De besleine spegel
(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
Skjin wurk‘Dû moatst sa mar tinke, it is skjin work,’ bemoedige Pelle de Vries my mei it each op myn ûnderwizerskip. Foar Pelle wie dat ienfâldich, hy stie altyd oan 'e skeppe, mar it ‘skjinne wurk’ hat my hiel wat spanning en eangsten koste. Ik wie ien fan it doarp, dy't hja allegear koene. Soene hja my oannimme, de kollega's en de bern, benammen de bern? Untbriek it my net oan de status, dy't in ûnderwizer dochs hearde te hawwen? Myn studearromte wie it souderke oan 'e Seedyk, dêr't, behalve myn bêd, in tafeltsje en myn boeken, ek noch de winterturf, en, efter lekkens, de sneinske klean in plak hawwe moasten. It wie in souderke mei in skean dak, en in dakfinster dat mei in heak iepenset wurde koe. Salang it oarloch wie en noch in skoft dêrnei, moast ik jûns ljocht krije fan in kearske, dêr't ik in sint mei in gat deryn op lei om it langer barne te litten, en letter fan in âld karbidlampe, dy't neffens mem ‘de eagen briek’. It gasljocht, dat letter by ús oanlein waard, joech in stik ferbettering, mar dat hie ik op souder net. Dêr wie ik doe al tige bliid mei in bleakerlampke, en der wie wer romte fan petroalje. No, wat de skoalle oangiet, moat ik sizze dat sawol de kollega's as de bern it my tige noflik makken. Myn mentor op dit paad wie Jan Dragt, in Vollenhover fan komôf, dy't altyd foar my ree stie en ek yn minne riten in trou freon bleau. It earste jier stie ik by him yn itselde lokaal, en hy hat my it gefoel jûn der by te hearren, al wie it jimmer noch slim foar my as de ynspekteur of de foarsitter fan it skoalbestjoer kamen te harkjen. Dan wie myn kontakt mei | |
[pagina 54]
| |
de bern ferbrutsen, en seach ik mysels in belaaklike foarstelling jaan. Mar ienkear kaam Felix, de ryksynspekteur, en fertelde my, sûnder wat fan 'e klas te sizzen, dat it him heugde as eksaminator mei grutte nocht myn opstel foar Nederlânsk neisjoen te hawwen, oer de Mathilde-cyclus fan Jacques Perk. Doe fielde ik wat fan de ‘grûn ûnder 'e fuotten’, dêr't Piter Swart fan praat hie. ‘Mar jou make noch een kardinale fout’ sei ien fan de âldere kollega's, dêr't ik sels noch by yn 'e klas sitten hie, ‘jou mutte geen Frysk teugen de kynders prate. Dan hewwe se geen respekt foar je. Geloof my, ik hew in bitsje erfaring.’
Ik haw syn ried yn 'e wyn slein, en nea murken dat it myn ‘respekt’ ôfbrek die. | |
Wei nei FryslânHast ûnmerkber hie him yn dizze dingen by my in omkear foltrutsen. Myn stúdzje en myn literatuer rjochten my alhiel op it Hollânsk. Dat wie ek de fiertaal op 'e gearkomsten fan ús ferienings, benammen fan 'e feinteferiening; hjir wie it sels in wakker plechtich soarte fan Hollânsk. Wy sprieken elkoar oan mei ‘vriend’: ‘vriend De Vries’, ‘vriend van Putten’. En as der in âlderling kaam, wie dat ‘broeder Y1st’, ‘broeder Calsbeek’. It iennichste Frysk, dat der by útsûndering heard waard, kaam yn 'e foarm fan in, meast koartswilige, foardracht. Wy, dy't ússels op 'e Jongelingsvereeniging foarmje woene ta ‘nuttige leden van kerk, staat en maatschappij’, sleaten ús uteraard oan by foarm en taal fan de tsjerke en fan it hiele iepenbiere libben. As ik neigean hoe't ik Frysk skriuwer wurden bin, dan hat dat wol in lange wei west. Mei myn hongerige driuw nei de Nederlânske literatuer hie ik it Frysk altyd as in legere taal field. Dat hong fansels, behalven mei myn lektuer, ek tige gear mei de sosjale ferhâldings: Hollânsk waard sprutsen troch de bettere klassen. | |
