| |
| |
| |
Libben fol krúspaden
Ik prate fan in geastlike depresje en in ferfrjemdingsproses. Mar dêr jou ik dochs in ûnkrekte yndruk mei. Myn jeugdôfkear fan de polityk wie oerwûn, ik wie dêr oan hals en nekke ta ynrekke en ik woe it net mear oars. Mar boppedat wiene der noch safolle oare kanten oan it libben dy't net allinne myn omtinken fregen, mar my ek ûnwjersteanber oanlutsen. Yn de kristlike auteurskring wiene it benammen de teoryen fan Klaas Heeroma oer it eigen plak en de eigen funksje fan de keunstner yn gemeente en mienskip, dy't my bysûnder oansprieken, en my ôfholden fan de maklike oplossing om de literatuer mar oer board te smiten. It like by him allegear sa klear en sa fanselssprekkend, en as wy dêr tegearre oer praten koe er my folslein oertsjûgje. It die bliken dat wy, om sels oertsjûge te wêzen, elkoarren oertsjûgje moasten. Dat begriep ik, doe't ik ta myn ferrassing yn 1938 it boekje Reünie van jong-protestantsche dichters fan dr K. Heeroma krige, mei foarenyn de printe opdracht: ‘Aan Fedde Schurer, omdat hij mij het vertrouwen in de dichter heeft teruggegeven.’ Heeroma wie ien fan de seldsume lju yn de auteursrûnte, dy't wol de ynfloed fan Karl Barth ûndergien hie, mar him net troch de Barthianen yn 'e tiis bringe liet. Ek hie hy de minste lêst fan biningen oan it âlde neokalvinistyske kultuerpatroan dêr't om de tsjerke hinne in rige foarstêden fan konfesjonele organisaasjes, stipe troch in ‘eigen’ parse, hinneboud stean moast. De Standaard, doe it blêd fan Colijn, wie dus it sintrale en liedingjaande orgaan, en de skriuwers en dichters, uteraard nuodlike rânefigueren, waarden dêr net sa waarm oan it hert sluten.
| |
| |
Op ien fan 'e gearkomsten, ûnder foarsitterskip fan W.G. van de Hulst, beklage in lid him wakker oer De Standaard; dy soe mear omtinken jaan moatte oan wat der by de jong-protestantske auteurs libbe, en dêr moast in brief mei beklach nei De Standaard om de lieding dúdlik te meitsjen dat wy der ek by hearden en folle net genôch. Doe wie it Klaas Heeroma dy't de stimming folslein ferbriek troch him yn syn folle lingte út te rekken en te freegjen: ‘Mynhear de foarsitter, ik soe graach witte wolle wêr't it oer giet. De Standaard, wat is dat einliks?’
En dan wie der de tsjerke, dy't my wat langer wat mear yn 'e besnijing naam; de tsjerke yn 'e foarm fan it lytse hv, dy't benammen each hie foar de apostolêre funksje, yn lotsferbûnens mei de wrâld. Hjir koene wy sykhelje, folút gemeentelid wêze, sûnder altyd op suverens hifke te wurden. Hie op 'e Lemmer in hûsbesyk jimmer in besiking en in gefjocht west, hjir wie it in opbouwend en ferwaarmjend petear. En doe't Buskes, dy't yn Amsterdam in drokke gemeente hie, mar noch altyd konsulint fan Oosterend op Texel wie, my frege dêr út en troch ris foar him te preekjen, koe ik dêr ek net foarwei. Ja, dat skriuw ik der no samar hinne, mar ik ha der wol as in berch tsjin opsjoen. Want preekje yn in lyts doarpstsjerkje op in eilân is noch hiel wat oars as sprekke en debattearje yn Bellevue. Ik haw it dien, sa't ik altyd weroan dingen dien haw dy't ik einliks net oan koe. Ienris yn 'e fiif wiken, sneontejûns kategisearje mei feinten en fammen, en sneins twaris preekje.
