De besleine spegel
(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 203]
| |
LibbenFedde Schurer is op 25 july 1898 berne te Drachten en mei heit en mem, twa susters en in broer yn 'e maitiid fan 1904 ferfearn nei De Lemmer. Hy hat yn Drachten noch al even op skoalle west, mar belibbe syn ‘bewuste’ jongesjierren alhiel oan de Sudersee. Op syn tolfde jier wie it foarearst dien mei it learen en moast er oan it wurk by in timmerbaas. Dêrta oantrune fan syn sweager begûn er op syn 18de mei de stúdzje foar ûnderwizer en doe't er yn 1919 de akte hie, waard er beneamd oan deselde Lemster ‘School met den Bijbel’ dêr't er as bern leading fan west hie. Yn 1923 hat er noch de haadakte helle. Yn 1920 ferlove er him mei kollega Willy (Willemke) de Vries, mei wa't er op 3 july 1924 troude. Hja hat har man omtrint 13 jier oerlibbe en is yn 1981 op It Hearrenfean stoarn. Harren houlik bleau sûnder bern, mar yn 1931 waard (yn Amsterdam) Andrys berne dy't hja adopteard en as in eigen soan grutbrocht hawwe. Oan him is it fers op de lêste side fan dit boek opdroegen. Andrys Schurer is yn 1990 yn Alkmaar ferstoarn. Yn 1929 is Fedde Schurer troch syn militant pasifistyske hâlding yn konflikt kommen mei it Lemster skoalbestjoer. Mei yngong fan 1 april 1930 is him de tagong ta de skoalle ûntsein en op 1 maaie folge syn formeel ûntslach. Dêrnei hat er sechstsjin jier lang as ûnderwizer oan ferskillende iepenbiere skoallen yn Amsterdam stien mei in koart tuskenskoft, doe't er as wachtjilder wurke hat op it Bureau voor Dialecten en Volkskunde, it | |
[pagina 204]
| |
lettere ‘P.J. Meertens-instituut’. Yn 1946 frege de Stichting Je Maintiendrai-Friesland Schurer om as haadredakteur fan de Heerenveense Koerier nei it heitelân werom te komen. De Koerier wie in út de yllegaliteit fuortkommen ûnôfhinklik en polityk foarútstribjend regionaal deiblêd. Hy hat dat oanbod oannommen en oan 1952 ta njonken Sjoerd van der Schaaf, letter allinne (mei Laurens ten Cate as adjunkt) de lieding fan dy krante hân oant syn pensjoen yn 1963. Yn 1952 waard de namme fan it blêd feroare yn Friese Koerier, in wiziging dy't it boppelokale karakter en it op syn minst provinsjale belang fan de krante ûnderstreke. Yn 1936 is Schurer lid fan Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân wurden foar de Christelijk Democratische Unie, mar nei in jier hat er al wer betanke omdat er him yn de polityk net thús fielde. Lykwols hat er yn 1956 fannijs in kandidaatstelling oanfurdige en oan 1963 ta foar de Partij van de Arbeid sit hân yn de Twadde Keamer. Hoewol't er in goed sprekker wie, hat er yn de doedestiids grutte sosjalistyske fraksje net faak de kâns krige om as wurdfierder nei foaren te kommen. De inkelde kearen dat er him yn de Keamer hearre litten hat, wie dat om syn ôfwikend stânpunt oangeande it goedkarren fan de definsjenota te motivearjen. Sa't er nei syn lidmaatskip fan de cdu, in partij fan kristenradikalen, yn 1937 oansluting socht hat by de sdap (Sociaal-Democratische Arbeiders Partij) om polityk úteinlik syn plak te finen yn de ‘trochbraak-’ partij dy't de nije Partij van de Arbeid nei de oarloch wêze woe, sa hat er ek yn it godstsjinstige socht om in streaming dêr't er him by thús fiele koe en romte yn krige foar syn evangelysk leauwe dêr't er oant syn lêste dei fanút libbe hat. Neidat har yn 1930 op 'e Lemmer de tagong ta it Hillich Nachtmiei ûntsein wie, hawwe Fedde en Wil Schurer ôfskie nommen fan de grifformearde tsjerke. Dat wie mear in kwestje fan ‘útgroeie’ as fan ‘úttrede’, omdat de grifformearde tsjerke - alteast op 'e Lemmer - sa dogmatysk wurden wie, dat der gjin romte mear yn like te wêzen foar it mear persoanlik, nei it piëtisme | |
[pagina 205]
| |
