| |
| |
| |
De put der út
Dominy P. Hekman hat ien en oar net mear fan tichteby meimakke. Hy naam in berop oan nei Beilen, en syn lêste ried om my, typearjend foar de man, wie: ‘Tink om jins hûshâlding en om jins takomst.’ Ut Beilen wei skreau er my noch in briefke mei it freonlik advys, mar te betankjen foar de grifformearde tsjerke, omdat ik dêr dochs net yn hearde. It like my wat in nuvere útlis fan it ‘twing se om yn te kommen’; al hie it de dingen faaks ferienfâldige, ik fielde net foar dizze wei fan 'e minste wjerstân.
It skoalbestjoer, yn in begryplik ferlet fan stipe, woe jerne de âlders yn beweging kommen sjen. ‘De skoalle oan de âlden’, wie ommers it slachwurd fan 'e bysûndere skoalle, mar yn 'e praktyk kaam it der faak op del dat in keppeltsje âlden, mar dan fan dagen en net fan bern, de kaarten ferjoech. Sa fregen hja ien fan de âlders it begjin te meitsjen mei in skriftlike kampanje, en harren in brief te skriuwen dy't utering joech oan syn ferûntrêsting oer it feit dat syn bern by immen as my yn 'e klasse sitte moasten. Hja hiene op it ferkearde hynder wedde: G. van der Laan wie, behalve in polityk tsjinstanner fan my, ek in fatsoenlik man, dy't de foarslach ferûntweardige fersmiet. As hy ea miende soks dwaan te moatten, soe er it sels wol útmeitsje, mar yn in komplot sitte woe er net.
By in twadden slagge it better. Hy skreau it brief.
In jier letter is hy lid fan it skoalbestjoer wurden en hat dat amt jierrenlang mei eare beklaaid. Syn namme komt net yn dizze kronyk. Hy hat leau ik nea witten, dat ik dit altyd witten haw.
| |
| |
Sa koe it bestjoer my op in gearkomst mei de nedige drôvens meidiele dat der wol wat barre moast, fanwege de âlden, dy't blykber ferûntrêste waarden en brieven mei klachten begongen te skriuwen. Eardat de foarsitter der tusken komme koe, kearde ik my doe rjochtstreeks nei de skriuwer, Eile de Jong, dy't neitinkend oan syn sigaar siet te lûken, mei de fraach hoefolle brieven oft er krige hie. ‘Mar ien,’ sei de goede man, folslein ûnskuldich, en hy taaste sels yn 'e binnenbûse. Sa waard dy foltreffer in blyngonger.
Alle âlden wiene lang gjin lid fan 'e skoalferiening. Wol ferskynden hja op periodike noflike âlderjûnen, mar hja stimden net mei, en dat hie ek gjin need, omdat alles ‘by akklamaasje’ plichte te gean. Mar dat brief hie benammen myn freonen ûnder de âlden wach makke. Der kamen no tsien en tweintich brieven tagelyk binnen, fan âlden dy't har opjoegen as lid fan 'e skoalferiening.
It bestjoer seach de geast dwalen, en naam syn taflecht ta in coup. Alle adspirantleden moasten earst foar in kommisje ferskine, dêr't harren net allinne frege waard oft hja mei de statuten ynstimden, mar ek hoe't hja tochten oer oarloch en oer ûntwapening en oer de polityk fan 'e cdu. Foelen de antwurden net nei it sin út, dan waard harren ienfâldich it lidmaatskip wegere.
Yn dizze dagen ûntfong ik wer ris in brede missive fan it bestjoer, en dêr lies ik ta myn benijing ûnder oaren it folgjende yn: ‘U mag dan geen slecht onderwijzer zijn, maar, afgezien van de principiële geschilpunten stemt het het bestuur tot grote ontevredenheid dat de orde in uw klas veel te wensen blijkt over te laten, zulks volgens verklaring van het Hoofd der School en van den Inspecteur van Chr. Nat. Schoolonderwijs, de heer Wytzes.’
Dêr seach ik nuver by op. Nea hie de oarder tusken Van der Kooi en my in punt fan besprek, lit stean in probleem west. Wytzes hie yn al dy jierren ien kear in pear minuten by my binnendoar west, en ek fan him fernaam ik persoanlik gjin klacht. Mar oft it spul spriek, fuort dêrnei kaam de ryksynspekteur foar syn wenstich besyk. De hear P.K. Dam stie bekend as in Strang en sekuer man,
| |
| |
dy't neat ûntkaam. Hy hie my yn 'e rin fan 'e jierren wolris in opmerking makke, meast oer it skriuwen, mar oars ek neat.
