| |
| |
| |
Yn rommer farwetter
De deis nei myn útsetting helle ‘de Lemster skoalkwestje’ ferskate foarpagina's. Ik wie de lêste moannen al begûn myn eigen parse te fersoargjen. Venema, de Lemster âld-fjildwachter, dy't tolve bern hie en korrespondint wie fan likefolle kranten, helle it saaklike nijs en de gearfetting fan myn redefieringen parsree by my wei. Hy wie der sa wiis mei, dat er my ienkear ut erkentlikens in pûdsje mei fiif sigaren meinaam.
Mar dy bewuste deis kaam Jan Bruinsma, redakteur fan Hepkema's Nieuwsblad van Friesland der sels op ôf. Hy woe in hiele foarpagina meitsje, mei in petear fan beide partijen. Hy frege my ek om de lêste skriftlike stikken fan it skoalbestjoer. Mar ik moast him teloarstelle; ik hie se nei Gys Koelstra stjoerd, dy't der trochslaggen fan meitsje soe. Bruinsma, foar ien gat net te fangen, die syn fersyk oan Eile de Jong, de bestjoerssekretaris, en dy joech him wat er winske. En sadwaande kaam de Hepkema de oare deis mei in gâns folsleinder relaas as it Friesch Dagblad.
It komyske gefolch wie, dat ik yn it ferwarskrift fan it bestjoer foar de kommisje fan berop by alle beskuldigingen ek noch dizze krige:
‘... een vertrouwelijke zaak, immers ons schrijven droeg een vertrouwelijk karakter, ontijdig in het publiek te hebben gebracht, en er daardoor toe meegewerkt, dat onder andere een ongeloovige pers ontijdig zich met onze interne schoolaangelegenheden bemoeide...’
Earst moannen letter haw ik ophelderje kinnen dat net ikke,
| |
| |
mar de sekretaris fan it skoalbestjoer dizze relaasje mei de ‘ongeloovige pers’ ta stân brocht hie. It muoide my wol om de goede man, mar wat wier wie moast wier bliuwe.
Undertusken brochten de publikaasjes dy't sûnder myn tadwaan ta stân kamen, en de skriftlike reaksjes út it hiele lân my ta neitinken. Ik haw my wolris ôffrege: wêrom doch ik dit? Bin ik in lytse lykhawwer, dy't himel en ierde beweecht omdat him it ien of oare ûnrjocht oandien is? Is it einliks de muoite wol wurdich, en binne der gjin wichtiger dingen?
Mar de reaksjes makken it my hoe langer hoe mear dúdlik dat hjir in saak oan 'e oarder kaam, dy't fier boppe myn persoanlik lyk of ûngelyk útgong, en dat ik oars net wie as in tafallige eksponint. Elke dei brocht in fracht post: it earste brief dat ik krige wie fan dr Geelkerken. Hiele listen mei ynstimmingsbetsjûgings fan de meast útienrinnende fermiddens; in blêd fol nammen fan spoarmannen út Noard-Hollân, fan ûnderwizers, bysûndere en iepenbiere, en sels in list mei 154 nammen fan tsjerklike foargongers. Ik krige kontakten mei Bart de Ligt, mei A.R. de Jong, mei Hugenholtz, mei Hilbrandt Boschma, mei professor Heering.
En it reinde oanfragen om sprekbeurten.
By dit alles ferdwûn foar ús de fraach oft it skoalbestjoer no korrekt of ynkorrekt west hie, folslein yn it neat.
As ik dan ek frege waard om te sprekken oer ‘it konflikt op 'e Lemmer’ haw ik dat altyd wegere; ek yn 'e diskusje like it my net fan wearde. Dêrom moast ik oppasse foar goedmienende supporters, dy't my nei foaren bringe woene as de ‘út it brea state’ skoalmaster. Ik fielde my gjin slachtoffer, wie inkeld mar bliid dat ik de tiid en de kâns krige foar in lyts part mei te dwaan oan de trochbraak fan nije ideeën. En dat wie gjin driuw nei aventoer allinne. Ik mei yn alle beskiedenens sizze dat ik it ek as opdracht fielde. Hoe mear ik yn tsjinstriid rekke mei de machten fan 'e tradysje, hoe mear de âlde wurden fan profeten en evangeelje my mei nij lûd oansprieken, en dêr koe ik net foarwei.
