| |
| |
| |
Wat Kneppelfreed opsmiet
De leginde hat yn de jierren dernei safolle triedden om Kneppelfreed hinne spûn, dat it wol goed is de dingen ta har wiere ôfmjittings werom te bringen.
Uteraard hie de wrok him earst tsjin de Ljouwerter polysjemannen keard. Want fan ‘fjochterij’ mei de polysje' hat der dy sechtsjinde novimber neat te bekennen west; wol fan iensidige mishanneling. De minsken, dy't dêr goedermoedsk op it Saailân kamen, hiene ommers gjin fjochtsjen yn it sin, wiene der ek net op ien of oare wize ta wapene. It trelit ûntstie, trochdat de rjochtbank fan in rjochtsitting dy't iepenbier hearde te wêzen, dochs yn wêzen in sitting mei sletten doarren makke, as gou it in sedeskandaal. En dat trelit bestie dan ek allinne mar yn optochten en sprekkoaren. Dus dochs de polysje? Ik leau dat it ûnrjochtfeardich wêze soe dizze minsken de skuld te jaan. Hja sieten yn in min parket. Hja hiene, op merkdei noch wol, dus mei in stêd fol minsken, de opdracht krige om mannichten te fersprieden (‘doorlopen’) en sprekkoaren it swijen op te lizzen. Dêrta wiene har brânslangen en gummystokken yn 'e hân jûn, dêrta rieden hja yn motoaren mei sydspanwein. Hja koene fansels dizze ûnmooglike opdracht wegerje, mar dat is teory; dat docht men net sa gau.
De petearen en de briefwiksel, dy't ik letter mei ferskate polysjemannen hân haw, besterken my yn de oertsjûging, dat de folle ferantwurdlikens lei net by de aginten, mar by harren opdrachtjouwers, dy't in konflikt útlokje woene. De namme fan mr F. Hollander, de ‘auctor intellectualis’ op 'e eftergrûn, is yn dit ferbân al neamd.
| |
| |
De twadde (of faaks moat ik wol wer sizze de earste, omdat er de heechste wie), dy't mei fjoer boarte wie de hear Mulderije, de minister fan justysje. Wylst de hiele Nederlânske parse skande spriek en de keamerleden fragen stelden, wist dizze minister oars net te sizzen as dat de polysje terjocht hannele hie sa't hja die.
Dat sette fansels kwea bloed, en it gefolch wie dat de lju dy't op 16 novimber de kneppel field hiene en dochs ek by de sitting fan it Hôf yn heger berop wêze woene, ta it einbeslút rekken: ‘Wy komme net wer mei bleate hannen op it Saailân.’
Doe hat it de polysje sels west, dy't yn 'e persoan fan kommissaris W.K. Houwing ferstanniger wie as de minister. Yn in ûnderhâld, dat ik mei him hie yn it Oranjehotel, frege er my wat der barre soe by de behanneling fan myn saak yn heger berop. Ik sei dat ik dat net wist, likemin as ik by de earste sitting hokker fermoeden hân hie dat de polysje der sa ynbatse soe. Ek dielde ik him yn betrouwen mei, dat ferskate minsken dit risiko net wer fan dfoel wiene te rinnen. Ik wiisde him fierders op de útlitting fan minister Mulderije. Persoanlik woe ik graach yn goedens, lykas wy allegear yn goedens woene, mar ik koe him min tasizze dat in folksmannichte him foar de twadde kear ôfseamje litte soe sûnder werom te slaan. As it ferkeard gong, lei it net op ús ferantwurding, mar op dy fan 'e minister.
En doe hat de kommissaris tsjin my sein: ‘Ik jou jo de hân derop, dat der net wer slein wurde sil.’
Troch dizze garânsje, en troch de iepenbiere sitting fan it Hôf yn 'e grutte seal mei publyk (en ferwaarming) en net it minst troch de weardige behanneling troch de presidint, mr Wedeven, hat dy sitting op 17 maart 1952 in rêstich ferrin hân.
Mar wylst wy mei de polysje de fredespiip smookten, joech de justysje yn de persoan fan mr F. Hollander him wer op it oarlochspaad, noch gjin wike letter. Der wie nammentlik yn Ljouwert in pamfletsje ferspraat, dêr't ik no noch net fan begripe kin hoe't in minske dêr eat misdiedichs yn sjen koe, en dat wie foar ús magistraat oanlieding om jonges fan 'e middelskoallen jûns om âlve oere oer it mêd te kommen mei hûssiking, harren mei te nimmen
| |
| |
en oan twa oere nachts ta fêst te hâlden. De auteur Geart Jonkman moast foar it ferhoar; de dichter Marten Sikkema waard yn arrest set en in deimannich fêstholden.
