De besleine spegel
(1998)–Fedde Schurer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 31]
| |
Bazen en baasfeintenMen lit it as tolvejierrige foar gjin jild skine, mar dat nimt net wei dat it in ding is: as dy lêste snein, krektlyk as alle oare sneinen, foarby is, dan de moandeimoarne net lykas de oaren nei skoalle, mar nei ‘it wurk’. It earste liket in frijheid dy't net op kin. It twadde: romte-eangst, oerlevere wurde oan ûnbekende machten, dy't jin meitsje en brekke kinne. En alle wize lessen dy't men meikrige blike ûnbrûkber fan algemienens: ‘om sizzen jaan’, ‘goed dyn eagen de kost jaan’, ‘net eigenwiis wêze’. Toe mar. En dan de klean: in heallange drillene broek mei tomstoksbûse, en in blaustreke boesgroentsje; it mocht dan in trêd nei de folwoechsenens wêze, mar elkenien dy't yn laitsjen útboarste soe men yn it foar al gelyk jaan. Myn baas, Eelke Jabiks, noch tarrend op 'e reputaasje en it morele kredyt fan Jabik Eelkes, wie in guodlik man, fan de âlde styl. No hie syn guodlikens in ûndergrûn fan erchtinken. It libben hie him al sa faak te fiter hân. Hy wenne mei syn suster, Afke, hy âldfeint en hja âldfaam, beide heal yn 'e fyftich. Beide diene hja alles om my goed op te heinen, dat moat sein wurde. Wy dienen fan moarns seizen oant jûns sânen, en ik krige twa kwartsjes yn 'e wike, wat doe foar in jonge gjin min lean wie. De earste dagen moast ik mar wat houten neils skave en stekke, wat branhout kappe, en fierders de eagen de kost jaan, in opjefte dêr't ik gâns swierrichheid mei hie. Moast ik Doede, de grutfeint, of Ike, dy't in pear jier âlder wie as ikke en dus al yn it sâlt bebiten, op 'e hannen sjen - wêr lei hjir | |
[pagina 32]
| |
de grins tusken learsucht en stompsinnich oangapjen? Want as ik earlik wie hie ik gjin niget oan wat hja diene. De kost fan myn eagen wie dreamekost, gjin streksum oanskôglik ûnderrjocht. Wat hja diene seach ik stik foar stik as topprestaasjes, dy't ik respektearre, mar net begearde nei te dwaan. Foar de omgong meat ik my in hâlding oan, en die my krekt altyd effen ûnnoazelder foar as ik wie. Eelkebaas wie wat men neamde in hûstimmerman. Hy ferhierde sels in rychje wennings op 'e Kipebuorren, dy't har ûnderhâld fergen, en fierders wiene der altyd wol reparaasjes by de boargerij. Reparaasjes, mar ek oare putsjes lykas kleedklopjen en goatehimmeljen, dy't mar in ferwidere ferbân mei it boufak hiene. De stân beskate hjir ek de betsjinning: foar mefrou Sleeswyk waard altyd in kreas lústeren jaske oansketten, en ik moast mei om it bakje mei ark te dragen, hammer en knyptange, in seachje, in toms stekbeitel en in skroevedraaier. Fierders hie ik net folle te dwaan as ris in skroatsje beet te hâlden en it seagemoal fan 'e flier te feien. Hy spriek my altyd mei omsichtigens yn 'e trêde persoan ta: ‘no moat hy dat mar ris dwaan’ en ‘dat is in moai wurkje foar him.’ Ik leau net dat ik dy freonlikens goed beändere. Want om fatsoenlik te wêzen moast men mei twa wurden prate, dat wie my altyd goed foarholden. Doede lykwols druide ús skerp yn, wy soene gjin ‘baas’ sizze. Mar ‘Zylstra’ waard der ek net sein, dus it betsjutte dat men elke oanspraak fermijde. Ut in soarte fan solidariteit sleat ik my by dy foarm oan, mar ik fielde der altyd in minsklik, en benammen in stilistysk beswier tsjin. Der moat oan my as learling net folle eare te beheljen west hawwe. Ik hie, sa't ik al sei, net de earsucht om de dingen te kinnen en sels wat te meitsjen. Wylst oaren yn har frije tiid Skripten om fûgelkouwen en leppelbakjes te figuerjen, lies ik leaver boeken oer hiele oare dingen, en wy hiene dus ek net safolle praat oer mienskiplike belangen. It leafst krige ik mar opdrachten ta dingen dy't bûten it fak leine: mitselje, panstrike, berape, foegje, en ek mei de seisentweintich- | |
[pagina 33]
| |
tryms ljedder, in amer en in heak der op út te bûtenombjinnen yn 'e maitiid. Dêr siet wat fan aventoer yn, men waard, benammen by it lêste, ek mar te'n rûchsten neigien. By dat bûtenombjinnen wie ien slim ding. De protter- en moskenêsten ûnder de earste panrigels moasten ûnferbidlik úthelle wurde, en de jonge neakene fûgeltsjes yn in amer fersopen. Dat wie yn it begjin ôfgryslik, mar ik wende der oan, omdat it moast. By jonge katten moast it ommers ek, en dat wie noch slimmer. Al gau wie ik safier hinne dat ik triomfantelik mei de pet fol prottersaaien yn 'e timmerwinkel kaam, dêr't wy dy aikes dan troch de kofje retten. It is my net wer oerkommen lykas de earste kears, doe't Ike, ienfâldich syn plicht dwaand, in nêst jonge protters yn in amer fersoep, en ik him ûnferhoeds mei in hiel bosk panlatten op 'e hûd sloech. It hat gjin kwea bloed set, ik leau dat er myn konflikt wol begriep. Us mem siet noch wolris yn noed oer myn manoeuvrearjen mei ljedders en rinnen yn listgoaten. Ik lake der doe om, mar ha dochs blykber hiel wat hichtefreze ferkrongen, oars soe ik fyftich jier letter net soms noch eangstdreamen hân hawwe fan útsjittende ljedders en ôfbrekkende panlatten.
