| |
| |
| |
Drachten
Twa mannichsten binne foar elk minskelibben fan alhiel ienige betsjutting, de mannichste fan jins berte en de mannichste fan jins ferstjerren. It beheinde jierretal dat dêr tusken leit, makket in libben. En it kin jin beskieden meitsje der ris by stil te stean dat foar jins berte de wrâld en it libben der wiene, en dat nimmen it yn 'e holle krige hat te sizzen: hjir ûntbrekt einliks noch ien. En allikemin sil der nei dy twadde deis, jins stjerdei, immen wêze dy't tinkt: wy miste einliks ien. Ek net de man dy't by de útfeart, bitend op syn lippen, fersuchte hat: wy sille him komme te misten. Want dan giet de wrâld wer syn wenstige gong.
Myn stjerdei kin ik de lêzer noch net oer ynljochtsje. Myn bertedei hat west de fiifentweintichste july 1898, foar my altyd in maklik jier om te ûnthâlden, omdat it it kroaningsjier fan keninginne Wilhelmina wie. Sadwaande koe ik myn jierretal altyd lyksette op 'e regearingsjubilea.
Wy wiene mei ús fjouweren fan bern, twa susters en twa broers. Us Wim wie fan 1891, ús Klas fan 1892, ús Tsjip fan 1894. Dêr kaam ik fjouwer jier efteroan, mar der hiene noch twa tusken wêze kinnen. De iene, dy't Fedde hjitte sillen hie, waard dea berne de oare, dy't Fedde hjitten hat, is net âlder wurden as trije wiken. Termynstûpen, sa't men doe sei. De buorlju hawwe ús heit en mem fûl oanstien de kweageasten net te fersykjen en de nije poppe net wer Fedde te neamen. Hja hawwe it lykwols dien, en ik bin der harren tankber foar. Ik soe my yn in oare namme net sa goed thús field hawwe.
| |
| |
Us heit wie Bouke Schurer, Drachtster op en út, woechsen yn 'e Teien, yn in tiid doe't Drachten noch hielendal in boeredoarp wie, mei wat skipfeart fan modder- en potskippen en turfpreammen. Dêrfandinne ek de helling fan Haike van der Werf oan 'e Dwersfeart. Dêr arbeide heit as skûtmakkersfeint, en dêr wennen wy ek, yn in ûnwierskynlik lyts hûske njonken it gruttere hûs fan 'e baas. Lyts, dat sis ik no. Mar yn myn ûnthâld is it rom en waarm en feilich, en hie it sels syn skûlhernen. Der wie in kelder en in efterhûs mei in skaafbank. Us mem, Griet Wagenaar, wie fan 'e Lemmer. Hja hie al seis jier ferkearing hân mei in jonge meubelmakker út Bûtenpost en stie op 'e sprong om mei him nei Súd-Afrika te gean, doe't hja ús heit mette op in Sindingsfeest op Swarteweisein. Doe is dy ferkearing útskuord en oardeljier letter troude hja mei ús heit.
Sa op it each in lichtsinnich, modern aventoer, dêr't my lykwols in hiel oar ljocht oer opgien is doe't ik, jierren letter, de betreffende briefwiksel yn hannen krige. Dat is te sizzen, allinne heite brieven, dy't mem bewarre hie, wylst hja har eigen blykber mei sin weidien hie.
It wie in oangripend stik lektuer, dizze meastal op lette jûnen yn it retoaryske Hollânsk fan dy tiid skreaune epistels, dêr't heit him almar piniget mei de frage oft hy no de skuld is fan in oar syn ûngelok en oft er wol yn 'e rjochte wei is. Lit dat no fiifensantich jier lyn wêze, wat is yn 'e skiednis fiifensantich jier? Boppedat is it jins eigen heit dy't it skreaun hat. En it liket suver oft men in kleasterhânskrift ûnder hannen hat, men wurdt rekke fan in hiel oar geastlik bestean, dat jin frjemd is en tagelyk jin ûnwennich makket.
Ja, ús heit is yn 'e Teien opwoechsen as soan fan Tsjip Douwstra en Wim Schurer. As bern like ús dat al nuver, dat in pake in oare fan ha koe as in heit. Dêr waard nea mei safolle wurden oer praat, en fragen, ek fan de âldere bern, kaarde mem ôf, dat koe hja wakker behyndich dwaan. Sa by stikjes en bytsjes is ús de wierheid, dy't as in dûnkere myte op 'e eftergrûn fan heite libben stie, wat klearder wurden.
