de harsens der net by hâlde. Nim it mar mei. Ik moat it al werom ha, want ik ha 't ek wer liend.’ Hy suchtet djip. ‘Hat se it wolris oer my hân? Witst wol, net as dyn maat, mar as... No ja.’
‘Eins net. Datsoarte dingen beprate wy net tegearre. Miskien dat se mei mem nochris ien en oar útwikselet, mar wis bin 'k dêr ek net fan. Dochs leau 'k wol dat se graach oer dy mei.’
‘As kunde, ja, mar net as potinsjele frijer. Ik baal der sa fan. It giet my gewoan yn 'e kop sitten.’
‘Do klinkst hartstikkene ferlyfd.’
‘Ja hin? Ik leau it ek. Kloate. Bin 'k ris in kear echt ferlyfd, sjocht it foarwerp my net stean. En alle goaden witte dat 'k it besocht ha. O ja. Sa'n moai mokkeltsje, dy suster fan dy, en sa ûngrypber. Se hat wat oer har dat ik net pleatse kin, ik wit net hoe't ik it omskriuwe moat.’
‘No praatst echt as in ferlyfde sukkel,’ sis ik mei in wyld klopjend hert.
‘Hast gelyk, ik begjin te dwyljen. Mar dat sa'n figuer as dy Freark it wol oprêdt, dêr kin ik net by. Wat hat dy dat ik net ha? Ja, hy is âlder. Froulju skine oer 't algemien op manlju te fallen dy't âlder binne. Dêr moat ik my dan mar oan fêstklampe. Gewoan in jier of wat geduld ha. Wat in bullshit!’
Hy spytgnysket, draait it wyt fan 'e eagen foar en spraat de earmen yn in ferwezen gebeart.
‘Hasto it noch nei 't sin mei fûle Brecht?’
‘Nee.’
‘Nee? Watno?’
‘Och, ik wit net. Se is sa plakkerich, hat it oer “ús” en “wy” en docht krekt as bin wy in troud stel of sa. Dêr ha 'k gjin ferlet fan. Wat my oanbelanget wie 't in aardichheidsje,