Wer krige by de ienfâldige man de ferkearde, in casu de polysje de skuld. Ik bin doe, noch yn ôfwachting fan myn eigen fonnis, nei it Paleis fan Justysje gien om mr Besier, de prokureur-generaal, te freegjen oft ik in petear mei him hawwe mocht fan minske ta minske. Hy rjochte syn rêch op 'e stoel en sei: ‘Ik bin fansels prokureur-generaal.’ Doe haw ik sein dat ik dan inkeld mar sjoernalist wêze soe en fan it petear ôfseach. It petear is lykwols trochgien, en mr Besier hat my dúdlik makke dat dit de saken fan mr Hollander wiene. Oft myn mei klam oan him dien fersyk om mr Hollander dúdlik te meitsjen dat it net yntelligint fan him wie ús sa yn 'e kaart te spyljen, noch wat jûn hat, wit ik net.
Wol wit ik, dat men yn Den Haag foar it ferstân krige dat dit gjin kant út koe.
Wy krigen hjir koart dêrop alteast in fernimbesyk (‘hearing’) fan trije ministers yn Ljouwert; minister Beel, binnenlânske saken, minister Rutten, ûnderwiis en minister Mulderije, justysje, dy't har yn petear mei Friezen fan alle kanten persoanlik fan 'e tastân op 'e hichte bringe litte woene. Fan ûnderskate siden is harren te witten dien, dat der ien ‘Hollander’ tefolle yn Fryslân wie.
Mulderije begriep fan de hiele saak neat; Beel, as Limburger, alles. Hy joech my as syn yndruk, yn in idioom dat like Limburchsk as Frysk blykte te wêzen, dat dy polysjes it ek net helpe koene, mar dat hja ‘gegemberd’ wiene. (Dat seit men fan hynders dy't, om har fjurrich te meitsjen, in stik gember ûnder 'e sturt lein wurdt.)
Dit ministeriële besyk hat net sûnder fertuten west. Mr F. Hollander is nei net al te lange tiid fuort promovearre nei it Westen. Hy sit no yn 'e Hege Ried, en kedizet dêr mei oer de al of net talitberens fan Fryske houliksakten.
En fierders kamen der twa wetten foar Fryslân: de wet Donker (dy't Mulderije as minister opfolge) ta regeling fan de posysje fan
| |
| |
it Frysk yn it rjochtsferkear, dy't in herhelling fan it ynsidint Wolthers yn elk gefal útsleat, en twad de wet Cals (de opfolger fan Rutten by ûnderwiis) ta regeling fan de posysje fan it Frysk yn 'e skoallen.
It is hjir it plak net yn it brede op dy wetten yn te gean, mar yn elk gefal tsjûgen hja fan goede wil en begryp by it regear, en, wat fan folle mear betsjutting wie, hja ferhegen de status fan 'e folkstaal en dus fan it folk yn it ryksgehiel.
Ek wie it gefolch in fergrutte belangstelling foar dizze dingen yn en bûten Fryslân. Ik waard yn dy dagen útnoege om in foardracht te hâlden foar it Algemeen Nederlands Verbond yn Den Haag, en it wie opfallend hoe't dêr nei ôfrin fan 'e gearkomste de Flamingen yn 'e rige stiene om noch mear te witten as ik sizze koe, en om jûnen yn Flaanderen ôf te praten.
Wy moatte oppasse, de betsjutting fan Kneppelfreed as folksdemonstraasje net te oerskatten, al hie dy dei wol dizze fertsjinste dat hja de dingen, dy't oan distiid ta stoffe wiene ta in fer stanlike diskusje tusken ûngelikense partijen, ynienen yn hert en moed belibje liet.
Wat der bard is, hie alderearst in symptomatyske betsjutting; it liet sjen hoefolle der yn Fryslân al feroare wìe.
As by teiwaar grutte plakken snie fan it tek op 'e strjitte ploffe, dan komt dat net omdat dy snie ynienen in bysûndere krêft of aparte kwaliteit krige hat. It is ienfâldich in teken dat de froast op ôftocht is. Sa hawwe hjir sawol de polysjerjochter as it Hôf wol har formele plicht dien troch mr Hollander foldwaning te jaan yn syn ‘misledigings’-saak tsjin mr Wolthers, mar de ferâldere pretinsjes fan dizze ‘clan’ hawwe hja beide, troch it Frysk foar harren griene tafel sûnder mear ta te stean, as in plak wiete snie op it bjinstap falle litten. Dy pretinsjes pasten net mear op 'e feitlike tastân.