Ditkear kaam er earst yn myn klas, seach alle skriftlik wurk nei en joech skerp acht op myn lesjaan, sadat ik my yn it begjin wat ûnnoflik fielde. Dam wie ek grifformeard en ar. Soe der...?
Doe't er fuortgong joech er my de hân en sei: ‘Hjir is wat. Wolle jo it my fertelle?’ ‘Leaver net,’ sei ik, ‘nòch net.’
‘Best, sa't jo wolle.’
Ik fette moed, en frege him oft ik witte mocht hoe't syn yndruk fan myn klasse wie. ‘Tige goed,’ wie syn koart beskied. ‘En,’ weage ik fierder, ‘wat tinkt jo fan 'e oarder?’ ‘Treflik,’ sei er. ‘Witte jo no genôch?’ En hy ferdwûn.
Nei skoaltiid, doe't wy noch wat stiene te neipraten, frege ik Van der Kooi: ‘Hie de ynspekteur ek noch wat bysûnders oer ús klassen?’
Hy seach yn 'e loft, oft er it in foar mysels wat pynlike frage fûn. ‘Ja,’ sei er wat wifkjend, ‘no't wy it der dochs oer hawwe - de fyfte klasse, dêr wie er net sa bêst oer te sprekken, spesjaal oer de oarder. Dat soe al better moatte. De fyfte klasse - och ja, dy hawwe jo sels ommers.’
Ik moast it effen ferwurkje. Doe sei ik dat ik fan doel hie de oare deis nei de sprekoere fan de hear Dam te gean, om him yn syn gesicht te sizzen dat ik him in ûnoprjocht man achte.
‘De ynspektèur?’ Hy ferskeat.
‘Hy hat tafallich in kertier lyn tsjin my sein dat de oarder yn myn klas “treflik” wie. No seit er tsjin jo dat ik it swakke stee fan 'e skoalle bin; dat lit ik der net by sitte.’
‘Soe ik net dwaan, och, dat hoecht net.’ Hy stiek omslachtich en oerstjoer syn eintsje sigaar oan, dat net iens útgien wie. ‘Miskien haw ik it net alhiel goed ferstien.’
Goed en wol by de hear Dam op 'e stoel, fertelde ik him wat ik fan doel hie, mei deselde wurden. De âld rôt seach benijd op, en sei doe freonlik: ‘Hertlikens is mar alles. En mei ik miskien ek witte wêr't ik dat oan fertsjinne haw?’
Koartom, de ein fan ús ûnderhâld wie, dat er my de hân op it
| |
| |
skouder lei: ‘Hark ris, ik bin it polityk alhiel mei jo ûniens, mar dêr ha wy it no net oer. Jo moatte goed fan my begripe, dat ik jo as ryksynspekteur tsjin dit soarte metoaden mei al myn macht beskermje sil.’
Hy hat blykber wurd holden. Want twa dagen letter wie der wer in skriftlik stik fan it bestjoer. De tekst wie letterlik deselde as fan it eardere stik. Inkeld de passaazje oer myn kwaliteit wie weilitten. In bygeand los feltsje papier befette it fersyk, it foargeande brief as net stjoerd beskôgje te wollen.
Sa is de ryksynspeksje by in bysûndere skoalle dochs noch wolris earne goed foar.
En lang om let moast der dochs wer ris in âlderjûn holden wurde.
Dêr woene fansels benammen dejingen hinne waans lidmaatskip blokkearre wie.
‘En as hja ús der net ynlitte?’
‘Sân oere lizze wy foar de doar,’ sei Hindrik Luik, in gewanten postboade, dy't alris in grouwe boer fjouwerkant oer syn eigen hikke soald hie, 'en wy komme der yn.’
It wie in kâlde jûn yn febrewaris 1930, mar de kachel barnde noflik yn it lokaal, dêr't de bekers mei sigaren op tafel stiene en dêr't in rook fan sûkelademôlke jin al temjitte kaam. It seach der feestlik út, en it gong, hoewol wat stroef, goed oan it punt rûnfrage ta. Hie dy earme Holke Dykman no mar gjin foarsitter west. Rûnfrage. Hindrik Luik riisde oerein en frege wêrom't hy en syn freonen, hoewol hja bern op skoalle hiene en ynstimden mei de statuten, wegere wiene as lid fan 'e feriening. ‘Kin ik net op antwurdzje,’ sei Dykman. ‘As nimmen oars mear wat hat krije wy noch in sûkermantsje en in kopke sûkelade, wy sjonge de “Avondzang” en dan gean wy nei hûs.’
