| |
| |
| |
Skoaljierren
Ynsafier't er noch net sljochte is, slingeret him no in doelleaze dyk tusken it Suderleech (de Noardeastpolder) en it âldlân, dêr't men inkeld jit oan sjen kin wêr't eartiids it lân ophold en de see begong. Dy eartiid wie noch folsleine notiid doe't wy, yn 1904, op 'e Lemmer kamen. In minút of tsien gean bûten it doarp (it like my doe in ûnbidich ein) stiene oan 'e wei njonken de dyk trije ienkeamerwenten. Yn 'e middelste derfan soe ik tweintich jier wenje. Heit soe dêr yn it begjin fan it oarlochsjier 1940 útdroegen wurde. Mem soe it yn 1951 foar it lêst sjen, doe't de auto har nei Drachten brocht om dêr noch yn it sikehûske fan 'e susters Carmelitessen te stjerren.
Men koe dêr samar de wei oerstekke en de seedyk opklimme, om in eachweid te hawwen oer it doe noch smelle strypke bûtendykslân en de reidfjilden fan it Lemster Hop, troch in leech basaltdamke skaat fan 'e see, dy't men de nachten troch rûzjen en by ûnlijich waar bolderjen hearde. By 't hjerst, as de súdwester-stoarmen opstieken, stroep de Kúnderske daam der samar ûnder, en soms koe men moarns wekker wurde dat der gjin bûtlân mear te sjen wie, en it wetter ta oardel jelne oan 'e dykskrún riisde. Eangst hat ús dat as bern nea besoarge, en ik haw ek oan 'e folwoechsenen nea fernommen dat hja har yn gefaar fielden, nettsjinsteande de ferhalen fan eardere grutte dykbrekken en oerstreamings, dêr't in pear ûnwitten djippe kolken efter de dyk noch tsjûgenis fan ôfleinen, lykas ek in kerf yn 'e muorre fan it âlde grytmanshûs op 'e Skulpen noch de hichte oanjoech, dy't it seewetter yn 1825 berikt hie. Mar dat wie allegearre al sa lang lyn.
| |
| |
Soms, as yn broeiske simmernachten de loft him yn swierwaar ûntlade, en ús buorman Jan Wind syn warskôgings-tikken op it rút jûn hie, bekleauwen wy ek de seedyk, dy't dan foar my in soarte fan Sinaï wurden wie, om by flau moanneljocht te sjen nei de kolkjende en kruiende wolken, dêr't de puntige wite wjerljocht út nei ûnderen pylke, rjocht yn 'e skimerige wite koppen fan 'e see, en nei in skerp op 'e nachthimel útsniene kantloft, dêr't twa, trije wetterhoazen út hongen. As de wjerljocht ferblynjend waard en koartoan folge troch daverjende tongerslaggen, moasten wy yn 'e hûs, wylst fierôf yn it súdeasten in brân oplôge. ‘Dat is op 'e Lange-lille of op 'e Koaisleat,’ stelde Jan Wind fêst, en hy hie meastal gelyk. Wylst elk yn syn eigen hûs rekke, wikselen de manlju noch in koart petear: ‘Der is gjin fersinding,’ ‘de buien wurkje tsjinelkoar yn,’ ‘de wyn is noch al heech’ - orakelspreuken dy't ik net begriep, mar as in soarte fan bypassende liturgije ûndergong.
As wy wer ûnder 'e petroaljelampe sieten, skeukend fan slûgens, krige heit de bibel en lies psalm 29, de tongerpsalm, of psalm 91, oer de feiligens yn it skûlplak fan de Alderheechste.
Under it lêzen belune de tonger ta in guodlik grommeljen, al fierder en fierder ôf, wylst in sêft tikkeljen fan druppen tsjin 'e ruten oanwoechs ta in sterk en oanhâldend gerûs.
Dan wie it tiid dat mem sei: ‘It ûntaardet yn reinwetter’, en heit: ‘Mar pas op, der kinne noch rare slaggen út komme.’
As ik lang om let wer by Tsjip yn it ûnderbêd kroep, koe ik, eardat de sliep my oermânsk waard, noch krekt betinke hoe't ik moarn op skoalle fertelle soe wat wy allegear belibbe hiene.