Sadwaande siet ik sawat alle dagen tusken 'e tsjillen, hjoed yn Middelburg, moarn yn Veendam, oaremoarn yn Sittard. It wie
| |
| |
bysûnder nijsgjirrich, it Fryske en it Nederlânske folk as ‘publyk’ kennen te learen, en yn de faken ferheftige diskusjes fieling te krijen mei nommele tsjinstanners.
Sa heucht my noch in jûne earne yn Noard-Hollân, dêr't him in debater opjoech, dy't bliek de boargemaster te wêzen. Hy wie ‘Vrijheidsbonder’, de doetiidske namme foar wat letter de vvd waard. No, hy wie net mijen, hy hie in brede kunde fan saken en behearske it wurd yn 'e perfeksje. Hy sloech der ferheftich op. Bliid mei sa'n duel op hichte, sparre ik him allikemin; de stikken fleagen der fan wjerskanten ôf. Twaris waard ik fan 'e bestjoers-tafel temûk warskôge: ‘Denk er even aan wat je zegt, het is de burgemeester.’ ‘Al wie it prins Hindrik,’ sei ik, ‘dan moat er him net op dit paad jaan.’
Doe't de gearkomste ôfrûn wie, wachte er my op by de útgong. ‘Hawwe jo al in oare baan?’
Ik sei dat ik de útspraak fan 'e kommisje ôfwachtsje moast ear't ik dêr wurk fan meitsje koe.
‘Unthâld dan effen,’ sei er, ‘as jo hjir sollisitearje wurde jo beneamd.’
Sokke fijannen bliuwt men behâlden mei. Wy hawwe as freonen ôffûstke.
Ik krige yn dy dagen in list mei sinjalearre persoanen fan de bvd (of hoe't dat doe mar hiet) yn hannen. Dêr stie by myn namme: ‘Talentvol en gevaarlijk spreker, vooral gevaarlijk voor jonge menschen.’
Ik fielde my yn rommer farwetter.
Tsjerke en Frede sawol as de Kristlik Demokratyske Uny (cdu) hawwe yn dy tiid in weardefolle funksje hân. In petear tusken de konfesjonele partijen en de sdap makke lytse kâns; hja praten net opelkoar yn, mar byelkoar lâns. By ús gearkomsten waarden de ferhâlding fan kristendom en sosjalisme, de ynternasjonale en de sosjale polityk iepenlik oan 'e oarder steld en mei ynmoed utfjochte. Dat loek folk, sels sa dat ek de lytse sealhâlders yn 'e doarpen, sûnder no direkt polityk engazjearre te wêzen, der brea yn seagen. Sa fyn ik yn myn âlde spullen noch dizze briefkaart:
| |
| |
Oosterzee, 24/3 1930
Mhr. F. Schuurman
Aangezien u reeds te Echten Café Bakker een Spreekbeurt hebt gehouden, zoo zou ik onderget. Caféhouder ook u gaarne eens een avond willen hebben in deze week alle avonden vrij behalve woensdagavond. In afw.
Auke A. de Boer. Caféhouder Oosterzee bij de Brug.
Yn dyselde simmer fan 1930 krige ik gelegenheid as ferslachjouwer foar it wykblêd Sljucht en Rjucht in reis nei Noard-Fryslân mei te meitsjen. Yn Huzum waard it Grutfrysk kongres holden, en wy kamen tagelyk op de eilânen Fear, Sylt, Amrum en Helgolân. Dat wie in learsume reis, net inkeld foar de Grutfryske ferbiningen, mar benammen ek foar de konfrontaasje mei de geast fan it nasjonaalsosjalisme, dy't doe al benammen yn Sleeswyk-Holstein sterk begun op te kommen. By de wijingstsjinst dy't oan it kongres foarôfgong preke in evangelyske ‘pfarrer’ oer de tekst: ‘Hy seach harren as skiep dy't gjin hoeder hawwe.’ De preker liet dit net op 'e tsjerke, mar op it Dútske folk slaan. De hoeder wie doe kommendeweis.