Sa moat it likernôch west ha:
| |
| |
Beppe hie as famke fan achttsjin jier in plak fûn, sa fan 'e Tyksterheide ôf, yn in weardshûs oan it Grut Skavernek te Ljouwert, dêr't gâns soldatefolk kaam en dêr't it fleurich om en ta plichte te gean. Ut en troch kaam der ek ris in jonge keapman, út de famylje fan in stoffe firma mei in Westfaalske namme, dy't it mear om it eilaam as om it earlaam te rêden wie, en op frije jûnen hold er ús beppe faak selskip.
Wol moast it tige temûk gean, want syn folk wiene dwaande lju en boppedat goed Roomsk. Mar hoe mear temûk, hoe fûlder it doe ek al like te frijen, en doe't beppe him der lang om let goedermoedsk oer ynljochte dat hja swier wie, bestoar hy as in lyk.
Hoe't it mankundich wurden is sil gjinien mear fertelle kinne, mar de pastoar rekke op 'e hichte, en doe't de jongeman begûn te praten fan ôfkeapjen en sa, sei dizze hoeder: ‘Gjin merakels, dû bist de heit fan dat famke har bern, dus bist har man en troust mei har.’ Mar pastoars seagen de dingen doe ek wolris wat roaskleurich yn. De feint, sa sil ik him mar neame, is, al of net ûnder meiwurking fan syn âlden, útpike nei Amearika, en beppe bleau mei har bringst en har wanhoop sitten.
Sa nei hûs gean, mei dizze skande nei de Tyksterheide, dat koe net. Dy't yn dy dagen wàt heit wie, moast yn sa'n gefal neffens in fêste formule sa'n famke op it minst ‘de poaten stikken slaan, al wiene de earme lju hjir barmhertiger as de begoedigen.
Dat beppe bleau sa lang as it koe op har post oan it Skavernek. Salang as it koe, dat wie oan 'e ein ta, doe't de poppe him oantsjinne en ûnder 'e hoede fan in pear behelpsume froulju te wrâld kaam. As it net te lang duorre, koe it widske salang wol yn 'e jachtweide stean. En dêr is it lytse jonkje, dat letter ús heit wurde moast, mannich kear ûnder tapaslike harmoanikamuzyk troch in guodlik soldaat yn 'e sliep widze.
Dat hat in minne tiid foar ús beppe west. Hja hat my, doe't hja al oer de santich wie, ris snokkend ferteld dat hja op in wanhopige nacht it bern tsjin it bedsket oankwakt hie, om der mar ôf te wêzen. Mar ús heit hearde ta it soarte dat soks oerlibbet, en der ek gjin trauma fan skipet.
| |
| |
Alle grime slyt út, en it kaam safier dat beppe mei har bern dan yn 'e goedichheid mar wer thúskomme moast. Dêr ûntfong Goaitsen Schurer, de âld pontonnier dy't mei Napoleon (Napke, sei er amikaal) nei de Beresina west en dêr in skonk by ferlern hie, har plichtmjittich grânzgjend, en de âldfrou briek yn snokken út. (Alle minsken skriemden doe folle mear as tsjintwurdich, dat blykt ek út de literatuer fan dy dagen.)
De pontonnier, dy't krekt in bakje mei blauwe wâldsjes siet te skilen, seach it gefal earst wat wantrouwich oan, mar it duorre net sa lang of hy hie it bakje njonken de amer set en it jonkje op syn iene geve knibbel nommen, wylst de houtene skonk der rjochtút by lei, en wie, earst wat skruten en doe foarser, stoattelich begûn te sjongen:
jij zult het zien en ondervinden
het hele regiment gaat naar de maan.
Dat like dus mar skoan. En sa bleau Wim tenearsten thús. Fan har Ljouwerter freon hat hja nea wer taal of teken heard. Of nee, sa is it net alhiel. Der moat ienkear in brief kommen wêze. Ut Amearika, sei de postrinder, en der wie sân stoeren fracht op. Wim wie doe allinne mei it jonkje thús, en hja wist dat sân stoeren in slompe jild betsjutte. Dat hja sei: nim him mar wer mei. En dat hat dan de útsetter west, behalven noch dy advertinsje yn 'e Ljouwerter, mar dat wie jierren en jierren letter, dêr't yn te witten dien waard dat dy-en-dy (mei de namme kaam it út) op syn safolleste jier (mei de âldens kaam it ek sawat út) yn Wisconsin Texas ferstoarn wie, noch wakker ûnfoarsjoen, mar foarsjoen fan de hillige sakraminten fan 'e stjerrenden. Dy advertinsje hat Wim net iens lêzen.
