Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 13]
| |
I
| |
In ferneamd laachBrolsma wenne al lang yn Ljouwert, doe't er dit oantinken oan Stiens ophelle: Amper hûndert trêd fen hûs ôf wier it wite stek yn 'e bocht by de feart lâns. Destiids gongen alle bern der efterlâns ef boppe oerhinne mei triljende skonkjes en licht yn 'e holle fen de nuvere sitewaesje.Ga naar voetnoot2 Doe't er dat skreau, bestie dat wite stek al net mear, mar hy wie der wis fan dat er, hoe âld oft er ek wurde mocht, alle kearen as er yn Stiens kaam, dat stek noch stean sjen soe. Brolsma koe dan ek maklik bemimerje hoe't er as man fan tachtich, gjin oanstriid mear fen de stêd [hie] en hwet dêr omgiet, hwent it doarp fen âlds, det is him great genôch. Hy pandert dos de bûrren wer del en hat alle stûdzje by alearen, hy sjucht midden yn 'e winter de beammen om it tsjerkhôf fol yn blêd stean en de oppers hea yn de lânnen. Hy hat gjin bigryp oer ûre en tiid en as hy bûtendoar komt, is it wer allegear ljocht om him hinne krektlyk as doe.Ga naar voetnoot3 Ticht by dat wite stek stie syn bertehûs, dêr't er syn allerearste yndrukken opdie. Dêr hearde er de ferhalen oer syn oerpake, dy't sjoen hie hoe't de toer fan Hallum ynstoarte en de pake, dy't yn België fochten hie. Fan dy manlju wienen in soad skriftlike oantinkens bewarre bleaun. Har libbensrin wie him fanjongs ôf oan bekend. | |
[pagina 14]
| |
It wie syn oerpake Pieter Jans, dy't him yn 1830 nei wenjen sette yn Stiens. Yn 1812 hie er him as in Brolsma registrearje litten. De namme keas er om't er berne wie op 'e pleats ‘De Brol’ by HallumGa naar voetnoot4. Syn heit hie dêr buorke, Pieter Jans en syn broer Jan Jans dienen dat lykwols net mear. De reden dêrfoar wie sûnder mis, dat it bedriuw temin opsmiet. Foar't er nei Stiens ferfoer hie Pieter Jans in skoft lang foar in part eigner west fan it Hallumer beurtskipGa naar voetnoot5. Dêrnei wie er gernier yn Feinsum. Rom hie er it net, út dy jierren binne skuldbewizen bewarre bleaun. Yn Stiens begûn er in fuormanderij op Ljouwert. Pieter Jans troude yn 1800 mei Tsjitske Hessels Hommema, dochter fan in boer út FeinsumGa naar voetnoot6. Beide wienen mennist. Oer Tsjitske is suver neat bekend, namste mear lykwols oer har famylje. De mem fan Tsjitske Hommema wie Lysbet Roelofs, in suster fan 'e ‘boereprofessors’ Albert, Pieter en Arjen Roelofs. Dy bruorren bebuorken mei in oare suster in pleats tusken Hijum en Aldeleie. Alle tiid dy't se oer hienen, waard bestege oan rekken- en mjitkundige fraachstikken. It iennige útsje fan 'e bruorren wie nei de Ljouwerter merke: sa bleauwen se op 'e hichte fan 'e nijste fynsten op optysk en wittenskippelik mêd. Foaral Arjen wie ferneamd om syn kennis. Hy koe de stân fan 'e stjerren berekkenje en wist de komst fan kometen en moannefer-tsjusteringen te foarsizzen. Ien fan syn neifolgers wie Roelof Hommema, in broer fan Tsjitske. Lykas syn omkes wie er betûft yn it meitsjen fan optyske ynstruminten. Syn wichtichste prestaasje wie in spegelteleskoop, dy't yn it Frysk Museum bewarre wurdt.Ga naar voetnoot7 Brolsma wist fan 'e famyljekonneksje mei de ferneamde bruorren. Syn broer, Arjen Roelof, wie nei ien fan harren neamd. Yn ien fan | |
[pagina 15]
| |