Doede hat in tiidlang myn ideaal fan folwoechsenens west. Hy wie doe miskien seisentweintich, mar foar myn each in man dy't alles wist wat der yn 'e wrâld mar te keap wêze koe. Hy koe syn fak grûnich, en fertelde ferhalen dêr't ider dy't him tenei kommen wie op snedige en ôfdwaande wize yn teplak setten waard. Hy hie al in pear kear yn Amsterdam west, en wist opwinende dingen by te bringen oer Frascati, de Karseboom en it Panopticum. Nea soe er út in tún komme sûnder in bûsfol parren, en nea út de fiskrikkerij, de hang, sûnder in pear grouwe striebokkens, dy't wy dan meielkoar bepluzen. Yn ien wurd in man dy't wist te libjen, en dy't mei elkenien prate koe. Ik bewûndere him en wist tagelyk dat ik nea sa wurde koe. Ek koe er omraak foardrage. Troch him kaam ik foar it earst | |
[pagina 34]
| |
yn 'e kunde mei de lieten fan Krips en Molenaar en oar winterjûnenochtwurk. Hy joech my de boekjes soms mei, en ik besocht it wolris op 'e knapeferiening. Mar dochs bleau it, as Frysk wurk, fan in aparte, legere klasse. Myn lektuer, en ek myn begryp oer gedichten en foardrachten, bleau foar mysels Hollânsk. Heechstens woe ik it Frysk in plak foar koartswyl ynskikke. Doede hie ek alle bekoaring foar my fan in gefaarlik, in losslein man. Fan grifformearde âlden, kaam er nea mear yn tsjerke. Hy hie ‘mei alles bruisen’. En dat net allinne, mar hy wie ek read, en dat sloech net inkeld op syn koartknipt read hier. Hy fertelde my fan 'e sosjalisten, dy't in nije mienskip bouwe soene, en fan 'e fakorganisaasje, dêr't er lid fan wie. Stakingen, eartiids foar myn begryp in skriklik ûndernimmen fan goddeleaze yndividuen sûnder meilijen mei froulju en bern, stakingen krigen no de strielekrâns fan striid en romantyk, en ik núndere soms thús sêft de opstannige lieten, dy't ik Doede by it skulpen fan in achttsjinfoetsplanke sjongen hearde. En boeken krige ik fan him; boeken dy't wy net yn 'e bibleteek hiene. Opstanding en Het rijk Gods is in u fan Tolstoi en brosjueres fan Horreüs de Haas en S.K. Bakker mei útdaagjende titels as: Naast het kruis de rode vaan. Fansels liet ik my net samar yn alles meislepe. Mar trije dingen wiene der dy't my as sosjaal-politike doelstellings rjochtfeardich liken, en it striden wurdich: hielûnt-hâlding, algemien kiesrjocht en steatspensjoen. Wat it earste oangong, koene wy samar by heit oanslute, dy't yn syn jonkheid foldwaande drankillinde sjoen hie om in radikaal ûnthâlder te wêzen. Temear loek dit myn broer Tsjip en my oan, omdat heit hjirmei in bysûnder plak ynnaam en bûten de pas rûn. Want yn ús grifformearde fermiddens wie it net allinne in seldsumheid as men ûnthâlder wie, mar waard it ek mei in skalk each besjoen en as ‘wettysk’ feroardiele. Wat fansels alderminst betsjut dat der yn dizze rûnten dronken waard. De oare twa punten wiene fansels reade ynfiltraasje, mar | |
[pagina 35]
| |
benammen de leuze fan it steatspensjoen fûn by mem in goed ear. Lykwols de lju dy't it witte koene seinen altyd: ‘Wêr moatte de sinten weikomme?’ en dat wist ik ek net. Eelkebaas liet him oer sok ding nea út. Hy folge de stream en, goeman dy't er wie, koe er wrantelich wurde oer elk dy't ien of oar better witte woe. Ienkear haw ik heit tsjinoer him ûntrou west. It wie op in waarme simmerdei, en ik moast mei hammer, knyptange en skroevedraaier yn it bakje de baas beselskipje op in putsje yn it kajút fan 'e nachtboat. It wie near dêr binnen, en de baas woe my in fleske bier helje litte. Ik haw doe blykber al myn moed en krêft fersketten yn in wegering. ‘Ik bin ûnthâlder,’ sei ik, ‘en ik helje gjin bier.’ Dat foel net bêst. De baas wie in hiele tiid stil, en helle it doe sels. Ik wist my ûnder syn ûnbehagen suver gjin hâlding te jaan. ‘Wolst net ris in slokje priuwe?’ frege de âldman ynienen freonlik. It fernuvere my dat er gewoan doke. ‘Ik bin dochs ek gjin sûper, it is gjin jenever, it is allinne mar foar de toarst.’ ‘Nee baas,’ sei ik. It bleau wer in tiid wrokkerich stil, doe frege er it wer en hold my it glês mei in lyts boaiemke foar. As ûnder hypnoase dronk ik. It stonk, en it preau nei hynsteswit. ‘Lekker,’ sei ik. En doe kraaide de hoanne. Ik haw letter twa mokken wetter swolge, myn mûle goed útspield en der thús mei gjin inkeld wurd oer rept. Ek en benammen net tsjin Doede, dy't sels ûnthâlder wie en der grif skandaal fan meitsje soe. Ynwindich hie ik, ik wist net wêrom, mei de baas te dwaan, as in meardere dy't beard hat de mindere te wêzen. Eelkebaas, skruten en skou dat er wie, hie lykwols syn românse. Dêr bestie wat (it rûge moderne wurd ‘ferhâlding’ past hjir kwealk) tusken him en de húshâldster fan in âld rintenierjend turfskipper, Keimpema. Frijwol sûnder útsjoch, want elk begriep dat it earsten wat wurde koe as net allinne âlde Keimpema, mar ek Afke, de baas syn suster, der net mear wie. Salang bleau alles in besletten dream. En ikke, my yn dizze sitewaasje dûbeld ûnnoazel hâldend, die tsjinst as ‘postillon d'amour’, mei briefkes dêr't wier- | |
[pagina 36]
| |
skynlik neat yn stie, ûnder de kamûflaazje fan in ferstoppe goate of in losse planke yn it túnskêt. Doede, dy't die oft der gjin teare geheimen bestiene, koe der rouwe gekheid oer meitsje. Ienkear bestie er it sels tsjin 'e baas te sizzen: ‘Wat jouwe jo my, as ik dy âldkeardel in bats mei de houtene hammer foar de kop jou?’ En dêr wist Eelkebaas gjin beskied op as in knippereagjend: ‘Hè wat raar, Doede.’ Want in ûnmooglik wurd soe him nea ûntkomme. It slimste wat ik fan him heard ha wie in kear doe't hy de spiker fêsthold en ik him mei de hammer gefoelich op 'e tomme rekke. Doe liet er ek de trêde persoansfoarm falle en sei: ‘Ferneukt, wat dochst my sear!’ Hy hie in waarm hert foar beesten. Fjouwer, fiif hongerige reaboarstkes hiene wy soms by't winter yn in grutte kouwe, om se letter wer los te litten. In nuete ka kuiere familiêr oer de skaafbank en friet oan 'e droege bargepyst dêr't wy de seagen mei smarden; it mocht allegearre. Ek hie er in lyts giel fokshûntsje, dat rudich waard. It beest siet op it lêst aloan mei tichtswollene eagen te skobjen fan illinde. Efterôf befrjemdet it my dat der nea nei in fee-arts taald is, want der wie wol ien op 'e Lemmer. Mar dy gong oer hynders en kij, en in hûn wie gjin fee. It hûntsje moast út syn lijen, en ik haw it field as in bewiis fan grut betrouwen, dat de baas my frege it te fersûpen. Hy koe it sels net dwaan, en as ik it die wist er dat der gjin wredichheden oan te pas komme soene. Ik bin mei it hûntsje nei de seedyk set, haw him earst noch in fearn koeke opfuorre, en doe in heale bakstien oan syn hais bûn. Fan 'e hege trambrêge ôf, acht jelne sawat, haw ik him falle litten, en noch in skoft nei it buorreljen fan it wetter yn 'e haven sjoen. Altyd as ik yn letter jierren it wurd ‘eutanasy’ tsjinkaam, moast ik oan dit wrange stuit tinke.
