De besleine spegel
(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 209]
| |
Sjenre‘It bêste fers dat Fedde Schurer skreaun hat, wie syn libben,’ mei E.B. Folkertsma dan ris sein hawwe, yn dizze autobiografy hat de dichter net it doel hân syn libben ta literatuer te meitsjen of syn libbensferhaal ta in roman. Hy hat besocht de dingen dy't er belibbe hie fan alle kanten te besjen en rjochtút ferslach te dwaan fan wat him wjerfearn wie. In ‘autobiografy’ yn strikte sin mei De besleine spegel winliken net neamd wurde. It is mear in rige losse autobiografyske sketsen dêr't it fêstlizzen fan de feiten wichtiger yn is as it inerlik belibjen. Hy fertelt foar de fûst wei, sa liket it, oer de eveneminten dy't syn libben bysûnder makke hawwe. Wat krekt syn motivaasje west hat ta it skriuwen fan syn libbensferhaal, wurdt net rjocht dúdlik. Wierskynlik hat er der gewoan nocht oan hân dy moaie ferhalen op te ikkerjen. Yn in deiboek noteart de skriuwer de dingen dy't er op dat stuit de muoite wurdich achtet om te ûnthâlden; yn in autobiografy sjocht er werom oer in langere tiid en besiket er in line te finen en ferbannen te lizzen. Dat lêste is Schurer net genôch oan ta kommen. De autobiografy is as literêr sjenre net earder as om 1800 hinne opkommen. Dat dat doe barde, hinget gear mei sosjale prosessen. Yn it begjin fan de 19de ieu krige de minske mear en mear syn wearde as yndividu. De persoanlikheidsidealen feroaren, der kaam belangstelling foar de eigenaard en foar pedagogyske fraachstikken. Mei troch feroarjende ferwachtings fan in libben nei de dea waard it libben hjir op ierde en wat in minske dêr sels fan makke, wichtiger. De measte autobiografyen binne skreaun om ferantwurding ôf te lizzen fan it belibbe libben. De skriuwers jouwe in ynterpretaasje fan de eigen ûnderfiningen en besykje dêrby om ynsjoch te krijen yn de eigen motivaasje. | |
[pagina 210]
| |
As mei it skriuwen fan in autobiografy begûn wurdt yn in situaasje fan ûnwissens - wat gauris bart - dan sil der ek faak in elemint fan sels-rjochtfeardiging yn sitte. De autobiograaf hat der ferlet fan betsjutting oan syn libben te jaan, om der sadwaande wer fan oertsjûge te reitsjen, dat syn libben dochs wol de muoite wurdich west hat. It ferhaal kin tsjinje ta meardere gloarje fan himsels, mar ek fan de streaming, aksje of beweging dêr't er diel fan west hat of him foar ynset hat. Yn it gefal fan Schurer soe dat de Fryske Beweging west hawwe kinne, mar út syn boek blykt net, dat er - al jout er dêr wol in byld fan - no sa spesifyk in stik bewegingsskiednis behannelje wollen hat. Lykas libbensbeskriuwingen fan grutte figueren faak in pedagogysk doel tsjinje en sjen litte wolle, hoe fier in minske it bringe kin troch iver en trochsetten, sa kin ek de autobiograaf - faaks ûnbewust - in foarbyld foar oaren wêze wolle. It boek fan Schurer lit bygelyks sjen dat in gewoane Fryske arbeidersjonge bêst Keamerlid wurde kin. Neat yn syn boek wiist der lykwols op, dat ús skriuwer derop út west hat soks dúdlik te meitsjen. Memoires wurde meastentiids skreaun fanút in bepaalde status en behannelje minder de persoanlikheid as de karriêre. Gauris hâlde se ek op by it momint, dat de iepenbiere funksje opjûn wurdt en de sosjale rol útspile is. In ferskil tusken memoires en in autobiografy is, dat it earste sjenre feitliker is, wylst yn it twadde oan de feiten in subjektive betsjutting jûn wurdt. In autobiografy hat sadwaande mear kâns wat literêrs te krijen. | |