syn reportaazjes skreau er oer it hûs dêr't se wenne hienen en dat nei lang sykjen troch in âlde frou as it ‘stjirrekikershûs’ oanwiisd waardGa naar voetnoot8. By in oare gelegenheid stelde er him foar hoe't de trije earnstige manlju, de holle fol prakkesaasjes, net neistinoar mar efterinoar rûnen om ‘noodeloos gepraat’ foar te wêzenGa naar voetnoot9. Pieter Jans Brolsma en syn frou krigen tsien bern: fiif jonges en fiif famkes. Hessel, it sânde bern, waard de pake fan Reinder Brolsma. It moat in goed houlik west hawwe. Yn 1836 memorearret Pieter Jans dat hy en syn frou al seisentritich jier byinoar binne, en ‘nog half zoo lang daar roes ik voor’Ga naar voetnoot10. Reinder Brolsma syn oerpake hie niget oan suver alles wat om him hinne barde. Saken dy't er nijsgjirrich of apart fûn hâlde er by. Yn lytse boekjes makke er oantekeningen oer it waar, berten by famylje en kunde, krupsjes, stjergefallen en ek dat er 8580 ‘dubbele passen’ sette moast tusken Hallum en Ljouwert. Grutte èn lytse saken skreau er op. Sa hearde er yn 1821 op 21 april foar 't earst de koekút, yn 1823 gie er op 9 april ‘bij de zeekust langs’ en in wike letter seach er yn Stiens ‘een drommedaris, een beer en Aapen’. Op 15 juny dat jiers skreau er op dat syn soan Roelof, dy't doe fiif jier âld wie, foar 't earst mei nei Ljouwert west hie. As jonkje hie Brolsma dy boekjes al trochsneupt en letter soe er se allegeduerigen brûke foar syn krantestikken oer histoaryske sakenGa naar voetnoot11. Folle mear noch wist er fan syn pake Hessel. Fan him wienen steapels brieven bewarre bleaunGa naar voetnoot12. Hessel Brolsma gie yn 1831 as | |
[pagina 16]
| |
ramplesant ûnder tsjinst. Earder hied er yn Achlum boerefeint west. Njoggentjin jier âld kaam er yn in hiel oare wrâld telâne. Hy trof it net. De súdlike provinsjes wienen nei jierren fan ûnfrede tsjin it Hollânske regear yn opstân kommen. Dat wie foar Kening Willem I reden om safolle mooglik Soldaten nei Noard-Brabân te bringen. Hessel Brolsma gie mei syn garnizoen op 12 maart út Ljouwert, mids april wie er yn Willemstad. Ien fan Brolsma syn lêste krante-stikken gie oer hoe't syn pake yn soldateklean, mei in ‘blompoteftige sjako’ op, thús yn Stiens ôfskie nommen hie fan 'e famylje. ‘It feintsje Hessel seit: “Sjoch noch mar ris goed om jim hinne mannen, hwant mûlk komme wy dizze brédyk nea wer binei”.’Ga naar voetnoot13 De Belgen hienen ûnderwilens in oar as kening oansocht en Willem I fûn it tiid om tsjin harren op te treden. Op 1 augustus begûn de fjildtocht, dy't tsien dagen duorre en net de oerwinning brocht, dy't de kening der fan hope hie. It soe noch jierren duorje ear't er syn ferlies tajaan woe. Hessel soe dêrom mear as fiif jier yn Brabân bliuwe. It iennichste oarlochsbarren dat er meimakke wie de ‘slach by Turnhout’. Oan syn famylje yn Fryslân die er ferslach. ‘Den 4e hebben wij op het veld voor malkaar gestaan elk met een leger en toen hebben zij eerst een schot of vier gedaan met de Kanonnen en toen begonnen wij ook met de kanonnen en toen zijn ze terugge-maceerd in een bos en verder in Turnhout en ik was met aan het tilejeeren en zijn met een veertig man van zijden door het bos gegaan.’ Hessel krige foar syn bydrage oan 'e slach in izeren betinkingskrús. Yn Brabân begûn foar Hessel it wachtsjen op 'e demobilisaasje. Syn garnizoen wiksele nochal ris fan plak. Hy fleure op as er by freonlike minsken yn 'e kost kaam en net yn 'e kazerne hoegde te bliuwen. In pear kear gie er mei ferlof, mar sokke reizen wienen djoer en beset mei swierrichheden. De famylje hâlde kontakt troch | |
[pagina 17]
| |
brieven te stjoeren. Meastentiids wie it de heit, dy't se skreau. Nei de bewende foarmlikheden, kaam ornaris syn nijsgjirrich aard daliks boppe. Sa woe er witte hoe lang de brêge by Kampen wie. Dêrnei fertelde er alle oarlochsleed dat yn 'e kranten stien hie en hoe't it famyljefeest by Atsjemuoi west wie. Heit en soan wienen yn har korrespondinsje earlik tsjin inoar. As Hessel jild brek wie, dan
Pake Hessel Pieters.
