| |
| |
| |
Kneppelfreed
Men soe út it foargeande haadstik faaks ôfliede kinne dat it yn Fryslân altyd roazen en anjelieren reinde. Sa wie it no ek wer net; it waaide ek wolris hûnehier.
En as kranteman en sprekker waait jin dat dan it earst yn 'e eagen. Ik haw yn Fryslân, hoe mear de literatuer bloeide en de belangstelling foar boeken en toaniel tanaam, foargoed murken dat der behalve in opmerklike taalkultuer, ek in taalstriid wie, dy't yn wêzen it karakter fan in sosjale tsjinstelling fertoande.
Der begong him hoe langer hoe dúdliker, njonken de âlde ‘taalbefoardering’, in taalstriid ôf te tekenjen. In beskate âlde boargerij, besterke mei amtners en learaarsrûnten, seach boeren, skippers en arbeiders as in sosjale ûnderlaach, en keas it goedkeapste middel om har hegere status te demonstrearjen yn it ôfstân nimmen fan de folkstaal, prate Hollânsk of wat der op like en kearde it Frysk út de iepenbiere fermiddens wei.
Ik krige yn 'ea tritiger jierren ris in útnoeging fan in Folksuniversiteit om te sprekken oer nije Fryske dichtkeunst. Ik naam it skriftlik oan, mar krige fan 'e sekretaresse dit beskie werom:
‘Neem mij niet kwalijk dat er blijkbaar een misverstand is ontstaan; de bedoeling is dat u uw voordracht in het Nederlands houdt, aangezien onze volksuniversiteit meer intellectuelen dan inheemse Friezen onder haar leden telt.’
‘Intellectuelen’ en ‘inheemsen’ - sa gong dat. Elk Frysk sprekker wit dat it hiel gewoan wie dat, as men goed en wol oan it sprekken wie, in ‘dame’ út de seal wei begong te razen dat hja der
| |
| |
neat fan ferstie en oft men gjin ‘fatsoenlik’ Nederlânsk prate koe; dat hearde al sa'n bytsje by de liturgy. Hiel stadich is it begryp begûn troch te kringen dat men yn in twatalich gebiet foar in weardige ferhâlding útgean moat fan it rjocht om te praten en de plicht of alteast de goede wil om te ferstean.
Hiel stadich. Yn feite wie der in taalstriid geande mei it doel de hjir sprutsen Nederlânske taal, it Frysk, de siken ôf te snijen.
Sa no en dan kaam der ferwar, en dat barde benammen doe't de jonge yntelligintsia út 'e federaasje fan Fryske studinteferienings de kant fan it folk keas. Yn 1933 hie de Ljouwerter rjochter mr Meihuizen, doe't in studint him foar de rjochtbank fan it Frysk betsjinne, út de hichte frege: ‘Welke taal spreekt u daar?’ en de man út de seal ferwidere. It wie fansels de rjochterlike macht, belicheming fan de statyske libbensfoarm as hja altyd wer is, dy't de striid tsjin de folkstaal jerne ta sines makke.
Der wie yn dy dagen op it Hearrenfean in kantonrjochter mei namme mr S.R. Wolthers, dêr't men hast mei Multatuli fan sizze koe: ‘De controleur Verbrugge was een goed mens’. Dizze man, dêr't gjin kwea by siet, waard sûnder euvelmoed haadpersoan yn in konflikt, dêr't er begjin noch ein fan oersjen en kop noch sturt oan fêstmeitsje koe.
Earst rekke er yn it nijs troch de ‘molke en sûpe’-affêre. In pear molktapers yn Boarn hiene op har bussen de oantsjuttings ‘molke’ en ‘sûpe’ set. De iene of oare dwaas hie harren derfoar oanklage, omdat de oantsjutting neffens de ware-wet yn de Nederlânske taal oanbrocht hearde te wurden.
Mr Wolthers tocht yn syn naïviteit sawol de boargerij as de wet in tsjinst te dwaan net allinne troch formeel rjocht te sprekken, wat skuldichferklearring betsjutte, mar ek troch dizze mannen, dy't Frysk praten, de gek oan te stekken en nei te bauwen, en te freegjen oft hja gjin fatsoenlik Nederlânsk prate koene.
