Tankbetsjûging
Dit boek hie sûnder de royale meiwurking fan de Brolsma-famylje net skreaun wurde kinnen.
Ulke Brolsma, as fertsjintwurdiger fan de famylje, hat alle war dien om my te helpen en liet my sûnder restriksje argiven en papieren ynsjen.
Frou Jantsje Kaptein-Brolsma, dochter fan Brolsma, wie elke kear wer ree om nije fragen te beantwurdzjen. Alles wat se wist sette se foar my op papier. Ik bin der grutsk op dat ik har betrouwen foar dit projekt krigen ha. Dat sy de publikaasje fan it boek net mear meimakket, muoit my tige.
Dit boek hat fiif jier ûnderweis west. Jelle Krol hat al dy tiid geduldich nei my harke, advizen jûn en ynhâld en stavering fan de o sa stadich waaksende haadstikken neisjoen. Elke skriuwer soe sa'n freon ha moatte.
In grut tal minsken ha foar dit boek holpen mei ynformaasje, mûnling dan wol skriftlik. Elk wol ik betankje:
Famylje Brolsma
Jantsje Kaptein-Brolsma (†) en Jan Kaptein, Frou Antje Brolsma-Slot, Ulke en Simona Brolsma, Janke Brolsma, Nanne Brolsma, Jolke Brolsma, Rein Brolsma, Frou A.B. Brolsma-Schop.
Sjoerd van der Schaaf, Tsjerk Jehannes de Jong (†), Piter Terpstra, Freark Dam, Teake Hoekema, Meinte Walta, D.A. Tamminga, Berber van der Geest, Mentha de Jong, Babs Gezelle Meerbrug, Piter Boersma, Rob Kleijngeld, P.J.C. Elema, Jan J. Bylsma.
Unmisber wie it flmd: meiwurkers en argiven, it is net mooglik te sizzen wat it wichtigste west hat foar it skriuwen fan dit boek.
Ek oare ynstellingen moatte neamd wurde: Ryksargyf fan Fryslân,