fertelde er dat. Syn heit seit by gelegenheid dat er ‘schraal by de beurs’ is en dat soks ‘nog aloude kost en ook al een gewoonte gelijk ook gij wel weet [is].’ Hy skriuwt syn soan op in stuit ek dat ‘ue oude vrijster Aaltje die getrouwd is met Folkert gelijk gij weet (...) heden morgen dispuijt gekreegen [heeft] met haar man of met de oude lieden.’ In inkele kear naam ien fan syn susters it skriuwen oer. Ek dan gie it op de bewende wize oer waar, nijs út it doarp, en de natuer: ‘onse Roose heeft veel knoppen en roosen zoo dat het een lust is te zien: ons oude poes heeft te nagt jonge poesen gebragt.’ Hessel ferfeelde him yn Brabân en hy begûn - ynspirearre troch syn heit - oantekeningen te meitsjen oer wat der om him hinne barde. Hy skreau ek lange rymstikken oer, meast yn it Hollânsk, út en troch wie der wolris wat Frysk by. Hy hellet ek wol minder froede dingen út. By in útsje op snein giet er nei Dútslân en keapet dêr mei wat maten goedkeape brandewyn yn. ‘Zoo zal ik het U maar wat kort uitleggen’, skriuwt er syn heit, ‘mijn logies is tegenwoordig in de Politiekamer en ben gestraft met vier dagen.’ Reden foar dy straf wie dat de hearen deilis rekken mei in pear mearderen. ‘Dat zal uw Lieden maar maatig voldoen (...) eerst wat Soopen en dan 4 Dagen in 't Kasje,’ is de lakonike reaksje fan syn heit. Nei in pear jier belykje de brieven fan 'e soan dy fan 'e heit yn redenrikens en libbenens. As er net lang nei it ynsidint mei de brandewyn by minsken yn 'e kost komt yn Zevenbergen, wat him | |
[pagina 18]
| |
poerbêst foldocht, skriuwt er: ‘Zoo goed en plaisierig (...) dit dorp hoort onder Noordbrabant, maar het is eigenlijk Vriesland want ik heb nog nooit in geen plaats gelegen dat zoo veel aan Vriesland gelijk was want het is hier een zwaare grond en de weilanden staan hier nog geen eens slecht; er wordt veel meekrab gebouwd en hier zijn twee Fabrieken daar het in bereid wordt (...)’ Om nochris ferlof te krijen, betinkt Hessel in ferlechje. Syn heit helpt him en skriuwt in sabeare earnstige brief oer in deasike broer en in tryste mem, ‘dus is ons verlangen dat gij spoedig overkomt’. Sa krijt Hessel in ‘Zieke Artest’ en kin er in wike of wat nei hûs. As er noch mar krekt werom is yn Brabân, begjin 1836, krijt er werklik min nijs fan thús. Uw Broeder Jan heeft in de nacht van 10 op 11 januari, Zijnde Zondag van Maandagnacht een Swaar ongeluk gehadt - toen was het hier Sterk ijs zoodat de Jonge knapen hier Schaatsenrijden konden. Na het Schaatsenrijden was er een goed geselschap van Jongvolk in de herberg des nagts waar Jan hem ook bijgevoegd en ook vrolijk met haar was (maar hij niet op schaatsen geweest) en de nagte te huijs kornende en Zig weder volgens gewoonte na de Zolder klimmende. Was Juijst op de helfe en Valt oogenblikkilijk van boven neer op de grond. Wij Zulks hoorende Springen dadelijk van het bed, de lamp opgestoken en bij hem konde Wij bijna geen leven aan hem Sien en ook geen Woorden van hem krijgen en toen wij hem oplichten of te zeggen daar wech namen, Stond het bloed onder op de grond, zoodat Wij in Eersten opslag alwat bevreest waren van te Sterven; maar niet heel lang duyrende kwam hij wat toe zigch zelf en deed niet anders dan te zeggen: Ik mat stjerre, ik mat stjerre, myn leawe memke; myn leave memke (...) It falt wol wat ta, sa't út in oar brief bliken docht, mar hielendal goed komt it net mear. ‘Zoo dat ik al van gedachten zijn dat hij daar voor altoos wel wat 't een of ander van zal overhouden.’ Ein 1836 kaam Hessel defmityf wer nei Fryslân. Syn libben nirnt in kear, as syn heit op 24 augustus 1837 ferûngelokket by Koarnjum. Hessel nimt dan syn affearren oerGa naar voetnoot14. Yn it boekje, dêr't syn heit oantekeningen yn makke oer it waar, skriuwt er: ‘Hier mede eindigt onzen vader. Uit het bovenstaande alles door hem nauwkeurig | |
