Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
III
| |
Nei de ambachtsskoalleDoe't Reinder Brolsma yn april 1895 foar 't earst nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert gie, bestie dy skoalle 15 jier. It wie it Nut dat it inisjatyf nommen hie om in fakoplieding foar timmerlju, meubelmakkers, smidden en bankwurkers te begjinnen. Foar't it sa fier wie, wie der hiel wat tsierd oer it doel fan sa'n skoalle. In soad bazen wienen der net mei ynnommen, se rekken sa frijwat goedkeape arbeiders kwyt. Ek by de measte âlden wie de skoalle lang net populêr. It ûnderrjocht wie fergees, mar it skeelde dochs trije jier ynkomsten. Dat de minsken fan it Nut de plannen trochsetten, hie te krijen mei it temin oan fakkennis, dat by ambachtslju waarnommen wurde koe. By de measte bazen kaam it net sa krekt as it om kwaliteit gie, as it wurk mar goedkeap en fluch ôf wie. Salang't der wurk genôch wie, bekroaden de bazen har net om de mear krityske lûden fan 'e klanten. Mei de krisis op it plattelân waard it wurk minder en kaam der mear konkurrinsje. Net langer wie de priis fan in kerwei beskiedend, mar de fakkennis en de útfiering. De ambachtsskoalle yn Ljouwert sette út ein mei sa'n santich learlingen. De measten fan har kamen út 'e stêd. Yn 1893 kaam der in fak op it learplan by: fervjen. Doe't Brolsma op skoalle kaam, wienen der sa'n tsien learlingen foar dat fak. It totale tal learlingen fan 'e skoalle wie dat jier omheech gien nei om ende by hûndert-fiifentweintich. Noch mar de helte dêrfan kaam út 'e stêd.Ga naar voetnoot121 | |
[pagina 52]
| |
It ûnderwiis bestie foar it grutste part út technyske fakken, mar elke learling moast ek tsien oeren yn 'e wike fuortset leger ûnderwiis folgje mei fakken as rekkenjen, taal, ierdrykskunde, skriuwen en kennis fan 'e natuer. It fak skriuwen bestie út twa partem ‘kunstmatig schrijven’ foar it ûntwikkeljen fan ‘een flinke loopende hand’ en it ‘verstandig schrijven’ foar stavering en styl.Ga naar voetnoot122 De lesoeren wienen fan 8 - 12 en van 1.30 - 6, op sneon allinnich de moarntyds. Yn 'e winter begûn de skoalle in healoere letter. Brolsma moast dus al om sân oere moarns fan hûs om - geandefoets - op 'e tiid yn skoalle te kommen. Hy wie net de iennige út Stiens dy't yn Ljouwert nei skoalle gie. Bygelyks syn neef Hessel Hoekstra learde mei him it ferversfak.Ga naar voetnoot123 Moarns be tiid setten se út ein, de ‘itenstrompkes op 'e rêch’ (...) ‘twa kear acht, sechtsjin km en sa bêst de stap der yn - dat nimmen bisiket ús op side te kommen. Tsjin dy knapen kin net ien it hâlde, is it sechje; wy leauwe it sels ek. Der is mar ien dy't it tsjin ús úthâldt, in ierdapelskippersfeint. Hy moat alle Freedtomoarnen bitiid op 'e snikke wêze op 'e Foarstreek en skoffelt op syn fetlearen pantoffels yn ryklik in ûre fan brêge ta brêge.’ De ambachtsskoalle stie yn 'e SpeelmanstrjitteGa naar voetnoot124 en de jonges rûnen ‘fan Bilgaerd ôf troch de Joadelânnen oer de Put’ derhinne.Ga naar voetnoot125 Op 'e weromreis slagget it harren ‘hiel, hiel selden (...) om op healwei, yn de Beamkes, mei de fuormanswein fan Broersma's Sneldienst to riden as dy amper leech is. Kondysjes binne: in stûr oan de fuorman, ridende wei ynstappe en to Stiens yn 'e buorren ek wer der útspringe ear't de wein yn 'e Trochreed opswaeit; binne wy forstekelingen - soms?’Ga naar voetnoot126 Yn it earste jier learde Brolsma op de ambachtsskoalle hoe't er | |
[pagina 53]
| |
fuotskammels en túnbanken fervje moast. Ek learde er hoe't er blokletters konstruearje koe en makke er reklamewurkstikken. Hy learde ek oare saken. Wie op zoo'n stads-ambachtsschool goed van aannemen was, kon er heel veel opdoen, vooral de nogal groene buiten-leerlingen. Onder het handteekenen en vooral tijdens de lange vervelende uren voor het lijnteekenbord, het eindelooze streepjes-maken met de trekpen, het opwerken van z.g. ‘parketvloer’ en meer van dergelijke monnikenarbeid, die den jeugdigen schilder al strepende niet een streep nader bracht tot zijn vak, werden de pauzen gekort met levendige schetsen uit de stad.Ga naar voetnoot127 Dejonge Brolsma.
Yn it skoft waard ‘avant-poissee’ boarte, ‘een soort van haasje over, dat met de ontwikkeling van het voetbalspel is teloor gegaan.’Ga naar voetnoot128 It middeisskoft brocht Brolsma geregeldwei troch yn ‘Kamminga's kafee “De Ooievaar” op 'e Weaze dêr't it Freeds tilt fan skippers en Moandeis fen stedskearbazen. Forwoestend nijsgjirrige forhalen wurde dêr dien, sketsen “nei it libben”. Wy binne nea wurch.’Ga naar voetnoot129 Ien fan Brolsma's dosinten wie ‘baas Geert’ - Geert Tuinstra -, dy't konstruksjetekenjen joech. ‘Dy spriek sterk Ljouwertersk, mar koe dochs syn prestige net rêde en drige: Su meteen donder ik dy fan 'e sael af. In beste man mar de rûge stedsjonges wienen him oermansk.’Ga naar voetnoot130 De ambachtsskoalle hie ek in bibleteek, ‘om de leerlingen in de gelegenheid te stellen tot het lezen van boeken, die op hun karaktervorming goeden invloed kunnen hebben en als tegengif kunnen | |
[pagina 54]
| |
dienen voor lectuur van slechte strekking.’Ga naar voetnoot131 Sûnder mis sil Brolsma yn dy boeken omsneupt hawwe. | |
Godstsjinstige foarmingYn it hûs oan 'e Skilwei wie it ien en oar feroare. Broer Pieter wie yn novimber 1898 ferfearn nei Kampen om dêr beropsmilitêr te wurden. Hy soe mar in bytsje mear thús komme. De susters wienen yn Hollân, alle trije tsjinnen se op in stuit yn Den Haach. Jolke hie dêr ek in moanne of wat tahâlden, mar wurke no wer yn Stiens. Hy wie wat in swijsum, stiif man, dy't lykas syn jongere bruorren in soad lies. Hy koe knap skilderje en hie in fioele. Mei him en Arjen Roelof, dy't fan doel wie om ûnderwizer te wurden, bleau Reinder yn 'e hûs oer. Wie it mei dy twa bruorren dat er op in kear nei it Volksbierhuis ta gie om ‘in drama út it sémanslibben’ te sjen? De haadpersoan hiet James wist Brolsma letter noch. ‘It wier prachtich en dêrnei wier der in sjonger út Amsterdam, dy song revolusjonaire lieten.’Ga naar voetnoot132 Underrjocht yn saken op godstsjinstich mêd krige de jonge Brolsma yn Stiens fan dûmny Van den Berg van EysingaGa naar voetnoot133. Dy jonge ‘dokter dûmny’ wie yn 1892 yn it doarp kommen en soarge foar hiel wat ûnrêst ûnder de gemeenteleden. Wend oan 'e âlde igale dûmny Brugsma, hienen se no in moderne Tolstojaan tsjinoer har. Hy fielde sympaty foar de sosjalistyske beweging en yn syn preken beluts er wittenskiplike saken, bygelyks de stjerrekunde. It wie in fûle, idealistyske man, dy't moai wat tsjinstanders krige. Dat hy ‘út 'e stjerren preke’Ga naar voetnoot134 gie guon minsken fierstente fier en frijwat fan syn gemeenteleden gienen oer nei de lytse tsjerke. Hy pakte it fragelearen oars oan as syn foargonger. Hy joech lêzingen, ‘klear en krêftich en net to lang oer de greate foarmannen lykas der west hawwe: Augustinus, Bernhard van Clairvaux, Franciscus en oaren.’ Oer wat er fertelde moasten de bern in opstel | |