Yn Huzum, de âlde stêd fan Theodor Storm, wie krekt in skoalfeest. De jonkjes rûnen yn optocht mei helmen op, houten sabels op side en houten gewearkes oer it skouder. Ik haw der noch in pear foto's fan. Dy jonkjes wiene doe alve, tolve jier.
It hawwe dizze selde bern west, dy't tsien jier letter mei echte helmen en echte gewearen oer de Nederlânske grinzen kamen.
Lang om let, de njoggende juny 1930, kaam dan de sitting fan de kommisje fan berop yn hotel Terminus yn Utrecht. Foarsitter wie mr H. van der Vegte, ar, âld-minister fan wettersteat; skriuwer J.C. Wirtz, in bekend skoalman. Leden wiene dr K. Dijk, ien fan de ferneamde figueren út de Synoade fan Assen, F. Kalsbeek, in sympatyk man, wat in frjemde ein yn dit bit, Jan Schouten, dy't letter H. Colijn opfolge as foarsitter fan de ar-partij; de Haachske wethâlder mr J.A. de Wilde en mr D.W.O.A. Schut, plakferfangend lid.
| |
| |
It skoalbestjoer wie fertsjinwurdige troch de hearen Holke Dykman en Merten Folkerts de Vries mei harren riedsman Piter Sjoerds Gerbrandy. Hja hiene ek trije tsjûgen bybrocht: S.T. van der Kooi, haad fan 'e skoalle en de leden fan 'e skoalferiening G. van der Laan en C. Faber. Fierders wie ‘appellant’ oanwêzich ûnder bystân fan mr R. Pollema fan Ljouwert, A.P Jungcurt fan Den Haag en ds J.J. Buskes jr fan Oosterend (Texel).
De sitting duorre fan de moarns healwei tsienen oant de jûns healwei sânen, mei in oere skoft dertusken.
De foarsitter wie in float man, dy't him net sûnder humor troch de swiere aginda hinne wrotte. Ik kin de lange pro- en contrabetogen fan de juristen, yn haadsaak herhellingen fan de skriftlike stikken, hjir uteraard net werjaan.
It nije elemint wie it pleidoai fan Buskes, dy't net op juridyske lykhawwerij út hoegde, mar in yndrukwekkend tsjûgenis joech oer de nije visy, ek syn visy, op de evangelyske easken ynsake oarloch, oerheidsgesach en persoanlike ferantwurdlikens. It foel op, hoe't mr De Wilde him tsjin dizze kwealike ynfloeden yn it foar ôfskerme: doe't Buskes syn earste wurden sei, ferskûle De Wilde him efter de folle breedte fan it úttearde deiblêd De Standaard.
‘Dat wie gjin demonstraasje,’ skreau dr K. Dijk seisentritich jier letter yn Trouw.
Dat sil 't dan wol net - mar in blamaazje wie it yn elk gefal.
Mr Gerbrandy wie de muoite wurdich om te bes jen. Hy, de eardere lofts-opposant, dy't it trije moannen lyn noch muoide dat er my net ferdigenje koe, hie him alhiel ynlibbe yn de hâlding, de geast en it idioom fan de mannebruorren dêr't er mei yn see gien wie. In grou boek hie er foar him op 'e tafel lizzen, dat bliken die Institutio fan Calvijn te wêzen. Net dat er dêr út sitearre hat; it die inkeld tsjinst om der út en troch in klap op te jaan.
Fierders joech er syn patetyk frij bod, mei it lûd en de yntonaasje dy't my yn de oarlochsjierren út Londen wei sa fertroud oankamen.
