12
Nei Brecht komt Mariska, en nei Mariska komt Jetty. Yn in koart tiidsbestek bou ik in Riemer-achtige reputaasje op, mar ik merk dat it de fammen earder oanlûkt as ôfstjit.
Fardou wikselet Freark wilens yn foar Harry. De timmerman bellet wittefaak. Mem is der al op ôfjage, heint him mei in soad geduld en oerlis. Se moannet him op kalme toan om de tried wer op te krijen, jim' binne beide sa hartstikke jong; boppedat, mear froulju as tsjerken. Ik wit net oft er gefoelich is foar datsoarte klisjees, mar de frekwinsje fan beljen nimt al ôf. As it net sa begrutlik wie, soe 'k derom laitsje kinne. Hoe lang ha se skarrele, in wike of seis?
Wy komme inkel skimen tsjin, gesichtsleaze foarmen dy't flechtich by ús lâns strike, ús kâld en ûnferskillich meitsje.