[pagina 55]
| |
skriuwe. ‘De dokterdominé is sa'n rasechte Hollander, hy lit alle Ren stouwe, hy brijket, mar hy hat nocht oan syn wirk en de jonges oan him. Tweintich jonges, sa nofteren en bluisterich as hokkelingen in ûre oardeheal stil en oandachtich to hâlden for it libbenswirk fen in sont ieuwen forstoarne fromme hillige, dat hie hwet yn.’Ga naar voetnoot135 Jonges fan 'e âldens as Brolsma hienen fansels in hiel soad oare saken by de ein, ek foar't se nei 't fragelearen gienen. Mear as fyftich jier letter kaam Brolsma dit byld foar eagen: Sa'n winterjoune op it doarp, it soe de jongfeintsjes om en by de tsjerkedoar ek sfear bybringe? De wyn rûzjend troch de beamtûften, de slûch baernende lantearnen, peteroaljeskynsels, dy tuitsjend weve op 'e Westerstoarm, libjend ljocht dus en net it deade elektryk. Fan nearne wei in roffeljende auto, koplampen, knarsjende remmen. Né, in piipjende kroade, net in pipegael, mar in heechoppe, alhiel ôfladen mei hjidde, komt om 't tsjerkhôf hinne op 'e strjitwei. It is Yme, dy't yn it syl hinget, foar de kroade rinnend en dus mei rjocht it swierste ein efter him hat. Kroade mei hjidde, alderbaldergewoane foarskynsels op boudoarpen yn 'e winter, dêr't wol hûndert brakers moarns fiif ûre mei felle roffelslaggen fan de sliper de ûnfolsleine dage ynhuldigje. Hjidde is it ûnôfskiedlik byprodukt en Yme is de samler en de handler en brûkt de koarte dei ta de nacht út, warber, fluch, ja fûleindich. Hy moat foarby de feinten yn tarieding foar it fragelearen, mar sadanich binne dy dêr noch net yn wei, of hja sjogge yn de piipjende hjiddekroade in objekt. It moat dan in boeresoan west hawwe, sont jierren de Nijstedstrottoirs begongeljend, dy't as in pylk foartsûzet, it boppe-ein fan de kroade beetpakt en mei syn sterke boereknûsten alles op 'e kop set, tagelyk wer wei... Yme, freeslik steurd, kjel, opsternaet spilet op tsjin dom ûnoandwaenlik jongeskoppen. ‘Dat lit ik noait sitte.’ In amerij fan great trelit sûnder baet, foart dêrnei allegear (sûnder Yme) yn it skoallokael en ûnder it gehoar fan in folle deftiger man, in dûmny mei twa nammen dy't klinke. Dy't dit espel jongfolk binnenlaet yn it libben fan de tsjerkefader Augustinus, alteast it besiket. (...) It gehoar skriuwt wol hwat op - sa nou en dan mar - it is to dreech. Hie it noch west oer de Hillige Freark fan Mariengaerde, nou alà, dat is de Hallumerhoek sa geseid. As de opstellen klinke moatte tsjinelkoar, dan binne se wol byldzjend, mar net djip. It Hollânsk sit wer dwars. ‘Monica de Christin was een volbloed’, skriuwt in boeresoan en hwa forstiet soks net?Ga naar voetnoot136 | |
[pagina 56]
| |
Van Eysinga syn opfolger, Ds. Post, besocht it wer op in oare wize. ‘Dizze yngoede man hie to'n doel om de learderij yn húslike sfear to hâlden en hy liet de jonge bazen by him komme yn de greate pastorij, yn syn studearkeamer. En liet harren allegearre fiks oansmoke út in kistke fan hûndert. Dêrtroch ûntstienen sokke tichte reekwolkens, dat guon fan de jongste knapen trieneagen en it winliks net goed meitsje koenen. Mar it smoken net lieten: frij segaren wie in hwat bûtenwenstige luxe en brullofteftich.’Ga naar voetnoot137 Dizze dûmny brûkte in boek fan Sheldon, Wat zou Jezus doen? en liet de jonges bar om bar in haadstik foarlêze. | |
Lêze en nochris lêzeBy alle skoallewurk sil Brolsma ek tiid oerhâlden ha om by 't maityd mei de pols de lannen yn te gean. Mar de measte tiid dy't er oer hie, brûkte er sûnder mis om te lêzen. In ‘fûl lêzende jonge’ neamde er himsels letter.Ga naar voetnoot138 It gie meast om Hollânske boeken - soe er yn dizze perioade al oan Dickens begûn wêze? - mar der kaam no ek Frysk by. Folle gaadlik Frysk lêzen foar ien ‘yn 'e oergongs-jierren fen jonge ta feintsje’ wie der net. Brolsma neamde as positive foarbylden de mearkes sammele troch S.K. Feitsma en proazastikken fan Waling Dykstra: de rigen De winskhoed fen Fortunatus en Staeltsjes ût it libben fen min Skearspegeltsje.Ga naar voetnoot139 ‘Yn dy beide wier de skriuwer fan de gewoane trant ôfwykt, net novellistysk, mar hy jowt it wird oan in âld skearspegeltsje en lit det fortelle, hwet it wederfearn is, earst as greate daemspegel yn in deftich boargerhûs en den navenant mei rampen en tsjinslaggen for de diverse bisitters ôftakjend ta de needrige lêste funksje; (...) wol mei fen de geskiktste lektuer, fortellend aventûrlik en op sommige dingen nei tige | |
[pagina 57]
| |
genietber.’Ga naar voetnoot140 Fierders wie der foar him net folle te besetten yn it Frysk. ‘Der soene forskate mear lêzers west hawwe for ús tydskriften (...) hiene hja do, nei de skoallejierren, net jimmeroan hoegd to gripen nei det oare.’Ga naar voetnoot141 En mei dat ‘oare’ doelde Brolsma op ‘de ûntsettende massa boeken yn de Hollânske tael, it greate forskaet op alderlei gebiet.’Ga naar voetnoot142 Dat er dochs trochsette mei it Frysk, kaam troch syn heit. Dy wist syn entûsjasme foar de eigen taal oer te bringen op syn soan. Dêrby holp fansels dat er in suver folsleine samling Fryske boeken yn 'e hûs hie. Ik seach mysels wer op sneintojoune yn de keamer - us Heit siet for de tafel mei pompieren besiedde - de boekekas iepen en ik deryn omsneupende. Dan koe hy sa - whet ungeduldich freegje - nou, wolst in moai boek habbe, hest de lapekoer al hawn? Ja fansels? Nou, der steane al de Iduna's. It wie net allinnich syn soan Reinder dy't Ulke Brolsma sa foar it Frysk wûn, ek syn soan Arjen Roelof makke er entûsjast. Brolsma hat fan himsels sein dat de ‘sucht om to skriuwen siet er | |
[pagina 58]
