De besleine spegel
(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Stim ColijnYn feite kin men de dingen dêr't it op wreau - de Fryske beweging, de kwestje Geelkerken, it kristensosjalisme, it antymilitarisme - net as lêste oarsaken sjen. It siet djipper, it hong gear mei it hiele klimaat yn it grifformearde fermidden, dêr't men mei Kuyper oan 'e ein fan it tinken like te wêzen. De dingen wiene oersichtlik wurden. Wy wiene it útkarde folk, dat de wierheid hie en him ôfsûndere fan de wrâld, benammen yn in stilswijend oannommen koade fan hâlden en dragen. Wy ûnderskaten ús troch alles wat wy nèt diene en nèt mochten, en dy beskiedende grinzen leine nèt op it mêd fan it sakelibben, mar krekt op dat fan kultuer en sport. Toaniel, moderne literatuer, dûnsjen, film, wedstriden op alle gebiet (útsein resitearwedstriden), dat wie allegear taboe. Myn frou en ik binne sels ris in kear fermoanne troch it skoalbestjoer, omdat wy nei in jûn west hiene, útskreaun troch de ôfdieling fan de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, dêr't de bekende musikus Alt fan Boalsert in lêzing hold oer de Faust fan Gounod. Soks die men net; wy hearden net by it Nut. Hoe't Kuyper sels ek warskôge hie tsjin it puritanisme, syn folgelingen en neikommers wiene mei ham en gram puritein wurden. Pleatselik kaam dêr noch by, dat der in persoanswiksel west hie, dy't men ek gjin foarútgong neame koe. As dominy wie der foar De Geus yn it plak kommen ds P. Hekman dy't, ek al besocht er soms deselde oanspraken jilde te litten as syn foargonger, grif net fan itselde formaat wie. Uteraard hie dit ta gefolch dat de âlderlingen de frijkommen macht besochten oer te nimmen. | |
[pagina 66]
| |
Klear wit ik noch dat earste amtlike hûsbesyk fan de nije dominy. Folle mear as iepenhertich en minsklik kunde meitsjen like it in ôftaasten fan machtsposysjes. Nei fûstkjen, sûnfreegjen en waarskôging naam er syn sit en lei in skriuwblok op 'e knibbel. ‘Momint,’ sei ik en helle ta syn fernuvering ek in blok. ‘Wat sille jo?’ ‘Wat sille jo?’ ‘Ik moat in pear oantekeningen meitsje.’ ‘Bêst, mar dan mei ik dat grif ek wol dwaan.’ Doe kaam de earste fraach, as in pistoalskot: ‘Ik mei fan jo oannimme dat jo de kristlike blêden lêze?’ ‘Fansels. It stiet jo frij oan te nimmen wat jo wolle.’ ‘Dat is gjin andert.’ ‘Sa wie it ek net miend: it is in korreksje op 'e frage.’ ‘En wêrom is dy frage dan net goed?’ ‘Omdat ik bang bin dat jo hjirút myn geastlike steat opmeitsje wolle. Oan sa'n wize fan ûndersyk wurkje ik net mei.’ ‘In oare frage dan: dogge jo jins wurk yn skoalle út leafde?’ ‘Ik besykje it sa goed mooglik te dwaan. Mear kin ik der net fan sizze; dat soene jo oaren freegje moatte.’ Yn ien wurd, it like wat men yn letter jierren in ‘hurd ynterview’ neame soe, en dat sa besletten waard: ‘Mar wat moat ik sizze as Kristus nije wike komt om my rekkenskip te freegjen fan jins siel?’ Ik moast it effen ferarbeidzje, ear't ik it andert wist: ‘Om yn jins styl te bliuwen, jou dan myn adres mar op, Nijbuorren 11.’ Dat wiene fertrietlike petearen. Dochs wie it gjin slimme man, dizze Hekman. Faaks opdreaun troch syn âlderlingen, moast er wol wat oerbiede tsjin syn eigen ûnwissichheden, ek oer de faken iroanyske krityk fan syn frou, dy't wakker foar master opsloech, hinne. Dêrta hie er in hege opfetting fan it amt nedich, in opfetting dy't er mei syn formaat net wier meitsje koe. Dêrtroch ek waarden syn preken faak tonger- en boet-sermoenen, útrinnend op de patetyske klachte dat hy op rotsen ploeide, mar dat syn hannen frij wiene fan ús bloed. Oars royaaldernôch, hie er yn syn | |