Want net allinne by de rjochtbanken, út soarte de taaiste bolwurken fan in oerlibbe wrâld, mar rûnom sette dy feroaring har troch. Ek en benammen yn it iepenbiere en amtlike libben. Yn 1917 wie it noch mooglik, dat yn 'e gearkomste fan 'e Fryske steaten
| |
| |
de hear Sjouke de Zee, doe't er yn it Frysk begûn te sprekken, him troch de kommissaris fan 'e keninginne, mr. P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, it wurd ûntnommen seach. Dat wie op himsels noch net sa slim; slimmer wie dat de oare steateleden dat tige fansels liken te achtsjen, en nimmen yn ferset kaam. Deselde kommissaris hat it noch jierren letter bestien, doe't keninginne Wilhelmina ris hichte nimme woe fan it Folkshegeskoallewurk op Allardsoog, te ferklearjen dat er net tastean soe dat in Oranje har fertoande by dy ‘anarchisten en naaktlopers’.
No, fyftich jier letter, sprekt it meartal fan 'e steateleden Frysk en klinkt de folkstaal ek efter de tafel fan deputearren wei. En de kommissaris, in Drint fan hûs út, hat der net it minste spul mei.
Literatuer en toaniel, eartiids leafhawwerijen fan kriten en oare lju dy't nocht oan âlde dingen hiene, binne út de folkloare weihelle en oerheidssaak wurden, lykas de Fryske Akademy fan Wittenskippen oerheidssaak is. De skoalle, dy't de doar foar de folkstaal hermetysk sletten hie, wurket no mei oan de bestriding fan it analfabetisme, en dat fynt syn wjerslach yn in groeiende literêre produksje, yn it rûnom yn it iepenbier brûken fan in taal dy't men wat langer wat better behearsket, en dy't ek yn hiel Fryslân op 'e plaknammebuorden syn gesicht toant.
Fan gefolgen is ek de stelling fan Piter Jelles, dy't syn gedichten yn it Frysk skreau mar syn politike redefierings yn it Hollânsk hold, foar in grut part efterhelle. It is no net sa frjemd mear as by de iepening fan in nij kanaal in minister en in steatelid har offisjele petear by dit barren yn it Frysk foar de mikrofoan hâlde.
Grutte feroaringen hawwe har ek yn 'e tsjerke, dêr't it Hollânsk lang de posysje fan in hillige taal hân hat, foltrutsen. Fyftich jier ferlyn kaam it as nijs yn 'e krante, as in dominy in Fryske tsjinst hold; no stiet it net mear yn 'e krante, omdat it gjin nijs mear is.
Nochris, dit allegear is gjin fertsjinste fan 'e Fryske beweging as organisatoaryske macht of presjerûnte, mar it sit yn 'e tiid. It ûntweitsjen fan 'e lytse folken rûnom te wrâld is in foarm fan ferset tsjin de driigjende massafoarming, de opkomst fan in massa,
| |
| |
foar wa't kultuer inkeld amusemint betsjut en waans gesichten opelkoar lykje as it iene gelde aai op it oare; de profesijen fan Huxley en Orwell sprekke hjir dúdlike taal.
De tsjinkrêften binne noch jimmer sterker as de positive strekkings; ik wol de dei dan ek net priizgje foar de jûn, en praat dêrom net fan oerwinning, mar wol fan beweging. De Fryske beweging, fier fan in organisearre macht te wêzen, is, sa't Sjoerd Leiker it ris treflik sein hat, in hâlding yn it libben. En sadwaande in faset fan in himsels bewitten wurdende regio tsjin de stêd oer, dy't noch altyd te goeder trou mei de yllúzje fan syn superioriteit tangele sit, en dy't syn supporters fynt by dat diel fan 'e boargerij dat ek sa graach foar fol oansjoen wurde wol. Wy hawwe dat by de krante daagliks ûnderfine moatten.
Nei Kneppelfreed haw ik hiel wat blommen krige, mar ek mocht ik in pear doazen fol hynstefigen yn ûntfangst nimme.
En somlike sjoernalisten yn it westen tinke noch altyd dat hja ‘de landelijke pers’ útmeitsje.
Ik mei wol sizze dat wy by de Koerier, sawol ûnder Sjoerd van der Schaaf as ûnder Laurens ten Cate en Rudi Boltendal, der altyd op út west hawwe om dat odium fan ‘gewestlikens’ te boppe te kommen. Net altyd mei fertuten, al hat it wol wat jûn. As aardige beljochting fan dizze ferhâldings it folgjende.