Ik sil fjirtjin west hawwe, doe't ik by Eelkebaas weirekke. Men moast net te lang by deselde baas bliuwe, seine de lju dy't it witte koene, men learde hjir dit en dêr dat. Ik wie opklommen ta in stoer yn 'e oere, en Wibe Boelsma, dy't | |
[pagina 37]
| |
wol in jonge brûke koe, woe my sân sinten jaan. Dat sadwaande. De lêste sneontejûns sei Eelkebaas noch tsjin my dat as ik bleau, hy der oerhinne stappe soe en my ek sân sinten jaan. Ik hoopje net dat de lêzer hjir konklúzjes út lûkt foar myn fakmanskip; it pleitet inkeld foar de minsklikens fan myn âld baas. Mar ik koe doe fansels de ôfspraak net mear ferbrekke. Wibe Boelsma wie in boeretimmerman, en wy moasten dêr faak ‘op brea’; moarns betiid fuort en jûns let werom, pompen, dampeallen en stalhouten meitsje, en yn it hea mei in kanne kofje ús broggen opite. By somlike boeren ieten wy ek wol it middeismiel mei. Ik die dêr by de feinten en fammen in nij soarte konversaasje op, meastal swier ladene eroatyske ferhalen, fol treflike dûbelsinnige taspilings. Lit nimmen ûndertusken tinke dat it in wyldeboel wie op dy pleatsen; oerstallige driften waarden inkeld oerhevele fan it bloed yn it wurd. De ferhalen dy't dêr ferteld waarden moatte wol sa âld wêze as de wrâld. Ferskate derfan bin ik yn letter jierren yn ien of oare fariaasje wer tsjinkommen bygelyks yn 'e Decamerone, dêr't fansels de oerboarnen ek net lizze, want Boccaccio sil se wol op 'e selde wize troch it folk fertellen heard hawwe. Doe koe ik dat fansels net sosjologysk en histoarysk besjen, en brocht it my yn deselde twirre fan gefoelens dy't elk op dy jierren op ien of oare wize troch moat; leare dat der in strange skieding bestiet en yn acht nommen wurdt tusken de died, dy't yn sterke twang holden wurdt, en it wurd, dat gjin grinzen hat. Dizze fertelders sieten oprjocht en from te harkjen as de boer by it miel mei galmjend lûd út de fisioenen fan Ezechiël foarlies. Sa bestiet it libben fan in jong minske út ûnderskate kultuerlagen. It wurk, de ferhâlding ta de baas, de klanten en de maten, en de wylde boartlike sektor, dêr't de taboes lins hawwe; it libben op fragelearen en knapeferiening, dêr't hja folle jilding dogge; de boeken, dy't iderkear wer nije wrâlden iepenje, en de geast en de sfear fan 'e húshâlding dy't syn eigen tradysje hat en dêr't dit allegearre stilswijend ferarbeide wurdt. Want in fanselssprekkende | |
[pagina 38]
| |
wet is, dat men al dizze fjilden fan libben útelkoar hâldt, har earlik op tiid en plak belibbet, mar nea troch elkoar hellet. Op 'e knapeferiening diskusjearren wy mei ynmoed oer de frage hoefier it wetter fan 'e sûndfloed oer de ierde streamd wie, oft Eli, dy't it sa raar lizze litten hie mei syn soannen, lykwols yn 'e himel wêze soe, en oft Van Speyk al of net goed dien hie mei syn skip yn 'e loft fleane te litten.
Doe kaam de earste wrâldoarloch, augustus 1914.
Wy wiene op krewei by de ‘salonboer’ oan 'e strjitwei, in man mei gâns jild en swee, dy't foar de ar sit yn 'e gemeenteried hie. Wylst de baas yn 'e skuorre wat beoardere, wie ik lâns in paad fan opskode pannen nei de naai klattere, in troffel fol speesje en in foechizer mei, om de losse skoarstienfoegen wat by te helpen. Skaaid oer de naai, hie ik dêr in eachweid oer de hiele krite, de Tsjûkemar oan 'e iene, de Brekken oan 'e oare kant yn it sicht. En sa murk ik it earst dat Venema, de fjildwachter, de strjitwei delfytsen kaam mei in grut giel papier foar him, roppende by elke pleats: ‘De oarloch is útbrutsen, alles moat ûnder 'e wapens komme!’ Krekt doe't ik nei ûnderen skreaude: ‘Oarloch!’ kaam de faam en rôp ús yn foar kofje. Yn 'e hûs diskear, omdat de baas der by wie. De wûndere wjergalm fan dy mobilisaasje-oprop hong dûr yn 'e keamer as in frjemd ding, dêr't gjinien rjocht op ynprate doarst. Allinne de heareboer mocht sizze: ‘Ja, dêr ha jo it al,’ op in toan as koe er no net langer stilhâlde wat hy altyd al witten hie. De faam hie krekt it earste kopke mei in hege striel yngetten, doe't de âldste soan ynkaam mei wat er op strjitte opheind hie. Men hie doe noch gjin radio, en it uterste tempo fan it krantenijs plichte oanjûn te wurden mei de byfoeging: per telegraaf. No dan, Rimmelt hie foar wier fertellen heard, dat de Russen al mei skippen op 'e Lek fearen, ûnderweis nei Den Haag. ‘Dat kin net,’ sei ik drystwei. | |
[pagina 39]
| |
‘En wêrom tochtstû dan dat it net koe?’ ‘De Russen hawwe hjir neat te sykjen. En de oarloch is krekt útbrutsen. Dan soene hja earst hiele Dútsklân ynnimme moatte.’ ‘De Rus en de Poep binne it iens,’ sei de boer mankelyk. ‘Dan is der hiel wat feroare,’ weage ik wer. ‘De oarloch giet tusken Servië en Eastenryk-Hongarije. Dútsklân helpt de Eastenrikers en Ruslân de Serven. En Ruslân hat in ferbûn mei Frankryk en Ingelân. Dat is de Entente.’ Mei opsetsin spriek ik Entente al ferkeard út, mei twa dúdlike ee's, om net eigenwiis te lykjen. Mar de faam begong likegoed lûd en keallich te laitsjen: ‘Hy koe der wol ferstân fan ha! Hy praat mar mei!’ Ik fielde dat it hiele selskip my spotsk oanseach en skeat in kaam as bloed. ‘Dútsklân helpt ús, no boer?’ sei de feint. De boer grânzge sawat. Letter sei de baas tsjin my dat ik net sa'n wize mûle ha moast; dat misstie. ‘En ast de skroevedraaier brûkt haste, moast him altyd fuort wer yn 'e bak lizze, oars kin ik my in ûngelok sykje.’ Wachtsje mar, tocht ik,... it is oarloch, en dan feroaret alles.