[pagina 67]
| |
yntree - preek oankundige dat ‘syn hûs ús thús, en syn studear-keamer ús bychtstoel wêze soe’- fan it goede krekt wat tefolle. Hy wie syn foargonger net opfolge as foarsitter fan it skoalbestjoer, dat ommers mear fan him freegje soe as dêr't er tsjin opwoechsen wie. As alle swaklingen weagen hja nea in ruterlik en frijbliuwend petear, mar sieten altyd yn noed oer harren foech en prestiizje. It skoallehaad, S.T. van der Kooi, dy't de âlde hear A.B.H. Funcke opfolge hie, misstie net yn dit selskip, dat troch de symbioaze fan de eangst oanelkoar hingje moast. De iene man dy't der wat boppe útstiek wie M.F. de Vries, seilmakker en wethâlder; ek al folge er deselde spulregels, hy wist se mei mear fakmanskip ta te passen. Wy hawwe it dêr alve jier útholden, en nimmen hoecht te tinken dat dit op himsels sa skriklik en benearjend wie. It siet him net yn de beheinde mienskip of it benaude doarpsfermidden, dat foel allegear genôch ta. Wat wy om ús hinne fielden, dat wie de geast fan it grifformearde libben fan hiel Nederlân, dy't yn Amsterdam en Middelburg krekt deselde taal spriek as op 'e Lemmer. Dy geast stie gjin twivel of selskrityk ta, wie yn himsels foldien, fûn syn teologyske projeksje yn de synoade fan Assen, en krige polityk stal yn de kearelsgod H. Colijn, dy't ûnder it sjongen fan psalm 89 de sosjale bedoelingen fan Kuyper en Talma mei ien hantaast wist om te setten yn spikerhurd âld-liberalisme. Hoe goed de minsken it stik foar stik ek miene mochten, ûnder de twang fan dizze as ‘corpus christianum’ oantsjinne organisearring koene hja net út. Yn de besteande organisaasjes fan ar-partij en Patrimonium koene wy uteraard gjin skrep sette. Doe't ik mei in stikmannich freonen in lytse ôfdieling fan Tsjerke en Frede stifte, fielde ik dat as in swiere beslissing. Ik hie der leaver oan ûntkomme wollen, want ik wist wêr't it op útrinne moast. En einliks woe ik allinne mar kleur bekenne, in dúdlike hantekening sette, dat moat it west ha. Politike oanstriden hie ik net, al siet de polityk fan Colijn my heech. Lykwols, as soks him oantsjinnet, ûntkomt men der net oan, der sit wat yn fan ‘führen wohin du nicht willst’. | |
[pagina 68]
| |
Ik haw sels ien jier, mar ien jier, lid fan de Antyrevolúsjonêre Kiesferiening Vrijheid en Recht west. Yn dy tiid hold ik my fêst oan de yllúzje fan mr P.S. Gerbrandy, dy't der dochs ek wie, en waans boek De strijd om nieuwe maatschappijvormen my wakker oansprutsen hie. Mar doe't, it sil yn 1926 west ha, men my it fêste meiwurkerskip oan it ar-propagandablêd De Zuidoosthoek oanbea, fielde ik dat suver as in ûnearber útstel, yn elk gefal as in bewiis dat ik mysels net dúdlikernôch makke hie. Ik besocht dat yn it lyk te bringen troch in fûle ‘Fryske kronyk’ yn Yn ús eigen taal tsjin in lândei fan 'e Bysûndere Frijwillige Lânstoarm op 'e Sweach, dêr't mei striepoppen demonstrearre waard hoe't men kommunisten skeat en delsloech. ‘In warskôging foar wat de goddeleazen yn it lêste oardiel wachtsje sil,’ skreau de haadredakteur fan it Friesch Dagblad D. van der Meulen (Uddo), foar wa't ek Gerbrandy in gefaarlike lofterwjokman wie. Ik skreau oer Uddo's ‘generale repetysje' fan 'e jongste dei’. Nei sa'n ûngewosken polemyk hie ik dan effen it gefoel dat ik my teminsten wer ris in kear skeard hie.