‘Is Frysk gjin fatsoenlik Nederlânsk?’ frege ien fan de mannen. Mar mr Wolthers, dy't yn Dokkum berne wie en tweintich jier syn heech amt op it Hearrenfean útoefene hie, woe harren net ferstean.
| |
| |
Yn oktober 1951 wie it wer mis. Sjirk Frânses van der Burg, fee-arts op 'e Lemmer, jierrenlang in foaroansteande figuer yn de Fryske studintebeweging, moast om in ferkearsdelikt foarkomme en prate Frysk, ta grutte ergewaasje fan mr Wolthers, dy't tochte dat soks dien waard om him te narjen. Doe't de ‘fertochte’ der mei trochgong en mr Wolthers syn ‘fatsoenlijk Nederlands’ net winske te brûken, waard er ferwidere salang oant der in tolk komme soe. Dy kaam net, en de rjochter wegere fierders in wurd te ferstean. Ik leau noch altyd dat de goede man der neat fan begrepen hat wêr't er him ynjoech, hy wist allinne mar dat syn spulregels brutsen waarden.
Van der Burg woe mr Wolthers net narje. Ik, dy't der as ferslachjouwer by siet mar boppedat ek haadredakteur fan myn krante wie, woe dat ek net. Mar dochs koe ik net oars as skriuw de njoggentsjinde oktober in haadartikel yn 'e Koerier dêr't tocht my gjin wurd Frânsk by wie. Ik hie it yn krasse wurden steld, yn 'e hope dat de rjochterlike macht, dêr't mr Wolthers inkeld mar de ûnskuldige figurant fan wie, yn it stiel bite soe. En dy hope is net beskamme.
Want yn Ljouwert wenne doe in man mei namme mr F. Hollander, ofsier fan justysje, dy't minder ergeleas wie as mr Wolthers. Hy wie in útsprutsen fijân fan 'e Fryske beweging en hie alris útlitten dat er dêr nochris mei ien klap in ein oan meitsje soe. It hearde ta syn taktyk hjirby sels net op 'e foargrûn te kommen; hy droech de saak oer oan de substitút-ofsier mr H.W. Kuipers, âld-federaasjeman en ûnbetwivele Frysksinnich. Fan him krige ik myn deifurdiging; ik soe de sechtsjinde novimber 1951 foar de polysjerjochter yn Ljouwert ferskine moatte om my te ferantwurdzjen oer it artikel ‘De laatste man van de Zwarte Hoop?’
Hie mr Wolthers in oanklacht fanwege mislediging yntsjinne?
Nee, dat hie er net nedich fûn. De oanklacht gong út fan it Iepenbier Ministearje, dus fan mr F. Hollander. Hie mr Wolthers, dy't sels net klage hie, doe dy oanklacht ôfwiisd? Nee, hy fûn it wol goed.
As bylage by de deifurdiging wie in ôfskrift fan it artikel foege, mei de passaazjes dy't misledigjend achte waarden read ûnder- | |
| |
streke. Dat wie net sa'n lyts bytsje; der wie suver gjin swarte rigel mear yn. Ik like dus aardich yn 'e roas sketten te hawwen.
Ien fan de misledigingen wie, dat mr Wolthers net inkeld it Fryske folk en de Fryske studinten provosearre, mar ek syn kollega's kompromittearre hie. Dat dit as mislediging oanmurken waard wie foar ús it bewiis, dat it Iepenbier Ministearje dus ienriedich mei mr Wolthers stie yn syn wegering om it Frysk as in Nederlânske taal te behanneljen.
It wie in wat nuvere, mar ûnûntkombere figuer; fansels hie ik de opset net om de, sa't ik al sei goede man Wolthers, dy't wierskynlik fan de prins gjin kwea wist, te misledigjen; dochs moast ik de misledigjende foarm kieze, om te krijen wat ik winske, in brede diskusje oer de eftergrûn fan dit proses yn parse, folksgearkomste en parlemint, om it regear yn Den Haag dúdlik te meitsjen wat de rjochterlike macht hjir mei folk en folkstaal útheefde. Dat is in stikhinne slagge.
Myn ferdigener wie mr D. Okma, myn tsjûge-deskundige Piter Wybenga, sjefredakteur fan it Friesch Dagblad, myn oanklager mr H.W. Kuipers, myn rjochter mr Tj. Taconis.