[pagina 19]
| |
aangetekend moest hij op 24 dezer ongelukkig zijn leven laten door het op hol raken van een paard en wagen in 't water geraakt en verdronken. Nu zal ik H.P. Brolsma het beginnen maar met deze omstandigheden al wat in de war geraak en de nauwkeurigheid van het weer vergeten. Zoo begin ik nog met de 30 dezer.’ Brolsma skreau oer syn pake, dat dy nei syn ferbliuw yn Brabân ‘de swalkersnocht te pakken hie, en wat oars woe as it boerewirk.’Ga naar voetnoot15 Hy begûn as boade mei it pak op 'e rêch. As yn 1847 de dyk nei Ljouwert ferhurde wurdt, keapet er in kroade. In fierdere ferbettering is in karre mei in hûn der foar. Yn lettere jierren hat er in omkesizzer, Hessel bij de LeijGa naar voetnoot16, yn tsjinst. In boade hie it betrouwen fan syn klanten nedich. Hy helle en brocht net allinnich bestellingen út 'e stêd, hy wie ek de tusken-persoan dy't de kredytweardigens fan syn doarpsgenoaten beoardielje moast by de winkellju. Dy betrouden op syn ynsichten. Men mei oannimme dat Hessel Brolsma de transaksjes tusken debiteur en krediteur sels ferrekenne, dêr siet gjin bank tusken. As boade behearde er ek de brievepost, hy wie besteiler en hâlde de administraasje by. Men mei ek oannimme dat de Stienzers faak syn help nedich hienen by it lêzen en beäntwurdzjen fan 'e brieven. Sekuer en sunich as er wie, koe er it boadewurk mear as 45 jier úthâldeGa naar voetnoot17. Hessel Brolsma like op syn ûndernimmende heit. Lykas him hâlde er ek in soad saken by yn oantekenboekjes. Hy gie noch in stap herder en begûn bysûndere dingen te sammeljen. Syn pakesizzer soe him letter fernuverje oer de snaffel fan in albatros, in opiumpypke, in hertegewei, de bek fan in grutte slang ‘sa geef as kryt mei rounom twa as trije rigels steande skerpe toskjes en likefolle lizzende’ en de ‘seage fen in seagefisk, in (...) âlde rariteit, det | |
[pagina 20]
| |
fiskerwapen, in stik bien mei frijwol stompe takkels op beide kanten lâns.’Ga naar voetnoot18 Hy hearde ta de yntekeners op Eekhoff syn Geschiedkundige Beschrijving van Leeuwarden (1846). Syn namme en fiinksje (‘postbode’) falt op tusken de dûmny's, abbekaten en heechleararen. Yn 1840 troude Hessel mei Antje Ulkes Stinne út Stiens, dochter fan in bakker. Hy hie mei har broer Johannes ûnder tsjinst west. Alhoewol't beide út in skaai fan mennisten kamenGa naar voetnoot19, gienen Hessel en de frou oer nei de Herfoarme Tsjerke. Yn it tsjerklike hie Hessel ûnder tsjinst al serieus west. Sa skreau er yn 1835 út Breda wei oan syn heit: ‘Ik kan U melden dat ik hier gaan te vraag leeren en als wij hier wat lang leggen blijven dan ook met aangenomen als ik het doen wil want dat doen ze hier nog al gauw, veel gauwer als thuis maar dan moet er ook van Doopen in komen (...)’ | |
