20
No bin wy by de slûs. De sinne stiet al wat leger, mar dochs leit it gea ûngewoan skerp en helder om ús hinne. Krekt as is it nij, sjogge wy it foar de alderearste kear.
Yn 'e fierte rydt in trekker, sûzje in pear auto's foarby. Hjir, by 't wetter, is net ien. Wy strûpe de klean út, de skuon. Lizze alles op in bultsje. Ik riboskje, de wyn jout my pikefel. Fardou, myn Fardou, stiet njonken my. Even lûk ik har tsjin my oan. Se glimket, krijt my by de hân. Tegearre rinne wy it wetter yn. Kâld is it, kâlder as dat ik tocht hie. Der stiet in sterke streaming. It hert jaget. Ik fiel my libbener as oait.
Foar't wy deryn glydzje, freegje ik my ôf oft it ûnder wetter ek sa ljocht wêze sil. Sa ljocht en sa stil.