Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |
II
| |
In gefoelich en opmerksum jonkjeIn wike nei de berte fan syn nij bruorke Reinder, sette de tsienjierrige Hessel Brolsma him ta it skriuwen fan in brief. De earste rigels naam er oer fan syn heit, dy't famylje en freonen in selde berjocht stjoerd hie: Op de 23ste Mei zijn wij bevallen van een zoontje Reinder geheeten. Des Dindags namiddags tusschen 4 en 5 uur met dat onweder. Hij is genoemd naar mijn Tante, Reinsje Timmerman, zuster van mijn moeder, die is begraven te Steenwijk waar ze woonde en was 46 jaar oud. Komen Gerben en Jan spoedig. Ze moeten maar spoedig weerom schrijven. Heeft Gerben al aan 't baaden geweest? Ik al op de MolendijkGa naar voetnoot38. De muoike, Reinsje Kuit-TimmermanGa naar voetnoot39, wie op 19 maaie ferstoarn. It nijs sil mar kwalik foar de berte yn Stiens oankommen wêze en blydskip en fertriet moatte by de mem raar trochinoar rûn ha. In folle fleuriger gearkomste wie sûnder mis de doop fan 'e jonge Reinder op snein 3 septimber 1882. Ds. Brugsma hie dy deis yn 'e | |
[pagina 30]
| |
Herfoarme tsjerke noch acht oare dopelingenGa naar voetnoot40. It briefke fan syn broer is - op registers fan tsjerken en gemeenten nei - it iennige autentike dokumint dat út Reinder Brolsma syn earste jierren oerbleaun is. Folle letter, hy wie de fjirtich al foarby, skreau Brolsma it ferhaal ‘Hy’. Dêryn besocht er dy jierren op te roppen. Syn ûnthâld wie seldsum skerp, al sille der ek wol dingen by west ha, dy't syn âlden of syn bruorren en susters him letter ferteld hawwe. Yn ‘Hy’ skriuwt Brolsma oer himsels yn 'e tredde persoan, as moast er op dy wize distânsje nimme. Ut en troch skreau er ek krantestikken oer syn jeugd, dêr't er direkter yn is. Brolsma seach net sûnder nostalgy op dy tiid werom. Al idealisearre er dy tiid perfoarst net, der moat wol rekken mei hâlden wurde by it brûken fan syn ynformaasje as dokumintaasje. De stim fan syn âlden, de mieningen dy't yn 'e hûs ferkundige waarden, klinke der fansels yn troch. By gelegenheid neamde Brolsma wat er ûnthâlden hie, ‘stikjes film’, opburgen ‘yn dy sûnderlinge biheinde romte fan it minsklik ûnthâld’Ga naar voetnoot41. Neffens him wie men sûnder soksoarte fan ‘flonkeringen uit de prille jeugd’ letter net ûntfanklik foar ‘dichterlijke gedachten’Ga naar voetnoot42. It duorre in pear jier ear't er him de wrâld bewust waard. It allerearste dat er him letter yn 't sin bringe koe, wie dat er mei syn heit foar hûs stie en in mallejan mei twa hynders derfoar foarbyriden seach. ‘Dy staesje, de lange swiere stammen, de lûkende hynders, det wier it earste greate det hy seach (...)’.Ga naar voetnoot43 In oar oantinken út syn earste jierren wie dat er mei in angelstok nei de sleat foar hûs reizge en yn it wetter trûzele. ‘Hy raest oatmoedich en in wyfke, det Gepke Mary hjit, fljucht rûtsdy hird fen hjar stap ôf, skopt ûnder it rinnen wei de klompen út en hyst him by de wâl op.’Ga naar voetnoot44 Mear saken bewarre er yn syn ûnthâld út 'e allerearste jierren. Op in aprilmoarntyd ‘as de loft blau is en det it lekker fris rûkt, stapt er yn 'e tún om. Hy sjocht hoe't in man, dy't Romke neamd waard, | |
[pagina 31]
| |
de leppe yn 'e grûn stekt en dy omkeart. ‘De omkearde grûn is “nij” en de leppe is ek alhiel nij, en blinkt as in brijleppel.’ In wike of wat letter sjocht er hoe't syn heit ierdapels mei spruten derop út 'e kelder hellet en dêrmei nei de tún giet. ‘Dêr wankt alwer hwat oars; in setprikke, in ding det glêdde roune keutels modder makket en,
De lytse Reinder op 'e twadde rige fan ûnderen, fjirde fan rjochts.