En ik bin bliid dat ik it dien haw. De mienskip mei de gemeente fan Kristus, my yn 'e Lemmer ûntsein, fûn ik hjir dûbeld werom.
It hv bestiet net mear as tsjerkemienskip, it is opgien yn 'e herfoarme tsjerke. Dat moast der fansels fan komme. En dochs...
It freonlike tsjerkje op Oosterend is der ek net mear. In pear jier ferlyn waard ik gewaar dat it ôfbrutsen wie, en de stiennen, skjinbikke, brûkt foar in nije grifformearde tsjerke op Den Burg. Wa wit wat der tusken dy stiennen nochris bart.
It loek my bysûnder, yn 'e kunde te kommen mei ûnderskate
| |
| |
fermiddens. De gemeente fan Oosterend, de menisten oan 'e Zaan, de protestantebond yn Zandvoort, dêr't ik wolris ynfoel foar myn freon Nico Padt, dy't dêr foargonger wie, de Odd Fellows, de religieus-sosjalisten yn Den Haag en yn Amsterdam, dy't doe noch har eigen sneintemoarnstsjinsten holden, it hie ek allegear syn eigen geastlik klimaat. Myn broer Tsjip gyng ris in kear mei nei sa'n tsjinst fan 'e religieus- sosjalisten. De ‘gemeente’ bestie, oars as by de cdu, meastepart net út arbeiders; ûnderwizers, amtners en yntellektuelen joegen it byld sawat oan. Ek wie der gjin oargelmuzyk of krêftich mienskiplik sjongen, sa't wy dat út tradysje bewend wiene. In piano en in pear fioelen spilen by in kwartet, dat midsieuske lieten song, ûnder oare ‘Heer Jesu heeft een hofken’.
‘Hoe fûnst it?’ frege ik Tsjip. ‘Dû hast it goed sein.’ Sa royaal wie er wol.
‘En it sjongen?’ ‘No, ik wit net,’ sei er. ‘Jou my mar in poatige psalm.’
It wie wier, dizze religieus-sosjalistyske rûnte hie wat aparts. Lieders as Horreüs de Haas, Willem Banning en Bart Ruitenberg wiene rommernôch fan skôging om út eigen wjokken te fleanen, mar gâns fan harren folgelingen hiene de oanstriid in sirkel om harren mienskip te lûken en in ôfsletten sosiëteit te foarmjen foar ‘ús minsken’ - in mentaliteit dêr't ik de skrik noch djippernôch foar yn 'e lea hie. Yn Utrecht krige ik ris yn in diskusje, ek yn religieus-sosjalistysk fermidden, in dame dy't my frege oft ik harren (hja die nochal wat mei freondinnen oan hûsbesyk en propaganda) ek in ried jaan koe. Hja woe benammen graach witte hoe't hja oan moasten mei grifformearde frouwen. Dy wiene nammers sa min benei te kommen: hja wiene sa oarlochssuchtich en sa byleauwich.
Ik sei dat my dit benijde, omdat ús mem ek in grifformearde frou wie, en dat dy twa eigenskippen by har my nea sa opfallen wiene. Ik krige lykwols in neiere oantsjutting oer dat ‘byleauwe’; dizze frouwen leauden bygelyks dat God de minsken út klaai makke hie. Hoe't men har dat no út de holle prate moast.
Ik sei dat men har dat nei myn betinken hielendal net út de holle prate moast, omdat ik it sels ek leaude. De seal ûntfong it as
| |
| |
ien fan myn goede grappen, dat ik moast it wer taljochtsje: ‘As ik no sis dat de minske ierdske matearje is, besiele troch de godlike geast?’ Ja, dat wie hiel wat oars. ‘Nee, dat is net wat oars; it ferskeel leit hjiryn, dat dizze brosjueretaal op gjin stikken nei takomt oan it byldzjend fermogen fan de dichter fan Genesis.’