Hja wie no wol thús en koe har bern sels rêde, mar fierders soe it yn it wyld opgroeie as it âldminske him net wat bybrocht oer hâlden en dragen en oer de ivige dingen, want fan de pontonnier gong yn dit stik minder as neat út. Flokken en rûge sodatetaal koe it bern fan him leare, mar bidde bygelyks, ho mar. Dêrom, as it bern mei syn beppe op it ierapellân wie en hja ieten dêr har brochje, dan sei hja: ‘No earst de hannen gear en de eagen ta, en
| |
| |
sis dan beppe mar nei: aller ogen wachten op u en gij geeft hen hun spijs te zijner tijd amen.’
Hja wist it sa krekt ek net, en hja wie net lettere, mar dit wie dochs in gebed en in goed gebed. It hat by it lytse jonkje in libbenslange yndruk neilitten.
Likefolle as dy oare formule, dy't beppe soms út 'e grûn fan har hert sizze koe as hja ris in kear neffens har sin lekker en oerdiedich iten hie: ‘Och, dat no alle earme minsken sa sêd wienen as ikke, en de riken noch sêder; boarsten se dan boarsten se.’
Dat hearde sa aardich net fansels, mar beppe wie mar in ienfâldich sloof, en it wie as in utering fan tankberens miend.
In skerpe heugenis hie ús heit ek noch oan de jûnpraterijen, dy't winterdeis soms yn 'e spitketen holden waarden. Dan siet der in omsittend laach by de fjoerpôt, en der hong in panne mei rapen en ierapels oer dêr't elk in steal fan opskept krige. Dan die de pontonnier ferhalen oer de tocht nei Ruslân, en de iene nei de oare begong te fertellen oer wat him wjerfearn wie yn it stik fan spoeken en foartsjirmerij. Dan huvere it bern, en hy wist de wide, tsjustere heide rûnom, fol gefaren en drigingen. En hy kaam earsten ta rêst as hja meielkoar it liet ynsetten:
Loof aarde, loof alom den Heer, ut re
dient God met blijdschap, geeft him eer, ut re
komt nadert voor zijn aangezicht
zingt him een vrolijk lofgedicht
ut re mi fa sol la, ut re mi fa sol la.
Ien fêste besiker wie der, dy't elke sneinejûne weromkaam. En dy hie altyd in apel of in pear nuete nuten en soms in pûdsje mei suertsjes foar him. En dy lange skredige feint prate lang mei mem. Oant it op it lêst sa fier wie dat hja de klinte ferlieten om by dizze man, dêr't mem mei troude, yn 'e Teien te wenjen. Dat wie Tsjipke Douwstra, dy't in bêsten heit foar him wurden is, en dy't ik altyd as myn pake kennen haw. Mar heit hiet Schurer en dat bleau sa.
Neffens wat ik sa foar en nei fan heit begrepen haw, is der fan
| |
| |
syn skoalgean net folle op 'e hispel kommen. Fan it sechte oan it achtste jier-no ja. Heit hie yn elk gefal foar syn tolfte al yn 'e lynbaan west, en by de wever, en by de boer, faak mei de binde nei it ierapellân. Hy moat him dêr wol ienlik field hawwe, benammen omdat er net meidwaan koe yn de noch al rûge ferdivedaasje. Ik haw alteast letter, doe't ik niget begûn te krijen oan folkloristyske saken, fan heit nea in tekst loskrije kinnen fan de dêr songene lieten. Hy achte dy dingen idel en goddeleas en woe se foar gjin noch safolle trochjaan. Heit wie in fromme jonge, dy't him al tige ier bewust makke foar Gods oantlit te libjen. Foar it neiste moat er dat fan 'e kristlike skoalle meikrige hawwe, want thús lei it tocht ik op dit stik net sa tige nau; ik haw letter alteast wolris murken dat Bouke (ús heit) nochal acht slein waarde om syn kunde oan geastlike dingen.
Syn mem wie goed, oant djip yn it sentimintele ta (hja gûlde like lûd fan blidens as fan fertriet) en pake Tsjip wie in ienfâldich, nommel man, mei uteraard net sa'n wide kym; ik leau net dat er lêze of skriuwe koe. Wol haw ik him letter faak, doe't er in lytse negoasje hie mei in hûnekarre, mei boerekryt rekkenjen sjoen. Ek de soannen, Douwe en Goaitsen, hawwe ús heit altyd as in broer en hast mear as dat, besjoen. Pake Tsjip hie, faaks mei ûnder ynfloed fan heit, in grutte earbied en krektens yn it stik fan 'e snein. Ik wit noch dat hy der ris tige lêst fan hân hat, doe't er him gean litten hie tsjin in tûke skieppekeapman, dy't him sa by syn noas lâns frege: ‘As 't no gjin snein wie, Tsjip, wat soest dan foar dat skiep freegje?’
