19
Se draaide my de rêch ta. De fine bantsjes fan har nachthimd leine slop oer de skouderblêden, wjokken fan in fûgel. Tear seach se derút, en kwetsber. En tagelyk hurder as de hurdste stien. Kâld wie 'k. En leech. Ik draaide my om, stadich, stadich. Mei't ik fuort soe, foel my it each op in skilderij dat achter de ezel stie. It wie it Amelân-skilderij dêr't Fardou en ik op it grutte, brede strân rûnen. Folslein tefike wie it, amper mear werom te kennen.