‘Yn kringen leit it libben om ús hinne’ hat Piter Jelles sein, mar dy kringen lizze faak nuver yn- en trochelkoar, benammen foar in bern, dy't de taast op it betreklike noch net hat en alles folslein en ôfrûne belibbet. De hûshâlding, de skoalle, de tsjerke, it hat allegear syn eigen bining en iensens, mar it is net meielkoar yn it lyk te bringen. Altyd moast men ree wêze it iene fermidden foar it oare te ferrieden, om sels net ferret te wurden, der net bûten te reitsjen, net loslitten te wurden.
| |
| |
In skerp ûnthâld oan dat fielen fan loslitting sit oan in ûnderlining yn 'e twadde klas by master Bergsma. Ik hie al fjouwer kear de finger opstutsen, mar it slagge my net gehoar te krijen, en ik koe net langer wachtsje. Doe fielde ik ynienen in waarme stream troch myn klean rinnen, en tagelyk seach ik in puozze ûnder 'e bank stean. Myn skrik hie noch gjin tiid hân om yn skamte oer te gean, doe't de klasse fan in stil wurkjende mienskip feroare yn in tsjotterjende kloft. Hiel yn 'e fierte hearde ik master Bergsma sizzen: ‘Jonkje, freegje dan ...’, mar deunby pylken tweintich skerpe fingers op my yn, en ik hearde fan alle kanten: ‘broekjepisser, broekjepisser’. Komselden haw ik letter wer sa field wat it is om útstaat en ferleagene te wêzen, komselden wei sa'n stielen wredens yn minske-eagen lêzen as doe yn de eagen fan dy lytse minsken, dy't as duvels op my ynflammen. Allinne dy yndruk haw ik oerholden. Hoe't dat fierder ôfrûn en oprêden is, dat is allegearre út myn oantinken weifage.
Mei it learen op 'e kristlike skoalle oan 'e Langestreek, dêr't A.B.H. Funcke (Alexander Berthold Hendrik betsjutten dy foarletters, wisten wy mei earbied), in freonlik man mei in griis puntburdsje, haad wie, haw ik gjin lijen hân dat makke, al lei yn 'e sechte klasse de algebra my wol swier op 'e mage. Myn grutste sin wie by taal en skiednis, mar ik wit jit hoe't it my yn 'e fjirde klas nochal wat spul joech om de heitelânske en de bibelske skiednis útelkoar te hâlden. Net allinne dat ik úteinsette mei de bibelske ferhalen yn 'e omkriten teplak te bringen (sa wist ik sûnder twivel dat it bûtendykslân dat wy Murkumerlantsje neamden, it ‘land Gosen’ wêze moast), mar ek haw ik in tiidlang omtize mei de foarstelling dat de bibelske skiednis einliks in hillige omskriuwing fan de heitelânske histoarje wie. De stamme fan Juda wie dan Hollân, wylst de oare provinsjes de tsien stammen útmakken. Miskien dat in ûnberette útlitting fan ien fan 'e ûnderwizers oer ‘it Israël fan it Westen’ dêr skuld oan hân hat, mar it hat nochal wat duorre ear't ik hjir wat mear klearrichheid oer krige. En wy wiene doe noch net sa float yn it freegjen as de bern fan tsjint- | |
| |
wurdich, omdat der safolle saken wiene dêr't men net nei freegje en alhiel net op ynfreegje mocht.
De folwoechsenen dêr't men tusken libbe hiene allegearre stille weten meielkoar, dêr't net oer praat waarde en sa taaste men yn 'e geheimen om. It geheim fan God, dêr't hja wol wat, mar net it neiste fan seinen, it geheim fan de herkomst fan 'e lytse poppen, dêr't hja har mei in koartswilichheid ôfmakken, it geheim fan de dea, dat likefolle yn 'e swarte modder smoard as yn 'e himel oplost waard. Sa, mei leafde omjûn, mar yn wêzen bûten it hoe en wat holden, rekket men op jinsels. En ik kin my hiel goed yntinke dat Rilke skreau oer ‘der Schule lange, bange Zeit’.
It bern hat it begryp ‘gekheid’ noch net leard op te fetsjen sa't de grutten dat dogge. As ús mem tsjin my sei: ‘Mûle iepen, eagen ticht.’ dan die ik dat sûnder mear, want de ûnderfining hie my leard dat der dan wat goeds yn 'e mûle kaam. Yn 'e oanrekking mei oaren kriget dat bline betrouwen wolris in knoei, ek sûnder dat dy oaren no krekt ferkearden hoege te wêzen.