De lûde protesten fan Luik en syn maten waarden weiweaun, mar dat wie net ienfâldich.
Ta myn grutte benijing krige ik, doe't ik it freonlik frege, noch effen it wurd. En ja, doe haw ik it miskien wat patetysk makke, dat sil 't wol. Mar ik moast dy goede man efter 'e tafel skerp oanfalle.
| |
| |
Ik sei dat it syn wurk as foarsitter wie de diskusjes te lieden, mar net om se te smoaren, en dat in andert op in fatsoenlike frage grif it minste wie dat er dwaan koe.
It slimste wie dat er it, sa't er sei, die om my te sparjen. ‘Jim beroppe jim tsjin my,’ sei ik, ‘altyd op 'e âlders; no sitte de âlders hjir foar jim en jim doare net sizze wat der is.’
‘Ie liken Mussolini wel,’ brocht Dykman mei muoite út. ‘Hiene jo mar wat mear fan Mussolini,’ sei ik, ‘dan soene jo teminsten in gearkomste liede kinne.’
‘De gearkomste is sletten,’ sei de foarsitter, en doe hie ik it ûngelok dat te ûntstriden en de minsken te fersykjen te bliuwen.
Op dat stuit waard it poertsjuster. Van der Kooi hie de lampe útdraaid.
Dêr kaam it lûd fan Doede Kok, myn âld mentor yn 'e timmerwinkel, dy't no fjildwachter wie: ‘Op dat ljocht! Der komme hjir deaden by dy gleone kachel!’
It ljocht gong wer op en Doede Kok beweegde my op te hâlden. It wie húsfredebreuk, en dan koe hy der net foarwei en meitsje proses-ferbaal.
Van der Kooi rôp noch sawat fan ‘opruier en grutte sosjalist...’
En doe dominy Van der Voet noch, de jonge herfoarme predikant, dy't de minsken dizze wike noch in gearkomste tasei yn hotel Van der Hoff, in oplossing dy't my wol oanspriek. It kâlde konflikt wie hjit rûn. De gearkomste is dy jûne net mei tankgebed sletten, en spitigernôch skeaten wy ek de ‘Avondzang’ en it lêste sûkermantsje der by yn.
Dy oprop fan ds Van der Voet, in begjin fan organisearre ferset ûnder lieding noch wol fan in herfoarme predikant, en it ferstek fan meiwurking by de ryksynspeksje liken faaie tekens. Gerbrandy, dy't yn letter jierren yn Europa bekend stean soe as ‘de terrier’, begriep dat der tabiten wurde moast. En hy biet ta.
De tolve feilen typwurk, dy't in pear dagen letter by ús yn 'e bus ploften, sprieken kleare taal. Op bledside tsien stie ûnder oaren: ‘Wij denken hierbij aan uw actie op een onzer laatste ledenvergaderingen, waaraan zelfs de politie te pas moest komen. Uw
| |
| |
optreden, waarbij U de vergadering tegen het Bestuur hebt trachten op te stoken, de leiding van den Voorzitter hebt bemoeilijkt, zelf de leiding van het verzet hebt genomen en het Hoofd der School, het Bestuur en vele ouders hebt geprikkeld, ja feitelijk een aanval tegen de Vereeniging hebt begonnen, is in strijd met den eerbied die U tegenover het Bestuur en de Vereeniging past.’
Dat wie lykwols mar in ynlieding. De klap op 'e fjoerpylk folge yn de tekst fan in ferklearring, dy't ik foar de earste maart 1930 ûndertekene ynleverje moatte soe, op straffe fan ûntslach. Dy ferklearring wie sa:
‘... ferklearret by dizzen, dat er by al it ûnderwiis dat er jout en jaan sil oan de Kristlike Skoalle fan 'e Lemmer, yn neat blike litte sil, dat troch him gefoelens oanhongen wurde lykas troch him yn syn brosjuere Kristendom en Oarloch útsprutsen en yn de troch him oan it Bestjoer tastjoerde beäntwurding fan de fragen taljochte, benammen wat oangiet it punt persoanlike tsjinstwegering en de winsklikens, dat elk kristen dêrta komme soe;
dat hy likemin yndirekt as direkt yn skoalle foar dizze opfetting hokker propaganda dan ek meitsje sil;
dat hy elke wink fan it Haad fan 'e Skoalle, dy't dizze him yn dit stik tinkt jaan te moatten, opslach en stipt opfolgje sil;
dat hy alles mije sil, wat yn de herten en hollen fan de bern de oertsjûging de posysje fan it oerheidsgesach oangeande, lykas dy yn grifformearde en konfesjonele rûnten beliden wurdt, ûndermynje soe, en him alsa hâlde en drage sil nei de op dit stik yn grifformearde en konfesjonele rûnte tradisjonele opfettings, sûnder betingst;
boppedat, dat hy bûten de skoalle foar syn hjirbedoelde opfettings gjin opsetlike propaganda meitsje sil.’
