| |
| |
| |
Wersjen mei Fryslân
Wer nei Fryslân, dat betsjutte wer nei hûs.
Mar men fynt nei sechtsjin jier net itselde werom wat men efterlitten hat.
Us heit wie yn 'e winter fan 1940, foar de oarloch, ferstoarn; Wil har mem in jier letter. Us mem wenne noch yn it hûske oan 'e seedyk, dêr't myn suster Wim har de lêste jierren fersoarge hat; hja binne, koart nei elkoar, yn 1951 rêst.
De ein fan de oarloch yn it fiere easten brocht noch in slach foar ús famylje. De beide jonges fan Pyt Swart en myn suster Klas rekken yn Yndonesië as militêr yn tsjinst. De jongste, Bouke, twaentweintich jier, wie fleander by de Alliearde loftmacht en waard by in ‘1.500 planes raid’ boppe Tokio delsketten.
Wy fûnen ús freonen werom, dy't har útsloofd hiene om ús yn 'e hongerwinter, doe't der noch ferbining mei Amsterdam mooglik wie, wat iten takomme te litten: Wil har suster Pyt, Tseard en Jant van der Byl, dy't behalve dat ek noch in joadsk famke fan ús nommen hiene, de Koelstra's, waans broer Klaas yn 'e Snitser bloednacht it slachtoffer fan in ‘Silbertannemoard’ wurden wie, Jelle Bultsma fan Ljouwert, dy't ús troch in ûnbekende Dútsker bûter en tsiis wist te besoargjen - it kaam allegear wer boppe, mei in gefoel fan tankberens en nea ôf te beteljen skuld.
Fryslân - de oarloch wie foarby en wy wiene der wer. Mar de groeden fan dy oarloch wiene rûnom te merkbiten. Earst al yn 'e wenningneed; it duorre nochal wat ear't der op it Hearrenfean in stee foar ús wie, en salang naam ik yntrek yn it gastfrije hûs fan
| |
| |
mefrou Zoete-Bakker op 'e Hearrewâl, wylst Wil en Andrys yn Amsterdam bliuwe moasten.
Mar ek geastlik, polityk en kultureel, wie der hiel wat bard.
Foar de oarloch al hiene har yn 'e rûnten fan 'e Fryske beweging beskate nasjonaal-sosjalistyske stribbingen opponearre, wol ûnder oare nammen, mar dochs mei ûnmiskenbere dúdlikens. De earste teoretikus fan dizze streaming (hja neamde har ‘nasjonaal-naturalistysk’) wie Jan Melles van der Goot, dy't R.P. Sybesma njonken him hie. Van der Goot syn tsjinsin gong benammen út tsjin de readen en de finen, in formulearring dy't er graach brûke mocht. Syn filosofy wie net yndrukwekkend en net gefaarlik, mar hoe breder de kommende oarloch syn skaden foarút smiet, hoe nuodliker dizze útlittings waarden.
Douwe Kalma, dy't syn sosjalistysk ferline allang efter him litten hie, moast hjir yn it begjin neat fan hawwe; hy hat my mear as ienris oanstien om ris in satirysk stik oer ‘ús na-na's’ te skriuwen. Hy, de tûke tinker, wie yn kritike sitewaasjes in wiffe figuer; syn bûtengewoane yntelliginsje joech him wol each foar de betreklikens fan 'e dingen, mar dreau him dêrtroch faken nei in faai opportunisme. Ik haw hjir in brief fan him, datearre 8 april 1932, dy't de folgjende passaazje befettet:
‘Ik bin dwaande mei de lêzing fan Rosenberg's Mythus des 20sten Jahrhunderts, in grutte ideology fan it nasjonaal-sosjalisme. It is yn wierheid in grut wurk en it nimt my hieltyd wer mei. Wy sjogge it nas. sosj. jit tefolle yn it ljocht fan de fassisten. Wat der efter stiet is in Germaanske wrâldskôging. Ik doar sels sizze dat har grûnslach en dy fan ús yn 'e Fryske beweging deselde binne; it ferskeel komt fansels op it punt dat hja de skiednis fan Dútsklân en wy dy fan Fryslân fuortsette. Mar ik ha komselden yn in begjinselstriid bûten Fryslân safolle fan ús eigen stribjen weromfûn. Dû moatst it ris lêze, mar men is der wiken mei dwaande.’