‘It âlde doarp’Stiens telde yn 'e tiid fan Hessel Brolsma, mids njoggentjinde ieu, sa'n 1800 ynwenners. Yn 1890 wienen dat der al mear as 2000. It doarp wie boud op en om de terp mei dêrop de foarse St. Vitustsjerke. Om it hôf stie in dûbele rige linebeammen, dêr't de toer karakteristyk boppe út stiekGa naar voetnoot20. It doarp lei op in sintraal punt tusken Ljouwert, it Bilt en noardlik Fryslân. Troch de Stienzerfeart wie it ferbûn mei de le. Foaral freeds, as it merk wie yn Ljouwert, brûkten de boeren út 'e omkriten it doarp as pleisterplak. Dat wie ek de reden dat Stiens fiif herbergen telde. Ien kear jiers waard yn it doarp sels in grutte feemerk hâlden. Stiens wie in boudoarp, it lei mids âld en nij lân. Dat lêste, wûn op 'e Middelsee, wie djoerder as it oare, mar frege ek hegere kosten foar bewurking en ûnderhâld. Rûnom stienen grutte pleatsen en de | |
[pagina 21]
| |
spultsjes fan gernieren, yn it doarp wennen foaral de arbeiders. Mei't Stiens grutter waard en troch de ferhurde dyk bettere ferbiningen krige, lieten rinteniers oan 'e bûtenkant fan it doarp moaie nije huzen sette. Sa waard Stiens ek mear en mear in doarp fan lju mei jild. Yn 1868 ferhuze Piter Jelles Troelstra mei syn âlden fan Ljouwert nei Stiens, neidat er ek al yn Koudum en Assen wenne hie. Yn itStiens, hoeke Skilwei-Tsjerkeplein.
doarp skipe er syn leafde foar it Frysk èn kaam er yn 'e kunde mei klasseferskillen. Wylst arbeiders earm bleauwen, libben de boeren yn weelde. Dat wienen de boeren, dy't ‘op hjar great spil, dêr de greiden en de boulânnen wiid om hinne laeijen, as keningen it biwâld fierden oer fammen en feinten, oer de arbeiders dy't tichte by yn hjar “keamers” wennen, oer hynzers en kij en al, hwet der mei it boerespil mank is.’ Troelstra kaam as jonkje ‘jimmeroan wer ûnder 'e ynfloed fen det greate, rynske, oerdedige, det my tablonk fen 'e wide hôven mei apels en parren, de kelders mei aden fol reamme, mei | |
[pagina 22]
| |
bûter en tsiis, de fetten mei sûpe en waei, de greate plakken droech spek, dy't njunken ús panne op tafel dellein waerden, as wy mei it folk ieten en de tsjokke giele bry, dêr't wy ús it liif fen op 'e least ite koene.’Ga naar voetnoot21 Doe't de Troelstra's yn 1875 werom gienen nei Ljouwert, wie de bêste tiid foar de boeren al wer foarby. Rillegau soe de krisis komme. Stiens wie in âld doarp mei in rike skiednis. De measte bewizen dêrfan, de Burmania-state, de Unia-State (de terp waard ôfgroeven yn Troelstra syn tiidGa naar voetnoot22) of de Riniastate, wienen allang ferdwûn. Der wie noch de Juckematerp, dy't net earder as yn 1899 ôfgroeven wurde soe. Neist de moaie nije huzen, dy't set waarden, hie Stiens ek al sûnt jierren in earmhûs. It wie ien fan 'e earste doarpen fan Fryslân mei in bewarskoalle. De legere skoalle lei, foaral ûnder it bewâld fan master Heart de Jong, op in bêste namme. Yn 1873 kaam der in kristlike skoalle. Yn 1844 krige Stiens in nije dûmny, Meyboom. Hy soe dêr mar twa jier bliuwe, mar as fertsjintwurdiger fan 'e ‘moderne’ rjochting yn 'e Herfoarme Tsjerke, grutte ynfloed krije. Him foelen yn Stiens foaral de sosjale misstannen op en it grut tal analfabeten. As in twirrewyn begûn er mei ferbetteringen en feroaringen. Syn opfolger, Ds. Brugsma, dy't Troelstra ek meimakke hat, wie in sêftmoedich man, dêr't net folle besieling fan útgong. Yn syn tiid gie - nei lange jierren fan striid - it behear fan 'e tsjerke oer fan 'e rike boeren nei de manlike lidmaten. Der wienen mear maatskiplike feroaringen. It sosjalisme kaam op en de Ofskieding krige syn ynfloed yn it doarp. Yn 1867 hienen de ôfskieden kristenlju al har eigen gebou yn it doarp, yn 1878 waard it in selsstannige gemeente mei in eigen dûmny. Foar wa't út Ljouwert nei Stiens gie, begûn it doarp yn Brolsma syn jonge jierren by de herberch Koudenburg, ‘in plaijsante gelegenheid mei boppeseale en trochreed.’Ga naar voetnoot23 Wa't dan oer de brêge | |