En dan tochten hja ek noch dat ik harren foar de kroade ried.
Taalgelearden hawwe harren omstannich dwaande holden mei de rûntetalen, de ‘kring-’ of ‘miljeu-’talen. Al dizze politike en godstsjinstige rûnten, ik koe it jûn op jûn wer fêststelle, hiene har eigen idioom, dat it geastlik klimaat oanjoech.
Elk hie syn eigen koadewurden, syn eigen ‘tune’. Dat begong al mei de betiteling dy't de sprekker syn minsken joech. By de kommunisten wie dat ‘kameraden’, by de antyrevolusjonêren ‘mannebruorren’, by de kristlik-histoarysken wit ik it sa goed net, mar it sil wol wat fan ‘freonen’ west ha; ûnder sdap-ers brûkte men it wurd ‘partijgenoaten’, soms yn fine nuansearring foar de jongerein omset yn ‘makkers’. By de cdu pielde men ek mei ‘partijgenoaten’, mar dêr knarste it dochs altyd in bytsje, as in stien yn 'e krintebôle.
It wurd ‘solidariteit’ stie by de sdap ek heech notearre, en wûnderlikerwize by de ar ek, mar dêr inkeld yn 'e ferbining: ‘de solidariteit fan 'e skuld’. Religieus-sosjalisten wurken minder mei ‘proletariaat’ as mei ‘geastlike wearden’. As men alteast net in bytsje fan dy talen koe, wie in diskusje net goed mooglik. En dan swij ik noch mar fan it opkommend nasjonaal-sosjalistysk idioom mei syn ‘journaille’ en ‘demo-liberalisme’.
‘Safolle streamen seach ik nei ien bedding lieden’ om mei Richard Minne te praten, dat ik besleat it lytse hv te ferlitten foar de grutte herfoarme tsjerke, en de lytse cdu foar de gruttere sdap. Sûnder mis hat it bestean fan de cdu foar de ûntjouwing fan it politike libben yn Nederlân mear as in bytsje betsjutten, mar yn it twadde stadium like my de grutte folkspartij dochs in suverder figuer as de lytse, inkeld mar tsjûgjende, konfesjonele partij, want dat wie de cdu by einsluten dochs.
| |
| |
Doe't ik dan ek yn 1938 kandidaat steld waard foar de gemeenteried fan Amsterdam en foar de Twadde Keamer, haw ik nei earnstich beried foar beide betanke. Sa kaam Hessel Posthuma njonken Hindrik van Houten yn 'e Keamer.
En ik, dy't yn 'e beheinde fiver fan 'e cdu miskien in grouwe bears like hie, waard yn 'e wide mar fan de sdap in ûnopfallend wytfiskje.
Nei de oarloch is de hiele cdu mei de sdap en de vdb (Vrijzinnig Democratische Bond) opgien yn 'e pvda. Dat hat in goed ding west. Mar it nimt net wei dat hja yn har tiid needsaaklik en ûnferfangber wurk dien hat. Hja hat in stik braaklizzende grûn omploeid en it sied struid op ekers dêr't gjin oar komme koe; hja hat foar net in lyts part it byld en it karakter fan 'e pvda foarme.
Earlik sein hiene al dy lyktidige aksjes my ek wol min of mear útholle. Jûn op jûn der op út, soms fuort út skoalle nei de trein, nachts om ien oere wer thús, tsjin kloften minsken prate oer in bettere wrâld en grutter minsklikheid, en hast gjin tiid oerhâlde om te freegjen: wa bin ik sels einliks, en wat betsjut ik foar de lytse rûnte dêr't ik it neist mei ferbûn bin, myn frou en bern - dat kin jin wolris oanfleane. Temear, wêr't myn frou der nea oer klage hat, en begriep dat it wurk my opeaske. It pypskoft yn 'e polityk dreau my wer nei de literatuer ta.
