorgen. Hier verdrong de eene school baarzen zich na de andere rondom ons uitgeworpen aas, ja, ze vielen zelfs op de bloote haak aan. Onze kinderen, die nog nooit iets anders gevangen dan ‘toanders’, ‘glasvischjes’, schreeuwden het uit van verbazing en ongeduld. Op in eilansje dêr tichteby waard de fisk bakt. Ook deze simpele culinaire genieting verdient genoemd te worden in die dagen, dat de gewone burger verstoken was van zelfs de eenvoudigste genotmiddelen en ten prooi aan strenge wettelijke maatregels.’Ga naar voetnoot258 In soad ympresjes dy't Brolsma opdie yn Akkrum, binne te finen yn it ferfolchstik ‘Ut in doarp’ (Sljucht & Rjucht, 1919). Yn 'e hjerst fan 1918 krige frou Brolsma de Spaanske gryp. Oars as yn it gefal fan bygelyks de skriuwer Meint Bottema, waard se wol wer better. Yn 'e wiken dat se op bêd bliuwe moast, die Brolsma it hûshâldlik wurk derby. Soks wie gjin sukses en brocht in soad argewaasje. | |
By de Jongfryske MienskipUnderwilens begûn Brolsma namme te meitsjen as skriuwer. Op 4 jannewaris 1916 skreau J.J. Hof yn it Nieuwsblad voor Friesland oer Sljucht & Rjucht: ‘Letter waerd de ynhâld wer better, foaral do't Brolsma him hwet ûntjoech.’ It stiet fêst dat Brolsma dat yn 1916 net ûnder eagen hân hat.Ga naar voetnoot259 Dat wie oars mei in stik fan Douwe | |
[pagina 96]
| |
Kalma dat in pear wiken letter yn 'e Leeuwarder Courant stie. ‘Om hjar suverens fen tael, hjar ienfâld fen wêzen en utering, en hjar minlike en skerpe oprjochtens fen karakterteikening, om hjar golle lêsberens en hjar djippens fen ynhâld, jowt it foech, Brolsma syn novellen to neamen by it weardichste en suverste proaze, det der dûrjende it bigjin fen dizze tweintichste ieu yn ús fryske skriftekennisse ûntstie.’ It wie in lang stik, dat Brolsma mei niget en ferwûndering lêzen ha sil. Mear as tsien jier lang hie er net folle mear as brommerige opmerkingen fan Dykstra en syn heit krigen en dan dit plan-út golle stik. Kalma frege him ôf oft Brolsma sels wol wist en ‘der fan oertsjûge is, det hwet er ús leveret wier-wier ta de fryske keunst biheart.’ Kalma neamde him ‘in wezentlik realist’, dy ‘de tastânnen, de forhâldings en de dingen fen dizze wrâld bisiket to sjen en wer to jaen, lyk as hja yn wierheit binne (...).’Ga naar voetnoot260 Gjin skriuwer bliuwt ûngefoelich foar sokke lof. Yn 1926 sei Brolsma der oer: ‘Ik sels bigriep do earst goed dat der hwet yn myn wirk wier dat mûglik hwet wirde koe. Sûnt dy tiid bin ik my ek folle mear op myn skriuwen bigoun ta to lizzen (...).’Ga naar voetnoot261 Douwe Kalma, berne yn 1896, wie doe't er dit stik publisearre, noch gjin tweintich jier âld. Syn heit wie yn 1907 ferstoarn en Kalma, iennichst bern, wie opbrocht troch syn mem. ‘Myn libben wie frijwol hielendal yntellektueel,’ soe er letter skriuwe, ‘freonen hie ik eigentlik net, jonges-sport seach ik net nei om, allinne de natoer wurke djip op my yn, en fierders hie ik myn boeken...’Ga naar voetnoot262 Op it gymnasium yn Snits rekke er ûnder de tsjoen fan Shakespeare, Dickens en Homerus en wie er sels ek begûn mei skriuwen, ‘besiikjend wat ik tocht en hope te sizzen yn de kunstige foarm fan it sonnet, of de machtige heksameters fan Homerus en de steatlike rigels fan Virgilius.’Ga naar voetnoot263 De taal, dy't er dêr foar útkeas, wie it Frysk. Doe't er noch op skoalle siet, stjoerde er al wurk op nei Sljucht & | |
[pagina 97]
| |
Rjucht. Syn kar foar it Frysk wie útsûnderlik, de measte Fryske yntellektuelen, dy't fierder komme woenen, keazen foar it Hollânsk. Kalma hie yn syn entûsjasme foar it Frysk oansluting socht by it Frysk Selskip, mar dêr krige er net folle hâldfêst. Yn dat selskip sloech J.J. Hof foar master op en dat bedoar it daliks foar Kalma. ‘Hof seach it Frysk yn 't foarste plak as folkstaal en as sadanich moast it better syn gerak krije. Foar Kalma lykwols wie it Frysk mear as allinne folkstaal. Hy lei de klam op de mooglikheden foar it Frysk as folsleine kultuertaal.’Ga naar voetnoot264 Mar der spile mear. Kalma woeReinder Brolsma. Portretfoto ± 1910.