‘De hear Schurer kin de geuzelieten net mear sjonge, mynhear de presidint...’
| |
| |
‘Mynhear Schurer, wit wat jo dogge, dominy Buskes, betink jo - jim lizze in torpedo ûnder Gods arke...’
‘En no, mynhear de presiding giet de hear Schurer it lân troch om applauskes te heljen...’
By ynterrupsje frege ik de presidint oft er de hear Gerbrandy fersykje woe syn smoarge setten foar him te hâlden. De presidint glimke, en joech in tikje mei de hammer op tafel, yn it midden littend oft dat foar Gerbrandy of foar my ornearre wie. No wie Gerbrandy ek wer royaaldernôch om yn it skoft, doe't wy tegearre yn ien bak stiene te hanwaskjen, tsjin my te sizzen: ‘Jo hiene fansels gelyk, it wie mis fan my om dat te sizzen.’
De tsjûgeferhearrings brochten noch in pear dingen by, dy't fan minder belang wiene, mar wol nijsgjirrich; der moast útmakke wurde oft it wier wie wat yn 'e stikken stie, dat ik de foarsitter foar ‘Mussolini’ en de gearkomste foar ‘in binde’ útmakke hie; Van der Kooi brocht noch by, dat ik him ‘yn persoanlik petear’ ferklearre hie foar it skiednisûnderwiis Erasmus en Rembrandt belangriker te achtsjen as De Ruyter en Piet Hein.
In wichtich ding wie de frage fan 'e presidint, oft ik ek ‘tsjerklike behannele’ wie, soks yn ferbân mei myn ôfwiking fan 'e belidenis. Ik sei dat dit net it gefal wie. Mar ik hie dochs besyk fan 'e ‘tsjerkeried’ hân, en wat dy dan sein hiene? Ik sei dat hja my ferklearre hiene rapportearje te sillen dat ik wol yn ûnderskate dingen skean gong, mar dochs goed grifformeard wie.
‘Dat is in pertininte leagen!’ skeat M.F. de Vries út, dy't ek âlderling wie.
Ik sei, dat ik de hear De Vries hjir net yn syn eigen terminology beänderje woe, te mear omdat ik leaude dat er te goeder trou wie, mar dat wy dizze dingen foar de tsjerkeried útsykje soene.
Buskes syn betooch krige yn it debat ûnfoldwaande oandacht. Foar in grutter publyk hat it dat wol krige, omdat hy de haadsaken derfan gearfette hat yn syn by Kamminga te Dokkum útjûne brosjuere Antymilitairisme en Nederlandse Geloofsbelijdenis.
De útspraak fan 'e kommisje waard fêststeld op 16 augustus. Net ûnfoldien oer de gearkomste, makken wy ús lykwols gjin yllúzjes.
| |
| |
| |
Finishing touch
De oare deis bin ik mei myn freon en kollega Jan Dragt nei âlderling Ylst gien, de man dy't wy op hûsbesyk hân hiene. Ik frege him oft er him noch te binnen bringe koe wat er my doe sein hie op myn frage nei harren rapport.
‘Wis,’ sei Ylst (hy wie in Boalserter), ‘wy hewwe seid, wy binne it yn ferskillende dingen niet iens, maer wy salle niet ontkenne dat jou goed grifformeard binne. Dat hewwe wy seid en daer staen ik foar.’
Ik krige myn gearkomste fan 'e tsjerkeried, mar mocht gjin tsjûge meinimme.
Nei in formeel protest tsjin dizze wegering, op myn fersyk yn 'e notulen opnommen, woe ik graach witte oft de tsjerkeried unanym fan betinken wie dat ik yn Utrecht in ‘pertininte leagen’ ferteld hie.
‘Hawwe jo dat sa sein, broeder Ylst?’ frege de foarsitter, ds De Bruin.
It waard hiel stil. Broeder Ylst beseach oandachtich de punten fan syn skuon, en sei doe sêft: ‘Nee foarsitter, dat ken ik my niet herinnere.’
‘Dan is de saak ôfdien,’ sei de foarsitter.