[pagina 55]
| |
Ik lies wol Frysk: boekjes mei foardrachten fan Krips en Molenaar, De sulveren rinkelbel fan Waling Dykstra, ferhalen fanTsjibbe Gearts, en wykliks Sljucht en Rjucht, dat Ido Funcke my in pear jier lang trou stjoerde. Mar it roek my allegear tefolle nei de âld doaze; ik hie gjin niget oan earizers en stuoltsjeklokken. Ek wie it my tefolle ynsteld op boerelibben en -bedriuw. Wy wiene folslein bûten alle boeretradysje opwoechsen. De ferbûnens mei in foarteam hat my nea sterk oansprutsen, en dat leit fansels wol gâns oars as men de pleats oanwize kin, dêr't jins slachte fan 'e sechtsjinde ieu ôf buorke hat, of grut gean kin op in kammenet fol kostber famyljebesit. Ik rûn ris mei Anne van der Minne, dy't stamme út it patrisysk slachte fan 'e Buma's en sels dûairiêre Quarles van Ufford wie, mar har it bêst thúsfielde yn it fermidden fan keunstners en oare nonkonformisten, troch Ljouwert. ‘Sjoch,’ sei hja, ‘sjochst dat grutte kompleks fan c & a? Dêr hat myn beppe wenne.’ En efkes letter: ‘Dizze acht hûzen, en dan dy streek der efter as tún, dat wie it hûs fan myn oare beppe.’ Ik koe doe net litte te sizzen: ‘Sjochstû it portyk fan dy sigarewinkel? Dêr koe it klintsje fan myn beppe yn hear en fear ynstean - en dat is it ferskeel tusken ús.’ Lykwols wiene wy tawijde meistriders yn 'e selde beweging, doe. Ik wol mar sizze, ik miste de tradysje om natuerlikerwize by ‘it âlde Fryslân’ oan te sluten. Ek yn 'e skiednis, sa't wy dy leard hiene, stie de histoarje fan Hollân sintraal. Floris V wie ‘onze graaf’. Ik hie dat allegear wol bestriden heard, en op goede grûnen ek, mar om yndied in rjochting te kiezen moat men net inkeld ferstanlik, mar ek en benammen yn it gefoel rekke wêze. Dat barde earsten troch Douwe Kalma. Mar safier wie it noch net. Nee, de Flaamske beweging hie my altyd folle mear oansprutsen, en nammen as Rodenbach, Gezelle, Streuvels en letter René de Clercq seine my mear as Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts en Harmen Sytstra, al seach ik teoretysk faaks in parallel skimerjen tusken Fryslân en Flaanderen. Sa koe it mooglik wêze, dat ik my noch yn 1918 mei Inne de | |
[pagina 56]
| |
Jong fûl fersette tsjin in eigen provinsjaal orgaan foar de feinteferieningen, op it motyf dat der wol gau in stribjen ûntstean soe om dit orgaan yn it Frysk te redigearjen, wat yn striid wêze soe mei it nasjonale karakter fan ús bûn. De man, dy't dêrop ienfâldichwei andere: ‘Frysk, dat is nasjonaal’, like ús doe mar in simpele siel. Sa koe it ek mooglik wêze, dat ik myn eigen twastriid oer dizze dingen yn in hollânsk deiboek beskreau, en ek, dat ik lang om let op in gearkomste it fûl opnaam foar de jongfryske beweging, foar Frysk op skoalle, yn tsjerke en yn it iepenbiere en amtlike libben, en wat ferbjustere stie fân de foar de hân lizzende frage, wêrom't ik dizze dingen hjir dan allegear yn it Hollânsk bepleite. Ideeën binne gauwernôch ryp, mar de libbenshâlding dy't mei de ideeën strykt, dy hat langer wurk. Myn earste gedichten haw ik, sa't ik al sei, ek yn it Hollânsk skreaun. It byld fan 'e fjildblom, waachsend sa't syn natoer it him opjout, dat sa faak brûkt wurdt foar de Fryske literatuer, past net. Op my net, en ik leau op gjinien fan uzes.
