| |
| |
| |
Simson wurdt wekker
Men ferwyt ús wolris, dat wy Fryslân oerskatte en idealisearje; ik leau net dat ik my dêr slim oan skuldich makke haw. Ik hâld no ienkear redeleas fan Fryslân, en dêrom syl ik der altyd wer mei yn. Mar oerskatte - nee. Krekt oarsom bin ik nochal gau ree myn ferwachtings op in sêft pitsje te setten. En dan is it iderkear wer datselde ûngelokkige Fryslân, dat my foar de grutste ferrassingen set. Hie ik tinke kinnen dat it my út Amsterdam helje soe om te wurkjen oan it deiblêd, dêr't ik it leafst fan alle kranten by wêze woe? Dat wie de grutte ferrassing fan myn libben.
Mar it soe net de iennichste wêze.
Ik wie op it Hearrenfean al gau fêste gast wurden yn it hûs fan dr Bonne Dykstra, dy't ik koe út de Fryske Studintefederaasje. Net allinne op it gebiet fan 'e beweging, mar ek yn artistike saken rekken wy elkoar. Dykstra skildere en deklamearre, hy skreau sels gedichten yn dy tiid. Op ûnderskate plakken hold er foardrachtjûnen mei Shakespeare's Hamlet yn oersetting fan T. Holtrop, dêr't dr H. Koek dan in psychologyske taljochting by joech. It is dus dúdlik, dat it toaniel ús grutte belangstelling hie. Op in jûn fertelde ik him, dat ik ek ris in stik skreaun hie, it drama Simson, einliks mei gjin oare ferwachting as dat it in earber rêstplak yn myn kast fine soe; it beropstoaniel woe it net spylje en it amateurtoaniel koe ik der min op fergje. ‘Nim it ris mei,’ sei er, en by in letter besiik liet ik it achteleas op 'e piano efter.
In wike letter hie ik Dykstra oan 'e telefoan; yn in ûnbesnoeide wurdkar, dy't ik net fan him wend wie, beswarde er my dat wy dit stik spylje moasten en soene.
| |
| |
En mei in pear dagen hiene wy in útsocht selskip by him oan hûs, dêr't ik it stik foarlêze mocht: it bestjoer fan 'e krite Hearrenfean, yn 'e persoanen fan Jan Comello, Lammert Duisenberg en M. van der Leen, mar ek ds Bekius, de komponist Paulus Folkertsma fan Boarn en Anders van der Sloot, de skilder, út Ljouwert. Dêr waarden fuort dy jûne spikers mei koppen slein; in Simson-komitee waard foarme, wat it beslút ta spyljen ynhold, en de earste repetysje fêststeld. It wie gjin grap, seisentweintich tekstrollen, wêrfan ienentweintich manlju en fiif froulju, en dan noch de koaren, dy't meielkoar yn it lêste bedriuw in folksmannichte foarmje moasten. Mar doe't ienkear besletten wie dat it koe en soe, bliek Paulus Folkertsma ree om de muzyk te skriuwen, en Anders van der Sloot om de toanielbou te fersoargjen.
It opwinende fan dit aventoer wie de kranksinnige ûnmooglikens derfan; wêr moasten al dy spylders weikomme, en, ‘last but not least’, wêr moast it jild, neffens rûch beroai sa'n tolftûzen gûne, helle wurde?
De spylders kamen, en it die bliken dat wy net allinne op Hearrenfean, mar op Fryslân bouwe koene: hja kamen út Ljouwert, út Drachten, út Wolvegea, út Hoarnstersweach, út de Himrik en ien sels, de trouste op alle repetysjes, Hinne Feenstra, út Bilthoven.
Ik begryp noch net hoe't it komitee, en benammen dr Dykstra, dit allegear sa grûnich en op sa'n koarte termyn witten ha te organisearjen.
Wy hiene dat wurd doe noch net sa foarenoan yn 'e mûle, mar oars hiene wy grif sein dat it in oekumenysk wûnder wie, want alle politike en tsjerklike rjochtingen ferskynden hjir iendrachtich op 'e planken.
Van der Sloot koe de dekors skilderje en de toanielbou útsette, mar foar de bou sels sprongen fuortdaalk learaars en learlingen fan twa technyske skoallen, Hearrenfean en Jobbegea, yn it gewear. Folkertsma rette foar de komposysjes, en fûn daalk Cor Nijdam as dirigint oan syn side, dy't de stôk heffe koe oer de leden fan it lof [Ljouwerter Orkest Ferbân], it lettere Frysk Orkest, oer
| |
| |
Hearrenfeanster sjongers en sjongsters en oer it Wolvegeaster manljuskoar. Mei de rezjy hat it effen lijen west, mar ek hjir kaam útkomst yn de persoan fan H.K. Schippers út Drachten. Under syn lieding is der njoggen moannen (de tiid foar in swiere kream) ynmoedich repetearre.