Thús hearde ik de klachten fan mem oer dy earme jonges, dy't de dea temjitte jage waarden en op oare, frjemde jonges sjitte moasten. It like my in wol slim primitive skôging op in machtich histoarysk barren, dêr't alle lytse persoanlike soarchjes by yn it neat sinke moasten. Yn 'e Hepkema lies ik alles nochris oer, en it measte rekke my in reportaazje oer de mobilisaasje yn Bulgarije. De stêfmuzyk spile yn 'e strjitten fan Sofia it oarlochsliet ‘Van bloedrode golven zwelt de Maritza’. En de ferslachjouwer hie der lakonyk as slotsin ûnder set: ‘Terecht benijdt men den Slavischen volken hunne muziek.’ Doe't de ferriederlike oanfal op België kaam, de oertocht by Visé en de grouwe Bertha's, de twaënfjirtichsintimeter-kanonnen Luik bestokelen, en it portret fan generaal Léman yn 'e kranten ferskynde, dy't oars noch net safolle yllustraasjes joegen, wie myn | |
[pagina 40]
| |
kar dien: ik wie foar ienkear en foargoed anty-dútsk. Ik fielde it as in persoanlike skande, dat Nederlân jeuzele fan neutraliteit en net op slach Dútsklân de oarloch ferklearre. Sa koe ik it smoute feilichheidsgefoel net daaie fan de lju dy't mei foldwaning wisten te fertellen dat de keizer sa'n bulte mei ús lân op hie; hy soe in tillegram oan 'e keninginne stjoerd ha fan dizze ynhâld: ‘Wês mar net bang, Myn, wy komme net troch dyn lân.’ En frou Poepjes rûn op 'e seedyk te jammerjen oer har soan, dy't ek oproppen wie: ‘O, onze Likelt, onze Likelt, en dy arme jonge moet alderfeurst!’ Mar de earste Belgyske legerbulletins seinen dat it opfallend wie hoe min de Dútskers skeaten, en dat joech wer moed. Lykas ik ek treast en ferheffing fûn yn it wurd fan mr P.J. Troelstra, dat ‘de nasjonale ienheid de nasjonale skelen oerhearske.’ Dy neutraliteit, dy't safolle minsken wol oan woe, omdat dy de ienfâldichste formule foar ûnferskilligens like, siet my mar rare dwers. Myn hert wie by de Belzen oan 'e Yzer, by de Frânsken oan 'e Marne en by Verdun, en myn bewûndering gong út nei Schröder, de haadredakteur fan De Telegraaf, dy't de Dútskers sa misledige hie dat hy der de bak foar yn moast, ek al sei men dat De Telegraaf mei Ingelsk jild betelle waard. Yn ús rûnten leine de mieningen wakkere ûngelyk. De measten holden it mei Dútsklân, ûnder ynfloed fan it deiblêd De Standaard, dêr't dr A. Kuyper syn Dútske sympatyen net ûnder stuollen en banken stiek. Mar dêr foaroer stie de kronyk fan it Gereformeerd Jongelingsblad, fersoarge troch ds J.C. Sikkel, dêr't wy ús hert oan ophelje koene. Ik leau dat by ûnderskate grifformearden fan de âlderein ek noch âlde foaroardielen in rolle spilen: ‘Der Kaiser’ berôp him jerne en folle op de bystân fan de Almachtige, en fan België wist men ommers dat it in roomsk lân, en fan Frankryk dat it it lân fan 'e goddeleaze revolúsje wie. It hûndert út hearde men it wurd fan minister Viviani oanheljen: ‘Wy hawwe de himelljochten dôve.’ Oer it algemien wiene de uteringen dy't ik dêr sa troch 'en dei oer hearde, sels foar myn doetiidsk begryp nochal ienfâldich fan | |
[pagina 41]
| |
opbou. De baas liet him net folle út, yn tsjinstelling mei Jouke, de man dy't oan 'e skaafbank foar my Doede as mentor ferfange moast, mar nea gesach foar my krige. Hy wie âld-grifformeard, neamde dr Kuyper de antykrist, mar hold it lykwols mei de Dútskers. ‘Ik begryp net jonkje hoestû wat fan dy smoarge Ingelsken ferwachteste, dy't dat earme godsfolk sa ferfolge ha.’ ‘De Ingelsken? Ha dy it earme godsfolk ferfolge?’ ‘Jawisse jonkje, hja hawwe Johannes Huss ferbaarnd.’ ‘Toe no man, dat is al fjouwerhûndert jier lyn, en dat wiene gjin Ingelsken. Johannes Huss is yn Praag ferbaarnd.’ ‘No, dêr giest hinne, wêr leit Praag dan oars as yn Ingelân? Ik haw in grou boek thús, dêr stiet it allegear yn.’ Sa rûnen dy petearen, en dan wie ik wer mei stommens slein. Dat hie ik mear mei Jouke, dy't my, faaks wol terjocht, in eigenwiis stik ûngelok fûn. Op in moarntiid om seis oere, beide noch wat yn 'e sûs, moasten wy der mei de karre op út mei in dampeal foar in boer. By it earste brechje dreau in kring yn it wetter, in fersopene hûn. ‘Sjoch,’ sei Jouke mei de plechtigens dy't him bytiden oermastere en dy't ik sa min daaie koe, ‘dêr leit in kadaver fan in deade hûn.’ ‘Nee,’ sei ik dwers, ‘dêr leit in kadaver fan in hûn. Kadavers fan libbene hûnen besteane net.’ ‘Dû eigenwize aap krigest sa elkenien tsjin dy, wolst dat wol leauwe? Ik haw ien en oar fan 'e wrâld sjoen, mar dy grutte bekken reitsje te pal, ast dat mar witste. En de Dútskers, no't wy it der dochs oer hawwe, stride foar in rjochtfeardige saak. Mar dû witst it fansels altyd better.’ Myn gefoel foar humor wie doe net ripernôch foar binnenwille. Ik fielde my like ferwoeden as machteleas. Better koe ik it wurdearje doe't ik de oare deis Hindrik Dûker, dy't in slokje op hie, op 'e dyk tsjinkaam. Doe't ik sei: ‘Wat ha jo de gong deryn’ fertroude er my grimmitich ta: ‘De Dútske keizer sil dea, al sil ik der ek twa oeren om rinne.’ | |