Yn in pear artikels oer Spanje yn it wykblêd Vrij Nederland beklage dr Jef Last him oer it bedroefd bytsje omtinken fan 'e parse foar belangrike dingen. Yn dit ferbân wiisde hy derop dat in jier of tsien lyn, by gelegenheid fan de betinking fan Franco's oerwinning yn 'e boargeroarloch, de ‘caudillo’ oan minister Luns de oarder fan 'e hillige dit-of-dat útrikt hie, en dat Luns dy ek oannommen hie. ‘Niemand, maar dan ook niemand in de hele Nederlandse pers heeft hierover ook maar één kik gegeven.’
Ik stjoerde him doe it artikel, dat ik fuort de oare deis yn 'e Koerier skreaun hie, ûnder de titel: ‘Misplaatste feestneus voor Luns’.
En it andert fan Jef Last? Ik krige in briefke fan him: ‘Beste Fedde, dank voor je knipsel. Leuk dat jij dat stuk toen geschreven hebt. Maar je begrijpt wel, ik bedoelde de gròte pers.’
| |
| |
Soks is net iens ûnfreonlik miend, en de ‘regionaal’ dy't der mei rjocht út ôflaat dat syn kranten dus yn dizze eagen net ta de ‘Nederlandse pers’ hearre, wurdt meilijend oansjoen omdat er wer sokke lange teannen hat. Noch net salang lyn liet Jacques de Kadt him krekt op 'e selde wize út oer Laurens ten Cate; it feit dat syn krante yn Hearrenfean ferskynt klassearret en oardielet him.
Der sil noch wol hiel wat wetter troch de see rinne moatte, ear't dizze dingen foargoed ta it ferline behearre, en men docht it bêst it net al te tragysk te nimmen.
Sa foar en nei hawwe wy it by de Koerier, behalve oer de taalkwestje, wol faker mei de rjochterlike macht te krijen hân. Want de taalkwestje is mar ien aspekt fan de diskriminaasje, dêr't de fertochte altyd wer oan bleatsteld is.
Hat de sittende magistratuer, alfolle de kanton- of polysjerjochter, noch faken de wenst de fertochten te dookjen, mei ‘jij’ en ‘jou’ oan te sprekken, de steande magistratuer is der gauris wat float yn de fertochte út te skellen fanwege syn maatskiplike status: ‘boerehufter’ en ‘boerekaffer’ binne in pear foarbylden fan hoe't men yn toga en bef in folksgroep straffeleas misledigje liket te kinnen. Ek de fynsinnige opmerking, dat as ‘de arbeidende klasse’ efter it autostjoer sit, der altyd rampen komme.
Wy hawwe altyd de plicht op ús nommen om dizze dingen te merkbiten en der tsjin te protestearjen, en dat hat tusken ús en Ljouwert wolris beskate spanningen jûn.
Lykwols mien ik fêststelle te meien, dat mei it ferdwinen fan in âlder en it opkommen fan in jonger laach hoe langer hoe mear it begryp fjild wint, dat net it folk der is foar de rjochter, mar oarsom de rjochter foar it folk.
Men seit wolris, dat de parse yn Fryslân wat aparts hat, benammen hjiryn dat de opinyfoarming by har in tige foarnaam plak ynnimt.
Dat kin fansels net inkeld oan 'e redaksjes lizze; it komt alderearst fuort út de reaksje fan de lêzer, dy't as folwoechsene sels in miening hat en dêrom ek fan syn krante jerne in miening fernimt, ek al is dat syn eigen net.
| |
| |
De man dy't ris tsjin my sei: ‘Dy ferdomde Koerier, ik bin it der seiden mei iens, mar ik lês him altyd’, koe miskien wol model stean foar de Fryske lêzer.
Mei de oare kranten yn Fryslân, de Leeuwarder Courant, Het Vrije Volk, Ons Noorden (is der no net mear) en benammen it Friesch Dagblad, hiene wy faak ferheftige mieningsferskelen en gleone polemiken, mar der wiene dochs ek dingen dêr't wy krekt fan wisten wat wy oan elkoar hiene, en dy leine op it gebiet fan ús sicht op it regionale libben en syn ûntjouwing nei de folwoechsenens.
Wol moasten wy faak nei Bakkefean om dy likense rjochting te ûntdekken, mar yn dagen fan spanning lykas yn en om Kneppelfreed wie der gjin twivel mooglik.
Ik bin al skriuwende wer fan Kneppelfreed by de krante terjochte kommen, en dat is net iens sa fier mis, want yn wêzen wie dit myn proses net, mar dat fan 'e Koerier; gong it net om in al of net misledige of misledigjend mantsje, mar om de frijheid fan 'e sjoernalistyk en in elemintêr Nederlânsk rjocht fan utering.