Dat wie yn 1932. En yn 1933 (15 novimber), yn in tiid dat wy briefkjendewei nochal wat skelen hiene út te fjochtsjen, stiet dit yn in brief:
‘It is net slim datst dy losser fan my wurden fielst. Dû hast dy yn
| |
| |
my fersjoen, Fedde. Dû bist Dútsk, ik bin Ingelsk. Ik kin it mei de swarthierrigen yn 'e beweging yn it algemien net fine (jim binne Franken, of Allemannen) - mei de ljochthierrigen stikken better.’ ‘Ik achtsje it lang net ûnmooglik dat yn Fryslân it Ingelske en it Dútske diel jitris fûleindich foar inoar oer komme sille te stean. Wy geane no hurd op de twadde wrâldoarloch ta; ik sjoch net mear hoe't er te kearen is.
God allinne wit wat dêryn mûglik wêze sil; mar ik foar my wit wêr't ik stean sil, salang as ik libje.’
Hoe tichter it by dy twadde wrâldoarloch kaam, hoe neier Kalma syn oansluting makke by de nasjonaal-sosjalistyske rjochting; de grutte anglofyl keas de Dútske side, ik nim oan, inkeld út taktysk betinken, omdat er hope dêr it measte foar Fryslân te berikken. Mei syn hert stie hy der net efter. Hy frege my yn 1942 ris: ‘Mienstû no wier dat ik nasjonaal-sosjalist bin?’ Ik haw him doe sein dat ik likemin yn syn nasjonaal-sosjalisme leaude as dat ik earder yn syn demokratysk sosjalisme leaud hie. It lei by him hiel oars as by bygelyks R.P. Sybesma, dy't sûnder taktyk en suver gefoelsmjittich foar Hitler keas. Kalma hie nea in bondel gedichten as De Tsiende Maaie, mei loflieten op 'e parasjutisten en op it totale leger, skriuwe kinnen, lykas Sybesma die. Hy, Kalma, is yn 1941 lid wurden fan de Fryske Ried, dy't yn wêzen de nasjonaal-sosjalistyske organisearring fan de Fryske beweging wêze woe. Ik tink dat er hjirby sterk ûnder ynfloed fan Colijn syn brosjuere Op de grens van twee werelden stien hat; hy hie in grutte bewûndering foar Colijn, en tochte dat it foar elke folksmienskip dy't fierder libje woe, needsaaklik wie jin de earste tiden op Dútsklân te rjochtsjen.
De Fryske kranten, de Leeuwarder Courant en it Nieuwsblad van Friesland wiene ûndertusken al gau ûnder nsb-lieding rekke, ek fan minsken dy't mei de Fryske beweging te meitsjen hân hiene.
It Friesch Dagblad keas de wiiste en de dapperste wei; it stoppe syn útjefte.
Soks twong de Fryske beweging ta in hâlding, om net yn dit driuwsân wei te sakjen.
| |
| |
Der waard in bewegingsried oprjochte ûnder in trijemanskip: E.B. Folkertsma, ds J.J. Kalma en R.P. Sybesma, dy't dan de ‘folkske’ streaming fertsjinwurdigje soe.
Dat wie in nuodlik ûndernimmen, sûnder folle útsjoch. Sybesma wie der de man net nei om him yn 'e stokken hâlde te litten. Foar ynfiltraasje hie er gjin geduld, en hy begong op 'e gearkomsten fan 'e Ried nasjonaal-sosjalistyske propagandablêden út te dielen. Dat late ta skieding, en de beweging waard inkeld noch fertsjinwurdige troch it twamanskip Folkertsma - J.J. Kalma. De oaren makken har hannen frij yn de Fryske Ried en mei it royaal útjûne blêd It Fryske Folk. Ek besochten hja de wet te fersetten yn it bûn fan Fryske keunstners; der kaam in ultimatum dat E.B. Folkertsma as foarsitter plak hie te meitsjen foar de foarsitter dy't hja oanwize soene. Doe hat dat bûn ek mar in dûk nommen en is ferdwûn, sadat der gjin foarsitter mear nedich wie.