Ik begriep it. De hearen hiene yndied op 'e tsjerkeried in oar rapport útbrocht. De Vries syn ferûntweardiging hie oprjocht west. ‘Hearen,’ sei ik, want it wurd bruorren woe my min oer de lippen, ‘fjouwerentweintich oeren lyn wist de hear Ylst it noch wurdlik en stie hy der foar, ûnder oanwêzichheid fan myn freon Dragt. Grif is it jim no dúdlik wêrom't ik sa'n priis op it meinimmen fan in tsjûge stelde. Ik haw jim fierders neat te sizzen en fersykje my te ûntskuldigjen.’
Dominy De Bruin lykwols die my te witten dat de tsjerkeried mỳ noch ien en oar te sizzen hie. Ik sei dat ik mei dizze tsjerkeried gjin wurd mear winske te wikseljen of it soe ûnder tsjûgen wêze. Doe haw ik de gearkomste ferlitten.
It besyk fan de tsjerkeried, dat my troch ds De Bruin fuort dêrnei oankundige waard, wachte ik ôf mei myn freonen J. Bos, haad- | |
| |
masinist fan it provinsjaal gemaal, en Jan Dragt. ‘Binne de hearen hjir tafallich ek?’ frege de dominy. ‘Nee,’ sei ik, ‘net tafallich. Ik haw se frege as tsjûgen.’
Hy sei dat dit in bewiis fan wantrouwen yn 'e tsjerkeried like, en ik andere dat it dit net like, mar terjocht wie.
‘Dan kin de tsjerkeried hjir syn boadskip net dwaan,’ sei er plechtich.
Nei twa dagen fûn ik it folg jende briefke yn 'e bus:
Besluit van den Raad der Gereformeerde Kerk van Lemmer, bijeen in ouderlingenvergadering op Donderdag 21 Augustus 1930. Aan broeder Fedde B. Schurer, belijdend lid der Ger. Kerk van Lemmer, wordt de toegang tot het Heilig Avondmaal ontzegd, omdat zijn gedragswijze tegenover een commissie van den Kerkeraad, en zijn openbaringen over den Kerkeraad niet waren (bij een bezoek ten zijnent op 20 Augustus 1930) gelijk een lid van Christus' gemeente betaamt; en duidelijk aan den dag kwam, dat genoemde broeder den Kerkeraad niet vertrouwen en niet gehoorzamen wilde.
De kerkeraad voornoemd:
(w.t.) B.G. de Bruin, Praeses
D. van der Neut, Scriba
Ik bin doe nei dominy De Bruin tagien en haw him op 'e man ôf frege wa't neffens syn betinken de wierheid sprutsen hie, Ylst of ikke.
‘Ylst stie net sterk,’ sei er.
‘Lykwols,’ sei ik, ‘ferklearje jimme jim solidêr mei him. Bewarje no yn elk gefal in bytsje styl, en feroarje dit briefke sadanich dat ik útstaat wurd op grûn fan ôfwiking fan 'e belidenis, fan ferkearde opfetting oer de taak fan de oerheid of wat jim mar wolle, mar sa, dat it yn elk gefal de muoite wurdich is it foar de klassis te bringen. Hjir kin ik fansels neat mei wurde.’
Hy wie net te bewegen. En my kaam it advys fan prof. H.H. Kuyper yn it sin: ‘Gjin sensuer foar pasifisten’ en dat fan mr J. Terpstra: ‘Sammelje oar materiaal, en knyp net ta ear't er goed yn 'e tange sit.’
| |
| |
Doe't wy seagen dat it safier wie, hawwe wy it iennichste dien dat ús oerbleau. Ik haw op 1 septimber myn lidmaatskip fan 'e grifformearde tsjerke opsein, en fjouwer dagen letter hat myn frou itselde dien.
Wy krigen beide noch in briefke werom; mines sleat mei de sin: ‘Leer aarde, leer schepsel voor Gods aangezicht te buigen’. Myn frou (‘Geachte juffrouw’) krige te hearren: ‘Ge stelt u buiten het Lichaam van Christus’.