| |
fen bernsôfoan al yn. As jonge al.’Ga naar voetnoot144 De krantsjes dy't er mei Heert Terpstra makke, binne dêr de earste bewizen fan. In twadde bewiis is de priis dy't er yn 1896 wûn mei in ferhalepriisfraach fan it jongereinblêd Voor 't Jonge Volkje. Hy krige in boek fan 'e einredakteur, Piet Louwerse. Brolsma syn ferhaal waard - foar safier't nei te gean is - net publisearre.Ga naar voetnoot145 | |
As ferversfeintsje oan 't wurkYn 'e maitiid fan 1898 kaam Brolsma fan 'e ambachtsskoalle - sûnder diploma. Wêrom't er dat net helle hat, is net mear nei te gean. Om't er altyd in goed fakman west hat, moat it mei saken as rekkenjen te krijen hân ha, dat it him net slagge is om mei sukses fan skoalle te gean. ‘Der sit blykber yn de hollen fan somliken fan ús eat in hiaet’, sei syn soan Liuwe dêr letter oer.Ga naar voetnoot146 Brolsma sels hat him der nea oer útlitten. Yn in petear yn It Heitelân die er krekt as hie er nea nei de ambachtsskoalle gien. Hy sei by dy gelegenheid dat er yn Stiens op skoalle gien hie, ‘dit hat myn iennichste ûnderwiis west.’Ga naar voetnoot147 Hy hat him grif in mislukkeling field, om't de measten fan syn klassegenoaten wol slaggen.Ga naar voetnoot148 It soe jierren duorje ear't er de skamte oer dy mislearring kwyt rekke. Brolsma socht oanslach yn it doarp by in ferversbaas, dêr't er yn 't earstoan noch net folle fertsjinne en nei alle gedachten de minst aardige kerweikes dwaan moast. De earste simmer dat er wurke, wie der in soad ferdivedaasje yn doarp en omkriten. Op 1 septimber 1898 rûn er mei syn heit en broer Arjen Roelof nei Frjentsjer om in histoaryske optocht te besjen. Nei ûntwerp fan notaris Cannegieter fan Tsjom waard de | |
[pagina 59]
| |
komst fan 'e Saksen yn Fryslân útbylde. Mei ferbaasde eagen seach er nei ‘dy opklaeijde figuren’, nei in man ‘mei flewielen wammes, greate hoed mei plûm, koarte broek, reade hoazen en gespskuon.’ Brolsma neamde it letter ‘it earste wûnder dat ik as great jonge oanskôge, en nea is it it geniet greater en de oantrún om alles foar echt te hâlden, as just dan. Jy hawwe ien en oar lêzen, printsjes sjoen en de forbylding hoecht net oanfitere to wurden.’Ga naar voetnoot149 Hy wist al dy jierren letter ek noch hoe't se der mei har trijen hinnereizge wienen, ‘in stikje iten yn 'e bûse, de Sneinske klean oan, en doe de pallisander gongelstok mei porsleinen knop efter it kammenet wei fansels en... ré foar de start.’ Fan Stiens gie it oer de Hegedyk nei Froubuorren en dan op Berltsum oan, dêr't oanstutsen waard yn in herberch. ‘10 km hienen wy hawn en wer ta it doarp út, koenen wy de Frjentsjerter toeren al wiiswurde. Dat bimoedige net sa'n bytsje, mar de reis ferfeelde ús net, wy hienen in knappen gids by ús, alle toeren en toerkes en de greatste huzings wiene sines. En - dan fortret sa'n wandeling nea.’Ga naar voetnoot150 In pear dagen letter wie it ek feest yn Stiens, by gelegenheid fan 'e kroaning fan Keninginne Wilhelmina, dy't krekt achttjin jier wurden wie. De reboelje fan in pear jier lyn wie fergetten en it feest waard grut oanpakt. Oer de feart wie in helpbrêge lein, dat de lju by in kampke lân komme koene, dat in oars och sa deune boer as feestterrein beskikber steld hie. By de brêge waard in poarte fan hout del set, beskildere as ‘antyk’. De bern fan 'e iepenbiere èn de kristlike skoalle, dy't oars neat meiïnoar út te stean ha woenen, wurken no mienskiplik gear. Ek yn Stiens in histoaryske optocht. Brolsma beskildere in wyt lekken mei kleur- en lymferve dat oer in in ‘tsjernhynder’ hongen waard, in bist dat oars altyd ‘omsjokte’ foar de tsjernmûne. Oft Brolsma op dat hynder sitten hat yn in ‘gymnestykpakje - in wite oerstrûper, wite broek en skuon en blauwe platte pet mei silveren biezen’ - is net hielendal wis. Dy deis waard songen ‘U onze groet - U, telg van Nassauw's oud geslacht, - geroepen tot de hoogste macht, - U klinkt ons welkom tegen.’ It hie in ‘moaie wize’ neffens Brolsma en wie maklik sjongber. | |
[pagina 60]
| |
Jûns wie der fjoerwurk en dêrnei brocht er - foar 't earst - in faam thús. It feest bleau yn syn ûnthâld om't it dy dei wol like as droegen alle famkes wite bloezen en in platte striehoed, in matelot. It like wol, as hienen se dy dei útkeazen om ‘de wereld deze belangrijke omwenteling op modegebied te demonstreren.’Ga naar voetnoot151 | |
In hechte freonskipDoe't Brolsma op de ambachtsskoalle siet, bleau de freonskip mei Heert Terpstra bestean. Mooglik dat se yn dy jierren ek noch har krantsjes makken. Mar dat lêste hâlde yn elk gefal op, doe't Heart yn 1897 nei Grins ferhuze. Fan 1898 ôf gie er dêr nei it gymnasium. Dochs bleau ek doe it kontakt bestean. Sa waard Brolsma útnoege om in pear dagen nei Grins te kommen by gelegenheid fan ‘Bommen Berend’. As tarieding op de besite krige Brolsma in nij, ‘jongeheeren-costuum’.Ga naar voetnoot152 De keapman dy't it him ferkocht ornearre: ‘Is't net eft er sa efter de greate glêzen weistapt is?’ Ek moasten der nije skuon komme, ear't Brolsma mei de trein op reis koe. Dravende langs de overvolle coupé's bleek het me, dat van plaats naar keuze al geen sprake meer was, tot dat ergens een paar zware moekes welwillend een eindje op zij schikten en zeiden: ‘dat jonkje kan hier nog wel tusschen’. Ik nam plaats op 't midden van de bank, terwijl beide raampjes afgedekt waren met de ruggen van dat soort passagiers, die alle uitzicht voor zichzelf opeischen. 'n Onhebbelijke gewoonte, maar toen de trein vertrok, kreeg ik het nog krapper. Niet te krap, alhoewel de druk van de dikke moekes aan weerskanten wel benauwend was. Maar ik rustte lekker uit en ‘t petear’ in een overvolle derde-klas-wagen is een opwekkend bedrijf. Vol warmte en gezelligheid drukke gesprekken en de mooiste familieverhalen, afgewisseld door kleine traktaties in den trant van ‘wil hij ook in muntsje - geef hem 't pûdsje ook es’. Tevens had ik nog te letten op de aangeduide punten, die we moesten passeeren. Eerstens de hutten van Zwaagwesteinde. Het niet te doen betekende: 't niet volledig benutten van de dure reiskosten. | |
[pagina 61]
| |
‘De heidehutsjes,’ zei ik.Yn Grins seach Brolsma him de eagen út. ‘Hij ziet en denkt: dat is nou de stad en daarvandaan trokken nu voor driehonderd en Noch in jeugdfoto.