De fytsmakker yn 'e Skâns dy't my in yllustrearre priiskrante joech en sei dat ik mar in fyts útsykje moast, miende dat as in grap. Fjouwer wike lang bin ik (ik wie doe sân jier) mei klopjend hert syn winkel yngien om te freegjen oft de fyts der al wie. Op it lêst joech er my in izeren hoep. Letter stiek ik de hân noch wol tsjin him op, mar ik kaam net wer yn 'e winkel. Ik hie der njonken slein. En dat barde net inkeld by grutte minsken, ek by bern.
Us heit wie skûtmakkersfeint by de bruorren De Boer op 'e houthelling (der wie ek in izerhelling), en doe barde it ris in kear dat in skûtsje op 'e Tsjûkemar te sink rekke. De skipper mei syn frou en in jonkje fan myn jierren, tsien faaks, stipten sawat ferlern op 'e helling om, en heit sei: ‘Gean mar mei it jonkje nei myn frou ta.’ Dat om healwei fiven de middeis doe't ik út skoalle kaam, mette ik harren dêr. Mem hat my blykber it gefal nochal wat gefoelich ferteld, en it wie foar my alteast tige opwinend dat wy earme skipbreklingen hûsfesten. It jonkje hiet Jasper, en ik moast mar moai mei him boartsje tocht mem. Mar soks liket ienfâldiger as it is. Ik socht út myn boartersguod wat aparts út, in doaze mei
| |
| |
seisentweintich papierene keardeltsjes, dy't elk in letter fan it alfabet op it liif droegen; mei in bytsje bûgen fan 'e skonken koene hja stean en dan yn 'e rigele omkûgele wurde.
Jasper seach it gefal nochal út 'e hichte oan, en die ienkear mei. Doe striek er my oer it hier, sei: ‘Kliem der mar moai mei om, hear.’ en gong njonken syn mem sitten mei de sokken op 'e stoelspeake.
It moat wer wat letter west ha, want ik siet yn 'e sechte klasse, doe't wy op skoalle in ferhaal lêzen hiene út de jongestiid fan Michiel de Ruyter, dy't yn 'e Vlissinger dunen mei syn maten geuzen en spanjoalen boarte hie. Ik libbe der djip yn mei en wie der fuort foar te finen doe't ien fan 'e jonges foarsloech it spul nei te spyljen. Wy hiene wol gjin dunen, mar koene it dochs oan 'e seedyk fertoane. Dêr't de eastdaam en de dyk heaksk byelkoar kamen, leine altyd grutte bergen fan seewier, dat dêr mei de westerstoarmen oanspielde. Soms lei der ek wolris in deade brúnfisk tusken te fergean, en sadwaande hiet it hjir de Stjonkhoeke. Wy praten ôf dat wy mei in man of tsien dêr de oare moarns om acht oere wêze soene om dan de ploegen te ferdielen en de oanfierders te kiezen. Ik fielde my optild, dat wy hjir no ek ris wat dwaan soene dat boppe it gewoane weikrûperke- en krijboartsjen útkaam. Ik hie nochal wat wurk om mem te oertsjûgjen dat ik al sa ier de doar út moast, mar rêde it dochs, al moast ik rinne om op tiid te wêzen. It wie in kâlde, dizige moarn. Ik haw dêr in healoere omheukere, mei myn stok yn it seewier dold en tusken de stiennen in pear stikelpenningen fongen om se op in oar plak wer swimme te litten.
Healwei njoggenen bin ik nei skoalle gien. Gjinien like mear oan 'e ôfspraak tocht te hawwen. En ik haw oan gjinien ferteld dat ik der wol oan tocht en op 'e tiid west hie. De smaad haw ik allinne ferarbeide.
Yn boekjes lêst men dan dat bern oer sok ding by heit of mem harren need kleie en mei in goed treastwurd yn it lyk brocht wurde. Ik leau net dat ien bern dat dwaan sil. Dizze skamte en skande praat men mei gjin minske oer.
| |
| |
Ik haw as bern gâns lêzen; dat hearde der thús sa by. Efterôf wit ik net oft it wol goed is foar in bern om safolle te lêzen. In oare wrâld, de wrâld fan it wurd en fan it boek, kringt him yn it plak fan de taastbere en besteande.