Op in moaie winterdei yn dyselde snuorje metten wy Inne de Jong op it iis fan 'e Grutte Brekken. ‘Ik haw ús politike partij fûn,’ sei Inne. Wy hiene de lêste jierren mar wat op Staalman en Van der Laar stimd. Ik wie benijd. En doe hearde ik foar it earst de namme fan 'e Kristlik Demokratyske Uny. ‘Jou my mar op as lid,’ sei ik, en ik tochte: ‘dat kin der ek noch wol by.’ It wie in moaie partij, dy cdu. In spelonk fan Adullam foar alle mooglike idealisten en desperado's, dy't it yn de âlde partijen net mear fine koene. Lestige lju dus, fantasten en radikalisten, mar foar alles nonkonformisten.
Yn Fryslân rûn dizze polityk-sosjale ûntjouwing wakker lykop mei wat him yn de Fryske beweging, benammen yn it Kristlik Frysk Selskip, ôfspile. Faaks is it wat in frijmoedige konstruksje te sizzen dat ien en oar barde tsjin de eftergrûn fan Karl Barth syn teology, mar der mei te meitsjen hie ien en oar sûnder mis. E.B. | |
[pagina 69]
| |
Folkertsma, de oanfierder fan de radikalen yn dat selskip, hie op ús in grutten ynfloed. Hy loek ús politike konsekwinsjes net; hy wie, behalven in meinimmend stilist, ek in grut taktikus. Folkertsma wie hoeden, al te hoeden yn syn stribjen om it ‘kristlik folksdiel’ byelkoar te hâlden. By it oerlêzen fan syn brieven út dy tiid wurdt my dat wer op 'e nij dúdlik. Hy tochte in Frysk radikalisme besteanber sûnder polityk en sosjaal radikalisme, en dêrtroch is hy sels op in droechte rekke, dêr't er op it lêst net mear ôfkomme koe. Wat net weinimt dat de rûnten fan it Friesch Dagblad yn him de grutte kweageast seagen, dêr't hja ek wer net hielendal ûngelyk oan hiene. Hy hie de grifformearde tsjerke ferlitten om by it Hersteld Verband fan Geelkerken en Buskes te gean, en dat wie fansels in hiel ding. Thús hat er him dêr nea fûn, likemin as letter yn 'e herfoarme tsjerke. Wie hy foar ús, foar my en Inne de Jong en oaren, doe faaks noch in orakel fan Delphi, foar dy oaren wie hy in sfinks, dy't hja, behalven dat hja him net begriepen, ek net betrouden. Sa heech rûn dit, dat hja meielkoar besleaten ta oprjochting fan in Grifformeard Frysk Selskip, frij fan Barthiaanske en reade kladden, in aventoer dêr't hja de dichter A.M. Wybenga ek noch in jiermannich yn meisleept hawwe. It is op neat útdraaid; har grifformeardens en har orangisme wie wol sa goed as it foar dy tiid mar koe, mar harren Fryskens hold net oer. En doe't Folkertsma dochs op it lêst net sa'n grut polityk gefaar like as hja tocht hiene, hawwe hja it mar oerjûn.