Omdat yn feite hjir net ik, mar de Fryske beweging terjocht stean soe, wie der foar de sitting in grutte belangstelling te ferwachtsjen. Ik hie heard dat men fan doel hie de saak yn it lytse sealtsje, ‘it alkoof’, te behanneljen en joech de rjochtbank yn betinken de grutte seal te nimmen, omdat men oars de minsken net bergje kinne soe en de iepenbierens fan 'e sitting yn 'e knoei rekke. Dat waard ôfwiisd, omdat men dan dy grutte seal ferwaarmje moatte soe, en dêr wie gjin branje foar.
Doe't wy mei mr Okma dy moarns fan de sechtsjinde novimber oankamen, stiene de gongen fan it paleis fan justysje al fol, wylst op it Saailân de mannichte al mar oangroeide. Wy wiene noch mar krekt yn it ‘alkoofke’, of wy hearden op 'e gong al it klappen fan 'ea gummystokken. De Frysk-skriuwende parse, Frysk en Frij, It Heitelân, De Stim fan Fryslân, De Stiennen Man krigen gjin tagong, en de protestearjenden, dy't har berôpen op 'e iepenbierens fan 'e sitting, waarden der útstjoerd, útset of útslein;
| |
| |
mr Hollander hie de saak goed foarelkoar. In bykomstige omstannichheid wie, dat it krekt op freed foel, de merkdei, mei it Saailân fol keaplju en kreammen.
Ik hie oan rjochtbankferslachjouwerij net folle dien, en hearde dêr einliks foar it earst hoe't mr Taconis myn foargongers, fertochten foar lytse delikten, mei ‘jij’ en ‘jou’ oanblafte. Ik makke my der al op klear him, dy't dêr blykber priis op stelde, werom te dookjen, doe't ik ta myn grutte benijing oansprutsen waard mei ‘mijnheer de verdachte’.
De tsjûge-deskundige, de bekende fersetsman Piter Wybenga, waarden in pear fragen tabiten dy't er inkeld mei ja of nee beänderje mocht, sûnder taljochting. Doe't er de eed ôflizze soe, mocht er dat net yn it Frysk dwaan, omdat Frysk gjin Nederlânsk, en in Fryske eed dus gjin eed wie.
Fierders hat men noch my, noch Wybenga, noch myn meifertochte Tsjebbe de Jong, dy't yn 'e Boalserter krante in lyksoartich delikt bedreaun hie, saand of maand oer ús Frysk praten foar de rjochtbank; it wie kenlik net de bedoeling om yn alle opsichten solidêr mei mr Wolthers te wêzen, mar de saak ta te spitsen op ‘ienfâldige mislediging fan in amtner yn 'e rjochtmjittige betsjinning fan syn funksje’.
En mr Okma fierde syn knap pleidoai yn it Hollânsk, dat joech dus gjin spul.
De hear Taconis joech my fierders in behoarlike ôfstraffing en hold my foar dat ik dochs de draachkrêft fan 'ea Nederlânske taal wol kenne moast: ‘Jo hawwe dochs ûnderwizer west en as ik goed ynljochte bin hawwe jo sels de haadakte.’
Ja, dêr kin men net folle tsjin sizze.
De ofsier fan justysje, mr Kuipers, alle eftergrûnen mijend en him rjochtsjend op 'e kwestje ‘mislediging of net’, easke hûndertfyftich gûne boete tsjin my, subsidiêr tritich dagen tichthûs. Mr Taconis, útspraak dwaande, makke hjirfan twa wiken tichthûs ûnder betingst (voorwaardelijk) mei in proeftiid fan trije jier.
Dat soe der dus op del komme dat ik trije jier by mr Hollander yn 'e reklassearring moast.
| |
| |
Ik mocht noch in koart slotwurdsje sprekke, dêr't ik ûnder oaren yn sei it rjocht hâlde te wollen, no en yn 'e takomst, om, as myn folk yn syn eare en syn bestean taast waard, fûl fan my te slaan mei it wapen dat my net om 'e nocht tabetroud wie: it wurd. ‘Moat ik dêrfoar straft wurde neffens in wet, dy't net myn folk, mar wol syn oantaasters beskermet, dan sil it dragen fan dy straf my grutter eare wêze as hokker priis.’