nei't it letter bliken docht, ek gatten yn 'e groun. Nou komt it der op oan - yn elts gat sakket sa'n ierdapel del, de glêdde sprút rjucht omhegens, modder dêr oerhinne - wei is 't.’Ga naar voetnoot45 Yn 'e tún efterhûs learde Brolsma nei eigen sizzen ‘de wûnders fen de groei en de blide opteinens oer de rispinge mei to bilibjen.’Ga naar voetnoot46 Hy soe letter Romke, de ekers en de ierdapels oanhelje as it begjin fan syn ferbûnens mei de grûn, de gernieren en de boeren, ek al hienen syn ‘hannen net mei boer[e]ark en boerewirk beuzich west.’Ga naar voetnoot47 It hûs fan 'e Brolsma's stie oan 'e noardwestkant fan it doarp, mei útsicht oer de lannen de kant fan it Bilt út. Noch fierderop lei de | |
[pagina 32]
| |
seedyk. As it tsjuster waard, wie dêr it ljocht fan 'e fjoertoer fan it Amelân te sjen, ‘trijeris efter elkoar en den efkes net.’Ga naar voetnoot48 Ien fan syn fêste loopkes it doarp yn, wie mei syn broer Arjen Roelof nei de buorman om molke op te heljenGa naar voetnoot49. Hy fûn it doarp yn 't earstoan ‘ûntsettende great’. Hy fernuvere him oer de hynders, dy't foar de doarpsherberge stienen, de skippen dy't yn 'e feart leinen en oer de trochreed op 'e oare ein fan it doarp, dêr't op jûntiid ‘jimmer in trop bern omhinne giselt to tylmeré boartsjen.’ Dêr seach er ek ‘in boaze, âlde kreupele feint (...), dy't ûnferhoeds út in tsjustere harne wei de boarters kjel makket.’ Noch fierderop wankte ‘in spûkepaed en in âld grêft, dêr't noch nimmen nea de boom fen bidjipje kinnen hat.’Ga naar voetnoot50 Mei fjouwer jier, yn april 1886, gie er nei de bewarskoalle. De earste moarns, doe't er fernaam dat syn broer Arjen Roelof net by him bleau, mar ôfstiek nei de grutte skoalle, moat er gûle. ‘Hy wol mei; jimmer hawwe hja togearre west nei hûs, fen hûs, de âldere broer bifocht jimmer in nij sânskepke for him, en in rydber kroadtsje.’Ga naar voetnoot51 Dat jiers feroare der noch mear. Syn âldste broer Hessel ferhuze nei Rotterdam om dêr foar sindeling te learen. In jier letter stoar syn pake, de boade. Brolsma syn oantinkens oan dy dei binne net fan 'e begraffenis, mar fan it iten, de soerkoal dy't syn mage net ferdrage koe. Hy rekke op bed: ‘oerdeis der wer ôf, forballe út it drokke fermidden, sochten hy en oare lytse pakesizzers platte grintstientsjes en bigounen hja te skuilen. Hy, net al te wis op 'e foetten, rûgele wer yn 'e feart, wylst al syn sibben oan 't leedmiel sieten.’Ga naar voetnoot52 De jonge Brolsma naam skerp waar. Daliks foel him op skoalle it ferskil op tusken wat er learde en wat er om him hinne seach. Sa | |
[pagina 33]
| |
song er op de bewarskoalle it ferske oer ‘Klein Anna’ dy't in ‘lammetje’ hie. ‘O sa befetlik scoe men sizze, mar dochs hipte it [nau] mei it oanpassingsfermogen. Lammen rounen yn it lân, op 'e wei, sims by hiele keppels en waerden dreaun mei de minsken der efteroan. In laem, det in bern efteroan reizge... bistie net.’ Noch folle frjemder fûn er - op 'e grutte skoalle - de arbeiders yn skoalle-boekjes, ‘dy't sjongende fen de “akkers huiswaarts keerden”.’ Hy wist dat sokke arbeiders yn it doarp net libben. ‘Arbeiders, it doarp bestie út arbeiders, gewoane arbeiders, dy't iere maitiid, sa om Peaske hinne, al oer de kluten krûpten mei it ierdapelbakje en de setprikke, en by 't simmer oan 'e lette joun ta noch bûtendoar omskrepten mei de seine en it spjuchtige wâlgêrs byinoar hellen. Sjonge diene hja nea.’Ga naar voetnoot53 De skoalle spile yn syn jongesjierren in wichtige rol. Haad fan 'e Stienzer skoalle dêr't Brolsma yn 1888 hinne gie, wie net langer Heart de Jong, de man dêr't Troelstra sa'n wurdearring foar hân hieGa naar voetnoot54. Syn plak wie ynnommen troch de letter om syn lêsmetoade sa ferneamde master M.B. HoogeveenGa naar voetnoot55. Brolsma soe him lykwols net earder as yn it foarlêste jier meimeitsje. Syn earste ûnderwizers wienen yn har tiid net minder ferneamd: master Schmidt hie er yn 'e tredde klasse, master Rauwerda yn 'e fjirde en fyfte. Schmidt wie sosjalist en in fûle drankbestriderGa naar voetnoot56. Brolsma hat beskreaun hoe't er dat ek yn 'e klasse yn 'e lessen ferarbeide. By it fertellen oer de Batavieren brocht er it praat op it bier dat se dronken en frege oan de bern ‘hawwe hja wolris in dronken minske sjoen?’ Op earnstige antlitten komt nou hiel, hiel stadich in glimke; hja krûpe eltsoar tichter oan en neame, súntsjes yet, nammen. Gûdden fen de | |