Sokke minsken kamen net faak fan 'e pôle, en dat beheinde de petearen wol tige. Pake hie yn syn trouwen ris in pear wiken nei Grou west te ûngetiidzjen, en dat wie in grut ding yn syn libben. Al langer lyn wie syn tsjinsttiid, in gloarje dy't nea werom kaam en hast mytologysk waard. Mei syn wat heas lûd koe er oeren fertelle oer dy dagen by de grenadiers en jagers, doe't er in unifoarm mei wite fangsnoeren en in lange sabel droegen hie, en hoe't der gjinien wie dy't sa mei de hynders omgean koe.
| |
| |
En it hichtepunt wie it ferhaal fan it oproer yn Leiden, dêr't it hynstefolk oan te pas komme moast.
Somlike idealisten miene wolris, dat men ienfâldige minsken der net maklik ta kriget om op har ûnfertúnlike mei-arbeiders, dy't troch honger en illinde yn opskuor rekke binne, yn te sjitten of te houwen. Ik leau, op grûn fan pake syn ferhaal, dat it oars is, en dat krekt dizze goede minsken har fuort folslein ien meitsje mei it unifoarm dat hja drage, en springe op it befel dat hja krije. Net allinne mei de eangst, mar ek mei de grutskens en de grime fan de midsieuske hearrige, dy't de kleuren fan syn foarst folge. Ik hear it pake noch fertellen: ‘Hja stiene mei de messen en mei de balstiennen foar ús, en skreauden ‘Honger, honger!’ en wy moasten earst stil stean bliuwe. Mar doe rôp de kaptein ynienen: ‘trrrek uit sabel, voorrrwaarrrts, marrrs!’
En doe woene hja omlyk, sei pake dan, ‘och man och man, wat stode dat naasje.’ Der hat nea in spoar fan twivel oer gelyk of ûngelyk yn dizze saak by him west, en it wie it stuit dat er it libben ienkear grut belibbe hie. Mar jitris, dat moat net yn 'e kiif stean, hy wie de goedheid sels.
Us heit hat tige beslist gjin wylde jonkheid hân. Merkehâlden, dûnsjen, kaartspyljen en al dy dingen hat er him fier fan holden. Hy wie sa't men sei ‘fyn’, en der bestie foar him ek gjin probleem ‘kristendom en kultuer’. De wrâld gong foarby mei syn begearlikens, en men moast sykje nei de ivige dingen; dat wie him ynmoed. Syn godstsjinst wie piëtisme op syn bêst, en joech him de romte en it útsjoch, dy't syn maatskiplik beheinde krite him net jaan koe.
Sadwaande libbe er foar de knape- en feinteferiening, en letter foar it sneinsskoallewurk, dêr't er altyd warber yn wie, want hy koe moai fertelle. Yn de sosjale beweging hat er him nea bejûn, ik tink, omdat dit ‘wrâld’ wie, it fergonklike, fan gjin betsjutting by de skatten y 'e himel.
Dêrfandinne haw ik by him ek nea wat murken fan ûnfrede mei syn beskieden maatskiplike steat; hy wie altyd tankber foar wat er hie en begearde net mear. Oft dit in deugd op himsels of in
| |
| |
flecht út 'e feiten wie, stiet net oan my om út te meitsjen. En wat dy feiten oangiet, dy leine sa, dat ús mem letter mei seis, sân gûne yn'e wike dochs mar bisykje moast de eintsjes oan elkoar te krijen.
Gjin ûntefredenens dus, mar wol langstmen en idealen. Heit hat as jonge in tiidlang sindeling wurde wollen. Hy hie dêr fansels in fierstente ienfâldich idee fan, en de iene dominy nei de oare besocht it him út de holle te praten. Der wie op 'e feinteferiening yn Drachten noch ien, Hindrik sil ik him mar neame, dy't der ek gauris op omprate, en it wol tegearre mei heit besykje woe. It is op in bitteren ôffal útdraaid, en Hindrik hat it oer in oare boech smiten; dy rekke oan 'e drank. Oft it út wanhoop wie of dat it him nea sa djip sitten hie, ik wit it net. Mar as Hindrik faak yn letter jierren de herbergedoar efter him sleat en wat te lûdroftich troch de nachtlike strjitten fan Drachten lavearre, plichte de polysje, dy't him nei it hûnegat loadste, syn tragyk gear te fetsjen yn de wurden: ‘Fan sindeling op swindeling.’
Us heit hie fieling foar dit soarte wrange humor. Oars hie er my dit ferhaal net sa geef trochdien.
Doe't ús heit achttsjin wie, hat er belidenis dien yn 'e grifformearde tsjerke. Foar him wie dat gjin formeel ‘oannimme litten’; men moast witte wêr't men foar stie en wat men oandoarst. Dêr stie it moanjend tsjûgenis yn it formulier foar it nachtmiel:‘... want dy't ûnweardich dit brea yt en dizze tsjelk drinkt, dy yt en drinkt himsels in oardiel.’