Ik neamde Inne de Jong. Foar it earst hie ik him kennen leard op it fraachlearen, doe't ik troffen waard troch it min of mear liturgysk lûd, dêr't er it wurd ‘pantheïsme’ mei útspriek, doe't dat yn in andert te pas kaam. Hy wie doe krekt as ûnderwizer op 'e Lemmer kommen; ik wie noch timmerfeint, en seach heech by syn kunde en belêzenens op. Wy binne hiel gau freonen wurden en dat is in minskelibbenlang sa bleaun. Hy bewenne in boppekeammerke by Jelle Haagsma oan 'e Koartestreek, dêr't wy nachten tegearre sitten hawwe om âlde dichters te lêzen en nije te ûntdekken. Hy koe prachtich en mei oerjefte lêze. As ik no noch de Mei fan Herman Gorter opslach, ferbine de fersrigels har yn myn oantinken mei syn lûd. Sneins gyng ik wolris mei him nei syn âlderlik hûs yn Nijemardum; by syn mem wie ik altyd wolkom. Oant djip yn 'e nacht dwaalden wy troch de Gaasterlânske bosken, sûnder ea útpraat te reitsjen. Spitigernôch bleau Inne net lang op 'e Lemmer. Noch foardat ik myn akte helle hie ferliet er it ûnderwiis om yn 'e sjoernalistyk | |
[pagina 57]
| |
te gean, by it Friesch Dagblad, dat doe ûnder haadredaksje fan P. Brouwer stie. Ik seach him nei as immen dy't nei bettere gewesten ferfart. Altyd skriuwe te meien, it like my it heechste wat der te berikken foel. Us korrespondinsje yn dy tiid krige wakker in omfang; in brief fan acht of tsien siden gongen wy net foar omlizzen. Tweintich jier letter koe Ype Poortinga, doe't Wumkes him frege nei brievesamlingen fan 'e jongerein, nei wierheid anderje: ‘De jongerein skriuwt gjin brieven, mynhear Wumkes, dy skillet op.’ Wy skreauwen wol brieven, en opskilje diene wy inkeld as de dea der mei mank wie. Inne is letter yn skoalle werom kommen, nei in polityk konflikt mei syn redaksje. Hy hie kommentaar jûn op it hâlden en dragen fan de Royal Dutch Oil Company, de trust fan Colijn, op in wize dy't sels de mylde en gemoedlike Pyt Brouwer te fier gong. De oplage waard ferneatige, en Inne de Jong op it matsje roppen. Hy hie wat tsjin matsjes, ûnthiet betterskip en tsjinne op steande foet syn ûntslach yn. De skoaldoarren gongen wer foar him iepen, en fia Jidskenhuzen en Amsterdam, dêr't er de striid fan Geelkerken meimakke, striek er wer yn Nijemardum del. Dêr wie er haad fan 'e skoalle, doe't wy elkoar nedich hiene, yn 1929 en 1930.
Earsten om 1920 hinne begong de fryske beweging stal foar ús te krijen. Myn earste ûnderlining mei it Kristlik Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse wie in swiere ôffaller. It bliek net folle oars te wêzen as in konfesjonele foarm fan it Ald Selskip, tarrend op wat amateuristyske taalbefoardering en wat grutte neatsizzende wurden oer trou oan it âlde heitelân, ienfâld en deeglikens en sa. In meagere neibloeier fan 'e romantyk, dêr't gjin lân mei te besilen foel. De stjit, dy't ús yn gong sette, kaam fan de Jongfryske Beweging, yn it libben roppen troch de talintrike, polemyske, dichterlike en wittenskiplike figuer fan Douwe Kalma. As jong studint al foel hy op skerpe wize it provinsjalisme fan de âlde beweging oan. Ien fan syn striidskriften hiet Fryslân en de wrâld. Hy achte de folkloare | |