fan alles, en it Frysk Selskip wie him te nuet, te lykmoedich. Al yn syn earste stikken brûkte Kalma in polemyske toan, hy wie net fan doel him dimmen op te stellen, lykas de âlderein fan in jong baaske ferwachte. ‘Jimmerwer makket men ús jongeren it Frysk letterkindich libben sûr troch saken meilydsum glimkjend en hwet út 'e hichte troch in glinstrige noaskebril ús oankypjend, saneamd út goederbêst en mei de ljeaflikste bidoelingen ús it eksimpel fen skriuwers as Dokterom en Walingom - men moat dêr by gelegenheid ris om tinke, it binne altyd omkes - foar eagen to hâlden.’Ga naar voetnoot265 De Fryske beweging en de Fryske literatuer wie op dy wize foar jonge skriuwers gjin ynspiraasje, neffens Kalma.Ga naar voetnoot266 Yn desimber 1914 begûn er mei in rige krantestikken, dêr't er in skerp ûnderskie yn makke tusken folkskeunst en persoanlike keunst. Hy wie net mijen as it gie om heldere oardielen en kritiken. | |
[pagina 98]
| |
Dat makke dat er it by de âlderein bedoar en daliks al fijannen krige. Kalma fûn dat de jongerein in plak krije moast yn 'e Fryske beweging en romte om syn eigen wurk te publisearjen. Yn septimber 1915 kaam syn pamflet De Jongfryske biweging út, dat bedoeld wie om de liedende minsken fan 'e beweging der fan te oertsjûgjen dat de jonge skriuwers dat eigen plak yn 'e beweging krije moasten. Mar hy die mear, yn it boekje kaam er ek mei in útwurke programma foar de hiele Fryske beweging. Hy fûn dat der foar de beweging in dúdliker doel komme moast. Neffens Kalma wie dat doel, ‘det de frysce tael wer komt yn 't bisit fen al hjar rjochten, det hjar dos wer wirde scil de hearskjende tael yn ús lân.’Ga naar voetnoot267 Hjir wie Kalma folle radikaler mei as de measte bewegers, dy't oer 't generaal it Frysk noch wol konservearje woenen, mar fierders net folle ferwachtingen fan 'e takomst hienen. Neffens Kalma wie it net genôch as minsken meiïnoar Frysk praten, de taal moast ek foaroan komme yn it ûnderwiis, de tsjerke, de rjochtseal. Hy wiisde dêrby op it belang fan propaganda foar de Fryske saak ûnder de Friezen, want maklik soe it wol net wêze dy te oertsjûgjen. De minsken fan 'e beweging wienen net ûnder de yndruk fan syn mieningen. De âlde garde besocht him te begekjen om syn breklik Frysk en lange sinnen. Hy waard beskôge as in ûnfoech jonkje dat fierstente eigenwiis wie. Op 20 novimber 1915 rjochte Kalma lykwols de Jongfryske Mienskip op. De jongerein, mei Kalma foarop, soe it dan sels wol dwaan. Doel fan 'e Mienskip wie om ‘it folksbistean en de ienheitsfieling fen de Friezen to sterkjen, binammen troch Fryske tael en skriftekennisse nei hjar bêste krêften to bifoarderjen.’ De Mienskip bestie út ‘arbeidzjende, stypjende en lêzende leden. De arbeidzjende leden wirde op útstel fen it Bistjûr bineamd troch de lede-gearkomste.’ Fan dy arbeidzjende leden mochten der op syn meast fyftich wêze.Ga naar voetnoot268 In moanne of wat nei syn krantestik oer Brolsma, stjoerde Kalma him in útnoeging om arbeidzjend lid fan 'e Mienskip te wurden. Om't Brolsma ûnderwilens nei Akkrum ferfearn wie, duorre it eefkes ear't der in reaksje folge. Brolsma skreau oan Kalma: | |
[pagina 99]
| |