Sokke wurden leagen der net om. En heit wie sa bang om him wat oan te eigenjen dat him net takaam, bang dat er himsels op in stuoltsje fan eigengerjochtigens sette soe. Wat er my fertelde oer syn striid yn dizze saak beljochtet op bysûndere wize syn suver franciskaanske libbenshâlding: ‘Ik rûn dy deis fan te foaren by de greiden lâns, ik woe allinne wêze om mei mysels ta klearrichheid te kommen. Doe stie dêr in ko, mei de kop omheech, en dy seach my oan mei syn grutte ûnskuldige eagen, dat it my troch alles hinne gong, en ik sei: earm beest, dû koest better belidenis dwaan as ikke.’
| |
| |
Folle bewitten oantinkens oan myn earste fiif libbensjierren haw ik net. Wat men mient yn jins ûnthâld te hawwen stammet faak fan ferhalen, dy't letter yn 'e húshâlding dien binne. Op in beukerskoalle haw ik net west. Ik swalke wat om hûs en hear, tusken de blokken en tartonnen, by it hûs fan 'e baas, dêr't twa parrebeammen stiene en dêr't in druvestrûk by it dak opkroep. De hellingmannen hawwe grif hiel wat freonlike dingen tsjin my sein, dy't my, mei har nammen, fergetten binne. Nuver dat men de ûnaardige dingen, de skrik-effekten, skerper ûnthâldt. De pikjonge, Evert hiet er, koe soms, as ik yn 'e wei siet, as in duvel op my tasjitte en dan sei er: ‘Oe dû rare, de bok pakt dy.’
De baas hie twa jonges, Pyt en Geart, dêr't ik wol mei boarte, mar de iene wie wat grutter en de oare wat lytser as my, en dat jout op dy jierren in hiel ferskeel. En sneins nei tsjerktiid wiene der de lange tochten nei pake en beppe yn 'e Teien, foar myn ûnthâld ferbûn oan sealjebledsjes, krúsbeien mei lang hier, in slypstien en in wettertonne. Fierders wie de wrâld bûten de helling frjemd en fijannich. Efter de kalkovens stiene wenweinen, dêr't, sa't Pyt my fertelde, de Biggen en de Lappen yn wennen. Dat sille wol skelnammen west ha. Ienkear, doe't ik dêr geskreau hearde, bin ik nei de kant fan 'e Dwersfeart flein om dêr ta myn ûntsetting in frommes te sjen mei it hier wyld om 'e holle en de hannen yn 'e loft, dy't raasde: ‘Hja sette 'm nei mei 't blanke mes!’ De dramatyske feiten dy't dêr grif omhinne lein hawwe en dy't ik ek wol fertellen heard hawwe sil, binne fergetten sûnder it minste spoar nei te litten.
Inkeld dizze tekst is yn myn ûnthâld hingjen bleaun.
Us lytse went op 'e helling wie in iepen hôf foar gasten fan grut ferskaat. Behalven de gewoane kunden út de wurkrûnte fan tsjerke en sneinsskoalle sleat ús heit gau ferbining mei hellingjende skippers, dy't dan ris mei de frou delkamen. Us mem wie dit net altyd like wolkom, ek al omdat der wer de nedige besiken werom oan ferbûn wiene. Betiden diene der har oangripende mominten foar. Sa wie it bygelyks dat ús mem ris in kear it teedrinken by in
| |
| |
skippersfrou wat op 'e romte holden hie; hja soe wolris sjen. Mar doe naam de skipper de moarns op 'e helling ús heit efkes geweken om him oan te stean dat de frou it dochs fral dwaan moast; en sawat mûskopjende foege hy deroan ta: ‘der is ek sprake fan in ûns koekjes.’
De Haulerwykster bokskippers wiene fêste gasten, en mei nijjier stjoerden hja in sels opmakke en berime nijjierswinsk, dêr't dizze rigels ús as bern it measte fan oansprieken:
Ik wens dat u dit jaar geen ongelukken hinder
Ditsoarte sitaten hawwe gâns fleur yn ús jonkheid brocht.