De Dútskers hawwe al har bêst dien om fet op 'e Fryske beweging te krijen; hja roeken hjir it germaanske stamboekfee. Dr Willem Kok, dy't harren elke wike yn De Slim fan Fryslân mei syn fine spot ferfolge, bakte syn ‘Koarstekoeke’ sa brún, dat hja him oppakten en nei Gestel brochten. In Fries moat him oanbrocht hawwe, want gjin poep hie dit útfine kinnen. Foar de goeden stelden hja dêrfoaroer in literêre priis yn, de Harmen Sytstra-priis, dy't hja as earste de naïve Reinder Brolsma oansmarden. Fryske skriuwers bleauwen by de útrikking wei; nsb-ers yn learzens en pofbroeken, dy't noch nea in wurd Frysk lêzen hiene, moasten har bekroande auteur huldigje.
Yn 1944 wie Douwe Kalma ta dizze komeedzje útferkard. Folle better as Brolsma begriep hy wêr't er foar brûkt waard. Hy hie lok, want hy koe wegerje - it hie nammentlik krekt ‘Dolle Tiisdei’ west.
Eastfriezen as dr H. Conring en Arend Lang besochten hjir de line om it hea te lizzen, mar it slagge mar by in inkeldenien. Douwe Kalma en Anne van der Minne hawwe my beide tabetroud dat it Arend Lang wie, dy't my twaris foar arrestaasje bewarre hie. Ik haw der oant hjoed de dei ta noch gjin tankberens foar opbringe
| |
| |
kinnen, likemin as ik it ea goedkrije kinnen haw dat dr Willy Krogmann, de kulturele apostel dy't Sybesma syn bondel ûnder de titel Der Zehnte Mai fertaalde, op 'e Fryske kongressen nei de oarloch wer in heech wurd fiere koe.
Fierders haw ik fan betinken west dat dejingen dy't mis west hiene en berjochte waarden, gjin libbenslang ha moasten. Fan dit begjinsel binne wy by de krante, de Heerenveense Koerier ek útgongen, doe't wy sawol R.P. Sybesma as Geart Ruiter, dy't ûnder de Dútskers in hege post by it departemint fan lânbou hie, as faktechnyske meiwurkers fregen.
As de rjochtbank in jierretal stelt, moat it folksgerjocht gjin libbenslang jaan. Dat wie myn beswier tsjin de ‘Ereraad voor Letterkunde’, dy't skriuwers strafte mei publikaasjeferbod. Sybesma krige in ferbod foar fiif, Kalma ien foar tsien jier.
Wy wennen doe noch yn Amsterdam, en doe't ik it yn 'e krante lies, haw ik de ried opskille om te freegjen nei de motivearring fan dizze strafferhâlding. ‘Och ja,’ sei Defresne, dy't ik oan 'e telefoan hie, ‘wy witte dat fansels ek net sa krekt, mar kom ris oan, dan prate wy der ris effen oer.’
Yn dy ried trof ik professor Donkersloot, de dichter Nijhoff, professor Hellinga, en as foarsitter de skriuwer F. Bordewijk. Ik hie him noch nea metten, mar hate him om syn Bint en syn Karakter; by it ferskinen fan Bint wit ik noch wol dat ik sei: ‘Dit is it fassisme yn 'e literatuer.’
Ik begong mei myn beswieren útien te setten tsjin de doelstelling fan 'e ried: oan 'e hân fan in moreel kritearium útmeitsje wa't publisearje mei en wa net.
‘Mar dizze twa wiene dochs swiere jonges?’ miende Bordewijk.
Ik frege hoe't hy, oannommen dat it swiere jonges wiene, út syn dossiers bewize koe dat Kalma twaris sa swier west hie as Sybesma. ‘Och dossiers,’ sei Bordewijk wat wurch, ‘wy hawwe fan elkenien fansels gjin dossiers.’