[pagina 23]
| |
it doarp yngie, seach daliks foar him op in lytse hichte in grutte pelmole stean. ‘Skean tsjin it doarp oer foarme hy in prachtich gehiel dêrmei; dêrwei like it doarp skildereftich (...)’Ga naar voetnoot24 skreau er letter. In eintsje fierderop stie herberch De Briel, ‘in rejael spil mei seldsum romme brede boppeseale’Ga naar voetnoot25 oan it Achterbosk. Dan begûn by de feart lâns de Langebuorren, de wichtichste strjitte fan it doarp. Oan 'e oare kant fan dy feart leinen de Bijkelannen. Troelstra skreau dêroer: ‘een mooie weide, die uitzicht gaf op meenig heerlijken zonsondergang weerkaatst in de ramen der huizen. Daar lagen gewoonlijk turfschepen, het “potschip” en hetgeen verder langs de Stienser vaart het dorp had bereikt.’Ga naar voetnoot26 Healwei de Langebuorren stie Café Rustenburg.Ga naar voetnoot27 Dêr begûn dan echt de buorren. Rjochtsôf by dat kafee wie de strjitte dêr't eartiids in kleaster stien hie. Fierderop wie dan de Kakkewei, neamd nei de rûchskernes dy't dêr te finen wienen. Yn dat part fan it doarp wennen meast earme arbeiders. Op 'e terp, om it tsjerkhôf, stienen de pastory, it doktershûs, it skoallehûs en noch twa herbergen, Het Lands Welvaren en op it heechste punt De Twa Springende Hynsten. Oer de feart, dy't by de terp lâns rûn, wie noch in strjitte dy't Smellenbrug hiet. Eastlik op de terp stienen de skoalle en it earmhûs. Krekt foarby de tsjerke hâlde it doarp op. Dat wie by it wite stek oan it begjin fan 'e Skilwei, op nei Froubuorren en krekt achter de pastory by de Feinsumerdyk, op nei Hallum. ‘In smelle púnwei en in brede âlde modderreed koersten op nei it Westen ta mei tal fen sydpaden om de kommunikaasje mei de âldlânske boeren to ûnderhâlden, de Dokkumer le sûnder brêgen ef oerset skaette it Stienser gebiet forgoed fen oare wrâlddielen ôf.’Ga naar voetnoot28 Ien kear yn 't jierwie it Stienzer merke. Lykwols, de Stienzers sochten ek om oare ferdivedaasje. Under ynfloed fan it Winterjûnenocht krigen se aardichheid oan komeedzjespyljen. Yn 1865 waard de resitearklub Oefening en Genoegen oprjochte. Yn 1872 hâlde dy der | |
[pagina 24]
| |
mei op en in nije klub, Oefening kweekt Kennis naam it oer. De lju fan dy klub rjochten op 1 desimber 1875 de rederikerskeamer Halbertsma op. Ien fan 'e minsken dy't dêr op dy Jûne fan 'e earste desimber op 'e boppeseal fan De Briel by wie, wie Ulke Brolsma, soan fanboade Hessel Pieters. Hy waard skriuwer fan 'e nije keamer. | |
Ulke Hessels, Reinder syn heitUlke Hesseis wie yn 1875 34 jier. Hy wurke by notaris SchaaffGa naar voetnoot29. Dat er net yn 'e fuotleasten fan syn heit fierder gien wie, kaam om't er goed leare kinnen hie. Klerk op in notariskantoar wie foar in yntelliginte, iverige jonge in bêst plak mei mear fertsjinst as in arbeider of lytse selstannige hie. Brolsma sei der letter fan: ‘Wy foeren ûnder it flaggefertoan fen gnappe lytsboargerlikens. Dit scil nei alle gedachten komt wêze om't ús heit in kantoarbaentsje hie en hearde ta de dysoartigen dy it mei it wyt om fortsjinje kinne. Wy besieten neat oan jild - noch ierdske goederen en koenen fan datoangeande ús lokkich fiele.’Ga naar voetnoot30 Ulke wie de iennige soan fan Hessel en syn frou Antsje. Twa famkes wienen jong stoarn, de trije oare famkes wienen troud en wennen ek yn StiensGa naar voetnoot31. Ulke hie niget oan boeken en hy wie dêrby tige Frysksinnich. Alle Fryske útjeften, dy't er besette koe, kocht er. In brief út 1865 lit syn entûsjasme foar it Frysk oer sjen. Doe't syn heit by âlde kunde yn Brabân op besite west hie, skreau er: Veel genoegen heeft vader op zijn reis gehad, maar vooral te Almkerk, 't welk mij groot pleizier doet want toch al lang waren de gedachten naar N. Brabant gevestigd geweest, en eenigzins is nu het zin voltooid, eenigzins, want de tijd was te kort die hij in het bij zijn van U allen heeft doorgebragt. | |