Yn kritike sitewaasjes wie ús klintsje faken in spelonk fan Adullam, net inkeld om rie en die, mar ek om beskerming te sykjen. Op in nacht doe't it freeslik swier waar wie (ek dizze ferskynsels belibbe men yn dy tiid folle dramatysker as no) kamen der trije minsken by ús ynflechtsjen om wat treast en bemoediging. De lêste wie Knjilliske, de bolkoerrinster, dy't as opjage wyld nei binnen fallen kaam mei de wurden: ‘Red u om uws levens wil.’ Knjilliske wie ek foar my in bekende ferskining mei har kuorren. It sjerpboltsje, dat ik mei sinterklaas ris in kear út de koer krige, yn 'e foarm fan in ein, mei in krint as each, sil my nea wer ferjitte. Dizze Knjilliske hat ris in aksidint mei de tsjerkeried hân; ik wie noch te jong om te begripen oft hja har yn 'e leare of yn it libben misgien hie, mar yn elk gefal rûn it nochal heech en hja rekke ûnder sensuer.
Ek de wurden dêr't hja har mei by ús mem oer dizze saak beklage, binne ûnder ús libjen bleaun: ‘No moat Griet ris begripe, hawwe hja my ek noch ûnder 'e suresyng set!’
Dat liket letter allegear wer ynoarder kommen te wêzen.
Alteast, doe't it krystfeest wie, ferraste Knjilliske de kommisje mei in lúsjefersdoaske fol dûbeltsjes (wêr't men út sjen kin hoe betreklik sels de oarspronklikens fan Mies Bouman in heale ieu letter wie) dy't hja foar dit feest opgarre hie. Hja stie it ôf ûnder betingst dat it doaske oan 'e krystbeam hingje moast en dat it gedicht dat hja der by makke hie, op datselde stee foarlêzen
| |
| |
wurde soe. Sadwaande hat ús heit de tekst fan dat gedicht ûntholden. It wie sa:
De kerstboom in 't midden gehuld
en daar de zondaar omheen met zijn schuld
en God er omheen met zijn zegen
zo zijn wij elkander genegen.
Sa kin men sels de suresyng lyrysk oerlibje.
Ek in tiidlang hat Piter Bruinsma de komst by ús hân. Dizze namme sil in hopen sportlju yn Fryslân noch wol heuge; Piter wie in ferneamd hurdrider, dy't in wrâldkampioenskip op syn namme hân hat. En ik leau dat er noch mear op syn namme hie, wat wol yn ferbân brocht waard mei syn ferfarren nei it frije Amearika. Mar hy wie no werom; hy hie in sleepboatsje, en kaam faak del mei syn frou, in kleierige figuer, dy't Jenny hiet en allinne mar Ingelsk prate, sadat ús mem der net folle mei wurde koe foar de konversaasje.
Piter Bruinsma neamde ús heit ‘broer’ of ‘bruorke’. Hy wie nammers bekeard, hie him by it heilsleger jûn en makke in skerp ûnderskie tusken de âlde Piter dy't er west hie en de nije dy't er no wurden wie. In inkelde kear wie dat wolris minder maklik. Sa krige hy ris in oanfarring mei in skipper yn 'e Langewyk, en de iene joech de oare de skuld. De rûzje rûn op it lêst sa heech, dat der útdagings dien waarden en beide mannen op 'e wal sprongen om de fete te sljochtsjen. De skipper hat grif net witten wat âld sportliuw hy foar hie, en lei al sawat útteld doe't ús heit fan 'e helling ôfkaam om Piter ta rede te bringen. Dy stie al wer oerein, sloech him de moude wat fan 'e klean en sei: ‘Ja broer, dat wie de âlde Piter.’
Feten en fjochterijen, ek yn 'e foarm fan mear idieële striid, sieten de Drachtsters wol yn it bloed, en ik haw de ferheftigens fan dit libben wol om my hinne brûzjen field, al begriep ik der neat fan.
Dêr wiene de fûleindige gearkomsten op 'e seal fan 'e Phoenix (sprek út Poeniks) dêr't Piter Jelles Troelstra spriek, en dêr't de
| |
| |
jonge sosjalist Jansonius (de lettere boargemaster fan Ljouwerte-radiel) it bestie en hingje doktor Kuyper sels yn 'e kaam. En is it Hindrik Hoanne net in kear oerkommen, doe't er it wurd fierde op in gearkomste mei ‘debat gewenscht’ en krekt de oangripende wurden sprutsen hie: ‘... en als die nieuwe, rechtvaardige maatschappij komt, dan...’ dat in rûch lûd út de seal skreaude: ‘Dan moatte hja dỳ alderearst dyn grutte bek snuorje!’