[pagina 34]
| |
populairste, fen de ûnskildichste, dy't goedmoeds bliuwe, al klomp-foetsje der yet safolle bern efter hjarren oan. Master Anne Rauwerda wie warber yn it Bûn foar Algemien Kiesen Stimrjocht en dêrnei yn 'e Fryske Folkspartij fan TroelstraGa naar voetnoot58. Hy wie it dy't de bern learde dat se net te heech opsjen moasten by de oarlochsferhalen, dy't harren by skiednis ferteld waarden. Al dy âlde fjochtersbazen hienen wier net sa froed west, hâlde hy harren foar. It wie in rie dêr't de bern mar in bytsje begryp foar hienenGa naar voetnoot59. Brolsma gie mei nocht nei skoalle. Der wie mar ien swierrichheid by syn learen en dat wie it holle-rekkenjen. Mear as ienris hat er beskreaun hoe problematysk oft er dat fûn en hoe't it feit dat er dat net goed koe syn gefoel fan eigenwearde ûnderstek die. ‘Te vaak had ik gevochten tegen vijandige cijferreeksen - te vaak was ik geslagen maar, na inspanning van alle krachten, ik wist, dat ik niet kon en... toch niet stom was.’Ga naar voetnoot60 Lêze en skriuwe koe er lykwols as de bêste. In kear waard er troch synjuffer nei in hegere klasse stjoerd om in âldere jonge, dy't noch net lêze koe, in foarbyld te stellen. It gie om itwurd ‘a-bri-koos’. Brolsma wist letter noch hoe grutsk oft syn broer Arjen Roelof op him wie, ‘sa gloarieus, sa strieljend fen broerreljeafde - om him hinne is der in great ljochtsjend plak fen.’Ga naar voetnoot61 | |
[pagina 35]
| |
FerdivedaasjeBrolsma hat syn jongesjierren yn Stiens ‘in lokkige frije jeugd’ neamdGa naar voetnoot62. Hy koe him letter dan ek net yntinke dat it ‘faek mâl waer [west] wier.’ Wol de ‘lange dagen en sinneskyn’Ga naar voetnoot63. Fansels, soms betearden de dingen wolris minder goed. Bygelyks as syn bruorren him net mei ha woenen it fjild yn. Of dy kear dat syn mem injas foar him makke hie út 'e mantel fan in ferstoarne âld faam en dejonges him útlaken om't de grutte knopen der op sitten bleaun wienenGa naar voetnoot64. It hûs oan 'e Skilwei te Stiens, ± 1900.
Hy koe him mids de jongerein fan Stiens goed rêde en wie gjin ienling. Ut 'e ympresjes dy't er letter opskreau, is op te meitsjen dat er sûnder mis in gefoelich bern wie. Ien dy't dûnse yn it strie dat krekt fan 'e boer kommen wie, bedoeld foar de bedsteden en dat sa lekker rûkteGa naar voetnoot65. | |
[pagina 36]
| |
Syn earste grutte reis makke er mei syn susters nei Ljouwert om in naaimasine oan te tugen. ‘De Aldehou ymponearret it measte en dêroan de swiere Belzyske hynders foar de yeskeweinen.’ Op 'e weromreis harket er nei ‘it gounzjende brommen fen de telefoanpeallen.’Ga naar voetnoot66 In skoallereiske gie oer de Ie nei de Burgumermar. As de bern dan jûns let weromkomme wurdt der fjoerwurk ôfstutsen, ‘Bengaalsch vuur, rood, groen, wit. Ook op de draaiers van het kerkhofstek brandt het. Er wordt met zwervers gepaft en de spreeuwen, die des avonds bij honderden in de lindebomen kwetterend neerstrijken en er des nachts verblijven, stuiven heftig krijschend omhoog. En 't zijn nu in 't vreemde licht witte spreeuwen. Dat is het laatste, wat den kinderen een geestdriftige jubel ontlokt.’Ga naar voetnoot67 In grut barren foar de Stienzer skoalbern wie elk jier de merke. Dat begûn mei it útsjen nei it earste skip mei merkefolk dat de Stienzerfeart opfoer. ‘O, dy âlde Koudenburgsbrêge, fen hûndert jachtsjende, fiterjende, ûngedurige bernefoetsjes bitripke, hwet in blidens, hwet in glinsterjende eagen, hwet in ûntsachlike bernewille, hwet in gejubel, hwet in sé fen klinkende lûden, hwet in gloarje for de man sels, as G. Slieker fen Dokkum, farrende ûnder de sinspreuk: ‘Siet op u selvers’, as earsteling fen de kommende lange rige, dêr ûnder troch dreau.’Ga naar voetnoot68 Fan 'e dei dat op 'e merke de kreammen opset waarden, bleau him helder foar eagen stean in ‘doarp fen latten en skroatsjes en stoart en glês en pompier. Franje, bûnte kleuren, mei-inoar it blinkende neat, dêr't wy ús dochs sa freeslik op forgappen. Hwet in wûnder wier it, it greatste wûnder, dat wy yn ús bernejierren oanskôgen.’Ga naar voetnoot69 De merke wie namste moaier om't útsein ris in draaioargel of in bataljon soldaten, neat bysûnders foarfoel yn it doarp. In oare aktiviteit dêr't Brolsma in soad wille oan belibbe, begûn al yn 'e iere maitiid. Dat wie mei de pois de lannen yn, ‘mocht it | |
