De besleine spegel(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 200] [p. 200] Hichte en lichte foar Andrys op syn seisentritichste jierdei. Doe't ik 36 waard wie ús heit yn syn santichst in distânsje fan 'e heuveltop nei de delling dy't ôfrint nei de ivichheid grize see. No stiestû op dy heuvel en ik gean de delling yn wachtsjende de floed dy't my meinimme sil mar ik sjoch laitsjend de oare kant út dêrstû stiest. Ik wit dat it paad nei boppen net maklik is moude ûnder 'e fuotten toarnen oer de wei mar ek lytse blauwe blomkes en derboppe in hege wide loft. [pagina 201] [p. 201] De distânsje liket lytser as doe't ik 36 waard dat ik dy op dy heuvel wit makket my minder ienlik soan, broer en freon trije yn ien bistû my. It rûzjen fan 'e grutte see wurdt sterker as ea likemin as myn heit sil hy my ûntsjen lykwols glimkje ik grutsk ik wol datst witste dat ik net bang bin. Hjoed laitsje ik tsjin 'e sinne myn soan dêrboppe op 'e top fan it libben wurdt 36. Hy ken my, ik ken him ek sûnder wurden ferstean wy elkoar. Ik haw de libbensriedsels net úttize kinnen en it hoecht net ik wit dat de leafde ús draacht dêr't wy net gean kinne troch de jierren nei har doel. Ien fan 'e lêste fersen dy't Fedde Schurer skreau. Vorige Volgende