‘Heeft niet met de zaak te maken,’ sei mr Taconis en naam in dropke.
Doe't wy it gebou ferlitte soene, kaam in brigadier op my ta om te sizzen dat wy troch in efterútgong moasten. Ik tochte dat ik foare ynkommen wie en woe der ek foare wer út. ‘Dan komme der deaden,’ sei er. Dat sadwaande rekken wy efter út, en seagen wat der bard wie. Wy hiene yn it sealtsje wol it gerop fan sprekkoaren heard, mar koene dêr fansels neat sjen. It hiele Saailân blykte yn ûnstjoer te wêzen. De hear W.K. Houwing, kommissaris fan polysje, hie in hiele macht oanstappe litten. By de earste sprekkoaren, ynset troch studinten, waard besocht de mannichte mei de brânspuit útelkoar te bliezen. Mar de earste striel, sa hurd as in stok, kaam yn it gesicht fan in ûnskuldige grientekeapman, dy't alle duvels begong oan te roppen en syn kisten mei sprútsjes en tomaten ta foldwaan fan de betogers sette. In reade koal foel as in bom tusken de polysjemannen yn. Doe kamen de motorbrigades yn aksje; wylst de brânspuiten foar focht soargen, jagen de motoaren mei sydspan oer it Saailân en troch de Prins Hindrikstrjitte en mepten der mei har gummykneppels yn it bline wei op. Yn it bline wei, want hiel wat minsken dy't trochplakt en mei bûden op 'e holle thúskamen hiene noch nea fan 'e Fryske beweging heard.
Dat toaniel wie geande, doe't wy bûten kamen. Op 'e hoeke fan 'e Prins Hindrikstrjitte stie in kloft freonen, wêrûnder Douwe Tamminga, Anne Wadman en Geart Jonkman, dy't my op 'e skouders namen en troch de strjitte droegen. De polysje like dat net goed te finen, yn elk gefal fielde ik al gau de klappen fan 'e gummystokken op 'e rêch, en ik koe útrekkenje dat dyselde stokken myn freonen op holle en skouders mepten.
| |
| |
‘Set my mar del,’ sei ik, mar it gong wat iensidich, en sa kipte ik by notaris Duintjer troch it rút. It besoarge my inkeld in goede glêssneed yn 'e pols, en ik woe myn frou wer opsykje, dy't efterbleaun wie, wat my, nettsjinsteande alle driigjende gummykneppels en ferdommes fan de oerstjoere polysje, ek noch slagge. It sykjen alteast, want fan de man dy't my nei in apteek loadste om my ferbine te litten fernaam ik dat myn frou al yn it Oranjehotel siet. Piter Wybenga, ek yn de efterhoede, wie skopt en slein dat it net aardich mear wie. Hy hat letter in oanklacht fanwege mishanneling yntsjinne, mar dy is net ûntfanklik ferklearre, omdat er yn it Frysk steld wie.
Ik hie de jûns tefoaren in kollega út Amsterdam by my hân, Sikkink fan de Volkskrant en hy hie my frege oft it de muoite wurdich wie om nei Ljouwert te gean foar dat proses. Ik hie sein dat der allicht in stikje kopij wei te heljen wie. En no, foar it Oranjehotel, dêr seach ik Sikkink oankommen, dweiltrochwiet en lûkend mei syn iene skonk. De polysje hie him op strjitte ôfsoald en him nei syn berop op syn parsekaart noch in pear bêste trewinkels efternei jûn. ‘Ast ris wer wat witste,’ sei er. Mei de taal hie er fierder gjin swierrichheid hân; de flokwurden fan 'e oerheid wiene deselden as yn Amsterdam, tocht him.
Yn it eftersealtsje fan it Oranjehotel, dêr't de drippende en blausleine mannichte fan demonstranten en sjoernalisten byelkoar kaam, binne doe ûnder lieding fan notaris Tuinstra spikers mei koppen slein; de koppen sieten der benammen oan troch it feit dat hjir hiel wat Hollânske sjoernalisten, dy't inkeld mar har berop útoefenje woene, sûnder reden ôfseame wiene. De oanklacht fan Sikkink is letter ek sûnder praatsjes yn 'e fodkoer gongen. Dit wiene sjoernalisten en bewegingslju; mar op strjitte wiene hûnderten minsken sûnder euvelmoed spuite en mishannele. De slach, dy't mr F. Hollander Fryslân tocht ta te bringen, kaam rjocht yn syn eigen troanje telâne. Krantekoppen yn hiel Nederlân rôpen de oare deis fan ‘De slag op het Zaailand’, ‘Hollanderfurie’, ‘Politionele actie in Leeuwarden’. Het Vrije Volk skreau: ‘De politie dreigt hier een gevaar te worden voor de openbare orde.’