[pagina 37]
| |
wêze, det hja dêrre nochris sa fortúnlik wierne om in pear einaeijen to finen (...) De jonges roimen it iene stik út, it oare yn, stamp ten yn de wâllen en de pôllen en waerden alhiel oars as hja in eineplomke op it sleatswetter driuwkeljen seagen. Dan sochten hja nochris fen nijs ôfoan, mar founen neat, omdet der sa'n greate smite folk it fjild yn wier en folle bitûfter en âldere sikers.’Ga naar voetnoot70 Brolsma wie tige bedreaun yn 'e ferskillende techniken om oer sleatten te springen. Hy makke doe't er wat grutter wie soms lange tochten. ‘Wy koenen alle sleatten skoan hawwe en earne, omtrint by de Skrédyk, just foar de âlde Koarnjumer húskes oer, dêr wie sa'n allerivichst moaije sleat, alhiel geskikt om kunstkes to meitsjen. Mei de boereplof, bûkelje, kultsjebrekke, en op 't lêst noch in hiel apart nûmer dat hjitte: “mei ien hân en wylst pet ôfnimmend”.’Ga naar voetnoot71 Yn 'e simmer koe der baaid wurde yn in dobbe yn it doarp. ‘Guon jonges diene drafkjende wei de klean fen 'e hûd (...). Hja rounen de lêste greideker ornaris spierneaken en mei it lytse bondeltsje ûnder de earm en hienen de blabber al fiks los wrot fen de boaijum ear't de oaren in tean yn it wetter stieken.’ De jonges ‘bismarden wûnderlike iens elkoars rêgen mei blaumodder en stjitten den mei in flinke dust elkoar yn it smoarge wetter.’Ga naar voetnoot72 Brolsma frege him letter ôf wêrom't Troelstra yn syn tinkskriften net skreaun hie oer it ‘hynstehâlden’, dat hy, lykas Brolsma sels, dochs wol meimakke hie? Op bysûndere dagen, bygelyks mei Ljouwerter merke of as der hurdriden waard om de gouden swipe, ‘bleauwen de trochreedsdoarren [yn Stiens] de nachts iepen en yn de tapkeamers song en grapmakke it fleurige boerefolk.’ Dan stienen de hynders bûtendoar, en ‘fiif ef seisresom fen jonges waerd us help ferge om foar de krêbben to stean. Alhiel sûnder noed wier it ek wer net, mei dy soms gystene jonge hynders, pas fen stêd ôf.’ Jûns barden de jonges har lean, twa sinten de manGa naar voetnoot73. Freedtemiddeis kaam Brolsma geregeldwei op Koudenburg om | |
[pagina 38]
| |
‘dêrwei de keppels skiep fen 'e Ljouwerter fémerk yn to heljen en mei fierder to konfoaijen.’ Dan wienen de echte driuwers ‘wirch fen it tyskjen en bûsdoekenswaijen’ en ‘fordwounen yn 'e herberch en wy moasten salang de keppel hoedzje op 'e pôlle twisken Nijlâns-, Mounle- en Brédyk for de fûleindich jeijende boeresaeskes en fordekken. Kamen de mannen njonkenlytsen wer for 't ljocht den koe 't wêze, dat hja in pear sinten yn 'e moude smieten; ek wol rôpen se: “d... je nou mar op, smoarge jonges”.’Ga naar voetnoot74 Ien fan 'e maten by it skieppe-oppassen wie syn neef Thys Polstra, soan fan 'e timmermanGa naar voetnoot75. Hy wie der ek by doe't Brolsma op in sneon yn 'e stegers klom, dy't om 'e Stienzer toer hinne stienen. Sa koe er op 'e naal fan 'e toer komme. Hy sette ‘om doe de allerdryste te wêzen (...) hoeden stap nei it midden fan de nael en sloech de hannen oan it izeren krús, dêr't heech boppe-oan de hoanne op in glêzen knikker draeit. Hy soe sa justjes op 'e ûnderste dwerspylders de foet sette, doe wie der op 'e buorren immen, dy't forheftich mei beide earms skermesearre, mûlk hat er ek wol roppen.’ Dat wie syn heit, yn ‘gâns mear noeden as it maetsje treddelmeter fan de hoanne ôf.’ Brolsma koe him as âldman de ‘forheftich warskôgjende gebearten’ fan syn heit noch altyd yn 't sin bringeGa naar voetnoot76. | |
Sosjale en tsjerklike ferskillenBy alle moais dat de jonge Brolsma meimakke, seach er likegoed de skaadkanten fan it doarp. Foaral de minne winter fan 1890-91, doe't er acht jier wie, bleau yn syn ûnthâld tige skerp bewarre. It gie him dan net om de wille op it iis, dy't der fansels ek west hie, mar foaral om de sosjale problemen dy't er om him hinne seach. Bygelyks it wurkyn 'e earmhûsskuorre, dêr't er âde mantsjes dwaande seach, ‘gebogen over hun slypbraken’ om ‘de stugge, houterige | |
[pagina 39]
| |
vlasstengels’ te bewurkjen. ‘Het stof, steeds opnieuw opgejaagd, wolkt naar buiten, daarom zijn de deuren open en de schooljeugd heeft vrijen toegang en tevens elke, tot een praatje gezinde, voorbijganger.’ Brolsma fûn dat men oer dat stof net sentimenteel hoegde
It âlderlik hûs oan 'e Skilwei, mei mem en Arjen Roelof yn 'e achtertún.
