| |
| |
| |
Twa biskoppen
Ut de foargeande haadstikken is al dúdlik wurden dat der yn it nei-oarlochske Fryslân by in goede strydfeardigens ek in romme mjitte fan solidariteit wie, in begryp fan by elkoar te hearren. Dat wie sa by sosjalisten en ar en ch mar ek by roomsk-katoliken en protestanten. It Roomsk Frysk Bûn foarme in lytse, mar aktive ploech yn 'e Fryske beweging, en ek in royale petearpartner oer alle mooglike fraachstikken dy't ús dwaande holden. Sawol út it kleaster fan de Augustinen yn Wytmarsum mei pater Van Straaten as út it Franciscaander kleaster yn Drachten mei pater Hettema kamen de krêften dy't dizze groei nei wjersidich begryp stipen en geande holden. Yn 'e simmerkampen dy't it rfb yn Gaasterlân plichte te belizzen, en dy't net te tinken binne sûnder de nammen fan Arjen Witteveen, Simke de Haan en Winfryd Brouwer, haw ik mannich kear as gastsprekker ferkeard. Wat de oekumene yn dizze rûnte oangiet, mei it faaks opmerklik hjitte dat it rfb-kamp it earste fermidden wie dat my frege om in ynliedend besprek oer myn psalmberiming, dy't al de tsjerklike goedkarring (‘nihil obstat’ en ‘imprimatur’) fan kardinaal De Jong krige hie eardat ien protestantske tsjerke der in each nei slein hie. (De twadde rûnte dy't niget oan dizze psalmberiming toande wie ek gjin tsjerke, mar de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen.) Yn dit goede klimaat spriek it hast fansels dat roomskkatoliken, protestanten en humanisten it meielkoar iens waarden oer in mienskiplike betinking fan Bonifatius; it jier 1954 wie it tolfhûndert jier lyn dat dizze misjonaris, dy't tsjerklik en kultureel safolle foar Ingelân,
| |
| |
Dútsklân en Fryslân betsjutten hie, yn Dokkum syn tragysk ein fûn. In breed opset komitee hie my fersocht de tekst te skriuwen foar in toanielstik om by de betinking yn 'e Bonifatiuskapel te Dokkum op te fieren, ek mei omdat hja yn my nochal in ferbinende figuer seagen. Dat ferge hiel wat tarieding; ik moast in djippe dûk yn 'e literatuer oer de iere midsieuwen nimme, der gongen konferinsjes oan foarôf mei professoaren, histoarisy en teologen. Dat gou likefolle foar ds Bernard Smilde, dy't de muzyk skriuwe moast en yn tiidneed rekke doe't ik myn earste manuskript fan fjouwer bedriuwen fersnipele om in hiele nije opset yn trije bedriuwen te meitsjen.
De rezjy wie yn hannen fan Jan van der Ree, de eardere direkteur fan 'e Hearrenfeanster Kweekskoalle, in ras- toanielman. Hy hie yn syn Hearrenfeanster jierren (no wie er ûnderwiisynspekteur yn Grins) ris tsjin my sein: ‘Fedde, astû no nochris in goed stik skriuwste, wol ik it regissearje.’ Fiif jier nei dy útspraak koe ik him opskilje en sizze: ‘Jan, it is safier.’ ‘Okee,’ sei er, ‘kom mar gau te lêzen.’
En doe gong it wer krekt as mei Simson yn Hearrenfean en yn Amersfoort: wy hellen alles út Dokkum en omkriten byelkoar wat ferbân hold mei toaniel, stelden de saak sa goed mooglik foar en liezen it stik, mar doe kamen der alle mooglike beswieren. Ik haw op it lêst mar sein: ‘As jimme tolfhûndert jier lyn wol mânskergenôch wiene om Bonifatius dea te slaan, dan moatte jim jim der no net foarwei wine om him te spyljen, mei minder kin it net ta.’ Ik leau dat dat argumint yndruk makke; hja hawwe it dien, en goed.