| |
| |
Dizze senuwe-útbarsting fan it gesach is ûnder de namme ‘Kneppelfreed’ de skiednis yngien. Yn ûnderskate ensyklopedyen kin men it ferhaal ûnder de K opsykje.
Fan it idioate fonnis dat mr Tj. Taconis my oplein hie bin ik fansels fuort yn heger berop gien by it Hôf.
In wike letter waarden der yn Ljouwert, útgeande fan de Ried fan de Fryske Beweging, it striidbûn Fryslân Frij en de Fryske Feriening foar in Federaal Europa twa ôfladen protestgearkomsten holden. Sprekkers wiene E.B. Folkertsma, foarsitter fan 'e Ried, Jan Piebenga, haadredakteur van de Leeuwarder Courant en J.H. Scheps, lid fan 'e Twadde Keamer, in rasechte Hollanner, dy't sawol de saak fan de Friezen as dy fan 'e Flamingen nei oan it hert lei; it gong foar him om in stik Nederlânske frijheid. Twatûzen oanwêzigen ferklearren by moasje op dizze gearkomsten efter it feroardiele artikel yn 'e Heerenveense Koerier te stean. Kommissaris fan polysje Houwing siet op 'e twadde rige yn 'e seal, efter boargemaster Van der Meulen. Njonken him siet in boer út de Legeaën. ‘Kom Sânstra [m.w. Santema tsw],’ sei ik yn it skoft tsjin him, ‘jo hjir ek?’ ‘Ja myn jonge,’ sei Sânstra [m.w. Santema tsw], ‘en ik haw it blafferke meinommen.’ En hy helle in grouwe browning heal út de bûse. ‘Soks komt my ien kear oer, mar gjin twa kear.’
Dat wiene wol spitige reaksjes, mar hja wiene troch it oerheidsgeweld útlokke.
Yn 'e Ljouwerter ried stelde J.T. Vellinga fragen oer it polysjedwaan: boargemaster Van der Meulen achte de fragen net op har plak en wegere andert. Yn 'e Twadde Keamer waard frege en ynterpellearre fan ar-, fan pvda- en fan vvd-kant; wol andert fan 'e regearingstafel, mar ûnbefredigjend, en in fûl debat mei minister Mulderije (justysje) dy't ferklearre dat de polysje terjocht hannele hie.
Ik koe nei dit debat yn de Koerier fan 12 novimber skriuwe: ‘De minister fan justysje, dy't noch altyd mient dat er yn 'e saak fan Kneppelfreed en wat der mei gearhinget allinne de Friezen
| |
| |
tsjin him oer hat, kin dochs wat leard hawwe út de reaksjes fan 'e hiele Nederlânske parse en út de folksfertsjinwurdiging. Syn Eksellinsje wol dochs net oannimme dat der safolle omtinken jûn wurde soe oan in tafallich man, dy't in oar tafallich man misledige hat? Mei de wissichheid fan de yntuysje hat elk field dat hjir mei it rjocht fan Fryslân it elemintêre rjocht fan de Lege Lânen yn 'e kiif kaam, it rjocht om ússels te wêzen, dêr't wy pas in bloedige oarloch om riskearre ha.
Sa foltriek him wer dat seldsume wûnder, dat “alle man van Neerlands stam”, ôfsjoen fan gewest of politike rjochting, fan Brussel oan Delfsyl yn it gewear fleach. Hjir stiene Meertens en Scheps njonken Gerbrandy en Gerretson, Knuvelder en Bruins Slot njonken Romme, Vonk njonken Voskuil.’
Douwe Tamminga en Anne Wadman hawwe in karsamling fan parse-artikels oer dizze saak gearbrocht yn in brosjuere ûnder de titel: Wat niet-Friezen ervan zeggen.