Foar my wie it in wrâld òf fan 'e djipste illinde: ‘een uitgeteerde gedaante op een schamel bos stro in de hoek van een armoedig zolderkamertje’ òf fan de ûnberikbere weelde: ‘de kinderkamer’ ‘vaders rijtuig’ ‘samen een paar heerlijke weekjes naar het strand’, allegear beskriuwings dy't net útkamen mei ús eigen behûzing, dy't bestie út in ienkeamerwenning mei gonkje, souder en kelderke, noch mei de sitewaasje, dêr't heit gjin dei fakânsje hie, om dan fan syn rydtúch mar te swijen.
Net dat ik my dêrtroch sa ûnlokkich of ferûngelike field ha, mar wol hat it my besterke yn it gefoel fan der net by te hearren. Dêrom lies ik ek graach boeken oer oarloch, dêr't heldedom in berikberheid wie en elk wûnder binnen de mooglikheden foel. Myn grutte reeëns om te fjochtsjen as dat sa útkaam wie leau ik net te ferklearjen út grimmitigens of dwersens, mar folle mear út driuw nei it aventoer, it sykjen fan de kânsen om eat wier te meitsjen fan it romantyske wrâldbyld dat ik mysels boud hie. Mar yn 'e gewoane romantyk fan it jongeslibben, draakfleane, knikkerje, tipelje, skipkesile haw ik nea in master west.
De taastbere wrâld kaam net út mei myn lektuer, mar ek en benammen net mei myn begryp oer God en de meiminsken. De frommens en de ôfhinklikens fan God, dy't ik fan heit en mem mear as in geastlik klimaat en minder as in beskriuwber systeem belibbe, krige op skoalle, op 'e knapeferiening en op it fragelearen in grypber ramt. Ik learde dêr te witten hoe't it ynelkoar siet, en hoe't der in djippe streek dwers tusken minsken en minsken rûn. De jonges dêr't ik mei boarte op 'e helling, gongen nei de iepenbiere skoalle; ús bêste buorlju, de dikke goedaardige buorfrou Lammichje, dy't fan God noch gebod wiste, de trouwe en helpreeë buorman Jan Wind, dy't ek noch wol in grutte sosjalist wie, hoe koe ik harren plak jaan? As de Hear Jezus weromkomme soe op 'e wolken, op ien fan dy platte, leadkleurige wolken dy't út see
| |
| |
wei oer de dyk skowen kamen, dan soene hja ferstaat wurde yn 'e ivige tsjusternis, en wy soene de Heare temjitte gean yn 'e loft. Koe men, by sa'n foarútsicht, mar meielkoar omgean krekt as wie der neat te rêden?
Fierders wiene der noch de roomsken, dy't de heechste toer fan 'e Lemmer, mei in rinnende klok deryn, op har tsjerke hiene, mar dy't my neat wiis hoegden te meitsjen; har paapske misse wie in ferflokte ôfgoaderij, en hja woene neat leaver as ús wer op 'e brânsteapel bringe. En lykwols smakke it plakje woarst dat ik wolris fan de roomske slachter Wierdsma krige my bêst en wie Wierdsma in freonlik man.
Mei de herfoarmen wie it net sa oersichtlik. Hja wiene by ús op skoalle, mar der moast mei harren tsjerke it ien of oar net doge, dat wie dúdlik. Hja holden snein op goedfreed en songen gesangen, en letter waard ik wiis dat hja de lju fan ôfskieding en doleânsje net sa aardich behannele hiene, ‘ferfolge’, dat wie winlik it wurd. Doe't ik in kear by it krystfeest yn 'e herfoarme tsjerke wêze mochte, hie ik it gefoel yn in heidenske timpel te wêzen, en it slimste wie dat hja ús psalms sjonge doarsten. Dochs moast men yn it gewoane libben mar dwaan krekt oft dizze skriklike ûnderskiedingen net bestiene.
Fan politike ûnderskiedingen wist ik doe noch net, dêr waard thús ek net oer praat, al lei it foar de hân dat de sosjalisten oproer meitsje woene en de boel meielkoar parte. Ik wist allinne dat ús mem dêr fan sei: ‘De bazen litte har it heft nea út hannen nimme.’
En op skoalle, yn 'e sechte klasse, hiene wy soms in wat aparte skriuwles.
Dan krigen wy, ynstee fan ús skriften, in stik of fjouwer fiif heale bledsjes, dêr't wy op skriuwe moasten: ‘Kiesvereeniging Vrijheid en Recht. Vergadering op Woensdagavond 8 uur in de consistoriekamer. Komt allen.’
