‘Nee mynhear Gerbrandy. Jo hawwe my hjir frege, ik tochte dat jo my wat te sizzen hiene. Mar jo kinne fan my min ferwachtsje dat ik foar de advokaat fan myn tsjinpartij myn hert op tafel lis.’
Ik fielde dat er my taksearre. ‘Of ha jo leaver dat ik Frysk praat?’ ‘Tank jo,’ sei ik, ‘ik kin jo wol aardich neikomme.’
De punten fan de letter klassyk wurden snoar trillen efkes, en hy gong op in hiel oare toan oer. ‘Ik sil it jo wol sizze. Wytzes wie der mei oanklaud, doe binne hja by my kommen. Mar ik woe wol dat de oare partij my frege hie.’
Ik wie ferbjustere. ‘Bedoele jo - hiene jo my wol ferdigenje wollen?’
‘Jawis. Dat is te sizzen, ik woe wolris sjen hoefier dit juridysk springe soe.’
‘Ik woe dat ik dat witten hie.’
‘Ja, mar de stikken steane no oarsom, en jo sille gjin maklikenien oan my hawwe. As it teminsten moat. Mar moat it? Jo meie fan my witte, ik bin bliid dat der ris wat bart, mar jo dogge it fierstente wyld. Der is moaie literatuer oer dizze matearje, by Bavinck en by Sikkel, ik haw genôch foar jo.’
‘Ik ken dy literatuer wol. Mar ik moat dúdlik wêze. Witte jo, wêr't jins betreklike populariteit hjir by de ar noch oan te tankjen is?’
‘Dat woe ik wolris fan jo hearre.’
‘Dat de lju, yn skoalbestjoer en ûnder oaren, jins boek De strijd om nieuwe maatschappijvormen net lêzen hawwe.’
Hy grânzge as in liuw, mar sei gjin nee of ja. Doe frege er: ‘Wêr antwurdzje jo Van der Meulen? Dy hat as Uddo in rige artikels tsjin jo yn it Friesch Dagblad skreaun.’
‘Van der Meulen, mynhear Gerbrandy,’ sei ik, ‘dy antwurdet men net.’
‘Soa - tinke jo der sa oer.’
‘Ja, as it net te frijmoedich is, mei ik witte hoe't jo der oer tinke?’
‘Wêrom? No, goed dan: dy man en syn krantsje, Schurer, dy sitte my oan 'e strôte ta. Mar der binne ek oaren. En dêrom, jo moatte dit net dwaan. Jo kinne in sieraad foar de Antyrevolúsjonêre Partij wurde.’
‘Ik tink dat ik in oare taak haw.’