zooveel jaar de Spanjaarden met hun kanonnen en paardenvolk en legertroepen 't land weer in.’Ga naar voetnoot153 Op de besitedagen gie er nei it Sterrebos, it fjoerwurk op 'e Grutte Merk en foer er op 'e Paterswoldse mar. Heert Terpstra wenne mei syn âlden midden yn 'e stêd, oan it Gedempte Zuiderdiep. By him thús sil Brolsma ek Heert syn pake troffen ha, Heart Sr., dy't sûnt koart yn Grins wenne. Men mei oannimme dat Brolsma ek yn 'e kunde kommen is mei Heert syn omke Henderikus Aalderik. Dy wurke as kommys op it gemeentehûs en wie tige belutsen by it Frysk. Sa wie er bestjoerslid fan de Fryske krite Halbertsma yn Grins. Yn dat fermidden moat Brolsma him - mei alle ferskillen yn stân en oplieding - thús field hawwe, want hy soe noch geregeld, meast yn 'e winter as er dochs gjin ferverswurk hie, weromkomme. Dy besites gienen yn elk gefal troch oant 1908.Ga naar voetnoot154 It wie net allinnich | |
[pagina 62]
| |
Aalderik, dy't foar it Frysk fielde, ek Heart Sr. hie yn syn jonge jierren fersen publisearre yn bygelyks De Bije-koer. By dizze minsken wie it dat Brolsma syn eigen earste Fryske wurk foarlies en hy waard troch harren stimulearre om der mei troch te gean. | |
DoarpslibbenDe minne ekonomyske jierren wienen ûnderwilens fierhinne foarby. Stiens hie yn 1887 in koperatyf bûterfabryk krigen, dêr't it earste jier al fiifenfjirtich boeren oan meidienen. Nei jierren fan praten waard yn 1899 de Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij, de nfls, oprjochte, foar it oanlizzen fan in spoarline tusken Ljouwert en Dokkum en nei it Bilt. Yn 1900 waard mei de oanlis fan it spoar begûn, yn april 1901 wie it klear. Yn njoggentjin minuten koe men no fan Stiens nei Ljouwert reizgje. Foar de fuormanderijen en de herbergen wie dat fansels de nekslach. Foar Brolsma, dy't it oars wol begrutte dat moaie sleatten tichtsmiten waarden, betsjutte it wurk. Hy ferve mei oan brêgen, huzen en warskôgingsbuorden en ‘wandelde meermalen langs de aardebaan, dronk thee bij eenzaam wonende arbeiders en gernieren en hoorde hun gesprekken aan vol wantrouwen en pessimisme tegenover het ongewenschte nieuws.’Ga naar voetnoot155 It wie de nfls ek dy't de minsken út it Noarden fan Fryslân har earste reiske nei It Amelân brocht. Dy koenen it eilân allinnich fan namme of fan it ljocht fan 'e fjoertoer. Dochs hits it eilân de measten wol en doe't de nfls in útsje fan in dei organisearre op in snein yn juny ‘stonden overal de perrons zwart van menschen, niet alleen uit eigen dorp maar ook uit de mieden en oud- en nieuwlanden van de Dokkumer Ee tot de Blikvaart (...).’ Brolsma wie der ien fan. Foar him wie it ek de earste tocht oer it Waad, op ien fan 'e beide tsjalken ‘die met het prachtige windstille weer als reusachtige vogels uren lang tusschen de beide kusten dreven.’Ga naar voetnoot156 Lykas de measten kaam er net fierder as Nes, ‘waar de fidel lustig ging en de kastlein lustig tapte.’Ga naar voetnoot157 Oaren dy't wol it Noardsee-strân en de | |
[pagina 63]
| |
fjoertoer berikten, moasten op Amelânske weinen troch de hobbelige dunen werom om de boat de heljen. ‘Duin op - duin af, waar hun wagens met losse schotten en makkelijk zwenkende tiksels op gebouwd zijn - en misschien zij zelve ook wel.’ Guon fan 'e passagiers hienen noch wol in wike ‘heugenis gehad van dien rit door de duinen.’Ga naar voetnoot158 Fan in hiel oare oarder wie it optreden fan Frederik van Eeden, dy't op propagandareis foar de feriening foar Gemeenschappelijk Grond Bezit (ggb) op 26 febrewaris 1904 Stiens oan die. Foar it hieren fan in sealtsje yn it ‘Volksbierhuis’ moast er 75 sinten betelje.Ga naar voetnoot159 Brolsma rekkene Van Eeden ta de minsken dêr't ‘een bezielende invloed’ fan útgie, mear as fan tsjerklike ‘wegbereiders’. Brolsma wie ien fan 'e ‘vele harten’ dy't meilibben mei de kolonie Waiden. Neffens him waard der in soad oer praat ‘in de koffie-halfuren, in de keten en rondom waar gewone menschen bijeen waren.’Ga naar voetnoot160 Yn 'e seal sieten dy jûns yn Stiens ‘bouwvakarbeiders, Multatulivereerders en discipelen van Büchners ‘Kracht en Stof’, boerenarbeiders, die ook wel eens iets wilden weten van een coöperatieve landbouwbeweging en dan nog eenige meer bedaagde autoritaire burgers, die dezen avond voor het eerst de nederige lokaliteit met hun bezoek vereerden.’ Foar dit ‘zeer aandachtig gehoor’ spriek Van Eeden oer Walden. Brolsma hie fan syn optreden mear ferwachte. Och en dat kleineGa naar voetnoot161 aandachtige publiek, meerendeels nog al konservatief aangelegde dorpsmenschen, kunstzinnige geesten niettemin, die voelden zich zoo jammerlijk bekocht. Dr. Frederik van Eeden trad op in een volledig kostuum van wat ze bij ons noemden: ‘stjúsjekoarde’ en een ‘daske foar’. En hij zei, dat ie gekomen was om de heerschende | |
[pagina 64]
| |
waanvoorstelling betreffende Walden, eens recht te zetten. Soe dy doarpsman Ulke Brolsma west ha? De man spriek yn elk gefal ek út namme fan 'e jonge Brolsma, dy't Van Eeden dy jûnes temin in fisionêr, temin in dichter fûn hie. | |
Under de wjukken fan Waling DykstraBrolsma syn heit en pake hienen beide ûnder tsjinst west. Brolsma waard frijlotte. Nûmer 38 die yn 1900 bliken in geloksgetal te wêzen. De Lottelingen komme op 'e neimiddei út 'e stêd mei de nûmers op 'e pet en in rûzige holle dêrûnder. Hja hawwe hjoed foar it earst fan har libben de stringen field en litte nou fierders sjen hwat nuvere fortuten jenever de minske bybringe kin. Hja sjonge en knuffelje yninoar om en swiere fan 'e iene beam nei de oare en dogge prachtige nuvere dryste dingen, in hikke yn 'e sleat bruije, en by de boer op 'e foarhûsstrjitte de lange pipe stoppe út de boer syn eigen tabaksfetsje. Soks wurdt noait wegere. Winliks wolle hja efter de jong-fammen oan, mar dy steane op feilige distânsje to gnizen. Hja wolle net ta eigen skande forfalle yn hânnen fan dy wylde knapen, dy ta alles yn steat binne en har desneeds op 'e kop sette yn de berm.Ga naar voetnoot163 As frij man gie er werom nei Stiens. ‘ei, wat in plezierige tocht’, sei er der letter fan.Ga naar voetnoot164 Men kin oannimme dat er der net nei útsjoen hie om ûnder tsjinst te gean. Fier fan hûs, yn in minder sympatyk fermidden, dêr't gjin oandacht foar syn literêre aspiraasjes wêze soe. | |