De spylders kamen út Dokkum, Anjum, Brantgum, Hantum, Holwert, Kollum, Moarmwâld en Bilthoven (Hinne Feenstra, de Nahath út Simson, dy't hjir de heidenske preester Pelle spile). De froulike haadrol, Branda, wie yn hannen fan de roomsk-katolike Tiny Dol út Dokkum, Bonifatius wie de grifformearde ekspediteur G. Haaksma út Anjum, en mefrou Kramer fan it garaazjebedriuw út Holwert wie de fûle heidinne Tetle.
It Frysk Orkest fierde de muzyk fan Smilde út, it fokale diel wie foar it ferneamde mingd koar út Grou, dat tagelyk de folksmannichte útbylde.
| |
| |
‘In goed stik’ sei Jan van der Ree, ‘ast mar witste dat ik dy op gjin inkelde wize op it toaniel sjen wol.’ Sa wiis wie ik nei Simson sels ek wurden.
As ik no de skôgings neilês en myn ûnthâld te help rop, mei ik sizze dat dit ûndernimmen, tank sij de folsleine tawijing fan alle meiwurkers, goed slagge is.
Der binne trije opfieringen jûn; by de premiêre wiene mr en mrs Robinson út Exeter, de bertestêd fan Bonifatius, en mr E.N. van Kleffens wie út Lissabon oerkommen om syn folk yn it Frysk ta te sprekken.
Nei dy trije opfieringen hat der noch in fjirde west, apart foar de Hollânske pilgrims, spile troch de toanielploech Ars et Amicitia te Hilversum ûnder rezjy fan Wim Quint. Ik moast dêrta yn in deimannich in Hollânske fertaling skriuwe; de krityk hat it wol goed sjoen dat dy gjin sprekken lije koe, it wie ek fierstente gysten yn syn wurk gien. Ek koene dizze Hollânske spylders de muzyk fan Smilde net brûke; hja hawwe it oplost mei ienfâldige folkssang en mei in mienskiplik songen ‘Credo’, ynstee fan Smilde syn slútkoar.
Al mei al koene wy foldien wêze; boargemaster Van Tuinen fan Dokkum wie it yn elk gefal wol, en dat seit nochal wat.
Soms barre der by sa'n opfiering nuvere dingen, dêr't dwers troch de rezjy hinne de natoer in soarte fan anty-rezjy fiert dêr't men net tsjinop kin. It wie by de tredde opfiering, ik mien in útkeap-foarstelling foar it kristlik frouljusbûn. De biskop spile yn it twadde bedriuw de yndrukwekkende sêne mei it Donarsbyld.
De heidenske preester hat him útdage: as hy him oan dit hillige byld fergrypt, sil de tongergod him mei syn wjerlocht treffe.
No, Bonifatius hie yn triomf syn foet set op it omleine Donarsbyld, en sei:
Dyn preester hie my sein, my soe opslach
Dyn hammer treffe. Dêrta stean ik hjir.
Ik bin gjin god, bin mar in foech âldman
Mar 'k fergje dy: sis, komt der noch wat fan?’
| |
| |
It is hast net te leauwen, mar op datselde stuit kreake der ynienen in fûle tongerslach en spielde it reinwetter yn 'e iepene kapel, dat rûnom de paraplu's omheech gongen. It sloech Bonifatius suver út syn rol, en ik haw my twivelmoedich ôffrege, oft ik my dan dochs op dy âld Donar fersjoen hie.
Yn elk gefal - it wie oft de duvel der mei spile.
Ja, it wie oft de duvel der mei spile. Dat wie myn reaksje ek, doe't op 'e earste pinksterdei fan 1954, wylst wy midden yn 'e repetysjes sieten, it mandemint fan 'e roomsk-katolike biskoppen yn 'e Nederlânen útkaam ûnder de titel De katholiek in het openbare leven van deze tijd.
It episkopaat easke mei dit stik behalven de geastlike ek de politike lieding op oer alles wat yn Nederlân roomsk-katolyk wie. Men koe hjir lêze: ‘dat it foar in katolyk net tastien is lid te wêzen fan sosjalistyske ferienings, lykas it nvv en de dêrby oansletten ferienings, of wakker fêst besiker te wêzen fan sosjalistyske gearkomsten, regelmjittich de sosjalistyske parse te lêzen of regelmjittich de vara te beharkjen.’