[pagina 42]
| |
Us oateKrekt foar de oarloch wie ús oate Klaske op 'e Singel stoarn; wy neamden har altyd op syn Súdwesthoeksk ‘oate’, yn tsjinstelling mei beppe yn Drachten. Hja wie sânentachtich jier wurden. Yn myn skoaljierren hie ik altyd sneonneimiddeis de boadskippen foar har dien. Ik naam dan in pantsjefol iten mei fan mem, dat yn in bûsdoek beknope waard, en krige as beleanning in botsen en in ûnwitten âld stik koeke út it tafelslaad, dat ik sa gau mooglik yn 'e bûse weimoffele, om it bûtendoar fuort te smiten. Oate wie al langer as tritich jier widdo. Har man, pake Fedde, dêr't ik nei neamd bin mar dy't ik nea sjoen haw, want ús mem wie noch faam doe't er stoar, hie reizgjend evangelist west by de Vereeniging de Vrienden der Waarheid, mei op it lêst as fêst stânplak Broek ûnder Ikkerwâld. Syn oanstelling, tekene troch J.H. Dibbetz út Amsterdam, haw ik noch yn har neilittenskip fûn, mei in preek fan pake oer Sacharias 1:8. Dy preek is yn 1880, nei syn dea, printe by Jongbloed yn Ljouwert en útjûn ‘geheel ten bate der nagelaten weduwe’. De leginden oer pake syn omraak preekjen waarden by my troch dizze preek net befêstige. It wie in kaleidoskoop fan teksten, útstalling fan bibelkunde en oanhellingen fan âlde skriuwers, sûnder hokker persoanlik aksint of oarspronklike utering. In oar ding waard wol befêstige: it ferhaal dat ik heard hie oer syn skrippen yn Broek ûnder Ikkerwâld foar it petisjonnemint oan Willem III oangeande de frijheid fan 'e bysûndere skoallen. Yn it Friesch Dagblad fûn ik yn 'e fyftiger jierren nochris yn in histoarysk oersjoch de seldsum hege sifers meidield, dy't út it lytse Broek kommen wiene. De baten fan 'e útjûne preek lykwols smieten de widdo ûnfoldwaande op (it sil tink mei in daalder of twa gûne wol opholden hawwe) om dêr fierders ûnbesoarge fan te libjen. Leed en earmoede binne har net besparre bleaun. Hja hie seis bern, trije soannen en trije dochters, dêr't ús mem, Gryt, de jongste fan wie. Doe't pake noch libbe, hiene hja it trelit mei Ypkje, de âldste | |
[pagina 43]
| |
dochter. It rjochte fan dit gefal binne wy nea wiis wurden, ús mem wie wakker swijsum yn sok ding. Mar wat ik der fan begrepen ha wie dit, dat Ypkje, de sleauwe kant neist, dy't by ‘de grutlju’ tsjinne, har troch in jongeman ferliede litten hat, en yn ferwachting allinne sitten bleau. Hja moast fansels, sa't dat doe gong, mei skea en skande út 'e tsjinst, en doe die it letter bliken dat hja har ek noch fergrypt hie oan it besit fan har woldoggers; hja hie út kasten en laden wat lytsberneguod byinoar fandele, sa't in kat fodden nei it nêst sleept as er jongje moat. De froede lju makken der in polysjesaak fan, want it rjocht moast syn berin hawwe, en Ypkje waard ta skande fan 'e famylje mei de fjildwachters op in iepene boat nei Snits brocht, dêr't hja foar it gerjocht moast. Dêrmei sette hja pake as ferneamd evangelist wol sa'n kroan op 'e holle, dat hja út de famylje staat waard. Want it fatsoen en de eare gouwen yn dy tiid jit altyd mear as minsklikens en kristlike barmhertigens. Har namme waard net mear neamd. Hylke, de âldste soan, rekke op 'e grutte feart, en oate hie fyftich jier letter noch altyd in nije drillene broek op souder lizzen dêr't gjinien oankomme mocht, want it koe wêze dat Hylke ris op in nacht wiet en ûngedien thúskaam. Hylke wie doe al lang pensjonearre by de Rotterdamske polysje, en die noch losse putsjes as boatwurker yn 'e havens. Mar dy broek bleau dêr lizzen. Jeloene, de twadde soan, dy't ta skoalmaster leare soe en op 'e Dokkumer normaalskoalle wie, stiek nei pake' dea de hoarnen yn 'e wâl en gong by it leger. Hy hie foar seis jier tekene, mar skipe by it hynstefolk yn Utrecht de fleanende tarring en stoar yn syn ienentweintichste jier. De fammen, Nanke en Gryt, rekken om utens te tsjinjen, en oate, ynmiddels nei de Lemmer ferfearn, moast de kost beskreppe mei in foech petroaljenegoasje. Wibe, de jongste soan, dy't mei it karke by de klanten lâns reizge, hold der op it doarp de namme ‘Wibe petroalje’ fan oer. Hy hat it in jiermannich dien en slagge doe ek nei Rotterdam, by de polysje. | |
[pagina 44]
| |
Oate bleau efter as in earme, ferbittere widdo. Los rekke fan de Vrienden der Waarheid, dat mear in wurkmienskip as in tsjerkemienskip wie, kaam hja yn 'e rûnten fan 'e Frije Gemeente, in âldgrifformearde útrinner fan it Réveil, dy't op 'e Lemmer in eigen tsjerkje hie. It ‘lytse tsjerkje’ hjitte dat, yn tsjinstelling ta de grutte (herfoarme) en de dolearende (grifformearde). Tsjin beide sette dizze mienskip har ôf, mar meast tsjin 'e dolearenden, dy't it allegearre yn it ferstân sochten en de befining net achten. Hja wiene ‘it folkje’, mei stik foar stik in ‘wei’, in bekearings-skiednis. En de klam foel altyd swier op illinde en ferwurpenens, hoewol ik der by sizze moat dat dy ferwurpenens meast op oaren projektearre waard.