[pagina 58]
| |
net sa belangryk, mar woe benammen de Fryske taal weihelje út syn getto-posysje, stie oan op breder oanpak fan it fersloffe ûnderwiis, dat doe gjin inkelde wetlike basis hie, en op it bringen fan it Frysk op syn rjochtlik plak as folweardige Nederlânske taal yn it iepenbiere en amtlike libben. Wat my it meast rekke wiene syn literêre kwaliteiten. It wie net mear de laits en de trien fan de winterjûnenochten, ek net mear de retoryk fan in Piter Jelles, mar hy skreau sonnetten; hy fertaalde net allinne Molière, Keats, Shelley en Shakespeare, mar kaam ek mei oarspronklike drama's yn klassike foarm (Kening Aldgillis). It wie krekt oft ien in âld fioele, dy't altyd as in oerlibbe fersiering oan it sket hongen hie, yn hannen naam en der sa op spile, dat it net oars wêze koe as in Stradivarius. Ek yn it Kristlik Selskip krigen de tinzen fan Kalma grutte ynfloed. Foar myn hâlden en dragen moast dit nije ynsjoch gefolgen hawwe. Ik makke fan doe ôf it Frysk ta myn fiertaal yn gearkomsten, by ynlieding en petear. Dêrmei fersteurde ik de goede toan en de tradysje, en rôp wjerstân op benammen by de ienfâldige minsken, dy't harren eigen taal ûnfatsoenlik en bot, en yn elk gefal ûnbrûkber foar ‘ferheven’ dingen achten. Gebed en bibellêzing yn it Frysk, dat koe gjin kant út. Hja ûndergongen it Hollânsk as in sakrale taal, it hie foar harren de funksje fan it tsjerke- latyn. Dominy De Geus wie fansels te yntelligint foar sa'n teory, mar yn 'e praktyk sleat er him der by oan. Dizze man hat fjirtich jier op 'e Lemmer stien, en al dy tiid dien oft er de taal dêr't syn gemeente dochs mei opstean en lizzen gong, net ferstie. As hy ris in Frysk wurd yn 'e mûle naam by wize fan sitaat, dan soarge er wol dat it der alderbrykst útkaam. En de goede gemeente lake dan en sei: ‘Jonge, jonge, no moat it net mâlder, dominy Frysk prate!’ Myn wegering om op âlderjûnen Hollânske referaten te hâlden foel by it skoalbestjoer ek net yn goede ierde. Hja fielden allegear tige foar it Frysk, mar ik wie in ‘trochdriuwer’, en dat is it slimste wat men foar in froede mienskip wêze kin. Noflik wiene sokke dingen fansels net. Men hie altyd wer it | |
[pagina 59]
| |
gefoel fan de neger, dy't wol folslein oanfurdige wurdt, mar dy't de lju dochs jimmer besykje oer te heljen om syn hûd te blankjen en syn hier te slûkjen, omdat soks no ienris better toant. En it folhâlden, ek it hoflik folhâlden fan de wegering, set lang om let wrok by de lju dy't fernimme dat harren statusnoarmen trochkrúst wurde, by de sosjale boppelaach en benammen by dejingen dy't dêr graach ta rekkene wurde wolle. Ik hie yn dit grifformeard Lemster fermidden in pear trouwe maten, dêr't ik benammen Simen Kok fan neame wol. Hy wie bakkersfeint, mar hie, belêzen en striidber, mear yn syn marse as in hopen belêarde lju. Hy is yn letter jierren nei Kanada ferfearn.