[pagina 65]
| |
Dat omtinken krige er thús wol. Foarearst besocht Brolsma it skriuwen yn it Frysk èn it Hollânsk. Syn heit trune him fansels oan om troch te gean yn it Frysk. Dy hâlde him de stikken út De Bijekoer en De Húsfjreon foar ta foarbyld as Brolsma him syn probearsels sjen
liet.Ga naar voetnoot165 Tsjibbe Gearts van der Meulen, in dei op besite by de Brolsma's, krige fan 'e grutske heit in pear ‘beginproeven’ mei. De nestor fan 'e Fryske literatuer stjoerde se werom mei ‘meer welwillende dan critisch bedoelde aanteekeningen.’Ga naar voetnoot166 Sa stadichoan wie de tiid kommen om it te weagjen en syn wurk op te stjoeren nei in blêd. De earste twa ferhalen dy't Brolsma kwyt rekke kamen yn it Geïllustreerd Schildersblad, in blêd ‘gewijd aan de belangen van huis en decoratie-schilders’, útjûn troch Eisma fan Ljouwert. Brolsma syn literêr debút wie it ferhaal ‘'n Ongelukkige dag uit 't leven van Heintje Jobse.’ Dit fleurige ferhaal gie oer it mislearjen fan in skildersfeint. Itselde jiers stie der noch in ferhaal fan Brolsma yn it blêd, ‘Bij art. 1 gebleven’. Brolsma sette dit ferhaal oer, yn 1904 kaam it yn it Frysk út ûnder de namme ‘By de earste kêst bleaun’. Foar syn Frysk wurk wie der eins mar ien tydskrift dat yn 'e beneaming kaam: Sljucht & Rjucht. Dat wykblêd wie yn 1898, nei in falske start yn 1890, wer út ein set by Eisma. Waling Dykstra, doe al hast tachtich jier âld, wie haadredakteur wurden. ‘Alle wiken in bôge fen acht blêdsiden yn sechtsien kolommen, fold mei fryske rym en onrym, winskje wy te leverjen.’ Sa stie it yn 'e oanrin ta de foarste jiergong. Fiif jier letter skreau Dykstra oan it begjin fan 'e sechste jiergong oer de lêzers fan it blêd: ‘Wy habbe 't grif meast to dwaen mei lêzers, dy't harren mei taelwittenskip en letterkinde net folle of alheel end al net ynlitte.’ Der stie wolris wurk fan mindere kwaliteit yn, mar sa ferwarde Dykstra him: ‘Wy bringe oan 'e merk | |
[pagina 66]
| |
hwet de ikker opjowt. Binne alle fryske skriuwers mei elkoar net yn steat om hwet betters yn 't ljocht te bringen, den scil dêr wol net folle oan to foroarjen wêze. Mar wy witte dôchs ek, dat ús blêdtsje by in tige great oantal lêzers wol yn 'e smaek falt.’Ga naar voetnoot167 In oare mooglikheid om wurk yn te stjoeren wie by Forjit my net, it blêd fan it Frysk Selskip, dat yn 'e wurden fan Waling Dykstra ‘heger’ stie as Sljucht & Rjucht en foar de ‘bioefeners fen tael en skriften mear wearde hat as ús ienfâldich wykblêdtsje.’Ga naar voetnoot168 Swanneblommen, it jierboek fan it Selskip, kin men oannimme, soe net gau wurk fan in debutant opnimme. Yn 1902 stjoerde Brolsma dêrom in pear ferhalen op nei Waling Dykstra. Yn it nûmer fan 14 febrewaris 1903 kaam in reaksje: ‘Jou earste stikje scil wol ris plak krije kinne. It twade, dêr't it slot yet oan ontbrekt, komt my minder oannimlik foar. Ik hâld net fen dronke-mansgrappen.’Ga naar voetnoot169 Dykstra wie, as it om ynstjoerd wurk gie, net mijen yn krityk. In oare skriuwer, dy't it weage hie om wat op te stjoeren, krige as reaksje: ‘It earste stikje, dat jy yn 't Frysk skreaun ha, is sa min útfallen, dat ik jo oanried, der mar net mear mei to pielen.’Ga naar voetnoot170 Brolsma moast noch hast in healjier wachtsje ear't dat earste stikje, ‘Sinnestrielen’, yn Sljucht & Rjucht kaam. It wie ferparte oer twa nûmers, dy fan 8 en fan 15 augustus 1903. It is in literêr, sekuer skreaun stik dat op ympresjonistyske wize sinnestrielen folget troch huzen en strjitten en sa in yndruk jout fan in tal minsken. Brolsma hie dúdlik besocht om der wat eigens fan te meitsjen. It twadde ferhaal dat Dykstra neamt, soe ‘Yn 't húske yn 'e finne’ west ha kinne, dat yndie net yn Sljucht & Rjucht publissearre is.Ga naar voetnoot171 Dykstra naam it jiers dêrnei wol in opstel op fan Brolsma oer de skiednis fan 'e Stienzer toer. Yn 'e jiergong fan 1903 stienen fierders in reisferhaal fan Madzy, feuilletons fan Sjouke de Zee, Van der Tol en | |
[pagina 67]
| |
Marcus Miedema. As ‘byblêd’ fan it nûmer fan 10 oktober krigen de lêzers in foto fan ‘De Fryske bolle Maseppa, dy't mei oar fee yn 1903 presint jûn waerd oan de boeren yn Súd-Afrika.’ Ien fan 'e meidoggers oan Sljucht & Rjucht wie Sjirk Linses van der Burg, foarsitter fan It Frysk Selskip. Hy stjoerde Brolsma it boek Friesche Spraakkunst, sûnder mis ta oantrún om fierder te gean mei it Frysk. Brolsma betanke him: Fan 'e moarn toalve ûre, doe't ik krekt oan de panne skikke scoe, rikte ús Mem my Jins presintsje oer. Om 't lichem by my tolve ûre middeis foar de geast giet, hab ik earst mar hird iten en do it spil ris troch noaske. Dy ‘Friesche Spraakkunst’ sjucht der mar ris tige kreas út. Ik bitankje Jo der wol for en net minder for Jins persoanlike wolmiende brief. Sjuch, minhear, Jo kinne net heal fetsje, ho krêftich it yen stipet to witten dat in oar bilang stelt yn yens stribjen. Dat fitert in minske oan, den seit men ris tsjin yensels, det kinsto, dû moatste, dû scilst slagje. Wrychtich, minhear, den giet er sahwet as in elektryske stream troch yens lea, dy rint út 'e hannen en dy lûkt de fingers krûm ta fûsten. Den snúft men ris yn de loft en den is 't krekt as scil yen neat to swier falle. Yn sokke mominten garret men krêften en moed foar in jier wol. Ik wit net oft minhear myn gehaspel wol bigrypt, ik kin 't net krekter sizze, sokke mominten litte hjar better tinke as biskriuwe (...).Ga naar voetnoot172 Oantrún koe Brolsma goed brûke. Hy skreau notaris Van der Burg ek noch dat er dwaande wie for ‘'t Skildersblêd’, mar dat er dêr yn hingjen bleau om't se oant tsien oere trochwurken ‘by de lamp.’ Yn dy jierren stjoerde er ek in stik yn by de Leeuwarder Courant, al wie syn heit der net foar. It wie ‘in Krystlûd, mar doe is it stikje forhouneloarte earne, alteast nea wer in stikje fan to bikennen west. Sadwaande krige hy [syn heit] dochs noch gelyk. “De krante, dat nimme se samar net,” sei er.’Ga naar voetnoot173 Yn 'e hjerst fan 1906 fytste Brolsma nei Holwert foar in besite oan Waling Dykstra. De âldman hie al in pear fan syn stikken yn Sljucht & Rjucht opnommen en Brolsma woe no ris persoanlik mei him yn 'e kunde komme. Dykstra, 85 jier, wie neffens Brolsma ‘fors in zijn optreden en nog krachtig van postuur, geenszins een afgeleefde grijsaard aan wie alles voorbijgaat.’ | |
[pagina 68]
| |
Hy ferwachte dat Brolsma it net ‘mei ien twa kear’ derby sitte litte soe. ‘Ik tink wol, dat ik jo wurk brûke kin. Jo moatte jo yn jo skriuwen net mei de polletyk bimoeije; mar oer de drankbistriding en sa, achtsje ik wol fan bilang.’ Hy warskôge Brolsma foar it brûken fan ‘nijmoadrich Frysk’. Hy sei tsjin him: ‘dat skeelt bij jo noch net safolle, mar it wol soms hurd oanboazje.’Ga naar voetnoot174 Mei dat boadskip fytste Brolsma werom nei hûs. Syn earste bydragen oan Sljucht & Rjucht hienen frij koarte stikken west, bygelyks ‘Sneintomoarn’ dat in ympresje jout fan tsjerkegongers. ‘De earste maeijedei’ is in dreamerich ferhaal mei in boskgeast en in arbeider, dy't de earste maaiedei - lykas de ‘sosyalisten’ - wije wol oan 'e natuer. Walden wurdt ek neamd.Ga naar voetnoot175 In pear lichte, fleurige ferhalen kamen terjochte yn As jimme it lije meije, in jierboek mei foardrachten dat ek by Eisma útkaam en dêr't Dykstra gedoente mei hie. Yn ‘In mislokte Sneintojounsreis’ sil in feint om in faam. Oan syn maat freget er ‘Mar ho scil ik it dêr joun mei dy koumelkers-man pratende hâlde? Hwet wit ik fen rierren en nijmelks- en oard- en trêdkealskij? En hwet moat ik sizze, as hy oer de greide, de mieden en it bûtlân bigjint? En de boargers, de iere jammen en de Douweagesen? En dat ien leppel fol gujane better is as oardeheal? En den de tong- en kleisykte?’Ga naar voetnoot176 Mei ‘Rinke’ en ‘In oannomd bern’ begûn Brolsma oan langer en serieuzer wurk. ‘Rinke’ is syn earste echte feuilleton, breed fan opset, sekuer skreaun, mei libbene petearen. Dat ferhaal oer in heit-soan-konflikt hat in soad nijsgjirrige byfigueren, bygelyks in nijmoadrige dûmny en in húshâldster ‘dy't de hiele Ljouwerter krante lêsde en ûnthâldster wie’. De ferteller fan dit ferhaal is frij praterich: ‘Dat het dêr in opskoer wêst de oare moans (...) Alde Japik Ynses, dy't nou to Sudergea yn 't earmhûs omtoarket, mar do destiids Jouke syn fêste arbeider plichte to wêzen, dy kin it jo yette mei “kleuren en geuren” fertelje.’Ga naar voetnoot177 Wienen syn earste ferhalen noch echt begjinnerswurk of dúdlik skreaun yn 'e trant fan oaren, | |
[pagina 69]
| |
It earste ferhaal fan Brolsma dat publisearre waard.
| |
[pagina 70]
| |
‘Rinke’ is sûnder mis de earste echte Brolsma. It ferhaal einiget noch frijwat sentimenteel. De toan fan ‘In oannomd bern’ is hurder, synysker. ‘Dy't net sterk is en net genôch jild fertsjinnet om himsels sterker to meitsjen, dy giet dea.’Ga naar voetnoot178 Brolsma wist no hoe't er in ferhaal skriuwe moast en yn ‘De lânforhûzer’ wit er al oertsjûgend de dea fan in bern te beskriuwen. 't Jonkje koe de heit amper mear. Hwet moaije ljeave nammen as dy ek opneamde, noch it kenyntsje, dat út it hok helle wirde en op de tekkens omhipte; it bern taelde der net nei... Hwerom scil ik him biskruwe, dy nacht? Hwerom hjir yetteris út to breidsjen oer it pinigjende wee, dat Sijke's herte trochflime do't hjar jonkje, it ljocht fan har eagen, dêr yn syn krêbke omhegens fleach mei bloedrige eachjes en brûs op it mûltsje.Ga naar voetnoot179 Dochs levere Brolsma ek noch wol lichter wurk ôf. Sa is ‘Doarpsbilang’ (Sljucht & Rjucht, 1909) wer in fleurich, anekdoatysk stik oer in bakker dy't in nije feriening oprjochtet omdat er wat ‘gruts’ dwaan wol. Brolsma weage him ek oan in oar sjenre. It sil wol oan de kontakten fan syn heit mei Boeles, de behearder fan it Fries Museum, te tankjen wêze, dat er yn 1907 in rige ympresjes fan de kolleksje fan dat museum skreau. Twa dagen rûn er yn it museum om ‘en toen een aantal aanteekeningen maakte, waaruit hij een wetenschappelijk overzicht trachtte te construeeren.’ Brolsma achte de stikken yn Sljucht & Rjucht letter net bot ‘waardevol’ (en dêr hie er gelyk oan), mar op guon punten wol ‘origineel’. Sa murk er oer in skilderij fan in Oranje op, dat it wol like as hie ‘Jan de Alde's neiteam tige oan de drank’Ga naar voetnoot180 west. Brolsma krige net folle reaksjes op dat stik, allinnich ‘een paar lezers (familieleden) verklaarden geheel vrijwillig, dat ze 't mooi hadden gevonden.’Ga naar voetnoot181 | |
[pagina 71]
| |