In yngreven frijdomsbesef mei in net altyd like helder doel oer mienskipsoarder, lykas dat yn 'e Wâlden mear foarkaam, hat, tinkt my, yn Drachten it libben noch alris yn roer set. Folksgerjochten wiene yn dy tiid ek noch net sa frjemd, ek al kaam it hiele doarp der net oan te pas. Sa wit ik noch it ferhaal dat Hindrik Blom, de turfskipper, ús ris die oer de âld doarwarder, dat in man west hie mei in aartsfaderlik burd en in duorjende toarst. It stie fan him bekend dat er by de haadbrêge, dêr't no in bakkerssaak is, mar doe noch in herberge wie, altyd de hoeke mijde om de hypotenusa te nimmen, skean troch de taap. As hy dan de twadde doar útkaam, fage er him mei de rêch fan 'e hân oer de snoar en sei tsjin de tafallige foarbygonger: ‘Dat snijt ôf.’ Dizze man wie in libertyn, in bern fan 'e ferljochting, mar ienkear ferdwaalde er mei in freon, dy't itselde swak foar geastryk drinken hie, op in sneinneimiddei yn tsjerke, dêr't hja tegearre yn in bank delsakken en ferheard it lûde psalmsjongen ûndergongen. Mar doe kaam der in ding dêr't hja net op rekkene hiene, de kollekte. De doarwarder seach ferwêzen nei it foar him skommeljende ponkje, hy groef al syn bûsen leech en stalde de ynhâld op 'e bank, mar koe nearne jild fine. Hy loek oan syn skouders, makke in brede swaai nei de diaken en rôp lûd: ‘Letter mar offerje!’ En om gjin twivel oan syn goede wil oer te litten, skreaude er der noch oerhinne: ‘Want wy hâlde fan offerjen!’
De gemeente wie yn it sjongen krekt tusken twa fersen yn, dat dizze útroppen klonken lûd en joegen wakker opskuor. Foar de koster foldwaande om syn plicht te witten. Mei help fan in oarenien helle er de doarwarder út de bank, en sa'n bytsje hingjend tusken twa yn brochten hja de man, dy't der neat fan begriep, nei bûten.
| |
| |
De freon bleau sitten, yn de tryste steat fan in dronken minske dy't syn oanhâld kwyt is tusken safolle nofteren lju. Mar nimmen yn 'e bank dy't him wat temjitte kaam. Doe, om de ienlikheid te ferbrekken, kearde er him om en rôp tsjin de man dy't efter him siet, boppe oer de preek hinne: ‘Wat gong dat niis mâl mei de doarwarder, net?’
En Hindrik Blom beëine syn ferhaal yn 'e styl fan de Hannelingen: ‘En de fuotten fan dejingen dy't de doarwarder útdroegen hiene, stiene ree om him ek út te dragen.’
Dizze doarwarder, gjin kwea minske oars sa't men begrypt, hat ienkear in folksgerjocht oer syn holle helle.
Dat wie sa: der wenne op it Noard in earme widdo, dy't de hier net opbringe koe en no by eksploat út har hûske set wurde soe. Fansels bleau sa'n foarnimmen net ferhoalen, en sa waard it ek bekend by in ploechje hynsterossers yn 'e Folgeren. Mei de doarwarder prate, in brief skriuwe? Hja holden fan mear rjochte wegen as de slingerpaden fan 'e proseduere, en fetten harren wei gear yn it wurd: ‘Bedrave’. Dat betsjutte dat de doarwarder op in roettsjustere jûn, op wei nei hûs, troch fjouwer man opwachte waard, dy't him ûnferbidlik noegen om effen mei te gean. Op 'e Folgeren hat ien him doe by it burd krige as in hynder by it bytling, efter him hearde er it oanmoedigjende klappen fan in swipe, en sa binne hja twaris mei him de Folgersterloane op en del draafd. Hy mocht earsten nei hûs, doe't er hymjend ûnthiet dat er al it minsklik mooglike dwaan soe om de útsetting net trochgean te litten.
Ja, it wie in rûge wrâld, safolle jierren foar de tiidrekkening fan Philips. De fete en de rêd en heech opflamjende moedsbewegingen setten har yn alle fermiddens troch. Dêr hat yn dy jierren fuort nei 1900 in bittere striid west yn it fermidden fan 'e kristlike skoalle om de figuer fan it haad, master Kroese. Wêr't it krekt op fêst siet soe ik net sizze kinne, mar wol wit ik dat it tij heech gong, en ek wol dat ús heit in fûl partijgonger fan master Kroese wie, tsjin de opgeande stjerre fan master Jongejans. It skeel sette him sels
| |
| |
troch yn 'e tsjerke, dêr't dominy Siertsema wol besocht op in behyndige wize troch tapaslike preken oalje op 'e weagen te jitten, mar it is him, tinkt my, mar foar in part slagge.
En midden yn 'e striid rekken wy fuort, nei de Lemmer.
