Sa'n tûzen blauwe skriften
(2001)–Doeke Sijens– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 9]
| |
Ta ynlieding
| |
[pagina 10]
| |
lokst wie it ûnthâld fan syn dochter geweldich, dat noch aardich wat ynkleuring fan syn deistich libben wie mooglik. Mar it feit bliuwt, dat dit boek bytiden mear op in rekonstruksje liket as op in biografy. Fyftich jier nei syn ferstjerren hâldt Reinder Brolsma de biograaf noch altyd op distânsje. Dat der sa'n bytsje materiaal is, jout it risiko dat it ljocht op saken falt, dy't mooglik minder wichtich west hawwe as oare, no foargoed weirekke feiten. Dêrmei kin dit boek deselde krityk krije dy't Brolsma destiids altyd wer ferneare moast: it is tefolle in skets, temin in gehiel. Hooplik krijt dit boek de lêzer sa't Brolsma him dy ek winske: ien dy't oan fragminten genôch hie om in kompleet byld te krijen. Dit is net de earste kear dat Brolsma oandacht kriget. Benammen syn hâlden en dragen yn 'e oarloch hat nochal ris op it aljemint west. Ek de reden dat Brolsma syn libbensein sels keazen hat, brocht skriuwers ta spekulaasjes. It hie gjin probleem west om mei dy skriuwers (meast historisy) in polemyk oan te gean, mar ik ha my behearske. In lyts bytsje argewaasje oer guon auteurs is noch werom te finen yn 'e noaten. It doel fan dit boek is om in earlik en kompleet byld te jaan fan Brolsma syn libben en wurk. It is gjin hagiografy mar ek gjin rekwisitoar. It ûnferstannige gedrach út 'e oarlochsjierren komt oan 'e oarder, lykas syn tragyske dea en de fleurige jeugd yn Stiens. De boarne fan Brolsma syn bestean wie syn kreativiteit. Doe't dy opdroege, begûn de mankelikens. Ien reden om dit boek te skriuwen wie de oandacht foar Brolsma werom te bringen nei syn wurk. Faak is klage dat safolle fan dat wurk fersille lei yn tydskriften. Mar net ien hat oant no ta de muoite nommen dat wurk te lêzen of systematysk nei te gean. Prachtich of nijsgjirrich wurk bleau lizzen. De persoan Brolsma bliuwt ek mei it ferskinen fan dit boek foar in part in ûnbekenden. De skriuwer, dy't sa'n tûzen blauwe skriften folskreaun hat, is mei dit boek folslein nei foaren helle. Brolsma kin wer lêzen wurde. |
|