De WanderschaftDe earste jierren wurke Brolsma om Stiens hinne. ‘De jonge wirdt feint en hy leart in fak en it doarp kinnen. Hy komt sa hjir en dêr en heart, dat de minsken hiel oar praet hawwe as hy wend wier to hearren. Hy sjucht se yn hjar deistich bidriuw en fielt, dat elk yn syn fak in persoanlikheid is, mar Sneins op 'e bûrren en yn it keatslân dan fornimt hy der neat fen en binne in pear losse nuvere feinten folle mear yn tel.’Ga naar voetnoot182 Nei in pear jier krige er ferlangst om ris wat fierder fan hûs te gean. ‘It bûtenom fervjen fan in greidpleats - nei de ûngetiid - wie my in sillich formeits, mei de lytse sensaesjes dêroan forboun, lyk as it birêdden fan 'e ûleboerden en it forguldzjen fan de wizer op 'e pilebouten op 'e nael.’Ga naar voetnoot183 Mar nei in skoft yn sa'n ‘stikje wrâld apart’Ga naar voetnoot184 seach er der nei út om ris hiel wat oars te dwaan. Dêrmei begûnen syn jierren fan ‘reizgjend frijgesel-fakman,’ sa't er it sels neamde. Neffens him hie it in soad fan ‘wanderschaft’.Ga naar voetnoot185 Syn wegen binne yn 'e jierren tusken 1901 en 1910 net krekt nei te gean, mar hy hat wurke yn Ljouwert, Snits, Winaam, de Wâlden, Rotterdam en Scheveningen. Foaral om't er dan by oaren yn 'e kost moast, kaam er in soad ûnder de minsken, ‘ek ûnder it wirkfolk kinne jy speciale minsken moetsje, sadet as jy dy praten hearre jy der hiel hwet fen leare kinne.’Ga naar voetnoot186 Yn Snits wie er yn 'e kost by in mem en in dochter, mei ûnderskate oare ‘thúslizzers’, dy't oan it spoar wurken en dy't Brolsma letter brûke soe as de ‘maten en opfieders fen Tetman’ yn It widdou's bern.Ga naar voetnoot187 Yn Scheveningen wurke er in moanne of trije mei oan 'e bou fan in nij hotel. ‘Ik vond het fijn -, de pier was pas nieuw gebouwd en grote hotels, allemaal drukte.’Ga naar voetnoot188 Yn it ferhaal ‘Hwet âld is en jimmer nij bljuwt’ (Sljucht & Rjucht, 1911) soe er krekt sa'n ferbliuw as dekor brûke. | |
[pagina 72]
| |
Yn Rotterdam hie er grutte niget oan 'e lânferhuzers, dy't fan Poalen nei Amearika gienen. ‘Hja sille hjir oernachtsje nei in lange treinreis. D'r binne jonge, breedheupige froulju mei learzens oan en bern, swart fan hier, giel fan fel en âlde kearels mei Sinteklaes-burden, âlde wyfkes, biwuolle yn lagen klean en doeken, foarsichtich en mei myldens steund troch krêftige jongemannen dy't astrakan mûtsen drage en smoke út kromstâllige pipen.’ De earmoed fan dy minsken stie yn grut kontrast ta de ‘prachtige paleiseftige wente fan in rike margarine-fabrikant,’ dêr't Brolsma oerdeis wurke. Jûns gie er steefêst nei it loazjemint, nei ‘de smelle keamer mei it smelle bêd en de planke oan 't lewant mei de bibel. As hâldfêst en rjochtsnoer, om út de smelle keamer en fan de smelle wei net to bidarjen op de brede wei.’Ga naar voetnoot189 Yn 1907 reizge er in healjier nei Dútslân. Wêr't er west en wat er dêr dien hat is net mear nei te gean.Ga naar voetnoot190 In oar jier wurke er fan febrewaris ôf oan in pleats yn 'e Bjirmen foar in jonge boer dy't trouwe soe. ‘Wy hiene (...) alle lânwurk oanskôge en bipraet: dongjen, hakjen en al meidat de tiid einde gie it dan njonkenlytsen op in ierdappelsetten en krige troch dy warberens de lânsdouwe hwat fleuriger oansjen. Dochs longere elk nei it forsetsje fan de Peaske-hjeldagen.’ Brolsma soe mei Peaske nei hûs en wie fan doel om earst in ‘ommelânske’ reis te meitsjen ‘oer Ropsyl en fierderop alhiel by sé lâns - oant de Nije Bildsyl ta en út en troch ris tsjin de dyksberm oanlizze en oer it Wâd digerje en mei de fiskers petearje as dy nei de netten tafoeren.’ It waard neat, it reinde en stoarme dat jier en hy gie binnentroch nei Stiens. ‘Jit haw ik it oantinken oan in sûmbere keale lânsdouwe, forlittene wegen en doarpen.’Ga naar voetnoot191 Op in kerwei yn Ljouwert om 1904 hinne kaam er yn 'e kunde mei Andries van der Sloot, doe noch ferver en gjin keunstskilder. Se troffen inoar by ‘een dubbele rij nieuwe woninkjes, waar de wind | |
[pagina 73]
| |
nog vrij doorheen blies.’Ga naar voetnoot192 It is net wis oft Brolsma ek op sa'n wize yn 'e kunde kommen is mei in oare ferver-keunstner, Jarich Walta, in man mei wa't Brolsma lykas Van der Sloot befreone rekke doe't er letter yn Ljouwert wenne.Ga naar voetnoot193 | |
Op 'e plankenBrolsma hat dus moai wat omswalke, mar Stiens bleau al dy jierren syn thús. Yn 1903 waard er troch syn broer Arjen Roelof behelle by Halbertsma, de rederikerskeamer dy't mei troch harren heit oprjochte wie. Nei in tal suksessen wie de keamer wat yn 'e nederklits rekke en nije leden hoegden net iens in ‘proefstik’ te dwaan om oannommen te wurden. It earste stik dêr't Brolsma oan meidie, wie For yens neiste fan Yme Schuitmaker. Oer syn debút op 'e planken hat Brolsma skreaun: As de seale fen ‘den Briel’ aerdich beset wier, sa tsjin in ûre of acht, den bikroep sa'n jong maetsje, dy't syn earste kréaesje jaen scoe, wol wat in nuver gefoel en hy koe it net litte, ûnrêstich op it toaniel omdwelmjend, troch it gatsje fen it foarkleed to loeren. Hy hie it yn syn tastân better litte kinne, hwent for in jong baeske sit yn sa'n doarp gânsk geweltige minsken, dy't hy deis noch al hwat mijend bijegent en dy't hy nou aenstouns oer de staek sette moat mei de bylding fan in tipe, det him oermânsk is. Scil him det slagje? By foarbaet mûnstert hy nou de troanjes al fen hwa't der sitte en dy't him aenstouns daelks mûnsterje scille, syn momkape sa mûlk brekke en him tobek fiere nei hwet hy is, in skruten feintsje. Net allinnich it publyk yntimidearret him. Ek syn meispilers dogge dat, bygelyks de man dy't de heit yn it stik spilet, ‘in breed, gedrongen feintsje en in master op 'e planken,’ dy't tsjin syn meispilers seit: ‘“Tas op, en wâdzje my net wer op 'e poaten lyk as jisterjoune, ik haw der noch in blau plak fan”.’ ‘It is bard en trochstien,’ sei Brolsma fan syn earste optreden, | |
[pagina 74]
| |