te dwaan, mar hie wol argewaasje fan ‘die gemeenschappelijke publieke werkgelegenheid, waardoor hun arbeid dat spinhuisachtige karakter krijgt.’ Yn it doarp stienen dy winter wurkleaze arbeiders byinoar, dy't har lilk makken oer de minne tiden. De measten moasten ityn dy rite fan de bedeling hawweGa naar voetnoot77. Dêrfoar moasten se dan op sneontejûne nei it ‘fâdekeammerke’, de ‘regintekeamer’ fan it earmhûs. Op 'e sombere winterjounen streamde de skare ellindigen yn it greate porteal gear op 'e stiennen flier, opset fen lytse giele klinkert en uterst skjinskrobbe troch de élèves fen it hûs. It porteal laei yn it skaed fen de ljochtsjende ‘Belgyske brander’ út it keammerke wei en op 'e nûmer fen de lyst waerden hja foare roppen, ûndergyngen in koart forhoar as | |
[pagina 40]
| |
se for it earst kamen en oars den striek de ‘supliant’ deselde gave op as oars en syn bonnen for ‘natura’. Mar it koe ek barre det syn húshâlding sont de foarige útkearing fen rampen bisocht wier: syktme, dea ef nij jong libben. Ef hja bigearden ris in oar menu as groat en brune beantsjes aloan-weroan, den moast de heit oanfange to pleitsjen om syn biswieren op soune en logyske grounen to biwizen. Ek koe it barre, det der klachte tsjin him ynbrocht wier, hy scoe him bikweadige hawwe oan in bûrrel, ef handiger mei de braek as in oarenien. (...) Faek haw ik se swalkjen sjoen det folk en to faek hjarren minne omstandichheden bipraten heardGa naar voetnoot78. De krisis fan de jierren tachtich wie noch lang net foarby. Foaral yn Fryslân makke dat de sosjalistykse beweging fûler en sterker. Yn 1890 wienen de meetinggongers fan Broedertrouw op wei nei Ljouwert troch Stiens kommen en hienen grutte yndruk makke. Brolsma hie sjoen hoe't se ‘twarisom in great read doek omheech’ hâlden en songen fan ‘Marianne Proletaren’Ga naar voetnoot79. Stiens telde yn 1885 al 119 leden fan 'e Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht. Dêrmei rûn it yn Fryslân aardich foarop. Yn 1888 krige it radikale part fan 'e Stienzers in eigen Folksgebou, dat al rillegau it VolksbierhuisGa naar voetnoot80 neamd waard. It wie yn it foarste plak bedoeld as gearkom-steromte foar de sosjale beweging, om't dy nochal ris lêst hie fan behâldende sealferhierdersGa naar voetnoot81. Yn 'e simmer fan 1892 reizge de tolvejierrige Keninginne Wilhelmina mei har mem nei Fryslân. Regintes Emma woe de bân tusken de Nederlanners en it Hûs fan Oranje fersterkje troch safolle mooglik ûnderdienen mei de jonge Keninginne yn 'e kunde te bringen. Foar de sosjalistyske beweging wie it besyk in goede gelegenheid ta protest. Sa koenen Wilhelmina en har mem ticht by it stasjon fan It | |
[pagina 41]
| |
Hearrenfean út 'e trein wei spandoeken lêze mei teksten as: ‘Recht voor allen’, ‘Vrijheid, gelijkheid en broederschap’. By de besite oan Ljouwert waarden pamfletten útdield dy't begûnen mei de fraach: ‘Hebt ge wel nagedacht waarvoor ge juicht?’Ga naar voetnoot82 Op 22 juny kamen de Keninginnen nei Stiens. Foarôf wienen peallen en hikken mei leuzen foar it algemien kiesrjocht beplakt, mar dy hienen de autoriteiten derôf helle. De skoallebern - Brolsma wie derby - stienen by it tsjerkhôf klear om in ferske te sjongen. Demonstranten hienen har achter en neist de bern opsteld. Master Rauwerda hie wegere de bern in ferske te learen en run ‘mei klompen oan op de Efterwei’. Brolsma syn heit hie der argewaasje fan; de soan soe it letter lykwols ‘flink en konsekwint’ neame. Doe't de koets de terp opried song Rauwerda mei de manlju fan 'e Folkspartij in protestlietGa naar voetnoot83. Se hâlden plakkaten omheech mei teksten as ‘Aan de Koningin. Bij U rijkdom, bij ons Honger’. Sûnder mis hawwe de keninginnen de teksten lêzen. Mear noch as it protest bleau Brolsma by dat in âldstriderGa naar voetnoot84 (in kollega fan syn pake) oan 'e Keninginnen foarsteld waard: Wij stonden als zingende schoolkinderen tegen de kerkhofsleuning geperst en vóór ons huzaren en volksmassa's. Achter ons volgelingen van Domela, die met gebalde, geheven vuist uiting aan hun gevoelens gaven. (...) Op hetzelfde moment maakt zich uit de massa's rond de koets een oude mannenfiguur los, een bevend oud manneke, de laatste oudstrijder van het dorp uit den Tiendaagschen Veldtocht. Een overbuigende vrouwengestalte, die't woord tot hem richt en een | |
[pagina 42]
| |
knikkende kleine meisjesfiguur, als de koets na kort oponthoud weer verder rijdtGa naar voetnoot85. Brolsma krige al jong yn 'e rekken dat der yn it doarp stânferskillen wienen. Yn it foarste plak wienen der de boeren. Sa't der oer praat waard, miende er as jonkje dat ‘in boer in soarte fan heger wêzen is, dy't húsmannet yn in hege skûrre en dêrfendinne alles sjucht en bistjûrt.’ As er dan ris op in pleats kaam, koe er lykwols neat bysûnders oan har fine. Wol krige er foar 't ferstân dat boeren jild hienen. ‘In boer dy't Freeds nei Ljouwert rydt mei in moai hynsder foar in glêzen weintsje, sa'n ien, dy is fansels ryk; det is to sjen.’ Dan de arbeider. Dat is ien, dy't ‘winterdeis om 'e oare joun, mei de kroade yn 'e bûrren komt om syn brânje by de skûteboer wei to heljen, dy is earm.’Ga naar voetnoot86 Dan wienen der noch de gernieren. Lju, dy't ‘àl hjar sin en soarch en forhoping fen in jier sette op twa pounsmiet Wierster Sae[i]jers en by 't hjerst mynhear net bitelje kinne. De gernier gie klaeid likens de arbeider, mar arbeide noch langer en noch fûlder en libbe soberder. Ommers in arbeider doarst yn 'e simmer syn genoegen ite, laei dan in healûrke yn 'e blikke to bikommen mar... de mier soe 'k hast sizze - de gernier hie nea lins. Hwerom as sy net leaver it bitrekkelike frije libben fen de arbeider keazen bigriep ik net.’Ga naar voetnoot87 It praat fan 'e jonges op skoalle oer earm en ryk brocht him ta it stellen fan 'e fraach wêr't syn eigen famylje ta hearde. ‘Ryk, seine hja perfoarst “né” op. Oer earm woe nimmen hwet sizze. As it weinfol winterjirpels yn 'e kelder geartôge is op reidskeaven delflijd en de keapmankomtyn 'e hûs, den lizze der rigeltsjes gounenop 'e tafel. (...) Dos der is jild yn 'e hûs, mar hy sjucht it oars net as allinne by soksoartige gelegenheden.’Ga naar voetnoot88 Hy hoecht yn alle gefallen net as guon oare jonges by 't simmer yn 't spier om ‘de ekers út it túch to hâlden.’Ga naar voetnoot89 Hoefolle syn heit krekt fertsjinne by de notaris koe er net efterheljeGa naar voetnoot90. | |
[pagina 43]
| |
Yn it doarp murk er noch in twadieling op. It gie dan om de minsken fan 'e ‘lytse tsjerke’, dy't om harren prinsipjele opfettingen oer ‘merken, dounsjen en Sneinspielen op 'e bou’ frijwat begekke waarden. It doarp hie der wille om as sa'n hûshâlding mei de merke fan 'e foar- nei de efterkeamer ferhuze om mar net troch de merke - wille pleage te wurden. ‘En dan de kwesje oer de divel yn 'e draeimoune. Hwat in smeulske praetsjes binne dêroer net oan 'e man brocht (...).’Ga naar voetnoot91 It ferbjustere him om't se fierders der hielendal net útrûnen, yn it deistige wurk en yn 'e omgong wienen se ‘alhiel gelyk oan de Mariannesjongers.’Ga naar voetnoot92 De Brolsma's wienen sels net botte tsjerksk, útsein de heit, dy't trou hinnegie. ‘Gaan der vanmorgen maar es heen’, sei syn mem by gelegenheid wolris tsjin de bern, foaral as it reinich waar wie of ‘ûnder oare omstannichheden, as it winsklik is det beide partijen (thúsbliuwers ek) fen in rêstich moarnskoft genietsje kinne.’Ga naar voetnoot93 Yn 'e hûs wie in printsje-bibel en syn mem ‘wie nea net ûngenegen om de al to drege forhalen út te lizzen en to forkwikken mei de humor fan har eigen geast.’Ga naar voetnoot94 Ut en troch gie Brolsma nei tsjerke en siet dan op 'e kreake. Fan wat er dêr hearde bleau net folle hingjen. Wol dit: ‘en it iennichste hwet hy mient to bigripen fen de hegere wiisheden is dit, det in minske perfoarst earm wêze moat om ‘lokkich’ hjitte to kinnen, en det it der mei de riken net al to bêst foar stiet as hja deagien binne.’Ga naar voetnoot95 Op âldjiersjûn nei tsjerke wie wol in tradysje, ien dy't Brolsma altyd yn eare hâlde soe. Ien fan 'e earste kearen wie mei syn mem, doe't er noch hiel lyts wie. ‘Rigel oan rigel op alle banken de barnende kearsen, al dy triljende ljochtsjes op allikense distânsje, oan de fierste fierten ta - det wier fantastysk, feestlik, om nea to forjitten, de moaiste joun fen it jier.’Ga naar voetnoot96 In healjier lang gie Brolsma mei syn bruorren Pieter en Arjen Roelof nei de sneinsskoalle fan 'e lytse tsjerke. De reden dêrfoar | |
[pagina 44]
| |
wist Brolsma letter net mear, likemin as wat er dêr leard hie. Wat him wol bybleau, wienen de helpers, dy't oarder hâlde moasten. Hy koe se as Swarte Bouwe en Jan Sakes, as ‘sljuchte arbeiders’. Dat se yn sneinske klean lieding joegen oan in kliber bern makke yndruk op him. ‘Mei de pet yn 'e hân bistjûrden hja de aksje rêstich en wis en der wie net it minste trelyt.’ Ut ûntsach foar dy beide mannen yn 't swart die er net sa't de bruorren him hjitten hienen om gjin jild yn 'e pong te goaien en trije kear fan ‘né’ te skodzjenGa naar voetnoot97. Koenen de Brolsma's kristlik neamd wurde? ‘Yn 'e fierste fierte net,’ beändere Brolsma dy frage. Likemin neamde er se ûnkristlik: ‘dat is to sizzen heidensk as barbaersk, as harren nearne oan steurend.’Ga naar voetnoot98 Op skoalle krige er fraachlearen fan dûmny Brugsma, doe al in âld man. Hy krige Brolsma mei syn lessen net yn 'e besnijing. Mei it ferhaal oer Noach gie er dêrom foar de wissichheid nei syn mem. ‘Scoe it wier wêze, dette... eh...’ | |
ThúsIn famyljeportret út 'e njoggentiger jierren is ien fan 'e earste foto's dy't fan Brolsma bewarre bleaun isGa naar voetnoot100. Hy is in jier of tsien, tolve. Hy like op syn mem, waard wol ornearre, ‘swart skrael’ sa't in boerinne it neamdeGa naar voetnoot101. De foto is makke yn Ljouwert, miskien by gelegenheid fan 'e merke of it Oranjefeest dêr't yn famyljeferbân hinne gien waard. De iennige dy't op 'e foto miste, wie syn âldste broer Hessel. Syn | |
[pagina 45]
| |
oplieding ta sindeling wie op 'e non rûn en dêrom wie er yn 1892 nei Amearika ta gien mei jild dat er fan syn suster Anna liend hie. Op 30 july begûn de reis, op 10 augustus kaam er oan yn New YorkGa naar voetnoot102. De earste jierren hie er it net maklik. Hy hie gjin fak leard
De húshâlding. Boppe: Jolke, Wieb, Anna, Wytske en Pieter. Under: Arjen Roelof, Heit, Mem en Reinder.