En ds De Bruin hat yn 'e tsjerke meidield, ‘dat broeder en zuster Schurer zich hebben afgescheiden van de gemeente van Jezus Christus.’
Hy wist, doe't er dizze fynsinnige formulearring keas, dat myn skoanâlden, dy't it kosterskip hiene, grif, en myn âlden wierskynlik yn tsjerke wêze soene; dat hat him blykber net yn 'e wei sitten.
Sa wie de ‘finishing touch’ oanbrocht; de saak wie rûn. Undertusken hie de kommisje fan berop de wettigens fan myn ûntslach befêstige: ‘overwegende dat de zienswijze van appellant in strijd is met de Gereformeerde belijdenisgeschriften, gelijk ze op dit punt steeds zijn opgevat’. It wie dus de tradysje, dy't it lêste wurd spriek.
Dit wie dan ús ôfskie fan 'e mannebruorren.
As ik no, seisentritich jier letter, my de mooglikheid yntink dat ik my troch in ferklearring ferbûn hawwe soe my ûnder harren tradysje del te jaan, dan wit ik dat ik mysels, ek al hie ik dan in ‘sieraad’ fan dit fermidden wurden, nea wer lije meien hie.
Ik nim harren kwea dat hja, har eigen deade tradysje foar kristlik libben en har eigen breklike mieningen foar Gods wil oansjende, har macht yn tsjinst fan har eangst steld hawwe.
Ik nim harren kwea, dat hja yn de opkommende arbeidersbeweging altyd wer de partij fan de besitters keazen tsjin de earmen.
Ik nim harren kwea dat hja de ienfâldige tsjerkeleden mei har sabeare-ortodoksy blyndoeke en kultureel mei har santsjindeieusk puritanisme koartwjokke hawwe.
Doe wie it ien sletten konservatyf blok, sûnder iepening om te
| |
| |
sykheljen. Sadwaande wiene ûntslach en ekskommunikaasje foar ús gjin straf en útballing, mar earder eareherstel en rehabilitaasje as minske. Wy fielden ús as fûgels, oan 'e strûp ûntkommen, as skippen, koertsend nei iepen wetter.
No, seisentritich jier letter, is der in oare grifformearde tsjerke, los fan it fundamintalisme fan Assen. En in oare ar-partij, los fan it kapitalistysk liberalisme fan Colijn. Dat betsjut dat ús wegen, doe útelkoar rûn, no in stikhinne parallel rinne. In dynamysk kristendom is dwaande it te winnen fan in konservearre tradysje.
Dominy De Bruin hat net lang wille fan syn oerwinning hân. In jiermannich letter moast er, fanwege in oar soarte aksidint út it amt set, de Lemmer ferlitte.
Myn Lemster freonen stiften in feriening foar in Frije Kristlike Skoalle, ûnder lieding fan ds Van der Voet, Tsjeard van der Bijl en Simen Kok. Ik haw der sels noch as haad beneamd west. Mar doe't minister Marchant in stopwet foar skoallebou ôfkundige, hawwe wy it plan farre litten. Nei fiif jier wie dit izer, ôfkuolle, net mear te smeien.
By de beïerdiging fan ús heit, yn febrewaris 1940, haw ik Ylst wer sjoen. Hy rikte my de hân oer de kiste hinne en sei: ‘Jou drage my dochs gien kwaad hart toe, wel - ik bin over de seuventich.’
Ik haw syn hân oannommen en sein dat ik him gjin kwea hert tadroech. En dat gou foar syn hiele generaas je. Ik droech harren gjin kwea hert ta; hja hawwe ek net oars kinnen.
Mar mei harren ôfweefd hie ik wol. No, safolle jierren letter, wylst ik sels nei de ‘seuventich’ rin, stel ik rêstich fúst dat ik bliid bin net ta harren folgelingen, mar ta harren bestriders en oanklagers heard te hawwen.
Yn dyselde septimbermoanne noch ferfearen wy nei Amsterdam, dêr't ik beneamd wie as tydlik ûnderwizer oan in iepenbiere skoalle.
|
|