‘Dan mei ik dus begripe dat jim der mei de mûtse nei smite,’ sei ik, ‘op gefaar ôf dat jim my it swijen ek oplizze.’ ‘O nee,’ sei Bordewijk,
| |
| |
‘jo hawwe it liet oer Frans Vergonet skreaun, dat jout in duorjende ôflaat.’
Doe't ik effen mei Nijhoff apart wêze koe, betroude er my ta dat it him de kiel allang úthong, mar ja, hy siet der no ienkear yn. It einbeslút wie, dat hja de saak nochris besjen soene. Bordewijk liet my út, en ik frege him: ‘Ik haw wat spul mei myn buorman, as ik dy no moarn deasjit, mei ik dan fan jo noch wol skriuwe?’
‘Gean jins gong,’ sei Bordewijk, ‘dat is in suver partikuliere kommisje.’
Ja, Bint en Dreverhaven wiene wol echte soannen fan him.
En letter wist Douwe Kalma my te fertellen, dat ik de eareried advisearre hie foar syn straf.
De man dy't it minste spul makke hat oer syn eigen leed en ûngemak, Douwe Kiestra, hat him, sûnder der op ferge te wurden, sa dúdlik en ûndûbelsinnich fan syn ferline distansjearre, dat it ienfâldich ûnsmaaklik wêze soe him dat ferline nei te hâlden. Noch in oare namme kaam op tragyske wize nei foaren; ik hie yn Amsterdam al heard dat it hielendal misgien wie mei Doede Kok, myn âlde learmaster út de timmerwinkel by Eelke Zijlstra. Hy wie by de polysje, en stie heech by de Dútskers oanskreaun. Nei de befrijing hat er yn it kamp fan Sondel, bang foar wat him te wachtsjen stie, in ein oan syn libben makke. Trijeëntweintich jier lyn hie er my by de skaafbank de Ynternasjonale leard...
Fryslân. It hie yn de besetting in reputaasje krige. De reputaasje fan it ûnderdûkersparadys, it feilich ûntwyk foar joaden en studinten, en in brânhurd fan ferset.
Dêr is literatuer genôch oer; ik ferwiis hjir graach yn it bysûnder nei Piter Wybenga syn Mei de rêch tsjin 'e muorre.
Ik ûntkaam net oan de yndruk, dat dit folk in stap nei de folwoechsenens dien hie. It hie minder lêst fan syn plattelânsminderweardigens tsjinoer de stêd en it Westen. De regio ûntdiek himsels as in folweardich lânsdiel, en it Militêr Gesach, dêr't kaptein P. Wybenga, yn 'e besetting better as ‘Geale’ bekend, hege eagen yn smiet, fersomme net dat ek op it gebiet fan kultuer en taal wier
| |
| |
te meitsjen. In grut winstpunt wie hjir de ynstânhâlding fan 'e ron (letter rono). Men begong yn te sjen dat de minachting foar de taal yn wêzen minachting wie foar in folk, dat dy minachting net yn bysûndere sin fertsjinne. Dit hong gear mei it algemien fersterke fielen fan it demokratysk besef, groeid yn 'e yllegaliteit, dêr't elke lytse man yndividueel in keardel útmakke: sokken steane net mear sa maklik mei de pet ûnder 'e earm foar ‘mynhear’ oer.
It jonge yntellekt, dat him oan Fryslâns opbou sette, kaam foar in grut part út de rûnten fan 'e Federaasje fan Fryske Studinten, dy't it nije klimaat al jierren taret hie. Yn dizze rûnten fielde men it ek as in opluchting, dat in âlde feodale figuer as baron P.A.V. van Harinxma thoe Slooten, dy't yn Fryslân altyd mear agrarysk gebiet en jachtterrein as yndustriële en kulturele takomst sjoen hie, as kommissaris ferfongen waard troch de jonge Linthorst Homan, dy't as Drint gâns mear begryp foar lêstneamde aspekten toande as de Fryske ealman. De nije geast fûn benammen utering yn it Folkshegeskoalle-wurk: Bakkefean wie dwaande in begryp te wurden.