En dy bledsjes moasten wy dan nei skoaltiid teplak bringe. Foar my wie dat altyd in wichtich barren, omdat ik de namme Vrijheid en Recht op ien of oare wize yn ferbân tochte mei de Boere-oarloch, sa't ik dy koe út de boeken fan L. Penning.
| |
| |
In wrâld fol betizing alsa, mar dy't my dochs it fielen joech krekt op it goede plak telâne kommen te wêzen lâns in wat grillige kronkelstreek, dy't rûn fan Claudius Civilis oer Bonifatius, Floris V en Filippus fan Bourgondië, oer Marten Luther en Willem fan Oranje, de Geuzen en de Prinsemannen, nei it beskutte domein fan it grifformearde libben, in eilân yn in grutte see, dêr't rûnom de brâning tsjin briek, mar dêr't it feilich wie en goed te wêzen, omdat de godsillichheid it ûnthjit hie foar dit en it takommende libben.
Dy godsillichheid bestie, njonken de mystike ferwachting dy't libbe efter heite bidden en bibellêzen en it meielkoar sjongen fan de Sankeylieten yn skimerjûn, as it noch te ier wie om de lampe al op, út it mijen fan de wrâld en har begearlikens. Dat betsjutte net merkehâlde, net kaartspylje, net dûnsje, net nei de kommeedzje en noch folle mear net. Dat hong allegear gear mei it ‘ús âlde natoer deadwaan’, in tema, dêr't de ûnbestriden autoriteit fan dominy De Geus wat ûnoantaastbers fan wist te bouwen. Foar de measte fan myn maten wie der altyd noch wol in middenwei te finen tusken in strange teory en in tolerante praktyk, mar ik moat sizze dat ik dit allegearre tige earnstich en swier naam. As God it guozzebriefkjen ferbea, omdat it boartsjen mei de foarsjennichheid wie, no, dan guozzebriefke ik net.
Mar altyd gong de rjochtstreke hearrigens net op. Dêr wie bygelyks it flokken. Wat wie flokken, dat wie net iens sa maklik út te meitsjen. Heit woe net iens lije dat wy ‘wrachtich’ seine, omdat hjiryn in godlike eigenskip útdrukt waard; der wie mar ien wrachtich. En de tsjinwurp fan ús Tsjip, dat der ek mar ien goed wie en dat wy dat dan ek net mear sizze mochten, die my sear ynstee fan my oan te sprekken.
Op skoalle lykwols wisten hja der wat op. ‘Pot mei blommen’, ‘blaksum’, ‘harre jakkes’ en sels ‘jassus krastus’ wiene gjin flokken en kamen dus yn ús idioom terjochte. Ik bin der altyd foar weromhuvere, al naam ik de oare foarmen út dyselde rûntetaal: kop, kont, poaten, klauwen, frette en sûpe, skite en mige, mei graachte oer, al soe der my thús net in sprút fan ûntkomme.
| |
| |
Myn foarkar yn 'e literatuer gong yn dizze snuorje benammen út nei bekearingsferhalen fan de Ingelske skriuwster Fanny Eden. Mysels ien tinkend mei Philips Bright, koe ik wol gûle om de ôfstân dy't my fan dizze godsillige jonge skate. Temear omdat ik de wei wiste, en dus mei dûbelde slaggen fertsjinne slein te wurden.
Yn dy frije sektor, fier fan God en syn ingels, koe ek allinne de útwei lizze foar it ûntweitsjend geslachtsgefoel. Somlike jonges diene ‘fiis’ mei famkes; ik wist net watte, want ik hie, nettsjinsteande myn twa susters, gjin flauwe foarstelling fan hoe't in famke der útseach. Mar ek al hie ik doarst, ik soe it nea kinne. Want famkes wiene neffens myn literatuer reine en skrutene jonkfrouwen, dy't men oan 'e ein fan it boek in earbiedige pea op 'e foarholle joech. De jonges fan 'e boerestreek lykwols ljochten as betûfte realisten ús yn oer de ferhâlding fan man en frou, learden ús de wurden dy't dêr by hearden en ûnderrjochten ús yn 'e technyk fan 'e selsbefrediging. Dat gong boartsjenderwize, en men ûnderfûn it earst as in ûndogenske grap, dêr't grutte minsken nea wat fan hoegden te witten. Dy grutte minsken sels, mei it fraachstik mar amper op 'e hichte, praten nea oer sok ding, mûskoppen der soms wat ûnder elkoar oer as ynwijden, of diene it yn ien sike ôf as smearlapperij.