Om 1920 hinne wie ik begongen myn earste (Fryske) gedichten te publisearjen yn Yn ús eigen taal, it tydskrift fan it Kristlik Selskip, dat ûnder redaksje fan A.M. Wybenga stie, de man, dy't ek al in jiermannich dwaande wie mei in psalmberiming. Wy hawwe it nea rjocht fine kinnen, myn wurk wie him te modernistysk, al stjoerde er my mar komselden wat werom. | |
Douwe KalmaMar it wie myn dei, doe't ik in briefke krige fan de grutte Douwe Kalma, ynhâldende de meidieling dat in petear tusken ús needsaaklik begong te wurden, en it útstel om my de takommende sneonneimiddei ris op 'e Lemmer op te sykjen. Douwe Kalma. Hy wie in lange, ljochte, rizige figuer mei eagen dy't jin altyd foarby en yn 'e fierte liken te sjen. Hy droech in griis simmerpak, iepenwurke sandalen en syn wat widzjende gong makke de yndruk oft er op boppenatuerlike wize oer it wetter rûn. Ek spriek er syn Frysk as in soarte fan preestertaal; allegear dingen, dy't doe inkeld mar yn steat wiene myn earbied foar him tanimme te litten. Hy hie boppedat it frjemde oer him fan de bûten alle tsjerken steande minske, dy't dochs swier en djip wraksele mei de riedsels fan it bestean. | |
[pagina 60]
| |
Sels wakker ûnder 'e besnijing fan Dostojewski, Frederik van Eeden, Rabindranath Tagore en Vincent van Gogh, spriek my dat wol oan, temear omdat Kalma tige fier gong yn syn begryp fan en wurdearring foar wat er ‘it kalvinisme’ neamde. Us mem ûntfong him royaal, sa't hja al myn freonen plichte te dwaan, mar hie dochs in minder goed each op him as ikke. ‘In weiten hin’ wie har koarte en ûnbarmhertige gearfetting. En doe't ik fertelde dat er wurke oan in boek oer Fryske skriftekennis, in koadenamme foar literatuer dy't mem noch net koe, snie hja dat ôf mei: ‘Dy moat my net fan skriftekennis prate, hy bidt net iens foar syn iten.’ De ferbining mei Kalma loek my benammen sterk omdat der wat ferburgens omhinne hong, wat fan in gearswarring. Wy, út ûnderskate kampen, hy yn 'e Jongfryske Mienskip en ikke yn it Kristlik Selskip, soene elkoar ferstean en troch alles hinne betrouwe moatte, en stadichwei de needsaaklike ienheid yn 'e beweging tariede. En dat it him mei myn erkenning tinken wie, waard dúdlik út syn fersyk om myn meiwurking oan Frisia, it tydskrift foar Fryske taalkeunst. It wie in ûnderskieding dêrta frege te wurden. De skoalle wie ik al ridlik gau yngroeid. Mei de bern koe ik aardich oer de wei, en ek de âlden hawwe my leau ik wol yn betrouwen oannommen. Foar mysels krige ik mear wissichheid; it kryt lei my wol aardich stevich yn 'e fingers. De bern hearden my graach fertellen, dêr't ik út opmakke, dat ik it net al te min die, en it sanghealoerke wie altyd in feest. Wy hiene yntusken de âld skoalle ferlitten foar it nije gebou oan 'e Swartewei. Master Funcke wie mei pensjoen nei de Veluwe gien (ik haw it ôfskiedsliet noch foar him skreaun) en yn syn plak kaam de hear S.T. van der Kooi, seisentritich jier, jong, selsbewitten, en yn it begjin blykber besiele fan de iver om hjir in augiasstâl út te mjoksjen. Dat is begryplik as men op in nij plak komt en jin dêr wiermeitsje moat, mar hy liet it wolris wat tefolle fernimme, en stie ek ryklik op syn gesach as haad. Hy wie in kreas, rizich man, mei wat in heger lûd as men fan him ferwachtsje soe. Bosker, ús nestor, lyts rûn mantsje mei | |
[pagina 61]
| |