[pagina 25]
| |
zelfs in N. Brabant bekend is. In de laatste tijd is hier namelijk te Franeker eene nieuwe courant uitgegeven onder redactie van den ook U welbekenden Waling Dykstra en nu dacht het ons wel eene aardigheid te wezen de beide eerste no's eens naar Almkerk te sturen en gij zult dezelve met deze brief onder kruisband ontvangen. Alles in dezelve is Friesch (...) Mei Waling Dykstra krige er briefwiksel. Earst handele dy oer it selskip Halbertsma, letter gie it mear om algemiene literêre saken. In fergelykber kontakt hie er mei Tsjibbe Gearts van der Meulen. Ulke Hessels hie net allinnich niget oan literatuer, ek skiednis en folksaardige dingen folge er yn 'e Ljouwerter Krante. Sa is korrespondinsje bewarre bleaun mei BoelesBrolsma syn heit.
oer terpôfgravingen en mei Hepkema oer dy syn ‘Eenvoudige Memories’. Ut dy brieven komt de heit fan Reinder Brolsma nei foaren as in tige saakkundige man, dy't freonlik mar beslist syn miening jout. Hy waard yn 1902 lid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Maatskiplik wie er foarútstribjend. Hy waard lid fan 'e Provinciale Friesche Werkliedenvereeniging, oprjochte yn 1870. Hy hie grutte bewûndering foar mannen as Troelstra, Stellingwerf en Van der Zwaag. Ien fan syn helden wie Feike Plantenga, ek in Stienzer, dy't er koart foar dy syn dea noch opsocht hat yn Amsterdam. Hy lies it Friesch Volksblad. Sosjalist wie er lykwols net, dat wie him te radikaal. Hy stie foar better ûnderwiis, koperaasjes, kiesrjocht en bestriding fan wurk troch bern, mar it partikulier eigendom moast earbiedige wurde. In fûlere hâlding soe mooglik ek syn baan by de notaris bedrige ha. Brolsma soe him der letter oer fernuverje: ‘Dat is sa freamt n't wier, dat sokken lyk as hy en mear oarden, dochs wol untwikkele minsken, stean blieuwen op healwei. En benammen is it dat, as men wit, ho fuleindich hja dweepten mei Piter Jelles- | |
[pagina 26]
| |
Stellingwerfen fral net minder mei Feike Plantenga (...)’Ga naar voetnoot32 It klerkewurk bestie út skriuwen, de hiele dei troch. Akten, brieven, testaminten. Thús skreau er ek noch fan alles oer: nijsgjirrige stikjes út in tydskrift of de krante, brieven. Nei syn pinsjoen gie er dêr mei troch en kopiearre wichtige tsjerkestikken. Op it kantoar hearde er petearen oer ‘kondysjes kontrakten’, oer fuot- en kroadepaden en ‘paden ter bede’. Op boelguodden siet er soms de hiele dei mei de notaris yn 't heafek by in tafel te skriuwen. Hy makke de argewaasje mei dy't Alde Maaie en Alderheljen brochtenGa naar voetnoot33. It like syn soan in ideaal berop om stof foar ferhalen op te dwaan. Dat syn heit him dêr net ta set hie, fûn er spitich. ‘Mar hy koe tink net út ein sette en freesde faeks ek, dat hy immen as syn heech achte foreare freon Waling Dykstra lang net bilykje koe. Sadwaende bleau it by in lytse skermutseling oer plaknammen en âlde folkssankjes, yn alle gefallen doarde hy de krante lang net oan. Djip ûntsach: in ferske, in rymke, kom alà, mar in stikje...’Ga naar voetnoot34 Mear en mear makke Hessel mei dat boeren de