FoarbyldenYn Fryslân hat G.A. Wumkes yn syn Bodders yn de Fryske striid (1926) in hiele rige libbensbeskriuwingen jûn fan belangrike minsken. J.J. Kalma hat syn wurk fuortset yn Dit wienen ek Friezen, dêr't it earste diel yn 1964 fan ferskynd is. Yn de tydskriften is sa foar en nei noch alris wat ferteld oer it libben fan ‘bekende Friezen’. Skriuwe oer it eigen libben barde minder | |
[pagina 211]
| |
faak. J. van der Tol hat yn Sljucht en Rjucht in kearmannich in rige hân mei oantinkens, T. Nawijn skreau yn It Heitelân oer syn Beetster tiid, D.B. Miedema hie yn De Strikel in rige oer syn wurk by de krante, Barend van der Veen yn de Drachtster Courant benammen oer syn toanielspyljen en sa hawwe der mear west. Schurer hie in tal dúdlike foarbylden fan autobiografyen yn de boeken fan Troelstra (Gedenkschriften), Wumkes (Nei sawntich jier) en Hof (Fjirtich jier Fryske Taelstriid). Oars as dy foargongers dy't soms wiidweidich sitearre hawwe út brieven en eardere publikaasjes, neamt Schurer gjin boarnen. Lykwols sil er wolris wat neislein hawwe yn syn moai grutte brievesamling, syn brosjueres, boeken, tydskriften en knipsels. Faaks hat er ek ynfloed ûndergien fan Hollânske foarbylden. | |
WurdearringDe beswieren dy't jo tsjin it autobiografyske sjenre ynbringe kinne, lykas ûnfolsleinens en fertekening fan de feiten omdat it minsklik ûnthâld no ienris selektyf is, jilde ek foar De besleine spegel, mar it boek fan Schurer stiicht dochs boppe frijwat eigen libbens-beskriuwingen út. Dizze auteur hat echt wat meimakke en mei syn libbene wize fan fertellen, syn humor en relativearringsfermogen hat er der in weardefol minsklik dokumint fan makke. De yndruk dy't de lêzers fan it boek oerhâlde, is dat it mei grutte myldens skreaun is. By it tebeksjen binne de skerpte fan de konflikten en de heftigens fan de emoasjes fersêfte. De toan is nearne gelykhawwerich. Schurer hat konflikten hân dy't net noflik foar him wiene, mar syn karriêre is dêr net troch brutsen. Op syn âlde dei hat er mei wiisheid it ferline beoardielje kinnen. In seker selsbewustwêzen sprekt wol út it boek: de man dy't sûnt syn Lemster skoalmastersjierren wat mear fan de wrâld sjoen hie en de minsken better kennen leard hie, wie ree om syn âlde fijannen har flaters te ferjaan. ‘Hy hat harren sparre’ skreau Rink van der Velde yn De Strikel (1968, Fedde Schurer- | |
[pagina 212]
| |
nûmer, side 21) doelend op Schurer syn behanneling fan ‘de mannebruorren’ yn De besleine spegel. | |
It ûntstean fan it boekSelsrjochtfeardiging wie foar Schurer grif net it earste doel fan it notearjen fan syn oantinkens. Yn in deiboekoantekening fan 5 oktober 1940 stiet te lêzen: ‘Ik wol no begjinne mei de grutte en lytse mominten fan 'e dei op te skriuwen. Faaks foar letter foar in boek. Ik ferjit safolle en nim sa ûnkrekt op. “Without writers to record, who shall remember?” lies ik yn Lifes and Letters today. It jildt ek foar it lytse libben.’ Al yn 1939 hie er in foech autobiografysk oersjoch makke fan goed fyfteheal side op fersyk fan H.K. Schippers dy't op 20 desimber 1939 foar de krite Drachten fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse in lêzing hâlde soe oer it dichterskip fan Schurer. Yn al syn beheindens lit dat oersjoch, dat op it flmd bewarre wurdt, al wat sjen fan de opset, dêr't Schurer letter yn syn De besleine spegel ek wer foar kieze soe. Utgeande fan de familiale eftergrûn fertelde er oer syn oplieding en ûntjouwing, syn earste literêre warberens, de Lemster skoalkwestje, it ferfarren nei Amsterdam en syn ûnbefredigjende ûnderfining mei de provinsjale polityk. It stik einige mei: ‘Bin ik geastlik folle feroare? Ik mien fan net. Faaks formulearje ik wat oars; it leauwe fan Heit en Mem is mines bleaun. Ik haw gelegenheid hân, en de gelegenheid waarnommen, om kunde te meitsjen mei it frijsinnich Kristendom, it humanisme, it ateisme en alle farianten fan dizzen. It bêste foldocht my de ienfâldige, djippe en dichterlike grûnformulearring fan de wierheid, sa't it Kristendom fan alle tiden dy formulearre hat, mei alle wurdearring dy't ik foar oaren godtank hawwe mei. Ik bin earsuchtich, dat is te sizzen, ik wol jerne in goed dichter wêze foar myn folk.’ Dêr sprekt it ferlet út ferantwurding ôf te lizzen oer de ynnommen posysje. Ek docht út dit oersjoch bliken dat Schurer al earder stoffe út syn eigen | |