Douwe Kalma dêrfoaroer, stamjend út frijsinnige rûnte en bûten in Kristlik Selskip steande, joech him by de cdu. Hy en ik hawwe noch tegearre boppe oan 'e Fryske list foar de Keamerferkiezings fan 1929 stien. As ik it goed sjoch efterôf, naam Kalma it sosjalisme en it antymilitarisme der op ta, en wie it foar him alderearst in Fryske konsintraasje, dêr't er Folkertsma net as rivaal yn 'e lieding hie. Kalma hie sterke liedersdreamen; dêrfandinne ek dat er deun | |
[pagina 70]
| |
foar en yn de twadde wrâldoarloch net altefolle wjeraksel tsjin it nasjonaal-sosjalisme hie. Doe, yn 1929, kaam Dútsklân der noch net oan te pas; hy wie wittend en mei sin Anglofyl - hie er yn syn earste brosjuere al Fryslân net sjoen as de brêge tusken Ingelân en Skandinavië? Wy hawwe yn dy dagen gâns meielkoar ôfbriefke: it wie yn in tiid dat men noch net safolle opskille, en dêr tankje ik twa mânske mappen mei brieven, ien fan Kalma en ien fan Folkertsma, oan. Lieder woene hja beide wêze, beide achten hja de lieding fan de oar ferdjerlik, beide mienden hja op ien of oare wize my nedich te hawwen. Kalma, dy't ferlet hie fan bysûndere biningen oan minsken en tagelyk troch en troch ienlik wie, besocht altyd wer folgelingen oan te setten, lju dêr't er mei dwaan koe wat er woe. Mar hie er harren ienkear, dan krige hy der ek ynienen wer genôch fan en state se fan him ôf. Ik liet my net fan him stjoere en kommandearje, en faaks dat dêrtroch ús freonskip, yn 'e foarm fan in bewapene frede en faak fan iepenlike fijânskip, it salang útholden hat. Yn dy ferkiezingskampanje foar in politike partij, dêr't er dochs einliks amper by thús wie, kaam er ek net sa goed út 'e ferve. De mannen fan 'e partij, meast arbeiders en oare fertrape lytse lju, neamden him ‘mynhear Kalma’, en dat wiisde fansels ek al net sa bêst. Under foarsitterskip fan Kalma haw ik yn Ljouwert op 27 april 1929 in rede holden foar de Keamerrûnte Fryslân fan de cdu ûnder de titel ‘Kristendom en Oarloch’. Dizze taspraak is troch Kamminga yn Dokkum útjûn, en ik haw der myn eigen reap mei draaid. Dy brosjuere besloech sechtsjin bledsiden. En noch altyd seingje ik de neitins fan D. van der Meulen, alias Uddo, dy't dêr yn syn Friesch Dagblad santsjin haadartikels oan wijde. Ik haw se noch. De tsien fan dy santsjin wiene noch net fol, of Kamminga skreau my dat it boekje, earst mei gjin stôk de doar út te slaan, no fuortfleach; hy soe mar in twadde printinge oplizze. En in moanne letter wie der al in treddenien. | |
[pagina 71]
| |