Oate siet fol wrok tsjin it libben, wrok, dy't hja hjir godstsjinstich stal jaan koe. Har houlik moat net lokkich west hawwe, want nettsjinsteande har grutskens op it evangelisteferline fan pake, hie hja in hate skipe tsjin alles wat man wie. Eftertinkend as hja wie, hiene blykber syn reizen en syn nachten oerbliuwen hjir en dêr, mei de earbied dy't oare froulju him as learaar ûnferhoalen tadroegen, kwea bloed by har setten. Salang as it my heucht wie hja in âld, hiel âld, oan 'e stoel bûn minske, dy't fanwege har minne skonken, dêr't ek nea in doctor by helle waard, allinne mei de hannen steunende en taastende by de tafel lâns krukje koe. Ik moast as jonge altyd har jiskelaad en har smoarge amer leegje, en hie der in net te oerwinnen walge fan. Us heit, dy't in bliidmoedich kristen wie, koe hja skerp ôfseamje en him foarhâlde dat er mei in ynbylde himel nei de hel gong. Dat wie allegear net sa aardich. Doe't ik in jier of fjirtjin wie, hie ik al minder lêst fan dy dingen. Sneintemoarns út tsjerke gong ik dan nei oate te kofjedrinken, en lies har it feuilleton út De Vriend van Oud en Jong foar. En dan wie it krekt oft der in sêftens en myldens by har trochbriek, dy't in minskelibben lang bedutsen bliuwe moatten hie: in ûndergeande sinne nei in mankelike hjerstdei. | |
[pagina 45]
| |
Doe't har krêften hurd ferfoelen en it om de ein begong te sykjen, kaam myn suster Klas, dy't learling-ferpleechster op Ermelo-Veldwyk wie, om har op te passen. En ik wie nachts faak by har om tegearre te wekjen. Yn har heldere riten besocht oate dan Klas (myn oanwêzigens murk hja amper mear op) te warskôgjen foar de gefaren fan it libben. ‘Klaske.’ ‘Ja oate.’ ‘Pas foaral op mei dy smoarge manlju.’ ‘Ja oate.’ ‘Wat haw ik dêr wat mei hân. Krekt in lytsen yn 'e widze en dan wie it al wer sa. Al wer ien, sei ik dan, en al wer ien, Klaske...’ ‘Ja oate.’ ‘O dy smoarge manlju, hja hysje de broek mar wer op en sjogge nearne mear nei om. Al wer ien, sei ik dan, Klaske...’ ‘Ja oate.’ ‘Jimme heit wie ek altyd tige op dy wollusten...’ ‘Oate, no wol ik net mear hearre.’
Us heit kaam, en besocht har wat te sizzen oer de himelske blydskip nei it ôfbrekken fan it ierdske hûs, oer it foarútsjoch altyd by Jezus te wêzen. Hja hearde him mei sichtber ûngeduld oan, om op it lêst te freegjen: ‘Ken mynhear my miskien ook segge hoe laat it krekt is?’ Yn grutte spanning haw ik de ein ôfwachte. Tidige ik noch op it rûzjen fan ingelewjokken, op it ljocht út it oare lân, dat, lykas yn de ferhalen, ynienen har wêzen ferklearje soe, op in skyn fan de freugde dy't by de kristen begjint as de wrâld weifalt? Ik stie der by doe't hja as in protsje illinde de lêste siken útblies. In frjemd masker stoarre my oan mei wite eagen en in wiidiepen mûle sûnder tosken. Op 'e begraffenis, dêr't âlde Lubke Visser in lang ferhaal oer Job hold, moasten wy sjonge: ‘Maar 't vrome volk in U verheugd zal huppelen van zielevreugd, als zij hun wens verkrijgen.’ Hokker winsk, tochte ik, hokker winsk dan? | |
[pagina 46]
| |
By it oprêden fan 'e skeamele ynboel mocht ik helpe. Yn ien fan 'e kammenetsladen fûn ik, kreas op in steapeltsje, seis bledsjes mei lieten foar it kafee-chantant, mei foar myn begryp grouwélige pornografyske teksten; de bledsjes droegen de namme fan in Rotterdamske printer. En dêrnjonken lei in yn perkamint bûn eksimplaar fan De Byencorf der H. Roomsche Kercke fan Marnix van Sint Aldegonde, in útjefte fan 1598. Dat wie grif fan pake, dy't it tusken oare boeken op 'e merk foar in ‘âlde skriuwer’ oansjoen hawwe moat. En de lietsjes tink fan Wibe, dy't it ommers letter yn 'e wrâld socht hie. | |
FeinteferieningBehalven yn myn boeken, dy't ik by dûbeltsjes opgarre (faak koft ik op gelegenheidsoanbiedings fan de firma Bolle) koe ik my noch it bêst útlibje op 'e feinteferiening, dy't wy snein- neimiddeis nei tsjerktiid hiene. No moat ik sizze dat ús Tsjip en ik faak middeis fan tsjerke thúsbleauwen, om tegearre gedichten te lêzen. De Genestet, Beets, Da Costa, Ten Kate en letter de Tachtigers út de karlêzing fan Van Hall, de ynbûne útjefte mei de oranjekrusen op it omslach. Wy hiene dan de tee brún as heit en mem út tsjerke kamen, en dan setten wy ôf nei de Jongelingsvereeniging, dy't de namme Romeinen I: 16a fierde: ik skamje my it evangeelje fan Kristus net. Hoewol ûnder tsjerklik tasicht, diene wy hjir alles sels. Bibelbesprek, skiednis, tsjerkhistoarje, dogmatyk, polityk (ûnder de namme: ‘ar-begjinsels’), ekonomy (‘maatskiplike ûnderwerpen’) foarmen de stoffe dy't wy wykliks oan 'e hân fan in ynlieding troch ien fan de leden behannelen. Op myn oanstean kaam der ‘letterkunde’ by, mar dat wie faak in ‘one man show’. Men krige dêr it gefoel ta in útsochte rûnte te behearren. De smaad en de gloarje fan Gods folk wiene uzes. De ferachten yn 'e wrâld, dy't lykwols de Sterke Held út it Lutherliet oan harren kant hiene, en har net mear mystike ferwurpelingen allinne fielden, | |
[pagina 47]
| |
mar ek, ûnder ynfloed fan Kuyper, harren partij yn 'e wrâld meispylje woene. Ik brocht it dêr al gau ta skriuwer, en ús Tsjip hat in skoft foarsitter west. Dat skriuwerskip hat my wol dwers sitten, benammen om de wyklikse lêzing fan de oantekenings, dêr't ik gâns wurk fan makke en dy't ik, miskien krekt dêrom, omtrint net foarlêze doarste. Mear as ienris moast in oar it lêzen fan my oernimme, omdat ik, fan senuwen sawat yn triennen smoarend, der net útkomme koe. Dêr haw ik noch faak oan tinke moatten, as de lju yn letter jierren wolris tsjin my seine: ‘Jo ha grif gjin senuwen.’ Benammen it foargean yn it frije gebed op 'e gearkomste wie in ding; sokssawat as it mei bleate hannen oanreitsjen fan in heechspanningskabel. Wy hiene in bûnsliet, tekst fan ds. Brummelkamp, dêr't altyd nei it skoft de gearkomste mei-herfette waard. Miskien wurdt it noch wol songen. De tekst fan it earste fers wie sa: Op broeders, op gezongen
van jeugd en moed en kracht
verblijd en onbedwongen
zij Gode dank gebracht
dat Hij ons saam vergaarde
en samen houdt gehecht
met banden, niet van de aarde,
mar door Hem zelf gelegd.