Hiel faak wie it mei myn poëzij ek in kwestje fan útdaging en fan opdracht, twa begripen dêr't ik it grutte wurd ‘ropping’ faaks it bêst in hânfet mei jaan kin. H.K. Schippers fan Drachten hie in skoft ferlyn ris tsjin my sein: ‘It fertalen fan oarstalige poëzij yn it Frysk hat fansels syn grinzen; Das Buch der Lieder fan Heinrich Heine is ienfâldich net te fertalen.’
Goed dat Schippers dat sei, want it wie foar my in oanlieding om it te besykjen. Ien fan de earste, dy't ridlik slagge, wie - al mei it nuver lykje - ‘Die zwei Grenadiere’. En yn 1931 ferskynden myn oersettings fan Heine, yn in moai blau romantysk bantsje mei in roaske derop, troch Kamminga útjûn.
It hat my noch in pear fertrietlike brieven oplevere fan goed- | |
| |
mienende freonen út Tsjerke en Frede, dy't har net begripe koene dat ik sa'n militaristysk fers as ‘Die Zwei Grenadiere’ net allinne fertale, mar ek noch foar de radio foardrage koe. Dêr hie ik net iens by stilstien.
Yn 1934 folge Lof fen alle tiden, in samling geastlike lieten, foar in grut part yn dinderjende treinen skreaun, ienfâldich omdat der ferlet fan wie en de minsken der om fregen. Dat ‘om freegjen’ moat men ek wer net idealisearje. Want doe't op 'e krite Amsterdam ien fan 'e leden der foar pleite dat de hiele krite it oantuge soe, protestearre in oarenien; wy hiene dochs in boekje om út te sjongen, moasten de minsken no op kosten jage wurde en wer fyftjin grouwe stoeren útjaan?
Op in bysûndere wize rekke ik yn 'e kunde mei Pieter Venemans. Hy wie typysk wat wy neamden in Hollânske yntellektueel en estetikus. Men seach him net folle op selskippen en gearkomsten, dy't er as in skouwe ree mijde. Fynpriuwer yn 'e literatuer, wie er altyd dwaande mei in auteur dy't wy net of allinne fan namme koene, en dy't him alles sei. Hy wie yn it deistich libben boekferkeaper, en ek in oerjûn bibliofyl. Hy hie sels in hânparse, dêr't er seldsum moaie dingen op makke, dy't dan as útjeften fan de Marnix-pers (neamd nei syn fereare auteur Marnix van St. Aldegonde) oan inkelde freonen presint jûn waarden. Myn earste kontakt mei him wie in brief, dêr't er my yn frege mei te wurkjen oan in literêre feestjefte foar Theun de Vries. Ik haw dêr doe it gedicht ‘In dei’ foar skreaun. It late ta in hechte freonskip fan tige útienrinnende minsken. Pyt wie my wolris tefolle in kulturele mûnts, wylst hy myn publike aksje mar in beskamsume saak fûn. Mar myn gedichten mocht er wol lije, en yn 1935 hat er in tige apart boekje foar my makke, in bondeltsje útsochte fersen ûnder de titel Twiljocht. Dêr binne fyftich eksimplaren fan printe en ûnder de freonen ferparte. De ynhâld is in jier letter yn in útwreide bondel Op alle winen by Osinga ferskynd.
Ik haw wolris oergeunstich west op minsken dy't harsels op ien punt wisten te konsintrearjen, sûnder har troch oare dingen
| |
| |
ôfliede te litten. Dêr wie myn freon Hein de Bruin bygelyks, redakteur fan Opwaartsche Wegen; as hy fan syn kantoar kaam en it miel wie berêden, dan sleat er him op yn syn keamer, naam it manuskript dêr't er mei dwaande wie fan it fêste plak en skreau seis fellen fierder oan krekt kertier oer tsienen ta.