Ynternasjonaal sjoen wie men faaks ryklik optimistysk. Op in kongres fan 'e Fryske beweging mette ik Albert Wybenga, de heit fan de lettere dichter Jan Wybenga. Hy sei: ‘Mar dit prate wy ôf, as der no ek mar ien poep is dy't in mes makket langer as sà, dêr weve wy mei ôf.’ Ja, as men ús doe ferteld hie dat tweintich jier letter de generaals fan Hitler ús jonges yn 'e navo kommandearje soene... Mar dat wisten wy doe noch net.
De yllegaliteit hie de nije generaasje ek minsklik folle tichter byelkoar brocht. Eardere fijânen waarden, ek al bleauwen de tradisjonele skiedingen, freonen dy't opkamen foar deselde doelen. De Nederlânske Folksbeweging gong fier mei syn ideeën oer politike trochbraak; Jaap Kalma woe de sprong al weagje nei in Nederlânske ‘Labour Party’.
Tsjin dizze eftergrûnen wie it foar my in wûnderbaarlike ferrassing roppen te wurden om as twadde haadredakteur fan de Heerenveense Koerier meiwurkje te kinnen oan de mieningsfoarming yn dit, myn eigen, gebiet. En in bysûnder foarrjocht hat it foar my
| |
| |
west, dit wurk begjinne te kinnen njonken Sjoerd van der Schaaf, dy't ik koe en heech wurdearre as literator, mar dy't him boppedat kenne liet as in kundich en betûft sjoernalist. Hy moast my oer de krante alles leare, en dat hat er mei geduld en grutte wysheid dien. Ek de oare meiwurkers, foar in part oerkommen út it Nieuwsblad van Friesland (‘Hepkema’) kamen my op alle boegen temjitte: Douwe Miedema, dy't my ynwijde yn de mystearjes fan it reedriden, de folkloare en it toaniel, en Abe de Vries, ús ûnbestriden sportautoriteit, dy't ek fan jacht en aaisykjen wist en my mannich kear ferraste mei in broedsje fan trije ljipaaien.
Us direkteur, Roel de Graaf, wie in fûle fjochter, en dat moast er wêze. Want de parseried hie ús wol it apparaat fan it (ferbeane) Nieuwsblad van Friesland tawiisd, mar dat ferbod duorre net ivich, en Hepkema soe ier of let mei syn djip yn 'e tradysje bewoartele streekblêd weromkomme. Wiene wy tsjin dy tiid net ree en sterk, dan soene wy fan 'e kaart fage wurde.
It wie yn it begjin mar in lyts krantsje, dy Koerier, fanwege de papierkrapte, en it ferskynde trijeris yn 'e wike. Mei in pear jier slagge it ús, deiblêd te wurden (‘Hepkema’ ferskynde doe al wer) en yn 1952 keazen wy de namme Friese Koerier. Sjoerd van der Schaaf wie yn 1951 nei Utrecht gien as haadredakteur fan it Utrechtse Parool. Foar him yn it plak kaam Laurens O. ten Cate, en mei dizze namme reitsje ik al wakker yn 'e aktualiteit.
Hepkema's Nieuwsblad van Friesland hie maaie 1951 de striid oerjûn, en de Friese Koerier waard ien fan de seldsume ûndergrûnske kranten dy't it slagje mocht om boppe de grûn fierder te libjen. Dat wie net allinne te witen oan Hepkema's ‘foute’ ferline, en ek net allinne oan ús treflike kwaliteiten, folle mear oan it feit dat de tiid oars wurden wie en wy de klok ferset hiene.
De heechste deugd foar in streekblêd wie eartiids syn ‘neutraliteit’; wol it betinken fan ‘echte’ kranten yn in parse-oersjoch trochjaan, mar sels gjin betinken hawwe; heechstens in kryptyske sin as: ‘De iene tinkt der sa oer, de oare sa; wat ús oangiet, wy hingje nei de miening oer dat der yn beide opfettings in elemint
| |
| |
fan wierheid skûlet.’ Wy neamden ús net ‘neutraal’ mar ‘ûnôfhinklik’, en dat wie yn oerienstimming mei de tiid. De moderne lêzer woe in miening hearre, ek al wie er it der net mei iens, hy woe betrutsen wurde yn it petear. Ek brieken wy troch de ‘streekblêd’-sitewaasje; de regio wie net langer folkloare en ferline, mar libbene realiteit en takomst.