En de stôk stie by de himeldoar. Want dêr folge fuort op: ‘...dat de hillige sakraminten wegere wurde moatte - en as hy sûnder bekearing stjert ek de tsjerklike begraffenis - oan de katolyk, fan wa't bekend is dat er lid is fan in sosjalistyske feriening, of dat er, sûnder lid te wêzen, dochs geregeld sosjalistyske skriften of blêden lêst, of sosjalistyske gearkomsten bywennet.’
Net allinne dat de katolyk dy't him oars miende organisearje te moatten as yn de roomske politike en sosjale organisaasjes, drige waard mei útsluting fan genedemiddels, mar ek joech dit mandemint in oardiel oer de protestanten, by wa't de skiep fan 'e bokken skaat waarden. Mei de protestantsk-konfesjonele partijen koe men oparbeidzje, mar de oaren, protestanten en katoliken, dy't in net-konfesjonele organisearring ferkeazen, waarden behannele ûnder de kop: ‘onchristelijke stromingen’.
It wie mei ien wurd in steatsgreep fan rjochtse kvp-ers, dy't mei stêf en miter in raam op 'e macht en benammen in raam tsjin de pvda en it nvv diene.
| |
| |
Kardinaal De Jong wie op dat stuit slim siik; it wie de aartsbiskop-co-adjutor mgr Alfrink, dy't dit biskopsstik regissearre.
Men kin jin hast no net mear yntinke dat dit noch mar sa koart lyn is. No soe it folslein ûnmooglik wêze. Unmooglik in kommentaar as ditte yn it Nieuwsblad voor Salland: ‘Wy erkenne it gesach fan 'e biskoppen, omdat wy leauwe yn 'e bystân fan 'e Hillige Geast en kinne dêrom fertrouwen habbe yn 'e kvp, ek al sil hja ús noch wol faak yn stoflike dingen ôffalle.’.
Of dit fan professor Romme:
‘Mei God ús it ynsjoch en de krêft jaan om ús te hâlden en te dragen neffens de ferantwurdlikens, ús troch it mandemint oplein.’
Unmooglik benammen de kommentaren fan de kant fan ar, chu en it cnv en ûnmooglik soe it no wêze dat blêden as Trouw, it Friesch Dagblad, de ch Nederlander, De Gids (cnv) lûd foar de biskoppen yn 'e hannen klapten, en der iepenlik har spyt oer útsprieken dat soks yn 'e protestantske tsjerken net koe.
Dêr siet ik. Wylst wy yn goede trou mei de roomsk-katoliken oparbeiden en mei harren it feest foar de biskop fan tolfhûndert jier lyn fierden, dêr stie de biskop fan 1954 dwers op ús paad. Foar my persoanlik lei it sa, dat ik, dy't it stik foar Bonifatius skreaun hie, hearre moast dat wa't myn krante lies, de sakraminten ûntholden en in kweade begraffenis ûnthjitten waard.
Hoewol ik it leafst moai hâlde woe, koe ik my hjir net stilhâlde.
In pear wiken fan te foaren wie ik opskille troch myn freon pater Van Straaten fan Wytmarsum. ‘Harkris,’ sei er, ‘no komme hjir, ik kin wol sizze, dè foaroansteande katoliken út Nederlân yn it Augustiner kleaster. Wolle jo foar harren in útiensetting jaan oer it Bonifatius-drama en der wat fragminten út lêze? Dan geane wy meielkoar nei Dokkum en sjogge dêr de opfiering.’ Ik wie tige fereare mei dit útstel en hie it jerne oannommen. It like no ynienen lang lyn. En no krige ik de telefoan, om Van Straaten te sizzen dat ik tenei oan foaroansteande katoliken, dy't my op lêst fan har biskoppen bûten it kristendom sleaten, neat mear te fertellen hie en
| |
| |
dat ik dus net kaam. Van Straaten begriep it net; ik leau dat er te goeder trou wie.