De tiid fan it âlde servile provinsjalisme wie foarby, en in nije tiid dêr't de regio syn folweardich plak yn sykje moast, wie ynset.
Doe't Sjoerd van der Schaaf dan ek de diskusje ôfsleat mei in artikel ûnder de titel ‘Vaarwel mr Wolthers’, hie er de goede formule fûn. It wie it symboalysk farwol oan in foarby tiidrek.
By de Koerier hawwe har yn dizze jierren nochal inkelde wichtige feroaringen foardien. Us direkteur De Graaf ferfear nei Winschoten, dêr't er yn likense funksje arbeide foar de Winschoter Courant anneks útjouwerij, benammen fan Grinslâner literatuer, allinne stie er net mear yn tsjinst fan in stifting, mar waard sels dielhawwer yn in partikulier bedriuw.
Syn opfolger wie L.R. Stallinga; ûnder him kaam de fusy ta stân, dy't de Koerier en de Leeuwarder Courant saaklik, mei folslein behâld fan redaksjoneel frij, gearbrocht yn de stifting Friese Pers. De Heerenveense Koerier hiene wy, net sûnder pretinsjes, al earder omdoopt ta Friese Koerier, mei it motto: ‘Fan bûgjen frjemd’. Men heart wolris klachten by ferskate deiblêden dat de
| |
| |
redaksje net frij is, mar de ynhâld fan 'e krante útmeitsje litte moat troch de kommersjele oanwizings fan 'e direksje.
Ik moat sizze dat wy dêr nea lêst fan hân hawwe. It predikaat ‘ûnôfhinklik’ joech yndied útdrukking oan in feitlik besteande frijdom, dy't foar in redaksje net genôch te wurdearjen is. Fansels, it barde wolris dat De Graaf de opmerking makke: ‘Datst no sa'n artikel skriuwste dat fyn ik bêst, mar wêrom moat dat no krekt foardat de kwitânsjes yn see geane, dan betankje al dy lilke lju.’
Mar dêr bleau it dan ek by.
Foarsitter fan 'e Friese Pers wie dr A. Vondeling, en ek fan him, hoewol de politike ynstelling fan 'e redaksje net altyd oerienkaam mei dy fan 'e fraksje fan 'e pvda, moat sein wurde dat hy nea besocht hat politike druk op 'e redaksje jilde te litten. Hoewol ik yn Den Haag wolris tûlkjend sei: ‘Ik moat Vondeling nei de eagen sjen, hy is myn baas’, hat er nea baas wêze wollen.
Wy hawwe altyd yn frijheid en dus mei nocht wurkje kinnen, en ik leau efterôf dat dit de krante noch oan syn groei noch oan syn reputaasje skea dien hat.
My begong yn dy tiid hoe langer hoe mear de polityk wer op te easkjen. De pvda moast út syn ûnderskate gearstallende eleminten groeie ta in ienheid, dêr't it begryp ‘trochbraak’ mear as in loas wurd yn wie. Dêrta wie hiel wat sprutsen propaganda nedich, en dy easke my foar in part op.
Ik hie ris op in doarp boppe Ljouwert op fersyk fan it bestjoer dat trochbraakbegryp behannele foar in ôfdieling, dy't einliks de geve fuortsetting fan de âlde sdap-rûnte wie. De iene kear giet it better as de oare, mar diskear fûn ik goede oandacht, benammen by ien man dy't my de wurden út de mûle like te heinen. Ik besocht út te lizzen dat wy net ús leauwen en ús oertsjûging foar de doar ôfleine, omdat de partij neat mei it leauwen te meitsjen hie, krekt oarsom, de partij hie der alles mei te meitsjen. Ik seach, sprekkende, al mar nei dy iene man: dy harket en dy begrypt my, tocht ik. Hy wie net sa jong mear.
Nei ôfrin kaam er by my, alhiel optein. Ik krige in klap op it skouder, sa goed hie ik it sein.
| |
| |
‘Ik bin it alhiel mei dy iens,’ sei er, ‘wurd foar wurd. En it is goed dat it ris in kear sein wurdt, want it is sa - it binne bliksems, dy finen.’
En doe ûntdiek ik ta myn ferrassing dat er pôtdôf wie. Hy hie heard wat er hope te hearren. No, doe haw ik it sa mar litten.
En fierders moast ik yn 'e tiid dy't my noch oerbleau, wurkje oan de oersetting fan de evangelyske gesangen. Ik woe net wer út Fryslân wei. Wat in lân, om te striden, te bouwen en te sjongen.
|
|