18
Miskien rôp se my, sa't se my altyd roppen hat, ûnûntkomber. Of wie 'k it sels dy't sinjalen útstjoerde, dêr't sy ûnbewust op reagearre?
Waarm wie it, en ik fielde my ûngeduerich. Ik rûn doelleas hinne en wer, wie net by steat om my erges goed op te konsintrearjen. De keamer like te lyts, wie broeierich, kaam my oan as in koai.
Ik treau de doar iepen, bleau op 'e oerloop stean. Deastil wie it, der wie net ien yn 'e hûs. Utsein Fardou, want dy hie 'k net fuortgean heard. Tegearre allinne thús. Ynienen fielde ik my dryst en geil. Hoeden rûn ik nei har keammerke, joech it bewende roffeltsje op 'e doar.
Se lei plat op 't liif op bêd. Neaken. De hûd dêr't de bikiny oars siet, stiek skerp ôf tsjin 'e rest fan har brune lichem. Se glimke leidich, krekt as wist se dat ik komme soe. It fernuvere my net.
Linich draaide se har om, no mei de skonken nei my ta. Se tilde de kont in bytsje op, wibele.
Fluch stroep ik de broek út en kroep achter har op 't bêd. Longerjend seach ik op har wulvings del. Noch lei se op 't liif, striek de earmen foar har út. Se begûn djip en swier te sykheljen. Stadich treau se de kont omheech. Hja bea har oan op in wize dêr't ik, yn in refleks, foar tebekskrille, Nee flústerjend. Ik wol it, sei se, wylst se my lizzend oer 't skouder oanseach, ik wol alles, alles. Sy naam it inisjatyf, late my dêr't se my ha woe.
Mei lytse skokjes sûgde se my oan, en myn earste wjeraksel