folle wangen, ienfâldich en goederlaaks, in man fan it âld stimpel, waard bang en kroep yn syn skulp; hy wie ûnderweis nei syn pensjoen. By ús joech it, al koene wy goed mei him oer de wei, wolris oanlieding ta lytse trammelanten. By dizze petearen op 'e man ôf makke Van der Kooi faak de yndruk te glimkjen; hy loek syn boppelippe oan 'e rjochterkant dan wat omheech, en men wist net oft it in freonlik of in spotsk glimke wie. Licht hat it neat as wat gewoane minsklike nervositeit west, mar benammen by in mieningsferskeel kin soks prykjend wurkje, omdat it as in demonstraasje fan oerwicht oansjoen wurdt. Der wie doe ek noch gjin televyzje en men tocht der net om jins ‘image’ te fersoargjen. No wiene Wil en ikke beide lid fan de Unie van Christelijke Onderwijzers, in organisaasje dy't inkeld klasse-ûnderwizers en gjin haden omfette, en dy't opkaam foar de republikeinske skoalle en grutter foech frege foar de personielsgearkomste. Ek Jan Dragt hearde dêr by; de oaren wiene, sa't it hearde, lid fan ‘De Grote’, dat einliks hielendal gjin fakferiening wie. No wie it Van der Kooi syn goed rjocht om ús te bekearen, mar hy besocht it wat al te faak en al te twingend, en mei krekt wat tefolle autoriteit; dêrtroch dreau er ús steviger yn ús posysjes. De ‘Uny’ mei syn sekretaris A.P. Jungcurt stie bekend as in reade rûnte. Ien statustrochbrek is Van der Kooi yn elk gefal slagge; hy waard ‘mynhear’ ynstee fan ‘meester’ en syn frou ‘mefrou’ ynstee fan ‘juffrou’. Sels op in grutter plak as de Lemmer wiene dizze klas-searringen skerp ôfgrinze. Der wiene mar inkelde ‘mefrouwen’, wat mear ‘juffrouwen’ (ek troud), dan in brede rige ‘frouwen’ en dêrnei kamen de ûnbetitelen. Fan dejingen dy't net berêsten yn it har tawiisde plak wie it altyd min út te meitsjen oft it harren om promoasje of om demokratisearring begongen wie. Dizze mefrou wie fierders in aardich minske, dy't ús altyd hertlik ûntfong. Allinne koe hja der min oer dat wy Frysk praten, foar in Wolvegeaster ek wol wer begryplik. Hja hiene twa alderleafste bern. It leed is harren net besparre bleaun. De soan, dêr't hja mei rjocht grut op wiene, rekke letter as bestjoersamtner nei Yndonesië en hat dêr tidens de revolúsje op Borneo in wrede dea fûn. Nuver, | |
[pagina 62]
| |
no't ik de groepsfoto besjoch dêr't wy meielkoar opsteane, kringt allinne dit sterk nei foaren. Willy de Vries en ik hiene ús yntusken ferloofd. Foar ds De Geus wie dit oanlieding om my út namme fan it bestjoer de ried te jaan earne oars te sollisitearjen. Tafallich kaam tidens dit petear de twadde foarsitter, ds Zoete, yn it selskip, en dy makke dúdlik dat it hielendal net op fersyk fan it bestjoer wie, mar in priveestunt fan de man sels. Ik haw my doe mar ûntskuldige om it de hearen fierders útmeitsje te litten. En fan dy sollisitaasje haw ik gjin wurk makke. Dizze sielehoeder hat ús net mear troud. Hy siet doe al mei emeritaat yn Zaandam. In konsulint hat ús houlik befêstige mei in moaie taspraak oer Daniël, dy't in iepen finster hold op Jeruzalem. Wy kamen op 'e Nijbuorren te wenjen boppe in hoefsmidte, lyk foar de grifformearde tsjerke oer. Dit lêste bûten ferbân mei ús troutekst. | |
In goed plakDat hawwe, oan 1930 ta, seis goede jierren west. Nea hiene wy it gefoel dat de Lemmer as wenplak ús te lyts of te benaud wie. It wie in hearlik plak om te wêzen en te wenjen. De nammen fan dy strjitten en gloppen allinne al: de Boppe- en de Underskâns, it Efterom, de Fiskersbuorren, it Leech, de Singel, it Turflân, de Pottebakkerssteich, de Túnstrjitte, hja reauntsje my noch as muzyk yn 'e earen. Twa pleinen: De Skulpen, mei as ymposante eftergrûn it bousel, sûnt tiden al ferkavele yn winkels en wenhûzen, mar troch de âlden noch altyd ‘it Kempenaarshûs’ neamd, omdat de lêste grytman der wenne hie, en de Merk, dêr't it gemeentehûs stiet en de Grutte Tsjerke, mei in seldsume koepeltoer, en de stiftlike earste-stien-ynskripsje: Al die hier komt en siet dit schoon gebou eens aan
wilt hier niet buyten blieven staan
mar hooren met flyt datier word geseyt
| |
[pagina 63]
| |
opdat door Goodes geest en woort
de eerste steen ook word geleyt
in u en my ook altesaam
ik sluyt hiermee in Goodes naam.