Hoewol ik noch seis jier wurde moast, haw ik dochs yn Drachten noch in skoftsje op skoalle west. Ik haw der neat gjin oar ûnthâld fan oerholden as dat ik net woe, en elke kear oer de draai de oare kant útsette. Dan moast heit fan 'e helling komme om my dochs op it goede paad te bringen. Faaks haw ik troch dit ynderlik ferset wol alle oantinken oan dit belibjen weitreaun. Ja, ien ding wit ik dochs noch. En wer krekt wat raars. Wy koene dêr yn skoalle fan it iene lokaal yn it oare sjen; ik siet by in juffer, en hie it each op 'e klasse fan 'e master. Dêr hat him doe dit ûntsettende taferiel yn myn geast snien. Dêr yn 'e klasse fan 'e master, dêr't alle bern sieten, stìè ien jonge rjochtoerein yn it paad.
Hy stie dêr mei in laai, dat er yn syn beide hannen omheech hold. Ik begriep dat er it net dellizze mocht, en ik seach syn hannen skodzjen. It wie in skippersjonge, hja leine by de helling. Doe hearde ik ynienen mei in skel jongeslûd: ‘godferdomme!’ troch de klasse skreauwen, dat freeslike flokwurd dat men ûnder gjin betingst sizze mochte. En tagelyk klettere it laai yn diggels op 'e flier. Fierder wit ik der ek neat mear fan.
Wy ferfearen nei de Lemmer. It hûs waard leech helle, alle guod kaam yn it skip fan Jetse Schokker, en wy moasten der sels ek yn. Tibert, ús swarte kat, bleau knypeagjend yn it lege finsterbank sitten. Hy koe net mei, en Pyt en Geart soene goed op him passe.
Drachten wie histoarje wurden. Wat is it foar my? In eftergrûn fol ûnferklearre fielings, earste yndrukken en trochjûne ferhalen. Dochs in eftergrûn dy't ik net kwyt wurd.
Doe't wy in pear wiken op 'e Lemmer wennen, kaam der in brief fan de baas út Drachten. Dêr siet ek in kladsje fan Pyt by yn foar my, fan dizze ynhâld: ‘Uw kat is doot. Halbe heeft him verdroken.’
Dat haw ik doe as tige ôfdwaand field.
Pake en beppe bleauwen yn Drachten. Goaitsen-om en Douwe- | |
| |
om ek. Mar fan it doarp ferfrjemden wy, ek al soe ús yn 'e hûs op 'e Lemmer nea in wurd Súdwesthoeksk ûntkomme, likemin as bûtendoar in wurd Drachtstersk.
Ik moast earst oer de middelbere jierren hinne wêze, ear't ik my myn djippe bining oan Drachten wer taastber bewust waard. Doe, yn dy lettere jierren, haw ik wol op 'e âld draai stien yn it wetter fan 'e Langewyk te sjen, en mysels betrape op it fielen: Dit is wetter. Alles wat ik letter sjoen haw wie mar sabeare wetter. En doe't ik fan de famylje Van der Werf in par krige, fan de âlde beam, wist ik it ek: Sa smakket de iene, de wiere par. Alle oaren binne mar sabeare parren.
Doe't ik hast fyftich wie, haw ik nochris ferheard nei de âld Kroese-skoalle sjoen. Hy stie fuort by de helling, in stapmannich mar, en foar myn begryp wie it in hiele ôfstân. Doe haw ik yn myn twivel in frou dy't dêr wenne, frege: ‘Stiet dy skoalle der al lang?’ ‘O hea ja,’ sei it minske, ‘wol fiifentweintich jier.’ ‘Ek wol fjirtich?’ frege ik fierder. ‘Dat wit ik net,’ sei hja, ‘dat is al sa lang lyn. Mar it is in fine skoalle.’
Dan moat it dochs deselde west ha.
De ferfrjemding tsjin wil en tank is in tragyske ûnderfining. Doe't Douwe-om te hôf kaam, wie ik dêr al in frjemde fûgel yn it selskip. In âldman mei de hân yn it krús bleau neitinkend foar my stean: ‘Jo kin ik net thúsbringe.’ Ik hoegde doe inkeld mar te sizzen: ‘Ik bin ien fan Bouke,’ en ik wist my thúsbrocht.
Yn 1956 fleach ik yn in helikopter oer Fryslân foar ferkiezingstaspraken op ûnderskate plakken. Boppe Drachten frege ik de Ingelske piloat, hiel leech oer de helling te fleanen. It hûske like út de loft wei hast te lyts om wier te wêzen. Mar ik koe it buordsje boppe de doar ûnderskiede: Onbewoonbaar verklaard.
En yn 1963 krige ik in swier postpakket út Drachten. Ik makke it iepen en fûn in brief fan Geart van der Werf: ‘Jim âld hûs is juster mei de grûn lyk makke. Ik stjoer hjirby in estrik út de kelder.’
|
|