kop der net foar hâlde koenen. Mids santiger jierren begjint de minne tiid. De prizen fan it gemaak sakje dramatysk om't Amerikaansk nôt op 'e Europeeske merk brocht waard: tsjin 'e lege prizen kinne de eigen boeren net op. Mei troch minne rispingen yn 'e simmers fan 1877-1880 rekken de Nederlânske boeren yn in hopeleaze konkurrin-sjeposysje. It gefolch is dat de leanen al mar leger wurde, it tal wurkeleazen oanwint en it tal faillisseminten ek. Fan 'e gloarje fan 'e boeren bliuwt net folle oer. Foar in soad arbeiders jildt: Ierappels enjenever foarmje it gewoane hongerdieet. Yn dy jierren waakst de sosjalistyske beweging yn Fryslân hurd oan om't yn 'e machts-ferhâldingen noch altyd gjin feroaring komt. In soad wachtsje net op 'e nije tiid en geane nei Amearika. Ulke wie krekt as syn heit en syn pake in samler. Op boelguodden kocht er meast boeken, mar ek wol tekeningen of âld porslein, pipekoppen, munten en postsegels. Foaral op sneon, as Joadske | |
[pagina 27]
| |
keaplju ôfwêzich wienen, koe er syn slach slaan. Hy betelle syn oankeapen troch te besunigjen op syn tabaksgebrûk. Yn juny 1869 wie er yn Stiens troud mei Jantje Jolkes Timmerman. Se wie berne yn Wolvegea. Har heit wie ôfkomstich fan Steggerda en hie yn Wolvegea in timmersaak en weinmakkerij hân. Har mem kaam fan Makkingea. Jantje wie de jongste fan seis bern. Har âlden wienen net âld wurden, mei alve jier wie se al weesGa naar voetnoot35. Se hat as faam wurke yn Aldeboarn en Aldskoat. Yn 1863 kaam se nei Stiens ta en wurke dêr in jier by in boer yn it doarp. Sûnder mis binne sy en Hessel Brolsma doe mei inoar yn 'e kunde kommen. Yn 1864 is se werom gien nei Aldskoat en hat dêr oan har trouwen ta wurkeGa naar voetnoot36. Se moat in leave, soarchsume frou west ha.Brolsma syn âlden.
Se hie tsjinne by rike minsken en dêr goed itensieden leard. Apart wie dat se net lije woe dat har dochters trouden, alle manlju dy't foar de fammen kamen, stegere se by de doar of. In fierdere bysûnderheid is dat se yn 'e poer Frysksinnige húshâlding yn Stiens har hiele libben Stellingwerfsk prate. Oer syn mem hat Reinder Brolsma net folle skreaun. Ien útspraak fan har hat er lykwols meardere kearen memorearre. ‘En whet wit ik nog best fen dy [Broedertrouw]meetings op Snein as dy minsken allegeare fredich en wol troch Stiens gongen. 't Scil my nea ferjitte - 't wier op in prachtig mooie sneintomoarn, wy stienen forhús en do hja sa forby gongen sei ús Mem - dy't har dochs oars nea oer dy dingen útere, mar dy under de ynfloed kaem fen al dy stille minsken[:] “en ik leauw sekuer dat | |
[pagina 28]
| |
ús Leaven Hear net tsjin harren is, hja habben gjin ferkeard doel”.’Ga naar voetnoot37 It earste bern kaam in jier nei harren trouwen, in famke. De jonge húshâlding wûn dêrnei hurd oan: nei Anna (1870), kaam Hessel (1871), Wiebrigje (1872), Wietske (1874), Jolke (1875), Pieter (1878) en Arjen Roelof (1880). Foar safolle bern wie it lean fan in notarisklerk net grut genôch. Ulke naam dêrom ek de boekhâlding fan 'e tsjerke-earmfâd oer. Sa siet er op snein ek noch te skriuwen. Doe't frou Brolsma yn 1881 wer yn ferwachting rekke, wenne de famylje yn in helte fan in dûbele went oan 'e Skilwei, oan 'e râne fan it doarp. De wei hie de âlde ferbining tusken it doarp en de Middelsee west. De namme hie er krigen om't de skulpen dy't noch achter de Hegedyk fûn waarden, oer dy wei nei it doarp brocht waarden foar it tsjerkepaad. Hjir wie it dat op 23 maaie 1882 Reinder Brolsma berne waard. |
|