En sa stie ik foar de needsaak om, wylst it manuskript fan Bonifatius noch by de printer lei, wer oer in biskop te skriuwen, mar no in oarenien. Behalve myn kommentaren foar de Koerier skreau ik hjit fan 'e nudle de brosjuere Protestants protest, dy't sa gau mooglik by Laverman yn Drachten ferskynde.
Ik gong derby út fan de oekumenyske idee, en joech de biskoppen te hâlden dat hja de folksmienskip, dy't benammen hjir yn Fryslân nei ienheid en begryp groeide, grûnich fernielden. Ik ferwiet harren fierder it boartsjen mei de wurden ‘kristendom’ en ‘sosjalisme’; dat men net mei harren diskusjearje koe oer polityk, omdat hja foarjoegen it oer godstsjinst te hawwen, dêr't ek wer net oer foel te diskusjearjen, omdat hja harren sels dêryn in ûnfeilber monopoalje joegen. Ik sleat mei te sizzen dat wy mei dỳ roomskkatolike lânslju, dy't ús as meikristenen erkennen bleauwen, jerne it petear oanhâlde woene, mar dat tsjin de biskoppen dit ús lêste wurd wêze soe: ‘Wij zijn God zij dank protestantse christenen, vrijgemaakt van uw bezweringen, uwe dreigingen en uw sancties.’
De fyfte juny hold de Partij van de Arbeid in grutte demonstrative gearkomste tsjin it mandemint yn Utrecht. Ik wie dêr útnoege om in wurdmannich te sizzen, mar ik koe net, want it wie krekt de deis fan de betinking en de premiêre fan ús stik yn Dokkum. Sa siet ik mei twa fuotten yn ien hoas, of, wol men, mei twa biskoppen yn ien mantel. Ik keas Dokkum, en foel dêr mei de noas yn 'e bûter. By de ûntfangst wie keninginne Juliana mei har riedsman professor Van Eysinga, dy't in pear freonlike dingen oer de Koerier sei, mar ek wie der ds Wesseldijk, preases fan de Herfoarme Synoade en lêst bêst de aartsbiskop-co-adjutor mgr Alfrink, dy't my troch syn sekretaris sizze liet dat er graach mei my yn 'e kunde komme woe.
Dat joech oanlieding ta in tige ûnwêzentlik petear. Mgr Alfrink, mei de begripende glim fan de ieuwen, wie bliid my persoanlik te
| |
| |
sjen en tagelyk oertsjûge dat wy it iens wurde soene as wy in jûn tegearre prate soene. No, dat siet der net yn fansels, wy moasten koart om 'e hoeke, en ik haw miskien de hoflikens oan 'e wierheid opoffere. Ik haw wat ferteld oer ús goede ferhâldingen yn Fryslân, der by sizzende dat myn protestantske freonen my wolris ferwieten dat ik fierste fier mei de roomsken ynsylde. As dêr no it antwurd út Utrecht op wie dat wa't myn krante lies fan de genede fan Kristus útsletten waard en in minne begraffenis krige, dan koe ik dêr tocht my mar ien ding op dwaan, en dat wie: weromslaan.
Doe hat de monseigneur, dy't dêr fansels ‘folsein begryp’ foar hie, my besocht dúdlik te meitsjen dat ik ek gjin Hollânsk mear lêze koe.
‘As wy prate fan sosjalisme, mynhear Schurer, dan bedoele wy it ateïstysk Marksisme, mar gjin minsken lykas jo.’
‘Mar monseigneur,’ lei ik yn, ‘as ik lasterlike dingen oer de roomske tsjerke fertel, bin ik der dochs ek net ôf mei letter te sizzen dat ik einliks Alva en de bloedried bedoeld haw?’
Op dat stuit kaam dr Cals, doe minister fan ûnderwiis, der by rinnen mei de opmerking: ‘It liket my ta dat de hearen elkoars brosjueres lêzen hawwe.’
En dyselde middeis holden yn Utrecht Geert Ruygers en Johan Willems harren taspraken, dêr't hja yn meidielden gjin konsekwinsjes út it mandemint lûke te sillen foar harren politike hâlding, en dy't besleaten mei: ‘Leve de Partij van de Arbeid’.