En de drege finansjele sturt fan dizze hûn? Ek dêr kamen wy oerhinne. It lytse Simson-komitee krige ferbining mei it grutte haniwo-komitee, dat foar de simmer fan 1947 in pleatslike feestwike mei tetoanstelling tarette. Dit komitee naam sûnder betinken de Simson-opfiermg op yn syn kultureel programma, en diek ek it jildlik risiko.
Wy hiene yn Schippers krekt de regisseur fûn dy't wy nedich hiene; de man dy't net inkeld de spylders op it uterste fan har kinnen ferge (want dat die er!), mar dy't har ek foar it ûndernimmen wist te besieljen.
Fan binnenút besjoen, fan de kant fan de spylders, binne sokke repetysjes suver noch sterker belibbings as de opfieringen; men groeit yn it stik, men ûndergiet de stalferoaring fan jinsels nei de figuer dy't men hat te spyljen, en sprekt elkoar sels op strjitte op it lêst mei sitaten út de tekst oan.
En op 'e generale giet it fansels altyd mis.
Mar de premiêre op 23 juny yn 'e Skouboarch, mei safolle eangsten temjitte sjoen, hat foar ús allegearre in grutte dei west. Dat is it oangripende fan amateurtoaniel, dat men it sa mei elkoar belibbet, dat it net giet om in glânsrolle of in persoanlike prestaasje mar om it mienskiplike wurkstik. Fan dy persoanlike kwaliteiten waard lykwols genôch ferge; ik tink hjir benammen oan de ûnminsklike opjefte foar de tsjintwurdige mefrou Bijkerk-Mebius, doe ûnder ús bekend as Gep Mebius, dy't in haadrol aktearje, en boppedat by har eigen tamboeryn- begelieding sjonge en dûnsje moast (Delila). En hja wie in oertsjûgjende koertisane.
Ik haw no noch wer ris oerlêzen (want ik haw dy knipsels as goud bewarre, hoe slof ik oars faaks wêze mei), wat de parse der fan sei. Dat wie mear as freonlik, dat wie optein en geastdriftich
| |
| |
soms, al ûntbriek de krityk net. Ien fan 'e pleatslike blêden hie yn it foar skreaun, it stie te fier fan folkstoaniel ôf, it soe wol in spultsje foar in stikmannich yntellektuelen wurde.
Myn grutste foldwaning efterôf is noch, dat dit der fier njonken blykte te wêzen. Wy hawwe fiif jûnen by in temperatuer fan boppe de tritich graden spile foar in skjin útferkoft hûs, en de bussen fol minsken kamen út alle oarden fan Fryslân wei.
Ek ús freonen fan bûten Fryslân toanden har niget; myn frou krige de nachts nei de premiêre trije útfanhûzers (dat moat sa wêze, al begryp ik net mear wêr't hja se burgen hat): it wiene de romanskriuwer Theun de Vries, dy't wy doe ek mar twongen ha om de skôging foar de Koerier te skriuwen, dr Klaas Heeroma (de dichter Muus Jacobse) en Yge Foppema, dy't kaam foar de Groene Amsterdammer.
Hja hawwe alle trije itselde field wat ik hjirboppe skreau oer de grutte mienskipswearde fan it gruttere amateurtoaniel.
Better as de Fryske parse, dy't men faaks fertinke kin fan pleitsjen foar eigen parochy, kin ik hjir miskien in inkeld sitaat fan dizze taskôgers jaan.
Theun de Vries skreau:
‘Dit kin nearne oars as yn Fryslân. Want in Frysk toanielstik, opfierd troch Fryske minsken yn in Frysk fermidden, is mear as amusemint. It is in stikje kultuerstriid, en al soene faaks party fan 'e taskôgers wat frjemd opsjen as men harren soks fernijde, yn 'e grûn fan 'e saak fiele hja dochs - en hjir sit dan ek de lêste faktor foar it sukses yn - dat harren mei sa'n stik as Simson eat oanbean wurdt, dat Fryslân en harren sels kredyt jout. Dêrom is in Frysk skriuwer jimmer wat mear as in skriuwer yn in oar lân; hy moat mei syn wurk mear as persoanlike eare ynlizze. Mar itselde jildt ek foar de spylders, jildt foar elkenien, dy't skrept en skuord hat om Simson as útfiering slagje te litten. En it jildt ek foar it publyk dat him jout om dit stik te begripen.’ (Heerenveense Koerier 24 juny 1947).