‘de sensaesje fen it opkommen, it earste - mei in triuwke yn 'e rêch, in kruk omdraeije en ien stap fierder - dêr sit it hiele gea en easket Kinst fen dy... Hja scille ynskiklik west hawwe en net it úterste foardere...’Ga naar voetnoot194 Halbertsma telde sa'n 25 leden. Yn 'e regel kamen dy yn it winterhealjier om 'e fjirtjin dagen byelkoar. Ien kear yn 't jier wie der in útfiering, de gearkomsten stienen meast yn it teken fan 'e stikken dy't dan opfierd waarden. Der waard ek resitearre. Sa'n toanielklub hie fansels ek syn fleurige kanten, yn in doarp dêr't fierders net folle fertier wie. ‘Wolnou den, men siet yn noflik petear oer doarpsnijs, nuvere forkearingskwesjes (net forkear) oer de boerkerij en ynienen waerd men op it toaniel kommandearre, det easke mear forbrekke as de spiler jaen woe ef koe.’Ga naar voetnoot195 Brolsma hat him danich ynset foar Halbertsma. Al yn it earste jier stie er op tal om foarsitter te wurden, mar dat gie net troch. Op 16 novimber 1904 waard er beneamd as skriuwer. Hy stelde út om de notulen tenei yn it Frysk te skriuwen. ‘Gjin minsk spat omhegens by dit plan,’ skreau er yn syn earste notulen. ‘It ien en oar is ek yn fyf minuten tijds beskikke; ik scoe 't net ienris beskreauwd habbe wier it net, dat wy it neiteam letter f'ral goed rekkenskip dwaen kinne fen it dwaen en litten.’Ga naar voetnoot196 Mei it stik It fyfde gebot fan Vrijburg reizge Halbertsma nei Hallum en Harns. ‘De weromreis gong tige fleurich yn syn wirk (...) om healwei seisen nachts wer thús.’Ga naar voetnoot197 Brolsma syn notulen wienen tige libben. ‘Nei de lêzing (...) komt it praat sa njonkenlytsen op de Marokko conferinsje, der fan op de oarlochskansen en dit jout de aldmilitairen yn ús rountsje gereede oanlieding om oan ús, leken op dat gebied, allerhande grouwelike forhalen to dwaen, fan skerpe patroanen (...) fen sergeantmajoors, die net fen tichtebei berûkt wirde masten.’Ga naar voetnoot198 Yn 'e winter fan 1906 waard Brolsma op 'e nij as skriuwer keazen, mar dat jier wie er | |
[pagina 75]
| |
suver de hiele tiid oan it wurk yn Winaam, dat hy hat net folle foar de keamer dien. Syn broer Arjen naam it skriuwerskip waar, yn 1907 (doe't Brolsma yn Dútslân siet) naam er it hielendal oer. ‘De forige skriuwer R. Brolsma hie, omreden hy op 'e measte gearkomsten net oanwezig wêze koe, bitankje moatten en do gong 't praet dat gjinien fen de leden oars geskikt hwier foar die waardigheid as de nou beneamde (...).’Ga naar voetnoot199 Yn desimber 1907 gie Halbertsma nei Grins om mei te dwaan oan it ‘Priistoanielspyljen’, útskreaun troch it selskip dêre dat tsien jierBrolsma (lofts) mei freonen. Binne it leden fan Halbertsma?
bestie en ek Halbertsma hiet. Fjouwer selskippen dienen mei. Karmasters yn Grins wienen Dr. O. Postma, J.U. Terpstra en H. de Vries. Brolsma wie al in pear dagen earder nei Grins gien om it toaniel fan it Concerthuis op oarder te bringen. Men mei oannimme dat er by de Terpstra's útfanhûze hat. Obe Postma hat Brolsma op 14 desimber 1907 sjen kinnen as Evert Feddes yn Fen 't hirde libben fan R.W. Canne. Spitigernôch wûn Stiens de priis net. Yn 'e notulen fan Halbertsma is neat oer de Fryske dichter werom te | |
[pagina 76]
| |
finen, wol dat de measten fan it selskip niget hienen oan it elektryske ljocht. ‘Och hearink minsken, je drukten op 'n knopke en 't wier sa ljocht as dei, je draeiden 't knopke om en dan wier 't wer neare nacht.’Ga naar voetnoot200 Jan Ongeluk, it stik dat yn novimber 1908 opfierd waard, wie it lêste dêr't Brolsma oan mei dien hat.Ga naar voetnoot201 De tiid by Halbertsma levere him stof op foar moai wat ferhalen. Neffens him koe der fan ‘ien deagewoane rippetysjejoun en ek wol fen in gearkomste sûnder mear, hwet aparts makke wirde, mits yn de eigen omgongstael. Smoute praters fynt men rounom en binammen yn 'e doarpsselskippen, dy yn sa'n gearkomstejoun in gnap stikje fen it doarpslibben bihandelje yn de algemiene petearen.’Ga naar voetnoot202 | |
FamyljelibbenYn 1905 kaam Brolsma syn âldste broer Hessel oer út Amearika. De de reden wie foar 't neist dat twa oare bruorren, Pieter en Jolke dat jiers trouden. Hessel wie yn 1902 al troud - mei in Frysk famke, Sjoerdje Ykema.Ga naar voetnoot203 Hessel hie in soad te fertellen. Hy hie yn 't earstoan mar kwealk wurk fine kinnen yn Amearika en hie yn in spikerfabryk arbeide. Letter koe er postrinder wurde yn Chicago. Mei syn skoanfamylje hie er it goed troffen, dat wienen minsken mei jild, dy't in hûs sette lieten troch Frank Lloyd Wright. De ferhalen fan syn broer ferwurke Brolsma yn ‘De lânforhûzer’, in feuilleton dat yn 1909 yn Sljucht & Rjucht stie. Lykwols sa bitter as de haadpersoan yn dat ferhaal oer Fryslân tocht, wie Hessel net. Hy | |
[pagina 77]
| |
‘belibbe nea moaijer mominten as mei it bistellen fan Fryske kranten; dan skille hy apart oan en rôp sa by de treppens op nei boppe: “Dêr is de Ljouwerter!” of: “Dêr is de Hepkema”.’Ga naar voetnoot204 De krekt troude Jolke begûn yn Winaam in ferverssaak. Brolsma wurke by him doe't dêr yn 1906 in lytse Ulke berne waard. Ulke Sr. skreau oan syn soan Pieter: ‘Doch wij zijn door Reinder, die, zoo als ge zult weten, bij Jolke werkzaam is en zaterdagsavond thuis komt, iets beter onderricht. De jonggeborene is door den vader en Reinder te Sexbierum (even per fiets) aangegeven, die daarbij naar zijn grootvader aan vaderszijde is vernoemd. Verder is de beschrijving in den trant van Reinder aldus: een grouwe jonge mei 'n tige prûk swart hier op 'e holle; hy kin wakker gûle, hy prûst en het de hik en het fan achteren ek al fiks ris lûd joun. Dus altemaal functies volgens Reinder, waaruit men zou meenen te kunnen opmaken, dat de nieuweling 'n gezonde baas is.’Ga naar voetnoot205 Net lang dêrnei soe Brolsma sels beset wêze mei it opsetten fan in eigen saak en mei ‘frijen en trouwen’.Ga naar voetnoot206 |
|