Ik bin doe fansels net yn 'e Keamer kommen. De hiele saak wie noch te amateuristysk en polityk te ûnryp. Mar myn kandidaatskip brocht wol de ferplichting fan in iepenbiere ferantwurding mei. Op ien fan dizze dagen moast ik op it skoalleplein in fjochterij besljochtsje tusken de jonges fan 'e sechste klasse, dy't har as liuwen kearden tsjin de soan fan ien fan 'e Lemster notabelen, omdat er roppen hie: ‘Stim Colijn, en hja moatte master Schurer oan 'e poaten ophingje.’ Dy Knjillis wie in bêste jonge, dy't neat op my tsjin hie, mar dizze striidrop fansels thús opheind hie. Ik begriep doe, dat ik it net mei de jonges, mar mei de mannebruorren te dwaan krije soe. | |
De mannebruorrenAs men mei de mannebruorren te dwaan krige, it mocht wêze yn 'e tsjerkeried, yn 'e kiesferiening, yn Patrimonium of yn it skoalbestjoer (it wiene allegear dûbelrollen), dan hie men te dwaan mei it gesach. Hja wiene fertsjinwurdigers fan de lytse godssteat dy't hja harsels opboud hiene, dy't stie op 'e ûnferwrigbere grûnslach fan de ivige begjinsels, en dy't hânholden waard troch de tucht. En dêrmei út. Sadwaande dan ek, doe't dy jûne de bruorren âlderlingen Ylst en Van der Neut by ús oanskillen, dat wy de stikels opsetten. Want in petear sa't men dat yn letter dagen ha koe, mei wurd en wjerwurd en in grutte marzje fan mieningsferskeel, dat koe net. Dêrom kamen hja ek komselden allinne. Oer twa dingen woene hja mei ús prate: oer ús iepenlik partij kiezen foar Geelkerken en tsjin de Asser Synoade, en oer myn aksje foar de cdu en Tsjerke en Frede. Ik helle wat dokumintaasje op tafel as petearstof: wat brosjueres en kranteknipsels. Mar Van der Neut glimke, Ylst makke in ôfwarrend gebeart mei syn hân en ferklearre hastich dat hja har net yn spitsfûnichheden bejaan woene. Hja hiene dat spul net | |
[pagina 72]
| |
lêzen en wiene it ek net fan doel. It kaam der allinne mar op oan, oft wy ree wiene ús del te jaan ûnder de goede lear en fermoanning fan ús grutte foarmannen, sa't in ienfâldich lid fan 'e gemeente foege. No, dat woene wy leaver net. Ik brocht ien en oar oer dy foarmannen, Hepp en Kuyper en Colijn, yn en ferdigene it rjocht fan in gemeentelid om mei harren fan betinken te ferskelen. ‘Mar ús partij, dêr't jo altyd tsjin sprekke?’ Foar harren lei de ferminging fan tsjerke en partij sa foar de hân, dat it der sûnder erch útfoel. Ta in saaklik petear oer de grutte fragen, de teology, de sosjale polityk, de bewapening, wiene hja net te bewegen. Men moast net sa heech te hoars sitte en ôfgean op de minsken dy't it by it ljocht fan Gods wurd wisten. By it ôfskied woe ik graach witte wat de hearen op 'e tsjerkeried oer dit besyk rapportearje soene. ‘No,’ sei Ylst, ‘wy moatte geduld en lankmoedigens ha. Jo steane yn hiel wat dingen fan ús ôf, mar wy kinne net ûntstride dat jo goed grifformeard binne.’ Mei dat testimonium koe ik it dwaan. Ik soe it hjir net sa wiidweidich fertelle, hie it letter net wer tepas kommen.
