edysje is yn 1969 opnommen yn it útjefteplan fan De Fryske Bibleteek as nûmer 115. Ut de administraasje blykt, dat rom 1100 eksimplaren ûnder de abonnees ferspraat binne. De útjouwer skriuwt oan mefrou Schurer, dat yn 1970 308 Fryske eksimplaren ferkocht binne en 863 fan de oersetting. Der binne dan noch sa'n 300 Fryske en 900 Hollânske yn foarrie.
De ûndertitel by it Fryske boek is ‘Autobiografy’, dy by de Hollânske útjefte is justjes beskiedener en winliken better: ‘Herinneringen’. It boek waard tige goed ûntfongen en krige prachtige kritiken wat sa koart nei it ferstjerren fan de auteur wol begryplik is. Nettsjinsteande de geunstige ûntfangst is der net in werprintinge kommen. Yn 1980 hat de Friese Pers dêr noch al plannen foar makke. Yn it flmd leit in brief fan Martin Hopman oan Wil Schurer-de Vries mei in net útfolle, mar al fan mefrou Schurer ûnderskreaun kontrakt. Wierskynlik troch de feroarjende omstannichheden by de Friese Pers of troch it ferstjerren fan mefrou Schurer yn 1981 is der fan in werútjefte doe neat op 'e hispel kommen. Sadwaande is dizze útjefte yn de rige ‘Fryske Klassiken’ de twadde printinge.
Tineke Steenmeijer-Wielenga