Ik haw de paraplu opsette moatten foar de stoarmfloed dy't de roomske (ik skriuw hjir leaver net de katolike) parse tsjin myn Protestants protest losbrekke liet.
Ons Noorden gong foarop, De Linie en De Bazuin, blêden dy't letter om har progressivens ferneamd wurde soene, wediveren yn it applaus foar it mandemint. Fan beide wykblêden krige ik in foarpagina yn grutte opmaak. De Bazuin wie fan betinken dat men net mei biskoppen diskusjearje koe: ‘... nooit kunnen de eenvoudige kinderen der Kerk zich op de Heilige Geest beroepen
| |
| |
tegen de bisschoppen, juist omdat zij door diezelfde Heilige Geest gesteld zijn als bewakers over heel de kudde.’
En pater J. van Heugten sj besleat syn filippika yn De Linie mei dizze sin:
‘Wanneer er ooit historie geschreven wordt over het bisschoppelijk mandement van 1954, zal ongetwijfeld als curiosum vermeld worden dat een verhitte Fries, genaamd Fedde Schurer, in een onbewaakt ogenblik naar de pen greep om zich onuitwisbaar te blameren.’
Yn de jierren dy't der tusken 1954 en no lizze, is der hiel wat bard.
De beweging, dy't hjoed de dei benammen de roomsk-katolike tsjerke ta nij libben wekket, wie doe al yn gong set, al hie monseigneur Alfrink it net fernommen en tocht er noch krekt dwaan te kinnen as eartiids. De tragyk fan syn stunt wie, dat dy fjirtich jier te let kaam. As der, om mei pater Van Heugten sj te praten, noch ea in histoarje oer it mandemint skreaun wurde sil fan roomsk-katolike kant, dan sil dy histoarje der itselde ferneatig-jende oardiel oer jaan as oer de besluten fan de grifformearde Synoade fan Assen yn 1926: in oardiel fan skamte en skande.
Effekt hat dit mandemint nea dien. Noch gjin tsien jier nei de útjefte kroepen de biskoppen al útlizzende en ynterpretearjende yn har skulp en waard it lidmaatskip fan it nvv, hjir mei namme en tanamme ûnder de banflok set, wer talitten.
Fersinnen binne minsklik en dat let allegear neat, mar it pynlike yn dit soart gefallen is de swiere pretinsje dêr't hja mei makke wurde, ûnder de foarjûne autoriteit fan de Hillige Geast. It mandemint is no ferjûn, ferskimmele en fergetten, en as men der nochris oer praat, wurdt der sein dat men gjin âlde kij út de sleat helje moat.
In moai sprekwurd, mar wêrom lûkt men dit ûngelokkige ferhaal, dat kristenen en boargers mislediget en diskriminearret, net fjouwerkant yn? Dat liket by hege tsjerklike kolleezjes, by episkopaten en synoaden in ôfgryslik swier stik te wêzen. Mei Assen hat it langer as tritich jier duorje moatten. En salang mgr Alfrink dy
| |
| |
âlde kij sels net út de sleat hellet, bliuwe de kadavers der lizzen te stjonken.
Wêrom kinne tsjerkfoarsten en hege kolleezjes sa min komme ta wat hja ienfâldige minsken altyd foarhâlde: ûngelyk bekenne en fouten tajaan?
Hja binne bang harren prestiizje dêrmei te ferliezen; it is krekt oarsom.
Dêrom bin ik altyd min of mear huverich, as de kristlike oekumene it karakter driget te krijen fan in kompromis, in útrekkene oerienkomst tusken tsjerklike ‘autoriteiten’. It jout altyd wer ôffallers, lykas by it houlik fan Irene van Nassau mei in Spaansk carlist, doe't it jitris kardinaal Alfrink wêze moast dy't, mei negaasje fan de dooperkenning yn 'e kristlike tsjerken ûnderelkoar, dizze prinsesse temûk oerdoopte om har foar de Spanjerts en de famylje Bourbon oannimlik te meitsjen.
Oekumene is tanimmend grinsferkear tusken kristenen yn ûnderskate tsjerken, en solidariteit mei de wrâld. Lit har dêr groeie en gean har net yn it ljocht stean.
