It Kristlik Frysk Selskip hat al yn 1908 syn útgongspunt socht yn it prinsipe, dat yn 1966 yn Rome nei foaren komme soe, en it fûn dêrby suver alles wat offisjeel tsjerklik wie dwers op syn paad, om fan ‘de gewoane man’ noch mar te swijen. Ut dat fermidden, benammen troch de ynfloed fan dr G.A. Wumkes, is de Fryske bibelfertaling opkommen, dêr't men yn de rûnten fan it ‘Nederlands Bijbelgenootschap’ fuort it belang fan ynseach. Tagelyk sette A.M. Wybenga útein mei in Fryske psalmberiming, dy't yn 1923 troch it Selskip útjûn wurde koe.
Dizze beriming, in respektabel stik wurk, hat einliks syn doel, de tsjerke, net berikt. Tenearsten wiene Fryske tsjerketsjinsten doe noch seldsume ferskynsels, en twad hie dizze beriming net alle kwaliteiten dy't men der wol graach yn sjoen hie; de útjefte rekke tusken wâl en skip. It wie yn dy jierren dat ik iderkear wer, dan fan sjongselskippen, dan fan dominy's dy't in Fryske preek hâlde moasten, it fersyk krige om fan mei namme neamde psalmen, dy't hja brûke moasten en dy't har by Wybenga net foldienen, in nije bewurking te meitsjen.
Dat barde by hea en by gers, mar it steapeltsje woechs, en yn 1934 joech ik by Kamminga in karlêzing fan ‘bekende’ psalmen en gesangen út ûnder de titel Lof fen alle tiden. Yn myn yn 1935 ferskynde bondel Op alle winen stiene ek tsien psalmen, en nochris wer tsien kamen yn 1943 as in nochal kostbere yllegale útjefte út yn de rige ‘In signo piscium’, ûnder it pseudonym Arend van der Meer, op inisjatyf en ûnder tasjoch fan Klaas Heeroma.
Lykwols wie ik altyd noch mar oan it karlêzen en rûn om beskate projekten mei in bôge hinne. It wie yn it bysûnder de dichter André Roelof Scholten, ferstoarn yn 1944, en doe dominy te Skingen, dy't my altyd wer oanstie dit wurk ôf te meitsjen. Hy wie it ek dy't my dúdlik makke dat, al hie dan nimmen it my opdroegen, it lykwols in opdracht fan 'e tsjerke wie, dêr't ik net foarwei koe.
Trouwens, net allinne de Fryske, mar ek de Hollânske psalmberiming frege myn oandacht. It besykjen ta fernijing wie hjir ek al jierren oan 'e gong, sûnder de rjochte skrep krije te kinnen. De dichter Willem de Mérode hie in karlêzing út de psalmen bewurke,