Professor Gerretson (Geerten Gossaert) syn rede yn 'e Earste Keamer is ek yn brosjuerefoarm ferskynd ûnder de Fryske titel: Regearing, doch rjocht. En Gerbrandy? It gong my mei him altyd wer lykas de duvel yn Faust: ‘Von Zeit zu Zeit seh’ ich den Alten gern.’
Hy hie in psalm fan my yn 'e Keamer foarlêzen en stikken sitearre út myn artikel yn Elsevier. Ik skille him op.
‘Ja professor. Witte jo noch dat jo ienentweintich jier lyn sein ha dat jo my wol ferdigenje wollen hiene?’
‘Ja, dat wit ik wol. Hawwe jo sjoen dat ik in psalm fan jo yn 'e Keamer lêzen haw?’
‘Wis. Ik woe jo freegje: kinne wy no de skea net ynhelje en wolle jo my no ferdigenje yn heger berop, foar in saak dy't jo mooglik noch better leit as dy oare?’
‘Ik hie neat leaver dien. Mar ik mei no net mear pleitsje. Ik winskje jo it bêste.’
‘Abel ynteressearret him foar dyn saak,’ sei Rients Dykstra, direkteur fan de Groene Amsterdammer, op it fiifensantichjierrich jubi- | |
| |
leum fan dat blêd tsjin my. Abel, dat wie mr Abel J. Herzberg, de man dy't ik koe as de auteur fan Amor Fati, it djipste wat ik ea oer Bergen-Belsen lêzen hie, en ik fergeat hast myn hiele proses troch de ferrassing him te moetsjen. Mr Herzberg fielde as joad krekt wêr't it om gong.
Hy hat my foar it Hôf ferdigene. Yn 'e grutte seal, dêr't hiel wat figueren út de juridyske wrâld fan her en der kommen wiene om him te hearren.
It wie in yndrukwekkende rede, dêr't de ferhaaltsjes oer de Swarte Heap yn it rekwisitoar fan de prokureur-generaal mr Besier wol potsierlik by ôfstieken.
Foar de útspraak hiene wy amper mear belangstelling, sa naam syn wurd ús mei.
‘Al dy lytse folken en talen, mynhear de presidint,’ sei mr Herzberg, ‘kinne mei ús moderne middels hiel gau opromme wurde. Dat is, mits goed organisearre, in kwestje fan ien generaasje, wy meitsje ien taal en roegje de oaren út. Dan sille wy elkoar allegear ferstean kinne.’ (In skoft stilte.) ‘Mar, mynhear de presidint, dan sille wy elkoar ek neat mear te sìzzen hawwe.’
Hy bestried de oanklacht skerp: ‘Mr Wolthers is net oanfallen op de rjochtmjittige, mar krekt op de ûnrjochtmjittige útoefening fan syn funksje. Ik begryp net dat ik út Amsterdam komme moast om my der hjir oer te besauwen, dat in folk foar syn eigen rjochtbank troch syn rjochters net ferstien wurdt as it syn eigen taal sprekt.’ ‘Men moat nei Parys gean,’ sei in advokaat tsjin my, ‘om sa'n pleidoai te hearren.’
It Hôf, dat my fierders Frysk prate liet, hat it fonnis befêstige: hûndertfyftich gûne boete subsidiêr tritich dagen tichthûs. Ik hie it lêste kieze wollen, mar mr Herzberg makke my dúdlik dat dy kâns der net wie.
Mr Herzberg woe gjin honorarium. ‘Soms is it in toer om jild te fertsjinjen,’ skreau er my, ‘soms ek om it net te fertsjinjen. Wolle jim perfoarst wat dwaan, jou dan mar wat foar it opboufûns fan Israël. Dan haw ik wat foar de Friezen dien en jimme wat foar de joaden.’
| |
| |
Abel Herzberg hat mei ien beweging dizze saak weihelle út de lytse persoanlike en provinsjale kreauwerij, dêr't ús togamantsjes har sa graach hâlde woene, weihelle en op heger nivo brocht. It wie advokatuer fan grut formaat.
Bûten de rjochtseal wie wol folk, mar gjin motorsjarzjes. Sânstra [m.w. Santema tsw] stie as in stanbyld op 'e treppen fan it paleis. ‘Blafferke yn 'e bûs, jonkje,’ sei er yn it foarbygean tsjin my. ‘Men kin it nea witte.’
|
|