Hoe komt it, dat der somlike minsken yn jins libben binne dêr't men op beskate stuiten altyd wer tsjinoan rint? Ik hie dat mei professor Gerbrandy, eartiids advokaat yn Snits en loftsantyrevolúsjonêr, mar no âld-premier út it Londenske kabinet, freon fan Churchill en wèr in apartenien yn 'e ar-partij, mar no uterst rjochts. Hy hie him de lêste tiid benammen dwaande holden mei it bestriden fan de republyk Indonesia, mei it slingerjen fan banflokken nei de holle fan Schermerhorn en mei de organisaasje ‘Door de eeuwen trouw’, dy't de Ambonnezen de gleone Yndonesyske kastanjes út it fjoer helje litte woe. Yn dy lêste kwaliteit wie hy faken myn oanfalspunt by artikels yn 'e Koerier oer de Yndonesyske kwestje.
Mar doe't it mandemint fan 'e biskoppen kaam, en it dêrfoar ovaasjes reinde út de ar- en ch-hoeke, wie it mei professor Schippers fan de Frije Universiteit professor Gerbrandy, dy't him fûl tsjin 'e biskoppen kearde. Wy moasten dat út parseferslaggen fan in gearkomste fernimme; op in goed anty-artikel wiene de
| |
| |
blêden fan dizze partijen doe net iens sa hjit. Eardat ik it wist hie ik it nûmer fan Gerbrandy draaid.
‘Professor, no wol ik graach in artikel fan jo hawwe foar de Friese Koerier.’
Oan 'e oare kant grânzge de âlde liuw.
‘Ikke yn jo krante skriuwe? En jo sitte my ommers alle dagen op 'e hûd?’
‘Dat komt omdat jo it dernei meitsje, professor. Mar it giet no oer in hiel oare saak.’
‘Hâld mar op, ik begryp it wol - it mandemint fansels. Mar as ik dêroer skriuw yn jo krante, dan traapje ik fansels yn in politike falle sa raar as it mar kin.’
‘Professor, bin ik no de man om jo yn in politike falle traapje te litten? Mar as jo it leaver net dogge, sil ik net mear oanstean. Dan moatte de histoarisy fyftich jier letter mar skriuwe, dat der ien man wie dy't it wol better seach, mar út taktysk betinken him mar leaver stilhold, en dat dy man professor Gerbrandy wie.’
Hy betocht him in pear tellen. ‘Ja, dat is fansels ek te healwiis. Hoe grut moat it wurde? Mar nee, ik moat der earst noch oer tinke. Ik skilje jo moarn werom.’
Gerbrandy skille de oare deis net werom. En de deis dêrnei ek net. Doe haw ik de telefoan mar wer nommen - mar it tsjinne inkeld om te fernimmen dat de professor krekt juster mei it fleantúch nei Teheran ôfreizge wie. Dat artikel hat dus nea yn 'e Koerier stien.
Doe't ik him wer seach, koe ik min mear oer dat petear begjinne - it wie twa jier letter, doe't ik myn yntree yn 'ea Twadde Keamer makke. Yn 'e kofjekeamer kaam er my mei útstutsen hân temjitte, en rôp yn lûdkiels Frysk: ‘Soa, ha wy jo dêr - en fansèls wer oan 'e ferkearde kant!’
Tidens de gearkomste rûn ik wolris nei syn bank, om sûn te freegjen; hy waard sichtber in dei âlder. ‘Man, ik fergean dei en nacht fan reumatyk. Aardich dat jo even by my komme.’ En dan tilde er de lange snoarren nei my op: ‘Mar wy wurde it fansels net iens.’ Hy wie, by alles wat men op him tsjin hawwe koe, in opmerklik
| |
| |
man, in lêstich seeskip, mar mei styl en alluere. Ik sei ris tsjin dr Bruins Slot, dat ik wolris oergeunstich op syn fraksje wie, mei in man as Gerbrandy, ‘dat is dochs de muoite wurdich.’ ‘Ja,’ sei Bruins Slot lakonyk, ‘ien...’
|
|