En sneontemiddeis loek er steefêst in oere út om my en myn frou de risping fan 'e wike foar te lêzen. Sa hawwe wy net allinne in pear bondels fersen, mar ek Job en Paulus in Efeze ûntstean sjoen. Soms, ûnder it foarlêzen, koe er ynienen erchtinkend opsjen: harkje jim wol, kin it jim einliks wol wat skele?
Ek woe er meastal ien ûnderwerp by de kop ha: de artikels fan Miskotte of de eksistinsjefilosofy; syn libben like programmatysk te ferrinnen.
Folle letter earst hawwe wy begrepen dat it besykjen wie ta oardering fan in ûnbeskriuwbere gaos, dy't him der ta brocht hat de hân oan himsels te slaan. Altyd haw ik in skuldgefoel oan him oerholden.
Hiel oars wie it mei Henk van Randwijk, dy't in fulkanyske libbensfreugde wist te ferbinen mei in útsprutsen tragysk kultuerbesef. Noch fan it iene, noch fan it oare makke er in filosofy; hy sette beide om yn dynamyske wurkdrift. Syn bondel gedichten Op verbeurd gebied wie der noch mar amper of hy smiet syn krisisroman Burgers in nood op tafel, in boek dat mei kop en skouders boppe Callenbach syn fûns útstiek. Der is noch ien boek op folge: Een zoon begraaft zijn vader, en doe fielde Henk de grûn ûnder syn fuotten triljen; de oarloch wie op kommendewei. Syn needlotsfielen wie tagelyk ‘it gebod fan de oere’; de man dy't sa graach libbensgenieter wêze woe, waard ûnbetinge strider op it nuodlike front fan 'e yllegaliteit. Nei de oarloch hawwe wy him noch kennen as in sjoernalist fan bûtenwenstich formaat. Al dizze kwaliteiten dêr't er stik foar stik grut yn wurde kinnen hie, wiene ientiids, ûnherhelber. Hy is útgien as in fjurwurk, foardat men bekommen is fan 'e ferbazing, ús syn testamint In de schaduw van gisteren neilittend.
| |
| |
Dizze en mear wûnderlike supplianten sochten en ûntwieken, bestrieden en ynspirearren elkoar, en hiene faken in trefpunt yn it gastfrije hûs fan Buskes en syn frou, dêr't alle krúswegen fan teology, polityk en literatuer gearkamen. Uteraard stie ik dêr as Fries in bytsje nuver tusken, dat moat alteast wol sa lykje. Mar foar myn freonen hat dat nea in punt west; hja namen my foar fol. Untskuldigings meitsje foar it feit dat men Frysk skriuwt fan eigen kant, it fielen fan ferwûndering, meilijen en ergewaasje fan de oare kant, omdat men in maklike tradysje driget te ferbrekken - dat haw ik yn Hollân noch yn Flaanderen ea fûn. Dêr moat men grif foar yn Fryslân wêze. Ik bedoel hjir neat bitters mei - it leit yn de ûngelikense sitewaasje. Yn Hollân is it Hollânsk no ienkear net wat it yn Fryslân wol is, in sosjaal statussymboal.
Ofsjoen fan mysels, die it my dêrom foar de erkenning fan de Fryske literatuer ek tige goed dat ik yn 'e rin fan 'e jierren efterienfolgens opnommen waard yn de kristlike auteursrûnte, yn 'e feriening fan letterkundigen, yn 'e pen-rûnte en, op foardracht fan prof. Titus Brandsma, yn 'e Maatschappij der Nederlandse Letterkunde.
Myn lyryske produksje gong yn dy jierren troch. Mei Inne de Jong stie ik yn Amsterdam op Fryske grûn. Hein de Bruin spriek wol Frysk, mar skreau it net. Boppedat hie ik it lok hân hjir de troch en troch Fryske figuer fan Sjoerd Leiker te moetsjen, dy't earsten nei de oarloch ek Frysk begong te skriuwen.