útskaaiend leauwe dat Schurer fan hûs út meikrige hie. Yn Amsterdam hawwe de Schurers har yn 1931 oansletten by de ‘Gereformeerde Kerken in Hersteld Verband’ om yn 1938 oer te gean nei de herfoarme tsjerke. Fedde Schurer hat libbe yn in tiid fan grutte feroaringen op technysk gebiet, mar ek yn it maatskiplike en it kulturele. Syn generaasje hat twa oarloggen meimeitsje moatten en benammen de Twadde Wrâldkriich betsjutte in brek yn it bestean. In spontaan libjend en engagearre boarger lykas Schurer wie, koe yn de besettingstiid net ôfsidich bliuwe. Sa hat er ûnderdûkers holpen en ek mei de pinne it ferset tsjinne. Yn 1945 hat er foar syn fersetsfersen in regearingspriis krige. Twaris hat er ek sels skiednis makke: by de Lemster skoalkwestje yn 1930 en letter mei ‘Kneppelfreed’ (16 novimber 1951). Fan beide kwestjes hat Schurer yn dit boek wiidweidich ferslach dien. Yn de lêste jierren fan syn libben kaam Schurer troch de gewoane mei de leeftiid gearhingjende omstannichheden, mar ek troch syn eigen hâlding en opfettings wat mear fansiden te stean. It tempo dêr't benammen de morele taboes yn de sechstiger jierren yn trochbrutsen waarden, lei him heech genôch en hy hie krityk op de yn syn eagen negativistyske skriuwerij fan de moderne literatoaren, sawol yn Hollân (G.K. van het Reve) as yn ‘syn eigen’ Fryslân. It ferneatigjende besprek fan Anne Wadman syn ‘frijmoedige’ roman De smearlappen yn de Friese Koerier (9 sept. 1963) is in foarbyld fan dy ôfwizende hâlding foar de fernijing oer. Foar in man dy't troch syn gollens, syn sjarme en syn minsklikens wend west hie it middelpunt te wêzen fan de rûnten dêr't er him yn beweegde, wie it min te fernearen, dat er foar syn gefoel aloan mear allinne kaam te stean yn syn trou oan de âlde noarmen. ‘Myn liet is net langer 't sinjaal / dêr't kloften geastdriftich op rinne’ konstatearre er frijwat moedeleas yn ien fan syn lêste fersen. De dea hat him op 19 maart 1968 thús oerfallen. Hy stoar oan in hertynfarkt en waard op 22 maart nei in troch syn freon | |
[pagina 206]
| |
dûmny J.J. Buskes late en fan sa'n fiifhûndert minsken bywenne routsjinst yn 'e Grifformearde tsjerke op It Hearrenfean, yn Grins kremearre. | |
It literêre wurkFan hûs út wie Fedde Schurer it muzyske net frjemd. Yn de húshâlding dêr't er yn opwoechs, waard in bulte songen en syn heit koe (lykas syn suster Wimke letter) ek in knap rymstik meitsje. As jongfeint hie Fedde in grutte lêshonger dy't er sêde mei de bondels fan Hollânske dichters as De Genestet, Da Costa en Ten Kate. Op 'e grifformearde feinteferiening op 'e Lemmer, dêr't er al gau in bestjoersfunksje as skriuwer yn taparte krige, wist er it sa fier te krijen, dat der ek omtinken jûn waard oan letterkunde. Fan syn mentor yn de timmerwinkel hie er ûnderwilens ek al mear ferdivedearjende koartswilige Fryske foardrachten te lêzen krige, dy't him in oar byld fan de literatuer joegen as de belearende poëzy fan de Hollânske moaralisten. It wurk fan de Tachtigers dêr't er mei yn 'e kunde kaam troch Albert Verwey syn blomlêzing Inleiding tot de nieuwe Nederlandsche Dichtkunst (1905) iepene him de eagen foar de skientme dy't poëzy jin ek ûndergean litte kin. Yn de opienfolgjende perioaden fan syn literêr bestean hat Schurer fan ûnderskate keunstbruorren de ynfloed ûndergien, mar hy is dêrby altyd trou bleaun oan himsels, syn eigen talint en syn opfetting dat in dichter skriuwe moat foar syn folk, as dat dêr ferlet fan hat. ‘Kunde oan de Fryske striid’ krige er neffens eigen sizzen (Sljucht en Rjucht 1925, side 622) yn 1918 [dit moat wêze 1916 tsw], doe't er op 'e Friezendei fan it Kristlik Frysk Selskip yn Snits ds Wumkes sprekken hearde oer ‘De lôgjende hagebeam’ en ds Huismans oer ‘Preekjen yn eigen taal’. Op oanstean fan Douwe Kalma waard er lid fan de Jongfryske Mienskip, dêr't er yn desimber 1919 nei oanlieding fan útspraken fan Kalma yn It Heitelân oer it kalvinistysk kristen- | |
[pagina 207]
| |