En út Yge Foppema syn artikel ditte:
‘Over de vernieuwing van ons vaderlands toneel is zoveel
| |
| |
gepraat, dat men er de moed bij zou verliezen. Op het Leidseplein roept men erom en men wandelt voort op oude paden. Amateurs op de Kloveniersburgwal prediken vernieuwing en spelen vertaalde stukken die het beroepstoneel tien jaar geleden beter vertoonde. Geen dichter waagt het tegenwoordig nog een klassiek drama te schrijven; àls hij het schreef zou hij het niet gespeeld krijgen, en àls hij het gespeeld kreeg zouden er geen vijftig mensen naar komen kijken, de kritiek inbegrepen. Zo staat het met ons vaderlands toneel...
Zo zegt de pessimist. Maar toen Fedde Schurer verleden week met een eigen troep zijn bijbels drama Simson opvoerde (oantekening fan F.S. yn 1967: sa wie it fansels net alhiel...) kreeg hij vijf avonden achter elkaar een uitverkochte en meer dan geestdriftige zaal. Nou ja, dat was dan ook in Heerenveen.
Er kunnen in plaatsen als Heerenveen op toneelgebied blijkbaar dingen gebeuren die in Amsterdam onmogelijk zijn. Er was daar bij de medewerkers een toewijding, een geestdrift, een overgave aan het werk, een zich onderschikken van ieder aan het geheel, dat het hart kon verwarmen. Er was daar bij het publiek een waardering, een openheid en een verlangen naar begrijpen die reeds wezenlijk begrip inhield, waardoor een mens weer geloof kon krijgen in de toekomst van het toneel. Praat over volkstoneel: dìt was volkstoneel.
Nu ja, het ei van Columbus. In Amsterdam zou je zo iets nooit kunnen doen... Maar wie zegt, dat de vernieuwing van ons vaderlands toneel juist uit Amsterdam moet komen? Ga naar Heerenveen, gij praters over vernieuwing, en wordt wijs.’ (de Groene Amsterdammer, 27 juny 1947).
Nei de ein fan dizze roerige en spannende dagen gong de unike ploech frijwilligers útelkoar. En dan is it fansels ek út mei sa'n stik, men kin it net lykas it beropstoaniel ûnderhâlde. Mar ta ús grutte ferrassing kaam by it komitee de útnoeging, om ek trije opfieringen te jaan yn 'e Harmony te Ljouwert, yn it kader fan 'e grutte lânboutetoanstelling yn it lêst fan septimber. Dat wie in ferlieding dêr't wy ûnmooglik wjerstân oan biede koene, en sa
| |
| |
begongen de repetysjes dus wer. Ek yn Ljouwert wie de ûntfangst by it yn mannichte opkommen publyk freonlik en royaal. Der wiene wol in pear tûkelteammen, dy't op in ôfstân fan jierren de muoite net wurdich, mar op it stuit katastrofaal liken: by de earste foarstelling yn Ljouwert foel Hinne Feenstra, dy't de rol fan 'e profeet Nahath spile, út.
Goede ried wie djoer. Wy besleaten dat Schippers en ik, dy't it bêste yn 'e tekst sieten, hy as regisseur en ik as auteur, de saak mar ferdiele soene. Nahath kaam yn trije bedriuwen foar; Schippers naam him yn de earste twa, en ikke yn it fjirde bedriuw, en der heuge my gjin grutte ûngelokken.
In twadde slim ding wie, dat de deis fan 'e trêde foarstelling myn lûd finaal fuort wie, ik koe my gewoan pratende net iens fersteanber meitsje. Ik haw in pear doctors ôfjage, dy't der gjin ried op wisten, mar de lêste joech my in drankje dat ik in oere fan tefoaren ynnimme moast; it koe mar in pear oeren wurkje. En wier, it hat holpen, al sil men yn 'e seal wol murken hawwe dat der wat mei de Simsonfiguer wie.
Al mei al koene wy oer dizze acht Fryske opfieringen tige foldien wêze.
Simson, twa jier ferlyn te rêste lein foar de ivige sliep, wie dan dochs wekker wurden. En doe't dat ienkear sa wie, like it wol dat de brân begong oer te slaan; want ek bûten Fryslân kaam der belangstelling.
It begjin wie in útfiering as radioharkspul fan it trêde bedriuw yn Hollânske fertaling; de Delila-rolle waard spile troch Caro van Eyck en de Simson troch nimmen oars as Albert van Dalsum, de man dy't my by it skriuwen foar eagen stien hie.