Blykber om de mjitte fol te meitsjen waard my noch meidield dat ik, ek by tekenjen fan dizze ferklearring, net langer yn 'e fyfte, mar yn 'e twadde klasse komme soe te stean, dat it bestjoer my yn it each hâlde soe en ek fan my ferwachte dat ik de ferbining mei freonen ‘bûten de eigen rûnte’ (dat sloech grif op myn freon Laurens de Rook) ferbrekke soe, en noch in pear dingen; yn elk gefal, it waard wol tige ienfâldich.
| |
| |
Myn skriftlik antwurd, dêr't ik net lang tiid foar nedich hie, koe dan ek koart wêze. It befette yn in pear rigels de meidieling dat ik ûndûbelsinnich wegere dizze of sa'n soarte ferklearring te tekenjen.
Moandei de santsjinde maart, doe't ik nei ôfrin fan 'e middeis-skoaltiid de bern útliet, seach ik troch it bopperútsje fan 'e doar it bestjoer wer yn 'e riedkeamer sitten. De foarsitter heinde my yn 'e gong op en rikte my de safolleste ‘slûf mei ynhâld’ út. Ditkear wie it in brief fan tsien fellen, saaklik de meidieling befetsjend, dat my fan dit stuit ôf de tagong ta de skoalle ûntsein wie, dat myn útsluting op 1 april en myn ûntslach op 1 maaie 1930 yngean soe. Ik soe dus gjin ôfskied fan 'e bern nimme. De kâns moast ôfsnien wurde dat ik, demagooch dy't ik wie, dêr in drama yn grutte styl fan meitsje soe. Dat Gerbrandy my sa ferkeard sketten hie, haw ik him dochs wol kwea nommen.
Thús sette ik myn wekkerklokje op it oanrjocht.
‘Wat moat dat klokje?’ frege myn frou.
‘Dat kin hjir tenei wer stean,’ sei ik. ‘Ik haw de put der út.’
Nee, Wil krige it net op 'e senuwen. Hja hie de lêste tiid in goed, wat men tsjintwurdich neamt ‘ynkassearringsfermogen’ ûntwikkele en hat altyd, doe en letter, njonken my stien. As dat net sa west hie, no, dan wit ik it noch net, want men kin makliker yn Efeze tsjin 'e wylde beesten fjochtsje as alle dagen fan in frou te hearren fan ‘moat dat no sa’ en ‘wês foarsichtich’ en ‘kinst it net wat skikke’. Wy dienen it allegear tegearre, en dyselde middeis ha wy ek tegearre de kollega's en freonen ûntfongen, dy't al gau opsetten kamen foar in lûdroftich en ûnbewimpele neipetear. De oare deis kamen de bern yn ploegen fan fiif en seis oan om ôfskied te nimmen.
Myn riedslju binne fuort yn berop gien fan útsluting en ûntslach by de Commissie van beroep voor de groep scholen aangesloten bij den Schoolraad voor de Scholen met den Bijbel.
My persoanlik lei de juridyske kant fan 'e saak net sa heech, ik
| |
| |
wist dochs wol dat ik foar de bile wie. Mar wat my tige yn beslach naam wie de teologyske kant. Yn wêzen waard ik ommers ûntslein omdat ik yn striid kaam mei de Nederlandsche Geloofsbelijdenis. Dêrom woe ik foar de kommisje in teologysk riedsman meinimme.
En oan wa soe ik dan oars tinke as oan de man, dy't ik seach as de belangrykste figuer net inkeld yn it tsjerklik Asser konflikt, mar ek yn de politike organisearring fan 'e cdu?
Ik hoegde net lang te wachtsjen. Hjir is it briefke:
‘...ik weet niet of ik de geschikte man ben om uw zaak te verdedigen, maar indien u meent van wel, dan ben ik daartoe bereid. De kwestie is mijns inziens voor de toekomst van ons christelijk onderwijs van de grootste beteekenis.’
It briefke wie datearre Oosterend (Texel) 4 maart 1930, en ûndertekene troch J.J. Buskes jr.
Hy hat syn tasizzing mear as wier makke.
|
|