dom wer foar betanke om him oan te sluten by it Kristlik Frysk Selskip. It persoanlik en skriftlik kontakt mei Kalma waard net ferbrutsen. Der is in omfangrike briefwiksel tusken har beiden bewarre bleaun dêr't dúdlik út blykt, dat Kalma grutte sympaty hie foar Schurer en fan him ferwachte dat er in liedingjaande rol spylje soe yn de Fryske Beweging. Lykas safolle oaren dy't net leard hiene yn de memmetaal te skriuwen, is ek Fedde Schurer yn it Nederlânsk begûn te dichtsjen. Neidat al in stikmannich fan syn Hollânske fersen ûnder pseudonym yn it Gereformeerd Jongelingsblad ferskynd wiene, debutearre er as Frysk dichter yn it orgaan fan it kfs, Yn ús eigen Tael, yn 1920. E.B. Folkertsma naam yn Tsjûgenis (1920-1922) wurk fan him op, mar wegere mear en hat neffens Schurer mei syn strange krityk in beslissende ynfloed hân op syn lettere ûntjouwing as dichter. Mei Folkertsma, Gerben Brouwer en Inne de Jong rjochte Schurer, doe't er noch mar kwalik yn it Haadbestjoer fan it kfs keazen wie, yn 1924 it ‘Kristlik Frysk nationael Striidboun’ op om te besykjen mear omtinken te krijen foar de ideeën dy't by de jongere leden libben. Der hie doe al in tal jierren ûnder oanfiering fan Folkertsma opposysje tsjin de âlde lieding west om te kommen ta karbriefferoaring yn Frysk-nasjonalistyske geast. Mei G. Koelstra en M.S.E. Visser krige Schurer yn 1926 de redaksje fan Yn ús eigen Tael yn hannen. Kalma hie de dichter yn 1924 al as redakteur oan syn blêd Frisia witten te binen. De earste dichtbondel wie Fersen fan 1925. Under oaren doelend op Schurer en syn debútbondel ferklearre de âlde dichter Piter Jelles yn 1926 yn De Holder (side 85) dat er it wurk fan de jongere Fryske skriuwers ‘tefolle tachtich’ achte ‘mei dit grutte beswier, dat hja it individuele sa nei foaren bringe.’ Dochs hat Troelstra de ‘sjonger’ Schurer wol min of te mear as syn opfolger yn de Fryske poëzy beskôge. Under ynfloed fan de Tachtigers mei har ‘individuele expressie’ makke benammen by de Jongfriezen it persoanlik dichterskip opgong yn dy jierren tagelyk mei de wurdearring foar skientme | |
[pagina 208]
| |
as in wearde op harsels yn de keunst. Oan de oare kant rekken de dichters neo-romantysk besiele fan idealistyske gefoelens foar Fryslân en it Fryske folk oer en waard hyltyd de fraach steld of Fryske literatuer op harsels, dat wol sizze bûten de Beweging, wol besteansrjocht hie? Kalma leaude nei it mislearjen fan de earste rige fan Frisia yn 1925 net mear yn in ûnôfhinklik literêr blêd en ûnder syn ynfloed wegere Schurer ynearsten om mei te wurkjen oan De Holder yn 1926. Op 'en doer is Kalma, hoewol't er gâns in rige ‘folkssangen’ makke hie, de yndividualistyske dichter mei it ideaal fan ‘skientme’ wurden, wylst Schurer him ûntjûn hat ta de yn de goede sin populêre dichter fan mear tagonklike poëzy. Op de bondel Fersen binne folge: Utflecht (1930), Op alle winen (1936), Fen twa wâllen (1940), Vox Humana (1949), Fingerprinten (1955), Efter it nijs (1966) en De gitaer by it boek (1969). Dêrnjonken publisearre Schurer oersettings en bewurkingen, benammen fan psalmen en gesangen, mar ek fan bygelyks de poëzy fan Heine en Rilke. Yn syn Amsterdamske jierren hat Schurer yntinsyf kontakt hân mei de Christelijke Auteurskring en har leden Henk van Randwijk, Jan H. de Groot, Klaas Heeroma en Hein de Bruin. Nei de oarloch hat it benammen it fermidden fan De Tsjerne west (Douwe Tamminga, Anne Wadman, E.B. Folkertsma, Inne de Jong en oaren) dêr't Schurer syn literêre freonen yn fûn. As nûmer 100 yn har rige joech De Fryske Bibleteek yn 1963 ûnder de titel Beam en bast in seleksje út fan de koarte ferhalen dy't de dichter sa út en troch ek noch skreaun hie. Foar in part binne dy ferhalen autobiografysk en hat de auteur dêryn besocht dingen út syn libben literêr te ferarbeidzjen. Fan Schurer syn toanielwurk is it bibelsk drama Simson it wichtichst. It ferskynde yn 1945 yn in Hollânske bewurking en yn 1947 yn it Frysk dêr't it oarspronklik ek yn skreaun wie. |
|