Wol forwûndere wier ik mei de tyding dat de ‘Jongfryske Mienskip’ my as lid fen har boun keazen hie. Jy miene, ut myn skrieuwery op meitsje to kinnen, dat ik derta beheare mat. Omdat Jimme nou dochs lykwols witte matte wha't Jimme yn de hûs helje, achtsje ik it wol nedich om in soarte fen geloafsbelydenis ou to lidsen oer de Fryske beweging, dan wirde wy net meienoar bedragen. Whent it scoe wease kinne dat ik Jimme wolris whet to alderwetsk wier yn myn oerdiel oer ús Fryske skrieuwers fen earen. Ik ‘dweep’ bygelyks mei de Rimen en Teltsjes der de seden en menearen fen ús foralden sa sûver en moai yn teikene wirde. En yn de alde jiergongen fen for hus en hiem mei ik al sa greach ris omsneupe. En fen ‘Iduna’. As jy deryn lease it forhael: ‘Ut de modder fen de maatskippy’ fen (de skrieuwer syn namme wit ik nou sa lyk net) dat is suver realisme, wirk fen dizze tyd. (...) Waling Dykstra syn rymen, net heachgeand mar seldsom mooi fallend, syn egael learsum altyd flot ferheljende prosa mei ik ek wol lease. (...) Oan de Jongfriesen bin ik lykwols for safier nei besibbe, dat ik it mei harren iens bin dat der o sa nedich krityk utoefene en skifting halden wirde moast yn de nyere lektuur. Scil in beam fruchten drage, dan moat der snoeit wirde op de tyd. En dat snoeien der hapere it oan. (...) Ik mien soms ut it stribjen fen de Jongfriesen op meitsje to kinnen, dat hja de provinsje onafhankelijk meitsje wolle fan it lan (Nederlân). Soks giet fiersto fier neffens myn betinken. Ik hab Jy nou sein ho myn oordeel is oer de dingen. Achtsje Jy it yette nedich en goed dat ik by Jimme yn it rountsje kom to sitten, dwaen det dan to witten oan Yens freuon, R. Brolsma.Ga naar voetnoot269 Sa't út it brief wol bliken docht, hie Brolsma goed yn 'e rekken hokker opfettingen Kalma oer de Fryske literatuer hie. De ‘omkes’, dy't Kalma ferspuide, hie Brolsma heech. Fan S.K. Feitsma, de skriuwer fan Ut de modder fan de maatskippijGa naar voetnoot270, moast Kalma ek net folle ha.Ga naar voetnoot271 Dochs gie it oan. Yn 'e bestjoersgearkomste fan 'e Mienskip op 30 oktober 1916 waard Brolsma as lid beneamd.Ga naar voetnoot272 Ut 'e notulen fan 'e gearkomste fan 25 novimber docht bliken, dat Brolsma de be- | |
[pagina 100]
| |
neaming oannommen hat. ‘It oannimmen fen yens bineaming wirdt biskôge,’ neffens it karbrief, ‘as in ûnthjit det men earnstich war dwaen scil de saek fen Fryslân to bifoarderjen, nei de geast, dy't út de bigjinselbrieven sprekt.’ Wêrom gie Brolsma by de Jongfryske Mienskip? Opbrocht troch syn heit en Waling Dykstra, hearde er wat de opfettingen oer de Fryske beweging oanbelanget, mear by minsken as Hof. Brolsma wie gjin man foar de barrikaden. Konfrontaasjes of skeel gie er út 'e wei. Kalma sil er bytiden te radikaal en te polemysk fûn ha. As it oer de Fryske beweging gie, kaam er nea fierder as in abstraksje. It ‘ideaal’ neamde er dat dan. It elan fan 'e Jongfriezen spriek him lykwols wol oan. De wichtichste faktor om him oan te sluten by de Jongfriezen wie sûnder mis, dat se him as skriuwer serieus namen. Kalma priizge syn kwaliteiten en woe en soe in soad foar him dwaan. Frege nei de betsjutting fan 'e Jongfriezen foar him, sei Brolsma yn 1920: ‘hja hat de ljue dy't op har sels stienen en dêr't eartiids nea fen âld-selskipside nei omsjoen waerd opsocht en by elkoar brocht.’ By gelegenheid fan dat petear neamde er himsels earder ‘in iensume strider’. Kalma helle him út in isolemint en joech stjoer oan syn skriuwerij. | |
Jongfryske aksjeDe Mienskip besocht ûnderwilens om mei in eigen tydskrift te kommen, dat de namme Frisia drage soe. De gearkomste fan 30 novimber 1916 dêroer moast Brolsma misse, om't er ‘op 't alderunforwachts yette in keamer bihingje’ moast. By de gearkomste fan 30 desimber yn it Oranje Hotel yn Ljouwert wie er wol. Dêr kaam er foar 't earst yn 'e kunde mei Kalma, mar ek mei oare Jongfryske pommeranten as Piter Sipma (foarsitter), Eeltsje Boates Folkertsma, Rintsje Piter Sybesma en Meint Bottema (dy't skreau ûnder de skûlnamme Marten Baersma). It wie in ‘húshâldlike gearkomste’ oer de jierrekken en de begrutting foar 1917 en feroaringen yn 't karbrief. Brolsma hie noch wat oars beprate wollen, mar seach der om reden fan skrutenens ek wer fan ôf. Ynstee dêrfan skreau er Kalma oaredeis in brief. | |