Dimitri Merezjkowski fertelt yn syn Ecce deus, ecce homo it ferhaal fan in jonge learling fan Leonardo da Vinci, dy't alhiel oeral rekke troch de mjuksing fan kristlike en heidenske motiven, dy't er by de master fûn. Hy ûntflechtet dizze demoanyske ynfloed, en siket syn treast wer yn it âlde kleaster, by de ienfâldige frommens fan 'e mûntsen. Yn 'e kleastergong falt syn each op in pear nije skilderijen, dy't dêr eartiids net hongen. Hy falt op 'e knibbels foar in prachtige, himelske madonna fan Botticelli, en stoart dêr biddend syn hert út. Mar as hy syn eagen opslacht, sjocht er ynienen troch syn triennen hinne hoe't dizze madonna | |
[pagina 48]
| |
itselde oansjen hat as Botticelli syn Venus. Dan giet er nei de souder en ferhinget himsels. In soartlikense skok krige ik, doe't ik yn letter jierren, blêdzjende yn in Dútske Liederschatz stuite op in melodij dy't deselde wie as dy fan ús bûnsliet. Sa begong ik de tekst te lêzen. Dat bliek in drinkliet fan Goethe, fan dizze ferbjusterjende ynhâld: In allen guten Stunden
vereint von Liebe und Wein
soll dieses Lied verbunden
von uns gesungen sein.
Uns hält der Gott zusammen
der uns hierher gebracht:
erneuert unsre Flammen
er hat sie angefacht.
Ik seach it byld fan 'e Venus yn 'e Madonna. It brocht my net ta selsmoard, mar wol ta neitinken. ‘Ja,’ sei dominy De Geus, ‘mar sa wurde de skatten fan Tyrus en Sidon tsjinstich makke oan 'e bou fan Gods timpel.’
De dagen fan 'e wike wiene faak in skiere woastenij. As ik om seis oere jûns de skaafbank oprêden en de winkel oanfage hie, moast ik hurd nei hûs, dêr't ik krekt brochje-ite en ferklaaie koe, om op tiid yn 'e faktekenskoalle te wêzen, fan sânen oant healwei tsienen. Ik wie minder tankber foar dizze fierdere ûntjouwingskâns as ik hearde te wêzen. Hjir waarden dingen ûnderwiisd dy't my net oansprieken. Rekkenjen, algebra en tekenjen, fûndearrings, kappen en treppenútslaggen, dy't ik wol neimeitsje mar net befetsje koe. En de iene oere Nederlânsk, de iennichste lytse oase yn dizze steppe, waard al gauris oerslein, omdat de oare dingen foar de praktyk fan safolle mear bets jutting wiene. Wat haw ik dat wurd ‘praktyk’ wol hate. As ik thúskaam moast ik op bêd, omdat it de oare moarns wer betiid dei wie. By wize fan brevier foar myn treast hie ik yn dy dagen altyd de | |
[pagina 49]
| |
lytse Wereldbiblioteek-útjefte fan Albert Verwey syn Inleiding tot de nieuwere Nederlandsche Dichtkunst yn 'e bûse. Ik haw doe wolris yn folle earnst, mei alle pessimisme fan 'e jonkheid, winske dat ik mar dea wêze mocht. Want opsichter wurde, ‘mei myn goed ferstân’, sa't de direkteur my foarspegele, dat like my nei neat. Ik woe it net iens wurde, al soe ik it kinne. In oare treast dy't de kant fan it libben útwiisde wie Willy de Vries, it famke dat my moarns op 'e timmerwinkel de krante brocht, De Christelijke Amsterdammer, it earste deiblêd dat wy liezen, en dêr't Willy har heit it agintskip foar waarnaam. Wy sieten op skoalle yn 'e selde klasse, mar ik seach har, dy't ik doe amper opmurken hie, mei oare eagen oan; folle mear mei earbied en mei bewûndering as mei begearte. Fan alle krûdige en rûge ferhalen oer fammen, dy't der sa ûnder jonges wol dien wurde, sûndere ik har út; hja ferpersoanlike foar my ‘it ideaal’, om it mar yn myn eigen terminology fan dy tiid te sizzen. En dat betsjutte dat der hiel lang in grutte distânsje tusken ús bleau. Wat net weinimt dat ik tsien jier letter dochs mei har troud bin. Sa oan myn santsjinde jier ta moat ik in nochal swiersettich jonkje west hawwe, dy't feesten en ‘fertier’ safolle mooglik ûntrûn, mimere en lies oer godstsjinstige en literêre fragen, en besocht myn by Frederik van Eeden opdiene ‘nu-mocht-ik-liever-hier-vandaan’-fielings stal te jaan yn Hollânske gedichten, dy't ik soarchfâldich foar elkenien weistoppe, yn 'e stille hope dat ien se ris tafallich fine soe. As timmerfeint fielde ik my - en wie ik - folslein minderweardich, en dat moat men dochs op iene of oare wize yn it lyk bringe. | |
UtweiUs Klas wie in nuverenien. Hie hja dêr, sûnder dat ien fan ús der wat fan begriep, har ferkearing mei Jan Smelt, dy fleurige Amsterdamske feint dy't wy allegearre graach lije mochten, útmakke. Nei seis jier. En noch mar in wykmannich letter kaam hja foar it ljocht | |
[pagina 50]
| |
mei immen dy't wol yn alles it tsjindiel fan dy Amsterdammer like, in betochtsum prater, lang sa goedlaitsjend net, in klaaifries, Piter Swart. Hy wie ûnderwizer oan in mulo yn Grins. Klas hie him metten, wylst er by famylje op 'e Lemmer útfanhûze, en har fuort oan him fersein. Doe't dizze Piter Swart myn letterkundige oandriuw opmurk, seach er my lang en swijend oan. En doe sei er, stadich en neidruklik: ‘Wêrom learstû einliks net foar ûnderwizer? Dan krigest wat grûn ûnder 'e fuotten.’ As in oar dat wat floatwei tsjin my sein hie, soe ik it faaks tagelyk glimkjend fuortweaun ha. Mar hy joech it my earnstich, as in drankje hast, yn. En it makke temear yndruk, omdat hy der oan tafoege: ‘Ik haw it sels ek dien. Op myn achttsjinde jier wie ik noch boerefeint.’ En no hie er de haadakte en twa taalakten. No ik haw it oertocht en bepraat, en bin de oare wyks nei master Funcke set, om it him mei klopjend hert foar te lizzen. Dy like it nei neat: in goed fakman wie de muoite wurdich en koe, hie ik dat wol betocht, hjoed de dei mear fertsjinje as in ûnderwizer. Boppedat koe ik net rekkenje, en dêr kaam it op oan. Mar as ik der op stie, woe hy my wol helpe. Dominy De Geus, dy't twa dagen letter oanrûn, like it net goed ta. Al te folle merkbiet men langer de sucht om te ûntkommen oan it plak dêr't men yn steld wie, en dat wie in ferkeard stribjen, in teken fan 'e tiid. Kaam er my letter ris oer it mêd wylst ik mei in boek of in atlas dwaande wie, dan wie it: ‘hoe gaat het met Fedde z'n studie?’ en hy spriek it wurd ‘studie’ út op in toan dy't yn steat wêze soe jin de lêste moed te benimmen. No wie it al mei al net sa maklik. Ik begong mei heale dagen te timmerjen en heale dagen te studearjen, want ik woe lykwols wat fertsjinje, en ik hie doe achttsjin sinten yn 'e oere. Op myn jierren en yn myn sitewaasje wie it in hiel ding om dan samar ynienen heit en mem foar alles opdraaie te litten en neat mear yn te bringen, yn it skaad fan it risiko dat der neat fan op 'e hispel komme soe. | |
[pagina 51]
| |
Ek hindere my it ieuwenâlde gefoel dat ‘wurk’ bestie út it arbeidzjen mei in stik ark, in lodde, in bile of in hammer, ‘de lea brûke’ sa't it hiet, en dat al it oare, it saneamde holwurk, mar om 'e bulten springen wie, yn wêzen net ferantwurde. Nei in healjier koe ik de timmerwinkel foargoed farwol sizze, omdat ik in plakje krige as assistint by de gemeente-ûntfanger op 'e Jouwer, foar fiif gûne yn 'e wike en in tram-abonnemint. Myn oplieding bestie út it folgjen fan 'e normaallessen, opset troch trije haden fan skoallen, fan 'e Lemmer, fan Eastersee en fan Ychten. Sneonneimiddeis reizgen wy nei Eastersee foar de trije fakken dy't dêr jûn waarden. Wy, dat wiene dan al mei al fiif learlingen, en ien fan dy fiif wie Willy de Vries. Ik die dy reizen, trije kertier rinnen, al folle op klompen, want de diken wiene faak smoarch en dridzich. Ik fielde my slim de mindere fan de oaren, dy't ik fertocht fan in skat fan kunde en ynsjoch, omdat hja gjin arbeiders wiene lykas ikke. It moast in tiid duorje ear't ik ûntdiek dat dit wat tafoel. Mar as ik mei in stik kryt yn 'e hân foar it boerd ferskine moast, lei my dat as in peal yn 'e fingers en wist ik my foargoed de bûtensteander, dy't te'n ûnrjochte besocht him der yn te kringen. En doe hie ik soldaat wurde moatten, mar dat is net bard. Tsjinstwegere haw ik net, soe ik doe wierskynlik ek noch net dien hawwe. Ik bin deagewoan ôfkard, wêrom is my einliks noch altyd in riedsel. Doe't ik it freonlik frege oan de tichtstby- wêzende autoriteit, krige ik inkeld as andert: ‘Je kan opdondere,’ en dêr haw ik it doe mar by litten. It wie yn it lêste oarlochsjier. Op 11 novimber kaam de wapenstilstân, folge troch de flecht fan Wilhelm II en de revolúsje yn Dútsklân. Ek hjir kamen revolúsjegeroften. Troelstra soe nei de macht gripe. Ek op 'e Lemmer waard in frijwillige boargerwacht oprjochte, en Calsbeek, ien fan de lieders fan Patrimonium, kaam op 'e feinteferiening om ús dêrfoar wekker te meitsjen. Syn taspraak waard beändere mei it sjongen fan it Wilhelmus, en wy wiene allegear tige ûnder 'e yndruk. Mar romantyk en realisme wikselje elkoar soms nuver ôf. | |
[pagina 52]
| |
Op 'e frage oft immen faaks ek noch neier ynljochtings winske, oppenearre Sake him, in lyts, wetterfluch en rêdpratend feintsje: ‘Ja f'sitter, idder 'k útkearing?’
De glorieuze tocht nei Den Haag, mei it hou- en trou-swarren, it sjongen fan alle regionale folkslieten en it útspannen fan 'e hynders foar de keninklike karos, haw ik net meimakke. Myn hert wie ferdield. It wie ommers opmerklik hoe't de reginten fan juster op hjoed ynienen in oare taal liken te sprekken. Alle dingen dy't nea kinnen hiene en de ûndergong fan ús maatskiplik bestel betsjutte soene, wiene no ynienen de heechste wysheid wurden. Under it kabinet Aalberse foelen de sosjale ferbetterings as manna út de loft. Leansferheging, frije sneonneimiddei, âlderdomssoarch en al dy dingen dy't wy leard hiene as sosjalistyske leuzen ta folksopswypking te sjen, folteagen har ‘yn oerienstimming mei de polsslach fan 'e tiid’, sa't de troanrede sei. Koartlyn wie in moasje fan Schaper ta ynfiering fan de tsienoerige wurkdei noch as yrreëel troch de keamermearheid ôfwiisd; no kaam ûnder algemien jûchhei samar de achtoerige wurkdei. En ik moast tinke oan dy feestlike jiergearkomste fan Patrimonium, in jier lyn, dêr't dominy De Geus (uteraard earefoarsitter) in rede holden hie oer ‘arbeid en strijd’. Hy hie it dêrby ek oer de leuze fan 'e sosjalisten: de achtoerige wurkdei. Learde de skrift ús net dúdlik dat der tolve oeren yn in dei binne, en dat men hat te wurkjen salang it dei is? Wêr soe it op útrinne? Acht oeren arbeidzje, acht oeren sliepe en acht oeren wille meitsje yn sûnde en breadronkenens. Nea ferjit ik wer dat op dit stuit Dubbelt Samplonius, in organisearre lânarbeider, stean gong en de seal ferliet, mei it risiko tenei foar in readen oansjoen te wurden. |
|