[pagina 213]
| |
libben brûkt hie en wol yn it feuilleton Geart, dat yn 1928 en 1929 yn De Stim fen Fryslân stien hat en dêr't ‘yndrukken út myn earste bernetiid yn dellein binne’. De konklúzje mei wol wêze, dat Schurer al langer mei it idee omrûn hat om ea nochris ‘memoires’ te skriuwen. De earste publikaasje fan wat úteinlik de útwurking fan dat idee wurden is, wie yn De Tsjerne 1964 (siden 293-305). Mei as titel ‘Drachten’ waard it foarste haadstik ôfprinte fan De besleine spegel in ‘skielk te ferskinen autobiografy’. It twadde haadstik ferskynde yn De Tsjerne 1965 (siden 84-92). De fierderop yn dy jiergong útjûne ympresje mei as titel ‘De foarste dei’ hat faaks in earder besykjen west om ûnder wurden te bringen wat letter op side 101 fan De besleine spegel beskreaun is. Fan 2 desimber 1967 ôf oant 6 april 1968 hat it ferfolch op de beide earste haadstikken yn achttsjin ôfleveringen yn De Friese Koerier stien ûnder de titel fan it boek mei as ûndertitel ‘Fedde Schurer fertelt út syn libben’. Jelle Hartsema makke der yllustraasjes by. De lêste kears skreau de redaksje: ‘Dit artikel is it lêste dat Fedde Schurer skreaun hat foar de rige oantinkens út syn libben. Hy mocht it net mear ôfmeitsje. Foar't de kopij ree wie hat de dea him fan ús weinommen.’ | |
De ‘unvollendete’ fan SchurerBy alles wat as taljochting op Schurer syn autobiografy opmurken wurde kin, bliuwt it net foltôge-wêzen fan dit boek in yntrigearjend aspekt. Net yn absolute sin: net ien kin syn eigen dea beskriuwe en in autobiografy is dus útsoarte nea folslein. Mar Schurer syn boek hâldt yn 1961 op, sân jier foardat der in ein kaam oan it libben fan de auteur, wylst er yn in fraachpetear yn it krystnûmer 1966 fan de Friese Koerier al ferklearre hie, dat syn mémoires sa goed as ree wiene en it oare jier by Moussault yn Amsterdam útkomme soene. Hy hat fansels net witte kinnen, dat er noch mar sa'n bytsje tiid hie, mar hy wie hertpasjint en hie | |
[pagina 214]
| |
him yn plak fan oan De gitaer by it boek te wurkjen der ta sette kinnen om earst dien wurk te meitsjen mei it opskriuwen fan syn oantinkens. Dat er in blêd fan it manuskript yn 'e masine hie op it momint, dat de fatale oanfal kaam, bewiist dat er der noch wol fierder mei wollen hat. Mar hoe fier? Soe er wol nocht hân hawwe oan it opikkerjen fan syn ôfskie fan De Tsjerne, fan de Twadde Keamer, fan de krante? Hie er yn de jierren nei 1961 net te folle pynlike konflikten hân mei eardere kollega's en freonen, wiene net te folle dingen út it ‘ûnbestoarne ferline’ net mear útpraat? De tiidneed dêr't er neffens Wadman (Mei Abraham fûstkje, side 113) permanint yn siet, kin him nei 1963, doe't er sawol syn wurk yn de sjoernalistyk as yn de polityk beëinige hie, net mear sa fûl pleage hawwe. It moat wol wat yn himsels west hawwe, dat makke dat er net maklik skriuwe koe oer de tiid, doe't er net mear de sintrale figuer yn de Fryske skriuwerij wie en fan jongeren skoudere waard. Dichter as er te'n djipsten dochs wie - mear as proazaskriuwer - hat er de teloarstelling om dy dingen noch wol yn fersen uterje kinnen, mar net mear yn syn autobiografy behannele. |
|