Myn fjirde bondel, Fan twa wâllen, lei al by de printer; hy is noch yn 1940 útkommen. Doe begong de dramatyske foarm my te lûken, en it wie yn dy lêste jierren foar de oarloch, dat de bibelske figuer fan Simson my yn 'e besnijing naam.
‘It stik dat ik no skriuw,’ sei ik tsjin myn frou, ‘sil tink wol nea spile wurde, mar ik wol no ris wat skriuwe foar mysels.’
‘En tinkst by de haadrolle ek net oan immen dy 't him spylje moatte soe?’
Ik hie der noch net bewitten by stilstien. ‘Mar ja, no'st it fregest - ik betraapje mysels derop, dat ik him einliks Van Dalsum op it liif skriuw.’
| |
| |
Dus, dat wie wol dúdlik, Van Dalsum soe gjin Frysk stik spylje. Al skriuwende murk ik, dat dit stik, situearre trettjinhûndert jier foar Kristus, in aktualiteit beskreau. De Filistinen wiene op kommendewei. Oarloch, besetting, ferset, ûndergong en oerwinning gong it hjir oer - it gong ek oer in minske fan grutte alluere, dy't iderkear ûnder Gods hannen weiwrotte woe, en dochs Gods wurk dwaan moast, al soe er dêr syn eagen en syn libben by kwyt. Sa realisearre ik my dat allegear net: ik wie benammen psychologysk boeid troch Simson en troch Delila. Yn 'e oarloch earsten koe ik it stik ôfmeitsje, it stik dat, tocht ik, nimmen spylje soe.
En fierders rôpen my de psalmen. Ik woe der net oan, dy hiele oerdichting. Mar ek hjir kaam de opdracht. Dominy André Scholten benammen wie it, dy't my altyd wer fitere: ‘Gean troch mei dy psalmen en meitsje it wurk ôf.’
En wat moat men dan.
Yn Simson kaam ek it needlot op my ta, dat oer de hiele stêd hong. By de Italiaanske oerfal op Abessynië, doe't Buskes en ik tegearre sprieken oer ‘De klokken van Rome’ yn in grôtfolle Vrije Gemeente, by de Spaanske boargeroarloch, by elke rede fan Goebbels fielden wy it stap foar stap tichterby kommen.
By it fjirtichjierrich regearingsjubileum fan keninginne Wilhelmina gongen wy in jûn nei de joadewyk en fielden hoe hertstochtlik dit feest hjir fierd waard. It wie net liker oft dizze minsken har as lêste hâldfêst tsjin it oanbolderjend ûnheil fêstgrypten oan 'e monarchy, oan Oranje.
Der wiene blykber ek dy't it feest wol meifierden, mar harsels neat mear wysmakken. Dit synisme fan 'e hopeleazen krige foarm by dy lytse poelier yn 'e Breedstrjitte. Hy hie yn syn etalaazje in wite hin yn in traljehok stean, dy't er hielendal mei oranje ferve oergetten hie; it drupte it beest noch fan 'e poaten ôf.
En der hong in kaart oan mei dizze masterlike tekst:
oranje boppe, oranje onder -
mar as ik kraai krij ik op myn donder.
| |
| |
Himelfeartsdei 1940 hiene wy in frije dei, en ik gong mei Wil en Andrys nei Aerdenhout, dêr't wy de hiele dei mei it prachtichste waar yn 'e dunen swalken.
Dy deis wist ik it sûnder twivel: it wurdt oarloch.
De sneons foar pinkster wie it safier. De nachts om trije oere hearden wy de fleantugen snoarkjen en de bommen fallen boppe Schiphol. En wy wisten, steande op it platdak, mar net wat dy lytse fredige wolkjes betsjutten dy't troch de moarnsdize sweefden. It wurd parasjutisten koene wy noch net. ‘Opmerklike ûntspanning yn Europa’ fertelde ús de trijekolomskop fan 'e krante dy't om sân oere yn 'e bus foel.
Mar dy krante wie de deis fan te foaren printe.
|
|