en oan syn ‘kinde fen in pear talen en fen de Bibel, sljöd en noch hwet soartgelike prutserij’ soe er net folle ha. Uteinlik waard er postrinder yn Chicago. Brolsma wist noch hoe't syn broer mei ‘folle fûstkjen en gedoch ôfskie fen de hiele team’ nommen hie en dat der troch de grutte jonges op it skoalplein oer praat waard. Geregeldwei kaam der dêrnei in brief út Amearika, yn ‘itselde prach- | |
[pagina 46]
| |
tich moaije igale skrift’ dat syn heit hie, ‘hja litte nea in letter fortuteazje ef slepe (...) en elts kapitael kriget de romte en de krol dy't him takomt. Spitigernôch wienen de brieven ek skreaun yn 'e selde foarmlike kantoarstyl’ fan syn heit.Ga naar voetnoot103 Syn trije susters Anna, Wieb en Wytske wienen ek al net mear yn 'e hûs. Se wurken by oaren yn 'e hûshâlding, earst yn it doarp, letter yn Ljouwert en dêrnei fierder fuort, yn Grou en Amsterdam. Syn broer Jolke wurke ek by in oar, by in ferver yn it doarp. Brolsma hat sein dat syn foarming yn it hûs oan 'e Skilwei begûn is. Yn it foarste plak wie dêr syn heit, dy't moai fertelle koe oer ‘kâlde boelgoedsreizen; tochten by jountiid nei forkeapingen om fierrens, lâns wegen dêr de snie opheappe lei.’Ga naar voetnoot104 Yn 'e hûs kamen kranten, de Leeuwarder Courant, it Friesch Volksblad en de Bildtsche Courant. It wie ‘det krantsje fen Oebele Stellingwerf det faek de Sneintomoarnspetearen bihearske. Ommers, en det telde omraek mei, men lies dêr de dingen út it Frysk en binammen mefrou Stellingwerf koe moai krekt de folkstrant treffe.’Ga naar voetnoot105 Foar bern wie der yn 'e kranten neat spesjaals te finenGa naar voetnoot106, mar Brolsma sil der likegoed yn omsneupt hawwe. Dat mocht er ek graach dwaan as it om de bysûnderheden gie, dy't syn heit en syn pake sammele hienen. Der wienen penningen, printen en postsegels, dy't allegear bewarre waarden yn 'e grutte kast. Ek wienen der tige opfallende spylkaarten, mei ‘gedrochtelijke wezens’ der op en âlde boeken as Panorama der bewoonde Aarde út 1856Ga naar voetnoot107. Op snein, as syn heit klear wie mei syn wurk foar it earmhûs, makke er in kuier om it doarp, meast beselskippe fan syn jongste soan. Dy, ‘de stille tahearder’, harket nei de petearen fan syn heit mei gernieren oer ‘it lân, de deugd dêrfen, de gaedlikheit, de priis | |
[pagina 47]
| |
dy't it docht en dien hat mei keapjen en ferhieren, en den, den fine hja de ein hast nea.’Ga naar voetnoot108 It praat tusken heit en soan gie oer de saken dy't it jonkje seach, doarpstuorkes en ‘it nuvere heech en leger lân yn de finne, en it wytblinken fen ûntelbere lytse núnders yn 'e greppelskanten.’ Se praten oer ‘âlde tiden do't it hjirsanne sé wier. Hjirre en fierderop; ûneindich fier, djip yn Fryslân op; dêrom steane der gjin doarpen yn de nijlânnen, en sa wirdt der in dreech stik skiednis oan fêstknotte.’Ga naar voetnoot109 Oan 'e Skilwei kamen nochal ris minsken op besite, famylje, mar ek kunde, dy't syn heit in selsmakke rymke keure lieten. De jonge Brolsma harke mei niget nei de petearen, dy't syn heit en mem hâlden mei in turfskipper of besite út 'e Stellingwerven. Faker as ienkear hat er beskreaun hoe't in boerinne op besite kaam, dy't ‘prate koe as in alk’. De frou, dy't er letter as Leayn Grûn en Minsken portrettearje soe, gie ‘de mûle sims in pear ûre lang as in lazarusklap.’Ga naar voetnoot110 Op 'e dyk foarhûs seach er ek fan alles dat er mei stúdzje observearre: de trije earmhûsmannen, dy't seis kear deis foarby kamen, út it doarp nei de bou en werom foar iten en drinken. En dan de man út it Bilt, dy't by winterdei yn it doarp kaam om hûden te keapjen, in ‘âlde sechtiger mei in wite troanje, in lange skreitsige man’ dy't er letter as de Striejonker brûke soeGa naar voetnoot111. Yn it doarp hie er niget oan 'e ‘swalkjende bûtenwenstige tipen’ dy't út 'e stêd wei kamen om wat te fertsjinjen. It wienen de ‘stoelwynder’, de pianostimmer en de ‘swarte forlakker’ dy't letter yn syn eigen swalkersferhalen werom komme soenen. Foaral de man, dy't mei syn mem yn it doarp kaam om ‘thébledtsjes, théstoven, prissenteartrompkes’ te oerdekken mei swart fernis en dêr dan giele blomkes op skildere. ‘Hwet in greate geast. Mar den, letter, kaam det nuvere, det ûnbigryplike: hwerom slingere de skoukarre jouns sa, as hy ta it doarp útried?’Ga naar voetnoot112 | |