Op freed 30 jannewaris 1948 joegen de studinten fan SSR (grifformearde studinteferiening) yn it Luxor-teater te Rotterdam in opfiering ûnder rezjy fan Ton Lutz. De krityk wie net optein oer dit barren, en mei rjocht; ek wy wiene, tsjin de eftergrûn fan ús Hearrenfeanster en Ljouwerter oantinkens, nochal teloarsteld, al moast men wiis wêze mei it besykjen.
Yn april folge Amsterdam, dêr't in toanielploech út de cjmv in
| |
| |
opfiering joech yn Krasnapolsky, dy't it ek op tefolle plakken sitte liet om der geastdriftich oer wêze te kinnen.
Mar datselde jier kaam in belangriker inisjatyf fan bûten Fryslân. Amersfoort sette, op útstel fan syn boargemaster Herman Molendijk, Simson mei trije opfieringen op it programma fan syn befrijingsfeesten.
Foar my wie dat de eigenlike yntroduksje fan Simson yn it Hollânske taalgebiet. Molendijk hie alles byelkoar roppen wat yn Amersfoort en omkriten mar mei toaniel te meitsjen hawwe koe, om dêr it bêste út te selektearjen. En it wie lyk as op it Hearrenfean; alle rjochtingen, polityk en tsjerklik, sloegen ienriedich de hannen yn elkoar. De rezjy berêste by myn âlde Amsterdamske freonen Ludzer Eringa en Floor Middag; as meiwurkjenden joech it programma oan: ‘Seksjes Toaniel, Sang en Muzyk en Byldzjende Keunst fan de Amersfoartske Mienskip.’
Der wie foar my mar ien fertrietlik ding by; de muzyk fan Paulus Folkertsma moast ferfalle. De opfieringen wiene de jûnen fan 5,6, en 7 maaie yn it grutte iepenloftteater Birkhoven by Amersfoort, en de strikers weagen har ynstruminten net oan 'e nachtloft. Sadwaande moast dy muzyk ferfalle en skreau Hans M. Scheifes yn alle hasten syn partitueren foar blaasynstruminten.
It stik waard yn it trêde bedriuw noch útwreide mei in ballet ûnder lieding fan Hans Snoek. Dat wie moai, lykas it ek moai wie dat as ferbinende skeakel tusken de Fryske en de Hollânske opfieringen Hinne Feenstra ek hjir de Nahath-figuer spile.
It wie, wûnder boppe wûnder yn dit seizoen, alle trije jûnen prachtich, molkelij waar, en de opfiering gong boppe myn ferwachtingen út. Ek seach ik no, wat der oan 'e Fryske opfieringen mis west hie. Doe't ik K. Pypers de Simsonrolle spyljen seach, wist ik it ynienen, dat ik dit nea dwaan moatten hie; dit wie toanielspyljen, mines wie, lit wêze net ûnfertsjinstlike, kostumearre deklamaasje.
By de premiêre yn Amersfoort wie, hoe koe it oars, in bus - fol Hearrenfeansters. De Amersfoorter, dy't ús fan Birkhoven ôf in lift joech nei ús hotel, sei: ‘Och, jo binne de auteur. - Ja mynhear, dat
| |
| |
Hearrenfean docht it dochs mar, earst Abe Lenstra en no jo wer...’
No, ik wie der ek wiis mei. Sûnder Hearrenfean, sûnder Fryslân hie dit net mooglik west. Sa waard Simson it earste Fryske stik fan wat omfang, dat net allinne in Nederlânske regearingspriis krige hie, mar ek op weardige wize yn Hollânske fertaling bûten Fryslân opfierd waard. In stik erkenning fan it Fryske literêre libben as Nederlânske kultuerwearde, dat boppe myn persoanlike idelheden útgong.
Op sokke hichtepunten wurde der altyd noch fierdere en gruttere plannen smijd.
Op it Hearrenfean hie ds G. van Veen yn 'e krante it ynstellen fan in Simson-tradysje bepleite: in jierlikse opfiering. Yn Amersfoort bepleite Herman Molendijk itselde. It is beide by applaus bleaun, en ik hie der ek gjin fierdere gefolgen fan ferwachte, mar dat it opponearre waard joech my dochs in grutte foldwaning. It befêstige de libbenskeunst fan myn beide supporters, dy't yn feite ek mines wie: meitsje it momint sa moai as it kin, en helje der út wat der yn sit.
De lêzer sil begripe, dat ik, by alles wat ik sa foar en nei beskreaun haw, foar Simson altyd in bysûnder swak hâlde sil.
Men koe yn dy jierren jins moed wol hawwe mei it literêre libben yn Fryslân.