Sa gong dat dan, oant men ynienen by de kategismus foar it sânde gebod kaam te stean, dat folle mear blykte yn te hâlden as it ferbrekken fan in houlik allinne. Men mocht oan dingen dy't ferbân holden mei dizze fielings ek net tinke, en de kategismus hie dêr it skriklike en ûnfertaalbere wurd ‘onkuisheid’ foar. Dieden, gebearten, wurden, tinzen en al wat de minske der op bringe koe, it wie fan God ferflokt.
Wat haw ik my, nei elke delfal op dit gebiet, illindich en ferwurpen field.
Wat haw ik my, by elk haachlik gefoel of spontane ereksje, fergriemd fan wanhope en berou. Mei de jonges koe ik der net oer prate, want hja soene my tocht ik útlaitsje. Mei heit of mem net, want hja libben yn 'e stilswijende ûnderstelling dat sokke dingen net bestiene of net hearden te bestean, en sa'n koade kin men net
| |
| |
ferbrekke. En mei de dominy alhielendal net. Dêr soe men trouwens nearne mei oer prate. Dy learde ús wat ta ús sillichheid nedich wie en dêrmei út. Allinne it gebed fan in ferwurpene bleau oer. Letter, ja folle letter, haw ik begrepen dat elkenien dizze dingen op syn eigen wize trochmakket en de bêste oplossing siket. Mar wêrom moast dy iensumens sa grousum wêze? No kin ik út de hichte wei prate oer puritanisme en victoriaanske fizens. Mar in bern hat gjin formules ta syn foldwaan. Ik moast de seedyk útswalkje en prate mei de seemukken dy't boppe it Lemster Hop har kreauwende dûkflechten makken. Of ik wykte út yn boeken oer de Spaanske tiid, oer de Eastynjeske Kompanjy of oer it libben fan 'e Waldinzen. Jongesboeken en Yndianeliteratuer wiene my te berneftich, doe al.
De ein fan myn skoaltiid kaam mei myn tolfte jier. Dan koe men der ôf, en dan lei it foar de hân dat men in hantwurk learde.
Ik hie oer dy deunbije takomst einliks nea tocht. Wat ik wurde woe, dat wiksele mei de boeken dy't ik it lêst lêzen hie: boskwachter, of seekaptein, of beropssoldaat, of doctor, mar dat hie allegearre neat te meitsjen mei de wurklikheid fan it hûske oan 'e seedyk, dêr't myn beide susters der al út wiene, de iene by omke Petrus en muoike Nanke yn Ermelo, om yn 'e ferpleging oplaat te wurden, de oare yn in tsjinst, en myn broer as pikjonge op 'e izerhelling. En doe't der besletten waard dat ik mar by it timmerjen soe, no, doe lei dat sa.
Us Wim, dy't fan heit de jefte urven hie foar in float rym, makke in gedicht foar my dat ik by it ôfskie foar master Funcke opsizze moast. It eine mei de rigels:
Dat meester Funcke lang mag leven
tot heil der christelijke school
en meesters lessen na te volgen
zij steeds der leerlingen parool.
Ja, dat opsizzen, dat wie in ûnminsklike opdracht. Hoewol de knappe technyk fan it fers wurdearjend, stie ik net efter de tekst, dy't my te servyl wie, al koe ik dat wurd fansels net. Ik koe der ek net foarwei, want der soe thús frege wurde ‘wat sei master,’ ien
| |
| |
fan dy fragen dêr't ek nea in befredigjend andert op jûn is. En it kaam al út sa't ik eange: it rêstige stuit en it rêstige plak wiene der ek net, want by it útgean fan 'e skoalle dangelen der noch in pear bern troch it lokaal en master bleau ûnferduldich mei ien foet op 'e bank stean, de earmtakke op 'e knibbel en syn burd yn 'e hân, doe't ik mei in lûd, dik fan opkommende illinde-triennen, myn rigels der út wrong.
Ien fan 'e neibleaune bern, in famke dat ik altyd ferachte hie om har slonzich uterlik en har ysbaarlike dommens, hat my noch dagenlang op strjitte neihúnd: ‘...Gekke Fedde ... dat meester Funcke nog lang mag leven...’
Dat wie om troch de grûn te gean.
|
|