[pagina 101]
| |
Whet ik Jou of leaver Jimme hjir yn dit brief meidiel hie ik jister op de gearkomste sidse wollen, dochs it waerd mij ek wer manskernoach. Nammentlik dit: dat ik der fen ou sjean mat, om mei jild de Jongfryske Mienskip to stypjen. Net, dat it my begreatet ef dat ik it der net for oer hab, mar it past my net. Ik hab for in hushalding en for mear yette to soargjen en mat it mei de hannen fortsjinje. Ik hoech hjir net mear fen to sidsen - Jimme scille der net oan twivelje tink ik. Wolle jimme lykwols moreele steun fen my oannimme trochdat ik bygelyks as meiwirker oan Frisia forboun blieuw - dat graech. Soks pro deo fansels. Whent it het my oars wondere skoan foldien jister. Der siet gloede yn dy ljue. Tyd en wirk scil ik der ek graech for oer habbe. Jild - helaes... As it mei disse rin fen saken nou allegeare twisken ús út wease mat, dan scille Jy wol sa goed wease wolle om my derfen tyding to dwaen. It scoe my moeie, dochs men kin gin yser mei hannen brekke... Sa net, dan hoopje ik takomme Freed as sneun Jy in bydrage for Frisia takomme to litten.’Ga naar voetnoot273 Brolsma moast jierliks ƒ5,- betelje, foar in lytse selsstannige mei in nuodlik bestean in hiel bedrach. Yn 'e oare gearkomste fan 'e Mienskip op 7 april 1917, wurdt yn 'e notulen syn brief net neamd, mar wol dat it bestjoer it rjocht krige ‘in arbeidzjend lid it ledejild to skinken.’Ga naar voetnoot274 Sa hat Kalma Brolsma by de Mienskip hâlden. Frisia (‘Wijd oan de frije utering en de ûnbihindere ûntjowing fen 'e Fryske geast’ neffens it titelblêd) sette yn 1917 út ein, mar dat jier noch sûnder bydragen fan Brolsma. Yn 'e earste jiergong stie wol proaza fan Marten Baersma (‘Jelmers jonge libben’) en in rige sketsen fan ‘Hero Cammingha’, te witten Douwe Kalma, mei de titel ‘De heimige krêften’. Ek al wie Frisia út ein set, Brolsma levere noch gewoan oan Sljucht & Rjucht. Earst wie dat yn 1917 ‘'t Misbitearde rintenierjen’, in anekdoatysk, licht ferhaal oer in keapman, dy't nei in doarp yn 'e Wâlden ferhuzet om dêr te rintenierjen. In boppeslach is de Sljucht & Rjucht-bydrage út 1918, ‘Bihâlden’. Tematyk en situearring binne dúdlik de Flieterpen, en it ferhaal liket wol op foarwurk foar it lettere It Heechhôf. Sintraal stiet in boeredochter út in otterdoks fermidden, dy't ferkearing krijt mei in ‘lichte’ feint. Hoe't de âlden en foaral de pake alle war dogge om de ferhâlding sa te bedjerren dat | |
[pagina 102]
| |
it fanke behâlden bliuwe kin, wurdt subtyl en superieur beskreaun. As byfigueren wurde de trije bruorren, jong al ‘âldfeinten’, prachtich delset. Brolsma komt yn dat ferhaal mei in foar him seldsum seksueel grapke. De trije bruorren ha wille om in boer, dy't in ‘geld sûch’ oansjocht foar in ‘sûch, dy't bigje moast’. Simen en Pier en sels Klaes boarsten út fen laitsjen om dat stik, gjin minske koe de humor, dy yn dit ferhael biskûle siet, better op wearde skatte as hja, tocht Douwe.Ga naar voetnoot275 Meint Bottema priizge dat ferhaal yn in fraachpetear yn De Hollandsche Lelie. By dy gelegenheid sei er ek, dat Brolsma's sketsen ‘een apart genre [waren, dat] oneindig ver Staat boven het vele zotte - en - zinlooze, dat door talloozen op smaakbedervende wijze werd voortgebracht en waarmee het laatste vijftigtal jaren Friesland werd overstroomd.’Ga