De Tsjerne, it literêre tydskrift dat wy bestean litte koene as fuortsetting fan de yllegale Rattelwacht, útjûn troch de Amsterdammer Peter van Rossum, kaam der hoe langer hoe better yn, benammen troch de skerpsinnige en djipsnijende kritiken fan Anne Wadman, dy't, as dichter begong, al ridlik gau oergong op it proaza, en as essayist syn stimpel ûnmiskenber op it tydskrift sette. It letterkundich libben wie net mear bûn oan selskippen of bewegingsorganisaasjes, it socht syn eigen paad. Jonge talinten, dy't foar de oarloch noch gjin kâns krige hiene, fûnen hjir har uteringsrûnte, en de lêzer rekke betroud mei nije nammen lykas Marten Sikkema, Sjoerd Spanninga, Freark Dam, Ypk fan der Fear, Geart Jonkman, Jan Wybenga, Tiny Mulder.
| |
| |
Nei de oarloch wie ek it omtinken fan it provinsjaal bestjoer foar de literatuer royaalder wurden. Mei de besetting wie ek de skande fan de nei Harmen Sytstra neamde poepepriis weifage. Mar derfoar yn it plak kaam de Gysbert Japicxpriis, om bar jierliks takend oan in dichter of in prozaïst.
De earste dy't sokken eare, en mear as fertsjinne, tafoel, wie de nestor fan 'e Fryske dichters, dr Obe Postma, dy't troch gjin âlderdom ta swijen wie te bringen. De earste proazapriis waard postúm takend oan Nyckle Haisma, de romanskriuwer, dy't syn tragysk ein fûn hie yn in Japansk kamp yn Yndonesië.
It jier 1949 brocht my de poëzijpriis foar twa publikaasjes: Simson en It boek fan 'e psalmen, beide útjeften fan Van Rossum út Amsterdam.
Yn de boekewike fan datselde jier ferskynde by Kamminga yn Dokkum myn nije bondel Vox Humana.
Myn freonen, dy't my in jier tefoaren by myn fyftichste jierdei sa folslein ferrast hiene mei it album amicorum Middei-jefte, bleauwen ek op dit feest net benefter. Douwe Tamminga en Gys Koelstra skreauwen in grut gedicht yn geef santsjinde-ieusk Frysk, dat Tamminga, yn hâlding en habyt net fan master Gysbert te ûnderskieden, op 'e Boalserter boekejûn presintearre.
En op dyselde jûn dûkte ek Simson wer op, yn in orizjinele ferskiningsfoarm: Feike Boschma hie him troch de stoffe ynspirearje litten ta in tige bysûnder nûmer yn syn marionetteteater, dêr't er syn poppen, ynstee fan se realistysk te hâlden, suver ta psychologyske prinsipes werom brocht hie, wat it spul seldsum oangripend makke.
Dat wie, soe men sizze, in goed ein foar Simson.
Mar tsien jier letter dûkte er jitris op, en ditkear by de learlingen fan 'e kristlike kweekskoalle yn Snits, dy't ûnder de betûfte lieding fan harren alsidige learaar M. Baaijens in tige slagge opfiering yn Amicitia ta stân brochten. Sa tige slagge, dat der in opfiering yn 'e Harmony te Ljouwert op folge, en letter sels noch ien yn it iepenloftteater fan Riis.
En op it lêst hat nochris in ploech útsochte spylders fragminten
| |
| |
út it stik nei foaren brocht op in kulturele manifestaasje yn 's Hertogenbosch.
Ik haw dus alderminst reden om it kleiliet mei te sjongen, dat men wol in stik skriuwe kin mar dat de Friezen it dochs net spylje kinne of wolle. As hja der wat ynsjogge binne hja net te hâlden en dan kinne hja wat hja wolle.
Dat binne amateurs yn 'e wiere en oarspronklike betsjutting fan it wurd: ‘leafhabbers’.
Fryslân hat gjin beropstoaniel, mar it moat it wol hawwe. Ik bin der wiis mei, dat myn partij by de lêste ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn syn program de eask skreaun hat fan in Frysktalige toanielskoalle foar Fryslân. Noch wizer sil ik der mei wêze as hja, yn 'e mande mei oare partijen, dizze eask ek sa gau mooglik wier makket.
De lettere grutte opfieringen fan stikken út de wrâldliteratuer op 'e Sweach, troch Freark Dam en oaren fertaald, en de Shakespeare- en Molière-fertalingen fan Geart Jonkman hawwe nei Simson likefolle bewizen bybrocht dat it, ek wat de ûntfangst by de taskôgers oangiet, kin en moat.
|
|