[pagina 48]
| |
Brolsma lies in soad boeken fan thús en út 'e skoalbibleteek. Hy hat oer himsels as trettjinjierige jonge skreaun: ‘Hy libbet yn 'e boeken, hy reisget fan de iene kast nei de oare, lêst yn ien oerdeiskoft fen Verne, fen Cooper, fen Marryat, fen Andriessen, fen Louwerse en... is dan noch net foldien.’Ga naar voetnoot113 Hy hie grutte niget oan boeken oer skiednis. Wat er dêrby miste wienen boeken oer Fryslân, der wie gjin ien boek ‘dêr't de Fryske skiednis ek mar mei namme oantsjut waerd, lit stean fen in moai libben forhael oer Stinsen en fjuchterijen en forhoalen oanslaggen.’ Troch syn lêzen rekke syn fantasij oan it wurk. Doe't syn broer nei Amearika reizge, ferwachte er dat dy syn brieven fol stean soenen mei ‘Indianen, de fjûrgearsitten, de wite buffel-jeijerijen, boskbrannen.’Ga naar voetnoot114 Op skoalle krige er yn 'e sechde klasse les fan master Hoogeveen, dy't him - mear as fjirtich jier letter - dit oantinken stjoerde: ‘'k Zie hem, in m'n verbeelding, nog zitten op de op een na laatste bank in de rij het verst van de ramen: een ernstig, ingetogen jongetje met donkere, stille ogen, die in z'n gevoeligheid de wereld een beetje weemoedig aankeek.’Ga naar voetnoot115 Brolsma gie nei skoalle ta oant syn trettjinde jier. It lêste jier trof er it wer mei de master, Heere WartenaGa naar voetnoot116, dy't in soad omtinken oan biology joech. ‘Sadwaende is dy oerdei fen de fiter, dy kweek hjit yn it Nederlânsk en dêr't it fordylgingspreses mei de namme fen fiterdollen oantsjut wirdt, hwer for hja yn de kriten fen Wynaem en de Bjirmen wer in hiel oar wird hawwe, nl. groedeprykjen, my oan de dei fen hjoed ta libben bybleaun.’Ga naar voetnoot117 Op skoalle wie Brolsma yn 'e kunde kommen mei Heert Terpstra, soan fan in rintenier dy't sa'n twa en in heal jier jonger wie as hyGa naar voetnoot118. | |
[pagina 49]
| |
It wie in serieuze jonge, ek in lêzer, dat men mei wol oannimme dat soks harren bûn. Se makken mei har beiden krantsjes, dy't nammen krigen as Stienzer Maandblad en De goede Anno. Mear as de nammen is der spitigernôch net fan oerbleaun.Ga naar voetnoot119 Bewarre is wol in sketsboek fan Brolsma út 1894, doe't er tolve jier wie. Der steane plaatsjes yn, dy't er neitekene hat fan ‘DeMei Heert Terpstra (lofts).
Trojaansche Helden’, Multatuli, Bredero en ‘Jan de Bakker te 's-Gravenhage verbrand’. Der steane ek tekeningen yn, dy't er mooglik sels wol makke hat, mei byskriften as ‘oude dorpsmolen’ en ‘dorpkerkje’.Ga naar voetnoot120 Dat Brolsma aardich tekenje koe, hat miskien wol de reden west, dat er nei de legere skoalle fierder learde foar ferver oan 'e Ambachtsskoalle yn Ljouwert. Hy koe op 'e legere skoalle aardich meikomme, foaral yn opstelskriuwen blonk er út. Syn âlden hawwe grif miend dat syn tekentalint wol in goede basis wie om it ferversfak yn te gean. Syn broer Jolke, ek in bejeftige tekener, hie dat al dien. De oare bruorren, Pieter en Arjen Roelof, hienen los wurk. Alle trije besochten se om der wat by te learen troch jûnskursussen. De jongste soan wie de earste dy't nei in skoalle soe om it fak te learen. Syn freon Heert wie ornearre foar it gymnasium, sa'n wei lei foar in Brolsma net iepen. Oft Brolsma sels in stim hân hat yn syn stúdzjekar is net bekend. |
|