naar voetnoot276 In fragmint fan dat ferhaal wie de bydrage fan Brolsma oan It Harmen-Sytstra-Boek út 1918. It boek wie bedoeld as hulde oan in foarman út 'e beweging, waans idealen yn 'e eagen fan 'e Jongfriezen foarút rûnen op har eigen.Ga naar voetnoot277 De earste bydrage fan Brolsma oan Frisia wie yn 1918 ‘De Oppeteur’, oer in feestlike gearsit dy't fersteurd wurdt troch in omkesizzer. It is Brolsma syn earste echte koarte ferhaal, dêr't er dúdlik flyt op dien hat. It is mear literêr skreaun as syn ferfolchferhalen en om't er him beheine moast ta in pear siden is it plot strak hâlden. Foaral de boer, dy't by de arbeider op it feest komt en de dûmny wurde iroanysk beskreaun as praatsjemakkers, dat de omkesizzer | |
[pagina 103]
| |
hat in reden - foar de lêzer teminsten - om in swervel yn 'e keamer te goaien. It gie ûnderwilens goed mei de Mienskip, yn 1918 berikte it tal leden de 250. Dat kaam net allinnich troch it loslitten fan it ûnderskie tusken arbeidzjende en gewoane leden. Kalma en deDouwe Kalma.
Jongfryske Mienskip besielen de jongerein, se fielden har in avantgarde, dy't hiel wat út 'e wei sette soe. It is frij wis, dat Brolsma net meidien hat oan aktiviteiten fan 'e Mienskip as bygelyks de lângeanne yn Snits (1917) of dy yn Ljouwert (1918). Syn wurk liet soks net ta, mar guon wintergearkomsten yn Ljouwert hat er wol besocht. Mei 't spoar wienen dy maklik te bereizgjen. Yn 1918 waard in aparte ôfdieling foar letterkunde en muzyk oprjochte, ûnder foarsitterskip fan Kalma, dy't, werom út tsjinst, al syn tiid oan 'e Mienskip bestege. Brolsma waard yndield by dy ôfdieling, dy't as doel hie te ‘arbeidzjen (...) for selsûntjowing troch it hâlden fen húshâldlike gearkomsten dêr't saken fen letterkinde en muzyk op bispritsen wirde en egen wurk nei foaren brocht (...).’Ga naar voetnoot278 De earste ‘fortel-gearkomste’ waard hâlden op sneon 22 maart 1919 yn it Frysk Kofjehûs oan 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert. Brolsma en Bauke Tuinstra liezen dy middeis ‘in eigen brokstik novellistysk Frysk proaza.’ Oer Brolsma syn earste optreden mei publyk is neat nei bûten kommen, útsein dan dat der neffens in kranteferslach ‘gâns moais’ by it foardroegen wurk siet, dat ‘tige moed jowt’.Ga naar voetnoot279 | |
[pagina 104]
| |
Nei LjouwertIn wike earder wie der yn Akkrum in Jongfryske propagandajûn hâlden, ‘fol jongfryske libben en sellichheit’, dêr't Brolsma mooglik by west hat. Wis is, dat de Brolsma's doe al in beslút oer har takomst nommen hienen. Saaklik gie it harren yn Akkrum noch altyd net goed. Troch de oarloch wienen ferversmaterialen slim te besetten: ‘10 mingel oalje yn trije moannen’, skreau Brolsma letter.Ga naar voetnoot280 Ferversfeinten hienen it folle better as bazen en dat hat de Brolsma's ta har beslút brocht. ‘Dus by in oar’, sa't Brolsma it kearneftich gearfette.Ga naar voetnoot281 Hy fûn wurk yn Ljouwert. Nei alle gedachten wie it nije wenplak in winsk fan Brolsma syn frou. Har suster Tjitske wenne dêr ek. De saak yn Akkrum waard ferkocht en op 9 maaie 1919 wie de ferhuzing. Njoggen jier as ferversbaas wie gjin grut sukses wurden. Hoe't er syn oergong fan baas nei arbeider ûndergie, hat Brolsma him net oer útlitten. In ferlies fan status sille hy en syn frou it grif wol fûn ha. Wêr't Brolsma nei alle gedachten bliid om west ha sil, is dat er der net elke kear wer op út moast om wurk en der net mear oer yn hoegde sitten dat de geunst fan syn klanten ûnwis wie. De jierren yn Lichtaard en Akkrum hienen him en syn frou wol in suver traumatyske eangst foar jildpine jûn. |
|