Fan dizze toer klinkt op keninginnedei de fanfaremuzyk. Muzyk is der ek simmerdei sneontejûns fan 'e tinte, dêr't Laurens de Rook mei syn dirigearstok net allinne it grutte koar Excelsior, mar ek it roomske en it protestantsk-kristlike koar lieding jout, want hy is de ûnbestriden muzykmaster. Dan is it deastil by de mannichte oan wjerskanten fan it brede Dok, en as men al in slach de brêgen omrint, dan is it suver in plechtige prosessy. De Lemster befolking is muzikaal. Ploegen fiskersjonges rinne soms jûns troch de strjitten, ien mei in mûlharmoanika foarop, en de oaren sjonge twastimmich de weemoedige lieten, dy't sa goed passe by it rûzjen fan 'e see, en dêr't my noch refreinen fan bysteane: Hij had mij eeuwig trouw gezworen
dat hij mij nooit verlaten zou
mar hij is gaan varen
zo ver van hier
bij and're meisjes zoekt hij zijn plezier...
De see - hja is it dy't op it lêst de Lemmer behearsket. Ut de Aldhaven farre de nachtboaten, út de Tramhaven de salonboaten yn fiif oeren nei Amsterdam, en it is in feest by har oankomst en ôffeart te wêzen. Oerdei kin men by klear sicht Urk en Schokland lizzen sjen, en as it tige helder is Enkhuizen, mar dan komt der rûch waar. Jûns, op 'e ein fan 'e daam sittend, dêr't de fjoertoer as wachter oer de see stiet, sjocht men it draailjocht fan Urk út- en oangean, en dat hiele flauwe skynsel oan 'e nachtloft, wat noardliker op, dat moatte de tûzen lampen fan Amsterdam wêze. Letter pas wurdt men by jinsels gewaar, hoefolle men fan de Lemmer holden hat.
Yn 1925 ferskynde by Brandenburgh yn Snits myn earste bondel gedichten: Fersen. De oplage wie fiifhûndert eksimplaren, en de fjirtich gûne dy't de útjouwer my derfoar betelle, like my in | |
[pagina 64]
| |
foarstlik honorarium. It dichterskip wie yn dy dagen foar my de meast wêzentlike besteansfoarm. As ik efterôf besykje my rekkenskip fan dy tiid te jaan, dan leau ik dat ik gjin oanstriid hie om yn bestjoeren in plak yn te nimmen of oan 'e polityk mei te dwaan. Mar ús literatuer wie net te tinken bûten de Fryske beweging om, en woansdeis en sneons siet ik al folle yn Ljouwert op 'e ien of oare gearkomste fan redaksjes of selskippen. Under lieding fan E.B. Folkertsma hiene wy it Kristlik Selskip yn radikale rjochting dreaun, en de ferantwurdlikens dêrfoar moasten wy drage. Sa wie ik yn it haadbestjoer kommen, en mei Gysbert Koelstra yn de redaksje fan Yn ús eigen tael. Mei Douwe Kalma en Jelle Brouwer, de lettere professor, rekke ik ek yn 'e redaksje fan Frisia. Ek moast ik op ûnderskate plakken foar de beweging sprekke. Ik moast yn it begjin in hiel stik ferlegenens oerwinne, en skreau mei soarch elk wurd op dat ik sizze soe. Mar wy hiene de wyn yn 'e seilen, en sa dreau ik mei. De Fryske beweging wie mar ien kant fan ús libbensdrift. It tilde fan nije tinzen yn 'e teology en yn 'e polityk, en dêr bleauwen wy net bûten. Yn 'e tsjerke begong de kwestje Geelkerken har ôf te tekenjen. Wy liezen De Heraut en De Reformatie net, mar wol it Weekblad voor Christendom en Cultuur en Woord en Geest, it blêd fan Geelkerken. Benammen stelden wy ús om it tydskrift Neue Wege fan de Switserske teolooch Leonard Ragaz hinne. Wat langer wat mear kamen wy, it kristendom mei de wrâld konfrontearjend, ta in sosjalistysk einbeslút. Doe't yn 1926 de útsetting fan dr Geelkerken syn beslach krige en de synoade fan Assen foar master opsloech, wie de kar foar ús net swier. Wy kearden ús fan Assen ôf en namen it iepenlik foar Geelkerken op. Sa't op in moaie simmerdei ûnbemurken oan 'e kym de lytse wite tongerkoppen opsetten komme, sa groeiden hjir ek yn dizze fredige jierren de spanningen, dy't pas troch it hoe langer hoe mear politike karakter fan 'e tsjinstellingen foarm krije soene. Mar dêr moasten noch in pear jier oerhinne gean. |
|