Trije wiken letter. Wer oare mannebruorren, mar no yn 'e personielskeamer fan 'e skoalle. It liket in gemoedlike famyljegearsit, dit skoalbestjoer, besteande út grifformearden, dy't de leie fêst yn hannen hâlde, en ‘goede’ herfoarmen, dy't hjir, op grûnslach fan 'e trije formulieren, gjin frijsinnichheid te duchtsjen hawwe en om sizzen jouwe. Sadwaande kin Holke Dykman foarsitter wêze; de antyrevolúsjonêre wethâlder M.F. de Vries hâldt it each wol op him. De skriuwer, Eile de Jong, ek rintenierboer, in man dy't grif it kwea net yn 'e wrâld brocht noch it stopjern útfûn hat, blêdet wichtich yn syn notuleboek. Dan is der Geart Semplonius, ek rêstend agrariër, dy't syn autoriteit tanket oan it preeklêzen yn tsjerke, dat er moai aardich kin; hy besiket dêr sels de ‘n’ op it ein fan 'e wurden wei te litten, en dat is noch al wat. Dêr sit ek myn skoalhaad, S.T. van der Kooi, it ûnrêstige glimke om syn mûle, op alle dingen ree. Mar behalve dizze bewende | |
[pagina 73]
| |
figueren sit dêr ek de hear A.L. Wytzes, direkteur fan 'e Snitser Kweekskoalle en ynspekteur fan it Christelijk Nationaal School-onderwijs, teffens myn âld-learaar Nederlânsk oan 'e haadaktekursus. Hy is hjir net tafallich. Foar him op 'e tafel leit myn brosjuere Kristendom en Oarloch. Ik begryp, ik bin hjir dage, en sil my te ferantwurdzjen hawwe oer dit geskrift. Ta myn eigen ferwûndering stel ik fêst dat ik kalm en helder bin. Ik haw altyd min oer de sfear fan lytse gearkomsten kinnen, dêr't men yn in beheinde romte deun opinoar sit, dêr't kofje en sigaren binne. It liket allegear in moanning om it gemoedlik te hâlden, en men fielt jin samar spulbrekker. Ik ha der no gjin lêst fan. De fragen fan Wytzes, dy't allegear út de tradisjonele hoeke komme en dúdlik blyk jouwe dat de man him oan 'e moderne problematyk net feriten hat, snije net sa djip. It bliuwt yn haadsaak by de oarloggen út it Alde Testamint, de tachtichjierrige oarloch, de doar op it nachtslot en it rjocht fan 'e oerheid neffens Romeinen 13. It is blykber mar in foarposte-gefjocht. Twaris haw ik de goede toan wat bedoarn. De earste kear, doe't de hear Semplonius, him mingend yn it petear tusken Wytzes en my, frege: ‘Mar Schurer, wat dogge jo as der no tenacht ris in keardel by jo yn 'e hûs klimt dy't jins frou tenei wol?’ Ik hie it net sizze moatten, mar ik koe it net litte: ‘Foarsitter, as de hear Semplonius dat sa graach witte wol, moat hy it tenacht ris besykje, dan sil er tagelyk gewaar wurde wat ik doch.’ De man draaide him in slach op 'e stoel om. Nee, dat hie ik net dwaan moatten. Mar ja, it is sânentritich jier lyn... It twadde wie dit. ‘Lês ik goed,’ frege Wytzes, ‘dat jo hjir op 'e lêste bledside fan dizze brosjuere oansette ta it wegerjen fan militêre tsjinst?’ Doe haw ik sein: ‘Mynhear de foarsitter, it wegerjen fan militêre tsjinst is tinkt my gjin saak fan “oansetten”. Dat is in saak fan genede.’ Alle hollen bûgden har tichter nei de tafel ta. Alle gesichten spegelen twivel en in inkelde hope: hiene hja it goed ferstien? | |
[pagina 74]
| |
Wytzes fette de algemiene yndruk gear mei in ûntdiene herhelling: ‘Van genade ...’ No ja, it fierdere hie miskien net safolle te betsjutten. Dit wie tenearsten foldwaande. Wy koene gau nei hûs, en dat kaam my aardich út, want it wie krekt myn jierdei.