Yn ferbân hjirmei wie it ek, dat wy ús haadartikels mei inisjalen ûndertekenen, yn tsjinstelling mei âlde sjoernalistike opfettings dêr't de krante ien ‘mynhear’ is. Dy ûndertekening hie net de pretinsje fan ‘hjir bin ik’, mar folle mear it ûnderstreekjen fan it betreklike: dit is myn betinken, ik iepenje it petear, en wat tinkt jo der fan?
Ien en oar joech faken oanlieding ta libbene polemiken, mei De Nieuwe Eeuw, De Linie, De Tijd, Trouw, de Volkskrant, De Rotterdammer en yn Fryslân mei de Leeuwarder Courant, dêr't Jan Piebenga, en it Friesch Dagblad dêr't Hindrik Algra haadredakteur wie. Benammen mei it lêstneamde blêd hawwe wy yn 'e rin fan 'e jierren in trouwe en duorjende freon-fijân-relaasje ûnderhâlde mocht.
Us ‘ûnôfhinklikheidsdevys’ brocht guon dy't tochten yn de âlde skematyske tsjinstellings fan neutraal blêd - partijblêd, of fan kristlik-net-kristlik blêd wolris yn 'e tiis. Ik krige yn dy earste jierren ris twa brieven yn ien wike, dy't dat aardich yllustrearren. De earste wie fan in abonnee út Utrecht (hja sitte rûnom), dy't skreau: ‘Wy hiene tocht no ris in krante te krijen dy't wy mei wille en sûnder oanstjit lêze koene. Mar sûnt de hear Schurer yn 'e redaksje sit, wurdt it hoe langer hoe dúdliker dat de Koerier yn kommunistysk farwetter sylt.’
De twadde wie fan in âlde sdap-er út de Gordyk, en dy fûn: ‘Us hope op in eigen lofts deiblêd is aardich bekuolle. Mei Schurer yn 'e redaksje kinne wy rêstich sizze dat de finen der in krante by krige hawwe.’
De ymprovisaasje fan sa'n krante is elke dei wer in opwinend aventoer. Mar it mocht net inkeld ymprovisaasje wêze, wy moasten ek linen útlizze. Trije motiven hawwe derby liedend west: it jaan
| |
| |
fan in nije ynhâld oan it begryp regio foar de folksmienskip, it stal jaan oan it begryp ‘trochbraak’ yn 'e ynlânske polityk, en it merkbiten fan de krêften dy't de frede yn it ynternasjonale libben bouden sawol as fan de machten dy't de frede bedrigen.
Ik skriuw no iderkear wer ‘wy’, omdat ik de frije mienskip yn dizze redaksje, dêr't elk foar syn eigen wurk stie, sa sterk as in harmoanyske ienheid belibbe. Sjoerd van der Schaaf en ik wurken neffens de stilswijende ôfspraak, dat der fan de iene gjin haadartikel yn see gong dat de oare net lêzen en goedkard hie; fierders dat as de iene oanfallen waard, de oare de ferdigening op him naam.
Us mem, dy't nei de tachtich rûn en altyd tige betrutsen meilibbe hie, koe it no stadichoan net mear neikomme. ‘It is net sa moai fan dy,’ sei hja ris, ‘datst altyd mar wer yn 'e krante skriuwste: “Het bier is weer best”.’
Tsjin myn frou haw ik faak sein: ‘Hoe is it mooglik, de dingen dy't ik eartiids yn myn frije tiid dwaan moast, en dan noch bliid wêze as ien dy opnimme woe, dy mei ik no alle dagen dwaan, en hja betelje my der ek noch foar.’
Koartom, ik wie in goede haven ynsyld, al wie it dan ek net altyd in mylde baai, mar soms mear in oarlochshaven.
|
|