In pear wiken letter: de mannebruorren yn pleno. Der wie in propaganda-gearkomste útskreaun fan de ar-partij yn 'e grifformearde tsjerke; sprekker ds Sap fan Gouda, debat frij. Dizze dominy Sap (nomen est omen) hold dêr in rede dêr't letterlik it sop útdrupte, oer it Faderlân en oer Oranje en oer it gesach en oer Colijn, oer de fan God wollen maatskiplike oarder en oer it driigjende gefaar fan it sosjalisme, yn ien wurd, hy spriek nei it hert fan Jeruzalem, it âlde dan. Ik doar no wol tajaan dat it hert my yn 'e kiel sloech doe't ik my opjoech foar debat. Ik besocht noch mysels wiis te meitsjen dat it dochs gjin doel hie, it joech ommers neat. Mar as ik hjir swijde, mochten de stiennen wol sprekke. Selden haw ik sa ynmoedich bidden. Myn debat, skruten ynset, waard in fûle oanfal op de liberalistyske en militaristyske polityk fan Colijn, en ik fielde dat hûndert eagen my ferskuorrend oanseagen. Doe't ik útpraat wie, briek der in lûd applaus yn 'e tsjerke los; mar dat wie fan ús eigen lytse ploech en fan de sdap, dy't mei man en macht de sydbanken beset hiene. Dominy Sap liet it net op him sitte: ‘as hy goed ynljochte wie, wie dizze debater ek noch wol kristlik ûnderwizer...’ Ik ynterumpearre, dat myn persoan hjir bûten bliuwe koe: ‘Al wie ik in ynbrekker, hy soe leaver op myn arguminten yngean.’ Dat wie der fansels wer glêd by troch. Ik wit noch dat dominy Sap by it sluten fan 'e gearkomste wakker foar de ‘dwalende broeder’ bidden hat. Goed. Ik wie de Rubicon oer.
It is efterôf hast ûnbegryplik dat der yn dy tiid nea ris ien besocht hat gewoan, minsklik mei my te praten, en yn elk gefal ta wat better | |
[pagina 75]
| |
ferstean te reitsjen. Mar alles wat op my ôfkaam wie delegaasje, machtsbesykjen, gesach, tucht, dissipline. Dúdlik wol ik hjir fêstlizze dat it net tsjin my persoanlik gong. Al dy minsken apart, dy't ik no mar gearfetsje ûnder de namme ‘mannebruorren’, woene my neat ferkeards, en ikke harren net. Mar hja hawwe op ien of oare wize field dat der him in oare tiid oankundige, dat harren fêste konstruksjes net sa ûno antaastber wiene as hja mienden. En dat joech harren in ûnbestimde eangst - eangst, dy't inkeld noch mar nei machtsmiddels taaste koe. De achttsjinde oktober 1929 krige ik in grutte giele slûf, ôfstjoerd fan it skoalbestjoer, mei in rige skriftlike fragen, dêr't ek skriftlik andert op ferwachte waard. De fragen wiene kenlik opsteld troch de hear Wytzes, de fertrouwensman fan it bestjoer, en myn earder neamde brosjuere foarme it útgongspunt; hja spitsten har alhiel ta op myn ‘pasifisme’. It kaam hjirop del, dat my frege waard de oarloggen yn it Alde Testamint as ‘oarloggen des Hearen’, en de tachtichjierrige oarloch ‘als een religiekrijg ter verdediging van de Kerk des Heren tegen het afgedwaalde Rome’ ‘goed te karren’. Myn skriftlik andert, 25 oktober ynstjoerd, fersette him tsjin de simplistyske fraachstelling: men kin in modern probleem net oplosse út in sitewaasje fan fjirdel ieu lyn, noch de hjoeddeiske steaten lykstelle mei it âldtestamintyske Israël. Ik sei dat hja my likegoed freegje koene oft ik de útfining fan 'e boekdrukkeunst goedkarde. Ik frege my ôf wêr't hja hinne woene, en waard dat al gau gewaar. In goekunde fan my, dy't nochal befreone wie mei in loslippich bestjoerslid, wist my te fertellen dat it bestjoer advys frege hie by mr J. Terpstra, de lettere minister fan ok & w, en dat advys wie fan dizze strekking: ûntslaan net te rimpen op grûn fan beskate mieningen, benammen pasifistyske: nim de tiid en sammelje materiaal tsjin him, en as hy goed yn 'e tange sit, kniip dan ta. Ik soe dus de takkebosken foar myn eigen mutsert oandrage moatte. |
|